‘Hjir,’ raast hja, ‘'t is mines.’
Elts sjocht nei Hylck en nei de boer.
Age Post lûkt in pear stappen nei de doar.
De kopkes op 'e tafel rinkelje, Heiltsje fljocht deropta. ‘Fij, fij!’ Dan is 't stil, deastil.
Hylck fernimt it. Frjemd, dúdlik sjocht hja foar 't rút pearse nageltsjes skodzjen yn de wyn.
Hja hat ferkeard dien, giet stil sitten, begrypt harsels net, it komt allegearre fan Siertsje. De boer lêst. Hy is hielendal read om de grouwe holle wurden. Syn hiele postuer en hâlding wolle sizze: ‘Wa is hjir de baas. Dû of ikke?’
Hy lêst sarkastysk.
‘Als dat ik van plan ben eens bij U te komen op Zondagavond. Geen bericht, goed bericht.
Gerke Stoffelsma.’
De boer draait it brief om.
‘Aan Barre Siertjes Stoffelsma te Sondel en ferders aan de mijt.’
In kâlde glim lûkt om syn mûle, 't is it glimkjen fan in man, dy't gjin omtinken hat mei it gefoel fan in oar.
Hy slokt, moat tsjin har prate.
Allegearre sjogge hja Hylck oan en dan de boer. Siertsje hâldt de eagen stiif nei it finster.
‘Dat meist net ôfskriuwe. It is myn eigen omkesizzer, al moat ik my skamje, dat er om myn faam stiket. Nee, dû meist myn famylje net ôfstegerje. Hy moat sneintejûn komme.’
Allegearre harkje hja nij op, hja witte, hie Hylck it net yn 'e kant set, dan hie er sein, hy komt hjir net, dy Gerke.
Jonge, wat kin dy Gerke kreas skriuwe. Wa hie dat fan him tocht. It brief giet fan de iene nei de oare. Alderlêst komt er by Hylck. Wat moat hja?
Sûnder dat hja it wol, sjocht hja rieplachtsjend Siertsje oan. Hy moat ommers helpe?