Dêrom tippelt hja as in hazze, benammen it alderlêste ein, gunt him sa dy lytse wille.
Hja wit net, wat it is, mar it ritme fan it wurk is ynienen brutsen, de haaiers stean stil. Hja heart lûden, ien lûkt oan de hynders. Hylck rept har. Wa fljocht as in wyld? Sjoch, it is de boer, hy hat in broek oan, mei brede strepen, ek oan de hoed is 't te sjen, ja, dat is de boer. Tsjin wa is 't? Tsjin in poep? Nee, tsjin Brún. Fansels, hja hie 't heal ferwachte. Lokkich, Brún naait der út, wol de tinen net yn 'e lea ha. Nee, hy grypt ek in foarke, springt foarút. Mem! hja stekke elkoar dea!
Hylck stiet stiif stil.
Ja, of nee? Hja himet, hâldt de swiere tsjettel foar har út. Is der dan net ien?
Immen pakt Brún om 'e mul, hja wrakselje; immen pakt de boer by 't baitsje, de boer skuort los, mar wurdt wer keard. Hylck krijt de fuotten frij, smyt it iten del, batst de tsjettel yn de greide. Hark! Geraas, gerop, getsjirm, gekryt!
De boer balt it út fan lilkens, hy kin wol in oerhaal krije.
Brún hat de hannen frij, slingert de foarke fan him ôf, rekket de boer. Lokkich, net yn 't lichem.
‘Brún, Brún, boer, boer!’ ropt Hylck ûnder 't draven wei.
De boer falt del, it bloed spat him troch de hoas, der sit in skram op 'e skonk. 't Is wûnderbêst gien, inkeld in skamper.
Mar, hoe't dy boer him opwynt!
Plat op 't gat, sa't er sit, beart er mei de hannen, flokt!
Hylck sjocht nei Brún, sil der letter faak noch oan tinke.
Kâldklam komt er ta himsels, ûnferweechlik stiet er in hoart en heart mei de holle foardel it fonnis oer him kommen: hjoed fan de buorkerij ôf.
't Is krekt, of wurdt er hielendal slop, as sakket alle piid út him wei, syn lange earms bingelje sûnder bestek njonken de lea.
Hy seit neat werom. Syn eagen stean skril.
Hja tôgje de boer tsjin in heaopper oan, mar hy is daliks wer oerein, moat oan 't wurk, seit er.
No stiet Hylck by Brún, de boer ropt har derwei, hja heart it