‘Oars neat?’ freget Hanne.
‘Spek,’ laket Hylck.
It wyfke slikket mei de tonge.
Hylck freget: ‘Hoe is 't dermei?’
‘It bern giet dea.’
‘Hoesa?’ seit Hylck ferheard.
‘Ja, sa mar.’ Hja lûkt oan de skouders. ‘Hjoed of moarn!’
Heiltsje hat it nijs ek heard en beart slim.
Hylck stiet ferwêzen.
Hanne seit noch: Sa giet it by minsken fan de wei. Neaken en bleat en boppedat ûngelokkich.
Hja nimt de stôk mei pannen oer 't skouder. Dêr rattelt it wyfke, dat nachts yn de skou sliept, troch de homeie.
Heiltsje fertelt, hja maalt oer in broer, dy't ferkeard wurden is.
Foar elke doar fan Sondel stiet hjoed Hanne en ûndergiet alles, wat oer har komt, it mei goed wêze of kwea. Hja fynt it arbeidersfolk wat mijener, mei it goede èn mei it kweade.
It is nei oan Krysttiid, as Hanne' tiid der is. Sa't hja libbe hat, sa is hja stoarn poer yn iensumens.
It frear al in skoft.
Yn de Skoufeart siet hja fêstplakt ûnder it iis.
In frou dy't har it earste seach, bejoech har.
De manlju ha in slim kerwei hân om Hanne derwei te krijen.
Hja lei yn de kiste yn de skou, trije dagen, oant de beïerdiging.
De frou fan de wei stie boppe ierde oan de wei.
Folle lju wiene der net om har nei te folgjen. In pear omstippers út 'e bosken, Geauwe, de hearremyt fan de heide, en inkelde lju út oare kriten brochten har de lêste eare. Der wie in man by, dy't slim rynkrank rûn; dy syn frou wie der ek en hja skriemde.
Elts yn Gaasterlân praat oer Hanne' dea,
Hja ornearje, it is net in slim sturfgefal.
It Mardumer tsjerkhôf hat ien deade mear opburgen, ien sûnder oansjen.
En it libben avensearret dêr wol om.