net? Wol er syn libben fersûndigje, of him ter deugd oanstelle? Tink der om, foar't it foar ivich te let is.
Titte lûkt mei de noasters, hâldt him maklik stil, is goed út syn aard, bûtendat as lytsfeint moat hy net tsjin grutboer opspatte want maaie komt sa faak yn 't lân.
Boerinne skoot him in stik bôle mei skinke ta, knypeaget. Hjir, hy moat der noch fan groeie. Titte seit, hy mei wol tsien fan sokken.
Heiltsje mient it mei him. Titte is op 't lêst mar in foech jonge, krekt út memme skurte wei. Hy moat sa jong al. By Titt- heit-en-dy soppet it lang net rom, strie-earme arbeiderslju binne it, bliid, dat Titte, de âldste der út kin en foar himsels goed is, faaks jit in stoer bypasse kin ta de skuld yn 't winkelboek fan Ypkje Steffens út Wickel.
De fleur gyng der wat út nei de boer syn blaffende preek.
Tsjin de jûn sitte hja trijresom op it stap, Hylck, Brún, Titte.
Siertsje stiet tsjin de fjurhutte te smoken, sjocht brimstich, Hylck hat krekt it each op him, ynwindich is hja doch skruten fan him. Hja docht lûdroftich mei de jonges, mar mient dêrmei Siertsje. As hja laket, laket hja foar Siertsje, wat hja seit, seit hja tsjin Siertsje, núndert hja, it is oan Siertsje. Mar Siertsje bliuwt stil, sa stil as natuer om harren hinne. Hat er har dan neat te sizzen, no't de jûn sa tichteby komt?
Hja mei him sa net lije, en dochs is er leaf, nee, net leaf, hoe moat hja it sizze, hja wit it net, mar hâldt in bulte fan him. Samar sjongt it yn har fan leafde, fan waarme leafde nettsjinsteande, mar pynlik stiet derefter, derfoar, der hielendal omhinne, hoe komt it jûn? Koe hja mar mei Siertsje de fjurhutte yn. Fynt er it dan hielendal net slim, dat Gerke komt?
Wie Siertsje der net, hja soe wier wol in Sneintejûn mei sa'n feint om krije kinne, no stiet it har tsjin.
Mar ja, de boer seit it! It moat wêze mei Gerke. Wol tsien djippe ronfels boppe elkoar yn 'e foarholle, lyts, grou, stoef is er, soe er wol laitsje kinne? Wêr tinkt Hylck oan! Titte stjit Brún oan. Brún hat gjin nocht oan grysjes, hy besiket Hylcke eagen te hei-