Foarsichtich, temûk draaft Hylck fuort nei de wyk, har hillichdom.
Hja tinkt, no fine de bern my net, glimket derom, wit net, dat mem harren keart. Mem hat sjoen, dat hja har plakje opsiket. Hoeden ferdwynt Hylck efter leech beamguod en stoppels.
Noch ienkear derhinne en net lang.
De wyk hat al ljochte en sulveren rânen krigen lykas elke hjerstmis. Altyd is it hjir moai, as it wetter súntsjes foarbyglydt of ûnlijich fuortspat.
Har sit op 'e turven ferdwynt no ek. Heit hat der dochs altyd de gek mei hân of hy waard der poerlilk om. Mem begriep har wol.
Sil hja noch yn 't skouke?
Nee, mar net. En Eeuwe hat har fûn. Dêr komt er. De tiid fan dreamen is no foargoed foarby, hat mem sein, it wurdt skrippen alle dagen, lange dagen. Dan sil Hylck der har oan oerjaan, wurk is hja treast.
Ien kear yn 't jier in wike nei hûs, is net faak, mar in goede kost krijt hja, thús wie 't sêd tinke. Bliid kin hja dêr daliks net mei wêze, it sil net maklik te fertarren wêze, as Maaike en Marchyn, Eeuwe, mem-en-dy gjin sêd krije, want it is better meiïnoar honger lije as ien allinne foldien.
Eeuwe lûkt har oan de rôk. Ja, hja giet mei.
Earst digert hja de wyk ôf oft hja heit ek sjocht yn de dizige fierte. Heit hat har fan 'e moarn de hân al jûn, hja sjocht him net earder wer as oare jier. It wurdt har muoilik, lykwols net inkeld om heit, mar ek wol om heit. Wat beëamelt hja, wêrom langst nei heit, dy't wreed is? Heart heit der dan dochs by? Of komt dat fan 't ôfskie hjoed en heart heit derby, lyk honger en kjeld derby hearre, by it waarme thús fan mem?
Hja knypt Eeuwe yn de hân. ‘Kom!’
In bernlik petear hâlde hja oer Hylcke fuortgean. Hylck wiist him de sinne, dy't hyltyd troch en om de wolkens blinkt. Yn Sondel sjocht Hylck de sinne en hjir sjocht Eeuwe de sinne.
‘It is ús sinne,’ seit Eeuwe grutsk. Hja drave nei hûs ta.
Mem hat brune beane sean, hja krije der smoar oer. Dat is