Earm is earm, ryk is ryk, mar jong wend is âld dien, riker as sûn bestiet net. Sa mâlje hja wat djipsinnich mei it libben om en binne samar op Sondeler Bil.
Ringen slokt de drokte harren op, triuwt harren yn 'e herberge, dêr't it dûnsjen geande is. In libben as in oardiel, al de pearen op 'e swiere klompen, oer de houten flier.
De pearen sjogge de fioele striken, de wize, it lûd is net te hearren, mar de spylman slacht út en troch de mjitte, dan giet it wer wat hânsumer fan plof en plof.
Hylck-en-har dûnsje net, kinne it net en it mei net fan har boeren.
Barre sei, dûnsjende gyngen hja nei de hel. It griist Hylck oan, hja hat der efkes gjin wille fan, hat it wurge gefoel, dat hja allinne is, poer allinne op 'e drokke merke. De himel is boppe har. Hja en God en gjin ûntkommen oan.
Hja brekt út dy healwize tinzen los en stiet mei beide fammen by de kream fan Hil Oaljekoek. Dan gean hja nei Pierk, dy't breedút op 'e knopkestoel sit en fûleindich de eagen glide lit oer keapers en waar, wylst net langer as in tel de tafel fan Gepke los lit. Dy sit ek op in knopkestoel efter in platte tafel, hâldt Pierk yn 't fizier, besiket Pierke klanten te troaien, wynt har slim op, wiist mei de tûme en ropt: ‘Hja set jim ôf, minsken kom hjir, it kostet hjir neat, ik set it om foar ynkeapspriis. Net nei Pierk, net nei Pierk, dy is mei alles in sint te djoer.’
Pierk ropt dertsjinyn: ‘Kom by Pierk, kom by Pierk. Hjir koeken, in dûbeltsje mar, plattekoeken it fearn in dûb. Lekker! Lekker!’ Gepke riist oerein, beart: ‘Leau har net, minsken, leau har net, keapje fan Gepke, 't is helte lekkerder as by Pierk!’
Ferheftich wippe de froulju hyltyd de brede skoat fan de stoel op, dat de sinten yn de sydbûsen rattelje. De rôk komt nea ticht, algeduerigen taast de drokke hân wer yn it split.
‘Hja lycht, hja lycht,’ baltet Pierk, grypt har knopkestoel, ûndernimt in gisel en soalt 'm nei Gepke. Gepke dûkt, de stoel stuitelt oer 'e balstiennen, hja bekomme derfan.
Hylck en dy keapje in fearn plattekoeken, nimme fan Pierk;