side, besjocht hja Hylck út har âlde eagen en mompelt foar har út ‘Ryklik jong - de hannen rjocht oan 'e lea - ienkear wit se it dochs.’ Dan lûdop tsjin Hylck: ‘Kom en sjoch, it sil dy hoedzje tsjin bolbjirkenens. Dû silst der dyn mem om earje.’
In skok giet troch Hylck hinne, want it begjint wer. It wyfke spat fuort, Hylck har nei. In frou leit yn krampen fan 't bernjen en grypt warleas mei de hannen, set de hakken yn 'e grûn, triuwt harsels omheech, kryt ûnhjirmlik, skûm om har mûle, read en opset is it antlit, slop giet de holle hinne en wer. Hja siket de rêst, de rêst mei net komme, earst moat libben libben bernje.
‘Helje wetter,’ seit it wyfke, ‘hyt wetter, as hja ha en oars kâld. It komt no gau.’
‘It komt gau,’ ropt Hylck tsjin de man, alhiel oerstjoer en fan de wize, suver koartsich, mar ek ferromme.
De man glimket efkes. Is it om har of om it kommen? Mar Hylck draaft troch de nije buie, dy't oer de ierde raast, fielt wietens noch wyn. Dêr is de pleats, dêr't hja boadskip hat. Hja fljocht op 'e doar ta, skuort deroan as in wyld, mar de doar jout net mei. Ut 'e fjurhutte komt in lakonyk lûd: ‘Hjirreee!’
Hylck giet derhinne, grypt de boerinne by de earm en seit: ‘Wetter!’
Slim ferheard sjocht de frou har oan: ‘Dêr is in pomp, drink,’ seit hja.
‘Nee, wetter!’
‘Ja, wetter!’ knikt de boerinne guodlik.
‘Bistû Heiltsje’ nije faam?’
‘Jou my wetter, hyt wetter,’ ropt Hylck gysten.
‘Hyt wetter, wat skeelt dy?’ Boerinne besiket de hutte út te kommen, rint slûchslim om Hylck hinne, wol om folk út.
‘Der komt in bern!’ seit Hylck.
‘Soa, in bern,’ seit boerinne.
‘In poppe.’ Hylck skoddet boerinne oan de earm.
‘Ja, in poppe,’ ropt boerinne eang en skuort har los.
Mar dan grypt Hylck de soarjende tsjettel fan de kachel en set der hastich mei ôf.