Nee, goed, hy docht it net!
Ja, dêr is se, hy sjocht goed, in lyts swier minske.
Doch it net; no is hja deunby, de eed, Hylck, sward, doch it net!
Nee, hy docht it net.
Unferwachts falt er op har del. Hiel út 'e fierte wei heart er in benaude skreau, hy knypt de hannen om har hals. Toe mar, it libben moat derút. Hy laket.
In minske wrakselt om 't libben, it lichem wurdt slop.
Hy komt oerein, skopt as in wyld, wit net, wat er docht, mar wurdt bang fan dat weake ûnder syn klompe. Hy sil ùtnaaie sa hurd er rinne kin, mar betinkt him. Fuort, yn de sleat, yn de sleat!
Hy rôlet it lichem om, doar der hast net oan komme, de hannen stekke him, toe dan, ding, yn 'e sleat, in lêste wanhopige triuw, in doffe plof op 'e droege grûn, in pear tûken kreakje. Hy wurdt ôfgryslik kjel. It flitst troch him hinne, hat hy in moard dien?
Nee, hy hat it net dien, soe it ommers net dwaan?
Hy moat spuie!
Hja leit ûnder 't wâlhout, sil er har bedobje? Hy stiet mar stil, wit net wat er wol, sil raze, mar hâldt him yn, it wurdt in ferskriklik kreunen. No draaft er ynienen as in wyld nei Mardum út.
‘Mem, mem,’ skreaut er.
As er oan de ein fan syn siken is, nimt er bedaarder stappen.
't Is krekt of is er yn 'e sûs, dan wer skrillet er op, is op eigen feiligens betocht. Net ien hat him sjoen, net ien kin 't bewize.
Hy komt stilwei yn 'e hûs, giet foar syn mem oer sitten, docht sa kalm er kin, hat de fingers net ien tel stil, leit de hân op 'e tafel, de kopkes rinkelje, want hy skoddet hielendal.
Klaske ropt ynienen: ‘Brún, Brún, wat bisto wyt. Bist net goed?’
‘'k Haw spuid.’
‘De drank fansels. Jonge, it moat oars mei dy, dit komt net goed, leau my dochs.’
As Brún syn mem yn de bliere guodlike eagen sjocht, dan