| |
| |
| |
San
No komt it ferhaal fan de learaar. It kin ynfloed fan Net ta west hawwe, hja hie Barend, har feint, mar skreau my ek faak oer har baas. Dat ik hie har alris út 'e gek foar him warskôge, hja moast útsjen, want wêr koe it sokke âlde knarren (de man wie krekt tritich) om begûn wêze? Dêr die ik my goed wrâldwiis mei foar, mar it trof doel fernaam ik letter. It duorre lang, foar't ik antwurd krige. Soe hja har myn wurden neinommen hawwe en lilk wêze, lei ik oer, want ús briefkjen betsjutte hiel wat foar my. Mar einlings lei der in slúf mei har grut hânskrift foar my te wachtsjen op 'e skoarstienmantel. Ik draafde der mei nei myn keammerke. It foel ôf. Hja skreau, ik hie gelyk hân mei dy baas, mear liet hja der net oer los. Fierder gyng it oer de gewoane dingen, dy't wy altyd ferhakstûken. Ik stie it net. Foar't ik oan weromskriuwen ta kaam, wie der wer in brief. It wie út mei Barend. Hja like der net iens slim troch fan 'e wize. Diskear skreau ik dyselde deis noch werom, in brief mei winsken ta sterkte en in lytse wink om my te fertellen, oer it hoe en wat. In koart beskie folge: hja hie it sels útmakke en hie ik oars tocht? Ik soe dochs wol begripe wêrom? En dat die ik, mei twa hâlde koe net, dat wist ik sels út ûnderfining.
Net lang dêrnei kaam hja wer útfanhús, hja hie wer siik west, foar it neiste fan spanningen. Yn wêzen wie ik bliid, dat hja net sterk wie, want no wiene wy wer moai gau by elkoar. Hja makke my neat wizer ynearsten en ik doarst net freegje, mar hja wie noch drokker as oars; bytiden lake hja hast hystearysk, en dan stoarre hja wer ûnwêzentlik foar har út.
Oant hja op in jûn fanwegen kaam mei: ‘Dû hast it mar maklik, dû hast sokke problemen net, yn in stêd is it hiel oars.’
Ik frege foarsichtich: ‘Hokke dan?’
‘Dû witst net wat it is om fereale te wêzen, lit stean fan troch alles hinne sljocht.’
Ik fielde my te koart dien, hja wist oars ek wol fan myn aventoerkes ôf. Dat fan my wie ‘ferkikkerd’ wêzen, mear net, soe hja wol tinke. Hja hie it wol slimmer te pakken, begriep ik, it like my moai ta om lykas hja te wêzen, dat ik frege lykas ik it Popkje frege hie: ‘Hoe is dat dan?’
‘Dû tinkst dei en nacht oan him, kinst der net fan sliepe, alle jonges ferlikest mei him en net ien kin meunsterje. Alles oan him is moai en goed, dû wolst ek alles wol dwaan, wat hy wol.’
Hja hie efkes wachte, as tocht hja nei, wat hja tsjin my sizze soe, dat ik waard wach fan dat tinken en har wurden.
Ik antwurde: ‘Dû mist Barend.’
| |
| |
‘Ja, mar net sastû tinkst.’
‘Dyn baas?’
Hja joech gjin beskie, mar treau my har kodak yn 'e hannen, ik moast in kykje fan har nimme. In eintsje foar har út, wêr't de leane, dêr't wy yn kuieren, wat ljochter waard, joech hja har midden op it paad plat del. Nuvere geit, gyng it myld troch my hinne. It kykje, dat ik doe makke haw, haw ik noch, hja stiet der laitsjend op, de holle ûnder in skeane alpinomûtse, mar ek mei grutte, ferhearde eagen. Doe't hja oerien kaam, stie hja in pear tellen tusken de beammen en beamguod it fjild oer te sjen, kearde har ûnferhoeds om en woe my ek ferivigje.
‘Dû bist myn leafste freondinne,’ sei hja en joech my in tút, dy't wer gâns snaren by my oan it triljen brocht.
‘Sa hawwe wy in moai oantinken en kinne elkoar ek sjen, as wy net by elkoar binne,’ sei hja.
‘Ja,’ antwurde ik. Wat soe 'k mear sizze, no't it sa waarm en bliid troch my hinne gyng! It fielde, oft ik in útkard skepsel sie.
Doe't ik sûnder erch in poaske nei har stie te sjen en der by tocht, hoe graach ik har lije mocht, sei hja: ‘Gekkerd, wat is der oan my te sjen?’
‘Hiel wat, dat net ûnder wurden te bringen is,’ hie 'k sizze kinnen, mar it bleau by wat bête laitsjen.
Wat hja loslitten hie oer har fereale wêzen bleau my by, miskien orn't ik doe al fielde, dat der gefaar drige. Nei in hoart weage ik it, op it ûnderwerp dat hja sa abrupt falle litten hie, werom te kommen: ‘It is dyn baas dus wol!’
Hja réagearre wat kjel, wat ik fernaam, mei't wy earm yn earm rûnen. ‘Ik kin der net oar prate, ek net tsjin dy,’ lústere hja, ‘letter’.
Ik wist no mear, al koe 'k der net folle mei. Hja hâlde my yn spanning. De folgjende dagen siet ik der hast op te wachtsjen, oft hja der ek wer oer begjinne soe. Ik wist net iens, oft dy baas troud wie of net en hoe fier hie Netta har gean litten, dêr op dat kantoar yn Babel, de grutte stêd? Sa'n stêd as dêr't heit it al sa swier te ferduorjen hân hie. Wat soe ik dien hawwe yn sokke omstannichheden as ‘hy’ te fier gean woe? Ik hie de roman ‘Geertsje’ fan Johan de Meester krekt lêzen, dat myn fantasij hie net folle oantrún nedich. Sa fier soe 't dochs net mei Netta wêze? Ik tocht it my yn, dat hja trouwe moast. De skande wie net oer te sjen! Belidenis fan skuld dwaan foar it front fan de hiele gemeente wie it lêste oardiel gelyk. En as har ‘hy’ in troud man wie, siet hja mei in oerwinneling opskipe. De grize gyng my oer de grouwe.
Ut 'e tsjerkebibleteek hie 'k in boek lêzen ‘Appie Nijland’ oer in jonkje
| |
| |
sûnder heit. Wat dat bern net allegearre útstean moast yn de doarpsmienskip!
Geertje! Wiidweidich wie de ferlieder yn it boek ôfskildere mei syn fluenske praatsjes, Geertje har lichtleauwe en ferealens, har opsjen by in âlder en deftich hearskip, har taflecht sykjen by in abortusminske en de ôfrin! De skrillen gyngen my oer de rêch, en de hierren stiene my yn it foar al rjochtoerein op 'e holle, as ik mysels yn Geertje har plak tocht. Leaver dea, al mocht ik sa net tinke.
Dy jûns wie Netta betiid nei hûs ta, hja wie ‘ûngesteld’ wurden en ik wist wol, dat hja dan altyd slim pine yn 't liif hie. In pak fan myn hert! Ik tocht noch wol troch oer sa'n situaasje en paste dy op my sels ta. Hoe soe ik dêr mei oankomme moatte by heit en mem? Suster en ik hiene it der ris mei mem oer hân - oer sokke dingen waard wol praat, as der sa'n gefal wie. Oars joech hja minsken, dy't ‘fallen’ wiene, wol de rûmte, sels Wypke, dy't moarde hie, wol. Mar trouwe moatte, nee en hja hope net, dat ien fan ús har dat oandwaan soe. Tocht hja oan heit, wat hy ús dan dwaan soe? It sil wol slim wêze, mar hy wie gjin ûnminske! Wy joegen har de wissichheid mei de hân op it hert, dat gjin hier op ús holle dêr oan tocht. ‘Cross my heart!’ sei ik der oerhinne, ik mocht graach wat pronkje mei myn talekennis.
Suster en ik praten der even tegearre op troch.
Hja se: ‘Ba, ik soe net iens wolle. No ja, as ik skielk bern hawwe wol, mar oars!’
Ik wie it mei har iens, foar bernkrijen moast men wat oer hawwe. Inkeld losse froulju en guon, dy't har, sleauwen, foarby gean lieten troch in moaiprater, griepen op it houlik foarút. Sa wiene manlju trouwens wol, fûn suster. Ik frege net, hoe't hja dat wist, want yn dy trant waard der ûnder famkes altyd oer praat. Allinne Netta tocht der oars oer, froulju wiene sa ek wol, mar dat sette my yn grutter noed oer har. Froulju yn it westen soene wol oars wêze, ja.
Ik hie doe al in kear by Netta útfanhuze, dat it westen op himsels wie my net mear ûnbekend, mei't ik ek wol by famylje yn Amsterdam west hie. Aldere neven fan my hiene banen op Schiphol, dat doe noch yn al syn hear en fear oer te sjen wie. As wy ús famylje neamden, mochten wy it terrein sa wol op. Sadwaande haw ik ek al ridlik gau yn in fleanmasine sitten en ús ierde út 'e loft wei skôge, ek op famyljefoarspraak! De earste pear sekonden seach ik stiif foar my út en makke mysels wiis, dat ik yn in auto siet, mar ien eachopslach fansiden en ik wie genêzen, sa moai fûn ik it doe yn de ‘Zilvermeeuw’ Wy krigen fan immen, dy't letter by in fleanramp
| |
| |
omkaam is, in soarte fan fleanbrevet mei ta bewiis, dat wy flein hiene. It hie allinne mar in proefflecht west om de neisjoene motoaren te besykjen. In langere tocht nei Noarwegen ûntkaam ús spitigernôch, mei't wy krekt te let op it fjild ferskynden. Mei grut ûntsach haw ik yn in hangar stien te sjen, dêr't hja mei de F 36 oan it meitsjen wiene, in ferskriklik grutte masine!
By Netta hie ik Barend ek troffen fansels, al lei doe de ferkearing al in bytsje op 'e rêch. Ik waard opnaam yn in klub fan jonges en famkes en wie gau oer myn skrutenens hinne, om't hja my fuort ien fan harres fiele lieten. Barend socht faak myn selskip om oer Netta te praten en ik fielde my dêrtroch fereare. Wy swalken troch de dunen, dy't ik no einlings mei eigen eagen skôge en pûsten út by ‘Kraantje Lek’ dêr't ik de namme net fan thúsbringe koe. Dyselde keppel pubers gyng meiïnoar nei tsjerke ta, al wie ien fan har Roomsk Katolyk. It mocht wol net, sei hja, mar der wie safolle, dat ferbean wie! It hie in wike west om nea te ferjitten en om by de maten oer te pochen en te bearen, al hie fan har in inkeldenien sels al nei it bûtenlân ta west. Om't Netta nei kantoar moast en Barend frij fan skoalle hie, brocht hy my nei de trein werom. Hy klage syn noed no dúdliker by my, dat Netta him langer skoudere. Wat soe ik sizze ta treast? Ik mocht graach oer him, hy wie galant, oars as de jonges by ús, dy't der gjin aan fan hiene, hoe't hja mei famkes omgean moasten, mantel helje en sa.
Sa gau't Netta werris oer wie, fertelde ik har, dat it my begrutte om Barend.
‘Soe it my om him net spite?’ wie har ferwar. It klonk lykwols, as skeat ik te koart yn begryp foar har.
‘Kinst it net wer oanmeitsje?’ frege ik.
‘As ik wol,’ antwurde hja.
‘Wolst net efter him oanrinne, mar hy komt wol út himsels.’
‘It is de baas,’ sei hja doe ynienen.
Op it lêst hie 'k it krekte antwurd op myn tantsjen. In tryst, donker gefoel naam besit fan my, hoe koe 'k har beskermje en ta ferstân bringe?
‘Geertje’, tocht ik.
‘Hy is folle âlder,’ warskôge ik.
Wy seine altyd, dat sokke âlde bokken fan tritich jier en âlder ûnderfining hiene en Netta wie noch jonger as ik.
‘Net troud?’ hifke ik.
‘Al,’ sei hja, ‘en hy libbet ek mei har, hat er my sels ferteld.’
Dy term koe ik net, mar begriep him wol.
‘Soest in oar plak sykje kinne.’
| |
| |
‘Wat soene hja dêr thús fan tinke?’
‘Neat en oars binne der ferlechjes genôch te betinken. Soe er skiede wolle?’ Hoe doarst ik sa'n laden wurd yn 'e mûle nimme!
‘Hy is Roomsk,’ sei hja, ‘Roomsken skiede net.’
‘Grifformearden ek net.’
‘Alde knar,’ sei hja, kniep my yn 'e earm en skattere.
‘Alde bok,’ ferbettere ik, ‘it is gemien.’
Dat foel net goed.
‘Hy is bêst,’ sei hja.
Dêr hie 'k myn twivels oer, sa âld en gean mei sa'n jong fanke! Ik doarst it net sizze, mar smiet it roer oare wei: ‘Hoest it kearst en draaist, it mei net.’
‘Wat net?’ tarte hja my.
‘In troude keardel.’
‘Hy is gjin keardel, hy is in hear.’
Dêr seach hja sa ferhearlike by, dat ik hast oergeunstich waard. Ik woe har de wille net benimme.
Hja klage: ‘Wêrom moast ik fereale op him wurde. Alles wurdt ommers bestjoerd.’
In wierheid dy't ús faker dwaande hân hie. Wêrom binne de bananen krûm?
‘Jou it God mar op 'e skuld,’ ferwiet ik har lykwols, mar ik sei ek: ‘It giet wol wer oer, Netta.’
‘Ik wol net, dat it oergiet,’ sei hja opstannich.
Wat woe ik de âlde, soargeleaze Netta graach werom hawwe. Miskien moast hja oanpakt wurde.
‘Hoe ek, it is en bliuwt ferkeard,’ sei ik.
‘Dû mienst sûnde, dat wit ik ek wol.’
It kaam der sa ûngelokkich út! Ik fertocht har der wol fan, dat hja op har âlde manear oan it oerdriuwen wie, dat ik besocht noch wat pripkes, mar om 'e nocht, ik kaam der net efter.
Net lang dêrnei krige ik in alarmearjend brief, dat ik perfoarst ferneatigje moast: hja wie gjin maagd mear. Alle oeren fan de dei bea hja, dat der neat fan komme mocht, al soe hja wit hoe graach in bern fan ‘him’ hawwe wolle. Woe ik mei har bidde? Wat wie ik raar fan dat brief! Fansels woe ik wol bidde, mar soe it te plak komme troch de sûnde hinne? It twong oars wol, want hja skreau, hja hie al in adres om hinne.
‘O, Geertje!’ tocht ik. Wat moast ik dwaan, wylst my de mûle troch har bûn wie? Hoefolle tiid wie der noch?
| |
| |
In pear dagen letter kaam der wer in epistel, dat ek wei moast: hja hie mei ‘him’ praat oer har eangst en hy hie der neat fan witte wollen, it soe wol fan Barend wêze, hie er sein. En tink ris ta, hy hie al in oar leafke. As immen syn rie te'n ein wie, koe er rare sprongen meitsje. Koe ik immen ynskeakelje? Har omke en muoike? Noch midden yn myn oerlizzings kaam der al wer wat: it wie wer oan mei Barend en dêr soe ik wol bliid om wêze. Dat wie ik ek. Boppedat, as der wat fan kaam, hie hja in heit foar har bern. Dat dêr oare problemen efterwei komme koene, bande ik fuort. Soe hja der tsjin Barend oer praat hawwe? Dêr koe ik har wer net goedernôch ta en dat wie my op himsels yn 'e wei. Ik skreau har hieltyd werom, mar it wiene foar myn gefoel klisjee-eftige opkikkers. Ik wie der mei oan. As hja mar net nei sa'n efterbuertminske ta gyng, dy't mei breidpriemmen wurke, dat koe har dea wurde.
Op it lêst krige ik in brief fan wol acht kantsjes oer it hiele gefal, as hie hja alles op in rychje sette wollen. Har ferhaal efterfolge my oant yn myn dreamen, wylst der gjin wurd fallen wie oer trouwe moatte of sa. Wie dat fan 'e baan? Noch letter wer in gewoan brief yn de styl fan de âlde Netta, de stoarm hie him deljûn. It hie bliken dien, dat ik it by de rjochte ein hân hie, priizge hja my, mar hie ik alles wol goed fertsjustermoanne?
‘Ferbaarnd yn in kearsflam,’ skreau ik.
‘Wat romantysk!’ skreau hja werom.
Mar ik hie it liigd, ik hie har brieven tichtplakt en earne op 'e fliering ferside brocht. Wêrom? Ik wit it net. Jierren letter haw ik se mei har oare ferskuord.
It wie wer hielendal goed tusken har en Barend en wat dy baas oanbelange, hy wie ferline wike ûntslein om fraude, de smjunt, sa moai't er him foardien hie. Mar ik hie minskekennis. En hy mar kleie en kleime, dat er it sa min troffen hie mei syn frou!
‘It âlde manljussankje,’ skreau ik werom, as spriek ik út ûnderfining. Der bleau in lytse njirre by my ûnder it gers efter: wie hja wol sa fleurich as hja har foardie? Hja hie it ek oer dagen, dat hja siik wie en thúsbleau fan har wurk.
Us skriuwerij bleau drok, mar wy dolden sa djip net mear as foarhinne, sels de fragen oer it leauwe roerden wy amper mear oan.
Doe't wy inoar wer troffen, miende ik sels, dat hja efterhâldend wurden wie: hiene it wol oerdreaune fantasijen fan har west en skamme hja har dêrom? Hja wie en bleau ommers in Hollânske. Wêrom mijde ik har netmear-maagd-wêzen yn 'e mûle te nimmen? As ik wat op 'e kant omprate, begriep of ynterpretearre hja ferkeard. Hja soe har hiele libben Barend
| |
| |
tankber bliuwe, dat wol, mar mear om't er al efter in oan fanke oansitten hie. Sa gau't hy klear wie en wurk krige, trouden hja. Santjin, achttjin jier en dan oan trouwen tinke. Sa koartdei soe it by my net wêze, ek net al hie 'k der in feint foar. Earst moast ik myn stúdzje wier meitsje. ‘Ik wist net, wêr't myn twadde man weikomme soe, lit stean fan de earste!!’ Wol libbe der eat by my, dêr't ik Netta och sa graach oer fertelle wold hie, mar hoe soe ik har no mei myn dingen oankomme? It wie gjin baas, mar in learaar. Ik hie foar en nei wolris besocht tusken har bychten yn te kommen mei mines, mar hja dreau altyd wer boppe mei har soargen en relazen. Dan sei hja neitiid wol: ‘Mar dû woest wat fertelle!’, dan wie lykwols de piid al út myn jichten wei en ik wie oergefoelich op dat stik fan saken, it wie noch sa jong. En sadwaande hat hja eins mar allinne wat fan myn geheim eanje kinnen.
De learaar yn kwestje joech ienris yn 'e wike les by ús en dan mar twa oerkes: sjongen. Trochstrings mocht ik al graach nei skoalle gean, mar no libbe ik ek noch fol spanning fan de iene tiisdei nei de oare en hie gjin minne oere mear. Doe't ik in skamper gryp krige, miste ik in pear tiisdeis en dat wie in straf fan geweld. De dokter woe my noch in wike thúshâlde, mar ik sette troch op in tiisdei. Jûns wie 'k gjin minske gelyk, mar ik hie ‘him’ wer sjoen. En hie er my net apart ferwolkomme? Dus hie er my ek mist en dat glied my as in mylde drank yn 'e koartsige lea. Ik gyng betiid op bêd fan wurgens, mar ek om myn fantasij bod te jaan. Hoe hie er sjoen, wat hie er krekt sein, hoe loek er de mûle, as er lake? Dat ik koe my yntinke, hoe't Netta har field hie, dy't op syn minst syn earm ek noch om har hinne field hie. Yn dat gefal hie ik weiraand. Op it lêst koe 'k it net mear foar my hâlde en skreau der in pear foarsichtige wurden oer nei Netta. Hja moast fierder mar tusken de rigels troch lêze. Hja gyng der skraachwurk op yn en sels wat lytsachtsjend. Dat wie wer net slim, want ik hie no immen oars, dêr't myn hert fol fan siet. Lyk as Netta it útdrukt hie, ik soe alles dwaan wolle wat hy woe, skande of net. Jinsels weijaan, ferjitte dat wie it! Myn fantasij wie alle dagen wol yn aksje, tiisdeis garre ik stof foar de hiele wike. Ik tocht my yn, hoe't it wêze soe, as er my tsjin him oanhelle en sei: ‘Stil mar, wy witte it wol’. Wat wy wol wisten, koe my neat skele, ik begearde syn waarmte, lykas it sa goed west hie, doe't op 'e Lemster nachtboat dy faam my tsjin har oantreaun hie. Myn ynbyldings behellen Geertje der ek yn, mar namen tagelyk distânsje, wy soene earst trouwe kinne.
Weromsjende op dizze perioade kin ik my amper yntinke, dat der sokke groeden fan komme koene, dy't mar sa stadich útslieten. Kreas wie de
| |
| |
man net iens, hy moat op ien of oare wize de personifikaasje west hawwe fan myn ideaal fan man. Hie myn lektuer te romantysk west? Ik seach blykber net nei details. Hy hie swart hier en dat mocht ik graach lije, fan foaren waard er al wat keal, dat makke sêfte gefoelens yn my wekker. Hy hie in bleke, hast giele hûd fan in Chinees en wie ek lyts fan stâl, wat ik beide op himsels net moai fûn; it sil it fluidum fan de hiele persoan west hawwe.
Op tiisdei as hy komme moast, wie ik by it fytshok te finen en kaam der net wei, foar't er syn fyts troch de steech skood hie. Meastentiids hie 'k wol selskip, dat myn dwaan sil net opfallen wêze en it wie ek mar ienris yn 'e wike. De oare dagen makken wy foar't de skoalle yngyng, rûntsjes om in blok huzen hinne, of wy sieten op 'e hege stoepe ús rippetysjes der yn te stampen.
As ‘hy’ nei skoalle kaam, moast er oer in brêge, dy't om it hoartsje ôfdraaid waard foar skippen. Ien kear soe er der noch gau oer, doe't de brêge al draaide en dêr stie er mei de fyts oan 'e hân te keap ûnder jûchheigerop fan learlingen. Wat hat er dat faak hearre moatten. In inkelde kear doarst ik oanbiede syn fyts foar him te plak te bringen - de hânsels wiene dan noch waarm fan him - wat faker foar leararen dien waard, mar troch jonges. De kammeraatskes sil it net ergere hawwe, om't it trelit mei de Kanadees noch net fergetten wie. Ik hie der by har heal en heal op doeld, dat ik al wat fan him heard hie. It wurd ‘brief’ hie 'k net falle litten, om't hja my fergje kind hiene, in slúf mei postsegel hie al it minste west.
Ien fan de famkes sei alris: ‘De sjonglearaar jout dy alle kearen in oerhearring, wol er dy foarlûke?’
‘Dan soe er my krekt oerslaan,’ wie myn kommentaar.
Op in kear wie 'k sa beroerd fan de menstruaasje, dat ik gjin ‘pap’ mear sizze koe en mei de holle op 'e bank lei. Hy frege, wat my skeelde, wylst er njonken my kaam te stean. De famkes en iksels genearden ús om de kwaal by de namme te neamen.
‘Hja fielt har net goed,’ waard der sein.
‘Jou dy dan mar noflik del,’ sei er en joech my in knypke yn 'e earm. Hy hie it yn it Frysk sein ta hilariteit fan de hiele klasse. Foar my wie it in himelsk lûd, dat by my bleau doe't ik wer ta myn sûpe en stút kaam.
Ik learde syn lessen altyd pront, op teoryrippetysjes helle ik wol tsienen, ek myn sjongen en maatslaan koe besjen lije. As der gjin oare sifers foar oare fakken foaroer stiene, hie 'k trochgien foar in learblokje, wat op itselde flak lei as ‘masters pop’ op 'e legere skoalle. Wy binne ek mei ‘him’ op pertret kaam, doe't ien fan de jonges in tasteltsje hie en in kykje fan ús
| |
| |
makke op in tiisdei doe't hy les joech. Op in protsje stiene wy foar de hege giele kast, de learaar syn antlit kaam justjes boppe uzes út. Der siet rook noch smaak oan de hiele foto, mar foar my wie it wit wat, no koe 'k him bûten de tiisdeis ek bewûnderje. Ik naam myn plantkundeloep der by om syn holle te fergrutsjen. Ik hâlde him tsjin myn wang of tute him. Wat wie ik bliid, dat er net tsien jier âlder wie as ik, lykas Netta har baas. It skeelde, tocht my, heechstens fiif jier, hy wie in pypjonge learaar, dat it koe hinnebruie. Jonges moasten ek wat âlder as famkes wêze, om't hja minder gau ryp wiene, hie ik hjir of dêr opstutsen. In fanke fan fytfjin koe lyksteld wurde mei in jonge fan santjin en dat ferskil soe ynearsten noch wol wat grutter wurde. Soe ik wol trouwe wolle? Ik tocht oan myn earste wearze nei't hja my op 'e tsjustere lânwei weiwiis makke hiene. It slimste wie der al ôfsliten. Mar mei him? Bern fan him krije? Fansels wol. Mar dochs liet ik yn myn tinzen dêrby de skoat net fiere, dat sa ryp wie 'k noch net. Dat er al fersein wêze koe, lei folslein bûten myn eachweid en tinkwrâld. As ik alris oan de takomst twivele, joegen uteringen fan him, in eachopslach myn kant út, in hân om myn fingers om it maatslaan te ferbetterjen, nije moed. De lytse dingen koene my yn 'e sânde himel krije. Ik haw it der wol om dien, dat ik in oefening der net ynkrije koe, want dan kaam er by my. Wat waard ik weak fan binnen, as er sa deun by my wie, fan wat er sei ferstie ik de helt net. Hy holp altyd mei de lofterhân, oan syn rjochter hie er allinne in tûme. Dat makke him op it each begrutlik, mar dat wie er net. Ik koe de kroantsjepinne ris net út 'e hâlder krije, doe't hy wat diktearje soe en ik moai skriuwe woe mei in nije pinne. Lang allegearre hiene net in fulpinne, wy stipten yn de inketpotsjes yn de banken. Sûnder erch frege ik him om help, wat der fansels by troch wie, dat der waard om my hinne skande oer roppen. Ik skeat in kaam, mar ek fan ferûntweardiging, dat hja dat kwea fan my tinke koene! Hy krige de pinne der like gau út as immen mei in normale hân. Mar ik siet der wol oer yn, wat er fan my tinke moast.
Yn dy rite songen wy thús faak mei suster efter it oargel út it Frysk lieteboek. Ik woe dan altyd ‘Breidzje’ sjonge, dat hja tocht der al wat fan, mar om my mocht hja tinke, wat hja woe. De klimaks kaam by ‘hy kaam al tichter, tichter by en woe wol hast in patsje sline’. Dan fielde ik it al hast. Spitich, dat wy it op skoalle mei him net sjonge koene, it wie dêr allegearre Hollânsk wat de klok sloech, miskien in bytsje Ingelsk, mar it Frysk lei noch net iens oan it fuottenein fan de skoallebeskaving en de fryskpraters wiene de mindersoartigen. Hiel inkeld waard it ûnderwerp fan diskusje. Oer ús dûmny learaar haw ik it al hân; der wie ek ien, dy't neat foar it
| |
| |
‘Frysk réveil’ fielde, omdat de âlde klaaiing der net yn behelle waard. Wat Fryske skriuwers en dichters oanbelange, Piter Jelles kaam oan bar om de manifestaasje op 'e Maliebaan, mar net om syn literêr wurk en ek mei Douwe Kalma en Simke Kloosterman en oaren, lit stean mei Gysbert Japiks en Salverda, moasten wy ússels rêde of har negearje. As wy belang by har hiene, moasten oare wellen tsjinje, bygelyks de jongeman fan de Provinsjale Bibleteek yn knibbelbroek en putty's dy't my ek wiisde op ‘Ruth, in hânfol ieren’ en ‘De Hoara's fan Hastings’ en ‘Fryslân’, en safolle tiidskriften út doe en fan alear. Sa net, yn dy tiid fan ferealens koene my dy dingen net iens safolle skele, likemin as ik doe noch sa bot ynsiet oer myn ferhâlding ta God; al myn bidden en tinken spitste him ta op god Eros. Wy gyngen ris mei ‘him’ nei in konsert. Ik kaam oan it paad oan it begjin fan in rige te sitten, hy gyng njonken my stean en sei: ‘Skik wat op, famke, ik kom njonken jim.’
It hiele konsert gyng oan my foarby. Ik soe wol witte wolle, wat er tocht hat fan de antwurden, dy't ik him joech, as er in opmerking pleatste, dom en ûnnoazel moatte se west hawwe en dêr siet ik dan letter wer oer yn. Soe er wille hân hawwe om myn famkesadoraasje? Hâlde er de knibbel net tsjin mines oan, dêr't ik hyt en kâld fan waard?
Hy koe goed oarder hâlde, mar hja pleagen him wol, mei't er gau oan ien ein wie en dan fjoerreade earen krige. Hiene hja it safier, dan wie de nocht der ôf, mar dan siet de hiele klasse te giisgobjen. Sommigen hiene it horloazje der by om nei te gean, hoe lang't it duorre om it safier te krijen. Doe't de iennichste jonge dy't yn 'e sinne siet, mei in spegeltsje ris in ljochtplak troch it lokaal dûnsje liet, wie er tagelyk it spegeltsje kwyt en ik bewûndere ‘him’, dat ‘hy’ de dieder samar yn 'e gaten hie, wylst it dochs sa maklik te rieden wie.
De takomst lake my ta. Ik seach mysels al mei him yn 'e earm oer de strjitte rinnen en hy kaam ek by ús thús. Wat soe er fan ús tinke? Wat soe heit sizze? Dat út it lytse wat gruts groeid wie?
Hy skode my in ring om 'e finger, ensafuorthinne.
Dat er gjin haast makke, wie net slim, tiid by it soad en ik hie genôch oan it longerjen en de Schwärmerij!
Mar op in tiisdei, myn dei fan de wille, foel de slach. Wy wiene drok mei ‘him’ oan it kanonsjongen, doe't de doar fan it lokaal iependien waard en der in jong frommes yn it doarsgat kaam te stean. Laitsjend seach hja nei ús en loerde om 'e doarpost hinne nei ‘him’, dy't har net yn 'e gaten hie. Doe't wy einlings stil wiene, sei hja: ‘Daaach!’ Kjel seach er de kant út, dêr't dat lûd weikaam en yn in sucht hie er reade earen en in kaam. Hurd
| |
| |
rûn er op har ta en woe har de doar úttroaie, mar hy koe it net keare, dat hja him foar al ús eagen in tút joech. Ien út it westen, tocht ik wat ferachtlik, syn suster faaks? In nicht? It koe sels in goede freondinne wêze. Fansels allegearre striekes om my oan beet te hâlden. Wie it ynbylding, dat er nei my gluorke? Dan hat er de eangst op myn antlit lêze kinnen, om't ik dy op it stuit sa gau net fertsjustermoanje koe. Efkes neitiid hie 'k mei alle oaren de binnenwille wol al op myn gesicht tsjoend, mar doe hie er har al mei de gong ynloadst en de doar efter him tichtlutsen.
Doe't er werom wie, frege in munigenien fan ús: ‘Wa wie dat, mynhear?’
Hast weardich joech er antwurd: ‘Myn frou!’
‘Binne jo al lang troud?’
‘Nee, noch mar krekt. Fine jim my faaks te jong?’
It wie dúdlik, dat er der wat mei oan wie. Ik begriep net, dat ik net mei tonger en wjerljocht yn 'e grûn sonk lykas Dathan en Abiram en har folk, dêr't ik de foarige deis yn de learskoalle oer fertelle moatten hie. Mar nee, der barde neat by neat.
It slagge my net om gau ôfstân fan myn dreamen te nimmen, want miskien hie er my wol leaver as har en hie er him troch har helterje litten. Ik tocht oan Netta har wurden: ‘Hy libbet ek mei har’. Fan sokke yntimiteiten krige ik in groteske foarstelling, dy't de foarm fan heale martelingen oannamen. As ik in set ris gjin pine field hie, rôp ik dy sels op. Oan de oare kant hoegde alles net ferlern te wêzen, want hja koe stjerre! Nij ljocht! Ik tocht it my yn, dat ik it har sels oan die. Hja en ik mnen njonken in grêft by de oerhaal, in pontsje, dat jin foar twa sinten oer it wetter helle om in stik omrinnen oer in brêge ôf te snijen. It plak miste my net, om't wy tusken de middei faak in skoft mei op en del fearen ta tiidferdriuw, oant de fearman ús der ôf sommearre.
Hja rûn oan de kant fan de brede grêft, ik joech har in leaf lyts triuwke. Hja rôp om help. Ik ritste hurd út. Soe ik werom? Mar ik koe net swimme, mem hie net lije wollen, dat wy nei de swimbadynrjochting gyngen, om't dat gjin foech joech foar famkes. Dat kaam no moai fan pas. Ik moast net te gau immen warskôgje en tocht net iens oan de fearman, dy't alle ark foar drinkeldeaden by de hân hie. Mar och hea, hja stie al wer op 'e wâl, hja, ien út it wylde westen wei, koe wol swimme! Netta hie it ek al leard.
Op in oare kear liet ik har by treppen delploffe, fan in balkon ôfwippe en sels op 'e kop yn in reinwettersbak tûmelje. It sil my grif te fier gien wêze, want alle kearen kaam hja der wer libbend foar wei. De moardoanslag- | |
| |
gen hâlden wol op, mar loslitte wie der fuort noch net by. Doe't ik op in dei - it wie lette hjerst - noch let yn 'e stêd wie, nei boadskipjen of sa en noch wat tiid dangeljend te'n ein brocht, bedarre ik suver fansels yn de strjitte, dêr't hy mei ‘har’ wenne. Syn adres wie no wol bekend wurden. Dat wy fan syn trouwerij neat witten hiene, kaam, om't er mar in oerelearaar wie en der gjin drokte fan hawwe wold hie. Miskien om my, tocht ik ek noch.
De foardoar fan syn boppewenning, ien mei in grut glês, dêr't in gerdyn foar hong, wie efter yn in portykje oan it trottoir. Ik gyng oan de oare kant fan 'e wei stean te gobberjen. Ynienen gyng it ljocht yn 'e gong op, in skaad foel op it gerdyn en foar't ik der op fertocht wie, waard it iepenhelle en dêr stie ‘hy’ Ik makke, dat ik yn beweging kaam, stiek skean oer en wie wei. Hy moat my wol sjoen hawwe.
Wat hat it lang duorre foar't ik oer de goarre hinne wie. Netta hie (op it each) earder distânsje nommen, mar hja hie Barend. Wat liket hoecht net wier te wêzen en dat hat bliken dien. Hiel stadichoan kaam ik los út de slange-rôt besnijing en begûn de takomst wer te ljochtsjen. Mar doe waard de godstsjinst al gau wer in yntregearjend part fan myn tinkwrâld. Ik besocht my oer te jaan, ik woe nei eigenbelang ombûge, ik woe my spegelje oan leauwige minsken, ik hie krityk. Hoe frjemd it lykje mei, ik hie fierhinne mysels wer.
It waard wer as yn de tiid mei Netta, as wy it beide net fine koene. As it sa útkaam gyng Netta mei nei it fragelearen. Hja learde de fragen en antwurden út it boekje fan Landwehr mei en wy kedizen tegearre nei oer de útlis, dy't jûn waard, ek troch de dûmny. Hja wie sa flutterich net as wy it de westerlingen altyd yn 'e skuon skoden, wol dûnse hja wat liniger oer de skieding earnst-koartswyl hinne en wer. Troch de réaksje tink, waard ik wer wat swiersettich en oergodstsjinstich, nei't ik ta besinning kaam wie oer myn wraakgefoelens en even in each yn mysels slein hie. Ik skreau Netta ris, dat wy mar net samar sizze koene: moarn sil ik dit of dat. Ik hie de skrik te pakken krige fan de rike man út it evangeelje, dy't him noflik deljaan woe om fan syn rykdom te genietsjen, mar de Heare naam syn siele dyselde nachts noch fan him. It antwurd fan Netta wie op 't stik: ik hie gelyk, wy moasten oeral d.v. foar sizze. D.v. sil ik aanst ite, sliepe, in eintsje kuierje, in kopke tee drinke, nei de w.c. gean. Dat wurke sa op myn laakspieren dat ik de oerdriuwing kwyt wie.
Wat ús ek altyd dwaande hâlden hie, wiene de ûnderskate wrâldgodstsjinsten. Wy wiene tafallich by it kristendom bedarre, mar oaren by it Hindoeïsme, de Islam, de foarâlderferearing fan de Chinezen, dy't ik my noch
| |
| |
it bêste yntinke koe. Wy binne der mei nei Netta har omke ta gien, sa heech siet it ús. Hy seach ús mei syn sympatike eagen oan en sei: ‘It binne allegearre foarbyldige godstsjinsten. De âlde goaden fan de Friezen en Germanen sille jim ek wol oansprekke, it giet altyd om better en heger dingen.’
Ik hie party boeken fan Felix Dahn oer ús heidenske goaden en goadinnen mei nocht lêzen, dat hy hie my by it hert, ek om't er net fuort fan boppen del de flok oer ús tinken útspriek. Ik hie ek grouwe boeken mei myten fan alle mûglike folken trochsneupt, prachtige ferhalen. Wat makke it kristendom sa útsûnderlik om ús by de oertsjûging fan heit en mem te hâlden? En gyngen alle net-kristenen dan ferlern?
De dûmny sei dêr oer: ‘Us godstsjinst wol minsken oanmoedigje Kristus nei te folgjen en dat kin gjin kwea, dat sille jim wol mei my iens wêze. Mar Kristus is ek ús Middeler, dy't mei syn lijen en stjerren de wei fan ús nei God begeanber makke hat, hoe soene wy him oars folgje kinne? Dat is it unike fan it Kristendom: troch syn lijen en stjerren foar sûndige minsken nei hearlikheid, yn net ien oare godstsjinst komt dat foar. Jezus is altyd de measte, de grutste. Oars, elk minske moat in kar meitsje, wa't Kristus kiest, kin Mohammed net oanhingje. Dat al dy saneamde heidenen ferlern gean soene, wylst hja faak net iens de kâns hân hawwe mei Kristus yn 'e kunde te kommen, wol my net oan. Lytse berntsjes, tink ris ta! En fierder sille jim ek leare moatte mei mystearjes en problemen sûnder oplossing te libjen, al soe swart-wyt makliker wêze. Fertrou mar op God, famkes.’
Ik tocht wolris, as er sa mei klam spriek, dat er himsels ek oertsjûgje woe. Kritysk as wy wiene, foel ús dat beide op.
Hy sei ek noch, dat wy net trochgean koene mei yn it negative te libjen. Netta kaam sa ûnder de yndruk, dat hja mar gau belidenis dwaan woe, mar safier wie ik noch net; by har sakke it trouwens ek gau wer ôf.
Ik wie in warber lid fan de fammeferiening fan tsjerke, dêr't ik ynliedings foar makke, miskien wol mear om mei myn wurk te pronkjen as út oertsjûging fan needsaak. Ik ferdigene it leauwe te pas en te ûnpas oer myn twivel hinne, mar bûten it eigen fermidden doarst ik der net foar út te kommen en dat beswierre my dan wer. Bidde foar iten yn in restaurant, die ik wol, mar mei de tinzen der, fanwegen in gêne, mar heal by. Mei oaren yn 'e mande, gyng it flotter.
Mem wie der net mear by om ús te moanjen ta bidden foar en nei it sliepen. Moarns kaam der faak net folle fan fanwegen de haast om de trein te heljen. Suster en ik leine jûns noch wol njonken elkoar op 'e knibbels foar
| |
| |
it bêd lykas wy heit en mem dwaan sjoen hiene. No't hja har eigen keamer hiene seagen wy it net mear, mar wy wiene der fan oertsjûge, dat hja net ien kear oerslaan soene. Twaris of trijeris deis lies heit foar út 'e Skrift. Ik kin net sizze, dat ik der altyd mei myn oandacht by bleau. Better hie west ús in bibel yn hannen te jaan om dêryn it lêzen te folgjen. It barnde ús slim yn, as wy earne hinne soene, of as der immen op ús stie te wachtsjen en heit lies mar oan ien wei. It wie ferstannich neat skine te litten, want oars lies er in kapittel ekstra, Gods wurd gyng foar.
Der waard by ús net oer it lêzen stik neipraat, wol foelen der faak opmerkings fan heit nei mem oer de grutte genede Gods of oer it geduld dat God mei sûnders hie en dat sleat dan oan by wat der lêzen wie. Persoanlik waarden wy der net yn behelle. Mem sei nea net folle, hja waard noch altyd muoilik as it oer de hillige wierheden gyng. Soene hja ferwachte hawwe, dat wy der sels ús ynmongen? Mar dat hie nea mei krityk of twivel kind, om't heit dan fanwegen kommen hie. Yn syn jeld wie der better mei him te praten, mar doe leine dy dingen by my ek oars en wiene wy nei elkoar ta groeid. Dêr hie heit op wachtsje moatten. Fertuten hie ik fan it fertellen yn de learskoalle by de Kweek en op 'e sneinsskoalle, dan waard ik der wol ta set de ferhalen te ferwurkjen.
Al gyngen de preken yn tsjerke my sa net mear foarby as foarhinne, ik koe der net in wike op libje lykas ik fan fromme minsken hearde. Mar ik bin ek net in harker, earder in lêzer.
It libben gyng syn gewoane gong op skoalle, bûten skoalle. It eksamen kaam alle dagen tichterby. Ik hie it drok en dat wie oan de iene kant mar goed ek, oan de oare kant net.
Op in dei krige ik in brief yn in frjemd hânskrift, ien fan Barend. Netta wie siik en sa slim, dat hja gjin pinne tille koe en dêrom skreau hy foar har. Soe ik wat fan my hearre litte wolle? Troch de spanningen hie ik ús briefwiksel ferwaarleazge, mei om't hja net sa frekwint skreau. De reden wie my no dúdlik. As ekskús joech ik myn oansteand eksamen op en dat ik gryp hân hie, mar ik soe myn libben ferbetterje. Dêr kaam in brief fan Barend op werom, woe ik net oerkomme? De dokter wie fan miening, dat har krupsje psychysk wie; ik hie sa'n goede ynfloed op har en hja frege nei my. Doe fielde it oft ik út in swiere, hast bewusteleaze sliep wekker waard. Wie Netta al heal en heal in oantinken wurden? Diel al fan it ferline? De holle waard my stiif fan it oerlizzen. Marij hie it al sein, in minske syn gedachten koene net om ien en itselde hinne draaie. Ik woe nei har ta en dat wiene heit en mem mei my iens. Fan de baas krige ik in lang wykein frij, dat koe net oars fûn hy ek. De reis gyng wer mei de nachtboat, it
| |
| |
guodkeapste ferfier nei it westen, oars ferfeelsumerndch, f'râl sa allinnich. Ik hierde in kjessen foar in dûbeltsje om my del te jaan, mar der sieten praters om de tafel hinne, mei in lûdroftige ferteller, dy't by it toaniel west hie en oer syn suksessen ferhelle. Toaniel hearde by de ferkearde kant, wy mochten der net hinne, sels net nei in Frysk stik dat jierliks by ús fertoand waard, mar ik hie wol nocht oan it petear hân, as ik net sliepe wold hie. Der koe ek in hut hierd wurde, mar safolle jild hie 'k net en se leine ek deun tsjin de masinekeamer oan en dat betsjutte fan de rein yn de drip. Nei de reis kaam de toanielman by my en frege, oft er de reis foar my bekoarte hie. Ik knikte mar gau nei de fisker om in komplimintsje.
Yn de haven fan Amsterdam wachte ik noch in pear oeren yn it boat oant de earste trein ried, doe stiek ik nei it Sintraal stasjon oer. Dêr by de efteryngong stiene in pear havenarbeiders nei my te fluitsjen, hja gyngen fan in hiel oare nacht út as sa't ik dy te'n ein brocht hie. Ik krige pikefel fan eangst, want der wie noch gjin oar folk op 'e lappen, dat ik wie bliid, doe't de trein einlings ried.
Wat waard ik kjel, doe't ik Netta seach, sa meager as hja wurden wie en wat hie hja grutte, blauwe kringen ûnder de eagen. Ik besocht neat skine te litten, mar har mem hie myn réaksje lykwols troch.
‘Falt hja dy ôf?’ frege hja bangich.
‘Ik haw har yn sa'n skoft net sjoen,’ besocht ik del te bêdzjen, mar it holp net genôch, begriep ik.
Wy praten sunich, en harken wylst nei Netta har sliepazemjen. ‘Altyd hazzesliepkes,’ sei har mem. Hoe hoeden wy diene, hja sloech de eagen wer op. Doe't hja my seach, glimke hja en stiek in tinne hân út, mar ik joech har in tút, wat ik net earder ús mysels dien hie. Ik naam hâr han sa mei sin beet, as soe ik him brekke kinne. Ik moast fleurich tsjin har dwaan, mar koe mysels dêr hast net ta krije.
‘Fijn, datst der bist,’ sei hja mei lústerstim.
Har hân yn mines wie trochskinend as blau porslein.
‘Ik bin kommen om dy op te wouterjen,’ sei ik.
Hja knikte.
‘Meist net fuortgean,’ sei hja.
Mar har mem woe my iten ta hawwe en dan soe ik wat rêst nimme nei sa'n trochwekke nacht. Hja brocht my nei it útfanhuzerskeammerke. Dêr fleach it my ynienen oan as wie ik it, dy't dêr sa siik lei, de dea op it fuottenein. Pake, tocht ik. Hy hie in âld man west, mar wa woe dea, as er jong wie. Waard dêr nei frege? Alles yn my fersette him tsjin de dea. Netta soe er ek net hawwe. As har sykte in psychyske oarsaak hie, koe der wat
| |
| |
oan dien wurde. Ik betocht ek noch, ûnnoazel, dat ik altyd achten op peda en psychology hie. It brocht yn alle gefallen rêst. Even letter tocht ik neat mear, mar wie wei yn 'e sliep.
Noch heal yn 'e sûs gyng ik nei Netta ta. Barend wie der no ek. It wie al let yn 'e middei en ik frege Barend, oft er my earne by in tillefoan bringe woe. Op net al te grutte distânsje wie kunde fan him oansletten. Ik hie mem ûnthjitten te skiljen, want wy hiene doe ek krekt ien krigen: in readbrún kastje yn 'e hall mei in draaikrukje om de tillefoanjuffer earst yn te skeakeljen. It duorre gâns in set, foar't ik heit oan de oare kant hearde: ‘hallo!’ Hy skreaude as soe 'k him sa fier fuort oars net ferstean kinne. Dy oandrang fielde ik wol net, mar ik bedimme my ek om de minsken fan it hûs, dy't my hearre koene, wylst hja dochs gjin Frysk ferstiene. Ik ferdútste heit, dat ik goed oerkaam wie, mem koe har noed mar ferjitte. Hy frege net nei Netta en doe't ik der sels oer begjinne soe, draaide er al wer ôf, dat doe die ik it ek mar. Barend en ik leine oer, wat wy dwaan koene om Netta by de wâl op te helpen. Hy woe hawwe, ik soe pinfiskje, wêr't him de oast krekt siet en doelde dêr mei op it gefal mei de baas. It like my better ta de dingen by de namme te neamen en der net omhinne te winen om ta in goed resultaat te kommen en doe kaam er even los. Ik ferwiet him foarsichtich, dat er al efter in oar famke oan west hie en dêr it probleem net makliker troch makke hie.
‘Oars net as rankune,’ antwurde er.
Dat wie in natuerlike réaksje, dêr't ik ynkomme koe. Ik doarst net freegje, oft hja him ek oer har eangst ferteld hie.
Ik moast begripe, dat it oerbettere wie, as it al wat west hie, wa soe it sizze mei har grutte fantasy?
Wy hiene op skoalle wat leard oer hyperfantasy; wie Netta har ferhaal dêr op werom te bringen? Dan moast it my dûbeld om har begrutsje. Ik koe der in bytsje ynkomme, om't ik ek noch altyd oanstriid hie om slimme kwalen op mysels te projektearjen. Hyperfantasy koe gefaarlik wêze, hie 'k op skoalle leard.
It wie gjin maklike opdracht om efter de wierheid te kommen, it soe hast ûnmooglik wêze yn de koarte tiid, dy't ik hie.
Ik siet safolle mooglik by har bêd. Ien kear frege hja my, oft hja wol wer better wurde soe.
‘Hoechst der net omhinne te winen,’ sei hja.
Doe't ik wat te lang oer in antwurd neitocht, sei hja: ‘Ik wit it al.’
‘Nee!’ rôp ik lûd.
Hoe gewoan hie hja sa'n útslútsel naam! Yn har plak hie 'k by de muorren
| |
| |
opflein. Makke siik wêzen jin sa apatysk? Op myn ‘nee’ krige ik in glimke werom, hja leaude my net.
Wat moast ik dwaan om it har wer út 'e holle te praten? Myn eagen foelen op har poppen yn it finsterbank. Ik naam deselde, dêr't hja it faakst mei oan it boartsjen west hie en besocht in petear oer en om har hinne, sa't ik it fan har ôfsjoen hie.
Hja lake: ‘Dat kinstû net.’
Hja hie gelyk, dat koe ik net.
Ik besocht noch: ‘Sjoch, de frou is in drip út stel en no tinkt hja al wit wat, mar wier, dû hoechst net lang op har te wachtsjen, hear!’ Of sokssawat. Mar doe't de pop antwurd jaan moast, wie 'k der ôf.
‘Jou my mar,’ frege hja.
Doe't ik de pop mei syn eagen fan swarte triedsjes en syn brede readlapen mûle yn har prikjefingers lein hie, kaam der hoop yn my. Hja lei de pop tsjin har wang en flaike: ‘Silst my net ferjitte?’ It antwurd wie: ‘Earst net, mar letter stean ik net foar yn. Jou my mar oan har!’
De ferwachting, dy't ik hie, sakke as in pudding ynelkoar.
Hja lange my de pop oer. ‘Hja seit it sels!’ lústere hja.
En sa frjemd, doe koe Netta tsjin my prate, wol sunich, mar hast sa't wy it altyd dien hiene. Net lang, mar dochs. Ik hie wer moed fette.
‘Bliuw by my, ik koe ris yn 'e sliep fuortgean,’ sei hja slûch.
Wat koe ik no leauwe? Libbe hja wer tusken werklikheid en fantasy yn? Niis hiel normaal by de wurken en no oan stjerren tinke? It wie net maklik dêr mar te sitten mei tinzen dy't har fermannichfâldigen, mar Netta har mem soe rêste en boppedat woe ik der wêze as hja de eagen wer iepen die.
Ik wie mei bidden opbrocht. As ik dat no net die, hoegde ik it nea wer te dwaan. Myn bidden waard twingen. It wie oft ik persoanlik mei God yn petear wie, as stie Er njonken my. Kaam dat fan de pop yn myn hannen? Hoe ek, der rûn in gefoel fan grutte freugde troch my hinne: Hy is der wier, wier! God bestie en dat wie yn wêzen allinne mar belangryk.
Midden ûnder myn betinkingen en bidden hearde ik Netta.
Hja sei: ‘Wy geane net dea, wy hawwe it ivich libben!’
Hie 'k it goed ferstien, of hie 'k myn eigen tinzen op har projektearre? Wie dit gjin praat foar in âld minske? De skrik sloech my om it hert. Wêrom, in jong minske kaam der ek foar te stean. Mar Netta beleaven net! Dêrom wie myn refleks: ‘Mar noch lang net!’
Hja lake. Ik hie in contradictio in terminus sein, ivich begûn hjir dan al. Hja seach my in hoart oan, joech har wer del en sliepte. Ik tocht nei. Net- | |
| |
ta hie gelyk, wy hiene it ivich libben, mar dit libben wie ús dan ek net om 'e nocht jûn, wy mochten der wiis mei wêze der foar te stean en foar fjochtsje.
It waard rêstich by my fan binnen, en doe't ik Netta dêr sa soargeleas sliepen seach, waard ik sa wurch en slûch, dat de eagen my ek ticht foelen en ik op 'e stoel yn dodde. Foar en nei skrille ik wol wekker, mar dan sakke de holle my wer op it boarst. Alle kearen as ik even ta de wurken kaam, betrape ik mysels op it wûndere sliepazemjen, dat my soms eigen wie: ‘pff’ diene myn lippen en dan kaam der wat lucht út myn mûle. Sa hie mem ek wol yn 'e stoel sitten te slûgjen en hja fertelde, dat pake dat ek sa oer him hân hie. Nuvere famyljetrekkens! Ik waard klear wekker, doe't Netta har mem my beet griep fan klearebare lok. De dokter hie sein, as hja earst marris fêst sliepte en sjoch dat die hja no. Hja sliepte oeren efter inoar.
Wat wie Barend bliid! Allegearre wiene wy like tankber, seine hja, mar wat hie ik winliken dien? Of wie der krêft fan my útgien en wist ik it net? Hie God dy krêft jûn op it gebed? Ik fielde my wurger en wurger. Netta har mem naam my mei nei ûnderen, dêr mocht ik my yn in djippe crapaud deljaan, mar doe wie de slûgens oer.
Fan dy dei oan is Netta opknapt, al krige hja har âlde krêften en piid net werom. Hja sei in kear: ‘Dû sjochst wol, ik kin net sûnder dy.’
En ik, dy't der altyd fan útgien wie, dat ik har nediger hie as hja my. Frjemd moast ik faak oan de doop tinke. Troch de doop hie God ús, Netta en my ek, it teken fan eigendom jûn en dêrom mochten wy altyd in berop op Him dwaan. En, al wer frjemd, betrape ik mysels der op, dat ik eins foar it earst wat nochterder oan de learaar tinke koe, der wie mear yn it libben as ferealens en leafde.
De dagen, dy't ik noch foar Netta hie, waarden suver fleurich; allinne it ôfskie wie wat trystich, mar net sûnder ûtsjoch.
Barend brocht my nei de trein.
Underweis liet er him ûntfalle: ‘As ik Netta net hie, soe ik dy hawwe wolle.’
‘Mohammedaan wurde,’ lake ik, ‘dan soene Netta en ik altyd by elkoar wêze kinne. Wat soene wy om dy tsiere.’
Hy seach my wat apart oan, as soe ik him foar de kroade ride.
Thús begûn ik te twiveljen, oft it allegearre wol wier west hie. Hie 'k in bytsje oer myn toeren west? Mystyk wie my erflik net frjemd. Ik begûn der ek oan te toarnen, oft myn ferealens op de learaar wol echt west hie, wat koe in minske him net allegearre yntinke!
| |
| |
Oer Jacques Perk hie 'k lêzen, dat er foar syn Mathilde-cyclus de ferealens keunstmjittich oanhâlden hie om de literêre ynspiraasje. As it by my echt west hie, koe 'k my wol ôfsette fan ferkearing en trouwen (wat ik ek al wold hie), leafde wie ‘einmalig’. It makke net folle ferskil, sûnder ‘him’ wie it dochs neat by neat. Alhoewol...!
Popkje wie fleuriger wurden doe't hja ferkearing krige. Nei har trouwen arbeide hja noch ienris yn 'e wike by ús. As wy har mei har oare helte narren waard hja read oant yn 'e hals. Ien fan de ‘zeven schoonheden’, ferdigene hja dat mei. Hja koe de oare net neame, allinne de kûltsjes yn 'e wangen en it kin. Ik gyng foar de spegel stean om te sjen, oft ik se noch hie, dêr't ús feint, dy't ús spitigernôch ferlitten hie om by de marsjesees te gean, sa'n niget oan hân hie. Der wiene noch bewyskes fan, mar yn it kin siet inkeld in skieding.
‘Faker laitsje,’ rette Popkje my oan, dû sjochst de lêste tiid as wiest Pier Bedroefd (in man mei de lippe op it tredde knoopsgat).
‘As de klok tolve slaggen wei jout, Popkje,’ sei ik, ‘dan triuw ik se der wol yn, mar dan moat de hûn tagelyk blaffe tink?’ Der hie hja ús bang mei hân as wy oan it skilich sjen wiene, dan bleauwen ús eagen sa stean.
‘Wachtsje oantst in stjer fersjitten sjochst en doch dan gau in winsk,’ antwurde hja.
‘Mar dan wurdt der ek in Joadsje berne, net?’
‘Dat is mear as in winsk!’ sei hja en woe neat mear sizze, want ús mem kaam der oan.
Ik hie by Popkje ek wol fiske, hoe't mem witte koe, dat de leafde echt wie. Netta har ûnderfinings wiene by eintsjebeslút dy fan in Hollânske.
‘Grote mensen weten het wel,’ wie har beskie, dêr't ik my troch rekke fielde. As ik it wer besocht, spile hja de swarte Pyt nei my ta, hie ik wat meimakke? Lake ik dêrom net mear en hoe siet it mei it fluitsjen dat ik sa graach die?
Mem sei altyd: ‘Een meisje, dat fluit, is het fatsoen uit.’
Dêr lei ik tsjinyn: ‘Meisjes, die fluiten krijgen jongens met duiten.’
Dat skynde in grut ideaal te wêzen.
‘Bist ek net iens sljocht op dy moaie jonge bûtendoar?’ frege hja.
Dy moaie jonge wie by my as er kâns seach en loerde by ús troch de glêzen. Ik woe net heal mei him, mar it wie wol aardich in ferearder te hawwen en it joech ferdivedaasje. Ik stegere him ek net ôf, om't syn heit himsels te koart dien hie en ik no sa fier wie, dat ik dêr wol wat mear oer witte woe. Hy liet him der lykwols net ien kear oer út en ik doarst der sels net oer te begjinnen.
| |
| |
Popkje narre my en ik har altemets, oer de leafde. Op it lêst liet hja har even gean: ‘Dû hâldst der net oer op, mar dû moatst it sels ûnderfine. Dû woest skriuwster wurde en hast alris in aardich stikje makke. Dêryn seachst it earst fan de swarte kant, mar hiest wol yn 'e gaten, dat dat net fol te hâlden is. As it klikt kinst de wielde net op en stiest noeden út, dyst net foar mooglik hâlden hiest, omdatst bang bist him wer te ferliezen.’ Dat Popkje it fan myn skriuwen wist makke my lilk, yn fertrouwen hie ik it suske lêzen litten, as hja der Popkje net yn behelle en dat hie hja dus wol dien. Popkje har wurden hiene my wol wat monter makke, mar yn dy snuorje woe ik dat net, ik woe leaver lije. Ik stie foar it dilemma, dat ik in oar sines net begeare mocht. Wraaktinzen hie 'k net mear. Boppedat wie it har skuld?
‘Waarom zijn de bananen krom’ song bruorke de godgânske dei de schlager fan it jier. Ik tocht mei him: ‘Waarom?’
Foar de fammeferiening begûn de animo te sakjen. In probleem as mines kaam dêr fansels net oan 'e oarder, soks wie dúdlikernôch. Wol waard der drok oer deliberearre, oft Grifformearden wol mei Herfoarmen trouwe mochten. Oplossing: wol leauden hja beide, mar elk nei in oare tsjerke wie yn in houlik neat by neat en hoe moast it skielk mei de bern? Dat dy der kamen stie as in peal boppe wetter, want hoedmiddels wiene net yn 'e hannel, alteast net foar gewoane minsken. Ien fan beiden oergean wie better, mar brocht ek syn beswieren mei en wa moast tajaan? De beide tsjerken wiene der net om 'e nocht kaam, dat, der mar net oan begjinne. Ek oer fytse op snein waard redendield. As men fier fan tsjerke ôf wenne, wie it sneins tastien, mar net foar wille. Der koe ris in bân knappe ûnderweis en dan soe immen der mei yn 't spier moatte: sneinsarbeid. Net sûnder reden wurken der gjin tsjerkelju by de post, wa woe as kristenminske op snein brieven útsutelje? Ik hie wol wollen, dat heit postboade wie. Faak haw ik ien observearre by jûntiid as er de nammen op 'e brieven by in lyts lantearntsje lies, dat er foar op it boarst hie. Deis waard trijeris besoarge, sneins minder faak.
Stadichoan waard ik wizer oer goed en kwea yn 'e wrâld. Homo's waard ûnder de fammen ek oer praat, nea oer lesbysk. My waard ris in kreaze feint oanwiisd dy't sitten hie. Wat er krekt útheefd hie waard ik net gewaar, mar it hie mei lytse jonges te krijen. Hie er har fermoardzje wollen? De feint waard ek flikker neamd, mar dat wurd lei safier út myn eachweid dat ik fansels oan flikjes tocht, dy't ik sa graach mocht.
Doe't wy op 'e Kweek Willem de Mérode behannelen, prate de learaar in bytsje op in trelit om, mar sa ûndúdlik, dat ik der út opmakke, hy hie stel- | |
| |
len. Om de taboes fan de tiid? Dyselde learaar warskoôge oars wol, dat jonges gjin frij nimme mochten by famkes en oarsom soene famkes it net tastean.
By de opfiedkunde kaam oan 'e oarder, dat wy tsjin ús erflike en oare sûnden stride moasten, earst om ússels, mar ek om ús neiteam, want ús sûnden soene straft wurde oant yn it tredde en fjirde slachte.
Mar neiteam út sokke fiere slachten lizze op dy jierren wol sa fier út 'e eachweiding, dat it téory bleau.
Der waard ús regelmjittich foarhâlden, dat wy skielk de bern fan Kristus' gemeente by Jezus bringe mochten: ‘Veilig in Jezus' armen, veilig aan Jezus' hart’. In boek fan professor Waterink hie as titel: ‘Aan moeders hand tot Jezus', it azeme út deselde geast. Sneinsskoallewurk waard ús oanret as oefening, it gyng wol net om doopte bern, mar om evangelisaasje en dy wie ek nedich. Ik haw der ivrich oan meidien, mar ik wit der noch wol fan, dat de hantliedingen dy't wy brûkten, net maklik wiene en dat it ek gjin plesier wie om oan de bern fan ferskillende âldens te fertellen. Twa ‘jongelingen’ hiene wol de âldere bern op har noed, mar dan noch. De ‘jongelingen’ krigen oarderproblemen; gjin wûnder, en dat wie foar de beide froulju fan de jongsten net befoarderlik. It moaiste fan myn krewearjen wie om alle jierren mei krysttiid dielen ‘Winterbloemen’ en ‘Kerstklokken’ kado te krijen fan de útjouwers om der in kar oan krystboekjes foar de bern út te dwaan. Hie 'k se as bern mar hân om myn lêshonger te stiljen.
It tarieden fan in bibelske fertelling needsake my wol om de stof te ferarbeidzjen, dat wie in foardiel; mar de spanning om foar de klasse, benammen yn de learskoalle dy't oan de kweekskoalle ferbûn wie, wie alle kearen wer in tamtaasje. In betûfte learkrêft gyng ús nei en fan de senuwen rekken wy de tried wol kwyt. Ien fan ús is alris foar de banken weiflechte nei har maten efter yn de klasse ta, hja wist neat mear. Soks wurket op oaren yn, dat op in kear krige ik ek in black-out. Ik frege in útblinkerke, oft hja wol wist, wat no kaam, hja wist it en wylst hie ik de tried al te pakken. Op in sneinsskoallefeest mei krysttiid haw ik in kear de helte fan in ferhaal mar ferteld. Ik hie net in gaadlik ferhaal (gjin bibelske) fine kind en op it lêst mar ien nommen. Ik fernaam oan de oandacht, dat it noch ferfeelsumer wie as ik tocht hie. Der kaam in skoft en nei it skoft woe ik net út fertelle. Net folle bern of âlders sille der rouwich om west hawwe. It hiele trelit haw ik yn in brief oan Netta beskreaun, ik hie it ek wol litte kinnen, want hja gyng der net op yn. It wie sa goed net mei har as wy tocht en hope hiene. Dêrom kaam hja ek nochris útfanhús. Hja siet net
| |
| |
mear tangele mei de leafde, wol mei it leauwen en it kristenwêzen, net te ferjitten de útferkiezing. Hja en ik bestudearren de minsken - útkarden - as wy yn tsjerke sieten. Hja makken net de yndruk, dat hja sa lokkich yn it libben wiene en de soargen by har oerjûn hiene. Ik lei it probleem ek oan mem foar.
Har antwurd wie: ‘Jim sjogge de bûtenkant. Boppedat is it foar de kristen net altyd riis mei rezinen, ek wol grôt mei krôde, it is falle en opstean.’ Krôde ferbûn ik oan kroade, dat ik moast om it byld laitsje. Mar hoe dan? As it libben sûnder wryt of slyt wol trochskrast wurde koe, wie it dan it bêste om ûntbûn en mei Kristus te wêzen, mar dat wie in spreuk om op in grêfsark. Foar my wie it al moaiernôch, en foar Netta ek, dat der net oan de dea te ûntkommen wie, of de jongste dei moast al earder komme. Begearde ik dat? Woe ik bidde: kom hastich, Hear? It libben wie moai mei problemen en al, al woe ik se graach kwyt. Lêzen brocht útkomst. Faak lei ik op bêd mei in boek en in reep, it hoegde dan gjin swiere lektuer te wêzen. As de haadpersoanen inoar mar wer fûnen en hja har holle tsjin syn âlde jaske oanlei! Spitich, dat ik it sels net dwaan koe. Of ‘hja’ moast in sykte krije en stjerre. Hawar, ik soe skriuwster wurde, in grutte treast. Yn alle gefallen hie 'k de leafde kennen leard, wat mear wie as de measte minsken sizze koene. Hie it it wiere al net west, ik begûn der wat langer wat mear oan te twiveljen, dan wol in skamper en dat mocht elkenien ek net iens barre.
Ik die myn bêst de soargen Netta út 'e holle te praten, pikerjen wie net goed foar har. Dêrby die it bliken, dat ik sels boppe dy problemen útkaam, ik hâlde my beet oan de wierheid dat God der wie, dat Jezus der wie as Middeler. Myn pak sûnden, ik gyng fan gâns in gewicht út, lei foar it krús fan Golgotha. As ik net oannaam dat ik se kwyt wie, moast ik mar oan Jezus oan it krús tinke. Ut Syn pine wei seach Er my oan en frege: ‘Ik lij dochs net om 'e nocht?’ Lykwols ûntkaam ik der net oan om twa libbens te libjen, ien om mei God yn it lyk te kommen - as soe dat ea kinne - en ien yn 'e wrâld, op 'e prachtige ierde mei syn kostlike natoer yn alle jiertiden. Wat wie it oars ek moai om te libjen: de fleurige omgong mei de kammeraatskes, boeken, stúdzje, takomstferwachtingen. It skoallelibben hie wol fan syn glâns ferlern, mar der bleau genôch fan oer. Njonkenlytsen krige ik ek wer nocht oan de sjonglessen. Allinne oan de hantwurklessen hie 'k in hekel, mar wy moasten ek nuveraardige dingen meitsje: katoenen broeken, splitten yn manljushimden, kantsjes oan broeksboksen. In útblinker wie 'k lang net, de hantwurkmefrou twivele der oan, oft ik it eksamen wol helje soe. Hja woe hawwe, ik moast de wiskunde, it iennige
| |
| |
fak út de lange rige dy't famkes falle litte mochten, gewurde litte en sa tiid frij meitsje foar har. Ik hâlde fan wiskunde en die it net en waard ûnderwizeres mei oantekening foar fak k. Mar in gelok, want dêr sûnder hie 'k lang sa gau gjin plak krigen.
Op it hantwurkeksamen kaam de baas by myn taffeltsje sitten om in stikje teory oan te hearren. Ik moast it patroan fan in broek útlizze. Wat hiene wy der in wille om, dat ik oer it krús fan in broek praat hie, dêr't ús steatlike baas by siet.
Ik mocht ús baas graach lije. Dat kaam mei fan in kear, doe't ik út 'e gymnastykles wei stjoerd waard en my by him ‘melde’ moast. Ik hie wegere om op hoassokken gymnastyk te dwaan, om't ik myn ‘gympy'sY’ fergetten hie. Guon bern rûnen wolris op bleate fuotten oer de hjir en dêr splinterige flier, dat sa slim hie 't net west, mar ik wist, dat ik in gat yn 'e hoas hie en dat woe 'k foar de oaren net witte. Allegearre wille om my hawwe, tink. Op bleate fuotten like my op fleanen.
Doe't ik it ferhaal oan de baas die (it gat neamde ik net), sei er: ‘Ik kan niet van je verlangen, dat je op kousen gymnastiek doet!’ En dêrmei wie ‘de kous af’ foar my. En jûns siet ik te stopjen oer in kopke hinne.
It lêste jier fan stúdzje wie ien mei tsjinslaggen. It wie in strange winter. Yn de iere maaitiid krige ik gryp mei angina en as neisleep in lichte nieroandwaning. Ik moast sâltleas en inkelde wiken lizze. De dokter warskôge, dat ik it goed útfiere soe, oars krige ik der skielk oer tweintich, tritich jier wer mei te meitsjen. Dat ‘skielk’ bekommere ik my net bot om, mar mem safolste mear: hja hâlde my ûnder de kwint wat iten en lizzen oanbelange. Dat kaam ek, om't suske dyselde kwaal faker hie en folle slimmer. Hja hawwe my op skoalle oan alle kanten holpen mei diktaten en sa, dat ik haw der eins gjin skea fan ûnderfûn.
Pytsje en ik slaggen op deselde dei en ik kaam better út 'e bus as dêr't myn rapporten my rjocht op joegen, mar ik hie no ek alles op alles set. Ik haw noch in kykje fan Pytsje en my, dêr't wy earm yn earm, de akten yn de tassen ûnder de oare earm, optein oer de Nijstêd flanearje. It is op de dei fan slagjen naam troch in strjittefotograaf, dy't oan de kost kaam mei de geande en kommende man op gelok fan ferkeap te ferivigjen. In kaartsje ta bewiis en mei it adres wêr te heljen, treau er ús yn 'e hannen. Sommigen woene it net oannimme, mar wy wol.
Nei it slagjen kaam it slimste. Soene ús goede sifers, Pytsje hie noch heger as ik, ús in streekje foar jaan by it sykjen om in baantsje? Kwea koene se net, dat wy sleaten by elke sollisitaasje in puntelistje yn. De takomst wie net sa fleurich: der rûnen wol guont om, dy't de akte al in pear jier yn 'e
| |
| |
bûse hiene. Militêre tsjinst brocht foar jonges útkomst, mar ek útstel fan eksekúsje. Yndonesië, doe Nederlânsk East-Ynje, koe ek learkrêften brûke, sels gyngen der wol guont nei Súd-Afrika. Oan dy mooglikheden begûn ik al te tinken, want ik seach it swurk goed swart driuwen. Hoe koe ik op heit-en-memme bûse noch langer tarre? It waard tiid, dat ik wat foar har soargen oersette. Boppedat hie ik skuldgefoelens, om't ik noch altyd ferlechjes brûkte om eigen wei te gean, om lijen te mijen. Unnoazelheden, mar lykwols pleage it my, dat ik geheimen foar har hie. Geheimen, dy't ik foar God net ferhoalen hâlde koe. Alles wat yn stilte barde, ek om lijen te mijen, soe ien kear yn it iepenbier bekend wurde, ja fan de dakken roppen! Gjin bjuster foarútsicht, wa wol graach neaken foar it front? Ik seach mysels al stean mei de mûle fol tosken en de dea yn it hert. Oan hokker kant? De flecht yn ferhalen brocht noch altyd ferwin, al lies ik langer minder kritykleas. Ik makke in kar yn it literêre en yn it godstsjinstige, mar ek it maatskiplike krige mear oandacht. Ik doarst ek better foar myn eigen miening út te kommen by heit, al rûn ik dan wol yn in wide bocht om him hinne, dat hy neamde my wol ‘dwerslammert’ en ferlike my mei in Lammert dy't er kend hie en dy't altyd dwers lei. Heit begriep myn opset wol, sei er, ik woe sa fan oaren wizer wurde en dêr sloech er de planke net alhiel mis mei. Ik hie de kar yn it godstsjinstige wol al dien, mar wie út op bewizen wêrom.
Ik lies no mear gedichten, foarhinne hie 'k se net altyd begrepen, no brieken de betsjutting en f'râl de skientme troch. En al begriep ik se net, dan noch krige ik in gewaarwurding fan skientme by it lêzen. Ik tink oan de ‘Mei’ fan Herman Gorter. Ik lies ek boeken oer skilderkeunst, bygelyks oer Vincent van Gogh, ek syn brieven, dy't my djip yn it moed taasten. Kritiken en essays lies ik by it soad. Ik seach yn, al woe 'k it net witte, dat de baas gelyk hân hie, doe't er ús by it ôfskie fan skoalle foarhâlde: ‘Jim libje noch tusken servet en tafellekken’. It wie my dúdlik, al waarden servetten by ús thús net brûkt. By in kammeraatske fan skoalle hie 'k se wol meimakke en fan har ôfsjoen, hoe't ik der mei oan moast. Der stiene ek fingerkûmkes op 'e tafel, dêr haw ik mar net nei taald. Mei honger by de tafel wei út eangst om staasje te hâlden. Wy sieten noch fêst oan it bernwêzen en longeren nei it grutminskebestean, woe de baas beweare. Dan te tinken, dat wy yn sa'n situaasje op 'e lytse bern loslitten waarden! Ik wie krekt achttjin wurden en libbe noch yn de ‘Sturm und Drang’ perioade, mar ek yn de romantyk mei syn ups en downs.
As ik de grutte ljochte moanne seach, tocht ik it my yn, dat hy dêr mei syn mantsje en wyfke de heale wrâld oersjen koe. Venus en Jupiter (beppe
| |
| |
sei altyd JuPI-ter) wiene safolle ljochtjierren by ús wei. Wat wiene ljochtjierren eins? Neef hie der fan ferteld, hy hie der grutte belangstelling foar en neamde ôfstannen om fan te grizen. God gyng oer de hiele kosmos, it hielal, ik wie oan tiid en plak bûn, mar koe wol mei myn tinzen troch it universum op reis gean en sa yn in tel it hielal omfiemje. Ik wie noch altyd huverich foar it fiere, frjemde, dêrom weage ik my leaver oan sokke reizen as dat ik my oan ien om de wrâld hinne weagje soe, al krige it idee my sa net mear kjel. Is Ynje dêrom ek oergien? Mar ek om't ik in plak krige. Yn tinzen koe 'k al nei de himel ta reizgje! Strjitten fan goud, in glêzen see om oer te rinnen, lykas oer de tichtferzen mar, it mocht lôkje, ik hâlde it op de goede ierde. Yn de maaitiid lei ik as neef mei it krolhier oan it gers te rûken en te snuven, mar ik doarme ek troch bosken en oer fjilden en helle de roken fan dinnen en leafbeammen, fan heide, brem en nôt en wetterplanten yn. Dy foarkar hat my lang in skuldgefoel besoarge, oant ik in lêst petear mei stiebeppe hie en hja my bychte, hoe't hja altyd oan de ierde hongen hie. En noch. Hja wie yn har achtentachtichste en lijde oan staar. Giele fluezen hie hja foar beide eagen. Hja sei, dat dat eins gjin kwea wie, want hie de Heare sels ús dizze machtige oarde net jûn om te wenjen? It sels opmeitsjen fan adressen foar leedbrieven, wie dat foar har in kompromis?
De jûns foar har ferstjerren frege hja my har út 'e bibel foar te lêzen út Johannes 14, dat doe sa begûn: ‘Uw hart worde niet ontroerd gijlieden gelooft in Mij, gelooft ook in Hem, die mij gezonden heeft. Ik ga heen om u plaats te bereiden.’
Beppe lústere: ‘It is wol in frjemd lân, dêr't ik hinnegean, mar de Heare Jezus is der ek. Hy hat ús lân moai fûn op 'e sûnde nei, Syn lân sil foar my moai wêze en de sûnde lit ik hjir, nim ik net mei. Boppedat is it tydlik. De nije ierde komt en dêr sille wy thús wêze sa't wy ús nea op dizze thús field hawwe. En dat foar altyd. En hjir wie it al sa goed.’
Beppe wie sa'n moai minske. Ik haw net faak oer har ferteld nei pake syn dea, mar wy gyngen wol út en troch nei har ta yn har ien keamerwenninkje op in grut doarp, dêr't hja mei har earste man wenne hie en dêr't noch fan har eigen bern tahâlden.
Wat in rêstich gefoel, dat ik fan dit libben hâlde mocht en net útsjen hoegde nei it takomstige, mysels ek net paaie hoegde mei de gouden strjitten en de glêzen see. Dit en no wie haadsaak en it oare wie fan letter soarch. As bern hie ik der ek net oer yn sitten, hoe't it wêze soe as ik folwoeksen wie en no siet ik der net mear oer yn, hoe't it wêze soe as ik stiif en stram fan âlderdom wurden wie. Mar mei dizze oertsjûging hoegde ik
| |
| |
heit net oan te kommen en de dûmny likemin, al seach er de dingen rommer as heit. Al hie ik twivels, ik woe dizze rêst hâlde, biet der my yn fêst. Nei't ik slagge wie, hie 'k it gefoel as wie de frijheid oer my kaam as in suvere foarjierswyn: gjin skoalle mear, gjin eksamen dat my efternei siet en ik wie wat mei de akte yn 'e bûse, ek sûnder plak. Yn earsten!
Ik naam inerlik rûnom distânsje fan, fan thús, mar dat hie al lang in proses west; it stedsje mei lytse en grutte rabberijen lei my wol nei't sin, Netta, noch ‘hy’ krigen my wer sa ûnder beslach as west hie. Ik soe mei in skjin blêd begjinne. Mar soe myn leauwe, dat ik net misse woe, neffens útstippele paden gean? Mei Geelkerken wie ik net oan in kar ta kaam. As ik skielk al belidenis die, soe dat dan yn de tsjerke fan heit en mem barre? Mar wêrom net? En werom my dêr drok om meitsje? Der wie ien himel foar alle kristenminsken, alle skieding wie by ús op ierde út ûnferstân ûntstien.
Ta myn blydskip en ferlichting krige ik ridlik gau in plak. Nei hiel wat sollisitaasjebrieven yn ‘skoanskrift’ - om in ferkeard haaltsje al oerskriuwe - mocht ik op it lêst in proefles jaan op in grut wâlddoarp. Ik moast oardel oere mei de tram reizgje en dêrnei wie it noch in oere te gean. De proefles ferrûn nei winsk, seine hja, mar de post waard oan in rivale gund, de dochter fan in dûmny, dy't jierren ferlyn yn it doarp stien hie. Fuort neitiid lykwols waard ik beneamd yn in klaaidoarpke as assistinte foar fyftich gûne yn 'e moanne, dêr't ik it al oer hân haw.
Ik tink no al even werom oan de keppels manlju, dy't by ús kamen te harkjen en te hifkjen yn de skoalle, dêr't Pytsje en ik kwekelingen mei akte wiene foar nul noppes. Wy barden wol fiifentweintich gûne yn it fearnsjier as beneamde hantwurkjuffers. It jild moasten wy diele. Al dy manlju yn donkere pakken sieten efter yn 'e klasse nei ús te stoarjen. Froulju wiene der nea by, tsjintwurdich noch net folle haw ik my fertelle litten.
Wat in gewaarwurding, doe't ik tynge fan beneaming krige. Ek in hiele belibbing wie it ferfarren en it wenjen by twa âldere minsken en in frijfeint soan, it nije wurk fan in selsstannich minske, it diel útmeitsjen fan in mienskip. Frij wie ik. Alles naam my sa yn beslach, dat ik ek dêrtroch net oan mimerjen en pikerjen ta kaam. Lykwols, ik tocht ek net folle oan Netta. Ik bedarre dêr tusken in kliber fleurige jonges en famkes fan myn jierren, de fammen makke ik wille mei, de feinten beseach ik, oft it soms wat wurde koe en in wûndere spanning brocht dat mei. En soe ik dan wolle? Hja wiene al heal en heal fersein, al hat it der noch op like, mar ik bin der te koart foar bleaun. It libben lake my ta, wy wiene oan it (Frysk) damjen,
| |
| |
jûn op jûn oan it troevjen mei dûmnyhoutsjes. Myn stúdzje foar de haadakte lijde der ûnder, mar dat rekke my net. It wurk op skoalle wie al sa prachtich, ik hie alderleafste bern en myn foargongster hie alles sa kreas efter litten, dat ik der moai op trochborduere koe. Ferdield oer trije klassen hie 'k mar tolve bern; de baas wie aardich, de trochhinne goede man liet my stil piele sa op it each. Alles wie nij en goed, it fersoargjen fan blommen yn it finsterbank, dêr't ik fan ûnder de útslach kaam (primula's), it besytsjen fan âlders, it lizzen mei oaren tsjin heaöppers oan yn in ûngetiderslân om brún te bakken, dat yn 'e moade kaam en dêr't ik it switten foar oer hie. Ek gyng ik mei nei it priissjongen yn de Prinsentún fan de haadstêd: jonges, dy't mei my kuierje woene! De wyklikse rippetysjes fan it koar hie 'k al sa'n nocht oan, f'râl nei't de dirigint my priizge hie, om't ik sa goed yn 'e mjitte bliuwe koe, de sjonglearaar koe mar grutsk op my wêze! Ik waard pleage mei wiere en net wiere flirtpartijen. Myn kostfrou hâlde my op 'e hichte mei de goede en minne relaasjes op it doarp. Kaam der in frjemdling foarby, dan riisde hja oerein út har reiden stoel, gyng foar it finster stean, in drip ferskûle efter de lange kleden, en sei: ‘Wêr soe dy hinne moatte? Ik sjoch it al, mar dêr komt dalje efterwei, dat wik ik jo.’ En dan waarden de omstannichheden my út 'e doeken dien.
Hja soarge sa goed foar my! Nei it middeismiel krige ik in pipermintsje, dat wie goed foar de spiisfertarring, wat by ús gjin wenst wie. Foar en nei iten waard troch de kostbaas ‘smaaklik’ of ‘wolbekomme’ winske en wy antwurden mei ‘eksa, ek sa, ek sa’! Dat ‘ek’ wie my al sa frjemd, by ús wie it ‘ik’ Ik hie wol foar it ferstân, dat ús Frysk der lang net op troch koe, dat ik makke my de bettere ferzy fan de klaai wat mear eigen. Ik kaam dan ek út in fryskfrjemd plak, dat de súdwesthoekse tongfal fan heit en mem makke my gauris ta in objekt fan mylde spot yn dit suverder fermidden. Fan de Fryske beweging as striid woene de measten dêr neat witte en dat foel my ôf fan sokke yngreven Fryske lju. Hja hawwe de konsekwinsjes fan har sloppe hâlding net ynsjoen en woene it Hollânsk as latyn yn tsjerke net kwyt, der moast ferskil bliuwe. By de petearen dêr oer haw ik har ferwiten, dat hja harsels weismieten en wa't himsels weismyt, wurdt fan inoar net opkrigen. Om 'e nocht, ik wie in trochdriuwer. Troch dizze halding fan goede Friezen is Fryslân yn de ûnderklean hâlden en koe Hollân foar master opspylje. En hja wiene al sokke ymperialisten. Yn wêzen sitte wy noch mei dit probleem en is, by alle ferbetteringen, sa minym noch altyd, de striid fan Skier en Fet oant yn de tweintichste ieu libben hâlden. Hoe lang noch? Hawar, dit is gjin boek oer de Fryske
| |
| |
striid, mar oer in fatsoenlik famke. Fatsoenlik wêze en bliuwe past by de Friezen.
It doarp wie in iepenbiering foar my yn alle opsichten, rûmom wie ik wolkom. Sa kaam ik ek wol by twa âlde dames, by wa't it yn 'e hûs frijwat stoffich wie. Hja woene net krektas de oare doarpsfroulju hiele dagen arbeidzje en gyngen dêrmei dwers tsjin de doarpsadat yn, dat hja gyngen foar smoarch troch en dat wie in grutte skande. Ik haw noflike oerkes by har trochbrocht. Hja koene beide sokke kostlike ferhalen weijaan, meastal oer de tiid fan har heit en mem, pake en beppe en de reizen, dy't hja te gean as bern al makken. De jonste fan har wie in gefoelich type, hja makke ek wol gedichten, Helène Swartheftige, dy't hja wat klaachlik foarlies, om der muoilik fan te wurden. Har fertriet om in ûngelokkige leafde wie oan my wol bestege. Op in kear wie hja alhiel fan 'e roai, har suster hie in mûs efter it behang deastutsen mei in lange stopnuddel. Fûn ik dat net wreed? De suster ferdigene harsels: ‘Ik seach him rinnen, ik fielde wêr't er wie, drukte him stiif tsjin de muorre, stiek en no binne wy him kwyt!’ Earlik sein soe 'k it ek net dwaan kind hawwe, mar dêr doarst ik om de leave frede net foar út te kommen, lokkich fergen hja my dêr net op. Ik gyng dêr ek graach nei tsjerke ta, de gemeente wie ienriedich, neat gjin getsier of gekribbekaster. En wat libben hja allegearre mei as der in dûmny beroppen waard, hja wiene destiids fakant. De tsjinsten waarden laat troch lêzende âlderlingen en dat lêzen wie net sûnder wryt of slyt: ruïne waard ruine begelyks, en om soks wie wol wille, mar nea net skerp, altyd guodlik en begripend. Doe't de organist him in kear fersind hie en de gemeente net wer ynhelje koe, hoe hurd er it besocht, riisde de pûstertraper oerein, wachte oant it oargel stil wie en rôp: ‘Gemeente (Fryske g), fan foaren betaan!’ En dat die de gemeente.
De natuer kaam my dêr ek neierby: yn it tsjuster oer in lange reed yn 'e mieden nei in besite dy't wat útrûn wie, wat faker barde, skeaten der hommels einen mei geweld út 'e wâl fan in sleat. De skok fan skrik, dy't doe troch my hinne flitste! Letter kaam it faker foar, mar altyd kaam my dan dy earste reis yn it sin.
Ik haw dêr ek leard, dat der in saneamde ‘fjirde sykte’ bestie. Ik wie ien fan trije út it doarp, dy't him krige. Om besmettingsgefaar lieten myn freondinnen my ynearsten iensum lizze. Noch bin ik it famke tankber, dat it wol weage, want ik wie hurd op wei om dochs noch ûnwennich te wurden.
It mocht my net barre om dêr lang te bliuwen, hoe thús ik der wie. Ik koe net tefreden wêze mei in ‘heal’ plak, dat ik sollisitearre, wêr't in kâns lei.
| |
| |
Myn salaris soe dan fjouwerentachtich gûne yn 'e moanne wurde! Mei de earste brief hie ik al byt. Myn nije plak lei yn de earmste hoeke fan Fryslân, dêr't in heap oan evangelisaasje dien waard. Hja lieten my ûntjitte, dat ik meidwaan soe en laken my út, doe't ik oer stúdzje begûn. Wat moast in kreas fanke lykas ik mei de haadakte, as ik troude hie alle writen dwaan om 'e nocht west. Ik koe nei de skoalle-oeren better warber wêze yn Gods keninkryk ynstee fan mei de noas yn de boeken. Dat ‘Gods keninkryk’ krige my by it hert. Dat en myn tasizzing foarôf dreauwen my, wêr't hja my hawwe woene. Alles woene wy wol ûnthjitte om in beneaming te krijen. Hja neamden my in loksfûgel, dat it my al sa gau slagge wie, mar sa fielde ik my net. It wie dêr in hiel oar fermidden, boppedat mear in streek as doarp. Ik wie hjir mear op mysels oanwiisd, dat al gau kaam it pikerjen wer oer my, dêr't ik my sa noflik frij fan tocht hie. It wie gjin fleurige oarde dêr, it wie it gea fan de hiele lytse boerkes en benammen wurdkferskaffingsmanlju, dy't wykliks mei tolve gûne thúskamen. Wat in gefoel moat it west hawwe om wurk te dwaan, dat út need skepe waard. De bêsten hiene dêr argewaasje fan. Ik wit fan ien sa'n arbeider, dy't it der sa krap mei hie, dat er der op in jûn útnaaide mei de dolle holle. Der waard om him socht, mei't hja bang wiene foar in ûngelok. Efter hege sânbulten, oan de kant fan in brede wyk, ûntdieken syn bern him. Hja hawwe praten hân om him wer thús te krijen by syn bange frou.
Faak siet ik allinne op myn souderkeammerke en it duorre net lang, of de ûnwennigens loerde wol wer as in tsjoede geast om 'e hoeke. Benammen yn dizze tiid kaam it gekries fan swiere molkeweintsjillen my as muzyk fan eigen en fertroud oer. Hie 'k alle wykeinen nei hûs ta kinnen dan hie it hinnebruid, want thús wie en bleau, nettsjinsteande krityk en loswrotten, in feilige skûle, mar hja woene my sneins yn tsjerke sjen en nei tsjerktiid moast ik sneinsskoalle hâlde. Ek dat wie fan te foaren bepraat, ienris yn 'e moanne hie 'k in snein foar mysels.
Op it lêst makke ik in kompromis, dêr't myn bazen net by stilstien hiene. By útsûndering, om't de bern fierwei kamen, hiene wy woansdei de hiele dei skoalle en sneons frij. Dat doe gyng ik freeds nei hûs ta en kaam sneontejûns werom, it wie mar fiif kertier fytsen, dat it wie bêst te dwaan. De sneinsskoalle wie in tamtaasje, der gyngen bern op fan fjouwer oant trettjin of âlder, faaks allinne om it krystfeest. Fertelle foar safolle ferskaat wie yn wêzen ûnmooglik, dat ik liet mar in heap sjonge. Dêr kaam by, dat der ek bern op wiene dy't ik deis op skoalle hie, dy't de bibelske ferhalen al lang koene, mei dêrom seach ik de needsaak sa net yn.
Ik mei wol sizze, dat ik fan in smûk en smout en f'râl fleurich fermidden
| |
| |
op mysels weromsmiten waard en dat hie eins noch even wachtsje moatten. Dêr stiet foaroer, dat de selskant fan it libben my dêr djip yn it moed taaste, wat myn ideaal om te skriuwen yn 'e hân wurke. En wat heit en mem my jûn hiene oan in hinnekommen mei echte yntochte ûnfolkomenheden, waard ik no tankber foar.
Der kaam ferdivendaasje mei de komst fan in nije dûmny foar it evangelisaasjewurk. Mei him op te arbeidzjen makke hiel wat dagen fol, mar it sette my ek noch mear mei de noas op it bestean fan de minsken: der wiene tastannen, dêr't ik yn 'e fierste fierte gjin aan fan hân hie. De dûmny sei, dat de fjilden ryp wiene om te rispjen, mar hy wie in optimist, my tocht dat it rispjen dan wol swier wurk wie. It hat my lykwols net muoid, dat ik my ynset haw. Al koe ik alles amper ferwurkje, ik tsjinne God der mei, sa seine hja my foar. En fierder, wie der moaier as in eigen wrâld te skeppen mei boustiennen út it libben deun om jin hinne? Dat tocht ik doe. It sterkst kaam de driuw as it om myn kajútsje hinne waaide, hjerstmis f'râl. Fan it rûzjen en gûlen fan de wyn waard ik waarm fan binnen, in wûndere tsjoen kaam der oer my, op it lêst griep ik de pinne. Ik moat wolris oer myn ideaal fan skriuwen praat hawwe, want ik krige in fersyk om in ferhaal. Doe skreau ik myn earste produkt, in feuilleton foar in Fryske rubryk yn de krante: ‘De Vrije Fries’. In broer fan in kammeraatske wie dêr redakteur fan. Wat kin in minske bliid wêze mei in earste printe stik fan himsels!
By alle besognes en wederwaardichheden hie ik my net iens ergere, dat Netta hast nea mear skreau. Wy wiene wer like fier. Op in flechtige tins nei fan soe der ek wer wat wêze, en ik sil der nei fernimme, gyng it my foarby.
Oant der wer in brief fan Barend kaam, dat hja wer lizze moast. De toan fan syn ferhaal wie moai tryst, mar njonken dat fêst te stellen socht ik der neat efter. Ik skreau werom, dat ik yn 'e krystfakânsje, dy't nei oan wie, komme soe. De jirpelfakânsje, dêr't hja mysels noch ta noege hie om dy by har troch te bringen, hie 'k leaver nei it klaaidoarp ta gien, dêr wie ik ek tige wolkom. Ik moat sizze, dat de wiken foar de fakânsje net noflik wiene, al sette ik de soarch om Netta hieltyd wer by my wei. Wêrom it fuort slim ynsjen?
Barend stie op it perron om my op te heljen. Oan syn gesicht wie te merkbiten, dat it earnstich wie, mar oan slimmer tocht ik net. Hy liet him der net oer út en ik wie bang om daalk te freegjen. Sadwaande rûnen wy in skoft mei elkoar op sûnder te begjinnen oer wat ús beide sa heech lei. Wy rûnen sels in pear tramhaltes foarby.
| |
| |
Einlings sette Barend út ein. Hja hie de lêste moannen aloan sukkele mei út en troch in blinkje. Hja foel der samar hinne, koe net mear tinke en waard al mar meagerder. Dat hie hja allegearre ferswije wold foar my en Barend hie ek net skriuwe mocht. De dokter koe de oarsaak net rjocht fine, mar psychysk, lyk er earst miend hie, dêr wie er fan werom kaam. As ik der no, neist safolle jierren, oan werom tink, koe it wol in tumor yn 'e holle west hawwe. Wa bin ik om in dokter ferwiten te dwaan, mar wêrom har net nei in sikehús te stjoeren? Yn ús tiid bart dat hast automatysk as in húsdokter it net sitten sjocht, mar doe wie it in skande foar de dokter syn goede namme om dat ta te jaan.
By neitinken haw ik Netta wol altyd by my hân, likegoed yn it smûke klaaidoarp as yn it nije plak, dêr't ik my earst fielde as in kat yn in frjemd pakhús, hoe goed hja my yn har huzen, sels by pakes en beppes fan de bern ûntfongen en ûnthellen. Ik haw sels by de kostfrou pinfiske oft der in kammeraatske by my útfanhús komme mocht. Dat koe, as ik wat ta de kosten by droech. Ik fertsjinne no wol mear, mar grutte bokkesprongen koe 'k noch net meitsje. Ik hie in healbizige fyts kocht foar sa'n tweintich gûne, alle moannen kocht ik in nij boek en oars wie der ek safolle. Samar wie myn knipke wer plat en ik oan reapsein, dêrom ferskode ik Netta har komst hieltyd. Ik wist, dat hja om har sûnens har kantoar der oan jûn hie, dat it soe sa kinne.
Wat hie 'k allegearre net foar har op it programma stean! Earst soe 'k har de bûtengewoan moaie natoer bewûnderje litte, de fiere heide, lupine- en nôtfjilden - hjouwer, heechstens rogge - de smoute wiken mei beamwâlen en smelle fytspaadsjes der njonken, oan wearskanten lytse huzen (tsjintwurdich faak omboud ta twadde wenten) dinnebosken en stikken mei leafhout, faak bjirken.
En wat soe hja fan de bewenners sizze? Har kommentaar soe kostlik wêze. Ik sels naam de dingen te earnstich, mei har soe 'k laitsje kinne. Ik woe har meinimme nei de freonlike lju, dy't by in juffer op seagen, dan mocht hja yn myn gloarje diele. Ik soe har ek fertelle oer missetten. Op in besite waard in breaboardsje mei koekjes njonken myn kopke tee delset, dy't earst gau even út in winkel helle wiene. Ik peuzele se ien foar ien op, om't ik miende, dat dat fan my ferwachte waard. Dat koekjesiten fan my gyng op slach rûn en fan in iepenhertige kollega hearde ik hoe fier't ik mis west hie! Ien of twa hie de taks west. Wat soe Netta har ferknûkele hawwe! Hja moast ek de hûnehokswenninkjes sjen, al doarst ik der amper tichteby komme, sa griisde it my dêr oan. Ik hie der west op in evangelisaasjereis, doe wiene alle froulju, ek út 'e fierste hokken, op in draaf nei foaren kaam
| |
| |
en hiene mei har bern om my hinne krongen as kij yn in lân om in hûn. Lokkich, dat de manlju net thús wiene, hja arbeiden yn 'e wurkferskaffing of wiene op 'e sutel. It wiene de roppers fan smoarge wurden, dy't my sear diene en bang makken. De froulju wiene smoarch en ferwaarleazge, it lange hier, dat net útkjimd wie, hong har wyld om 'e holle, hja hiene lange boppelippen en oare degeneraasjeferskynsels. De bern toarken op bleate fuotten yn 'e moude en yn in poel mei drek om, hja hiene fodden om 'e lea, dêr't oeral bleat fel trochkaam, wat noch altyd taboe yn ús oardere maatskippij wie. Sokke dingen wiene net om te laitsjen, mar om oer te praten. En luzen fansels, mar dy kamen yn de bêste fermiddens dêr foar. Ik haw se sels ek wol fan de bern skipe. Jachtwetter, petroalje en in luzekaam holpen net iens foldwaande. Doe't ik op in winterdei yn myn lokaal waarme pantoffels oan dwaan soe, warskôge immen my, it wie net fertroud: luzen en flieën. Guon bern koe ik better mar mije. As ik soms in matroazekraachje optilde, liet ik it mar gau wer falle.
Súdlik fan de kontrei streamde in rivierke. Dêr wennen learlingen yn hutten efter in berch fan petroaljefetten. Soene dy bern my en Netta yn it each krije, dan seach ik har al skrutel tichterby kommen. Hja soene ‘Dei juffer’ mompelje. Om de earbied my betoand soe Netta wille hawwe, mar hja soe it ek ûnthâlde.
En hja koe mei my nei de fammeferiening, dêr't ik qualitate qua presidinte fan wurden wie. Ik wie te jong om lieding te jaan mei't guon fammen âlder wiene, mar ja, ik wie de skoaljuffer. Ik sloech der my trochhinne en dat mocht Netta sjen. Myn foargongster hie tsien jier âlder west, tsjin har moast ik opbokse en tsjin in pear fammen dy't it yn 'e kant setten, de upperten fan de feriening! Ik sil har wol te wetich en wanwittich west hawwe. Lykwols fielde ik my, al seach ik tsjin elk gebed dat it utsprekke moast oan as tsjin in berch, it sil fan klisjees oan inoar hongen hawwe. Ik siet ek wol oer myn skoallebeaën yn, dy't altyd op itselde delkamen. Men mei ek wol in rike geast hawwe om fariaasje te bringen yn fjouwer kear bidde deis. Jierren letter pas seagen hja by it kristlik ûnderwiis yn, dat it wol ta koe mei allinne moarns oan it begjin en middeis nei ôfrin fan de skoalledei.
Op 'e feriening waard it begjingebed troch de presidinte sein, it eingebed namen de leden, faker ynliedsters, de skriuwster en de skathâldster as oaren net doarsten, foar har rekken. Ien bleau der ris yn hingjen en sei midden yn in sin ‘amen’. Doe't hja de eagen opsloech, seach hja my wol sa ûngelokkich oan, dat ik it noch foar my krije kin. Hja moast ris witten hawwe, hoe't ik der sels mei oanklaud siet. Ik wie te grutsk om dat te fer- | |
| |
tellen. Fan in oar famke haw ik it oernommen, doe't der in skoft neat mear kaam en it ‘amen’ weibleau. Doe kaam myn ‘amen’ ryklik gau. Oan de oare kant hie ik grutte bewûndering foar wat hja net allegearre koene en woene, wat ynliedings en gesinsbesites oanbelange. Wat koene dy jûnen sels ek noflik wêze! Hoe soe Netta it by ús fûn hawwe en soe hja it tankgebed útsprekke wold hawwe? Ik hie it graach út har mûle hearre wold.
En de tsjerke? Dy't Netta en my foar sokke problemen en riedlings set hie! It tsjerkegean hie hjir in aparte bekoaring, mar men moast net oan de lette kant wêze. Wat soene wy in wille hân hawwe as wy ús fytsen earst yn in grutte bok tôge hiene en ús dan mei bok en al, oan kjetlings lûkend, nei de oare kant fan de feart ta wrotten, dêr't it tsjerkje sa aardich yn 'e hege beammen wei stie. Binnen soene wy oan de frouljuskant sitte moatte, lofts fan de dûmny ôf rekkene. Ik soe Netta temûk op it buordsje attint meitsje, dat oan de muorre by de manlju hong mei: ‘niet roken, niet spuwen’. En wat soe hja sizze of tinke, as hja om har hinne seach en al dy leave minsken observearre dêr't op it antlit fan somliken, de âlderen, in libben fan wramen en soargen op te lêzen stie. Ik soe fan allegearre wol in ferhaal ophingje kinne. Dat en mear betocht ik, doe't ik by Barend yn de blauwe tram siet. Soe er der no net oer begjinne? Freegje doarst ik noch net. Sa nuver, ik wie bang foar syn antwurd. Ik wie in dei earder op reis gien as ik skreaun hie, om't Barend skille hie, woe ik moarn daalk net komme? Hy liet it foarkomme, oft Netta dat sa graach woe. En dochs lei my as in swiergewicht op 'e mage, dat der in oare reden wie. Ik bea en bea, oft God har sparje woe. Dêr yn de tram njonken Barend ek noch. Doe't wy útstapten en it lêste ein rinne moasten, liet er stikje by bytsje falle, dat hja al wei west hie, doe't er my skille en dat hie er fansels net witten.
Ik griep Barend by de mouwe beet, as soe my dat helpe. En dochs hie 'k it ferwachte. En as wie dat it foarnaamste, sei ik: ‘Hat hja noch nei my frege?’
‘Yn it earstoan faak, letter minder, doe hie hja genôch oan harsels.’
Wie dat in ferwyt oan my? Dan hie er gelyk. As ik alles op alles set hie, hiene hja my wol gean litten: myn bêste baas wol, it bestjoer wol en mei de ynspekteur foel ek wol te praten.
‘Hja sil ek wol nei in brief útsjoen hawwe.’
‘Fansels. Ik woe der ek net hieltyd op oanstean, mar dat hie 'k al dwaan moatten. Wa kin yn 'e takomst sjen? Sa swier haw ik it ek net ynsjoen. Oars, hja wie sa wiis mei dy.’
| |
| |
Hja wie wiis mei my. Wer dat wûndermoaie gefoel, dat ús freonskip net inkeld fan my útgyng. Utgien wie, ferbettere ik mysels. Noch koe ik my net yntinke, dat hja fan my hâlden hie as ik fan har, al hie it by my oan 't ferkuoljen en ferkâldzjen west, dat soe by in tydlike ynsinking bleaun hawwe.
Myn tinzen fermannichfâldigen har. Wer oer wat ik mei Netta mist hie. Hja soe mear freugde oan myn streek belibbe hawwe as ik, om't hja der mei stedseagen tsjinoan sjoen hie. Soe hja de rizenbrij fan geitemolke, dy't myn kostfrou my middeis foarsette, wol mocht hawwe? Ik naam der altyd sûker oer, oars wie 't by my gjin iten. Hja joech my ek margarine op 'e bôle, wat ik net wend wie. De margarine fan doe wie sterk, hie in fier smaakje en myn kostfrou kocht de djoerste net. Hja koe der kado's by krije, dy't ik har net ûntfytmanje woe, dêrom sei ik der neat fan. Hja hiene sels in geit en dy wie de ko fan 'e earme. As in bytsje sûker de oplossing bringe koe? Wy hiene thús ek wolris in geit hân, mar ik mien fan mear om de lytse geitsjes, dy't sa moai op it hiem om boarten en op en del in kistje sprongen. Lyts wiene se aldermoaist, mar grut net. In geitekop hie wat fan in minskeholle, hie ik wol tocht, as ik him yn 'e bleek observearre, mar dan as cartoon. Mar, betocht ik, as wy in geit mei jongen hiene, hiene wy ek geitemolke hân, wat hie mem dêr mei dien? Koene de jongen it op? Troch de skiepmolke mjukse om der tsyskes fan te meitsjen? Memme skieppetsyskes hiene hearlik west, f'râl op roggebrea.
De taal fan kostbaas wie frijwat rûch fûn ik. It wie by him lykas destiids mei Wypke fan koarsten en boarsten. Ik doarst hast net, mar op it lêst sei ik der wat fan en doe krige ik byfal fan syn frou, hja hie der ek in hekel oan en dêrnei die de goede man syn uterste bêst him wat dat oangyng yn te binen. Soe Netta soks ek slim fûn hawwe? Hja hie no ek net witten, wat ik har yn ‘geuren en kleuren’ skriuwe wold hie, wat der op in sneintemoarn mei my bard wie, doe't ik nei tsjerke ta soe. Ik wie fansels wer let en sadwaande hastich. Noch op it hiem, soe ik rimpen op 'e fyts, mar ynstee fan op 'e traper sette ik de skerpe hakke fan myn lofter skoech yn de stive seam fan myn mantel, dy't in eintsje los siet. Ynstee fan de foet werom te lûken, ik hie ek net yn 'e gaten wat der barde, treau ik him fierder en djipper nei ûnderen. Sa wrotte ik mysels oerstaach en rekke mei fyts en al by de wal del en kopke ûnder yn de sleat njonken it paad oer it hiem. It wetter stie krekt heech. De fyts lei boppe op my. Dat ik hie earder as Netta wei wêze kind, hie de kostbaas net foar it foarkeamersfinster stien om my nei te sjen. Hoasfuotling kaam er ta de foardoar útfleanen, helle de fyts fan my ôf en holp my om der út te klatterjen. Wat tocht ik dêr ûnder wet- | |
| |
ter? Soe it no al mei my dien wêze? Oars neat, myn hiele libben wie my net yn in film foarby flein. Ik wie fan boppen oant ûnderen kletswiet, de hoed hie 'k ferlern. Yn dy tiid droech ik sneins in hoed en deis in mûtse. Doe't de baas him opfiske, hy dreau, wie it plaske allinne noch droech. Al mei al fan gefolgen, dat as der earne yn de streek wat te fieren wie, in âlderjûn, of in brulloft dêr't it personiel fan de skoalle net by misse mocht, kaam myn trelit, altyd opkleure, op it aljemint ta grutte hilariteit fan de harkers. Ik lake mei, mar wie fan oardiel, dat hja de earnst fan de situaasje wol wat oer de holle seagen.
Grif hie 'k Netta meinommen nei de fierste wyk, dêr't in duvelbanner op in foech skiereilantsje wenne. Op stelde tiden spoeke er deis om hûs en hear, in reade bûsdoek om 'e hals. Wêr't er nachts om spoeke koe nimmen hichte fan krije. Dy persoan soe ek op Netta har fantasy wurke hawwe! Ik tocht my yn, dat er Netta of my ferlosse moast fan in demon of kweasykte. Neffens sizzen gyng dat net nuet om en ta, mar sloech er syn pasjinten wol in bloednoas om it meunster te bannen. Heit hie ús oan 'e hân fan Deuteronomium foarhâlden, dat wy net oan sokke dingen leauwe mochten. Wiene spoekferhalen dan wol tastien? Mar dy hiene neat mei duvels te krijen! Yn Jezus' tiid moasten der duvels útdreaun wurde ta ferhearliking fan God en Syn Soan. Alles hie syn doel en syn tiid.
Foartsjirmerij doarme ek run yn it gea, ek dat wie sûndich. Op ravegeskras mochten de Israëliten ommers ek gjin acht slaan, wy dan wol? Dat as der in swarte ka of in akster yn in finsterbank delstriek, dan wie dat gjin teken fan meikoarten in deade yn dat hûs. Lokkich mar, fûn ik, al hie 'k dat noch nea sjoen. Netta leaude mear oan foartekens as ik, mar hja kaam wol by Yndyske minsken oer de flier en dy seagen rûnom machten oan it wurk. Netta kloppe ek wol ôf op hout, dêr't ik noch nea fan heard hie. Ik naam it net fan har oer. No frege ik my ôf, oft in kweageast út 'e Yndyske wrâld har mooglik betsjoend hie en hie de duvelbanner der rie op witten? Te let.
Grutsk soe ik Netta myn lokaal mei bern sjen litten hawwe, fiifenfjirtich lytse skepsels yn twa klassen, dy't ik wol goed ûnder de tûme hie. Ik wie de strange kant neist. It oarderprobleem hie ús goed dwerssitten doe't wy de Kweek ferlieten. Ik fielde my goed skuldich, want ik hie mei wille meidien oan it learaarpesten (sokken, dy't wy oan koene), dat as ik lean nei wurken krige, stie it der net bêst foar.
Yn myn klassen wiene party bern, dy't yn dizze tiid nei de b.l.o. moatten hiene, mar dy wie der doe noch net. Alles bleau fanwegen de learplicht op 'e gewoane skoalle hingjen, en dêr yn de earste klasse, wy moasten der
| |
| |
mar mei rêde. Heechstens waarden hja foar har gefoel nei de twadde klasse ferhege, as dy yn itselde lokaal siet. Ik hie in keppeltsje fan in fyftjin apart set om der noch in bytsje yn te krijen, mar ûnder har wie noch safolle ferskil, dat it mar foar in diel holp. As sokke bern te grut foar de lytsen waarden, krige de ûndermaster se noch wol en dy wie der ek glêd ferlegen mei. Mar de juffer koe mei sokken net altyd tangele sitte. Underwizeressen wiene foar de leechste klassen, der waard fan útgien dat hja yn de heechste de oarder net hâlde koene. Hoe ek, as ik myn resultaten mei dy fan kollega's op oare plakken ferlike, wat út en troch barde, koe ik wol meunsterje, mar ik hâlde de handicap fan myn debilen as in blok oan de skonk. Handicap, mar hoe oanhinkelik hja wiene en hoe leaf, dêr binne gjin wurden foar.
Oarder hâlde kinne yn it eigen lokaal, mar it jonge ûnderwizereske moast der wol ûndertroch. Koe it net yn skoalferbân, dan der bûten. As hja gruttere bern foarby fytste, rôpen hja har har foarnamme efternei en dat wie in slim fergryp. ‘Hilly Pilly’ kaam my dan yn 't sin. Wêr soe hja bedarre wêze? Ien sa'n ropper naam ik ris geweken en joech him in lawibes om 'e earen. Dy moat wat ûngelokkich oankaam wêze, want de jonge krige in bloednoas. Dêr haw ik it slaan wol fan ôfleard. Slaan hâlden de âlders ek net fan. Sels seamen hja har bern wol ôf yn it mâle, mar in oar koe fan har ôfbliuwe. Soe Netta ek slein hawwe?
Ik hie har yn it fermidden fan it evangelisaasjekoar bringe wollen, dêr't ik skriuwster fan wurden wie. Wat soe Netta der fan sein hawwe, dat ik de notulen yn it Frysk opmakke? (Wat sille der in heap flaters yn sitten hawwe!) Hja sil it sa slim net fûn hawwe as guon Friezen, leden fan it koar. Doe't ik se de earste kear foarlêzen hie, sei immen ‘Ik hearde dêr mar in frjemde taal!’ Dat koe 'k net bêst ferneare, dat ik antwurde nytlich: ‘Jo eigen oars.’ Mear leden fûnen it gjin foech jaan, mei om de dûmny, ek lid en dy't Hollanner wie. Hy sels glimke der om, mar keas gjin partij. Ik haw my net omprate litten; as hja it oars hawwe woene, moasten hja immen oars nimme.
As opslûpen knapen - net mear op skoalle - Netta har fyts by de bagaazjedrager beet hâlden hiene, lyk hja wol by my diene, hie hja earder losrekke mei har Hollânsk as ik mei myn Frysk. Famkes, dy't by sa'n gelegenheid by my wiene, joegen my de rie tenei Hollânsk tsjin sokke narders te praten, dan hiene hja mear ûntsach foar my. Dat wie gjin koarn op 'e mûne fan myn frysksinnigens. Netta en ik hiene it nea net oer taalproblemen hân, dat kaam, om't ik my om har ferbriek. Wol hie hja wat Frysk fan my leard en fansels wie ‘bûter, brea en griene tsiis’ oan 'e oarder kaam
| |
| |
mei Grutte Pier, mar om har útspraak wie hja al lang yn it wetter fan de Sudersee bedarre.
By Netta har hûs kommen, brocht Barend myn koffer yn de steech.
‘Lit ús noch wat strjitten om gean,’ stelde er út.
Ik ferwachte fan him oer Netta te hearren, mar der kaam neat en ik ferge net. Sels hie 'k ek ferlet fan beweging. Wat der allegearre yn him om gyng koe 'k nei riede. Myn tinzen krioelen en sprongen fan it iene op it oare, mar draaiden om Netta hinne.
Stel hja hie meigien mei de dûmny en my om te evangelisearjen by de earmeljushuzen lâns - hea, dy fan rikelju, dy't der ek wol wiene, sloegen wy altyd oer. Om de kamiel en it each fan in nuddel? Wy noegen de minsken út ta in gearkommen yn in lokaaltsje oan it wetter. Dêr waarden hja tasprutsen út it evangeelje wei, it wie it oanpart fan de dûmny en hy hie der slach fan. Der kamen mear froulju as manlju. Ik kin net betinke, wat wy oars noch diene as in groepke foarmje foar naaien, mar op in oare tiid. Sa út 'e fierté wei komt my ús iggewearjen sa meager foar, mar hokke middels hiene wy! Destiids rûn ik efter de dûmny syn organisaasje oan en it is nea by my opkommen, oft dit wol de goede metoade wie om minsken te ‘bekearen’. Soe Netta der op kaam wêze? Ferlike by de klubhuzen fan no! As wy resultaat mienden te sjen, dan dêroan, dat guon yn tsjerke kamen en dan hiene wy it wûn. Mienden wy.
Tsjinstân wie der wol. Manlju mei de oprôle fûst foar my om sjen te litten, dat hja neat fan de ‘finen’ hawwe moasten. Dan tocht ik om Kristus' wil te lijen, foarrjocht en eare. Ien fan har smiet my foar de fuotten, dat godstsjinst minsken sljocht makke; syn buorman siet al yn in gesticht. Ik lei tsjinyn, dat oaren der lokkich fan wurden wiene.
‘Dat lok gun ik jo dan!’ sei de man en smiet de doar foar myn noas ticht. Moast ik no lykas de discipelen it stof fan myn skuon skodzje? Ik wie gjin apostel! Ik hie oarsom in gefoel, dat ik te koart sketten wie foar Jezus. Arbeiders rôpen út dridzige djipten, dêr't hja oan it slatten wiene, dat ik har better in nije broek besoargje koe, in broek om 'e kont, seine hja. Sa'n ûnfatsoenlik wurd siet my dwers, mar ek dat ik gjin broeken hie om út te dielen. As der yn letter jierren wat oan earmoede dien waard, tocht ik altyd earst oan manljus broeken! Wat soe Netta sein hawwe op sa'n gjalp. Ik hâlde de mûle ticht. Tsjin har hie 'k der oer prate wold. Tsjin mem-en-dy doarst ik neat oer soks los te litten, oars wiene hja, mem teminsten, ûngerêst, dat der my wat oerkomme koe yn sokke ‘gefaarlike’ situaasjes! Oer nije broeken praat. Mei krysttiid brochten wy klean rûn. Hiene wy immen oerslein, fan wa't wy tochten, dat hja har misledige fiele soene,
| |
| |
dan koe it barre, dat der in opljeppen frommes by ús kaam, dat rôp: ‘Wy binne oerslein, wat miene jim wol, wy hawwe ús eare ek!’ Wat soe Netta tocht hawwe fan de minsken, wat soene hja fan har tocht hawwe? Oer my hiene hja har oardiel al lang klear en weijûn.
Manlju seine: ‘It koe minder’, of ‘ik wol wol in nacht mei har op bêd’.
Hokke manlju! Ik moast der net oan tinke!
Memmen wiene wiis mei my, om't har bern wiis mei my wiene. De bern wiene har alles. Ek as hja mei har ferlegen wiene.
Ik tink oan in moarn, doe't der in polysjeman by my kaam om in bern, in jonkje, op te heljen, dat út 'e âlderlike macht ‘ûntset’ waard. Wat seach it bern my bang oan en ik koe him net helpe. Syn suske, noch in beukerke, siet efter yn in polysjeauto op him te wachtsjen en dat fûn er moai. ‘Wypke’ hie der ek yn sitten. Wêr wie Wypke no? Hastich spilen hja fan ruten, want de mem kaam der oan. Hja skreaude en kriet en draafde efter de auto oan, de meagere earms foarút. Te let hie hja de rook fan har ûngelok krigen. Ik seach it mei de ûndermaster en it skoallehaad oan en hie gjin wille: dat earme minske, hja hâlde de wrâld fan har oerwinnelingen, mar liet har ferkomme, altyd fuort as hja wie te skoaien om klean en iten, de lytse jonge koe men by nacht en ûntiid noch op de sânpaden tsjinkomme.
En de rabberij!
Op in jûn waard ik tige earnstich oansprutsen troch myn kostlju, wat der fan it praat oan wêze koe, dat ik signalearre wie mei in man, dy't min bekend stie. Ik soe mei him, noch wol ûnder in lantearnepeal, stien hawwe te praten en doe wie hy nei de winkel dêr tichteby rûn en hie in pûdsje pipermintsjes foar my kocht. Tegearre wiene wy ôfset. Wêrhinne? Ja, wêrhinne! Ik koe de man net iens.
De kostfrou sei: ‘Ik koe 't al net leauwe!’
It praatsje is deablet, ik haw der alteast neat wer fan heard.
Wol wie it wier, dat de jongfeinten by ús op it dak klommen, wat my op myn keammerke in frjemd lûd foarkaam. Myn krûpyntsje siet net ûnder in besketten dak, dat it wie ekstra hoar.
Ik rôp nei ûnderen, wat it wêze koe.
‘In kat!’ rôpen hja wer om.
Op 'e fammeferiening hear de ik it oars. Hie ik nea wat fernommen?
‘In kat!’ sei ik en dêr hiene hja wille om.
‘Gjin katten,’ seine hja, ‘mar katers!’
Foar alle wissichheid hâlde ik de finsters fan myn keammerke, dêr't fan de goate sa ynstapt wurde koe, jûns ticht, en nachts alhielendal, al hie dat net nedich west.
| |
| |
Soene hja dat by Netta ek weage hawwe of soe har Hollânsk ek dêrby mear distânsje makke hawwe? Hja wie kreazernôch mei har donker úterlik, pikswart hier en grutte, brune eagen, dy't hja fan har beppe, Joadinne, meikrigen hie. Ek dêryn koene wy elkoar belykje, yn ús laach gyng it sechje, dat oer-oer-oerbeppe in Joadinne west hie. Mulder wie de fan.
‘Dû hast gjin swart hier,’ sei hja. It like wol, oft it in ferwyt wie. Dat hoegde dochs net oer trije stagen.
Mar ik hie wol bewiis: ‘Muoikes fan ús heit wiene swart as raven en hja hiene ek in krûme noas en dy hastû ek net.’
Dat ik Netta sa ferjitte kind hie.
Kop en earen hie 'k my yn de nije situaasje wurke, mei om net oan my sels oerlevere te wêzen, dat it pikerjen wer macht krije soe. Op myn healbizige fyts ried ik de hiele streek prinshearlik troch. As it tsjuster my oer it mêd kaam, stiek ik de nije donkerblauwe carbydlampe foar oan it stjoer oan en fûn him alle kearen like lekker rûken as heit sines yn de skuorre fan de pleats.
Ik hie Netta ek leare kinnen, hoe't hja de hûnen fan har ôfhâlde moast mei de bûslampe. Sokke tiden hie 'k mear noed mei de hûnen as mei ferkearde minsken. Ik mijde de wurkferskaffingsploegen, om't myn juffersearen net oer har taal koene, mar kwea siet net by har. Netta hie har ynsinuaasjes ek net nommem, al rûnen de grinzen by har net lyk op mei mines. Hja soe de kykjes, dy't ik mei in nij kodakje makke hie fan de bewenners, har heane huzen, har bern, it gea sels, net mear sjen. Har wenten wiene by tiden amper mear as krotten, mar wat leine se smûk oan de paden, dy't lykwidich mei it lint fan de wyk rûnen. Wat hiene se kreaze túntsjes mei goudsje-blommen, pripnoaskes en dahlia's.
In normaal ‘húske’ hie, leau ik, allinne de timmerman en guon boeren en ‘rikelju’. De timmerman koe sels ien meitsje. Doe't ik op in snein nei tsjerketiid mei in mem fan in bern nei hûs ta gyng om in kopke tee en even gebrûk fan harres meitsje woe, brocht hja my nei ien sûnder doar, dêr't foarbygongers my fan it paad ôf sitten sjen koene. Ynstee fan my te skikken, brûkte ik in ferlechje om by de timmerman te kommen op fyftich meter distânsje. Oer fatsoensnoarmen praat! Netta? Ik wit net.
Earm wiene de minsken, mar gastfrij en gol. It jûnpizeljen wie der yn hege eare, it duorre oant yn de iere moarn, plakkers ieten in moarnsbrogge, foar't hja nei hûs ta gyngen te melken.
Nachts, nei swier waar, dat nei't my by leit, hast regel wie, kaam ús buorrentsje fan in mannich huzen bûtendoar. Dan stiene wy in skoft mei elkoar te praten of wy rûnen in ein op en del, de nije wetterpuozzen mijend.
| |
| |
Noflik koel wie it, nei it near fan in broeiske dei en nei de tonger en de wjerljocht. Mar barde it nachten efterinoar, dan wiene wy ôfmêde.
Wy kamen ek op 'e lappen, mar ferskûle, doe't Sibbeltsje werom kaam. Jierren lang hie hja by Sale Skearslyp wenne yn in eigenmakke keet yn in gloppe fan it bosk tichteby ús. Sale koe harmoanika spylje, mar hie ek in grammofoan mei grutte lûdsprekker, dy't er op stille simmerjûnen mei it kastje op in tafel bûtendoar sette, dat wy der allegearre mei fan genietsje koene. In soad platen hie er net, want hy wie sa earm as in swel, mar dy't er hie, draaide er oanienwei efter inoar ôf.
‘Skyt der wat op,’ sei er, ‘se wurde alle kearen moaier!’
Op in goede dei wie Sibbeltsje ôfreizge. Wat wie Sale doe fan 't stik. Hy gyng by alle huzen lâns, oft wy Sibbeltsje altemets ek sjoen hiene. It wie en bleau ús allegearre lang in hiel riedsel, oant Sale in printkaart út in grutte stêd krige. Doe joech Sale him ûnder syn lot del. Wat moast er oars, wiene wy mei him fan betinken. Mar Piterke tocht der oars oer. Sûnder te freegjen, teach hja by har âlde leafde yn en dielde tafel en bêd mei him. Wy hiene der frede mei, Sibbeltsje eigen skuld. Nêst wiken kaam Sibbeltsje werom en guon fan ús seagen har gean. De iene warskôge de oare en dêr stiene wy op 'e loer yn 'e boskjes wei. Net om 'e nocht. Sibbeltsje en Piterke rûgelen slaande deilis ta de keetdoar út en wy hearden beide mâlgûlen. Sale kaam efter har oan mei de hannen yn 'e loft te hâlden en te kearen. Piterke ferlear de slach en sette skeldend en tjirgjend op in draaf ôf. Fertuite stie Sale har nei te sjen, mar Sibbeltsje loek him mei yn 'e hûs. Hja kamen der even letter wer út mei de grammofoan tusken har yn. Krekt letter klonken strjitsangen troch it gea fan ‘Hou er de moed maar in’ en ‘Hittepetit was zo'n aardig meisje!’
Sale moat ús stean sjoen hawwe, want hy wonk ús mei beide earms, it waard in polonêse op it stik greide yn de bosk. Doe't ik der efkes by wei moast en der fan distânsje nei seach, moast ik tinke oan in surréalistysk skilderij en ek oan spoekerij fan dûnsjende wite wiven. De moanne gyng oer it tafriel, dat alle dielnimmers út in ljochtens skynde. Op it lêst brochten wy Sale en syn concubine hossebossend it hûs yn. De doar ticht en nei wat flau praat fan immen, dy't deaswijd waard, drosten wy ôf, bliid om Sale en Sibbeltsje; mei Piterke hiene wy gjin begrutsjen. Ik haw noch in oantinken oan har bewarre. By de gloppe stie ek in merkewein en dat minske dêr fûn, dat ik sokke moaie skonken hie. Ik groeide al, mar doe sei hja: ‘Piterke hat kûten en jo net en dat mei ik leaver lije.’
Moaie kûten of net, Piterke kaam net werom en Sibbeltsje gyng net wer fuort. Hja hie it dêr jinsen wol besjoen, sei hja, oars neat as poeha en gjin
| |
| |
ein. Doe't ik ris tige smout by in famylje siet te jûnpraten, ûntkaam my de klok. Myn kostlju wachten ien en twa nachts ôf, mar doe wiene hja net mear te hâlden, want ik hie har net sein dat ik sa lang weibliuwe koe. Hja sochten om in hûs, dêr't noch ljocht barnde en fûnen my. Gjin ferwiten. Der waard op it ferlerne skiep dronken mei eigenmakke beiwyn.
Lok en leed. In swiere befalling, it stjerren fan in bern, in brulloft, dit folk hâlde de moed der yn mei in winkeltsje en alles befreegje en útsutelje, twa kij, in mannich hinnen, wat hannel yn fellen, fodden, nochteren keallen, wurkferskaffing, grientetúntsje en hoekje jirpelbou. Op it hiem wie altyd plak foar in pear blommen.
Ik hie mei Netta prate wollen oer safolle froulju hjir, dy't oerwinnelingen krigen, dêr't hjir sa gjin skande fan sprutsen waard as yn ús fatsoenlik stedsje. Sa'n berntsje ferivige ik wolris, in moai pertretsje waard it net, ik bin fier fan in fotograaf, mar de mem wie der mei fergulde. Hja woe my betelje, mar ik hoegde mar in heal wurd fan ferset falle te litten, of hja sei al: ‘Toe dan mar!’ It koe better fan 'e skeaf as fan 'e bân, sil hja tocht hawwe en dat flijde my ek noch.
Ridlik gau hie ik sketten, wêr't ik fatsoenlik teedrinke koe. Dat wie net by it minske dat har man rottekrûd ta meat om mei in oaren te trouwen, dêr't hja briefwiksel mei ûnderhâlde yn in holle beam. In jonge seach wat wyts skimerjen en brocht de moard út. Wol yn in hûs mei in reinwetterstûne, want oaren hellen it wetter út 'e wyk, dêr't hja de potten ek yn legen. Ik haw it altyd opdronken lykwols en nea dien as dy evangelist, dy't de frou nei de doar ta prate as wie der folk en doe syn kopke yn it kachelslaad lege. Foar it twadde kopke mocht betanke wurde. Wat soe Netta dêr in wille om hân hawwe!
En wat hie 'k begrutsjen mei bern, dy't mei opteine eachjes moarns by my kamen om te fertellen, dat hja broers en suskes wurden wiene. Har heit en mem hiene de lapen by elkoar smiten.
Ik hie Netta meinimme wollen nei saneamde tsjoensters. As ik har mei krysttiid in nije skelk of holdoek brocht, betanken hja my as hie 'k se sels foar har kocht. Dy aardige wyfkes koe 'k der net fan fertinke dat hja in fearrekrânse mei allegearre triedden út myn eigen naaidoaze yn myn kjessen weve en flechtsje soene om my dea te krijen. Ik haw de tiid hieltiid fersteld om myn kjessen iepen te meitsjen oant Netta der wie. Soe ik it dochs nochris dwaan?
Ik koe it net keare, dat al sokke dingen by my op kamen, doe't ik njonken Barend rûn en hy my oer Netta fertelle woe en der net ta komme koe. Beiden sieten wy fol fan har.
| |
| |
Ik tocht oan har poppen, hoe't hja op de nuverste situaasjes ynspylje koe. As der ajc-optochten troch it stedsje marsjearden, muzyk foarop en froulju en fammen yn mansjester pakjes der efteroan, joegen hja it idee, dat it froulike mei de ajc op 'e rin gean soe. Dan stapte Netta mei har poppen de gong op en del en frege har wêrom't hja de hort op woene. Foar steats-pensionnearring? Hoe krigen hja it yn 'e holle: neat út pake pong hear! Dat soe hja by my yn de kontrei net mear beweard hawwe. It himelsbreed ferskil, dat ik yn it stedsje fielde by sokke minsken, wie hjir aardich belune, ik seach mei eigen eagen wêrom't der ferbettering komme moast.
Doe't hja ek hjir massaal yn beweging kamen en hongeroptochten hâlden, hong der lykwols in nearens oer ús as in tichte mist oer it lân. Wy seagen har fan alle sânpaden kommen en op 'e wei byinoar kloftsjen. Doe sette de stoet him yn beweging nei it gemeentehûs ta, gjin muzyk foarop, wol ientoanich gerop fan ‘honger, honger!’ It wie in kuier fan tweintich kilometer. Soe de boargemaster ek bang wêze? Mar de polysje wie der wol, heechstens koe der in glês sneuvelje fan in stien. As it hurd om hurd gyng, soene der soldaten komme en de teroppe minsken ta besinning bringe. Wy gyngen nei, hokken har oansletten hiene. Net in heap fan ús folk, wy wiene fan de oare kant, hearrige boargers.
Wat koe der barre as hja weromkamen en neat bedijd hiene? Soe de piid net út har wei wêze nei twa sokke lange tippels? Dat hopen wy mar. Wy sieten smûk yn de keamer en hiene de doarren op slot, as soe dat helpe as hja ferkeard yn 't sin hiene. Netta soe ek trille hawwe fan spanning.
Mar wat soe hja sein hawwe as hja brânmeagere froulju op lân en bou oan it wjirmjen sjoen hie op middei, en jûns oan it stalfuorjen en melken, en as de bern op bêd wiene oan it fersetten en stopjen. Hja hiene har hûs en bern himmel skjin. Hja hearden by de begoedigen. Der wiene oaren, dy't de bern foar en nei in dei thúshâlden fan skoalle, om't har klean wosken wurde moasten. Har maten brochten it oer as de gewoanste saak fan 'e wrâld en ik, yn myn ûnnoazelens, frege der ek noch op yn. Fan it haad woe ik witte, oft it opjûn wurde moast as skoalfersûm.
Hy antwurde: ‘It is sa al slimmernôch. Soene hja oars dwaan by in warskôging? Net iens by in boete, dy't hja dochs net betelje kinne. Dat soe fearren ploaitse fan in kikkert wêze.’
Soe Netta har ek beskamsum field hawwe, as memmen har seksuële noed klagen? Hja hâlden har bern oan it boarst oant it nei skoalle koe en wol langer, om mar net wer yn ferwachting te reitsjen. It wie gjin sekuer hoedmiddel. My tocht, dat bernkrije net needsaaklik wie, mar doe't ik dat ris foarsichtich utere wie it antwurd: ‘Juffer, it is ús spek en ús brea.’ Dat
| |
| |
begriep ik doe net. Party minsken sprieken lêbich oer de tsjerke, om't har leden net nei de lear hannelen. Mei sokke krityk wie 'k grut wurden, heit hie ek al hilligen yn de tsjerkebanken ferwachte. As ik it foar har opnaam, om't wy sûnders wiene, krige ik te hearren: ‘Mar hja binne ommers better as wy.’
In frou yn har houten wenning woe my ûntstride, dat der in God wie. Hja hie dêr in bewiis fan út 'e bibel sels. Ik hie fiif Godsbewizen leard, mar wat koe 'k dêr mei? Ik koe it fine yn psalm ien, sei hja. Hja hie gjin bibel en ik hie gjin by my, dat ik bin der letter wer hinne gien. Doe lies hja my foar: ‘De dwaas zegt in zijn hart, er is geen God’. Der wie gjin praten tsjin, it stie der.
Doe't ik fuort soe, warskôge hja my foar har buorfrou, dêr koe 'k better net hinnegean, hja prate ek net mei har. Ik trof dy frou bûgd oer har koalplanten oan it rûpsykjen. Ik seach, dat har holle ûnder de steden siet en heal keal wie. Hja wie foar myn útnoeging te finen en fertelde, dat hja krektlyn in berntsje te hôf brocht hiene. Doe begûn hja te skriemen en ik treaste sa goed ik koe. De oare wyks kaam hja yn ús lokaal, earm yn earm mei buorfrou fan psalm ien.
Doe't wy simmers yn in tinte evangelisearren sieten beide froulju dêr foaroan en harken, as waard har lij wetter yn 'e earen getten. Ik sels ek, sa net, it wie oft dy sprekkers efter de striepakken it allinnich tsjin my hiene, want ik siet werris yn 'e lytse loege.
In tinte ta evangelisaasje hie 'k goede oantinkens oan út myn bernejierren, ien fan it Leger des Heils, dat in pear dagen it stedsje bearbeidzje woe. Op woansdeimiddei wiene bern wolkom. It leger lei doe ek al op in goede namme, dat ik mocht der mei alle wille hinne. In boeiend ferhaal krigen wy te hearren oer in jonkje, dat foar syn mem om boadskip moast, bôle en fisk moast er helje. Op 'e weromreis seach er in oprin fan minsken en fansels gyng er dêr efteroan. Doe kamen de discipelen om iten op te heljen en hja namen syn twa bôlen en fiif fiskjes mei. O, tocht ik, wat sil syn mem der fan sizze, as er mei neat thúskomt. Hy kaam net mei neat thús, mar mei tolve kuorren fol mei oerbleaune brokken, De discipelen soene him wol holpen hawwe om te dragen en syn mem soe net witten hawwe, wat hja seach. Alhoewol, brokken en stikken, dêr't safolle oaren oan sitten hiene! Ofsjoen dêrfan wie it mar goed ôfrûn. Foar my rûn it ek goed ôf. De earste woansdei hiene wy in tekst opkrigen en as wy dy de twadde goed opsizze koene, krigen wy in kleure print mei dy tekst der op. Ik soarge wol, dat ik him learde en kaam thús mei de plaat. Lang hat er boppe myn bêd hongen.
| |
| |
Netta hie my ferteld oer echte gearkomsten fan it leger, dêr't hja west hie, hja priizge de minsken fan it leger, mar ik hie myn betinkingen, soene hja it ek sa goed oandoare sûnder unifoarm?
‘Fansels wol,’ sei Netta, ‘de klean bliuwe der bûten.’
Mar ik hie mysels yn har plak tocht. De dûmny hie myn beskermer west. Wy soene it allinne mei de Heare weagje moatte.
Wat soe Netta sein en dien hawwe as de dûmny har oerhelje woe om belidenis te dwaan? Ik hie sein, dat ik gjin wissichheid hie. Mar dat wie net nedich, dat hie net ien, it soe striid bliuwe nei de oerwinning ta en net oarsom. Mar wêrom dan? Om't it fêstichheid joech en ik soe oangean meie oan it Hillich Nachtmiel. Mei't it my noch ta neat ferplichte, sei ik ta en krige aparte lessen fan him. Ik hie mear ûndergrûn as de oaren, fûn er. Sadwaande learde ik oer de infra- en supralapsaristen, de beneden- en bovenvaldrijvers, mar fansels ek oer mear learsume teologyske ûnderskiedingen. De drokte dy't it meibrocht, wie wolkom, want namste minder koene de leechten en ûnwennichheden fet op my krije. Soe Netta ek lijd hawwe oan ûnwennichheid? Dat hie in minske of hy hie it net. Kollega's fan doarpen út 'e buert hiene it ek ûngelyk, mar hja reizgen moandeitemoarns ek net altyd like fleurich nei har plak werom en somliken hoegden allinne de Nachtmielssneinen mar oer te bliuwen, ien yn trije moanne, as hja belidend lid fan de gemeente wiene. Ik fytste faak nei ien fan har ta, alle setsjes en pretsjes wiene wolkom, sels de ferfeelsume ûnderwizersgearkomsten ien kear yn 'e moanne, mar dêr waard in frije middei foar jûn. Ik haw der ek noch in ynlieding hâlden, oer in Hollânsk literêr ûnderwerp. Myn oandacht moast spand wêze. Snobje holp ek tsjin it ienlik gefoel. Smoke ta ôflieding die ik net, dat diene allinne ferkearde froulju út 'e stêden. Netta en ik hawwe alris in hiel pakje fan in dûbeltsje opsmookt yn in hierd boatsje, dêr't wy mei te farren wiene. Wy binne der net mislik fan wurden, mar paften de reek wol fier by ús wei.
Einlings hie 'k my op in jûntiid wier ta skriuwen set, doe't de muzyk fan in fikse stoarm my goed opwûn hie. De bûter moast no jild jilde, net in feuilleton fan in krante, mar as it koe wat foar it tydskrift ‘Yn ús eigen tael’. Stof wie der planteit, de heide mei puozzen ûnder moanneljocht, griene struwellen, dêr't in gealtsje yn siet te trilfluitsjen. Hoe iensum wie it om de âlde skeper hinne by syn keppel skiep en syn hûntsje, sa iensum, dat er bliid wie om breidzje te kinnen, de priem stiek er yn in eigenmakke breidskie.
Elkenien hie wol breidzjen foar him, mar net altyd jild om wol of katoenjern te keapjen. Wat ‘tripken’ de berntsjes der aardich hinne, as hja op hûs
| |
| |
ta setten; altyd wie der ien, dy't op har wachte, ek al hie dy ‘ien’ it smoardrok op 'e bou of yn 'e stâl.
Spitich, dat Netta myn ferhalen net lêze soe, harres hie 'k wol sjoen, koarte stikjes yn in damesblêd. Fan har net ien wer!
En frjemd, doe hie ik har by my, sa't hja yn in grutte fakânsje yn it stedsje my holpen hie om in jierdeifûns op te rjochtsjen. Wy hiene rju sukses. Hie dat de lêste kear west, dat wy lang by elkoar wiene? En hiene wy it doe net faak oer skriuwen hân? Hja sei op in kear, dat hja oergeunstich op my wie om myn sûnens, hja wie snipferkâlden en koe it mar net kwyt wurde. Doe skamme ik my foar de ûnfrede, dy't ik faak hie mei myn bestean. Hja stelde doe út de oare fakânsje by har te útfanhúzjen en ik sei ta. Mar doe't it safier wie naam ik it klaaidoarp foar kar. Wat muoide my dat no! Foarby wie it, it kaam net wer.
Ut in dream waard ik wekker, doe't Barend wer begûn te praten.
‘Wy moatte no nei har ta,’ sei er, ‘wy kinne it net langer ferskowe.’ Hy hie der tsjinoan sjoen, begriep ik en hiene al myn oerlizzings ek gjin flechten west?
‘Ja,’ sei ik, mar ik hie graach werom nei hûs ta wollen.
Hy naam my yn 'e earm: ‘Wy geane tegearre,’ sei er.
Hja wie krekt yn de brúnfjurren kiste kaam. Hie Barend dat witten en hie er dêrom ommeald?
Earst herkende ik har net, dat kaam om't de antlitten fan foarige deaden yn kisten yn 'e wei stiene. Klaske har mem, Folkert, myn feintsje. En de lêste tiid krige ik útnoegings foar begraffenissen, dy't net ôfslein wurde mochten, masters en juffer yn de stoet joegen in roustoet oansjen. As it eat koe, mijde ik it om by de kisten lâns. Om my wie it net nedich in lêste blik op de ferstoarnen te slaan. Lykwols seach ik no ek guon fan har tusken Netta en my. Op it lêst hâlde ik inkeld Folkert mei syn pikswart hier oer. Netta harres gelyk. Einlings hie 'k Folkert ek weiwurke en bleau Netta oer. Hja wie âldsk. Hja wie sa stil, wylst beweging by har hearde lykas doe mei Folkert. Hja hie de hannen gear op har piama. In piama hie hja al droegen, doe't wy ús nachtjakken krekt mei nachtponnen wikselse hiene. En ús deaden droegen noch deadshimden.
Ik hearde Barend njonken my snokken.
By my woene gjin triennen komme, wol naam in ûneinich wurch gefoel my yn beslach.
‘Hja hat sa nei dy útsjoen en no sjocht hja dy net,’ sei er troch triennen hinne.
Wer joech my dat in foldwaning, dat it net fan ien kant kommen wie mei
| |
| |
ús. Wy wiene gelikensen. Sa beskôge Barend my ek en har heit en mem ek. Och, en ik sels dochs yn wêzen ek.
Har âlden wiene leauwige minsken, dy't treuren, mar net bûten hope. Sa stie it yn it grutte roubrief mei brede swarte rânen, dat hja my sjen litten hiene.
En sa tôgen wy de dagen fierder, ferslein, betinkend, fol rou, salang't Netta noch by ús wie. Ut en troch glûpte ien fan ús nei har ta. Ik ek wol; om allinne by har wie ferskriklik, mar lykwols waard ik der ta dreaun. Tinke en tinke oan wat foarby wie en oan hoe't it wêze soe sûnder har. Mar ik hie ommers al sûnder har west! Sa fier woe 'k myn tinzen net gean litte.
En doe kaam Barend mei in ferhaal, dat Netta sein hie, ik wie better frou foar him as hja. Wie dat fan de learaar sa'n bytsje ta har yngien. Hy helle my oer nochris mei him nei har ta te gean. Har poppen stiene tryst op in protsje yn it finsterbank fan har keamer. Barend treau my ien yn hannen, deselde dêr't hja it meast mei pield hie. It fielde, oft er my in lyts lykje yn hannen joech. Ik lei de pop yn de holte fan har holle en lofter skouder. Kaam der libben yn de pop? Seach er drôf? Beweegden Netta har wynbraubôgen yn ferwûndering? Lei der in bewiis fan in glimk om har mûle? Ik skodholle dy sleauwe yntinksels by my wei. By Folkert hie 'k itselde tocht, mar doe wie 'k in bern. Senuwen. Koe 'k by de dea noch nea los komme fan mysels? Wie 'k in bytsje mei Netta stoarn? Dat woe my wol oan. Want hiene wy net foar elkoar de poarte nei it grutminskelibben iepen hâlden? Harres wie my út hannen flapt. Myn skuld? Of hie hja foar harsels dit libben net genôch de muoite pine achte.
Doe skeat der troch my hinne: al wie 'k sels net mei har stoarn, myn famkestiid wie no wol mei har weirekke. Miskien wie it wol krekt op 'e naad nei it grutminskelibben glûpt. Dat soe ferplichtings meibringe. Dan no net mear pikerje of eamelje, net mear tajaan oan in gefoel fan gemis of oan ûnwennigens bod jaan. Dat moast oer wêze. Dat soe oer wêze. Ik biet op 'e tosken.
Hja dêr wie al troch it mystearje fan de dea, dêr't wy it sa faak oer hân hiene, hinne gien. Ien kear soe ik har folgje. Mei tsien, fjirtich, sechstich jier? Dat makke yn wêzen gjin ferskil, want de tiid hâlde gjin skoft. Mar hoe soene wy inoar wer sjen? Of soe der gjin herkenning wêze? Wist hja no, wêr't de himel wie? Dêr waard de lêste jierren oars oer tocht as dêr't wy mei grut wurden wiene yn it foarige. Einleas hiene wy der oer boomd en wiene ta de konkúzje kommen dat it in dearinnende wei wie. De Heare wist it en op 'e tiid, op Syn tiid soene wy it witte. Ien ding stie foar my
| |
| |
wol fêst, Netta wie by de Heare, feilich en goed. Dêr koe net oars oer tocht wurde en dat wie op himsels al hearlikheid, in hearlikheid, dêr't wy as sterflingen ús gjin foarstelling fan meitsje koene. Hja hie har eigen plak krigen, in fêst plak en gjin hierd, dêr't foar betelle wurde moast. Jezus, de Ferlosser, sels hie har der hinne brocht. Dat wie grut.
It wie dus wol goed fan my om belidenis te dwaan? It oare bestean wie my neier kaam, om't hja der wie. Hja hie de bibelhilligen al moete, dêr't ik skou fan wie. Hja hiene ek gewoane minsken west.
Ik rekke yn in dreamtastân. De rêst, de stilte, dêr't hja yn lei, floeide oer yn my, as hie 'k dat nedich om fierder te kinnen. Ik waard der wer mear minske fan. Barend helle my ta de wurken. Hy seach my wat frjemd oan. Ik fûn my sels ek nuver, licht as in fear.
Doe't Barend my nei de begraffenis nei de trein brocht, joech er my nei Hollânske trant in tút, dêr't ik kjel fan waard en oanstriid hie der wat efter te sykjen. Ik knipere mei de eachlidden. Ik hie myn tinzen noch by it ôfgryslik grutte hôf, dêr't wy har efter litten hiene. Nei de kjeld dêr, dizze warmte. Mocht it wol om Netta? Wy hiene har dêr op dat heilleaze stee net efterlitten, hja wie der bliid en soargeleas fier fandinne en seach ús faaks ek wol. Mar dat woe dochs net goed yn my del.
Even beseach ik Barend. Hy wie goed en aardich. Ik soe mei him foar it ljocht komme kinne. En wa't mei him troude hoegde net troch alles hinne fereale op him te wêzen om lokkich te wurden. Trouwens, hearde dat net by de dreamen fan de puberteit? Dy hie 'k mei Netta ommers ôflein en hjoed mei har begroeven. Hie hja my him net by testamint neilitten neffens Barend sels? Ik soe better frou foar him wêze as hja. Wie dat om Barend of om my. Om't ik de learaar dochs net krije koe? Hie hja dêrom myn fertriet deaswijd?
Ik hâlde mysels foar net mear te tinken, distânsje te nimmen. Mar gyng tichter by Barend stean, doe't de trein der oan kaam. Wy wiene oars neat as twa fersleine bern, dy't it libben net begriepen, de dea noch minder, en lykwols fierder moasten en help sochten by elkoar.
Ik sei: ‘Ik kin it my net yntinke.’
Hy sei: ‘Ik ek net en dat is ek mar better.’
Hy naam myn hân yn sines, langer as om te fûstkjen. It fielde sa fertroud, dat myn eagen einlings wiet wurden woene. Wêrom die hy it, om stipe foar himsels of om oan my te jaan? Syn tút hie my minder sein as ien fan Netta, ik tocht oan de earste, dy't hja my sa ûnferwacht jûn hie. Doe kniep er my yn 'e hân. Hy sei: ‘Moatst al werkomme. Kinst by ús wol útfanhúzje.’
| |
| |
Ik knikte en skamme my, om't ik der wer wat efter socht. Hoe wie ik sa mei myn fantasijen op 'e rin gien? Wat wiene de djipste roersels fan myn frouljushert? Myn fertriet om Netta wie echt, goudecht, dêr koe net oan twivele wurde.
Och, tocht ik, hâld dochs yn 'e goedichheid op mei dat gepiker.
Barend soe wer wat sizze.
‘Letter,’ sei ik, ‘letter!’
Ferheard seagen syn blauwe eagen my oan. Moast ik my wer skamje?
Doe't ik yn de trein soe, rôp er: ‘Ik hâld dy der oan. Netta soe it ek wolle.’
Dus gjin skamte nedich?
‘Fuort, fuort,’ gyng der troch my hinne, ‘distânsje nimme, bist no grut, bist folwoeksen.’
Op 'e nachtboat haw ik oaneinwei sliept, wylst der wer allegearre lûdroftige fleur om my hinne wie. It waaide frijwat, ik fernaam it net. Allinne yn de ‘Fal fan Urk’, dêr't it altyd begûn te dúnjen, waard ik even wekker, mar joech my fuort wer del.
De moedfearren del kaam ik by mem-en-dy oan. Hja fergen my op in ferslach, dat ik by brokstikken joech.
Ik bestudearre mem, no wie ik har gelikens, om't ik ek folwoeksen wie.
Hoe wie dat grutminskebestean eins?
Heit foel der yn mei: ‘De Heare liedt al ús wegen’, as hie er der in bytsje aan fan, fan wat der yn my omgong. Wêrom ek net, hy wie dochs myn heit en mei nauwe bloedsbannen oan my bûn!
Hy bedoelde fansels, dat ik fierder moast, Netta net mear. Ik moast fierder as grutminske, de dingen oankinne en net mear al hingjende en wjirgjende mar wat meibokselje. Sa ynein as ik wie, fielde ik krêft yn my kommen, ik soe my net mear yn in hoekje triuwe litte. It skriuwen soe my helpe.
Doe't heit syn ‘treast’ sein hie, hearde ik mem sunich ‘amen’ preveljen. Koe mem it libben wol oan? Steunde hja net te folle op heit en ús? Hie it libben har sa makke en koe men der dan sels net oan ôf of ta dwaan? Hie ik myn swakke side fan har? Nee, tocht ik, ek fan heit, hokker potentaat er wêze mei. En wat mem oangyng, ik hie noch gjin man om my te oerhearskjen en dêr soe 'k ek om tinke.
Suster kaam yn en frege nei bysûnderheden.
Hja liet my net útprate, mar foel my yn 'e reden mei: ‘Sille wy nei in winkel om klean te keapjen, dû bist ek wol oan wat ta’.
‘Ja, doch dat,’ moedige mem my oan.
‘Giet mem dan mei?’ frege ik mei in knypeachje.
| |
| |
‘Hjoed net,’ sei hja, ‘skielk.’
Suster lústere: ‘As Peaske en Pinkster op ien dei komme!’
Dêr wie wat fan wier, mar ik soe myn bêst dwaan, mem ek wat út 'e pogge wei te krijen. Dat moast kinne. Feest soe it wêze om mei mem te boadskipjen.
Ik hie ‘ja’ tsjin suster sein, mar de rjochte nocht oan nije klean moast noch komme.
Heit gyng ta de keamer út nei syn affearen. By de doar bleau er noch even wifeljend stean. Woe er noch wat sizze? Hy die it net. Hy loek de doar sunich efter him ticht.
Ik seach nei mem har leaf gesicht. Ik moast der net oan tinke, dat der in dei komme soe en hja wie der net mear. Dat wie Netta besparre bleaun. Heit koe 'k likemin misse. Grutminske wurden koe ik net yn ien sucht. It soe wol stadich gean.
Ik tocht oan in fers fan Camphuysen, dat by Netta thús op in skilderij oan de muorre hong, goudglinsters op donkergrien fluwiel, in moai blommetûkje oan ien kant.
‘Er moet veel strijds gestreden zijn
en veel gebeds gebeden zijn
zal 't hier beneden vrede zijn!’
It soe him net oan my lizze.
|
|