‘Karl is doodbleven.’
Hja wurde der kjel fan, want it is in fingerwizing Gods. Heiltsje is hielendal fan de wize, de boer hat gelyk krigen, is 't net opmerklik? Hylck krijt it hiele ferhaal.
Ferline jier by 't fuortgean, nei 't sintebarren, sei Karl: ‘Tot volgend jaar, boer!’
De boer wiisde him terjochte: ‘As 't sa besteld is, by libben en sûnens moatst sizze.’
‘Mar boer,’ sei Karl, ‘men leeft toch wel van 't ene jaar in 't andere?’
De boer hat him jitris ûnderholden oer syn lichtsinnich praat. Jo moatte dochs noed stean fan sok folk en jou se wat goede wurden ta learing mei.
Allegearre op de pleats binne der de deis stil fan.
‘Hy is net weromkommen, hat net fan 't ene jaar in 't andere leefd.’
‘Hy is doodbleven,’ seit er. Heiltsje herhellet it wol trijeris efterelkoar. Karl wie in goede jonge, it hat sa wêze moatten.
Hylck is eins bliid, no hat de boerinne wat oars yn 'e holle krigen. Alle dagen hie hja it glimkjend, skodholjend oer harren nuvere sneintenacht, luorke Hylck aloan út, wat der bard is, Hylck koe nee sizze en neat. Heiltsje jeuzele en eamele oanienwei troch, helle har it bloed benei út 'e teannen. Hja woe sizze: Wat soe der bard wêze, boerinne kin 't fan tinken wol ha en wêr wol boerinne winliken op út?
Hja soe ek anderje kinne: Ik ha de hiele nacht by Gerke op 'e knibbel sitten te sliepen! mar kin de rjochte koartswyltoan yn dit gefal net fine, it giet har te nei, hja bliuwt harsels net, as deroer praat wurdt, begrypt har eigen reaksjes net, kin net iens ferdrage, dat Titte de mûle der ynslacht.
Under iten krijt hja narjende stekken.
Siertsje seit neat, is stilder jit as fan tefoaren. Giet it him dochs oan? Sels Heiltsje freget him, oft der wat oan skeelt en hja fernimt yn de regel net gau wat.
De boer hat de ûngetiid yn 'e holle.