2
In plat smel hûs, yn 'e grien sulveren popels wei, stiet in foech ein fan de sânwei ôf. Efter foar it rút sit de mem en digert de lannen yn. Soe Hylck hast komme? Har âldste famke! Hja sit oer har yn noed, want hja krijt de jierren, moat hjirwei. Sil hja sa'n tsjep moai fanke in turfgraver gunne? Nee, hja moat fier fuort en tsjinje.
Hja sil de boerinne tasizzing dwaan. 't Is no Oktober, âld-Alderheljen hat de boerinne it oer hân. Dan giet Hylck nei
Gaasterlân.
Gaasterlân! No mimert de frou foar 't finsterke. Har foarholle glimt ûnder 't swart mûtske, hja leit de nudle hoeden del, har eagen lûke sêft, want hja spint oan har libbensmearke.
Gaasterlân! Nea hat hja der west, wol folle deroan tocht. 't Is gâns in ein, mar yn in dei te beskonkjen.
Ja, 't is it bêste.
Harke moat it goedfine.
It fanke liket op har. Sa moat hja ek west ha. Hja is feanterswyfke wurden, lyk de froulju út har skaai, mar har heit wie in boer. Mem hat it mar ienkear ferteld, mem wie net útlitten.
Hy wie in boer út Gaasterlân, fan fier Frânsk komôf; men seit dat Frânsklju swart fan uterlik binne. Dat komt út, hja is donker, har broer en susters net.
Hylck hat ek dat swarte.
Hylck sil nei Gaasterlân. Hja hat it hjoed besletten.
Efkes stiet hja noch yn bestân. Feantersfrou? Op aventoer út