Maaike ferdwynt, knypeaget earst tsjin Hylck, Hylck sil in oerhearring krije.
Mar Hylck stiet al lang op ferwar.
Mem fertelt fan Baje broer, dy't mei Alderheljen in faam ha moat. It sil de boer wêze fan niis mei de stien. Hy wennet yn Sondel.
Hylck wol dertsjinyn, lit teffens de earen dernei hingje.
‘Wy komme dêr eins ek wei.’
Hylck sjocht Mem freegjend oan.
Mem set har te skoar.
Hja sìl 't oan 't fanke sizze, it is no in moaie gelegenheid, draacht hjà dat frjemde bloed net fierder de tiid yn?
De klink fan de doar giet. Der komt immen yn. It is boerinne Baje. Hja teart de rokken by elkoar en tilt se heech op, dat se strak om har hinne knipe. Dat makket har stal noch behypliker as it is, by 't miswoechsene om't ôf.
Hylck glimket al.
Mar mem draait de eagen fan de boerinne nei Hylck, hyltyd krijt Hylck in stille wink.
Baje is 't net wend by útskot yn 'e hûs te kommen, fielt har in minske.
It turfgraverswyfke is beteutere. Hja ferblikt.
Dat gnyskjende fanke bringt har fan de wize. Hja stroffelt oer har wurden en dat yn har eigen hûs, sa tige wol hja de ûnsjogge boerinne yn 'e mjitte komme.
Hjà hat alles foar, har kein antlit, har ranke lea - allinne, dat hja wer swier is.
De boerinne hat alles tsjin en hat nea swier west.
Foarelkoar oer stean hja no.
Hylck sjocht nei harren, fan de iene nei de oare. Oanstriid ta laitsjen is der net mear.
En Baje bekomt.
It mjitsk-freonlike wol sa linich net mear. Hja fielt, dy frou is ek in minske, ûnbewust reagearret hja dêrop.
Bûtendat, hja hat altyd in meilydsum hert hân mei lju, dy't gjin boerefolk binne.