| |
| |
| |
Seis
De bleate lea mochten net sjoen wurde. By it waskjen en ferskjinjen waard der goed op tasjoen en dat wie benammen winterdeis in toer yn in hûs, dêr't yn 'e keamer sliept waard; mei sliepkeamers letter wie it gjin probleem mear en doe't der in douche kaam, waard der op it tobke mei wetter delsjoen.
Ik bleau lang ûnnoazel, wat seks oangyng. Oer menstruaasje wist ik neat, dat ik waard heislike kjel, doe't ik bloed by mysels ûntdiek. Dat koe 'k net foar my hâlde, al siet it op in raar plak, dat ik bychte bang by mem. Hja loek in ferlegen gesicht en sei, dat it gewoan wie, ik hoegde der net oer yn te sitten, want alle famkes krigen it, ik wie der sels al wat let mei. Wat ‘it’ krekt ynhâlde, fertelde mem der net by. It wie in wûnder, dat ik net frege, oft jonges it soms net krigen en wêrom net, mar ik wie fierste bliid, dat it tafoel. Yn myn opwining hie 'k my net ergere, dat suske ús petear hearre koe, mar no seach ik har stean te gnyskjen. Sa yntym wiene wy net, dat hja my weiwiis makke hie. Op skoalle wie it ek net oan 'e oarder kaam, it sil my foarbygien wêze.
Fansels wist ik fan manlike en froulike wêzens, mar it hoe en het pleage my net, it sei him allegearre fansels. Doe't wy op 'e mulo ris in ynsekt ûnder de loep hiene, frege ik de learaar: koene wy ek sjen, oft it dierke manlik of froulik wie? Der stiet my sels foar, dat ik ris de fraach steld haw of ko manlik of froulik wie. Sa'n grou bist, oars? Wy makke doe noch ûnderskied yn namfallen. Ta myn ferheardens krige ik by de loep gjin antwurd, it waard stil, dat der bekroep my in nuver beskamsum gefoel as hie 'k wat ûnfoechsums frege. No, dat hie 'k ek, want de bern om my hinne loeken al sokke aparte gesichten, hja tochten tink, dat ik it der om dien hie en dat miende de learaar ek.
Werom nei mem. Hja helle my in feilichheidsspjelde en in bandoek, in mannich op inoar naaide lagen stof, katoen en flanel, dy moast ik oan direktoire of himd fêststekke. It wie mar ûngemaklik rinnen, fûn ik. Doe begriep ik hokke lapen it wiene, dy't op moandei, waskdei, ynsmard mei griene sjippe, op in ferside plakje op 'e bleek faak leine te blikken. Mem klage der oer, dat hja se net skjin krije koe. Tenei soene mines der ek wol by lizze, dat ik wie wer in trime heger op 'e ljedder nei it folwoeksen wêzen stiigd.
Der koe by ús net in lyts wurd oer it geslacht falle, de hûnen hoegden mar loopsk te wêzen, of de skamte stiek de kop al op. Wa't mei sokke dingen rûch yn 'e mûle wie, waard mei skealke eagen oansjoen. Wat dat oanbe- | |
| |
lange wiene heit en mem beide like fatsoelik, der soe har gjin ferkeard wurd ûntkomme. En wat wie 't in goed libben by har!
Mem net, suske net, mar de kammeraatskes kamen wol fanwegen. Net hja fan skoalle, mar sokken, dy't fan skoalle ôf in plak yn 'e maatskippij ynnamen, bygelyks op in naaiatelier, dêr't, sa't it like, oars hast gjin praat wie. Hie ik ‘it’ no ek? En hie 'k der neat fan ôf witten? Dan soene hja my mear fertelle. Earne op in iensume lânwei, ik kin it plak noch wol oanwize, waarden de ‘hurde feiten’ my yn it ear lústere, sa sunich as mochten de skiep en de keallen yn it lân njonken it paad it net hearre. Oer orgasme waard net kikt, wisten hja dêr net fan? Wol oer it bernjen, de pop kaam net troch de nâle, wier net. It feit dêrfan wie it iennichste riedsel, dêr't ik wol mei opskipe sitten hie, as ik in frou, dy't swier wie, gean seach.
Dêr op dat lânpaad rekke ik folslein ferbjustere en paste ien en oar fuort op heit en mem ta. Nee, dat bestie net, dat wie net wier en as it al wier wie, woe 'k noait trouwe. It respekt foar grutte minsken plofte hommels yninoar, de iene wie gjin hier better as de oare en ús hâlden hja foar de gek mei har fatsoensnoarmen. Leafde? Praat dêr net fan!
Doe't de famkes begûnen oer ferkearde manlju út it stedsje, en der healwize (bernlik ûnfolsleine) foar stellingen by weijoegen, woe 'k der neat mear oer hearre, alles en allegearre wie fiis. Ik fernaam, dat hja eachkontakt om my hiene. Hja fûnen it ek spitich net mear oan my kwyt te kinnen. Hawar, letter slagge it har better. Doe kamen hja op skoalle ek los. Ien fan har hie in foech boekje, dat ik mei hawwe mocht om te lêzen. Dêryn waard alles út 'e doekjes dien. Ik gyng der mei nei boppen nei myn learkeammerke en lies it mei spanning, mei ferheardens, mei wear ze, yn ien sike út. It moast de oare deis werom, mar oars hie 'k net oars dien.
Doe't ik it letter nochris hawwe woe, mocht it, mar dan moast hja thema's fan my oerskriuwe, oersettings, dêr't hja net goed yn wie. Dêr't ik graach op ynspile.
Njonkenlytsen krige ik no mear each foar myn lea en ek belang by myn uterlik. Wie ik kreas? Tige kreas? Koe 'k it der mei dwaan of wie ik soms ûnsjoch? Ik doarst net ien freegje. Soe 'k wol in feint krije kinne, ferkearing wie wat oars as trouwe. Ik waard ek nijsgjirrich. Ik hie net folle gelegenheid om mysels te besjen, mar as ik sneons mei in tobke wetter yn it keammerke wie dat ik mei suster dielde, naam ik de lytse spegel mei giel houten râne fan it lewant en beseach mysels fan boppen oant ûnderen. Net lang, want it fielde, oft ik der ferkeard oan die.
Der wiene ek oaren, dy't belangstelling foar famkeslea hiene. Op in kear betrape ik in jongeskop mei koart knipt hier efter my bûten foar it finster- | |
| |
ke fan de skoalle-w.c, húskes, nee plee's wiene it doe noch. Hy ferdwûn hastich, doe't er ûntdutsen wie. Mei't dy knaap dat faker fertoande, rûn er tsjin de lampe. Der is oars in hiel fatsoenlik minske fan him groeid. Mei him wie it hiel wat oars as mei de jonge, dy't op 'e famkesplee siet, doe't ik der ynstrûsde. Hy hie it heakje der net iens op - jonges diene dat tink net altyd - om't er yn 'e ferûnderstelling libbe, op ien út syn eigen rige te sitten. Ik tocht earst oan opsetsin, mar hy hie him fersind, mei't er te hastich west hie om hege need. Dêr siet er mei in heechreade kaam. Ik haw him ûnthitten, dat it tusken ús bliuwe soe.
Yn dizze puberteitstiid waard ik èn natuerlikerwize èn troch in freondinne dy't om sok jin minder fielen lake, holpen, foarsafier't it net yngreven wie. Dy freondinne wie it stedsbern Netta, in Hollânske. Ik haw har al neamd. Om har sûnens wie hja by ús dûmny útfanhús en dy frege, oft ik wol mei har op en út woe. Trewis fansels, al seach ik der ek wol tsjinoan: ien út 'e stêd en famylje fan de dûmny!
Wy hiene efkes tiid nedich om oan elkoar te wennen, ik mear as hja, mar it klikte gau en goed. Ik soe wakker oan it betinken wat hja moai fine soe, mar it wie net nedich, hja genoat mei hiel har entoesiast wêzen fan it libben op it plattelân, dêr't hja, dy't út in grutte stêd kaam, ús stedsje by skikte. Thús hiene hja wol in tún en in bleekje efter har hûs út in rige yn in strjitte, in hoekhús, dat wol, mar by ús seach hja beammen en strûken en blommen by it soad. En wy hiene ús bosken net fier ôf. Ik hie my har folle grutsker yntocht, mar folk as hja foel altyd ta, as ik mar tocht oan mym kammeraatske út in pastorij fan de legere skoalle. Grutsprekke wie har frjemd, dêr soe ik my earder oan skuldich makke hawwe. Hat heit arbeide by de ‘Hollandse Spoor’, dêr't ik hiel wat fan tocht, mar hy wie wat mear as in fabryksarbeider. Wol wie hja stedsker yn 'e klean as ik, al gyng suster de lêste tiid mei my nei de winkel, as ik wat nijs hawwe moast. Suster hie smaak en wist har oan te passen. Mem koe der net ta komme om mei, wy moasten wol mei har as hja ris in nije hoed passe moast, mar dy waarden ek wol op sicht brocht, in pear grutte doazen fol. Nee, hja liet it oan ús en Popkje oer. Soms makken wy de lange fytstocht nei de haadstêd om in nije mantel by C. en A. Ik wit noch fan ien, dy't ik graach oan hawwe mocht, al stikele er ek, om't er fan wat hurdige wollen stof wie, mar doe't ik him om it hoartsje tsjinkaam op strjitte, hie 'k de nocht der gau ôf.
Doe't ik Netta de earste kears seach mei har donkere skôging, krige ik it gefoel as soe ik mei in heale prinsesse te kuierjen. It wit net, wat hja fan my tocht hat, miskien hie hja alhiel gjin reserves, mar akseptearre hja my
| |
| |
sa't ik wie? Hja wie alteast net by my wei te slaan. Hja sette my fuort al yn soarch en noed mei te fertellen, dat hja in mankemint oan har hert hie. Hja hoegde har gjin beheinings op te lizzen, mar mocht net oerdriuwe. Foar it neiste hat hja gerûs oan ien hertklep hân, mar sjoen, wat letter barde, kin it ek slimmer west hawwe. Hja hie it krekt op 'e dea ôf helle, fertelde hja. Soks slims as it op 'e dea ôf helje, wie my noch net oerkaam, of it moast wêze, doe't ik in skamper fan 'e Spaanske gryp krige. As hja it hie oer har dwyljen en bûtenslaan ûnder har sykte, en oer de eangst dy't har heit en mem útstien hie, kamen by my de fantasijen ek los.
Op ús kuiers moeten wy ris in frjemd famke, dêr't hja samar mei begûn te praten, Hollânsk-floatich as hja wie. Dat famke, die bliken, hie trije grutte broers oan de Spaanske gryp ferlern en dat wie noch wat oars as deasiik wêze en lykwols wer better wurde. Ik woe ek meidwaan en neamde myn oandiel oan de tarringgryp, mar stroffele oer myn wurden, dat myn ferhaal gyng as in kearsflamme út, net ynteressant. Ik miende, dat hja net iens nei my harken en dêrom hâlde ik my fan 'e weromstuit hielendal stil. Ik stume, hie 'k ek net likegoed dea wêze kind, doe't jonge minsken as rotten oan dy sykte stoaren? Ik hie fan 't bêd ôf sillen en wie samar fan mysels gien. Us mem bang; hja wie al oer de toeren, want heit hie ek krekt syn gryp fan alle winters en moast syn saken ek, mei in tydlike help, regelje. Ik krige sitroenwetter mei sûker en in drankje, want de dokter kaam ek. Doe't ik der nei inkelde dagen wer ôf soe, tûmele ik wol wer om, licht yn 'e holle as ik wie, mar foel net fan myn stokje: mem heinde my, mei't hja no op har iepenst wie. Hja brocht my yn de ‘pakestoel’ en treau my in kjessen yn de rêch.
Mem klage: ‘It skynt in soarte fan fleanende tarring te wêzen.’
Buorfrou, tsjin wa't hja it hie en dy't apels en parren fan eigen beammen, bellefleuren en Durkjeparren brocht, sei: ‘Sa deasiik sjocht hja net ta, hja hat noch in sûne skôging.’
By it wurd ‘tarring’ en dan noch wol in fleanende, fielde ik my fier fan noflik, mar buorfrouwe wurden betsjutten treast en moed.
It skynt, dat fleanende tarring letter ek noch wol ris foarkaam. It heucht my, dat ik, mar doe hie 'k al in poas in baantsje as skoaljuffer, freeds of sneons nei hûs ta fytsend, in doarp troch moast, dêr't yn in strange wintermoanne de iene nei de oare jongeman of frou ferstoar: in pear dagen siik en dea. Ik doarst dêr mar amper lâns, mar moast wol as ik nei hûs ta woe, as soe it my oanwaaie kinne. Net nei hûs ta wie slimmer.
Doe't it famke alle meilibjen krigen hie, dêr't ik wol in part fan meisline wold hie, begûn Netta dochs noch oer myn sykte. Ik moast har fertelle,
| |
| |
hoe't ik my doe fielde, hoe lang't duorre hie en sa. Hja ferlike mei har eigen ûnderfinings en fûn, dat hja en ik like ticht by de dea west hiene en dat stie my wol oan. Hja moast der net oan tinke, sei hja, dat hja en ik inoar dan net iens kend hawwe soene, alhoewol dan miskien dochs wol ‘oan de oare kant’. Ik moat ferheard sjoen hawwe, hja lake en sei dat it mar in frijmoedich grapke wie, mar hja miende it ek, want wêrom soe dat net kinne?!
‘Lykwols bin ik bang fan de ivichheid, om't der gjin ein oan komt,’ sei hja earnstich. Sa'n útspraak paste wol by in omkesizzer fan in dûmny, tocht my.
Oars, Netta hie it yn har om ús oan it laitsjen te krijen. Hja makke poppen mei lange en koarte rokken en triedeagen en prate tsjin har út fantasijen wei. Ek koe hja omraak ymitearje ta myn bewûndering en hilariteit. Faak helle hja, as wy tegearre wiene, sa'n popke út 'e mantelsbûse en spriek it ta yn it healwize. Woe hja wat earnstichs of gefoelichs oan my kwyt, dan altyd hast oer sa'n pop. De pop joech ek antwurd, dêrby besocht hja te bûksprekken en ek dat gyng har moai linich ôf. Troch har petearen mei de pop learde ik hiel wat oer har libben yn 'e stêd, ek wol direkt sûnder de pop. As it gefoel of de gêne der yn beweefd sieten, dan yn alle gefallen oer de pop. Oer sommige dingen koe hja net planút prate, begriep ik, dus wie hja sawat fan itselde kaliber as ik, konstatearre ik bliid.
In kear gyngen wy tegearre nei in sindingsfeest, sokke feesten leine by nettsjerkliken op in minne namme. Heit syn tydlike help, om in foarbyld te neamen, holp simmers wol by it opsetten en ôfbrekken fan de jierlikse merke, dêr't wy net komme mochten! Hy wie noch fiere famylje, in takke, dy't ôfwykt wie, sei mem. Dat heit-en-dy op 'e merke tsjin wiene, is fan tinken wol te hawwen. Doe't der yn de gemeenterie ris kwestje fan wie, dat de merke ôfskaft wurde soe en it praat by ús dêr op kaam, leine heit en hy al gau yn tsjok waar. Heit neamde de merkewille goddeleas, mar doe kaam de oar fanwegen oer ús fromme sindingsfeesten: broekjefeesten! Mem briek de rûzje ôf, doe't hja my stean seach, harkjend mei sân pear earen. Doe't Netta en ik der hinne woene, seach ik, dat mem even wifele, mar heit knikte fan ‘ja’, wat soe't! De dûmny hie it ek goedkard. Fansels krigen wy op it feestterrein in pear jonges mei tyspelstokken, dy't by de yngong te keap wiene, efter ús oan. Ik skamme my der om, mar Netta wist rie mei de knapen, yn wêzen hie hja nocht oan har dwaan, begriep ik. Hja joech har in snuter, dêr't de jonges har oer rekke fielden en har Hollânsk om neibauden. Hja naam my yn fer trouwen, dat hja thús al in feint hie en in brief fan him ferwachte, har omke en muoike wiene sa
| |
| |
goed, hja soene it net slim fine. Thús fûnen hja har noch fierste jong, mar in brief lette neat, no?!
Te jong! Fûn ik dat ek net bespotlik? Ik tilde in tippe op oer de tastannen by ús thús, dat op dit mêd hiene wy elkoar ek al fûn. Hja sei, as ik belang by dy feinten hie, woe hja my net yn 'e wei stean. Och hea, ik hie genôch oan Netta.
Ik woe har betiid nei hûs ta hawwe, want ik seach de pearkes al de bermen ynstrûzen en har deljaan mei de jassen oer har hinne krekt as wie it winter. Mar Netta hie gjin haast, hja woe sels noch even tusken it publyk yn sitte te sjongen en te harkjen. Efter ús siet in pearke. Ik hearde de jonge tsjin it famke sizzen: ‘Moatst ek noch pisje?’ Lokkich ferstie Netta gjin Frysk, mar dat wurd wie net folle oars yn it Hollânsk.
‘Lit ús hjir weigean,’ stelde ik út, wa wit, wat der noch mear út 'e mûle fan de boerefeint komme koe. It slagge my har mear nei foaren te krijen, sabeare om de sprekker better te ferstean.
De bermen kamen al moai fol te lizzen, it begûn my hieltyd mear oan te gean. Op it lêst krige ik har mei. Hja seach ris om har hinne en sei: ‘Hja kinne wol stikke.’
Ik hie mar ien winsk, dat wy neat sjen soene dat der net op troch koe, mar dêr wie it net tsjuster genôch ta. Lokkich wie der party jongfolk, dat lykas wy op hûs oan gyngen, dat sa slim wie it ek wer net. Lykwols doarst ik net bot fansiden te sjen. Netta joech fierder gjin kommentaar ta myn rêst. Hja hie it drok oer de feestjes, dy't hja thús wol hiene, wat hja sneins diene, hokke einen oft hja wol yn 'e dunen omdoarmen. Ik wist no wol, wat dunen wiene, al hie 'k se doe ek noch nea sjoen. De ‘Reade Foks’ hie der hiel wat goede minsken wei strúnd, oan de ynkwisysje ferret en op 'e pynbank of slachtbank brocht foar in pear sinten, mar dat wie ferline tiid. Soe 'k netris mei Netta yn de dunen sjen kinne?
Netta hie de boeken fan Gerdes en oaren ek lêzen, dat wy krigen it oer de ferfolgingen, wat ek gjin wûnder wie nei in sindingsmanifestaasje oer Kristenminsken dy't ek net altyd frij yn har bewegings wiene. Hie ik wolris heard fan Bianca, in fanke lykas wy, dy't yn Rome foar de liuwen smiten waard? En Ponticus, in jongfeint? Soene wy dat ek foar de Heare Jezus oer hawwe?
Ek yn dizze problematyk, dy't my faak dwaande hâlden hie, hiene wy elkoar fûn. Wy waarden wat langer wat fertrouder meiïnoar. Doe't wy werom yn it stedsje wiene, joegen wy ús op in steapel strjitstiennen del. Der kaam gjin ein oan ús ferhalen, mar ynienen sei hja: ‘Oant moarn!’ en joech my in tút, dy't ik fan de skrik net werom joech. Lang noch fielde ik
| |
| |
in waarm sêft plak op myn wang, lang seach ik har efternei. Hja swaaide noch.
In tút! Tuten fan ús Hollânske famylje hie 'k in hekel oan hân, mar oan Netta har tút beleaven net, ik belibbe him hieltyd wer. Suster hie alris sein, dat wy allinne mei jonges frijden, dat mocht wier wêze, mar ik soe dy fan Netta net heal misse wolle.
No't Netta der wie, ferfeelde my ús lange simmerfakânsje net stierlik, lykas oare jierren. Hja foel thús ek yn 'e smaak, dat it koe net moaier.
Doe't hja it brief fan har feint op it lêst krigen hie, lies hja my der eintsjes út foar, it brief sels joech hja net út hannen en dat foel my in bytsje ôf, al moast ik har gelyk jaan. Hja hiene in hiele klub fan jongfolk en hja noege my út ris te kommen, dan soe ik sjen hoe gesellich hja it hiene. Dêr hie 'k op wachte!
As dat wier ris koe? Oer ûnwennigens prakkesearre ik gjin tel. Dat bestie net by Netta. Soe it meie? Mar by famylje fan dûmny grif wol. It trof, dat dizze dûmny der by ús heit goed ynfoel.
Lokkich koe ik ek oer feinten fertelle. Dat de Kanadees my sitten litten hie, wie ik net ferplichte om op te bychtsjen. Ik hie myn maat fan by de boer en der hie ekris in jonge om my stike, doe't ik folle jonger wie. Hy ried molkbussen fan de homeie nei syn hûs en dan hie er my ek op 'e karre op in omkearde bus. No ja, ek koe ik wol mear betinke. It waarden hertsgeheimen oan beiden kanten, de iene wie al gleoner om te fertellen as de oare.
Doe't Netta har knyntsjedagen om wiene, sprieken wy ôf te skriuwen, dat tenei hie ik tige belang by de post; it waard dan ek in drokke briefwiksel. Yn lange epistels hâlden wy inoar fan alles en noch wat op 'e hichte, wy wikselen foto's en sels gedichten. Ien ding hiene wy net mien, ik gyng te learen en hja siet op in kantoar, om't de skoallelucht net goed foar har wie. De kantoarlucht blykber wol?! Hawar, by my kaam de ein fan learen ek yn sicht. Hja wurke op in bonbonfabryk, en sadwaande naam hja, doe't hja faker by ús kaam, altyd in pûn bonbons foar my mei foar twa kwartsjes. Hja koe my gjin grutter wille dwaan, want ik wie in swietbek en thús waarden wy wat dat oangyng, by de tûme heind.
Noch op 'e mulo, hie 'k ta oanfolling fan myn pear sinten bûsjild wolris by memme knipke sitten. Hja betrape my dêr in kear by yn it alkoof, dêr't it ferside op in rim lei. Hja wie net lilk, mar sei wol dat hja wier net oer hie en ik brocht noch neat yn. Ik lei foar my sels tsjinyn, dat as ik fertsjinne, it dan net nedich west hie om te pakken. Ik betocht ek, dat it moai wie om te learen en dêr moast ik wat foar oer hawwe.
| |
| |
Oan 'e ein fan de heechste klasse fan de legere skoalle, de sânde leau ik, waard der troch it bestjoer fan de skoalferiening in ulo oan de legere ferbûn. Dêr moasten learlingen foar komme. Der waard ús frege, oft wy der ek nocht oan hiene. It like my in hearlikheid, dat ik eamele mem, mar mear noch heit, om 'e holle om my op te jaan. In priuwke fan de hearlikheid hie 'k al krigen, mei't de leararen op eigen manneboet der in keppeltsje bern foar útsocht hiene en ik dêr ek by wie. Heit fûn it goed, (mem skoarre tsjin), mar hy woe earst witte wat de haadmaster der fan tocht, want as it dochs neat waard, koe 'k der better net mei begjinne. Ik wist foarút wol, dat master der goed foar sizze soe, mar siet lykwols yn grutte spanning, doe't heit op in jûntiid nei it skoallehûs ta fytste. Master sei, dat it altyd wêze moast. Doe hawwe wy yn trije jier, mei in begjin fan fyftjin learlingen en nei trije jier in ein fan trije, eksamen dien; ien is sakke, de oare twa kamen ta har ferheardens, fan my alteast, mei it diploma thús.
Wat no? Ik wie noch altyd gjin grutte held, dat hie 'k mei it eksamen sjen litten. Om't wy twa dagen efter elkoar eksamen dwaan moasten yn deselde stêd dêr't neef foar de haadakte hinne moatten hie, woe mem hawwe, ik soe dêr de nacht oerbliuwe. Wy hiene yn dat plak gjin famylje, in hotel fûn mem te noedlik, mar der wie in ‘Tehuis voor Vrouwen’, dat wie krekt wat. In rige famkes dy't mei my eksamen diene, wy namen de hiele breedte fan de strjitte yn beslach, brocht my der hinne. Altemets fleach de slinger foar in fehikel oan de kant. Nei wat freegjen kamen wy in hoeke om en dêr stie it grutte hûs mei boppe by de daksgoate it opskrift ‘Tehuis voor Vrouwen’; it wie in âld, steatlik hearehûs. Doe't ik it seach, besette it my suver, as ik der oan tocht, dat ik dêr allinnich efterbliuwe soe by alle geselligens fan de maten wei, in finzenis allyk.
‘Dêr wol 'k net hinne!’ rôp ik oerdwealsk.
Laitsjend kearde de rige yn ien lange slach om en ik liet it hûs hûs. Ik bin mei bern fan oare mulo's, ek fan iepenbiere, mei de trein nei hûs ta gien en haw noflik thús oernachte.
Dêr yn dy stêd haw ik ûnderfûn, dat eksamen dwaan gjin raar wurk is, as men mar wat wist en it ûnder wurden bringe koe.
Trije jier ferlyn hie mem my al yn 'e hûs hawwe wollen om letter in tsjinst of sa foar my te sykjen. Suster siet op in kantoar, dat soe ek kinne; it fertsjinne efkes mear en it hie mear namme, mar wie eins net goed foar famkes.
Wat soe myn foarlân no wurde?
Mar op in dei trof ik Pytsje. Hja gyng yn de haadstêd op 'e kweekskoalle. Wy bleauwen efkes stean te praten, hja bearde wakker oer har skoalle, be- | |
| |
nammen oer de learaar Nederlânsk, dy't faak gedichten foarlies. Doe't hja hearde wêr't ik mei ompakte, woe hja my by har op skoalle hawwe, want mei myn diploma koe 'k dêr yn de twadde klasse komme. Mei trije jier soe 'k al klear wêze, dy trije jier moast mem my mar skinke, ik fertsjinne dan frijwat mear as op in kantoar of yn in tsjinst. Pytsje begriep net, dat hja ús op skoalle dy mooglikheid net ûnder eagen brocht hiene, hja wie der al fan de legere skoalle op kaam en dêr hiene hja it wol al neamd.
Skoaljuffer wurde hie 'k yn de earste klasse ommers al wollen, al hie dat doe in ûngewoane reden hân. En nei dy gedichten fan de learaar harkje, wat soe 'k dat ek prachtich fine! Op 'e mulo hiene wy in pear gedichten leare moatten om se op it eksamen út 'e holle foar te dragen.
Bygelyks ien fan Seerp Anema:
Hoe dartelt als een heerde welig vee
van ooi en lam en hooggerugde rammen
het duinenleger langs de kalme zee
gedoopt in 't goud der laatste zonnevlammen.
Ek hiene wy in pear boeken lêze moatten. Noch mear soe prachtich wêze. Ek de oare stúdzjefakken soe 'k nocht oan hawwe, wist ik. Pytsje har ferhalen rûnen my as lij wetter yn 'e earen. Dat ik rekke oan it soebatten by heit en it kaam klear, lykas mei de mulo, nei't er ek no ynformaasje hie. Mem hong wer yn it gat, mar doe't it besletten wie, stapte hja mei heit fuort ek oer de kosten hinne.
Ik krige in lange boekelist tastjoerd, dy't ik lies as in spannend ferhaal. Doe bestelde ik deselden dêr't in ien efter stie by myn boekhannel. Hieltyd der hinne om te fernimmen, oft se der al wiene, bytsjes by bytsjes kamen se binnen.
Dy boekhannel wie in klant fan heit. Ik hie dêr, doe't ik noch op 'e legere skoalle gyng, al frege, wat in boeketas koste. Om dêr mei te rinnen like my de himel fan it libben ta. De guodskeapste gou in gûne, it wie ien fan swart swilk mei twa fakken, dy't tsjinelkoar oan foelen; der siet gjin hânsel oan, hy moast skean ûnder de earm droegen wurde, of as in mof oer de hannen. Alle kearen, as ik nei de priis fan dyselde tas frege, liet de winkelier him my wer geduldich sjen, oant op in dei heit mei my de winkel ynstapte en him kocht, mar doe hie 'k him ek nedich foar myn boeken. De winkelier fertelde: ‘Hja hat alris nei de priis frege.’
Hoe faak sei er der ta myn rêst net by. Dy freonlike man is lang myn leveransier bleaun.
Sa net, hy hat my ekris raar te fiter hân. Ik stie efter de toanbank te wachtsjen, dat der immen út 'e gong wei komme soe om my te helpen. Ik
| |
| |
hie de hik en dat moat fier klonken hawwe. Ynienen kaam de man de winkel yn springen, wiisde mei de finger nei my en sei: ‘En wat hastû stellen!’
Mei grutte eagen seach ik him oan, ik koe neat sizze, mar de hik wie oer.
‘Sjochst wol,’ sei er, ‘even skrikke en fuort is er.’
Lykwols koe 'k syn hynstemiddel net wurdearje.
Tsjin de tiid, dat it wêze soe, gyng ik ek mei in wichtich gefoel nei it spoarstasjon om in moannekaartformulier. In skoallekaart wie guodkeaper, dy wiene der foar in hiel jier en foar trije moannen. Foar in hiel jier wie de priis (30 km) hûndertfyftich gûne en dat wie sa'n knoarre jild, dat heit ornearre it moast in moannekaart wurde, al wie dy wat djoerder en wie er oan treintiden bûn, nei seizen mocht er bygelyks net mear brûkt wurde. It fergetten hawwen siet ús aljyd efter, dan krûpen wy by kontrôle yn de w.c., of sochten oare útwegen, mar in fûlekaan fan in kondukteur kaam der ek altyd efter, sels as wy ien brûkten, dy't al ferrûn wie, mei't wy net om it ynruiljen tocht hiene. Ik waard ekris sa betrape en moast mei de kondukteur nei it kantoar fan de sjef en fielde my blykber neat net noflik, want hja seine letter tsjin my: ‘Wat seachstû benaud!’ Sa wiene wy doe.
Einlings kaam de dei, dat ik njonken Pytsje it stasjon fan de haadstêd útrûgele, in nije tas mei nije boeken by my - no ien mei in hânsel - mei har in kertier troch de stêd stapte en doe twa hege treppen opklattere, dêr't de kandidaten foar de twadde klasse troch de grutte baas ûntfongen waarden. Ik mocht njonken Pytsje sitte en mei in koart yntermezzo om straf, hawwe wy dat trije jier úthâlden. En doe wiene wy ree makke om op 'e lytse bern loslitten te wurden.
De skoalle wie tige belangryk foar my, dat wist ik, mar dat hâlde heit my ek op 'e lea: ik koe krije, wat him foarbygien wie. Us jeften hiene wy fan God, dêr moasten wy skielk rekkenskip fan ôflizze, wat mear wy meikrigen hiene, wat mear der fan ús frege wurden soe; heit hie alles tsjin hân, ik alles foar. En neat hie in minske út himsels, ik mocht net grutsk wurde. Dêr by de baas tocht ik even oan de jûns let, doe't heit en mem it útmeitsje soene oer de skoalle. Ik stie op bleate fuotten foar de doar te harkjen, ik wie der om fan 't bêd of kaam. Einlings hie heit de krante út. Mem utere har tradisjonele beswieren: ik mocht skielk net yn de húshâlding ferûngelokje, ik wie gjin jonge. Heit fûn, dat skoaljuffer in tige earsum berop wie foar in famke en it stie foarút net fêst dat ik trouwe soe. Boppedat as ik troch myn fak heger de maatskiplike ljedder opkommen wie, koe 'k ek wol mei in skoalmaster de lange hier yngean, wa wit soe der skielk nochris
| |
| |
in dûmny efterwei komme. Dêr woe mem nei harkje. Dûmny! Arbeidzje yn Gods keninkryk wie it heechste, dat der te berikken en te betinken foel.
Lykwols lei hja der tsjinyn, wy moasten it net yn it grutte sykje. Ik wist no wol al, dat heit it pleit wûn hie, ferdwûn en joech my rêstich del.
Sa rêstich fielde ik my dêr ynearsten net mei myn tas fol nije boeken, dêr't ik sa wiis mei wie. Ik hie der oan rûkt lykas ik de rook fan de mulo boeken opsnúfd hie. Hast earbiedich hie 'k der yn blêde en hjir en dêr in eintsje lêzen. It kaam my foar, dat ik dêr in fiere reis mei meitsje soe nei in lân wit hoe moai en dêr thús by bliuwe koe. Ik hie in read kastje fan mem krigen - sa'n ien, dy't famkes destiids meikrigen yn in tsjinst - dêr sette ik se yn, op in kreas rychje en mei etiketten op 'e kafte rêgen. It kastje hie pake noch makke krektas memme kammenet. Ien ding bedoar de wille, de grutte rekken dy't betelle wurde moast oan 'e boekhandeler, mar dat bande ik by my wei.
Ik sjoch op de tiid fan de kweekskoalle mei grutte nocht werom. Ik begûn my dêr mear te ûntjaan, myn manko's rekke ik min of mear kwyt mei in agressive hâlding foar leararen oer, dy't ús net rjocht oan koene, mar ik fielde my ek thús by de maten út ús klasse. De reizen mei de trein wiene fol ôfwikseling, moarns en jûns trije kertier yn in boemel yn aparte ôfsletten koepee's. Der rieden mar in pear sneltreinen op it baanfak, dy't der in lytse healoere oer diene.
Alle moarnen rûn it grutte stasjon fol mei jeugd, dy't har oer de ‘hegere’ skoallen ferdielden. Jûns brochten fjouwer treinen har werom, soms rieden dy it ein oer it stasjonemplasemint sa deun njonken inoar, dat wy hast mei elkoar fûstkje koene. Om't de koepee's net trochgeand wiene, kaam de kondukteur wol bûtenom oer de treeplanke fan de ridende trein om ús spoarkaarten te kontrolearjen. Sokken wiene de fûlekanen, dy't wy net ferrifelje koene. Sommige jonges gyngen wol foar har op 'e rin, as har kaart net doogde, of fergetten wie, hja klauden dan ek bûtenom fan de iene koepee nei de oare yn omkearde rjochting as de kondukteur, mar de famkes doarsten dat net, hja moasten it oar har komme litte. De âlders wiene goed foar it boetejild, jild, dat dochs al sa krap wie.
Sneontemoarns namen wy de sneltrein werom en sieten dan mannemacht yn ien koepee te apenútiten en lieten dy ûnder de doppen efter, as wy der ien foar ien útsprongen. Op sa'n reis waarden de earste-jiers jonkjes yn it koffernet wipt, wêrútwei hja biddelen om ek in pear nuten te gniffeljen. Ik moast ris om ien of oare reden op in jûn allinnich nei hûs ta, doe't der twa nuvere swabbers fan feinten by my ynkamen. Ik ergere it my net,
| |
| |
want ik hong ta it doarsfinsterke út te praten mei fammen út in oare trein. De treinen begûnen te riden en ik besocht in hân beet te pakken. Hja stieken my gjin ta, mar wiisden laitsjend nei de smelle gleskes njonken my. Doe begriep ik har hilariteit, want hja hiene it each op in antlit oan beide kanten fan myn holle, antlitten fan sjappy's, sa't wy sok folk beneamden. It wiene dan ek nuveren, hja hiene net iens sokken oan yn har úttrape skuon mei sokke gatten dat der bleat ta útpûle, ek suterich wiene har klean en har huodden hongen har efter op it sloarderige pylke hier, dat yn moannen net knipt wie, sa't it like. Ik kniep him, gâns in skoft soe 'k mei har opskipe sitte, of ik moast op in tuskenstasjon útstappe nei in oare ôfdieling. Hja hiene wol healwiis praat mar bleauwen my fan 'e lea, dat it foel ta. Boppedien krigen wy op in stopplak selskip, dat earst werom soe, mar doe't hja my seagen, mar trochsetten lokkich.
De oare deis waard ik mei myn twa feinten pleage en ik liet myn fantasij gean, as hiene hja my oantaaste wollen, mar der wie krekt op 'e tiid folk ynkommen. Foar mysels fantasearre ik ek, wat hie der net allegearre barre kind! Ik siet al yn in polysjewein om har op te swyljen en oan te wizen, de njoere dream út myn bernetiid kaam ek wer boppe en wat hie 't in moai ferhaal foar de Hepkema wurden.
Sa belibbe ik wol faker lytse aventoerkes. Pytsje en ik hiene wolris ‘sjans’ ûnderweis mei frjemde feinten, sa njonkenlytsen siet yn sokke situaasjes de mûle my wol op it rjochte plak, wylst ik ynwindich noch moai skrutel wie, mar dy skrutelens belune wat langer wat mear mei de jierren. Dêr hat Netta dochs wol harres ta dien. Oer it generaal koene heit en mem tefreden wêze oer myn foarútgong op skoalle, útsein doe't ik ris thúskaam mei in twa op godstsjinst en in opmerking der by (op it rapport) fan ‘Heeft tot nu toe geen belangstelling voor mijn lessen’. Lokkich koe ik heit oertsjûgje, dat de dûmny, dy't my it sifer takend hie, wat op my tsjin hie, om't ik sa foar it Frysk wie en hy hie al syn bêst dien om it Frysk út ús tsjerken te kearen. Ik hie ommers wol in goed sifer foar Bibelske skiednis dat in oare dûmny ús joech. Dat de dûmny my op spiken betrape hie, hâlde ik wol foar my, mar ik soarge der foar, dat it de folgjende kear wer yn oarder wie op it rapport. Heit frege net, oft de dûmny my no wol lije mocht.
Heit hat der nea oan twivele, dat ik de stúdzje net ta in goed ein bringe soe, mar as ik der mei ophâlden wie en in boeresoan oan de heak slein hie, hie er dêr neat op tsjin hân, want boer bleau alles by him, wylst er net oer syn nije breawinning te kleien hie, dy't mei de jierren oanwûn. Hy seach der op del en dat wie meast om de klanten: ‘De iene hat dit te snakken, de oare dat! Men soe der efterstfoar by weirinne!’ De measte molke krige er
| |
| |
fan in suvelfabryk, in boerke mei in pear kij hie heit oerhelle sines ek út te suteljen. It skynt, dat de man fier fan earlik wie, want in meunster fan syn molke wiisde út, dat der wetter by dien wie. Fansels waard heit, as de ferkeaper, dêr op oansjoen. Unmachtich te wêzen om jins ûnskuld te bewizen, is hiel slim, dat haw ik doe oan heit sjoen. Hy soe net iens by steat wêze om sa gemien. Boppedat wist er krekt, wêr't dyselde bus, dêr't it meunster út naam wie, weikaam.
Fan sokke dingen kaam grutte ûnfrede en dat ûnderfûnen de feinten. Mem as irenyske figuer moast faak tuskenbeiden komme. Us bêste feint krige op in dei op slach dien, heit en hy wiene twa koartkoppen by elkoar. Wat hie mem dêr in lêst fan! De middeis let kaam de frou fan de feint by har, tegearre hawwe hja soarge, dat der soend waard.
De bern op skoalle wiene wakker ûngelyk wat har maatskiplike status oanbelange. Der wiene in pear by, dy't har op de rykdom of it berop fan har heit foarstean lieten, altyd yntellektuelen en wyt boardsjefolk. Groepsfoarming kaam foar. Wat foar sokken as ús foarrjocht wie, wie foar har faaks mar in hinnekommen, mei mear yntellekt hie it gymnasium har foarlân west. Hja hiene ús wol nedich om ôf te sjen of fan ús oer te skriuwen en dan wiene wy yn 'e gelegenheid wraak te nimmen mei heale ûnthjittings, mar der wiene ek sjerpslikkers ûnder ús. In skoallemienskip is eins in maatskippij yn it lyts mei alle ferskynsels der mei anneks. Mar om earlik te wêzen waarden de jonges troch ús ek kard op har komôf en dat wiisden de klean út. In ûnkrekte mjitte op himsels al, want nei de skoaltiid op in réuny of sa, koene wy har soms net werom, sokke hearkes hja wurden wiene. Sa fier wie it doe noch net, no woe it each sines noch hawwe yn ferbân mei it yngreven doel fan famkes om ûnder de pannen te kommen, tink. Froulju waarden doe noch net by steat achte om foar harsels te soargjen. Selsstannigens wie gjin deugd foar in frou, ek al hiene hja in bestean fan harsels, ôfhinklikens fan de man en by him op sjen, moast har libben útmeitsje. Sommigen wiene op skoalle al oan it paaien ta in takomstige partner, hoe idealistysk hja oer de ‘leafde’ prate koene.
As yn dy tiid in famke fan slach wie, en har frege waard, wat der oan skeelde, wie it antwurd gauris: ‘Ik treur om myn twadde man en ik wit noch net, wêr't de earste weikomme sil.’
Netta en ik hawwe ús nea net drok makke oer maatskiplike stannen, ek dêryn wie it moai om har as freondinne te hawwen.
|
|