striel ôf, der wol neat mear útkomme en dochs is de ko net dien.
Siertsje komt tichterby, hja sjocht skruten by him op, hy glimket, hja sjocht wer foardel, wurdt read oant yn de nekke.
‘Dû kinst der noch net folle fan,’ pleaget er, ‘dû hast de oeren ferkeard beet, draaist dermei om. Sjoch, sa moat it.’
‘Myn hannen switte sa,’ is har lêste ferwar. No leit er op 'e knibbels njonken har, triuwt har justjes fuort, nimt har hannen beet, docht har tûmen oars. Sa melke hja tegearre, mar dat wol hielendal net. Hja lit los, sjocht syn reade antlit deun by har, wurdt ferlegen, sil fan de tuolle ôf, mar hy grypt har by de knibbel beet en by de earm. Hja sjocht de oare kant út. Wat is hja dochs stom ferlegen, it hert dat bûnzet, waarm, in hert fol bloed.
‘Sjoch my oan,’ seit er.
‘Nee,’ andert hja.
‘Sjoch my oan,’ seit er wer, knypt har yn de earm.
‘Nee,’ ropt hja lûd.
‘Dû silst,’ en hy draait mei ien sterke yltige hân har holle om, sjocht har yn de swarte eagen.
‘Hâld op, Siertsje!’
‘Hylck,’ seit er en tutet har op 'e mûle. Hja trillet derfan, it is in wrâld fan lok, der moast nea in ein fan komme.
It fertriet de ko, hja kinne sa net bliuwe. Hja gean oerein, de ko komt los, it ark lizze hja op 'e wein.
Dan ride hja oer de reed, tusken de bermstrewellen troch, dy't yn it jonge grien pronkje.
As soene wy te trouwen, tinkt Hylck.
Niis krektsa gyngen wy op 'e hinnereis, it hiele libben is feroare, alles sjocht my oars oan, dat komt fan dy iene tút fan him.
It is maaie, alles yn my sjongt. Hja sjocht Siertsje oan, hja krûpt dimmen ynelkoar en fielt har feilich en grutsk sa njonken him. Meastentiids siet hja efter op de bolderwein, dizze kear is hja njonken him sitten gien. Hja sjocht omheech nei de krunen fan de Slotbeammen, en noch heger nei de blauwe foarjiersloft mei teare wite wolkefearkes.
Wat sil it libben my bringe? Hja hat it frege en nei boppen