Hylck seit: ‘Ik ha der ek wol sin oan. Ik woe leaver net by dizze boer.’
Mem begrypt har fuortdaliks.
‘Stil fanke, it binne allegearre boeren. Ik wol dy warskôgje ta dyn eigen bêst. Wês dimmen en ûnderdienich. Hja kinne dy meitsje en brekke frâl bûten maaie. Dû dreamst tefolle. Silst dyn bêst dwaan? Hylck, ûnthjit it mem!’
‘Ja, mem.’
‘Dan is 't goed. Harkje, ik wol dy wat sizze.’
‘Wat dan, mem?’
‘Myn heit, dyn pake, wie net in turfgraver.’
‘Wat seit mem?’
‘Myn heit, dyn pake, wie in boer, in boer út Gaasterlân. Us mem hat it my sein, in skoft foar har dea. Dû begrypst my wol? Der binne hjir safolle oerwinnelingen! Ik bin ek sa'n oerwinneling! Ik bin in boeredochter, dû bist, lyk as ik, fan boerebloed. Hy wenne yn Gaasterlân syn skaai kaam fan âlds út Frankryk.
Hy wie in moaie man. Swart, pikswart. Fanke, dû hiest beppe' eagen sjen moatten, doe't hja fan him fertelde en hja wist al, dat hja gau stjerre moast. Sà swart, sà swart!
Net wier; ik bin folle swarter fan uterlik as Totte-om en de muoikes. Dû hast dat swarte ek meikrigen. Wy rinne der út hjirre.
Yn Gaasterlân silst der sa bot net útrinne. Dêr binne mear fan sokken.’
Mem sykhellet djip. It wie sa'n lang ferhaal. Hja giet fierder: ‘Ferûngelokje net, bern. Dû stiest aanst foar dysels. Ik winskje dy ienkear immen ta dyst leavest, sa't ús mem leafhie. Ja, dat winskje ik dy fan herten ta. Libje goed en trou. Der kin hiel wat komme. Lijen komt der ek. Mar dû bist goed, dat wit ik, en God sil dy helpe!’
Mei hoarten hat de mem sprutsen. Hylck tinkt nei, stoarret foar har út. Dêrom freget mem: ‘Hylck, hearst my wol?’
‘Jawol, mar mem docht sa... sa...
As memme antlit sear ferlûkt, seit hja: ‘Mar ik ha wol harke, ik fyn 't wol moai. Sis noch wat, mem!’