oer 't skouder. As hja no draaft, slacht it har op 'e rêch nei fêste mjitte.
It liket Hylck moai ta om as in man yn in lange nauwe bokse te gean, har rokken slingerje sa. Hyltyd tippe se op 'e klompen, slierkje oer de grûn. En dat earizer priket har! Soks moat wenne.
Har tinzen gean har foarút nei Sondel ta. Net in grut doarp is it, hat Baje sein. Dalik is hja ek by mem yn de keamer.
Sa hurd as har tinzen, sa hurd moast hjasels út stee kinne.
No rint hja opsluten yn har lea, wylst alle kanten út har tinzen pylkje, oer de see, oer de wrâld, ek nei it plak en de minsken, dy't hja net ken, dêr't hja hinnereizget, ja, dêr noch it measte.
Sil hja kammeraatskes fine? Soe har ‘pake’ dêr noch wenje? No, dy fynt hja dochs nea.
Hokke jonges wenje dêr? Ek sokken, dy't daliks ree stean? Of sokken, dy't ferduldiger, rêstiger, moaier binne?
Hoe is de boerinne?
Is Gaasterlân wier sa moai? Allegearre bosken, sei mem. Wat sil 't dan by 't simmer moai wêze.
Hommels sjocht hja, De Lemmer leit foar har. Wat in ûnbidich grut plak. De Kúnder kin der wol trijeris yn.
De wei giet fan de dyk ôf. Earst koe hja 't oersjen, no sit hja yn de bedelte; dat is benaud, hja wurdt der skruten fan en moat nei de wei freegje, siket ûnder de minsken; wa liket gaadlikernôch? It ûnnozelste wyfke nimt hja foar kar. Dat wyfke wiist har freonlik de wei, bringt har in eintsje, want jinsen rinne de wegen yn elkoar om, dêr, by de brêgen.
Hja wikselje wylst wat wurden oer it waar, oer Hylcke reis, it wêrwei en it wêrhinne en oer Sondel. It wyfke hat dêr in suster wenjen. Hylck moat freegje nei Baker op it Slot. Sil hja it dwaan?
Hylck ûnthjit graach; Sondel wurdt har al eigen. Dizze frou hat wat fan mem. It is goed om mei har te praten. Hja foarseit Hylck in goede kost. Hja is sa hean, moat ta-ite dêre, de Gaasterlânske boeren mije it iten net.
Moedich giet Hylck De Lemmer út, it kin no net mear misse, seit it wyfke, en de groetnis fan Ant oan Baker fan 't Slot.