18
De boer ropt. Hy is de driuwer, dat hat er mei alle boeren mien. De seine oer 't skouder, sa stappe hja troch de jister, earst moatte de lannen efterhûs. Heiltsje en Hylck sjogge harren nei, harkje tagelyk nei ljip en skries en ljurk, dochs komme har tinzen net boppe de ierde út, mar bliuwe by de greide, it gers, dat aanst slop yn sweeën falle sil.
't Is no gjin tiid fan mimerjen, mar fan arbeidzjen, bodzjen, wramen.
Hark, de strikels gean skril oer de seinen.
De froulju gean yn 'e hûs, ha 't fleanende drok.
Hylck moat mei iten en drinken nei 't lân.
Hja wurdt wer brûn fan de sinne, 't is by dagen te sjen.
Lit de sinne skine, lit mar skroeie, it gers wurdt hea. De rook fan it meande gers stimet op. Hylck hellet yn, de sterke longen fol. Har lea giet feardich en linich.
Alle mesken binne fergetten, no sjongt it libben lûd en sterk, it sjongt op folle wizen, nea sa swier, mar enerzjyk as yn de ûngetiid.
Dêr in mier en dêr in mier, de boer, de feint en Titte, ûnevenredich ferspraat oer 't lân. Hja hingje oer de greide, dy't hja skeare, har swit ferdroeget mei de jonge soppen fan it gers.
Hylck helpt ta it kearen fan de sweeën, moat mei skodzje, swylje, loegje. Dit boerewurk giet har better ôf as 't melken, dat went trouwens ek.
It waar is fêst en jout de ûngetiders romte.