Siertsjes Stoffelsma, bylkje yn dit Oertsjongerske? Hy snúft!
Hommels hâldt er yn, der leit in grouwe balstien midden op 't hynstepaad.
Yn syn prakkesaasjes hat er it net op 'e tiid sjoen.
Ut alle macht lûkt er oan de leie, dy't er tusken de koarte dikke fingers hâldt. Hy stiet rjocht oerein.
‘Ho, ho, ho!!!’ sis ik, ‘ho, ho, de blinder!’
Dat ferdealde hynder is altyd gysten en rimpen en dwars.
Dêr is 't al sa! Batst er mei de poat tsjin dy stien oan. Soks soe yn Gaasterlân net barre kinne. Hjirre?! hy sjocht in tel ferachtlik om him hinne, hjirre lizze heal neakene bern op 'e wei te boartsjen yn it sân. By kloften fleane se bytiden sa'n earm hûsgat yn! Soksoarte lju ha oars net as bern!
Linich foar syn grouwe koarte lea springt Stoffelsma fan 'e treeft, strûst rimpen op 'e hynstepoat ôf, de stien nimt er yn 'e fûst en soalt 'm yn 't wylde wei oan 'e kant.
In jonkje begjint te skriemen, hy fernimt it net.
Der komt in mem út 'e hûs fleanen, susket it jonkje. Gleonlilk sjocht hja nei de boer, doar neat te sizzen, 't is in rike boer, samar te sjen. Hja knoffelt der temûk wat lilke wurden út.
Hylck komt neieroan, deun by 't reau, mar de boer is al ree, spuit yn 'e hannen, noch in eachweiding sjocht er om him hinne. Tagelyk krijt er erch yn de jongfaam. Gjin wûnder, in stoefe, âldfrinzige, opljeppene Gaasterlânske boer kin wol in hoart niget oan har ha.
Ja, as er fuorthoartet mei de wein, slacht er temûk de eagen jit ien kear op dat moaie jonge frommes; sa swart, sa sterk, sa geef!
Dêr rydt er hinne en ment it hynder de daam oer nei Nolle Wypke' pleats.
Lytse, grouwe Baje, boerinne, komt wriggeljend ta de syddoar út soatskaven, stiet al hoasfuotling op 'e strjitstiennen, strykt by de muorre lâns, it hynder is sa wyld.
Nolle fljocht hurd nei 't bûthûs om de feinten oarders te jaan ta de buorkerij. As hy en Barre aanst buorkje, mei der neat te lekskôgjen wêze. Barre is krekt en betûft.