| |
| |
| |
Fiif
Wy hiene altyd kontakt hâlden mei it gea, dêr't wy weikamen. Simmers brocht heit my dêr wol hinne om der myn fjirtjin dagen simmerfakânsje yn juny te sliten. Earst gyng der dan in brief dy kant út. Ik wachte spand op it antwurd, al wie ik wol oertsjûge dat der gjin wegering komme soe. Muoike Jiers woe my grif wol hawwe en by har wie ik it leafst om't it dêr gesellich wie mei de grutte jonges yn 'e hûs en ik dêr gjin lêst fan ûnwennigens hie.
Op in middei helle heit de tilbury út it weinhok en ik kaam njonken him op 'e bok te sitten. Heit skikte it swilk oer syn en myn knibbels. In reiden kofferke mei klean stie efter ús yn de wein. Ik loerde troch it heane finsterke efter my nei ús swaaiende mem mei Popkje njonken har, krekt salang't ik har sjen koe, want noch alle kearen as ik in skoft by har wei soe kniep my de mage by elkoar.
De nocht wie der oars wol, de reis op himsels wie al in feest. My tocht, dat elkenien wol oan my sjen koe, dat der wat moais te barren stie. Bûten ús streek seach ik allegearre kreaze huzen mei oprêden túntsjes, mar meast pleatsen, ek kamen der sânpaden en leanen op 'e rydwei út, wêr soene dy hinne gean?
Heit gyng op 'e tekst oer de greiden njonken de wei, oft der in minne of in tûke boer oer gyng en wêr't er dat oan sjen koe. Hy wiisde de einfûgels yn 'e sleatten oan; wêrom't it jerke moaier wie as it eintsje koe er my net fertelle. In wezelinkje skeat linich dwers oer de wei. Of hie it in rôt west? Op dizze reizen kamen wy ek altyd troch Reahel, mar ik wie der net mear bang foar en dat joech foldwaning. Wêr't dy namme weikaam wist heit ek net.
Likernôch healwei ús doel stie in herberge fan reade stien, dêr't wy steefêst oanstieken. Heit bûn it hynder oan it stek foar de herberge fêst, sa, dat er wat gers út 'e berm sline koe, mar hy brocht him ek altyd wetter yn in amer. Yn de jachtweide sieten wy oan in rûne glêde houten tafel, in glês hearlike, wite kwast foar ús. Sa gau't it om it wurk lije koe, kaam de baas foar in praatsje. It wie nammentlik in herbege anneks bakkerij en de bakker wie in kunde. It petear gyng earst oer de bern, dan oer it waar of oarsom, dêrnei kaam de tsjerke op it aljemint, dan it leauwe, dêr't hja net gau oer útpraat rekken. Ik ferfeelde my net, want der wie in famke fan myn jierren en ik boarte net sa faak mei famkes.
De bakker, syn frou en har famke stiene by it reau, as wy ynstapten en fuortrieden foar de twadde en lêste étappe.
| |
| |
In kear op sa'n reis krigen wy maleur oan de wein, ik leau, dat it tsjil droechrûn wie en smard wurde moast, mar it kin ek slimmer akkefytsje west hawwe. Heit gyng it hiem fan in pleats op om help. Ik mocht by de boerinne yn it fjoerhok sitte salang. It rûkte der nei útbret spek en sûpenbrij. Hja joech my in grou stik koeke en ik moast foaral ris wer komme. Wy wiene doe al safier, dat de rook fan it âlde gea ús yn it bloed kroep, sa sei heit it en ik koe fernimme, dat er der fleurich fan waard. Sa maklik hie er it by it ferfarren dus net hân, al liet er it sa foarkomme. As ek ytlike lagen fan jins foarskaai har libben dêr sliten hiene! Gjin wûnder, dat hy, en mem ek, der biïerdige wurde woene.
Underweis sochten wy wol famyljeleden op, it earst ús skjinne muoike Fouk. Ik seach de flear en de nageltsjebeam njonken har lyts hûs, de flear bloeide en wie by de wei al te rûken. Fan de beien makke muoike drank tsjin de kjeld.
Hja heinde ús by de doar, in skjinne sek yn 'e hân.
‘Jo witte wol, Iebele, hoe't bern binne’, ferûntskuldige hja har en seach út 'e eachshoeken, hoe't hy it naam.
Doe gyng hja ús foar, it losse hier in eintsje ûnder de wytmûtse wei. It waard in koarte besite, wat my wol oanstie, mar oerslaan mochten wy net fan mem. Hja hie safolle goede punten, hâlde mem ús foar en dat wie wier, as ik oan ús brune jurkjes tocht. Oare sibben ried heit wol foarby, dêr hie er gjin boadskip, sei er. Mem koe dêr net yn meigean en heit bekroade him der allinne oer as it wer oan it Hillich Nachtmiel ta wie, ienris yn 'e trije moannen. Hy bleau der ek wol om wei, en dan gyng mem middeis mei oan, want heit woe wol nei de tanksizzing en dan wie der ek noch in tafel. Sa'n snein hong it near oer ús en wie ik al bliid, dat heit it net al te krap om syn sûnden hie. It Nachtmiel kaam mei útsûnderingen net ta my oer as in freugdefol belibjen, al wist ik, dat it ek oars koe. Ik mocht graach oer sa'n snein as alles oars ferrûn as gewoan en ploegen minsken fan har plakken kamen om steatlik oan te skikken oan de lange wite tafel mei skalen fol repen en brokjes bôle, en sulveren bekers dêr't reade wyn mei in lange reade striel yn skonken waard út in sulveren kanne dêr't de dûmny it lid fan iepen hâlde mei de tûme.
Begrutlik wie ien minske. Hja kaam as alderlêste oan de alderlêste tafel en siet apart oan de koarte kant. Hja wie in lupuslijer, har antlit wie alhiel skeind.
Yn it gea oankommen herkende ik de blommen fan de streek, blauwe klokjes, fôltsjeblommen, giele liuwebekjes en kamille. Heit wiisde mei de swipe nei de pleatsen, dêr't er tsjinne en nei de huzen, dêr't er mei syn âl- | |
| |
den yn wenne hie en mei sin nei ien mei giele bûtenblinen dêr't er yn berne wie. Memme bertehûs wiisde er ek oan, it stie njonken dat fan mysels. Ik wist it allegearre wol, mar hy soe syn oanwizings nea ferjitte.
Op ien fan de pleatsen hie de boerinne de himel oan him fertsjinne, sa goed hie hja foar him west, sels hie hja him yn beskerming naam tsjin de boer, dy't safolle omtinken mei syn jeugd net hie.
‘Och, wat wie 'k doe noch jong mei myn tsien jier’, sa liet er him wol gean, ‘en wat miste ik ús mem. Jim hawwe it as wyn en bôle, dat jim de hiele skoalle ôfrinne kinne. Ik haw der nei myn njoggende net mear hinne west en dan ek noch faak allinne winters. As ik my sels net bywurke hie!’ (Dat wist ik, wy moasten altyd skriften fan him oan de boppemaster bringe en mei werom nimme).
‘Us mem wol,’ sei ik.
‘Jim mem wol,’ herhelle er.
Dan wie er in poaske stil, as moast er it ferwurkje, mei immen, dy't alle klassen fan de skoalle trochgien wie, troud te wêzen. Op sa'n reis kaam heit dochs goed los, ek oer fiten út syn jeugd, as hja him as lytsfeintsje nei de smid ta stjoerd hiene om de heaskjirre te heljen. Ik begriep de grap net, wêrom soe der gjin heaskjirre wêze kinne?
Fan en ta ketske heit tsjin it hynder, dat de âlde kant it neist wie, Brune Bles; it jonge, gystene hie er fan mem net ynspanne mocht, om my fansels wol. Muoike Jiers kaam de reed del, makke de hikke iepen en bleau stean te sjen as heit it reau tusken de homeiepeallen troch loadste.
Muoike wie in lyts minske mei readierkewangen, har noas stie wat skean, as hie er brutsen west, mar ik mien, dat it oanberne wie. Muoike wie de âldste fan pake en beppe keppel, ús mem op ien nei de jongste.
Doe't heit ôfskie naam gyng it my wer efkes raar troch de mage, mar de ûnwennigens koe by muoike nea lang fet op my krije. Mem hie my moanne, ik soe muoike goed helpe, dat ik lei moarns by har oer de flier om de teeblêden, dy't hja der op struid hie mei feger en blikje wer op te feien. Sa makke mem it kleed ek wol skjin, mar sa faak net as muoike. Doe't wy yn it stedsje wennen, hierden wy wol in túchsûger foar in dûbeltsje yn de oere, op in doarp koe soks net út. Freeds kaam it flierkleed oer in wyt rak bûtendoar en dan stiene muoike en ik elk oan in kant te klopjen mei de matteklopper.
Middeis wie ik frij om te gean en te stean dêr't ik woe, as ik mar net te let thús kaam, dat muoike oer my yn noed sitte moast. Muoike har grutte jonges leine nei it middeismiel, as it even koe, yn 'e bleek te sintsjen. Ik joech my dan graach by har del nei it skûtelwaskjen.
| |
| |
‘Wat mei ik de ierde graach lije,’ sei neef mei it krolhier, dêr't de famkes sljocht op wiene, ‘it iennichste, dat my mei de dea fermoedsoenet is, dat ik der skielk alhiel yn bedobbe wurde sil. Mar om my ynearsten noch net’ ‘F'râl de simmer is moai,’ sei âldste neef, dy't krekt skoalmaster wie, rûk mar!’
Hy treau de noas op it gers. Ik ek en ik rûkte en der kaam in bliid gefoel yn my. Ik draaide my om op 'e rêch en skôge de loft, lyk ik sa faak dien hie. Dêr boppe wie God, dy't my de blydskip joech. Ik doarst myn tinzen net ûnder wurden te bringen, bang, dat hja my útlaitsje soene. Neef syn opmerking oer de dea hie wat fan myn blidens weinommen. Lei dy moaie ierde net fol mei tsjerkhôven? Allegearre, dy't der begroeven leine, hiene lykas wy de ierde leaf hân en har ek oer wegen en paden beweegd.
Aldste neef, dy't literêre aspiraasjes hie, lies wol gedichten foar: ‘Het haantje van de toren’ fan De Genestet. Fan dy dichter hie ik in bondel op fyftich Kwatta soldaatsjes krigen, ek de ‘Gedichten van de schoolmeester’ (Van der Linde) mei grêfskriften lykas ‘Hier ligt Poot, hij is dood’. Hy lies ek ‘De Likeblom’ fan Eeltsje Halbertsma foar, dat my frjemd yn 'e earen klonk, om't it Frysk wie. Neef wie ful foar it Frysk en de ynjeksjes, dy't er my, mei sin of net mei sin, jûn hat, hawwe doel troffen. De trystens, dy't út it fers oerkaam, knotte ik oan it Frysk fêst. Doe't neef it fernaam kaam er mei oare, sokke as ‘Dêr't de dyk it lân omklammet’ en ‘De Wâldsang’. Nei iten lies er bibeloersettings út ‘Yn ús eigen tael’ en fûn ik ek net, dat it evangeelje yn de eigen taal better oanspriek as yn it ús frjemde Hollânsk? Ek út dat tydskrift lies er artikels foar fan E.B. Folkertsma, dy't it hiene oer de Antithese. Seldsum goed fûn er se en de freonen, dy't by him kamen, wiene it roerend mei him iens. As er mei har oan it bomen wie, siet ik wol op in stove yn in hoekje fan de keamer, dat hja my net yn 'e gaten hawwe soene. Ik harke mei sân pear earen, mar faak gyng it my boppe de klep.
Yn dy tiid waard ik net mear troch heit brocht, mar kaam ik allinne op 'e fyts. It wie alle jierren in feest om dy kant út, mei om't der ek famkes út Amsterdam útfanhuzen, fiere famylje. Ien fan har wie spesiaal myn selskip, wy krigen wat djipper kontakt, dat ik fertelde har oer neef krolhier syn wurden. Hja ornearre, dea wie slim, mar wol oer te kommen, om't wy it ivich libben hiene, want Kristus hie de dea oerwûn. Ik moast al even oer har sizzen neitinke, hja wie fierder as ik, mar ek in healjier âlder!
De Amsterdammers wiene wat oars yn 'e klean, hja droegen bygelyks grutte swarte flinterstrikken op 'e rêch yn 'e mil op har ljochte simmerjurken, foar my it summum fan moai. Mem hâlde har noch oan de doarpske
| |
| |
moade, tige degelik mei kanten kraachjes en sneins in gouden doekspjelde ûnder it holtsje fan de hals.
Muoike sei der fan: ‘Wat hat dy mem har bern kreas yn 'e klean en hja moat wol tolve klaaie!’
Us mem hie mar trije bern. Muoike hat der gjin ferkeards mei miend, sa wie hja net, mar it sette him wol yn my del. De famkes sels lieten har nearne op foarstean.
As it even koe leine myn kammeraatske en ik yn de lange, griene singel te lêzen, wy brochten ús boek mei yn in reiden kuorke oan it stjoer fan ús fyts. It komt my foar, dat it doedestiids simmers altyd moai waar wie, al wit ik ek noch wol fan in swiere tongerbui, dy't foar de see hingjen bleau. Der wiene yn alle gefallen droege riten, want muoike klachten dat it lân read wie fan skroei, driuwe boppe.
Yn dy singel hawwe wy dochs hiel wat ôfpraat en net oer jonges, dêr skyn ik oare famkes foar hân te hawwen. Wy gyngen de fûgellûden nei en harken nei de skreau fan in fazant, nei it gerissel fan lytsguod fan fûgels yn de struwellen en altemets yn de droege blêden op 'e grûn, sels wol nei de yntsjes by ús yn it gers. As de sinne nei it nêst oerhong, namen wy ús fytsen en rieden stadich op hûs oan. Om de noed fan famylje, mar ek om ferhalen oer neakenrinners, dy't der alle jierren wol wiene, mar wy hawwe nea ien sjoen.
In âlder suske fan myn freondinne adorearre ik, mar sûnder de fantasijen út myn bernejierren. Ik bleau stean te wachtsjen, as ik wist, dat hja earne lâns komme soe, in sêft gefoel kaam yn my, as ik har seach, wat de jûn ekstra goed makke. Mei har dûnker hier wie hja kreazer as har ljochthierrich suske neffens my. It betsjut te hiel wat foar my, doe't ik ris mei har mei de nachtboat nei Amsterdam ta reizge en de gânske nacht by har wêze koe. Oan sliepen kaam ik net ta, f'râl net doe't hja my tsjin har oanhelle en sei, ik soe besykje my wat del te jaan; ik woe fan de situaasje genietsje en net heal sliepe. Letter, doe't de adoraasje al lang oer wie, hie 'k wol wat mear fan my hearre litte mocht, om't hja doe mei t.b.c. yn in sanatorium lei. Hja is der oan stoarn, sa jong as hja noch wie, sa wie dat doe noch altyd mei dy sykte.
Doe't myn fakânsje mei de jierren en de skoallen langer waarden, fan twa en trije nei tsien wiken wol op de Kweekskoalle, útfanhuze ik noch wol by muoike, mar brocht ek wol dagen troch by in boerehúshâlding yn in oar doarp, dêr't ús âlden kunde oan hiene. Muoike rekke doe ek wei, hja fûnen har dea op 'e keukensflier. Hja hie hiel wat meimakke yn har libben, hja hat wolris tsjin my sein, dat hja hjir wol graach wei woe. Fan har
| |
| |
begraffenis heucht my, dat it barde op in skoandere simmerdei. Nei ôfrin sieten wy mei de neven op keukenstuollen foar hûs yn it grind. Wy leine net yn it gers, want wy hiene de sneinske klean oan. Der waard neipraat oer muoike, hoe goed hja west hie en hoe slim wy har misse soene. Dêrmei gyng it petear oer op 'e moderne toer, nei de tsjerke, it wie yn de tiid fan Geelkerken. Ik koe, noch woe de neven alhiel folgje, Geelkerken hie ik nea preekjen heard en hja wol en har dûmny wie ek dy kant oer.
Yn de boerehúshâlding mocht ik ek graach wêze. Tagelyk mei my wie der faak in jonge út Amsterdam útfanhús, ik miende wol útstjoerd troch ‘Vacantie buiten’, dêr't wy thús ek wolris ien fan hân hawwe om op te wouterjen. Mei't hy en ik fan deselde jierren wiene en in heap mei elkoar op en út wiene, makke dy der foar himsels ferkearing fan en dat liet ik stil gewurde, om't it grut stie om in jonge te hawwen. Op skoalle koene hja my dochs net neigean, as ik der oer opspriek. Op 'e buorkerij belibbe ik oare dingen as by muoike, moarns betiid mei te melken bygelyks, dan efter op 'e bolderwein sitte, de skonken der efter by del. Us earen waarden dôf fan it gerattel fan bussen en amers, want de wein hoarte en skodde oer de djippe fuorgen fan de liemerige wei. Dauwe hong oer it fjild, út see waaide in koele wyn (it lân, dêr't it melkfee rûn, lei tsjin de see oan).
Ik stie der mei oandacht nei te sjen, as de amer mei molke yn 'e bus lege waard, de mjitske wasem fielde ik yn it antlit. Tinzen oan doe't heit noch boer wie, kamen by my op. It wie spitich dat dat foarby wie, want ik hie fan ús fee hâlden.
Der wie ûnder it melken planteit tiid ta brommelsykjen, dêr't ik de skrammen fan op 'e bleate earms krige, wylst myn maat in flanellen bloeske mei lange mouwen oan hie. Wy sieten smûk njonken inoar op 'e dyk om de see oer te eagjen. Ik tocht steefêst werom oan de kears, dat ik der mei heit nei stien hie te sjen. Noch koe ik wol grize fan de wide, wide wrâld, hoe nijsgjirrich er oars ek bylke. Wêr soe dy frachtboat dêr hinnegean? Wêr soene dy warbere fiskers weikomme?
Altemets gyngen wy earder as de boer en de faam werom, hja soene ús wol ynhelje. Dan plôken wy blauwe roggeblommen en reade papavers út it nôt oan it paad. Mei âlde Inne makken wy in praatsje, hy wie oan it stikelstekken yn in greide.
Trochstrings hie er it oer âlde tiden, doe't er it wurk noch treast wie en hoe! Wat er net allegearre ferset hie, wy moasten de boer mar neifreegje. Wat er no die, wie it lêste.
‘Genietsje der mar fan, foar't it jimme ergeret falle jim de tosken ek út 'e mûle!’ Ik fielde it al!
| |
| |
Sa âld wie Inne noch net iens, hy hie him gewoan ferwrotten. Krûm en stroffeljend rûn er der hinne!
Wie de boer oerhastich fanwegen de molkrider, dan ried er ús wol foarby, wêr't ik in hekel oan hie, om't ik net te lang mei myn selskip allinne wêze woe. Ik tocht it my yn, dat er risselwaasje meitsje soe, dêr't ik it net op stean hie. En fierder gyng ik blykber út fan it sprekwurd: wat stiller, wat better, sei 't âld wyfke en hja foel mei it gat yn 'e brannettels.
De famylje iet mei it folk yn de grutte fjoerhutte njonken in ôffrede stik tún mei grienten en beibeamkes, dêr't wy frij kommen hiene. Moarns en jûns kamen der boardsjes mei smarde en beleine broggen op it tafelswilk (wat in wurk foar de boerinne; hja die it altyd sels!) en middeis stie der in grutte panne mei dampend iten, faak in hearlike stampot, dêr't elkenien syn part fan krige yn in hol board. Sûpenbrij krigen wy nei, ek wol puddingbrij en dat wie in pree. It foel der allegearre yn as in preek yn in âlderling. Mei dy wurden priizge de arbeider it iten ris mei skeane eagen nei de boer, dy't jier en dei âlderling wie. De boer fermoanne him, dat er soks net sizze mocht. De feint njonken my lústere my yn 't ear: ‘As pisse der my in ingeltsje op 'e tonge.’
De boer wie in man fan stringe prinsipes. Doe't ik niget hie oan de manlju, dy't beaën mei de pet foar de eagen, naam ik op in kear ek in pet en sei: ‘Efkes achter de pet sjen!’ Ik treau myn antlit der yn, hy rûkte nei kij. De boer ûnderhâlde my, ik mocht wol grapkes meitsje, mar net oer it bidden en dat soene myn âlders ek wol net lije wolle.
Op in simmer naam myn sabeare feint in kadootsje foar my mei, in kleedsje, dat syn mem apart foar my benaaid hie.
De boerinne naam my apart: sa't sy it seach soe ik in hiel oar persoan ta libbensselskip kieze, ik moast net te fier gean, syn âlders tochten der al hiel wat fan.
Ik ferdigene my, dat der net iens in tút wiksele wie. Mar ik wie it wol mei har iens, myn ideaal wie er perfoarst net. Hy hie allinnich foar, dat ik mei myn ‘ferkearing’ by de kammeraatskes pronkje koe. Doe't er my in pertret stjoerde, dêr't er as in hearke op stie mei wite boarde en flinterstrikje, rûn ik der mei yn 'e boeketas en liet it bewûnderje, mar fertelde der net by, dat er stil en ferfeelsum wie. Wol, dat er sindeling wurde woe, want dêr hong it odium fan fiere wrâlden, dêr't ik oars mar skrutel foar wie, omhinne. It wie doe gauris yn 'e beneaming om nei East-Ynje te gean by it ûnderwiis, om't der yn eigen lân te folle oanbod wie. Sommige famkes waarden oanstutsen en gyngen nei de fiere koloanje, dêr't wy mei ierdrykskunde alles fan leard hiene as wie it ús eigen lân. Guont fan har binne
| |
| |
yn in kamp omkaam, oaren hawwe it oerlibbe, mar der soms fobyën fan oerhâlden.
Hja gunden my myn sindeling wol, mar ik sakke yn 'e achting, doe't ik omgong krige mei in jonge út 'e heechste klasse. Ik sei ‘ja’, doe't er my frege om mei nei it park. Dat wie yn de haadstêd, dêr't ik op 'e Kweek gyng. Wy fergeaten de tiid en kamen te let op skoalle. De learaar liet my in skoft by de doar stean. Einlings mocht ik sitten gean en fûn op 'e bank in gedicht mei lokwinsken foar myn ferloving mei de sindeling en wy soene wol gau de wylde baren oerstekke nei de earme heidenen ta. ‘Dy fan de Hollânske snicheljuffer’ skeat der troch my hinne. In koperen gerdinering mei in read lintsje siet der yn 'e hoeke oan fêstplakt. Doe't ik it papier yn it fak weimoffelje soe, fielde ik dêr in lyts doaske, dêr't krekt in taartsje yn paste: de ferlovingstaart. Dat taartsje haw ik hielendal allinne opsnobbe, sa, dat allegearre it sjen koene op 'e learaar nei. Myn wraak.
It moaie pertret bleau tenei thús, de nije feint hâlde ik oan. Hy begûn fuort te frijen en sette de bril der by ôf (krekt ien fan kramtried), ik seach deun yn syn blauwe eagen, mar die mines dan mar gau ticht. Ik fûn net folle oan dat frijen mei him, mar joech my der wol oan oer, it skynde der by te hearren. Wy hawwe ek in hiele meiddei skûltsjeboarte yn it park, mar dat duorre my langernôch. Ik droech it hier yn in sturt op 'e rêch, in teken, dat ik noch net oan ferkearing ta wei. De parkwachter kaam ûnferwacht efter ús te stean en sei: ‘Weet jouw moeke dat wel?’
Wat hat dy keardel der mei te meitsjen, tocht ik lilk. Hy noch ik joech antwurd. Wy sieten dêr oars sa smûk yn 'e lijte fan struwellen by in fiver mei einen en in swan, pompeblêden en swanneblommen en de wyn rûze sêft troch leech en heech beamte.
Myn feint frege ynienen: ‘Wolst wol mei my nei Kanada?’
Ik knikte mei de holle yn syn earms, dy't út fierste koarte mouwen fan syn tweedjaske stieken. Der wie wol mear op him te sizzen: de famkes seine, dat er houten rûn as in kakstoel, mar hy hie fantasy. Hy fertelde oer sliden mei keppels hûnen der foar, oer fûle kjeld en skûlje yn in blokhut (in hutte fan steapele blokken hout, tocht ik my dy yn), oer hûden fan bisten dêr't jacht op makke waard, dy't gâns jild opbrochten, oer kano's oer gefaarlike streamfersnellings. Syn ferhalen strykten mei de boeken, dy't ik der letter oer lies, dy fan Curwood bygelyks, de romantyk fan in frou. Woe er dy der by hawwe yn myn persoan? Ik fielde my wol fereare. Ik moat noch wol oan syn ferhalen tinke, as der in televyzjeprogramma oer Kanada is. Kanada wie in lân om ryk te wurden, al wenne men der mar yn in hut fan hout. Hy hie it ek oer de Yndianen. Troch wat ik oer lêzen hie, Karl May
| |
| |
en sa, hie ik it net op dat folk stean, mar hy sei, dat de Readhûden wol foar gewearen omlyk woene. En har fergiftige assegaaien en pylken dan? Dêr prate er oerhinne.
De kammeraatskes fregen my, oft ik myn oare feint al ôfskreaun hie. Ik sei fan ‘ja’, mar it wie ‘nee’; it betsjutte ommers neat, mar dat wisten hja net. As ik him yn 'e simmer wer moete, wie it iergenôch. Wol krige ik út en troch in brief fan him en skreau ik werom, mar it wie freonskip, ik liet him mem en suske gewoan lêze.
Dy simmers dan foel er my net ôf, nei't ik op it lêst de dryste skuon oanlutsen en him sein hie, dat it neat wurde koe. Hy waard sa nidich as in spin en sei my it mannewaar op. De boerinne treaste my, dat er der wol oerhinne kaam, al hie se him op reade eagen betrape. Ik tocht moai wreed oan it rymke, dat ûnder ús famkes rûngyng: hoe harder gekreten, hoe eerder vergeten.
De boer wijde ek in pear wurden oan de situaasje: ‘Skielk is it gjin tûle mear, famke’ en kaam my dêr mear mei op it sear as ik tajaan woe. Yn dy tiid wie de boerinne yn ferwachting, se moast de measte tiid lizze, dat hy sil út ûnderfining sprutsen hawwe. Hja tocht der lyk oer, want hja sei in kear: ‘As der dan gjin goede bân tusken man en frou is, liket it my net bêst ta.’ It wurd ‘leafde’ kaam net út har mûle, sokke grutte wurden waarden altyd graach ûntsyld. Ik haw hiel wat tiid by har bêd trochbrocht, it fertriette my net, om't ik har graach lije mocht. Ik tink net, dat ik har oer myn nije feint ferteld haw, yn wêzen skamme ik my foar myn ‘bigamy’.
De fakânsje duorre my dat jier langernôch, ik miste it learen, mar dat hie alle jierren sa west, ik miste ek de kuiers mei myn feint en it sitten mei him yn in ‘melksalon’, dêr't wy it guodkeapste drinken by ús meinaam iten kochten, in glês sûpe foar in dûbeltsje. It foel my ôf, dat er net foar my betelle, want dêr hie ik foar de eagen fan de kammeraatskes graach mei pronkje wollen, oant ik yn 'e gaten krige, dat hy noch minder bûsjild krige as ik fan myn sunige mem: in gûne yn 'e wike.
Hy hie ûnthiten om yn 'e fakânsje te skriuwen, myn suster soe syn brieven heine op betingst, dat hja se lêze mocht.
Hy wie krekt slagge foar it eineksamen en oft wy inoar noch faak treffe soene, hong of fan it baantsje, dat er miskien yn 'e wacht slepe soe. Miskien, want trijehûndert sollisitanten foar ien plak wie gjin útsûndering. As er it al te drok hie mei brieven yn ‘skoanskrift’ te skriuwen, (ien ferkeard haaltsje of kraske en it hiele brief moast oer) dêrom koe er my noch wol in kattebelle takomme litte! Wat it oer skriuwen oangyng, in treast
| |
| |
wie, dat in bled mar oan ien kant beskreaun wurde mocht, mear as ien side hoegde dan net oer. Ik hie him wol narre, oft er yn Kanada net oan 'e kost komme koe. Dan sei er: ‘It soe te besykjen wêze,’ mar dêr socht ik neat efter.
It earste, dat my nei de grutte fakânsje oerbrocht waard: ‘Hy is der mei jild fan syn heit útnaaid en hat in briefke efterlitten, dat er it mei rinte werombetelje sil.’ Wist ik dêr neat fan? Ik besocht in gesicht fan: fansels wol! It sil gjin sukses west hawwe, om't ik ynwindich sa kjel waard. Wol nei Kanada fansels! Mei in skok gyng it troch my hinne. As der no net gau tynge kaam, wie dat in bewiis, dat er my sitte litten hie en dat wie myn fertsjinne lean, hie ik itselde net mei oaren dien? Ek sa stikem? En der kaam neat. Sa fereale hie 'k net west, dat ik der ûnder lijde, allinne de skande stiek my. Ik haw der net folle wurden oer smoarch makke, ek net tsjin Pytsje, dêr't ik oars in heap mei ferhakstûke. Doe't ik letter myn ferhaal, oanpast, brûke koe by myn nije freondinne Netta, haw ik it breed útmetten, as hie it witwat west, mar doe hie hja oer har leafdesfertriet te set west en woe ik net minder wêze. Ik wit it noch sa goed, wy sieten op in bult stiennen oan 'e kant fan in strjitte, dy't fluorre wurde moast. Dêr sieten wy te ôfskie nimmen foar de nacht alle jûnen en dêr hâlden wy lange ferhalen want wy moasten alles oan elkoar kwyt.
Ik wol it earst noch oer in pear oare dingen hawwe, bygelyks oer de saak Geelkerken. De neven rûnen wakker mei him wei: de slange yn it paradys hie net praat en de ezel fan Bileam likemin, fierder waard yn ús fermiddens noch net oan Genesis ien oant tsien toarne of gnibbele. Myn ‘boer’ warskôge my, ik soe de earen net nei dy nijljochters fan neven hingje litte, hy hâlde my it foarbyld fan pake foar, dy't har tsjerke net allinne boud, mar ek jierren lang as âlderling tsjinne hie by al syn drokke wurksumheden. Myn neven hiene it wurd ‘revolúsje’ yn har findel stean. No makke ik my net al te drok om Geelkerken, foar my in namme út 'e fierte. Wol lei ik de arguminten, dy't ik fan de neven heard hie, foar oan ús godtsjinstlearaar, dy't lid fan de Asser synoade west en mei it oardiel oer him útsprutsen hie. Dat hie net sa ienfâldich foar de learaar west, om't er in stúdzjefreon fan Geelkerken wie.
Net dat ik sa wiis mei dy learaar wie, it wie deselde dy't it Frysk net yn tsjerke hawwe woe. It hat dan ek net oan him lein, dat ik de âlde tsjerke trou bleaun bin. It gyng doe neat oars as yn de Reformaasjetiid, de preester fan it doarp naam syn oanhing mei en as hy him net roerde en hy wie goed, dan kaam der ek gjin beweging yn 'e skiep. By ús yn it stedsje
| |
| |
kaam gjin feroaring, der wiene inkeld in pear sympatisanten dy't har moai stilhâlden, al waarden hja wol signalearre.
Myn frysksinnigens kaam aloan better út 'e ferve, ik waard sels goed fanatyk: wa't tsjin it Frysk wie, wie gjin goede kristen, hie God sels ús net as Friezen mei in eigen taal op 'e wrâld set?
Myn eigen ferhâlding ta God kaam noch net folle feroaring te'n goede yn, benammen de útferkiezing siet my dwers. Dat wy neat oan ús lot ôf of tadwaan koene, makke my ûnwis. As God alles al beskaat hie, hokke rol koe 'k dan sels noch spylje, wêr my drok om meitsje?
Der waard my in oplossing oan 'e hân dien, dat wy ek net yn 'e sinne op sjen koene, mar ús der wol oan waarmje. Boppedat, gyng Gods foarsjennichheid ek net oer minskene dwaan en litten en tinken?
Hoe ek, ik wist foar mysels wol, dat ik net bûten Him libje woe, of koe. Ik wie doopt en dy doop soe ik foar eigen rekken nimme, lykas dat doe en no ek noch wol, útdrukt waard. Mar as ik net útferkeazen wie? Sa lei altyd de twivel as in falkûle ûnder it gers, dêr't ik alle dagen oer gean moast. Mem joech my de rie in heap yn 'e Bibel te lêzen, as ik ris in tippe optilde fan wat der yn my omgyng. Der stie net om 'e nocht: ‘wie zoekt zal vinden, wie klopt zal opengedaan worden!’
Ik wie fjirtjin, fyftjin jier, doe't Popkje einlings ferkearing krige. Wy wiene der allegearre like bliid om. Mem fûn, dat de feinten wol sljocht liken om sa'n trochhinne bêst fanke oer te slaan. Wol hie hja op sneintejûnen losse frijers om har hinne hân, mar dizze like better, in bliuwer. Mar och hea, nei in skoftsje skuorde it wer út. Popkje yn triennen. Ik koe der in bytsje ynkomme as ik tocht oan myn Kanadees op 'e fellejacht.
Neigeraden wie de winsk yn my aloan dúdliker wurden, dat ik skriuwe woe. Popkje har fertriet ynspirearre my ta in boutade, in stikje, dat ik ‘Het Leven’ neamde. Ik wie wakker foar it Frysk, mar skreau it yn it Hollânsk, ik koe myn eigen taal noch net iens staverje en in yngreven Hollânske oplieding set men ek net samar oan 'e kant.
Het Leven.
Het leven komt tot ons in een lieflijke gedaante met vriendelijke ogen en een lachende mond. Het roept ons en lokt ons en spiegelt ons allerlei moois voor. Wij volgen, wij volgen gaarne. Wij geloven en vertrouwen. We genieten van het leven, 't is alles zonneschijn, de schaduwen zien we niet. Dat is de jeugd!
Maar als we ouder worden!
O, die ontgoocheling!
| |
| |
Geen vriendelijke ogen lachen ons meer tegen, het leven is geen lieflijke gedaante meer, onder de vermomming schuilt het bedrog, dat we niet hebben bemerkt.
Het leven is een woest dier, dat ons meesleurt, of we willen of niet. We kunnen niet terug, we moeten mee. Het grijpt ons vast met ijzeren vuist en als we tegenspartelen, voelen we de beklemming, die dat met zich meebrengt.
Het dier voert ons door een groot donker woud en het is nacht. We zien geen enkel lichtpuntje, want onze ogen zijn betraand. We wenen, wenen tot we niet meer kunnen en onze ogen droog en pijnlijk worden. Het leven houdt ons een ogenblik losser vast. Maar als we goed toezien, branden er lichtjes. Hoe scherper we zien, hoe meer lichtjes er zijn. We zien naar boven en kijk, sterren schitteren aan de hemel. We zoeken en zoeken en eindelijk vinden we de maan en zijn verblijd. Hoe blijder we zijn, hoe meer sterren er komen.
We gaan getroost verder met ‘Het Leven’ tot het ons brengt naar het einde...
Ik haw wat letter noch in stikje skreaun en dêrmei wie de welle ynearsten opdroege.
We gingen samen door een bos, een heerlijk bos. Een heerlijke geur van bomen kwam ons tegemoet en vergezelde ons, zolang we in het bos waren. We genoten. De zon was aan het ondergaan. De laatste stralen schitterden tussen het gebladerte door en wierpen een spookachtige glans op het voetpad voor ons.
We liepen verder te dromen.
Toen verdween alles allengs; het schemerende rood ging onder in het zwart van de nacht. We keerden en namen afscheid van al dat moois. De dennegeur roken we nog lang na. Langer bleef de herinnering...
My tinkt de ynfloed fan de literatuer út dy dagen dript der ôf, benammen fan it lêste.
Popkje har ferkearing rekke wer oan, hja is mei deselde fint troud. Alle leed rekket nei ferrin fan tiid fergetten of belunet wol, as men it moai fynt of net, en yn Popkje har gefal alhiel. Dat bart sels mei it slimste leafdesleed, dat men eins net kwyt wol en mei geweld beet hâldt.
De kuier, dêr't it lêste stikje op slacht, makke ik mei neef skoalmaster. Myn freondinne en ik fytsten ek mei him de hiele streek troch, dêrby wiis- | |
| |
de er ús moaie plakken oan en song er de lof fan de see. It wie ek in wûnder om oan 'e ein fan in ticht leantsje ynienen de wide flak te fan de see omheech tsjin de kime te sjen: ‘Thalassa!’ Neef sei it gedicht mei dy titel fan Geerten Gossaert op.
Ik krige fersen fan de tachtigers fan him, skreau se oer yn in blauskrift. Neef wie wat retoarysk yn syn wurdearring fan de natuer, mar dat ergere ik my net. Ien swide leane like neffens him op 'e Middachter Allee, dêr't in gedicht oer yn ús lêsboek op skoalle stie. Ik naam my foar dy te sjen, mar it is der net fan kaam. Soe neef him wolris sjoen hawwe? No is it te let: hy is yn 'e lêste oarloch, mien ik, ferinnewearre.
Der wiene doe ek noch hiele heidefjilden yn it gea te finen. Ik haw se sjoen by sinne op- en ûndergong, gouden kleuren út 'e loft oer it pears fan de strûken en it grien fan de bosken der omhinne. Oer sa'n heide stie ek in leske yn in skoalboek mei in tekening fan C. Jetses: in geit oan it tsjoar, in wettersaad, twa bern yn âlde klaaiing by in heidehut. It leske gyng oer in kuier dwers oer it fjild, wol yn frieskjeld, mar ik hie de reis graach mei de ferteller meitsje wollen.
Alhowol't wy thús net fier fan bosken ôf wennen en der faak hinne gyngen te fytsen en te swalkjen, joegen se my sa'n goed each net, as dy fan it gea dat wy ferlitten hiene.
De tiid hâldt gjin skoft. Neigeraden krige ik nocht oan it sneupen yn archiven oer de streek en dêrby oer ús laach. Klearebare romantyk dreau my, mar ek nijsgjirrigens nei it plak fan komôf en hokke wenningen hja yn tahâlden hiene.
En fierder wie ik altyd yn de lektuer wei, wat mem net stie, hja jage my de doar út mei de kammeraatskes, dy't my ophellen en dy't ik faak ferwinske.
Wat lies ik doe? Yn alle gefallen ‘De Christenreize naar de eeuwigheid’ fan John Bunyan. Ik lies him as in roman en paste it op mysels ta: in swier pak sûnden droech ik ek op 'e rêch en liet it foar it krús falle, ek ik waard oanfochten troch njoere wêzens. Ik moast ek lykas Kristen troch de djippe rivier nei de oare kant, mar dat hoegde skielk pas, sa fier wie 'k noch lang net op myn reis nei de ivichheid en ik soe de avensearskuon wier net oanlûke.
De Christinnereis wie lang sa moai net, dy ferfeelde my. Moaier wie ‘Ellen of de wijde, wijde wereld’, in boek yn read linnen bân mei swart en gouden opprint, it hie hiel wat siden en twa koloms fyn lêzen. ‘Alleen op de wereld’ krige my lykas suske yn triennen. En der wie de ‘Byencorff des gemoeds’ fan Jan Luyken mei koperprint gravueres. Dêr lies ik Popkje fer- | |
| |
sen út foar. Ik stie der by op 'e keukenstafel en galme de wurden der út as de dûmny sneins op 'e preekstoel. Popkje joech my de rie dûmny te wurden ynstee fan skoaljuffer. Hja lake dêr by, sa ûnmûglik dat wie en hja hie gelyk: stapke foar stapke mar wint it feminisme foar froulju ek yn de Grifformearde tsjerken, mar och, wat keallet it swier!
Ik helle myn lêsfoer meast út 'e evangelisaasjebibleteek fan tsjerke: it boeiendst wiene boeken oer de ferfolgingstiid fan de Reformaaasje: ‘De hopmansvrouw van Utrecht’ en twa ferfolgen, ‘In de duinen’ en ‘Uit de duinen’ fan E. Gerdes oer de glûperd fan de reade Foks. De Roomsken wiene ferkearden, alteast har pastoars en oare foarmannen. Lokkich, dat hja gjin baas mear wiene, mar as ik pastoar Hindrik yn syn lange swarte rokken oer de platsjes fan de haadstrjitte yn it stedsje oankommen seach, makke ik hurd oan de oare kant te kommen. En it moat sa'n goede man west hawwe!
Om yn in Krystnacht nei de Roomsk-Katolike tsjerke ta, wie in grut barren! Wy bleauwen hielendal efteroan en knibbelen net mei it folk, wy wisten ommers better. Nuvere tsjerketsjinst wie it, knibbelers njonken en foar ús wiene oan it kraaltsjetellen mei de roazekrânse mei iepen eagen, dêr't hja ús nijsgjirrich mei opnamen. Ik hie it gefoel oan in grut gefaar ûntkommen te wêzen, doe't ik wer yn 'e iepen loft stie. Dat wie noch yn myn teenertiid!
Der kamen doe ek guon leararen fan de h.b.s. de huzen bylâns, om leden en stipers ta in iepenbiere lêsseal en bibleteek. Dat lake my ta, dan koe 'k midden yn 'e wike ek boeken ruilje. Heit ûntfong de hearen hoask, harke har geduldich oan - der wie ek in folder rûn brocht - mar doe't it oan de hamfraach takaam frege er nei it kristlike fan de nije opset. Hy wist, dat dizze minsken net tsjerksk wiene, dat hy hâlde in heale evangelisaasjepreek. De hearen makken dat hja fuort kamen en ik koe myn ferwachting wol ôfskriuwe.
As heit alles ris fan de evangelisaasjebibleteek ôf witten hie, hie er grif út lytser gat blaasd. Under de toanbank troch waarden my boekjes as ‘Stomme zonden’ taskikt, dêr't ik neat fan begriep. De ‘bettere’ helpers joegen my ‘De andere weg’ fan Schrijvers en sa. De boeken fan Fanny Eden oer net troude memmen en oerwinlingen naam heit sels foar ús mei, sa goed fan fer trouwen wie er. Penning syn boeken oer de Boereöarloch mei figueren as ‘Blikoortje’ en Louis Wessels ‘De jonge jagers’ en titels as ‘De held van Spionkop’ en ‘De leeuw van Modderspruit’ wie ik sljocht op. Hja joegen my ek ‘De vrouw vrijgemaakt door de Zoon des menschen’, mar dat wie doe noch te slim. De smertlappen fan Nelly Has en Hoogstraten-
| |
| |
Schoch lies ik leaver, it boek mei de titel ‘Gusta Norman’ wie al sa moai. Ik hie der slim mei te dwaan, doe't Gusta yn it lêstoan fan it boek stoar. Yn de kweekskoalletiid lies ik noch ryp en grien. Fanwegen de seksuële belangstelling ek de boeken fan Jeanne Reyneke van Stuwe, de frou fan Willem Kloos. Ik liende se út 'e lêsseale, dêr't wy om my lang om let dochs lid fan wurden wiene, heit hie in stek falle litten. Mar ik helle se ek wol út in boekwinkel anneks bibleteek. Ek oare, bygelyks ‘Kamertjeszonde’ fan Heijermans.
De measte nocht hie 'k lykwols oan histoaryske romans, sokke as dy fan Bosboom-Toussaint. De juffer fan 'e lêsseal, dy't se my joech, hie begrutsjen mei my, dat ik sokke ferfeelsume lektuer lêze moast foar skoalle, mar ik genoat sels fan de fjouwer tin beprinte dielen ‘Het beleg van Hoei’ Gedichten kamen ek oan bar: Jacques Perk syn Mathilde-cyclus, Verwey en Kloos (‘De zee, de zee klotst voort in eindeloze deining, de zee waarin mijn ziel zichzelf weerspiegeld ziet’), al fûn ik dat mar goddeleas. Slimmer noch wie syn ‘Ik ben een God in het diepst van mijn gedachten’! Foar sokken oer stie Jacqueline van der Waals mei har ‘Geiteweitje’ en ‘Najaarslaan’, en ek Helène Lapidothe-Swarth om har leafdesfertriet. Wylst ik oan it ûntdekken fan de literatuer wie en myn fantasy bod joech, waard ik mei de noas op it wiere libben treaun. In famke út ús klasse krige de tarring. It wurd t.b.c, letter t.b., waard doe noch net brûkt. Op in frije middei gyngen wy wolris nei har ta, dat it foel ús raar op 'e lea, doe't hja nei in jier fan lijen yn hoop en frees, noch hommels ferstoar. Hja liet in boadskip foar ús efter, dat hja nei Jezus gyng en ús dêr skielk ek ferwachte. Och, wat taaste ús dat yn it moed.
Us klasse krige frij om nei har begraffenis. Twa by twa rûnen wy efter de heane kiste oan, dy't troch ‘jongelingen’ fan de gemeente heech op de skouders droegen waard, wylst de rouklok út 'e grutte sealtektoer hol en benearjend lette. Manlju gyngen by in begraffenis altyd foarop, sadwaande koe ik myn trystens wat fersette mei nei ús jonges te sjen, dy't der yn har sneinske pakjes hiel oars útseagen as oars.
Wy makken mei de stoet trije omgongen om it hôf foar de beïerdiging en trije der nei. By it ferlitten fan it hôf, doe't der wer praat wurde mocht, hearde ik in frou efter my sizzen: ‘De bern hâlde har al knapper as de leararen’. Doe besefte ik, dat der net ien fan har wie. Wat soe hja der sels fan tocht hawwe? Lokkich hie hja der gjin weet fan. Ik krige har stil antlit yn de kiste foar my, oan elke kant in koarte rodzige frissel. Ik hie der mar krekt even nei sjen doard. Yn de trein werom waard der drok oer de missende leararen praat. As it de dochter fan in dûmny of boargemaster west
| |
| |
hie? Siet sa ús kristlike wrâld yn elkoar? Ek de oare moarns op skoalle siet it ús noch heech, dat wy bleauwen lang yn de klaaikeamer hingjen, dêr't in learaar, dy't wy graach lije mochten, ús weihelle.
Doe't er yn de doar stie, smiet ik der hommels út: ‘Jo binne ús ôffallen.’
‘Hoesa?’ frege er.
‘Jo hawwe ek net op 'e begraffenis west.’
Ik krige gjin beskie, ek gjin skrobbearing om brutalens. De reden fan ôfwêzichheid hawwe wy nea witten, hja hawwe it foldwaande achte allinne skriftlik te reagearjen. It ferstoarne famke hie al mear as in jier net op skoalle west!
Sa tsjin de oergong waarden wy allegearre senuweftich. Dat kaam mei, om't alle rippetysjes foar it rapport yn de lêste wiken opjûn waarden. Al makken wy se goed, dan wiene wy noch bang om sitten te bliuwen en al wie ik in goede learling, ik die lykwols mei oan de algemiene ûnrêst. Faaks út skuldgefoel, om't ik it normale wurk nochal maklik en lui opfette hie, de lessen moasten faak noch yn de trein leard wurde by in heap drokte fan de maten. Soms learde ik by it oerhearren fan de les hieltyd in stikje foarút mei it boek iepen efter foarbuorman syn rêch, dy't er foar myn geriif, sa goed er koe útsette. Inkeld it skriftlik wurk joech ik syn gerak. Doe't ik nei sa'n foarlearderijke ris in oerhearring krige, koe ik de ynhâld fan it stikje wol werjaan, mar de nammen hie 'k der sa gau net ynkrije kind. It waard my net kwea ôfnommen.
‘Dû kinst tink min nammen ûnthâlde?’ sa ferguodlike de learaar my. Ealse wie de bêste fan de hiele klasse, in wier learblokje boppedat, syn rippetysjes hellen tsienen, mar likegoed die er mei oan de algemiene jeremiades fan: ‘soe ik ...’
Doe't ik der wat fan sei - mei buter op 'e holle - kaam ik him op it sear en foel er tsjin my út. Mei't Ealse altyd de evenredichheid sels wie, begriep nimmen syn opljeppenens en krige ik de skuld. Hja fûnen dat ik it goedmeitsje moast, mar ik hâlde my leaver dom, it soe wol oerbetterje mei Ealse. Nei de grutte fakânsje soe alles wer fergetten wêze.
Mar nei de fakânsje kaam Ealse net werom. Hy wie ferûngelokke mei in boat. Doe't ik it hearde, krige ik in stomp yn 'e mage, hie 'k no mar belies jûn.
De deadstinzen, dy't regelmjittich opsetten kamen, koe 'k ornaris wol by my weisette mei wurk of wille, no mei Ealse net.
‘De dood wenkt ieder uur!’ sa gûnze it my oanienwei troch de holle. Ik tocht my yn, dat ik hjoed of moarn ek wei wêze soe, dat ik samar deafalle koe! Wol hâlde ik mysels foar, lykas yn de bernetiid, dat ik earst siik wur- | |
| |
de moast en in ûngelok wie ik sels by, mar dat holp net genôch. Doe't ik yn dy snuorje by ûngelok in pûkel op myn wang iepenklaude, twivele ik der net oan, of ik soe bloedfergiftiging krije en yn 'e holle soe dat deadlik wêze. Ik wie goed bang. Ien fan de famkes ergere har myn noed. Hja naam my mei nei har hûs yn 'e stêd. Har mem hie in salve, sei hja, dy't dêr spesiaal foar wie. Oer wie de soarch, alteast wat de pûkel oangyng. By eangsten sûnder bepaalde reden betocht ik, dat ik noch boeken skriuwe soe. Yn ien sa'n rite sette ik út ein mei in deiboek, dêr begûnen skriuwers faker mei, hie ik heard, mar doe't de ûnrêst him wer deljûn hie, waard it deiboek fergetten. Ik haw it noch. It bleau beheind ta Joop ter Heuleftige ferhalen oer spul mei leararen.
De wil om te skriuwen krige ek in oantrún fan in famke út 'e klasse, dy't in pear stikjes (yn 't Frysk) pleatst krige yn in ûnthâlderskrantsje. Wêrom hja wol en ik net? Mar der stiene noch te folle dingen yn 'e wei. Wol wie 'k noch altyd in heap mei mysels dwaande en ek net frij fan selsmeilijen. Ik tocht my myn eigen begraffenis yn, as ik miende dat my te koart dien waard en ik my ferûngelike fielde. Hja koene mar neitinke oer wat hja my oandien hiene. It optimisme briek altyd wer troch as de sinne troch de wolkens. Dan wie 'k bliid mei it bestean, mei it bloed, dat troch myn ieren rûn, bliid, dat ik sykhelje en de natoer om my hinne rûke koe.
De slimste pessimistyske gefoelens krige ik yn it iere foarjier nei in grypoanfal. As ik boppe allinne lei en it stil om my hinne wie, tocht ik my it stjerren sa slim yn, dat ik hielendal kâld waard, as soe it op it stuit barre. Dan fleach ik oerein fan 't bêd - it barde altyd as ik oan it betterjen wie - rûn hinne en wer en krige de eangst wol op 'e flecht, mar moast op myn iepenst bliuwe en myn tinzen yn stokken hâlde dat se net wer dy njoere kant út gyngen. It fierdere fan 'e dei bleau it near op my lizzen. Blykber loek it tsjerkhôf my sokke tiden ek noch oan, want nei sa'n oanfal kuiere ik der mei in kammeraatske hinne en dat sil net fan har útgien wêze. Stadich geande tusken de grêfpartijen troch foel myn each op in tromp mei in waaksen krânse, dy't my altyd al nytge hiene.
‘Sjoch,’ rôp ik, ‘dat pertret der, is dat net fan dy feint, dy't wol mei ús woe as wy tûzen wiken wiene?’ Ik hie doe noch oan it rekkenjen west, hoe âld ik dan wêze soe. Mar mei him soe 'k dochs net heal wolle.
Al wer ien, dy't hjir sa jong wei moast! Wêrom ik ek net? Sneins wie in gefaarlike dei, want dan tûmele ik heal en heal yn it luchtliddige. Hy duorre lang, al gyngen wy twaris nei tsjerke ta. Ik mocht gjin learboek oanreitsje, wol lêsboeken, breidzje of oars hantwurkje wie noch altyd strang ferbean. Wol mocht ik kuierje, mar dêr wie ik noch net gleon op,
| |
| |
útsein as der de ang oer lei fan jonges, dy't efter ús oan woene. Wat fielde ik my fer guide, doe't my ris oerbrocht waard, dy en dy woe wol mei my. Mar hy doarst my net freegje, om't ik te learen gyng en hy arbeide by de smid. It wie in kreaze jonge as er yn sneinshabyt rûn.
Wêr kaam dy eangst altyd wei? Wie it om sûnden, om it oardiel? Sûnden wiene der altyd, koest se by dy sels net betinke, dan wiene der wol erflike, dêrst ferantwurdlik foar hâlden waardst. Seist mar ‘dwaas’ tsjin immen, dan wiest al ryp foar de hel en hoe faak betitele ik immen net mei ‘idioat’ en dat wie noch slimmer. De bibeltekst, dêr't dat yn stie, haw ik faak oer neitocht, mar ik koe der net útkomme.
In selsmoard brocht my ek noch altyd fan it sintrum. Mem hie it oer in frommeske, dat tsjin harsels beskerme wurde moast, krekt efkes hiene hja har allinne litten, of hja hie kâns sjoen.
Hoe komt in minske sa?
‘Troch sykte, slopte, oanlis,’ sei mem.
‘Oanlis’, dat wurd biet him yn my fêst. Hie ik dy ek?
‘It begjint faak mei pikerjen,’ fertelde mem.
Dus moast ik net pikerje, mar wat mear ik dat net woe, wat mear ik it wol die. Net ta, myn Hollânske freondinne, dêr't ik it noch oer hawwe sil, holp my sûnder erch. It gyng oer wat oars, mar hja hie wat opstutsen fan har omke dûmny, dat holp tsjin twivel, fertelde hja. Wy moasten it ús sa yntinke, wy hongen oan de boppeste râne fan in lange, tsjustere koker. Ien fan beiden koene wy ús dêr krampeftich oan fêsthâlde, of ús yn alle betrouwen falle litte en dan bedarren wy feilich en wol op it offer fan Kristus. Eangst en frustraasje wiene dêrmei oerwûn. Mar dat hie in skaadkant, want as ik my sa oerjoech, wie ik from en fûn de Heare my faaks ryp om my by Him te heljen!
De preken yn tsjerke begûn ik njonkenlytsen mear acht op te slaan, ek dêr gyng rêst en ûnrêst beide fan út. It tsjerkegean op himsels wie gjin suvere freugde, want hoe faak foel der net in frommes flau, dy't earst ûnder de preek siet of stie te gûlen, dat hja ferlern wie; dêr krige ik ek hast in appelflaute fan.
Soe beppe dat ek wol dien hawwe? Mem hie it dêr net oer hân.
Miskien wie hja wol lykas manlju ûnder de lange preek stean gien en hie dy feroaring har stimulearre. Mar nee, dat wie allinne wenst ûnder de froulju fan Urk.
Mem fertelde wol, dat beppe de reis nei tsjerke ta hast net meitsje koe, mar wol trochsette, al hie hja der hinne krûpe moatten.
As ik sa'n frou kriten hearde, gyng de grize my oer de lea: as ik no ek- | |
| |
ris... Dan fielde it, oft ik al begjinne soe, tonge en lippen kidelen. Wer kaam der help fan Netta, dy't njonken my siet.
‘Wat in oanstelster!’ sei hja.
‘Ja’, tocht ik opluchte, en seach it minske ferachtlik efternei, doe't hja nei it tsjerkeportaal avensearre waard. Wat wie it noflik om jin sterk te fielen. Net dat it lang duorre!
Ik wie net altyd sa labyl. Yn 'e wike wie ik folslein besteld mei learen en reizgjen. Alle moarnen moast ik nei de trein ta drave, om't dy earme mem my amper fan 't bêd ôf krije koe. Gauris namen twa jonges my tusken har yn, droegen myn swiere tas en loeken my mear as dat ik tsjin har drave koe. It wie aar dich fan har, want sûnder my hiene hja folle hurder kinnen. Amechtich bedarre ik op 'e knibbels yn 'e koupee fan 'e trein, dêr't ik yn treaun en helle waard. De trein ried soms al, mar dan wie 'k net bang. Ik lake der om en tocht oan it spektakel fan foarhinne op Meine syn moalwein.
It wie in hiele toer om wat my hinne en wer beweegde yn it lykwicht te krijen. Striid soe der dochs bliuwe, sei heit. Mar heit waard der faak tryst fan. As er sa mar wat foar him út siet te stoarjen, besoarge er my in bân om 'e mage. Letter naam ik it him kwea ôf, om't er better witte koe. Mem wist it ferlossende wurd ek net altyd te finen. Hja hâlde him foar, dat er de himel net op ierde ferwachtsje koe, mar dêr lei er tsjinyn, it moast der by Gods folk wol op lykje, it ivich sillich libben begûn ommers op dizze ierde en oan de fruchten koe men de beam. Soms brocht my syn swiermoed nei de bibel, dêr't ik krekt salang yn lies oant ik in tapaslike tekst tsjinkaam, bygelyks: ‘Vrees niet, geloof alleenlijk’, dan wie 'k wer in skoftke fan de nearens ôf en naam it libben my wer yn 'e besnijing, dat ik amper noch oan God en Kristus tocht. Doogde dat wol? En sa bedarre ik yn in fisieuze sirkel.
Ut syn prinsipe wei wie heit tsjin op bazars dy't opset waarden om de tsjerkefinânsjes te stimulearjen. Him tocht, lykas mei it plakferhieren, dat it jild der út leafde foar Gods keninkryk komme moast. In wier kristen moast offerje wolle en de sinten moasten him net mei grysjes en grasjes út 'e bûse kloppe wurde hoege. Lotsje (om spreien en sa) wie de Heare in grouwel. It rieden fan in poppenamme of it oantal knikkerts yn in stopflesse wie lotterij gelyk. De tsjerke, it lichem fan Kristus op ierde, moast út tankberens mei wille yn stân hâlden wurde. Mem, dy't lichter oer de dingen hinne gyng, loek wol ien sile mei him foar ús oer. Syn depressive buien lijde hja oan, mar hja hâlde syn wâl op: yn syn jeugd hie er in koartswilich minske west en yn wêzen wie er dat noch, as er mar net ûnder
| |
| |
druk stie. Hja hie gelyk. It ‘homo ludens’ kaam yn 'e jeld werom. Wûnderlik wie de ferskining op it fuottenein fan syn bêd, doe't er deasiik lei oan longûntstekking en de dokter yn noed siet oft syn hert it wol opbringe koe om op 'e krisis te wachtsjen, dy't nei de trettjinde dei pas kaam. De ingel spriek him moed yn. Ek doe't er al folle âlder wie, hearde er foar en nei in stim dy't him treaste, it soe wol goed komme mei him.
Om op 'e bazar werom te kommen, dy't ús ferbean waard, ik foar my fûn it allinne spitich om de grabbeltûne mei ferrassingen, dy't altyd ôffoelen. Suske gyng der temûk hinne, mar dêr sil ik wol te bang foar west hawwe, mar ik hie ek minder oanstriid. Soks bleau net stil. As heit sa op 'e bazar tsjin wie, wêrom liet er syn eigen dochter der dan hinne gean? Fan gefolgen stoarm en ûnwaar yn 'e hûs. Suske waard opsletten, mar pykte troch finster en oer daksgoate út en ik moast har foar mem opswylje. Heit mocht graach oer it leauwen prate en hie it faak oer Gods trouferbûn, mar dat stie er blykber net foar syn bern. Dêrom wiene der safolle dingen, dy't net mochten en ús útlizze wêrom, die er net. Wol in omwei lâns as wy by besites bliuwe mochten om wat fan it praat op te striken. Likemin waard der direkt mei ús praat oer de seksuële kant fan it libben doe't wy grutter waarden, mar ik begriep wol, dat dêr de sûnde dûbel en dwers op 'e loer lei. Tink it yn, dat ien fan ús trouwe moast! Dêr hiene wy it wolris mei mem oer, mar dan gyng it fan ús út. Wy narren mem ek wol mei te sizzen, dat wy no net graach mear in bruorke of in suske hawwe woene. Dan skeat mem in kleur, mar hja joech gjin planút antwurd. Mei heit doarsten wy der net oer te begjinnen, al stiet my ien kear foar en doe kaam er sa los, as wie it in opluchting dêr mei ús oer prate te kinnen. Faaks waard er ek te folle opeaske troch syn drokke affearen, dy't er nei it débacle fan de buorkerij opboud hie. Dy ferge de hiele minske, benammen no't syn wurk mear plicht as wille wie. Syn minne sinnen bytiden wyt ik dêr ek oan en dan kin men in bult oer de holle sjen.
Lykwols wie it ûnbegryplik foar ús, dat er oansjitsk wie foar lju oer dy't er lije mocht, mar by oaren moast mem foar praat soargje. Soms hâlde er ûnder de besite al lêzend (of net) de krante wiidút foar syn antlit. Ik wit fan in kear, doe't syn suster, dêr't er gauris spul mei hie, doe ek wer, syn hâlding net naam en ôfsette. Hja hie sels ek gâns yn 'e akte, dat ik koe heit bêst begripe. Even letter seach heit om 'e krante hinne en frege: ‘Hea, ik miende dat dy en dy hjir niis siet. Al wer fuort? Hie hja net fatsoenlik dei sizze kind?’
Suske en ik, broer letter ek, libben in dûbeld libben, ien fan hearrigens oan heit, en ien fan ússels en eigen gong gean. En ‘nuver’, wy bleauwen like- | |
| |
goed ‘fatsoenlik’, wat heit en mem der ûnder ferstiene, dat it hie mei frijwat minder noeden en soar gen takend neffens my. Hei te gesach gyng lykwols noch mei ús, as wy de fuotten bûtendoar set hiene. Rûn ik mei in jonge op 'e tsjustere strjitwei bûten it stedsje, dan seach ik efter alle grouwe ikebeammen yn 'e lange rige heite skaad en ik haw fan suske ferstien, dat dat mei har gjin hier oars wie. Dêrom hie ik foar, dat ik deis yn 'e haadstêd wie, want dêr soe ik him net moetsje. Wol ferklikkers, bern, dy't dêr ek te learen gyngen en dy't ik tafallich mei in jonge tsjinkaam. De glimkes fan ferstânhâlding, dy't dan wiksele waarden!
Ek om dat ‘frij wêzen’ wie ik heit tankber, mar benammen om't ik leare mocht en it ‘yn 'e hûs’ my besparre bliuwe soe. It ‘learen’ hie yn it stedsje guodkeaper kinnen, want dêr wie in ryksnormaalskoalle, mar dêr mocht ik net heal hinne fansels.
Wenne oan it stedsje wie der by mem noch heit yn wêzen by, heit neamde it ‘Heechhearlimmerdyk’. Woe men meidwaan kinne, dat moast men Hollânsk prate, heal wie ek goed, mar Fryskpraters wiene mindersoartich, de ‘boertjes fan buten’, en dat stie him al sa min oan. Hy typearre gâns minsken mei ‘lju fan de houten skinke’, om't hja út 'e mûle sparren foar klean en entoeraazje en dat besochten te kamoeflearjen. De tsjerke wie al sawat en bfeau al sawat. Dêr hearske in famyljeregear fan begoedige lju, dy't altyd wer yn it hek keazen waarden.
‘Hja wolle sa graach op 'e kjessens sitte!’ sei heit smeulks oer har. Dat der sille net allinne yn 'e kapbanken moai bewurke kjessens lein hawwe, mar dat heucht my net fan ús útfanhuzerswike by de koster.
Oan it stimmen fan it sanhedrin die heit net mei, om't er de útslach fan te foaren wol wist, sei er. Sokke tiden, nei de middeitsjinst rûn er tusken de froulju, dy't net stimme mochten, it paad oer nei de wei. Oer de diskriminaasje fan de froulju siet er net yn, dat akseptearre er as bibelsk foarskrift. Hiene hja stimme kind, it hie net folle oan de útslach feroare, hja diene oer it ginneraal wat har manlju foarseine, froulju wiene wol goed om mei te beteljen, widdowen en allinnesteanden likegoed, al wiene hja net yn 'n man ‘begrepen’.
Doe't der yn in moarnstsjinst ris bekend makke waard, wa't de foarrige sneins keazen wiene troch de gemeente, hearden wy, ta ús skrik immen boppe ús fan de kreake roppen: ‘En Japik Steensma is it der net mei iens!’ Dat wie my wat. Ek noch wol yn it Frysk!
Der hat in deputaasje fan de tsjerkerie nei Japik Steensma ta west en hy hat tajûn, dat it mis west wie. Neffens heit wie Steensma ek te fier gien, mar wie it wûnder? Dat er net allinnich stie mei syn krityk by safolle sjerpslik- | |
| |
kers, treaste him, al wiene sokken op 'e fingers fan ien hân te tellen. It sjongen fan gesangen yn tsjerke brocht al sa'n ûnfrede mei. As der spoaradysk ien opjun waard fan de stikmannich dy't de synoade goedkard hie, it moast tuike tuike oan, rûn heit der mei noch inkelde manlju út. Hja koene it net hawwe, dat de gesangen, dy't troch it foargeslacht nei hiel wat strideraasje ôfskaft wiene, troch in efterdoarke wer ynhelle waarden. As bern wiene wy bliid, dat wy net efter him oantippelje hoegden. Wy skammen ús om him, lokkich wisten de measten yn de grôtfolle tsjerke dochs net, dat hy ús heit wie! Dat wie fansels ferrifelderij, want wy sieten altyd by heit en mem yn 'e famyljebank. Om famyljebanken hie ek spul west, heit wie der foar, âlders hearden har bern by har te hâlden om kattekwea foar te kommen en dêrmei de sfear te ferheegjen. Sa stichtelik wie dy al net, sa't der praat en snúfd en kochele waard. Wat der op 'e kreake troch it byinoar hokjende jongfolk ek net útheefd waard, ferfike banken wie noch neat, hûnegiselers of net. Guon âlders lieten har bern mar gean, de sleauwen koene har eigen brod net oan.
Wy as jongfolk protestearren allicht net tsjin de gesangen, mar songen letter wol tsjin de trie yn, doe't Anders Wybenga syn Fryske psalm-oersetting útkaam wie. Wy lieten de psalmen yn ús eigen taal sa lûd hearre, dat de minsken foar ús efterom seagen. Hja mienden, dat hja it mis hiene mei it opsochte fers en oars woene hja ús dat kenber meitsje. Doe't hja ús bedriuw troch hiene, seagen hja moanjend efterom: brûkten wy ús Fryske ferstân wol? Faak bleau de bank foar ús leech. Lang hawwe wy it net úthurde, ek foar ús gefoel wie dat tsjin inoar yn sjongen stjittend, mar ús ûntefredenheid mei it net acht slaan fan ús eigen taal boaze der fan oan. By myn witten is it yn dy tsjerke nea ta in Fryske preek kommen. Fryske preken, hoe krigen wy it yn 'e holle! Frysk bidde! Wiene wy sljocht? Frysk wie foar yn 'e hûs en yn it bûthús, men koe der net yn mei de Allerheechste prate. It Pinksterevangeelje gou net for Friezen!
Yn de winkels hearden wy ek gjin Frysk. Soms stiene kammeraatskes op in distânsje te gnyskjen as ik myn boadskippen yn ús eigen taal sei. As der om de klandyzje al Frysk weromkaam, dan: ‘Hat u...’ En oars koene winkelfamkes it laitsjen amper keare. De winkels yn it stedsje rûnen dochs net oer fan fatsoen. Doe't ik foar mem nei in lapkessaak ta moast om trije fearn Egyptyske bever, gyng de faam, dy't my holp, in polysjedochter, gnyskjend mei de hân heal foar de mûle nei har kollega's om mei har te mûskopjen, wat dat wêze koe. Alle eagen myn kant oer en ik, sa sleau, gyng troch de grûn. Oant hjoed de dei ta wit ik sels noch net, wat Egyptyske bever is of wie; it sil in soarte fan katoen west hawwe, dat op it plat- | |
| |
telân brûkt waard ûnder dy namme, miskien wol ferkocht troch lapkepoepen.
Noch in foarbyld: in manufaktuerier, sels fan goed Frysk komôf, woe net fan syn eigen oanmetten Hollânsk fuotstik ôfkomme om in boerinne in ûnderjurk te ferkeapjen.
‘U bedoelt een benejejurk?!’
Mar ik wol net oer sokke beskamsume ferskynsels útweidzje, de benyptheden yn ús provinsje binne oerbekend en komme noch foar. Der wenje ymportminsken ûnder ús, dy't yn it Hollânsk oansprutsen wurde wolle en Friezen dogge dat en steane mei har taalgebrûk te kyk en te kak. Sels as de ymport frysktalich is, wurde hja troch Friezen yn it Hollânsk oansprutsen. It is in soasjale kwestje fan minderweardich fielen.
De Friezen sels? Hoefolle fan har prate tsjin har hûnen en bern net Hollânsk. Mei Frysk komt men net fier! Ik soe de Friezen op hege plakken yn it lân, fryskpraters boppedat, net graach de kost jaan wolle.
Wêrom fielde ik foar it Frysk? Wêrom wie ik ‘sa'n Fries’? Earst koe 'k min ûnrjocht ferneare, mar it wie ek it ûntdekken fan myn eigen taal, dêr't Dr. Wumkes ris tsjin my fan sei: ‘It Hollânsk is al te folle ferkultivearre!’ As ik skriuwe woe, dan yn it Frysk, dêr't ik fansels ek better mei út 'e wei komme koe.
Doe't ik skoaljuffer yn Fryske doarpen wie, woene in pear haden fan skoalle hawwe, ik soe gjin Frysk mei de bern prate, ek net bûten de skoalle-oeren. De bern moasten leare har yn it Hollânsk te uterjen, oars waarden hja skielk, bygelyks yn militaire tsjinst de risée fan Hollanners, as soene Hollanners har taal net krûmer en ûnbeskaafder brûke yn har dialekten as Friezen, dy't op it lêst in taal ta eftergrûn hiene. Tink mar oan it Amsterdamsk Jordaansk en oan it dialekt fan de Haarlimmermarpolder, en sels no noch sa't der faak troch omroppers foar radio en televyzje sprutsen wurdt. Ik hâlde my net oan de ‘oarder’. Faaks haw ik oan myn ‘tom’ tocht, dêr't ik ‘duim’ tsjin sizze moatten hie.
Heit rekke, wat Frysk oanbelange, syn generaasje yn it foar. Wy, jongeren, easken it Frysk op as kultuertaal, in taal om literatuer yn te meitsjen en om God yn oan te sprekken. Doe't de Fryske bibel der kaam, earst yn brokstikken yn ‘Der stiet biskreaun’ fan Wumkes, brûkte heit dy. It lêzen gyng him yn it earstoan net flot ôf, wy hâlden ús hert soms beet, gjin Frysk minske koe syn taal doedestiids goed lêze. Noch wat letter gyng heit oer op Frysk bidden. Ta ús ferheardens begûn er doe ek mei mês en foarke te iten. Mei it earste Fryske gebed kaam er ús oer it mêd. Wy bûgden de hollen djipper as oars en hâlden de eagen stiif ticht, wat der oars
| |
| |
wol oan hie, mar no doarsten wy elkoar net oan te sjen. Dy oergong fan Hollânsk nei Frysk stie mei ûnder ynfloed fan neef skoalmaster, fan wa't heit syn tsjerke-ideeën feroardiele en dy't my al earder mei Gods wurd yn it Frysk fertroud makke hie.
Op in dei lei der in brievekaart yn ús bus mei it steile tichte hânskrift fan neef, dêr't er yn it Frysk op frege, in nacht by ús oerbliuwe te meien. Wy wennen gaadlik oan it spoar en hy moast foar it haadakte-eksamen nei in stêd yn it suden. Oars soe er moarns earst in oardel oere fytse moatte yn de iere moarn om de earste trein te heljen en dan wie er neat net fris mear foar it heikerwei. Fansels wie er wolkom, hoe faak hie syn mem my net in noflike fakânsje besoarge!
Eins siet ik de hiele (frije) middei op him te wachtsjen, sa bliid wie 'k mei syn komst. Ik tocht oan syn foarlêzen mei de moaie stim, dy't er hie.
Dêr stapte er fan 'e fyts, skode him it strjitsje njonken ús hûs yn en stiek in hân op, doe't er my yn 'e erker merkbiet.
‘Dêr is er,’ sei ik tsjin mem.
‘Helje him dan gau yn,’ antwurde mem, ‘doch de doar foar him iepen.’ Mar hja wie my al foar, doe't ik út ferlegenens wat tsjinearzge.
Hy sil doe goed tweintich jier west hawwe. Syn donker hier droech er efteroer. Hy hie in beweechlik antlit, in skerpe noas. Syn lytse hannen foelen my op. Ik ferlike se mei myn eigen, ek net grut, mar wol wat breed. Under it praten makke er gebearten mei dy hannen, dat fûn ik sa foarnaam lykjen. Ek prate er meisleepjend, efternei besjoen ek wat retoarysk oer de dingen dêr't er fol fan siet, mar by my trof er doel. Hy hie net folle hoop op slagjen, sei er, om't er neffens syn sizzen striemin yn rekkenjen wie. As er dêr slim op tante waard, wie er wei. Literatuer wie syn fak, boeken en skriuwers koene hja him mar raak oer freegje.
Doe't it oer boeken gyng, fertelde heit fan my, dat ik alles lies wat los en fêst siet. Neef, dy't oant no ta amper oandacht foar syn teener nichtsje hân hie, seach my ris oan. Miskien kaam him yn 't sin, hoe't ik mei oandacht harke hie nei syn lêzen en de petearen, dy't er mei syn kreaze freon hâlden hie, as dy hast wykliks by him wie. Lykwols hy prate fierder mei omke Iebele en muoike Ibeltsje.
Hy joech in heal kolleezje wei oer moaie boeken en op it lêst sei er hiele einen op út in drama fan Vondel, samar út 'e holle, it wie in stik út de Lucifer. Ik leau net, dat heit en mem der wei fan wiene, suster wol, en ik harke fansels mei sân pear earen. Wat fûn ik him knap en geleard. Net dat ik dy dichterlike sinnen begriep, mar de sfear die 't him. Us mem liet it breidzjen ek yn 'e skoat sakje, neat oars as by praat oer geastlike dingen.
| |
| |
Heit loek in ferhoalen glimke ûnder syn grutte puntsnor en boppe syn sikje oan de ûnderlippe. Hy frege, oft neef ek sokke einen út 'e Bibel opsizze koe.
‘Dat wurdt op it eksamen net frege,’ lake neef, ‘mar dêrom wit ik der wol in bytsje fan.’
Hy begûn te fertellen oer stikken út 'e Bibel, dy't yn it Frysk oer set wiene, hoe moai net en se sprieken ús folle mear oan as yn it Hollânsk, dat in frjemde taal wie en bleau.
Heit seach wol nij op, as hie er dêr nea wat fan heard, mar hy smiet it net wei, frâl net, doe't neef it hie oer it efterútsetten fan de eigen taal dwers tsjin it Pinksterevangeelje yn. Sokke krityk mocht er wol oer.
‘Ik sil jim ris in nûmer fan “Yn ús eigen taal” tastjoere, dan kinne omke en muoike it sels lêze. Sy wit der al fan,’ sei er en joech in knikje myn kant út.
Om noch wat oandacht fan neef te krijen helle ik kwânskwiis in pear skriften út myn boeketas om sjen te litten, dat ik learde - ik wie doe noch op 'e mulo - mar sûnder sukses.
Doe't der in stilte foel, liet ik de namme Seerp Anema falle. En ja hear, even moast it yn him delsakje, doe frege er: ‘Hast wat fan him lêzen?’ Ik liet him it blau skrift sjen, dêr't ik de gedichten ynskreaun hie, dy't hy my jûn hie, ek ‘De likeblom’. Hy glimke.
Ik hie ‘In 's levens opgang’ fan Seerp Anema lêzen en dat fertelde ik. Mei in skean each nei heit, flapte ik der út: ‘Heit fynt it net in goed boek, mar ik moast it foar skoalle lêze.’
Doe hie heit it wurd al nommen en oer myn holle hinne krige neef de folle laach, sokke goddeleaze boeken hja op in kristlike skoalle lêze moasten, wat tocht neef dêrfan? Hy wûn him wat langer wat mear op, dat mem der tusken kaam.
Hja sei, dat it oan breaïten ta wie en al itende rekke it petear wer wat út 'e drift wei.
It wie noch ier op 'e jûn, doe't neef sei: ‘Muoike, ik woe wol op bêd, moarn is it betiid dei en it wurdt ek in swiere dei.’
Hy hat de begearde akte it oare jiers pas helle. Doe't er werom by ús kaam om de fyts op te heljen, makke er mei de rjochter hân in beweging nei de grûn. It rekkenjen hie it him wol dien! Foar Nederlânsk hie er in tsien helle, dat hja hiene him de rie jûn him no op it oare ta te lizzen. Dat koe ek wol, want it sifer foar Nederlânsk bleau, mei de oare goede, stean.
‘It wurdt lykwols in poepetoer,’ sei er, ‘mar ik moat dy akte oars al hawwe, ferjammes!’
| |
| |
‘Sokke getallelju kinne har net yntinke, dat in minske gjin sifers leare kin’ sei neef minachtsjend.
Ik mocht him fan mem in ein op 'e fyts bringe en doe sei er wer einen fan Vondel op, no út ‘Adam yn ballingskip’ en fan Bilderdyk, in stik út 'e ‘Undergong fan 'e wrâld’, dat him sa oangrepen hie, dat er it net ôfkrije koe. Wat spriek my soks oan!
Nei't ik ôfskie nommen hie, socht ik in plak op, dêr't boatsjes ferhierd waarden en haw ik in ein te roeien west, wat ik faker die, as ik yn 'e iensumens wat mimerje en neitinke woe.
Neef wie net bang foar swier waar, hie er sein, doe't de loft wat beloek.
‘Mar it kin treffe,’ ornearre ik.
‘Bûten swier waar kin in minske ek wol stjerre,’ antwurde er.
Mar doe't it oer it wetter begûn te rommeljen, haw ik dochs mar makke dat ik thús kaam, sa'n ienling boatsje op it wide wetter soe de wjerljocht oanlûke kinne.
Der kaam in kristlik Fryske krite yn it stedsje en wy waarden entoesiaste leden. Wy oefenen ús dêr yn it Frysk lêzen, besochten Frysk te skriuwen, it wie ommers al te healwiis om yn it Hollânsk te briefkjen as men wend wie Frysk meiïnoar te praten. De measte tiid waard bestege oan ynliedings oer histoarje, skriuwers, dichters en Fryske boeken. In skaadkant wie, dat heit der in ‘casus belli’ by krigen hie: gauris siet er mei tsjinstanners yn tsjok waar, hy hie him alhiel ta it Frysk bekeard. Troch de Fryske krite waarden wy lid fan it Kristlik Frysk Selskip en krigen it moanneblêd ‘Yn ús eigen taal’ no alle moannen sels yn 'e hûs. Wy bestaveren it fan a oant z. Letter - ik wie al op 'e Kweek - kaam it wykblêd ‘De Stim fan Fryslân’, dat foar my in iepenbiering wie, in krante alhiel yn it Frysk! It iepentearen op sneontemoarnen, as ik út skoalle kaam, hie wat fan in magyske hanneling. Alderearst lies ik de haadartikels fan E.B.F. (Eeltsje Boates Folkertsma). Wat in namme! En machtige artikels yn prachtich Frysk. Hokker man hat hy net foar Fryslân west! Dat er yn it lêst fan syn libben belêbe waard, hat him slim leed dien. En dat om misbegryp en fâlske beskuldigingen!
Ik bin ris mei de senuwen yn 'e lea nei syn frijfeintekeamer oan de Easterkaai yn Ljouwert stapt - hy hat op ûnderskate plakken yn de haadstêd wenne, om't er altyd mei syn kostfrou ferfear. Hy hâlde fan Ljouwert, benammen fan de binnenstêd, dêr hat mannichien him gean sjoen ta in kuier yn in ljochte beige reinjas, de hoed wat heech op nei foaren. Ik socht him op nei oanlieding fan myn earste sketsen. Earder hie 'k bibelferhalen foar bern besocht yn de trant fan W.G. van de Hulst. Dr. Wumkes, mei wa't
| |
| |
ik konneksjes hie yn ferbân mei geastúdzjes, fûn se net goed om't ik it skuldfraachstik oan de bern foarlei, mar dat wie ik sa wend. Neffens him moast ik my mar op geakunde talizze; hy hat gjin skriuwster yn my sjoen. E.B.F wol. Wat it gea oangiet haw ik Wumkes syn rie opfolge en in jûnfoljend ferhaal makke, dat ik yllústrearre mei bylden út in epidioskoop. Hoe nijsgjirrich op himsels ek, geakunde wie myn doel lykwols net.
Wat wie 't in gewaarwurding, doe't myn útskotferhalen yn ‘Yn ús eigen tael’ stiene, yn deselde nûmers as ôfleveringen fan de ‘Sûnde fan Haitse Holwerda’ fan Ulbe fan Houten.
De ferhalen, dy't ik neitiid Folkertsma takomme liet, fûn er sa goed net, dy kamen as ‘Bylden út 'e Sânhoeke’ yn de Stim fan Fryslân. Troch syn earste wurdearring wie ik wat oerdwealsk wurden, tink. Yn ‘Yn ús eigen tael’ te stean wie, noch wat oars as yn de Fryske rubryk fan ‘De vrije Fries’, dêr't myn alderearste wurk yn kommen wie.
Inkelde kearen krige ik in brievekaart fan E.B.F., beskreaun mei syn grutte hoannepoatrunen. Hy joech syn oardiel der op, earst wat goeds oer wat er fan my hie, dan goede rie foar nij wurk en lêst in frage om kopij.
Mei troch dy brievekaarten loek ik de dryste skuon oan om nei him ta. Ik moast in smelle trep op nei't de doar boppe oan it tou iepenlutsen waard. Under stie ik yn in frjemd fakuum omheech te stoarjen: dêr wie al immen, mar ik seach him net dúdlik. Wie it de bedoeling dat ik boppe komme soe? Ik haw dat út 'e iepen doar mar opmakke. Op 'e oerloop kommen, stie er dêr yn persoan. Ik koe him fan Selskipsgearkomsten. Hy noege my hoask, mar wat houten yn syn keammerke, dêr't gjin boek te sjen wie, mar hy hie se wol. Ik haw my, ek letter, faak ôffrege, wêr't er dy ferside hie.
Ik mei net ferjitte, dat ik ien fan myn earste besyksels neef stjoerd haw om syn oardiel. Hy fûn, dat ik trochsette en f'râl goede boeken lêze moast. In pear wurden ferbettere er: berntsjes rûnen of stapten net, mar tripken der hinne, om ien foarbyld te neamen. Dat syn brief joech my moed, mar nuver, ik skamme my ek om wat ik dien hie. Net lang neitiid fytste ik mei in feint by syn hûs lâns, dêr't er yn 'e tún oan it skoffeljen wie. Doe haw ik krekt dien, oft ik him net seach. Dat kaam mei, om't myn feint net op famyljebesite woe. Ik gyng der fan út, dat neef my ek net sjoen hie, mar dat kaam oars út. Der kaam in brief fan muoike, oft ik dat wier west hie; hja koe it har hast net yntinke, mar dan wie it net moai fan my. Doe haw ik mar earlik opbychte en it hat gjin kwea bloed set.
Om op myn besite by E.B.F. werom te kommen, der lei in read wollen kleed oer de tafel, sa't dy doe húsriem wiene, in jiskepanne mei in piip
| |
| |
omkeard der yn stie oan 'e kant. Hy smookte oars, alteast letter, doe't ik him faak op besite krige, altyd sigaretten, dêr't er it mûlstik moai wiet fan makke.
Miskien hat hy likegoed spand west as ik. Krige er net faak froulju oer de flier? Hy hie wol frouljufleis oan him. Froulju, dy't er moai fan stal achte, typearre er mei: ‘in frommes as in beam’ en dat sil er fan my wol net tocht hawwe.
Us petear hat net lang duorre, it praat rekke op en ik siet mei de mûle fol tosken, wylst hy by it earste oankommen gjin causeur wie. Oars wol, dan fertelde er graach en moai. Hy stimulearre my no ek mei my oan te rieden troch te gean en dat wie my genôch, want dat woe ik graach.
Us learaar Nederlânsk brocht ús leafde foar de literatuer by, hy makke ús ek opmerksum op 'e provinsjale bibleteek yn de Kânslerij, dêr't in freonlike jongfeint yn knibbelbroek, manchesterjaske en bros hier, de klaaiinge fan de a.j.c, ús te wurd stie. Fan hûs út hie 'k it net stean op folk fan de a.j.c, mar dizze jongeman wie neat fan te sizzen, mei om't wy ús yn dat enoarme gebou by al dy geleardheid fan boeken frijwat ferlegen fielden. Hy behannele ús as folwoeksen minsken en dêr mochten wy wol oer. Doe't er fernaam, dat ik ek nocht oan Frysk hie, wiisde er my op Fryske boeken en tydskriften mei wurk fan Simke Kloosterman, Marten Baersma, Douwe Kalma, dat der gyng in wrâld foar my iepen. Myn beslút kaam fêster te stean: as ik skriuwe soe, dan yn it Frysk. Ik hie foar, dat heit Fryske boeken fertroude, út soarte. As ik ris tajoech oan myn famkessmaak en in boek fan Cissy fan Marxveldt omsweve liet en it foel him yn hannen, dan krige er tearen yn 'e foarholle en woe it yn 'e kachel smite. Ik tink wol, dat er foar syn wurden stien hie, mar hy joech my altyd noch in kâns en tenei wie ik mei sokke lektuer op myn iepenst, om't it ek altyd liend spul wie.
Wy mochten ek graach nei de Kânslerij ta gean om it gebou sels. Earst al wie dêr it aardige, mar keale en skjinne, pleintsje by de sydyngong mei de izeren hikke, dan de swiere doar, dy't mei geweld iepentreaun wurde moast, dêrnei kaam de lange gong mei doarren oan beide kanten, dêr't wit wat geheimsinnichs efter skûlje koe. Wy tochten sels oan finzenen oan kjetlings klonken, mar doe't hja ús de kelders ris sjen lieten, wisten wy wol oars.
Foar en nei koene wy ris ta de gongsdoarren yngûke as der in amtner mei in earm fol boeken út- of yngyng. Och hea, allegearre stellaazjes mei folianten èn in keamer mei griene tafels, dêr't minsken yn stúdzje wei wiene. Wêrom net boppe yn de lêskeamer fan de bibleteek? Folle letter pas wist
| |
| |
ik, dat dêr sneupers yn de ar given sieten, mar doe wie ik sels in sneuper wurden.
Om yn de útliening te kommen moasten wy de draaitreppen op mei trêden, dy't oan de iene kant smel en oan de oare kant hiel breed wiene, dat wy koene lytse en grutte stappen nimme. Healwei pûsten wy yn in brede finsterbank út by it finster dat simmers altyd iepen stie en útsicht joech op in tún mei struwellen en blommen. Om dy tún hinne stiene ek wer tichte muorren, ek dêr bylke de romantyk fan it geheimsinnige. Einlings wiene wy op de hichte fan de útliening by de jongfeint. Hy liet ús efter elk liend boek, earst al op briefkes, mar dan op in lang stik papier op namme en adres, ús hantekening sette. Ien kear frege er my, oft ik dy boeken allegearre sels lies. Ik knikte eigenwiis fan ‘ja’, mar der wiene guont by, dêr't ik net trochkomme koe, mei't ik te folle op 'e titel ôfgien wie. Ik tink oan in libbensbeskriuwing fan Thomas fan Acquino yn it Ingelsk. Ik hie destiids it idee, dat der wol safolle tiid fòar my lei, dat ik it hiele Kânslerijbestân oan boeken wol oan koe.
Opdrachten fan de learaar brochten ús ta it brûken fan neislachwurken oer de Nibelungen en de Gudrun, de Heliant kamen wy net oan ta, dat sadwaande makke ik diel út fan de stillen om de griene tafel yn de lêskeamer, dêr't ik mei grut ûntsach nei stien hie te sjen, doe't ik har foar it earst troch in doarsgat ûntdiek. Ik fielde my tige as ik, lykas hja notysjes makke op stikjes papier, of yn in skrift út in grou boek dat ik fan in rim helle. Dyselde jongfeint syn kollega holp ek wol, hy is letter noch minister wurden.
It lienen út 'e lêssaal fan it stedsje gyng gewoan troch, de belangstelling ferlei him mei de jierren, Louis Couperus kaam oan bar, it meast sprieken syn boeken oer de âldheid my oan, ek mearkes as Fidessa, Helène Swarth lies ik om har leafdesfertriet. Boeken fan Wilma wiene yn de tsjerkebibleteek, mar ik leau net, dat ‘Die vrijwillig dragen’ der te krijen wie, dat haw ik yn alle gefallen sels kocht yn in guodkeape útjefte fan in daalder. Ik mocht graach oer Wilma har wurk, dat ik skreau har sels in brief, it hutsje, dêr't hja altyd hinne gyng te skriuwen, spriek my tige oan. Ik krige ek in brief fan har werom, dêr't hja yn fertelde, hja hie sa'n heap te tankjen oan Vader Stanger van Möttlingen en sadwaande koe hja oaren helpe mei har romans, f'râl sokke as ‘Die vrijwillig dragen’ en ‘De Kruisboom’. It wie foar my in oantrún om nei te gean, wat dat dêr yn Möttlingen wie; ik krige der ek lektuer oer fan har. It wie fan dy gefolgen, dat ik yn Amsterdam ris in gearkomste fan Möttlinger minsken bywenne haw, doe't ik dêr útfanhuze. Hja stiene fersteld, dat sels út it fiere Fryslân folk
| |
| |
weikaam wie. No wie Fryslân net sa fier mei de boat, mar dat idee lieten hja net los. Oars wiene it freonlike lju, har Godsfertrouwen spriek my oan, mar fierder kontakt is der net fan kaam, al hie ik wol graach nei dy Vader Stanger ta wollen om ris mei him te praten en faaks fan myn twivelriedigens ôf te kommen. Lykwols, ik wie sûn fan lea, genêzing wat dat oangyng hie 'k net nedich en dat wie krekt it aparte fan Möttlingen. Ik hie heite en memme antlit wolris sjen wollen, as ik oer sa'n reis (allinnich) begûn wie, al koe 'k my sels doe wol bedrippe en koe it by need in reiske lije. Hie ik it al dwaan moatten?
Blykber koe 'k mysels mar net ferjitte, dan fielde ik my wer slachtoffer, dan hong ik wer de grutte held út. Ik hie in ûngelok krigen; allegearre, dy't my ûnrjocht oandien hiene, koene mar by myn grêf stean te janken. Ik helle in bern út 'e sleat, in bern fan rike âlders, ik troude letter mei de soan. En soe ik wier wol in echt bern fan myn âlders wêze? Wie ik net in fûnling? Dan koe ik fan heech komôf wêze. Dit sil wol yn 'e tiid west hawwe, doe't ik befreone rekke mei de dochter fan in hege by it leger. Om har helle ik bravoerstikjes út by leararen. Ik hearde har sizzen: ‘Zij durft!’ Doe wie de hikke hielendal fan 'e daam. Frjemd, wylst ik yn 'e stúdzje wol in middel hie om my wier te meitsjen, mar learen wie net al te bot yn 'e beneaming yn ús klasse. Ik noege dat famke út op in sneontemiddei by my te kommen om mei my de bosken yn te gean en yn in doalhôf mei laakspegels wille te meitsjen. Doe't ik der op rekkene hie, kaam hja net, doe't ik it fergetten hie, gyng op in sneontemiddei de skille fan ús winkeldoar oer - wy hawwe in pear jier yn in winkel wenne - en dêr stie ik, dy't de taak hie klanten te betsjinjen, each yn each mei har en har heit.
Ik sei: ‘Wat afschuwelijk leuk. zeg, datje gekomen bent!’
It wurd ‘afschuwelijk’ allinne hie earliker west. Ik koe thús net mist wurde om ien of oare reden, mar ik mocht har wol in ein op stap bringe en de wei wize nei it boarterstún.
Ik liet har yn de winkel stean, om't mem krekt swart wie fan it kachelpoetsen, ferklaaide my hurd en sette mei har ôf. Ik wit net mear, wêr't ús praat oer gyng, mar ferfeelsum wie it net, want de heit wie in hoask man, dy't my tink wol troch hân hat.
Healwei it doel ûntdiek ik ynienen, dat ik yn 'e haast fergetten hie oare skuon oan te lûken en tusken har yn rûn op myn âldste trapers. Staf en af naam ik ôfskie, nei't ik har yn sân hasten ferteld hie, hoe't hja fierder rinne moasten. Hja seagen like ferheard wit ik noch. Njonken in tryst en ûnfoldien gefoel, dat my besette, wat hja fan my tinke moasten, wie it ek in
| |
| |
befrijing. De freonskip is der net om feroare. Hat it by my mear ynbylding as wierheid west?
It is wol in foarbyld dêr fan, wêr't ik weikomme moast foar't ik folwoeksen yn it libben stie. Doe't hja my as skoaljuffer oeral by hellen en my ynskeakelen by swierrichheden en ek by my op seagen, hat dat in goede stjit jûn om oer it minderfielen hinne te kommen. As ik letter wolris fertelde, hoe bleu ik lange jierren west hie, laken hja en koene it har net yntinke. Earst krige ik op in klaaidoarp in baantsje as assistinte foar fyftich gûne yn 'e moanne. As ik kostjild betelle hie, hâlde ik fjirtjin gûne oer om rûn te kommen. De kostlju waarden ek net ryk fan my! Mar dat baantsje waard my noch fergund troch klassegenoaten.
It foldie my der tige skoan, der wie hiel wat jeugd fan myn jierren, en dêr waard noch net al te folle tocht fan in jong ûnderwizereske, it wie in moaie oergong.
Ik mocht net tefreden wêze mei in heal fertsjinst. Nei fjouwer moanne hie 'k in folsleine beneaming. In lot út 'e lotterij waard it neamd. Ik bedarre yn in streek mei soasjale efterstân, dêr't ik raar fan om my hinne seach. It wie yn de tritiger jierren, doe't de hiele maatskippij op 'e rêch lei en der honger lijd waard by de arbeiders, faaks noch mear by de lytse middenstân, dy't der net foar útkomme woe. Bern út myn klasse krigen net genôch te iten en sieten my mar slûch oan te sjen, wat ik earst net yn 'e gaten hie. Sommige minsken wennen yn grutte hûnehokken of yn hoalen fan de hege wâlen. It wie yn de tiid, dat minister Kan mei bleate, keale holle, doe't it wizânsje wie wat op it hier te dragen, kaam om poalshichte te nimmen. Neitiid is der wat oan dien, want der waarden saneamde opbouhúskes boud yn fiven byïnoar, dy't mar in bytsje hier diene. Om de fertutearzge froulju oan te moedigjen en te poenen, waard der in preemje fan in gûne yn 'e wike jûn foar de skjinste gerdinen. It lei hast yn 'e reden, dat dêr dalje fan komme soe. Underlinge tsierderijen en ferwiten oan har, dy't it útmeitsje moasten.
Ut myn beskerme bestean wei taasten sokke dingen my djip yn it moed. De streek sels wie aldermoaist, de bewenners like aardich en lykwols waard ik ûnwennich. Dêrom wie ik altyd op selskip út. Faak by de dûmny, mei wa't ik gyng te evangelisearjen. Wy noegen de lju út ta gearkomsten yn in lokaaltsje. De dûmny wie in begeastere man en ik rûn mei. Dejingen, dêr't it om te rêden wie, wiene minder entoesiast, guon manlju stiene mei oprôle fûsten foar my, hja hiene leaver in nije broek of iten foar de hongerlijers thús. Ik leau net, dat ik bang wie, boppedat moast ik soks foar it leauwen oer hawwe. Wol krige it begryp foar har winsken, mar
| |
| |
koe ik der wat oan dwaan? Krysttiid wie it wenst om jeften rûn te bringen, soms op oare tiden as der ús wat stjoerd waard oan ôfdroegen klean op advertinsjes en artikels yn wyk- en tsjerkeblêden. Jild kaam ek wol. Wêr't ik net by koe, dat sokke earmelju der hûnen op neihâlden, dy't ek ite moasten. Brocht har hoekje bou safolle op? As ik jûns by 't tsjuster oer de sânpaden fytste, en hoe faak barde dat net, dan waard ik allegeduerigen opwachte troch blaffers. Yn myn fytskuorke hie 'k in bûslampe. As ik har dêr mei yn 'e eagen skynde, bleauwen hja wol op in distânsje, mar dan moasten hja net fan twa kanten op my oan komme. Ik gyng doe noch op haadaktekursus, letter bin ik op in skriftlike oergien, en reizge sneons nei de haadstêd. Op dy kursus wie Ulbe van Houten in stúdzjegenoat. Noch fan myn, noch fan syn skriuwen wie doe noch folle op 'e hispel kommen. Hy foel my wol op, om't er tsjin de leararen yn heal Hollânsk spriek, letter haw ik begrepen, dat dat Biltsk wie, alteast de Biltske tongslach.
Yn de snuorje dat ik myn earste wurk skreau, de omstannichheden yn de kontrei mei syn stof yn oerfloed dreauwen my der suver ta, gyng ik by Jan Tjittes Piebenga op 'e kursus foar de Fryske akte. Earder hie 'k al Fryske les fan Dr. Douwe Kalma hân, mar doe hie 'k it sa drok mei oare dingen, myn earste skoalle bygelyks, dat ik my skamje moast foar de lege sifers, dy't er my jaan moast. Ik stjoerde ek oersettings fan de Pompeblêden yn by Sjoerd Rintsjes Sipma, dêr't ik in bulte fan leard haw, mar ik wit net, oft ik by him, konsjinsieus as er wie, wol altyd by de foldwaanden of heger west haw. Jan Piebenga hie wol kontakt mei literêre neef, dy't op 'e hichte wie mei myn skriuwsels ûnder pseudonym, ús memme (syn muoike) namme en sadwaande kaam hy it ek te witten en spriek my der ris op oan, doe't hy en ik tegearre yn it leslokaal wiene. Ik skamme my de wrâld en wie net tasjitsk om der oer te praten. Doe sei er, en it klonk my as muzyk yn 'e earen: ‘Jo hoege jo net foar dat wurk te skamjen’. As ik oan syn poerbêste lessen tink, dy't har benammen op de literatuer taspitsten, komt my sa yn 't sin, dat hy en ik nei ôfrin fan de les wol tasetten op it rychje huzen, dat wat efterôfstie.
‘Dêr kinne wy Fryske boeken keapje,’ hie er sein en dat woe ik wol. Hy gyng my foar nei it einichste hûs.
Yn de bleek foar dat hûs, efter in stek, stie in frou mei tige donker hier en uterlik, wask oan 'e line te hingjen. It wie de mem fan Sipke Dykstra fan boekhannel ‘De Tille’ en hy sels siet yn de keamer efter de tafel, in kastje mei boeken stie efter him tsjin de muorre. Ik sil wol mei ien fan syn earste klanten west hawwe.
Ek mei party oaren fan de Fryske beweging rekke ik yn 'e kunde. Ik tink
| |
| |
oan in kamp fan de folkshegeskoalle op Allardseach en neam Douwe Kiestra, Jan Melles van der Goot, dy't ôfkomstich wie fan in pleats, dy't eigendom fan myn oer-oer-pake west hie. Fierder Ype Poortinga, Ate Sybrandy, Freark Bergstra, Wike Zylstra en party oaren, mear of minder bekend wurden. Sels wie 'k in frjemde ein yn dat fermidden, dat die wol bliken út in frage, dy't troch Wike Zylstra yn in ploechje kuierjende froulju steld waard: ‘Witte jim ek, wa't dy Ypk fan der Fear is, dy't tsjintwurdich wolris skriuwt?’ Nimmen, dy't it wist.
It wie yn de perioade foar de lêste wrâldkriich, doe't de geasten warber wiene foar of tsjin it nasjonaal-soasjalisme. Yn Bakkefean stiene ridlik gau twa partijen foar elkoar oer en dat kaam mear út yn neipetearen as yn de ynliedingen, dy't gyngen oer ‘wêrom by de Fryske beweging’, út hok prinsipe wei. Douwe Kiestra koe it net lyk fine by de bloedteology fan it Kristendom, men koe fernimme, dat er dêr mei siet.
Zondergeld syn konklúzjes, as soe sawat de hiele Fryske beweging yn wêzen oan Dútske kant stien hawwe, binne der fier by troch. It mei wêze, dat it grutfryske idee ferliedend wie, benammen sjoen tsjin de eftergrûn fan it krintewagende, lytsympearialistyske Hollân by wa't alle rjochten, dêr't wy op stiene (mar lang net fûlernoch), foar de helsdoarren wei skuord wurden moasten. Ik hoech dêr net oer út te weidzjen, it is bekendernôch, wy wurde no nei in heale ieu fan krewearjen noch by de tûme heind. Nei de ynfal fan de Dútskers lieten mar inkelden har noch in rêd foar de eagen draaie; as frysksinnige eagen deadzje kind hiene, wiene hja op de earste dei al fan gichem gien. De hoekhâlders, minsken, dy't it allegearre sa dúdlik wisten en dat útkomme lieten troch Hollân oan te krûpen, wiene oer it ginneraal gjin striders foar Fryslân of miskien frijbliuwend, op in distânsje. Der hawwe troch de ieuwen hinne altyd twa partijen yn Fryslân west, tink mar oan Skier en Fet, tink mar oan it hingjen en wjirgjen om de Uny fan Utrecht hinne; it wiene minsken mei frjemdsin en minsken, dy't sûnder betingst foar it heitelân opkamen. De lêsten hiene in dream mar moasten neat fan kranksinnige ynfallers hawwe.
Op Jan Melles hie 'k it net stean fanwegen de teorieën, dy't er yn syn boeken oer froulju foarstie. Doe't ik him letter ris earne op in trottoir yn de stêd moete en him groete, joech er my sa'n skouwe skôging werom, dat ik it idee krige, ik hie him in ûnfoech útstel dien.
Yn it kamp kaam E.B.F. ek om in lêzing te hâlden. Hy liet my in bertekaartsje lêze, neef-en-dy hiene in dochter krigen, nei hiel wat jierren troud west te hawwen, har earste, mar ik hie sels al sa'n tynge krigen. It nijs gyng as diggelfjoer rûn, hja koene neef allegearre wol, die bliken.
|
|