As hy no ris by har kaam en tsjin Barre sei: ‘Heit, wy hearre by elkoar en wy wolle it ek?’
Sa soe 't by oaren gean, kin dat by harren net?
Heiltsje! Hja waret by harren om, elts hat har yn syn tinzen.
Sjoch, de dage is kommende.
Hylck krûpt rûngear yninoar, no sille hja gau witte.
Barre giet oerein, Siertsje trapet efter him oan. De lantearne kin thús bliuwe. Hylck stiet op 'e strjitte, giet om 't hûs hinne. As hja weromkomt, binne de manlju al wer thús. Geauwe is by harren. Walle sjuttelt in eintsje efteroan. Hja sille tink melke?
't Is trouwens krekt, oft hja no witte.
Wêr sjocht hja dat oan?
Oan de gong? harren drôve, wiffe begraffenisgong?
Hja gean efterhûs.
Hylck seach harren eangstich oan, mar hja seine neat.
Geauwe fertelt it. Dêr leit se, hy wiist mei de finger nei de homeie, yn de sleat foarhûs, trochweakke fan de buie. Hja helje ark op, in ljedder. It lichem is sa te swier.
Man en soan tôgje har, sa wiet hja is, yn de moaiste keamer. Har holle sit ûnder de blauwe plakken, de noas is kniesd, it earizer sit skean, de mûtse mei de libbensbeam is yn flarden, in roltsje dril hâldt hja ûnder de earm.
Hylck moat harsels beethâlde as hja de boerinne sjocht, en stiet skriemend by Walle en Geauwe op 'e strjitte. Geauwe hat it oer reade plakken yn 'e hals, dat tsjut op wjirgjen. Dit wie gjin natuerlike dea. It antlit stie ek kjel en eangstich. It wurd ‘moard’ waret om harren hinne. Net ien doar it yn 'e mûle nimme. Hja sizze inkeld: ‘Dit is gjin goed spul, nee, dit is gjin goed spul, dit doocht net!’
De earste dy't it sizze doar is Titte, hy hat fannacht yn Wikel sliept, is ier en betiid op wei set nei de boer.
Hylck gean de rillings oer de rêch, hja moat oan Brún tinke.
Wêrom dan?
Hja kin 't net litte en sjoch by it plak, dêr't it lichem lei.