| |
| |
| |
Fjouwer
Wy mochten oan de itenstafel net prate, mar op in kear koe suske har net ynhâlde, want der kaam har ynienen yn 't sin, dat master frege hie fan wa't der mei april in broerke of in suske op skoalle kaam.
‘Ik haw de finger opstutsen!’ fertelde hja en seach my oan.
‘Wat sil ik ûnwennich wurde fan myn boarterke,’ sei Popkje en seach my ek oan.
Allegearre seagen my no oan.
Ik wist wol, dat ik nei skoalle ta moast, mar net, dat it al sa nei oan wie. Suske sei: ‘Hja moat yninte wurde, sei master, sûnder pokkenbriefke mei net ien op skoalle komme.’
Ik woe wol nei skoalle ta, mar op ynintsjen hie 'k it net stean. Alhoewol't ik tocht, dat pokken dingen wiene, dy't wy yn 'e hannen krigen, learde ik út ferhalen fan suske wol oars en sy koe 't witte.
As ik op skoalle kaam, soe ik net mear fan de geunsten fan oaren ôfhinklik wêze, want as ik sels lêze koe, hoegden hja my net mear te sizzen, wat der stie. Ik wist al lang, dat de swarte figuerkes, streekjes en rûntsjes út boeken en kranten mei elkoar in ferhaal makken en dat wie moaier as inkeld printsjes sjen. Faak lei ik heal oer de tafel hinne om de efterkant fan de krante, dy't heit altyd wiidút foar him hâlde, te bewûnderjen. De tekentsjes hieten letters, in pear hie 'k al leard, begelyks myn inisialen, haadletters, dy't ek maklik nei te tekenjen wiene. Op in beslein finster skreau ik se mei de foarste finger, mar dat mocht lang net altyd, om't der taasten fan op it glês kamen en mem woe se net faker as ienris yn 'e wike dwaan. As ik op skoalle wie, soe 'k net mear dom wêze, wat suske my faak yn 'e skuon skode, want dat wie in grutte skande. In pear moanne ferlyn wie ik fiif jier wurden en dêrom mocht ik no nei skoalle ta. In hoart foar de earste april naam heit my mei nei de dokter ta yn syn wachtkeamer, dêr't mear heiten en memmen mei har bern sieten. Ien foar ien moasten wy by him yn de oare keamer komme. Guon bern kamen der skriemende wer wei, dat it begûn my al wat raar yn 'e mage om te winen. En doe wie ik oan bar. De oare keamer stie fol mei potsjes en fleskes en it rûkte dêr noch raarder as yn de wachtkeamer. Ik moast op in stoel njonken de dokter sitte en de mouwe opstrûpe. De dokter hie in tin sikje ûnder oan syn kin, dat ik moast oan ús geit tinke. Hy naam in lang ding, dat op in leppeltsje like en snie op fiif plakken yn myn rjochter boppeëarm yn de foarm fan de stippen fan fiif op in dûmnyshoutsje. Dêrnei striek er brún guod yn de skrapkes. Om't heit sein hie, dat ik net klynsearich wie, koe ik him net
| |
| |
ôffalle, dat ik biet op 'e tosken, want suske hie sein, dat dat holp. Heit hie itselde ‘net klynsearich’ fan my ris tsjin in oare dokter sein, doe't dy my in boppeste foarste tosk útlûke moast, om't dy de nije dy't der al oankaam, yn 'e wei siet. De pine fan it lûken kaam fuort efter heite sizzen oan. Mear fan de skrik as fan de pine, alhoewol't it sûnder ferdôvjen barde, joech ik in lûde gjalp. No makke ik my wol wer heal en heal ree foar de gjalp, mar it hoegde net mear, it wie al bard. De dokter wûn wynsels om de earm en mei fjirtjin dagen moast ik weromkomme om him sjen te litten, oft hja opkaam wiene. Ik fielde my tige belangryk, doe't ik thúskaam. Popkje woe de plakken sjen, mar mem woe it daalk net lije. Letter koe hja it gaas der hast net ôfkrije, sa siet it fêstplakt. It akkefytsje hat my wat sleau, mar net sasear siik hân. Nei de kontrôle, alle fiif wiene opkaam, wie it wer belibbe, mar de skoalle soe langer duorje en de groeden noch folle langer. De moarns, doe't it wêze moast, pakten en diene mem en Popkje tegearre mei my om, dat ik mar goed kreas foar de juffer ferskine soe. Underweis tearden suske en in kammeraatske fan har ek noch oan my en myn klean om, mar benammen joegen hja my goede rie. De juffer wie wol aardich, mar hja wie ek in snichel, warskôgen hja. Ik hie in ‘fine koeke’ yn 'e hân, mem hie him my oan 'e earm bine wollen, lyk hja it wend west hie yn har streek, mar suske sei, dat dat hjir net dien waard.
Heit makke in aprilgrap: ‘Wêr is dyn koeke?’
Hy makke my kjel en ik socht der om, mar doe fielde ik him yn syn switrige hân.
Suske lake my út: ‘It is ien april, fanke!’
Ik wist doe tink noch neat fan aprilgrappen ôf. Suske hie mem en Popkje ek al foar it soaltsje hân, dat hja in gat yn 'e hoas hiene. Popkje wie der (sabeare) ynflein, mar mem net, om't ik tsjin har sei dat it net wier wie. Doe hiene hja mei elkoar wille om my hân.
Tusken suske en kammeraatske yn stapte ik prûstich en fol ferwachting oer de reed en de wei. De skoalle stie op in trijesprong fan wegen. Wat wie dy skoalle in kolossaal gebou en al dy lûdroftige bern op it plein makken, dat ik my hiel lyts en ferlegen fielde. Ik waard sa stil, dat suske my moanne, ik soe ris wat sizze, ik hie de mûle dochs net thús litten?! Har grapke helle in glimke op myn gesicht, mar prate die ik noch net.
Doe sei kammeraatske: ‘Sjoch, hja krijt kûltsjes yn 'e wangen, ien fan de zeven schoonheden!’ Ik seach har ferheard oan. Soe ús feint dat ek witten hawwe?!
Kristlike skoallen wiene doe noch tin siedde yn it lân, yn ús doarp wie net ien, dat ik kaam op 'e iepenbiere, dêr't suske nei it ferfarren ek op gyng,
| |
| |
nei't hja al twa jier op in kristlike yn it âlde gea gien hie, yn it doarp, dêr't muoike Jiers wenne, gâns in ein te gean. Mem hie ek trije kertier nei in kristlike skoalle ta rinne moatten, heit hie op 'e iepenbiere gien. Hja soene ús dêr wol net bite, ferûnderstelde er, mar it wie net yn oarder, dat woe er graach tajaan.
Op it skoalleplein wie ik ek it midspunt fan mear gruttere famkes, dy't my, doe't de boppemaster op 'e stoepe stie yn 'e hannen te klappen, yn optocht de gong yn brochten. De klompen moasten yn lytse houten hokjes, de mantel en mûtse dêr flak boppe oan in grutte en in lytse heak hingje. Doe op nei de ‘klasse’, dêr't de juffer yn 'e doar stie om de nije bern op te heinen. Hja wist al, hoe't ik hiet. Hoe koe dat, as hja my noch noait sjoen hie? De koeken waarden op in taffeltsje steapele. Doe't wy einlings te stoel en te bank sieten, de kloft bern, ynklusief suske ta myn ûnrêst, foar de iepen doar weireage wie, hong de juffer (juffrou, seine wy) in grutte stive print foar it swarte boerd: de print fan Teun en de aap oan in lang tou yn de daksgoate fan in heech hûs. Letter krigen wy in lêsplankje mei aap, noot, mies, teun, zus, jet ensafuorthinne en in read rûn doaske mei losse letters, swart op brún, dy't wy op dy fan it plankje lizze moasten. Yn it frij kertier krigen wy in stik koeke, mar ik net fan myn eigen en dêr fûn ik neat oan. Guon bern wiene sûnder kaam en hja dielden mei, wat my ek net rjocht oan stie.
Ik mocht graach oer de skoalle en it learen, mar fûn it ek moai, dat de juffer altyd kreas yn 'e klean wie en sokke skjinne hannen hie. Mem en Popkje hong it hier faak yn wylde tûfen om 'e holle en hoe smoarch wiene har hannen bytiden fan it kachelkrytsjen en oar smoarch wurk. Net te ferjitten har hite hollen fan it skrobjen en dweiljen. As hja it sa drok hiene, hie ik myn slinger net, dat ik naam my foar skielk ek skoaljuffer te wurden. Ik fertelde it net oan mem, wol oan Popkje, al sei ik de wiere reden der net by.
‘Ik sjoch dy al,’ sei Popkje, dêr't ik út begripe moast, dat hja my krekt net seach.
Dat makke myn foarnimmen sterker, wat miende Popkje wol!
Wie it yn dy snuorje, dat ik fan dy eigenwize opstigings krige, dat heit en mem en Popkje en alle minsken it skielk wol sjen soene mei my! It heucht my, dat ik, mar dat wie yn alle gefallen letter, ris tsjin de boom fan de jister oanhong en tocht: sil ik twa fingers opstekke fan ‘sa wier’? Mar wy mochten net swarre. En dochs, wat heit net slagge wie, soe ik wier meitsje. Ik soe leare lykas ús ferstoarne omke.
Dat it op skoalle wol goed gyng, kin in lyts foarbyld yllústrearje, fierder is
| |
| |
it measte fan dat iene jier út myn oantinken wei. De juffer woe it wurd ‘tante’ op boerd skriuwe litte, in pear bern besochten it, mar koene it net of diene it ferkeard. Doe frege hja, wa't it wol doarst. Ik stiek de finger op. Even letter siet ik wer op myn plak en koe myn wurkstik yn skeane, dik en tinne letters bewûnderje. It stie wol net horizontaal, mar dêr sei de juffer neat fan, hja hie my priizge.
Wy skreauwen mei laai en griffel. Mei in fjouwerkantich latsje loeken wy streken op it laai op sintimeter, latsjebrede, ôfstân.
Op dy linen skreauwen wy wurdsjes en sintsjes en makken wy sommen. Mei spûns en lear waard it laai hieltyd wer skjinmakke. As it hurd moast spuiden wy der op en fagen it mei de mouwe fan jurk of trui skjin en droech, mar dan waard it laai skier en dan kibbe mem.
Ienris yn 'e wike mochten wy mei poatlead op papier skriuwe. Dat wie in pree! Wat rûkte sa'n poatlead lekker. It wie in djoer besit, dat lykwols oan de ein fan de les wer ôfstien wurde moast, want dan helle de juffer se wer op yn in plat houten sigarekistke sûnder lid. By it ompartsjen koene wy gelok hawwe en in hiele lange nijenien mei in skerpe punt treffe, mar ik koe ek útdraaie op in heal of in stompke, dat hong der fan ôf oan hokke kant hja begûn út te dielen, want wy mochten sels ien út it kistke fiskje en de lange wiene der it earst út. As ien fan de bern rûngean mocht koene wy it ek moai of raar treffe, dat hong der wer fan ôf, oft it dyn freon wie of net. De útdieler socht sels de moaiste út en net ien fan ús, dy't dêr wat fan sizze soe, it wie syn goed rjocht. De alderlytste eintsjes joech de juffer wei en wa't ien krige, wie de kening te ryk. Hiel inkeld joech hja sels in stikje kryt wei, mar dan waarden ûnderweis nei hûs brechjes en hikkepeallen bekrast en waard der fan it hiem ôf tsjin ús raasd. Griffels moasten wy sels foar soargje, al hie de juffer wol guont foar de wraak. Wy hiene ek in (eigen) griffeldoaze yn it fak. Yn it begjin fan myn skoaltiid hie 'k in brede, plattenien mei trije fakjes, ien oer de hiele lingte fan de doaze en twa ûngelikense der njonken. Der wiene ek doazen mei twa en trije ferdjippings, dy't fansiden draaid wurde koene. Wa't sa'nen hie, stiek kop en earen boppe de maten út.
De spûnsdoaze wie in koart, breed blikken kokerke mei twa iepen einen, in skotsje der tusken, dy't mei in lidsje ôfsletten waarden. Oan ien kant hiene wy in stikje wiete spûns om it laai mei yn te wriuwen, oan de oare in eintsje sêft seemlear om mei ôf te droegjen. Yn de wiete spûns stoppen wy beantsjes om út te spruten, algeduerigen gyngen wy nei, hoe fier't it der mei wie. Wat in wielde as it beantsje iepenbriek en de bledsjes en in wyt tin woarteltsje kamen te sjen.
| |
| |
Griffeldoazen wiene der yn ûngelikense mjitten, mar ek ûngelikens fan útfiering, fersierd as hja wiene mei blomkes, bisten, boartsjende bern en de priis wie der neffens. Sa ek de spûnsdoazen, mar dy wiene allegearre like grut. It wie in feest om nei de winkel ta en sykje sokke doazen út! De guodkeapste griffels wiene keal. Dy't om de ûnderste helte in papierke mei patroan hiene yn kleuren, wiene ek net djoer, mar dy mei ûnderom papier en ferguld boppeein, hja skreauwen ta myn ferwûndering net goudferguld, kosten mear en dy mochten wy samar net keapje. Doe't ik ris in pear fan sokke fan besite krigen hie, wie 'k der sa wiis mei, dat ik se yn 'e hân hâlde doe't ik mei heit en de omkes de lannen yn gyng te buorkjen. Doe't ik in kikkert op in blêd yn de sleat sitten seach, soe ik him mei in klútsje modder smite en goaide tagelyk myn skoandere griffels yn 'e sleat. Lokkich joegen hja my jild foar in nije.
Der wiene doe ek in soarte fan etui's, yn myn eagen it moaiste fan it moaiste om te hawwen. It wie wenst, as in bern eat fan wearde fûn hie en hy wie earlik, dat er der mei by de klassen lâns gyng om te freegjen, oft ien it ferlern hie. As der gjin eigener wie, mocht hy of sy it sels hâlde. Sa kaam in famke út suske har klasse ris by ús mei sok in etui. Hja liet de ynhâld sjen, poatleaden, kleuren, griffels, allegearre yn aparte fakjes. It ding biet my de kiel út en ik stiek de finger op, dat it mines wie. It famke lei it wat neigeanich foar my op 'e bank del. Ik doarst it prachtige ding amper oan te reitsjen. Op it lêst stoppe ik it mar gau yn it fak. Skuldgefoel sasear hie 'k net, mar dat waard my by it útgean fan de skoalle wol oanpraat en yndruid, want dêr stiene suske en it famke al op my te wachtsjen. Doe moast ik wol troch de koer falle. Ik besocht in ferlechje, dat ik my fersind hie, mar hja laken my út. De ferwitende eagen fan it famke kin ik noch foar my krije. It fyt waard thús ek oerblebke, dat ik haw fuort net wer in leagen weage om in begearte te befredigjen.
Hoe goed de skoalle my befoel, ik hoegde net by mem oan te kommen mei ferhalen der oer. Song ik har in ferske foar, dat wy krekt leard hiene, dan fûn hja myn sjongen wol moai, mar karde tagelyk ôf, it wie fansels wer in strjitferske. Bygelyks dat aardige: ‘Daantje zou naar school toe gaan.’ Ik begriep dat lietsje trouwens net iens goed. Dat ‘Daantje’ in namme wie, hie 'k net yn 'e gaten en ‘gedurig’ wie al sa'n frjemd wurd. Ik moast mem wol leauwe, dat it net in goed lietsje wie en ek, dat wy op in kristlike skoalle thús hearden. No wiene ‘iepenbier’ en ‘kristlik’ mar klanken foar my. Heit en mem neamden ús skoalle in ‘staatsskoalle’ en in kristlike skoalle waard troch tsjinstanners ‘fine skoalle’ neamd. Ik moast wol begripe, dat iepenbier en staats by de ferkearde kant hearden en kristlik en fyn
| |
| |
by de goede. Om't dat mei God en divel te krijen hie, haw ik my op dy skoalle ek wol ris minder noflik field, al hoe moai ik it der op himsels ek fûn.
De simmers fan myn earste skoallejier wie der in skoalfeest ta eare fan it feit, dat wy hûndert jier ferlyn ûnôfhinklik wurden en de Frânsken kwytrekke wiene. De skoalbern soene mei fersierde weinen troch it hiele doarp en in ein der bûten ride, bygelyks ek nei Reahel. Myn treast wie, dat heit op ús wein sitte soe te mennen, want de eangst foar it plak mei dy namme hie him noch net alhiel deljûn.
Dagen fan te foaren waard der oan de fersiering arbeide. Wy makken roazen fan tin kleurd papier. Ik mocht ek meidwaan: in reep papier oprôlje, ien kant ynknippe en in tin kramtriedsje der ûnder om hinne wine. Sokke, dy't yn brede stikken ynknipt en de rânen der fan ien foar ien omkrôle waarden, fûn ik it moaist, om't it echte roazen liken, mear as dy't kwasten gelyk wiene.
De moarns fan it feest waard brune Bles noch optúgd mei hiele lytse roaskes oan moanjes en sturt.
Myn feestlike stemming krige in knoei, doe't ik by frjemd op 'e wein set waard en net by ús heit, suske wol, dat ik siet de hiele feestreis lang de hals út te lûken om heit en har yn it fizier te hâlden. Doe't ik hoeden frege, wêr't wy wiene, die it bliken, dat wy Reahel al hân hiene en koe 'k my oan de wille oerjaan. Nei de optocht mei de weinen kamen wy yn ús wite feestklean by elkoar op it skoalplein, dêr't in fotograaf in per tret fan ús makke. Hy hie syn tastel op in hege dûbele ljedder te stean, in swarte doek hong der omhinne, dêr't de man sa heech er stie mei de holle ûnder kroep. Master sei, wy moasten goed ta sjen want der soe foar in fûgeltsje út fleanen komme, mar hoe't ik seach, it fûgeltsje kaam net. Doe't ik der suske nei frege, lake hja. Inkelde wiken letter koene wy foar in kwartsje de foto fan printkaartformaat keapje. It wie in soarte fan panorama wurden fan in mânske kliber bern, dêr't wy ússels, suske en ik stiene njonken elkoar, mei de hege strieën huodsjes mar skraachwurk tusken fine koene, dat mem fûn it skande fan it jild. It wie dochs spitich, want wy hiene wol sa moai west en de huodden wiene nije mei glêde reade kjersen en rûge griene bledsjes om de bol. Sa gau't wy wurch fan alles wat wy belibbe hiene, thús wiene, burch mem se yn in blauwe huodsjedoaze dy't hja út 'e wei brocht yn de rûmte ûnder it bedstee yn de moaie keamer, dy't wy yn dit hûs wol hiene. Nei it fotografearjen kamen de spultsjes, dêr't ik grif neat by wûn haw, want se kamen altyd op hânsumens, redsumens en linigens oan, dêr't ik fier fan in útblinker yn wie. Mem sei wol, dat ik net stean moast te drea- | |
| |
men. Myn krewearjen om mear wissens, hie gjin dúdlike fertuten dien, mar ik siet der net bot mear oer yn, hja soene my net ferkeapje, sa wiis wie ik wol al wurden.
De draaimûne op it feestlân wie mear fan myn gading, dêr koe 'k yn sitte en my draaie litte. Ik wie der net út te krijen, fertelde heit jûns oan mem, dy't net op it feest kommen wie.
‘Hja wie net út it goddeleaze ding wei te slaan! Dat neame hja in bernefeest, it hie mear fan in merke!’
Draaimûne of gjin draaimûne, it hie der dochs fan kommen, wy moasten nei in oare skoalle ta. Heit wie gewaar wurden, dat yn in doarp fiif kertier te gean by ús wei wol in kristlike skoalle stie. Te fier? Dat oppenearre Popkje, mar wy wiene net fan sâlt.
‘Wy moatte it der foar oer hawwe,’ sei mem as gou it in belidenis. Hja fûn it wol in hiel ûndernimmen, mar oars hie har gewisse dochs gjin rêst. Ferskes as wy no learden! Wy soene ús psalmen eigen meitsje, dêr hiene wy foar ús hiele libben wat oan.
‘Simmers, goed, mar winters moatte de hartsjes ek,’ haspele Popkje tsjin, mar har wurden waarden gjin acht slein. Popkje kaam út in sektarysk fermidden en stie der oars foaroer.
Mei it begjin fan it nije skoallejier, wer op ien april dus, begûnen ús reizen. Ik wie krekt seis jier wurden. Mei it itenstrompke op 'e rêch, de bân skean oer it boarst, setten wy tenei alle moarnen seis dagen yn 'e wike, moedich útein. Of moedich? Wy tochten der net by nei, der wie dochs gjin ferwin op. Fjouwer hiele dagen en twa heale, de woansdei- en sneontemoarns moasten wy der hinne.
Heit joech ús dy earste kear oanwizings, hoe't wy gean moasten, earst de lange streek hielendal út, dan mei in heakse bocht nei lofts in sânwei nimme, dêr't in fuot- en fytspaad efter in rige wite pealtsjes wie. Healwei de sânwei lei in mar, dêr't wy net by komme mochten. Fierder belannen wy by in heech brechje, op in rjocht ein klinkertwei njonken in tsjerkhôf mei twa treurwylgen by de yngong, mar dêr hie heit ús grif al ynhelle. Hy moast earst noch fuorje en mjuksje. Nei dy wylgen wie 'k nijsgjirrich. Wat heit sein hie, kaam út, grutte tûken mei begjin fan jonge blêdsjes hongen op 'e grûn. Wat hawwe wy dy earste moarn faak efterom stien te sjen, oft heit der al oankaam., want ik alteast, wie as de dea foar de nije skoalle mei al dy frjemde bern, dy't stean soene te loeren. Lokkich, dêr wie heit. It lêste ein mei him, hy hie de fyts oan de hân, skepten wy moed. Hy wiisde ús de skoalle út 'e fierte al oan, ien fan wite stien mei op plakken in reade fersiering. Wy troffen it, dat de skoalle al oan wie, safolle ea- | |
| |
gen soene ús net meiïnoar bestoarje kinne. Sa'n earste kear mochten wy wol te let komme, stelde heit ús gerêst. Dat kaam út, de boppemaster, dy't ús yn 'e gong yn 'e mjitte kaam, sei der neat fan. Suske brocht er earst te plak en doe my nei in lokaal, dêr't alle eagen wol myn kant út gyngen, wat my aaklike bleu makke. Boppedat siet ik der oer yn, oft dizze ûndermaster wol wist, dat ik juster oerkaam wie nei de twadde klasse. Hy wie mei in Bibelsk ferhaal oan it fertellen en hâlde efkes op om my fan de boppemaster en heit oer te nimmen. Heit sei, dat ik my no wol rêde koe, mar hy eane net mei hok in swier hert ik dêr te hier en te keap stie. Njonken in hiel lyts famke wie noch in plak frij, dêr moast ik mar sitten gean. Fan it fertellen haw ik neat ûnthâlden, wylst it wol nij wie nei in skoalle sûnder bibel.
Sa lang't it ferhaal noch duorre siet ik te gûlen en master liet my gûle. No't ik nêst sa'n lyts famke (yn myn eagen) kaam wie, siet ik dus wer yn 'e earste klasse en wie ik sitten bleaun, wat wol sa'n grutte skande wie! Mar doe't master ree wie, kaam er op my ta, in pear gruttere famkes stiene al by my om't hja begrutsjen hiene.
Master sei: ‘Dû sitst yn de twadde klasse, no?’
Hoopfol knikte ik.
‘Dan moatst hjir by dyn maten by it finster sitte.’
Dat wie oan de weikant, mar dêr wie neat fan te sjen, want de ûnderste finsters wiene fan matglês. Oer wie de pine, ik hie myn eare werom.
‘En,’ sei master, ‘hoechst net te skriemen, dit is ek in moaie skoalle, neat minder as dêrst ôfkaam bist.’
Wat wie ik bliid, dat er myn triennen, dêr't ik my foar skamje moast, ferkeard útlei. Fan de famkes waard ik gewaar, dat hja alle moarnen ûnder it fertellen sitten gean mochten, dêr't hja woene. De master wie sa goed! De earste tiid moasten suske en ik it ein hinne en werom tegearre rinne, mar ridlik gau krigen wy selskip, want ús foarbyld poene oaren oan. Wol bleauwen wy de fierst weikommenden. Njonkenlytsen waard it in hiel keppeltsje fan jonges en famkes, dy't meiinoar wille makken en sa de reis bekoarten.
Mar Popkje krige gelyk, simmers mocht it hinnebruie, wie it sels moai, mar winters! Noch komme my de knypneils en de iiskâlde fuotten fan doe wol yn 't sin. Wy wreauwen der tsjin, wy draafden der tsjin, mar it holp net genôch. Ik hie genôch klean oan, dêr paste mem wol op, mar ik droech in mantel sûnder bûsen. Mem hie wol fûstwanten foar my breide, mar dêr fielde ik de kjeld en de skerpe wyn dwers trochhinne. Dêrom stoppe ik de hannen by de mouwen of foar ta de mantel yn. Sommige bern
| |
| |
wiene oan it hanbûtsjen en bearden, dat it holp, mar ik fûn der gjin baat by, ik sil wol net fûl genôch slein hawwe.
It waard yn de streek net wurdearre, dat wy ús te goed achten foar har skoalle, sa't hja it neamden. De haadmaster hie ek al tsjinstribbele, hy woe amper de pokkenbriefkes ôfjaan. De dokter sei der wat fan, doe't er by ús wêze moast, de buorlju diene stiif en wy waarden útmakke foar ‘fine bliksems’ en wat hie bliksem, wjerljocht, mei ús te meitsjen? It waard ek op ús ferhelle. Wy mochten net iens tsjin fredings en hikken fan in hiem oanhingje. Doe't wy op in kear op in heech stek sieten út te pûsten, krige de iene nei de oare fan ús ûnferwacht in pomp yn 'e rêch. Ik ferlear it lykwicht en foel foaroer op 'e grûn, de oaren sprongen of foelen der heal ôf. Doe't wy ús omdraaiden stie lytse Hindrik Prûmke tsjin ús te bearen, oft wy soks op 'e fine skoalle learden. Hy prûmke dêr sa fûleindich by en mei de mûle iepen, dat ik de spatten yn myn gesicht fielde, doe't ik wer oerein klaud wie. De jonges spuiden him werom. Wat fûn ik dat moai, mar ik soe it sels net heal doarre.
Doe't ik it ferhaal oan mem die, lei hja út, dat it oars neat as haat tsjin Kristus en de kristenen wie, it moast ús in eare wêze foar Him te lijen. Dat woe wol yn my del. As ik sjen liet, dat ik wat foar Him oer hie, hearde ik by de goede kant en skielk by de skiep en net by de bokken. Mar it spuien dan, dêr't ik om yn 'e hannen klapt hie?!
It ûnderskied tusken goed en kwea strykte dochs net altyd mei de wierheid fan de praktyk. Ik hie wiis mei de juffer fan de iepenbiere skoalle west, ús buorlju, dy't net tsjerksk wiene, wiene goede minsken, al lieten hja har no wat kenne. Ut ús eigen famylje en kunde karden sommigen ommers de kristlike skoalle ôf en hja gyngen wol nei tsjerke ta, al wie dat in oaren as uzes. mar Hindrik Prûmke wie en bleau in dikke minnenien. Ik gunde him, dat er skielk by de bokken stean soe te mâl sjen.
De wei nei skoalle ta, dy't wol faak lang foel, ferdielde ik yn ‘staasjes’. Earst kaam de winkel fan Sibbele Pôt, dêr't wy alle dagen foar stiene te longerjen. Suske stjoerde my der wol yn om in suertsje of in reepke te freegjen en ik die dat yn myn ûnnoazelheid. Sibbele joech my altyd wol wat, om't wy in goede klant wiene, tink.
Twad kaam it mishipte wyfke, dat, it miste net, as wy moarns oan har hûs ta wiene, in hiel lyts molkbuske oan it hingsel by de wei wei helle, dêr't de molkrider it foar har delset hie. Ik hie altyd oanstriid te wachtsjen oant hja efter har flearhage weiwurden wie, mar de oaren skynden har net iens oandacht te skinken. Ik tocht oer har nei, der wiene dus ek froulju mei in bult. Soe ik letter ek ien krije kinne? Wypke soe ik fuort net wer sjen, al- | |
| |
hoewol, hy hie al in kear yn it Unlân werom west om it ien of oar oan te wizen, fertelde Popkje, doe't wy op in middei thúskamen, mar dat wie koart nei de moard.
Wiene der nuodlike moetings ûnderweis, dêr foaroer ek genôch dy't blydskip brochten. In ein fierder, trêd, wenne Meine Moalsek, dy't ús op syn platte wein wol meiride liet. As er ús efterop kaam mei in lege wein, koene wy der mannemacht wol op, mar hie er de wein beset mei folle moalsekken, dan moasten wy ús dêrop deljaan en ús goed beethâlde. Benammen op 'e weromreis wie er wolkom. Foar my hie it meiriden beswieren, om't ik net linigernôch wie om maklik op 'e ridende wein te klimmen en Meine soe net even stil stean bliuwe, op syn bêst hâlde er it hynder even yn. Dan loek de iene en treau de oare oan my, oant ik foaroer op it spinterige hout lei en gau makke, dat ik op 'e knibbels fuort kaam, want hja skreauden allegearre tagelyk, dat ik rûmte meitsje soe, der wiene mear, dy't graach mei woene.
En suske ferwiet my dan, dat ik fierste grou wie, wat ik in mislediging fûn. Ek makke it, dat ik my helpleas fielde.
Op in kear ried Meine mei ús troch, dêr't wy ôfslaan moasten en dat wist er oars ek wol. De oaren sprongen yn sân hasten fan 'e wein, mar ik doarst net. Wat fielde ik my ûngelokkich allinne by de steapels lege moalsekken en neisjoen fan de maten, dy't rôpen, dat ik der ôfkomme soe. Toe ju sulle! Troch it lawaai fan de weintsjillen hearde Meine, sabeare of net, neat. Doe't it gûlen by my wurde soe, makke er in gebeart fan ‘stil mar!’ Hy gyng mar in eintsje de ferkearde kant út, even in boadskipke ôfjaan en hy draaide wer om. Hy noege my njonken him by it tiksel, sette de klomp dêr op en der kamen wy wer oan, ik prinshearlik túgjend, want it wie in grutte eare om dêr sa neist Meine te sitten.
Wy hellen de oaren gau yn, mar it foel my ôf, dat net ien, suske ek net, op my wachte hie, al hiene hja wol ommeald.
Fjird wenne der op 'e hoeke fan 'e sânwei in gol frommeske. Hja wie lyts en dat spriek my oan, sels wie 'k ek net grut. Hja hie pikswart hier en dat mocht ik graach lije. Hja wie reafallich en dat rôp begrutsjen yn my op, om't it neffens sizzen in teken wie fan tarring ûnder de lea. Net dat ik wist wat tarring wie en wêr't it ûnder de lea sitte koe, mar it mûskopjen en de gesichten, dy't der by lutsen waarden, hâlden yn, dat it wat slims wie.
‘Skielk moat hja yn in tintsje,’ waard der lústere.
‘Efter yn 'e bleek by it wetter?’ frege ik bangich.
By ús yn 'e buorren hie in famke yn sa'n tintsje lein. Wy hiene fan 'e wei
| |
| |
ôf nei har stien te swaaien. Doe wie hja ferstoarn, yn in lykkoets wie hja nei it hôf tariden, oare deaden waarden hinne droegen, mar by har siet modder oan 'e kloet, sei mem, wat sizze woe, dat hja it wol betelje koene. Mem sei ek, dat sykte en dea net ôfkocht wurde koene. Ik hie it swarte hynder mei in swart kleed oer him hinne wol sjoen, it hong ek heal oer syn kop, in swarte plom stiek tusken de earen, steil omheech. ‘In sjamme gelyk,’ neamde Popkje it hynder, in sjamme wie itselde as in spoek, wylst ik my spoeken altyd wyt tocht hie.
It lizzen yn in tintsje like my nei neat. It famke hie nachts dêr ek lein, dat alleman mar by har komme koe en hie hja dat net slim fûn? It frommes mei de tarring ûnder de lea seach ik faak mei earbied op en del oan as hja mei in aker oan in ratteljende kjetting drinken foar ús út har reinwettersbak ophelle. Om barren liet hja ús út in sleef drinke, sels naam hja earst altyd in pear slokken. Hja en wy klokten der oer, sa'n toarst hiene wy. Sa hiene wy simmers ûnderweis noch in pear adreskes om wetter te freegjen. Dêr't it minske wenne begûn it paad efter de wite pealtsjes en mar in foech eintsje fierder blonk de mar ús yn 'e mjitte, de mar, dêr't wy net by komme mochten en dy't my altyd fleurich makke. Oan 'e kant lei er yn reidplomen wei, in beskoaiing fan swarttarre peallen hoede de wei tsjin heech wetter en hy wie sa grut, en lei sa fier en apart, dat wy allinne mei in boatsje oan de oare kant komme koene, seine de jonges. Dêr stieken steatlike pleatsen foarnaam tsjin de loft, foaral tsjin in donkere hjerstljoft ôf. Wa soene dêr wenje? Hoe wie dat om mei in boatsje nei hûs ta te moatten?
Al mochten wy net by de mar komme, wy hongen lykwols faak oer de hjir en dêr fermôge peallen hinne om te harkjen nei it plaskjen fan it wetter en it jolm mei de eagen te folgjen, dat willeas nei de kant dreaun waard. Hiel inkeld wie der ris wat by, dat wearde foar ús hie, in blikje of in flesse, altyd wiene wy yn ferwachting fan wat moais.
Tusken de reiden lei foar my ek Mozes yn syn kistke fan resken, dy't master ‘biezen’ neamde, de gatten mei pik tichtplakt. Wat siet ik der oer yn, dat der dochs noch wetter yn siperje koe, de prinses mocht wol gau komme. Op guon plakken koene wy de mar in eintsje yn komme. Op bleate fuotten rûnen wy tusken de hege reiden troch, wol mei omtinken foar skerp spul dat achteleas yn it wetter smiten wie. Doe ûntdieken wy ris op eachshichte in fûgelnestje, dat tusken de reidstannen bingele. It wie it nêst fan in karekyt, dêr't wy op skoalle in lêsleske oer hiene. Alle dagen gyngen wy nei, hoe fier't it mei de aaikes wie, dy't der yn leine. Op it lêst leine der jongen yn. Yn it boekje stie it ferske:
| |
| |
Mijn nestje sit in 't riet riet riet!
Mar op in dei wie it nêst leech en gjin fûgeltsje te sjen. In wylde kat? Aksters? Jonges? Heit hâlde it der foar, dat de jongen útflein wiene en dat koe wol útkomme, om't wy der de lêste dagen net by sjoen hiene.
De mar waard doedestiid net drok befearn, in inkelde fiskerman boomde syn kantelich boatsje stadich nei útsteande netten ta en waard like moai wjerspegele yn de stille wetterflakte as de beammen en de pleatsen fan de oare kant. Earne stie in jasker skean oer it lân, it wie feest, as er somstiden draaide. Wy sochten de giele barchjeblommen út 'e wâl, fan de fruchten makken wy mei lúsjefers bisten. Der groeiden kalmuswoartels, dêr't wy op kôgen tsjin 'e kjeld.
Ik bearde mei de oare bern, dat it lekker wie, mar fûn der net folle oan, it fielde hyt op 'e tonge.
Hoe opwinend wie de mar hjerstmis by stoarmwaar, mei brûs op 'e weagen. De jonges strûpten de boksen fan har knibbelbroeken op, de famkes tilden har rokken in eintsje omheech en sa djoeiden wy yn it poaskjende wetter om en lieten de útrinners fan de baren hieltyd tsjin de skonken oan slaan. Dyselde mar hie ús ek wol bang, as de stoarm fûlbannich wie, it giele skûm fier oer de peallen hinne ús yn it gesicht spatte. It wetter kaam wolris oant op 'e brede sânwei, sels wol op it paadsje, dat oars wat heger lei. It beamguod swypke, fûgels besochten om 'e nocht yn 'e wyn op te kommen en namen hieltyd in nije oanrin. Soms skuorde de tichte loft iepen fan in wjerljochtstriel en driigjend klonk in tongerslach, dy't moanne om oan te meitsjen of te skûljen, mar net ûnder in ikebeam, want dat wie gefaarlik, leaver ûnder in boekebeam, om't dy de wjerljocht net oan loek. De earste drippen fan de reinbui fielden wy op 'e noas en heinden wy yn 'e mûle, mar al gau wie 't gjin tûlkjen mear, yn in omsjoch wiene wy oant ús wollen boarstrok en himd trochwekke. Reinklean hiene wy net, dêr waarden ôfdragers brûkt. Wy telden tusken wjerljocht en tonger, hoe fier wie de bui by ús wei? Us berekkeningen sille net doogd hawwe, want de iene rat tele út bangens de telwurden al hurder ôf as de oare. Faak hawwe wy in taflecht fûn by it minske mei de tarring ûnder de lea. Ik wit net, oft hja oan it tintsje takaam is, mar de earste jierren net yn alle gefallen. Dan die hja de mendoarren gau efter ús ticht, om't sigen it fjoer ek oanloek. Heit helle ús ek wol op mei âlde mantels. Hy naam ús foar en efter op 'e fyts en brocht ús hurd en feilich thús by mem. Heit hie sels in donkerblauwe cape, as de postrinners ek wol droegen en dy sloech er om my hinne as ik foar by him op 'e stange siet.
| |
| |
Winters longeren wy der op, dat de mar ris ticht lizze soe om dwers oer nei hûs ta te kinnen, wat soe dat in ein skele! Op in hinnereis soe ús dat nea slagje, om't mem ús altyd efternei seach en dan soene wy in oare kant út moatte.
Mei moai waar tochten wy oan gjin tiid, wy bewûnderen de keunstich fersierde draken, dy't, de iene noch moaier as de oare, mei har lange stokjesturten heech yn de loft swieren oan it tinne tou, dat fan in eigenmakke katrol of stik karton ôf wuolle waard. Bern boarten mei papieren boatsjes yn de sleat, arbeiders wiene mei de wei oan 'e gong, boeren sieten oan 'e wei te melken, rûnom moasten wy mei de noas by. Ek waarden ûnderlinge tsierderijen nei dagen fan stúmjen en stikelstekken útfochten, as kaam der gjin ein oan de dei. As yn augustus nei de simmerfakânsje fan fjirtjin dagen de toarnbeien ryp wiene, wiene wy mei sykjen besteld, ik tink oan de oerripe kuorkebeien. Mar yn it hytst fan de simmer wiene wy te sleau om wat út te finen en leine om it hoartsje yn de berm om by te kommen. Mar oars makken wy húskes yn 'e ûnderwâl fan droege sleatten. Winters barde dat ek wol, want net fier yn 'e mar op leine driuwtillen beferzen yn it iis. De eilantsjes wurken frâl simmerdeis op myn romantysk gefoel, om't wy der net by komme koene. Wat wie dêr altemets? Se wiene begroeid mei struwellen op bernehichte. Wy makken der yn lange winters as it iis hâlde, keamers en in keuken yn, dy't wy ôfskaten mei bannen en linten en oars bûgden wy tûken krûm. Wa fan ús it minst yn 'e geunst stie, wie de faam. Ik wie gauris it bern, dat dwaan moast, wat de oaren seine, al waard der wol fan my ferwachte, dat ik ris ûndogensk wie, dat hja my efternei sitte, of in wan bruien jaan koene.
Healwei de sânreed nei skoalle ta waard ús keppel útwreide mei in famke Klaske, hja wie altyd de faam by ús boarterije.
Dat boartsjen op 'e mar hie mem ús ferbean, mar wa't net meidie, wie in skytlak en wa woe dat wêze? Boppedat boarten wy dêr allinne yn it oerbliuwersskoft en dan soe heit ús dochs net oer it mêd komme en mem kaam amper fan 'e pôle.
Hoe kaam it eins dat Klaske der faak oer wie? As eftergrûn hie hja oars in hiel apelhôf en hjerstmis wie hja dan ek mear yn eare, benammen as har heit ûnferwachts oer de sleat om it hôf hinne apels foar ús op it paad smiet, dêr't wy as wylden op ôfstoden en hy mar laitsje. Wa't oan de krapperein kaam wie, ik ek altyd, krige persoanlik in oanfolling en dêr wachte ik dan mar op by de strideraasje en klauweraasje.
Trijeris yn 'e wike hiene de famkes nei skoaltiid hantwurkjen oant fiif oere en moasten wy sûnder de jonges nei hûs ta, mar mei Klaske, dêr't wol wat
| |
| |
foaroer stean mocht, funen wy. Sadwaande fregen wy har ris om in pear pripnoaskes, dy't sa moai op har hiem stiene te bloeien en ús mei har poarperreade kleur de eagen alle dagen útstieken. Hja doarst net planút wegerje, mar soe har mem freegje. Dy siet mei de wytmûtse op foar in glês te stopjen. Wylst Klaske bûten foar it finster stean gyng om tastimming, skodde hja mei har grutte swartstrieen hoed ‘nee’ tsjin har mem, mar de wytmûtse binnen knikte ‘ja’. De mûtse wûn it, nei't er in skoftlang tsjin de hoed yn beweegd hie. Om har deunens fan doe waard hja tenei Klaske Pripnoaske neamd. Us ploechje tocht ek, dat hja wol in ôfstraffing fertsjinne hie. Op in goede moarn, doe't hja op it paad stie út te sjen en wy der oankamen, draafde hja hurd yn 'e hûs om har trompke mei iten op te heljen. Wylst fleagen wy, dy't har meneuvels merkbieten, as hazzen har daam foarby en kroepen in eintsje fierder yn 'e ûnderwâl ferside. Wat stie hja efkes letter ferstuivere te sjen, hie se har sa fersind? Stadich dreutele hja ús kant út en ynienen stiene wy foar har op it paad, makken twa rigen, dêr't hja tuskentroch moast en bûgden en knikten foar har. ‘Dei keninginne! Dei keninginne!’ rôpen wy. Sa ûngelokkich as har antlit doe stie! Net ien, ik ek net, hie op dat stuit begrutsjen. Klaske is jong ferstoarn, miskien komt it dêrfan, dat ik no noch wol skuldgefoel oangeande har haw. Der barde mear om dat skuldgefoel te krijen. Ik wie gjin helt by bernespultsjes, heinderbaljen mei trije ballen koe 'k amper yn 'e slach krije, toudûnsje skraachwurk, mar knikkerje koe 'k goed. Klaske hie fan dy moaie wytkalken knikkerts mei kleurige rantsjes en likense lytse, dy't wy poteartsjes neamden. Hja ferlear altyd fan my, dat yn de knikkertthd wie hja myn bêste kammeraatske. Kaam ik thús mei de ponge fol Klaskeknikkerts, dan bekroep it my, ek al mocht hja noch sa faak nei de winkel om har ferlies oan te suverjen. Dêrom joech ik har altemets in pear werom en dêr moast myn gewisse him mar mei deljaan.
De narderij fan Klaske hat gâns in set duorre, mar op it lêst sil hja der thús oer klage hawwe, want op in kear stie har grutte broer, hja skynt in neikommerke west te hawwen, drigemintsjend foar ús op it paad: as wy nochris it hert yn it liif hiene! Wy waarden kjel, mar namen wol wer wraak. Net mear sa rjochtút, hja wie ommers net mear alhiel helpleas, mar no núnderen wy it wyske fan ‘Klikspaan, halve maan’ har yn 'e earen. Suske en ik krigen fan heit en mem in aparte warskôging, want broer hie yn eigen persoan by ús thús west. Fansels joegen wy de oaren de skuld, hja sille ús net leaud hawwe, mar spilen mei, hja hiene net oars fan ús ferwachte, wêrom stjoerden hja ús nei de kristlike skoalle oars? Ik steurde my oan dat ‘nei de kristlike skoalle’ om't de minsken dêr ek altyd mei oanka- | |
| |
men. Mar de knikkerts kamen my yn 't sin en wy hiene alris apels út Klaske's bûse stellen en sels har trompke mei goed belein iten, dêr't net ien fan ús har broggen oan ta kamen, stikem losmakke, dat hja neigeraden alles ferlear en wy mar roppe: ‘Klaske, wêr is dyn iten?’ Al hok goed iten hja meikrije mocht, as wy ferlegen sieten om in stik, soene wy net ien fan har oannimme, as koe it nei har smeitsje. En doe, op in moarntiid by har hûs kommen, waard der tûlke: ‘Soe se noch op bêd lizze? De gerdinen sitte noch ticht, by Klaske Pripnoaske.’
Doe kaam har heit ta de doar út om te sizzen, dat Klaske in pear dagen thúsbliuwe soe. Wie hja siik? Mar wy hearden it wurd ‘dea’ fallen. Nee, Klaske net, mar har mem wie ferstoarn en hja hie net iens ferteld, dat har mem siik wie. Letter hearden wy, dat it hastich gien wie.
Wat waard der doe drok ûnder ús praat, mar dêrnei foel der in stilte, dy't ôfréagearre waard mei hurd rinnen en wyld boartsjen. Har mem hie goed west, as wy Klaske narre hiene, hie har mem dat grif ek net moai fan ús fún.
Jûns thús wie it it grutte nijs en heit en mem mar beare, dat ‘it’ sa hommels barre koe. Ik koe dat ‘it’ ek mar min út myn tinzen krije, mar mem sei, dat in minske net libje koe, as er alle dagen oan de dea tocht. En wy wiene hjir kommen om te libjen.
De oare deis stiene wy foar de izeren hikke fan it hiem nei Klaske har hûs te stoarjen, it mystearje fan de dea spile ús parten. Wer ferskynde Klaske heit.
Hy rôp: ‘Wolle jim har faaks noch sjen?’
As gou it in fersetsje sa hurd draafden wy nei him ta. Efter him yn de tsjustere gong seagen wy Klaske omspannen en doarsten har hast net oan te sjen. Hja hie de rouklean al oan. Hja die in doar foar ús iepen, dêr moasten wy wêze. Yn de keamer tearde har heit ien lange planke fan it blyn foar it sydfinster om, om in bytsje ljocht. Unferwacht seach ik de deade frou op in wyt ledikant lizzen. Sa bleek!
‘Jûn komt hja yn de kiste,’ lústere Klaske, har asem krevele my waarm yn 't ear. Ik gyng in eintsje by har wei.
Sa wie dea no, gyng der troch my hinne. Hja wie de earste deade, dy't ik yn myn libben seach. En doe mar tinke en oerlizze, wêr't de stille frou no wêze soe.
‘Yn 'e himel, hja hie goed west en ús pripnoaskes jûn en al sa faak in apel of in par,’ tocht ik.
‘Is Klaske mem no yn 'e himel, mem?’
‘Dat sille wy hoopje.’
| |
| |
Mar hoopjen joech gjin wissichheid.
‘Wy meie net oars tinke.’
Ek dat joech gjin útslútsel.
Heit sei: ‘Wa't leaut, bliuwt behâlden.’
Hie hja leaud? Ja, want hja stjoerde Klaske nei de kristlike skoalle ta. Oant de dei, dat hja opdroegen waard en dêr't heit-en-dy in útnoeging ta krigen hiene, bleau de swarte wolken fan de dea oer ús jonge hollen hingjen.
De twadde deade, dy't ik yn myn libben sjoen haw, wie in jonge fan skoalle, mar dat komt noch.
Ien fan de staasjes fan de wei nei skoalle ta wie ek de sânwei sels, dy't ommers bestie út in breed part foar hynder en weinen en in smel efter wite pealtsjes foar fuotgongers en út en troch in fytser. Ik seach dêr de brede en de smelle wei út 'e Bibel yn, de brede rûn dan ek mei wat fantasy út op 't tsjerkhôf, wylst de smelle der moai feilich oan foarby rûn nei it doarp ta. Faak as de oaren oer de hiele breedte fan de wei oan it tikboartsjen wiene, beheinde ik my ta it paadsje, útsein as ik kop en earen oan it spultsje meidie en nearne oars oan tocht.
Yntochte gefaren wiene der, mar ek echte. In famke út ús groep belibbe in aventoer, doe't hja op in jûntiid it tsjerkhôf allinne foarby soe. In ‘rare keardel’ kaam efter in boskje wei en siet har efternei. It rûn goed ôf, mei't der in boer op it Ian dernjonken oan it dongbûtsen wie. Tenei waard der by it famke opsjoen fan: ‘Sy hat doe . . .!’, dat ik waard al wat oergeunstich, mar fierder as efternei sitten gyngen myn tinzen net en dat bewiist de dream, dy't my op in nacht pleage. Ik dreamde nammentlik, dat op 'e wei tichteby it tarringminske sa'n ‘rare keardel’ my gripe woe. It minske stie mei oaren op it hiem te laitsjen, mar stiek gjin hân út om my te helpen, wat my slim fan har ôffoel. Doe't ik bang efteromseach, wêr't de keardel wie, naam ik yn in eachweid mei, dat er de klep fan de pet djip oer 'e bluodrige eagen en in mês yn 'e hân hie. Doe't er my hast yn 'e rêch griep, ik hearde him hymjen, waard ik wekker!
Itselde famke heinde ús ris op mei: ‘Alde Hoatse leit op stjerren.’
Dêr begriep ik út, dat er op stjerren út 'e loft lei en hoe koe dat. Mar wy hiene earne yn in hoekje fan in greide alris wat trillebillerich spul ûntdutsen en ûs ôffrege, wat dat wêze mocht. Ien sei doe, dat it guod fan fallende stjerren wie. En dat koe, want soms skeat der in stjer nei ûnderen. As wy 'n stjer seagen, dy't ferskeat, mochten wy in winsk dwaan en dy kaam altyd út. Popkje sei, dat der dan ek wer in Joadsje berne wie.
Net lang nei har earste nijs, kaam it famke mei it twadde, dat Hoatse wei wie. Wei wie itselde as dea, al miende ik earst, dat er nearne te finen wie.
| |
| |
Wêrom wie Hoatse dan ek op stjerren lizzen gien! Hoatse hie faak mei ús boarte, dan hâlde er syn gongelstôk omheech, as soe er ús slaan! Wy hâlden him wol selskip as er siet te skoaskjen yn 'e sinne. As mem dêr oer hearde, warskôge hja my, Hoatse wie yn syn bernskens, wy mochten him net narje. Mar wy narren him ommers net, wy boarten allinne mei him. Wol hie 'k foar 't ferstân, dat Hoatse oars wie as oare grutte minsken, mar hy wie ek al sa âld, al oer de tachtich.
Suske fertelde: ‘Ast sa âld wurdst as Hoatse, wolst wer boartsje as in bern.’
Fraachtekens! Soe heit skielk ek wer boartsje wolle? Ik koe my dat net yntinke, mar heit wie lokkich noch lang gjin tachtich.
Doe't Hoatse ûnder de ierde lei, gyngen wy wat skrutel tusken de treurbeammen by de yngong fan it hôf troch om by syn grêf te sjen, dat no noch maklik te finen wie, mei't it farsk wie en der in krânse skean tsjin oan lei, op it lint der fan stie te lêzen: ‘rust zacht, lieve dode.’
Doe hiene de famkes it der oer, dat alle minsken ien kear stjerre moasten, Dat wie bekend, mar ik paste it dêr op heit en mem ta. Op dit hôf soene hja net komme te lizzen, mar op dat fan ús eigen doarp. Myn eigen dea lei noch altyd like fier yn de takomst en de himel dus ek. As ik oan 'e himel tocht, seach ik der ek tsjin oan om der hinne mei't ik dêr de bibelminsken lykas Abraham, Petrus en Paulus tsjinkomme koe. Wêrom dy wjeraks? Sels op Lydia, dêr't master oer fertelde en dy't sa'n goed minske wie, hie 'k it net stean.
Sa fyngefoelich wie 'k ek wer net, want doe't der yn in slachterij in baarch slachte wurde soe, fleach ik der mei in kliber bern hinne. Suske rôp my werom, mear famkes rôpen, dy't net heal sjen doarsten, mar hja krigen my der net wei. Spand folge ik it hiele tafriel. De frou fan 'e slachter rûn mei de baarch oan in tou yn 'e rûnte, de slachter besocht hieltiten de baarch mei in skerp puntmês yn 'e strôt te stekken, mar stiek alle kearen mis. By elke misser skatteren wy it út, wy hâlden it mei de baarch, oant der ynienen in gjalp bloed út 'e bargehals spuite. Doe hie ik myn nocht en draaide my om. Fan myn suster moast ik hearre, dat der wol wat oan my mankearje soe, want sokke yslike dingen fûnen jonges allinne mar moai en de pear famkes, dy't der bybleaun wiene, wiene allegearre raren, Dêr koe 'k it mei dwaan.
Dêr't wy de sânwei út en in hoeke om it doarp yngyngen, wie wer in staasje, dan wie it mar in eintsje mear, allinne stie op dy hoeke it grutte obstakel fan in iepenbiere skoalle. De bern dêr skolden ús út of stieken ús mei stokken - en ik koe nea sa gau fanwegen komme - of hja smieten ús
| |
| |
mei grint dat op it plein lei. Moarns koe der net safolle barre, want om't wy suver altyd oan 'e lette kant wiene, stie har master ornaris al te hantsjeklappen - dêr wachten wy ek wol op -, it sein foar ús om te draven, woene wy noch op tiid komme. Jûns lykwols waarden wy efterfolge oant de mar, dêr't guont fan har jonges al oan it swimmen wiene. Hja rûnen neaken foar ús op 'e sânwei, ropen fize wurden, tilden de grutte famkes de rokken op en mear fan sokke pesterijen. It barde allinne op de hantwurkdagen, as wy de jonges net by us hiene om ús te ferdigenjen. Soms kearden hja ús sa lang, dat mem yn mear as tûzen noeden siet. Nei't heit mei har boppemaster praat hie, wie it út, hy hie de wyn der ûnder. Wol nuver, want doe't dyselde master oan in mulo yn it stedsje kaam, koe er de bern net oan.
Skean foar de skoalle oer wie it snobberswinkeltsje fan Feikje, de lêste staasje. By har koene wy foar in sint út it blikje keapje, meast swietekau. De sint foar de sinding, dy't wy moandeis meikrigen is ek wol yn Feikje har blikje bedarre. It jaan foar de sinding hie earst wat nijs west, doe liet ik myn sint graach troch in skreef yn it bakje efter de knibbeljende negerjonge falle, dy't by elke jefte ûnderwurpen tankje knikte. As ik him letter wolris foarbygean liet, protestearre myn gewisse, mar ik wie gleon op swiet. Wy liezen yn in lêsboekje oer bern, dy't fan binnen in tikkerke fielden as hja ûndogensk west hiene. Ik haw mei sin wol harke, mar hearde inkeld myn hert bûnzjen as ik hurd run hie en dat wie wat oars.
As wy hurd draafden, stiek ús de milt ek, mar dêr holp tsjin: de hân yn in fûst en de tûme der by yn. Sa holp in loksbonkje út in skylfiskkop tsjin ûnderskate sykten. Ik hie wol ien yn de mantelsbûse, de jonges droegen ien yn 'e klompen, mar dat die sear.
Op de nije skoalle learden wy ferskes nei memme hert: ‘In den hemel is het schoon, waar men zingt op blijden toon!’ ‘Ver boven alle sterrenpracht daar is een heerlijk oord.’ ‘Veertig eeuwen van te voren was het vrouwenzaad beloofd.’ ‘Weet gij hoeveel sterren kleven aan den hoge hemeltrans.’ Mar ek ‘In een blauwgeruite kiel draaide hij aan 't grote wiel’ en ‘waar de blanke top der duinen schittert in de zonnegloed.’ Mar wat wie ‘blank’, wat wiene ‘duinen’ en ‘gloed’, wat betsjutte ‘eeuwen’ en ‘blauwgeruit’? Thús of ûnderweis wuollen sokke frjemde dingen my yn 'e holle om.
De ferhearliking fan Hollân waard by ús hiel gewoan fûn of hja namen it foar wat it wie, oan Fryske ferskes waard net tocht, ik leau net iens, dat it Frysk folksliet leard waard. Frysk waard net iens by stil stien. In Frysk ferske haw ik fan mem leard. Alle kearen as hja it wat skruten en yn tûle
| |
| |
foarsong, hie hja der sels wille om, om de ynhâld mar ek om't it Frysk wie.
Hiene hja by har thús op sneintejûnen oan it opheljen fan sangen west, dan wie it slotliet altyd:
Uteretút, myn sang is út,
Jou ús noch in flesse wyn,
dan sille wy nochris drinke!
Wat slim wrâldsk foar pake, mar wat wit ik fan syn bestean oars ôf as dat er iverich foar in drokke saak wie, dy't er sels opboud hie, dat er trijeris troud west hie en altyd yn 'e tsjerkerie siet.
It moaist fûn mem, dat wy psalmferskes learden. It earste, dat ik fan it skoalleboerd ôf út 'e holle leare moast wie psalm 87:1:
Zijn grondslag, Zijn onwrikbre vastigheden
heeft God gelegd op bergen Hem gewijd.
De Heer, die Zich in Sions heil verblijdt,
bemint het meer dan alle Jacobs steden.
Fjirtjin dagen letter fers 2:
De Filistijn, de Tyriër, de Moren
zijn binnen u, o Godsstad, voortgebracht.
Van Sion zal het blijde nageslacht
haast zeggen: deez' en die is daar geboren.
De wurden sille ús útlein wêze, mar lykwols siet ik te tiizjen en te harsensskraabjen oer begripen as Tyriërs en Moren. Tsjintwurdich leare de bern oanpaste bewurdingen, mar soe ‘Hij houdt open hof’ makliker te ferstean wêze? Heit en mem hiene it goed besjoen, dat der ek foar letter leard waard. Beppe wie ferstoarn op in psalm, dy't hja yn har jeugd leard hie, mem fûn yn tsjerke soms mear treast by ien fers, dat opjûn waard, as by in hiele preek. In psalmboekje brûkte mem komselden, hja koe se fan skoalle, sels het eigen geschrift Davids wol, dat efter de berime psalmen ôfprinte stie:
Ik was een jongeling nog teder en gering
bij broed'ren laag geacht,
Sokke dingen kamen op it aljemint, as Popkje, dy't net op in kristlike skoalle gien hie, oan it freegjen rekke. Hja gyng mei ús nei de Grifformearde tsjerke. Om heit en mem of om't hja meiride koe of om har sels? Jierren letter hat hja my ris ferteld, hoe goed hja it by ús troffen hie. As
| |
| |
der besite west hie en hja wie der net, dan sette mem har oandiel foar har efterút. Lang net alle boerinnen diene dat foar har faam, oars hie Popkje dêr gjin punt fan makke. Hja wie foar heit en mem it âldste bern, sei hja.
‘In bern, dat hurd arbeidzje moast,’ lei ik der tsjinyn.
‘Arbeidzje moat men rûnom en dat is sûn,’ wie har antwurd.
Har geunstich oardiel oer myn âlden flijde my. Ik wit ek hoe wiis mem mei har wie, de tagedienens is fan beide kanten kaam.
It kennen fan psalmferskes makke wer wat mear minske fan my, om't it no treffe koe, dat ik mei sjonge koe yn tsjerke. It kaam moai út, dat psalm 87 opjûn waard. Sa lûd ik koe song ik mei en seach grutsk om my hinne, ergeren hja har wol, dat ik it út 'e holle koe? Ek op skoalle wûn myn selsgefoel oan, binnen mear as bûten, op 'e banken koe 'k my wier meitsje, op it plein hie it der wol oan: ik doarst net ‘op stach’ yn in draaiend tou springe, net mei it tou te giseljen, mar ik koe wol topje - ik hie in moaie sels kleurde draaitop - en knikkerje en oare stille spuitjes meidwaan.
Leare wie moai wurk. Op in dei wiene wy sa let, dat de bibelles al oer wie, dat master liet ús in hoart by de doar stean en sette de bern oan it rekkenjen.
‘Nije rekkenboekjes!’ waard der tsjin my lústere.
As waard der my lij wetter yn 'e earen getten! Ik rûkte se al! Wy hiene der dan ek lang op wachtsje moatten, foar it neiste wer om jildkrapte. De sommen makken wy yn kreaze hokjes fan fiif op it laai. Yn it frij kertier, of tusken skoaltiid moasten wy de taaien mei de koarte kant nei it middenpaad ta lizze, wy hiene doe banken mei fjouwer sitplakken, dan gyng master der mei of sûnder antwurdboekje by lâns om nei te sjen. Yn alle goede hokjes kaam mei kryt in krol en streekjes sette er yn de ferkearde antwurden. Soms seagen wy meiinoar nei, dan ruilen wy laaien en master lies de antwurden op. Wat mear flaters wy yn in oar syn wurk ûntdieken, wat moaier. As wy ús eigen wurk weromkrigen, seagen wy sekuer nei, oft der ek te folle yn oankrast wie, sels in ûndúdlik skreaun sifer waard ferkeard rekkene.
In pear kear yn 'e wike mochten wy mei pinne en inket op papier skriuwe en dat wie wol sa wat fan wûnder, mar doe siet ik al yn 'e fjirde klasse. Oant salang hiene wy allinne mei poatlead op papier skriuwe mocht.
Ik tink no efkes foarút, doe't der kwestje fan wie, dat de laaien ôfskaft wurde soene. Net ien leaude it, it soe oan papier fierste djoer komme. Wy krigen altyd mar in heal bledsje om op te skriuwen, it gyng allegearre like sunich om en ta. Yn in noch hegere klasse krigen wy in skrift mei printe foarbylden om ‘skoanskrift’ yn te oefenjen, oars hie master se altyd foar- | |
| |
skreaun yn in gewoan skrift en dat haw ik sels noch wol dien, doe't ik al as ûnderwizeres foar de klasse stie. De ophaal moast hiel tin, de delhaal tsjok en dat koe mei minder of mear mei de foarste finger op 'e hâlder te drukken.
Ienris yn 'e moanne kaam master op in moarndeitemoarn by de banken lâns om ús kroantsjepinne op kwaliteit te hifkjen. Makke de pinne op 'e mûs fan syn hân in moai fyn kraske, dan moasten wy der noch in moanne mei ta, mar oars krigen wy in nije út in doaske fol en dat woene wy graach. Dêrom knoeiden wy wolris mei de punt, even yn it hout fan de bank stekke of sa. De nije pinne moast foar't er yn it inketpotsje stipt waard, ôfslikke wurde. Dat wie om it fet der ôf te krijen, dat de fabrikant der op die tsjin roast, mar dat haw ik folle letter pas begrepen. As master it der sels ôfhelle, hâlde er de pinne yn in barnende lúsjefers, hy woe om ús net slikje, tink.
De bern, dy't middeis oerbleauwen, krigen fan master's juffer molke by it iten. Om my hoegde dat net, ik koe it der sa wol trochkrije en ik mocht gjin molke, dat ik slokte se mei tsjinsin del. Op in kear funen wy, dat de molke sa frjemd smakke, mar net ien doarst der wat fan te sizzen. Heit en mem, tsjin wa't wy der oer klagen, warskôgen ek fan mûle ticht: it is moai, dat juffer it foar jim dwaan wol. Mar hoe giet dat, de iene stokele de oare op. Doe't de faam, dy't it kerwei altyd waarnaam, op in middei de lege wytstiennen bekers ophelje soe, stiene se allegearre noch fol, wy hiene yn 'e mande stean litten. De faam helle likegoed de pear sinten op, dy't wy der foar betelje moasten en dat stie ús net oan. Masterke wie poer: sa'n wurk alle dagen foar sokke ûntankbere wêzens. It die bliken, dat hja út har goede hert sealjeblêden yn de molke besean hie om't dat goed wie tsjin 'e kjeld. Hie master thús west, it hie noch wol goed kaam, mar hy wie ûnder tsjinst, it wie noch oarloch om ús hinne. Ut en troch seagen wy him, as er mei ferlof thús wie yn syn donkerblau soldatepakje mei reade stiksels oan kraach en mouwen en de sydkanten fan broeksboksen lâns. Hy droech in mûtse of kepi fan deselde kleur en ek sa ôfset. De ûndermaster wie no baas en hie dat ûntsach fan him net. De frede waard sadwaande net tusken masterke en ús tekene, tenei mochten wy sels foar drinken soargje of it der sûnder dwaan en dat wie it ferstannichst, want goed ark om yn mei te nimmen wie der net. Foar my wie it it omkearde fan straf.
Oan de ûndermaster fan doe, der wie gauris wikseling, haw ik in minder aardich oantinken bewarre. It skynt, dat ik my graach bekleie liet. As der wat wie, of as ik wat fûn hie, gyng ik yn in hoekje fan 'e gong stean te snokken, de holle op 'e earms tsjin 'e muorre oan. Ik rekkene it sa út, dat
| |
| |
master der dan sawat oankaam. Hy rûn altyd mei de juffer op, dy't my sûnder iennige oandacht foarby strûsde, mar de master kaam by my om te fernimmen, wêr't de triennen om foelen. Meastentiids al pinemûle, pineholle, in seare kies en sokke kwaaltsjes, mar ien kear hie 'k wat nijs, in seare tûme, dy't ik by it heinderbaljen tsjin de muorre oan skaafd hie.
‘Meester, mijn tom doet zeer,’ klage ik. It wie ús fansels ferbean om yn 'e eigen taal tsjin ús mearderen te praten. Oars bleau master altyd in hoart by de pasjinte stean ta treast, mar no gyng er sûnder in wurd by my wei nei de skoaljuffer ta, dy't efter yn 'e gong op him wachte. Dat wit ik sa goed om't ik him ferheard efternei seach, alle leed fer get ten. Sadwaande seach ik ek, dat hja der stiene te mûskopjen en te gnyskjen en ik moast it ûnderwerp fan har wille wol wêze want de juffer eage myn kant oer en ferburch har laitsjen mei de hân foar de mûle.
Dy juffer waard ‘de Hollânske snichel’ neamd.
Der moat in bern west hawwe, dy't myn klacht tsjin master opfong, want de maten druiden my de middeis nei hûs ta myn oer set Frysk yn.
‘Wêrom seistû net ‘mijn duim?’ rôp ien.
Oaren spilen der op yn mei: ‘Ik kreeg een wan op mijn bruik’ ‘Ik krijg jouw tom beet, dan kunnen wij harder luipen’ en mear fan sokke betinksels klonken der ta myn beskamsumens om my hinne.
It wiene dochs brike situaasjes, dêr't it Fryske bern mei syn ferachte boere bûthústaal yn bedarre, sa gau 't er de maatskippij yn kaam. Ien stik befoardering fan minderweardichheidsfielen. Haw ik myn Frysksinnigens oan myn ‘tom’ te tankjen? It stille laitsjen efter yn 'e gong hat wol kwea bloed set. It heucht my net, dat ik my neitiid wer troch master bekleie litten haw, al wie de juffer yn myn each de grutte kweadwaner. Op har haw ik besocht wraak te nimmen. Hja garre sulverpapier foar de ‘earme heidenen’ (net heidens, dat wiene sigeuners). Foar in lúsjefersdoaske fol joech hja in kleurd printsje wei. Ik hie al in doaske stiiffol garre, mar in lyts hannelsgeastke yn my wie fan betinken, dat ik der foar itselde twa printsjes útslaan koe, dat ik ferdielde de ynhâld oer twa doaskes. Ik krige myn twa printsjes en tocht al, dat ik har moai foar 't soaltsje hân hie, doe't hja my apart rôp en sei, ik hie gjin earlik spul spile mei de earme heidenen. It wie myn eigen skuld, dat ik troch har fermoanne waard en lykwols fielde ik my misledige. By har komst op skoalle hie 'k oars in stille ferearder fan har west, hja wie ek sa moai yn 'e klean en, as Hollânske prater fûn ik har sa foarnaam, mar nei't hja my útgnyske hie, feroare dat yn wearzge. It printsje, dat hja net weromfrege, haw ik mar oan Klaske Pripnoaske jûn, oars hie 't my yn 'e wei west, sa faak ik it seach. Noch mear wrok kweke
| |
| |
hja by my mei har hantwurklessen en dat wie fan dy gefolgen, dat ik yn letter jierren alle hantwurkjuffers, dy't ik krige, yn 't foar al net lije mocht. It is te hoopjen, dat de famkes, dy't my as hantwurkjuffer hân hawwe letter, der oars oer tocht hawwe.
It earste, dat wy by har meitsje moasten, wie in broddellape, wy wisten net better as it wie in brobbellape, al mocht er neat mei brobbeljen te meitsjen hawwe, wat ik ta myn skea en fertriet ûnderfûn haw.
It begjin fan de lape wie rjochten breidzje, ribbels dus, it twadde stikje om barren in priem rjochten en ien naadsjes, dy't hja nuver averjochten neamde, dat waard in igaal ein, dêrmei twa rjocht, twa naadsjes, in gatsjepatroan ensafuorthinne, foar myn besef wie it in ein sûnder ein en ik kaam der o sa muoisum mei klear. Algeduerigen liet ik stekken falle, dy't de juffer foar my opkrije moast, ek liet ik se wol lizze om protteljen út 'e wei te gean, mar dan waard it dûbel fûterjen, om't hja der no folle mear wurk fan hie. Ik hie gjin spoar nocht oan de lape en hy waard der neffens, as lêste wie ik der leau ik mei ree. Wylst haw ik hiel wat ôfdreamd, sa't wy dêr ûnder it hantwurkjen heech op 'e bank sieten, it gat op it skriuwblêd, de fuotten op 'e sitbank. It wie wol oars, meastal wolkom, mar it siet net noflik, ik krige der altyd pine yn 'e rêch fan. Mem hie it der ek net op stean, om't der wol inket op 'e bank lei, dêr't wy yn sitten giene. Alhoewol, oars krigen wy ek wol inket yn 'e klean, mei't de jonges ús sturten yn 'e inketpot treauwen, of har pinnen der oan ôffagen.
Hawar, einlings en te'n lêsten mocht ik ôfkantsje, no wie it breidzjen fan in poppemûtse oan bar en dan it letterjen, dat ik skepte moed. De juffer naam myn wurkstik yn har juffershantsjes, beseach it oan alle kanten, liet it in pear famkes op 'e foarste bank sjen, dy't der skealk oer diene - wat mienden hja wol - en sei: ‘Wat is dit in rarenien, dû moatst noch mar ien meitsje!’
Om de triennen, dy't my yn 'e eagen skeaten, te fertsjustermoanjen, seach ik stiif foardel nei de naden en spikergatten yn de planken flier, dêr't ik op hoassokken op stie. Hoe't it my oangyng, ik wie machteleas.
Lokkich, tocht ik, dat de jonges har narje!
Want dat diene hja. As de famkes noch let yn skoalle sieten, smieten hja de doar fan ús lokaal iepen en rôpen: ‘Hilly Pilly!’
De juffer hiet Hiltje, mar liet har ‘Hilly’ neame, wat in pear bern heind hiene. Foarnammen wiene wol sok privé besit, dat se foar juffers en masters as skeldnamme brûkt waarden. En in koezenamme op -y wie der alhielendal oerhinne.
Ien fan de pleagers, (jonges út 'e buorren) stammere. Hy rôp ‘Hilly
| |
| |
Ppppilly’, wat ús stille wille grutter makke. Ik tocht dan altyd oan har gnyskjen efter yn 'e gong.
By mem of heit hoegde ik net mei kleisangen oer de skoalle oan te kommen, dat ik moast myn fertriet allinne ferbite op wat begrutsjen fan kammeraatskes nei. Foar de twadde brobbellape koe der in plomke ôf, wat my mar heal deugd die.
As wy tusken skoaltiid op it plein boarten, wiene der twa jonges, dy't nuver kattekwea by de ein hiene, it soantsje fan de boppemaster Koene en syn freon Folkert, in boerejonkje út it doarp.
De skoallehúskes stiene wat ferside bûtendoar efter de bline muorre fan it gebou. Der hawwe tink gjin heakjes op 'e doarren sitten, want as wy heech op 'e troan sieten, smieten de twa skarlunen de doar wiid op en stiene ús út te gnizen. Dêrom namen wy wol in oar famke mei om wacht te hâlden, mar dat wie net genôch, it soe mannemacht barre moatte en wa koe altyd in kliber bern optromje foar sa'n gelegenheid, en in bern ferskoot it faak ek oan it lêste ta.
As hiene hja der in apart sintúch foar, altyd wiene hja presint, de twa maten, om ús te kyk en te kak te setten. Hoe koene wy mei goed fatsoen fan de hege bril ôfkomme en ús klean yn oarder bringe mei sokke spotske antlitten foar ús? De flappe fan de broek fêststrikke wie ek net yn in flok en in sucht klear. Barde it te rûch, dan koe it lêste slimmer wêze as it earste, want rekke it wer los dan kaam de flappe ûnder de rokken wei en wapperen de bannen ús by it draven efternei. Fansels hawwe wy ús need wol by master klage, mar der stiet my net foar, dat der gaueftich lins kaam, wat gjin wûnder wie, mei't de master de bern amper oan koe. De boppemaster hoegden wy der net mei oan te kommen de pear dagen, dy't er bywilen thús wie mei ferlof. Der waard nammers ek grute, dat er de dingen sa string net mear naam as foarhinne, de strakke disipline fan de tsjinst hie him feroare.
Doe't dy jonkjes de doar werris by my iepen hiene, begûn ik te gûlen. Doe hat it boerejonkje de doar wer ticht dien en is er der mei de rêch tsjinoan stean gien, oant ik einlings de moed opbrocht om foar it ljocht te kommen. Hy bleau by my, doe't ik my skrutel tusken de boartsjende bern weagje woe. Him tocht, wy moasten mar ferkearing hawwe, dan soe hy wol soargje, dat Koene my ek net mear narre.
‘Hy is bang foar my,’ sei er eigenwiis en liet my syn fûsten sjen.
‘Wolst wol, tink?’ frege er, ‘ik mei dy graach lije, sjoch.’
Ferheard en oerrompele knikte ik fan ‘ja’.
‘Ik pleage dy, om't ik dy aardich fûn,’ bychte er op.
| |
| |
Dat like my ûnbegryplik ta, mar ik tocht der net lang oer nei, it oare, dat er sein hie, wuolle my mear yn 'e holle om. Temûk seach ik nei syn ûnbidich swart bosk hier, dêr't ik al lang niget oan hân hie. Om dat hier waard er ‘sigeuner’ neamd en der waard ek oer syn komôf grute, mar it hoe en het is my ûntsketten, of ik haw it nea krekt witten.
It wurd ‘ferkearing’ hie foar my in magyske klank, om't âldere bern en grutte minsken ek wol, der sa geheimsinnich oer diene. Ik hie noch net ear der ferkearing hân lykas oare bern wol fan: ‘Jantsje hat mei Knilles’, dat ik fielde my fergulde en waard waarm en bliid fan binnen. Ek fielde ik my grutsk, want ik wist, dat de famkes Folkert allegearre kreas fûnen om syn hier.
Tenei seach ik moarns nei him út, om't er der in gewoante fan makke om my in ein op te heljen. Dêrby riskearre er te let kommen, wat by him, dy't tichteby skoalle wenne sa net troch de fingers sjoen waard as by ús, dy't fier wie komme moasten. Hy joech der ek neat om as hja tsjin ús oansieten mei spitige stikelstekkerijen.
‘Hja soene sels graach mei dy wolle,’ treaste er my en dan groeide ik.
‘En de famkes wolle graach mei my,’ pochte er en dat wie wier.’
Myn wrâld wie folslein feroare, nei't hy der sa ûnferwachts ynkaam wie. Hiele ferhalen stiek er tsjin my ôf, dêr't ik och sa graach nei harke. Gjin wûnder, hy siet in hiele klasse heger as ik.
Mar it hat net lang duorre mei ús ferkearing.
Op in moarn seagen wy út 'e fierté wei de bern op it plein by inoar kloftsjen. Ik hie Folkert al mist, mar begriep, dat dêr jinsen hiel wat belangryks ferhakstûke waard, dat net sûnder him ôfdien wurde koe. Nijsgjirrich as kij loeken wy de efterste foet oan om der mear fan te witten en mei te genietsjen.
‘Wat sjogge hja nei my,’ tocht ik noch, doe't wy oer de tramrails stapten en it plein oprûnen. Ik socht om in bosk swart hier.
En doe wie it, oft ik in gjalp iiskâld wetter oer my hinne krige, want ik hearde, dat Folkert, myn feintsje, de jûns fan te foaren yn de feart njonken syn hûs rekke en ferdronken wie. Net ien hie sjoen, dat er der yn fallen wie. Hy moast foaroer tûmele en yn 'e modder stikt wêze. Smoard waard der ek sein.
Stikt, smoard, hoe soe dat wêze? Nei lang dregjen hiene hja him fûn. Soe er net swimme kind hawwe? Jonges learden it doedestiids samar sels, famkes mochten net, mar mei 't gesicht yn 'e drek falle joech dochs gjin kânsen.
Dy deis en folgjende dagen lei it near wer op my en net op my allinnich.
| |
| |
Yn alle lokalen fan skoalle, trije, waard in tapaslik preekje hâlden, der sûnder hie better west, tink ik no.
‘Gelijk het gras is ons kortstondig leven’ waard der doe faak songen en ús klasse moast it dy wyks thús leare. Psalm 103: 8 (âlde beriming). Master lei út, dat gers mar ien simmer duorre, dan fertoarke en ferwile it, sa ek ús libben. Mar der wie winters ek wol gers! Kortstondig! Kort wie koart, mar wat wie ‘stondig’? En ik hie altyd ‘skielk pas’ yn 'e holle, mar Folkert dan?
In ekstra betizing kaam, doe't der doeld waard op straf foar sûnden. Folkert hie wol ûndogensk west, mar Koene net minder. Waard hy troch God foarlutsen? Letter hie Folkert goed west. Hy wie no yn 'e himel, dat woe 'k net oars hawwe. Of hie God oarsom Folkert foarlutsen? ‘In den hemel is het schoon,’ songen wy faak.
Net te leaf wêze, dat wie gefaarlik, mar as dogeneaten der ek al hinne helle waarden! Dan hong it der fan ôf hoe't God it yn 't sin krige, mar dêr mochten wy net ferkeard oer tinke, want Hy wie wiis en wist it it bêste. Lokkich waarden, ek nei slimme syktes, party minsken en bern wer better. Ek dat die God. In famke Fokje hie tyfus krigen. Der siet in wyt briefke by harren op 'e foardoar, lykas ik it ek alris sjoen hie mei reafûnk en difteritus en oare besmettelike sykten. Fokje waard better, mar hja hie der in keale holle fan oerhâlden en droech no in mûtse oant har hier wer oangroeid wie.
It wie, mien ik, de oare middei nei skoaltiid, dat ik hommels yn in keppel bern bedarre foar Folkert syn hûs, dêr't de blinen ticht sieten. Ik seach de feart, dêr't er yn lein hie, in fijân. Mar wêrom wiene wy hjir eins?
Doe hearde ik lústerjen: ‘Hast Folkert al yn 't kistke sjoen?’ It skrille troch my hinne, ik woe wol graach fuort, mar waard troch heapen bern ynsletten.
Folkert syn heit stie lang en skredich hoasfuotling op it strjitsje foar de iepen doar om it yn- en útgean fan de bern te stjoeren.
Yn de roukeamer kommen seach ik ien lange planke fan it ljochtgriene blyn in skreef fan iepen stean, lykas doe mei Klaske har mem. Klaske stie skean foar my, soe hja oan har mem tinke? Ynienen fielde ik in dúst yn 'e rêch en in stim sei: ‘Dû moatst earst!’ Oaren foelen by, ik hie der rjocht op, mar sels doarsten hja net. Stoatskaavjend gyng ik, dêr't hja my hawwe woene, nei it kistke, dat midden oer de keamersflier op skammels stie. Wat wie it lyts ferlike mei Klaske mem harres.
En dêr lei Folkert, sa stil en sa wyt! Syn hier like noch swarter as oars, sa stiek it der by ôf. Ik doar st skraachwurk te sjen, mar koe it ek net litte.
| |
| |
Roerleas lei er en ien en al beweging hie er west. Syn rêde mûle wie in stive streek. Of ferweegden syn lippen dochs even? Syn kleare brune eagen leine ferhoalen efter tichte eachlidden. Trillen dy ek al? Ik seach gau oarewei. Ik waard hielendal kâld. Soe ik no ek deagean? Bin ik flechte? Ynienen stie ik bûtendoar en helle heech yn.
Swart en wyt wiene de kleuren fan de dea. It swarte kistke wie wyt beklaaid en Folkert hie in wyt deadshimd oan, dêr't syn hannen, dy't gjin fûsten mear makken op leine, gear as yn gebed. Wy hiene it nea oer bidden hân, hy hie al in kear sein, dat God sa tichteby ús wie, dat wy wol tsjin him prate koene.
De bern bearden oer syn deadshimd, om't it sa moai mei kant ôfset wie, mar dat hie ik net iens sjoen. In deadshimd! Ik jizzele der fan. Mem hie ferteld, dat pake sines alle jierren mei himmelerstiid oan 'e line hongen hie tusken oare klean, dy't wjirre waarden, it slepe dan hast op 'e grûn, sa lang wie it. Fûnen grutte minsken soks net slim?
Hommels hearde ik bern mei blikken lûden yn myn earen sketterjen: ‘Hast Folkert al yn 't kistke sjoen?’ en hja hiene it net iens tsjin my. Folkert yn 't kistke, hy wie der en hy wie der net mear. Besefte ik dat no pas goed? Wat wie it slim! Hie God syn ûngelok net keare kinnen? Wêrom woe Er him sa gau by Him yn 'e himel hawwe? God hie de minsken leaf, mar strafte har ek wol. Soms like Er op heit, soms op mem. Mem drige ús wolris mei heit. Mar heit wie ek goed foar ús. Heit wie sterk, by him hoegde ik net bang te wêzen. God moast ek goed sterk wêze, soe Er ús beskermje tsjin de Kweade, dy't heit satan neamde. De satan soe Folkert wol ferdrinke litten hawwe en God hie it gewurde litten, om't Er him yn 'e himel hawwe woe.
Der waard roppen, oft ik mei nei hûs ta woe. Wol graach! En mank de maten, dy't like oerdwealsk diene, ferdwûnen Folkert en God en satan in skoft en oppenearre it sûne libben him.
De earste dagen waard der noch hieltyd frege: ‘Hastû Folkert yn 't kistke sjoen?’ Dan harke it as in aardich nijtsje fan: hjoed kin it noch, moarn wurdt er opdroegen en begroeven.
Gâns in skoft bleau ik neitiid by de bern bekend as Folkert syn faam en dêr mocht ik graach oer. Ik miste him slim. Net dat it lang duorre foar't de rjochte wille der wer wie.
Allinne yn it begjin songen wy ûnderweis faak kristlike lieten. Dan klonk it oer de sânwei: ‘Er ruist langs de wolken’ en as ien der de gek ynsmite doarst mei: ‘een beer op de fiets’, dan hie er allegearre tsjin him. Wy songen ek wol: ‘Grijp toch de kansen door God u gegeven’, in fers, dêr't
| |
| |
Popkje mei thúskaam wie fan in sindingsfeest. Ik koe mar net betinke, wat wy krekt gripe moasten.
Yn dy snuorje hie 'k jûns mear as oars, as allegearre wer om 'e tafel sieten, it noflike gefoel, dat de dei wer goed ferrûn wie. Soks as ferdrinke koe altyd, mar oars hoegden wy net iens sa bang foar ûngemakken te wêzen. Wol wie de tram der. ‘Dat meunster’ neamde mem him. Al boartsjenderwize soene wy syn fluitsjen ris net hearre kinne!
De tram wie foar my it symboal fan de fierte, dêr't ik nijsgjirrich nei wie èn foar tebekeange. Alle kearen as er der lâns kaam mei syn plom swarte stoom, stiene wy te sjen as nei it wûnder fan 'e wrâld. Under skoaltiid wie syn gefluit in wolkomme ôflieding, dan wipten wy yn 'e bank omheech om in glimp fan him te heinen, it wie ek in oantrún om mei him fier fuort te dreamen. Doe't ik lang om let in reiske mei him makke, foel it ôf, ús glêzen wein mei de hoppe der foar, gyng net iens folle stadiger, fûn ik. Mem lies ris yn 'e krante, dat der in famke de skonk ôfriden wie troch de tram, har âlden koene it skoan dwaan, dat hja koe in keunstskonk krije, oars hie hja mei in houten rinne moatten en dat seach ik al foar my. In famke! Immen by ús op 'e buert hie ek in houten skonk, hy wie likegoed dûnsmaster, mar slim wie it wol. Wy bearden, dat ús dat net oerkomme soe. Mem krige der wat fan, sei hja, mar heit moanne dat wy it oan de Heare oerlitte moasten.
Heit naam it bestean fan de tram as in fanselsheid oan, mar de auto yn earsten net, mei oaren - yn de tiid fan ‘Patrimonium’ en ‘Christelijke Besturenbond’ - kwalifisearre er dy as ‘het hoongelach van het kapitalisme’, dat hie er út in krantsje fan it bûn.
In auto wie sa ûngewoan, dat wy oan 'e kant stoden, as wy him yn 'e fierte oankommen hearden. Wy draafden der om nei de wei en doe't der ris ien stie by de herberge fan it doarp, kamen der minsken fan Herren sels op ôf. Dat Wypke hie wol befoarrjochte west yn de polysjeauto, al hie er der sels ek mear belangstelling troch krigen.
Heit neamde de auto in teken fan de tiid. Hie Yntsje Jans fan Ychten har net yn in fisioen riden sjoen: weinen sûnder hynders der foar! Ik wie mar bang fan Yntsje Jans syn gesichten, om't se mei de ein fan de wrâld te meitsjen hiene. Doe't it vehikel wat bewend wie, wie heit wol gau safier, dat er it stjoeren leare woe en hy hat it rydbewiis ek helle. As wy wol mei him út riden gyngen, wie it begjin in rige fan skokken foar't er de guit te pakken krige. Dat ik wie bliid as it plesierreiske yn de hierde auto foarby wie.
Oer stomfytsen hie Yntsje it net hân, mar dy ferskynden ek wat langer
| |
| |
wat mear op ús wegen. De riders manoevrearren sa rûch net as notiids wol, de bravoer siet doe net yn it hurde riden, mar yn it feit, dat hja op in stoomfyts sieten.
‘Dyn suske hat ûnder in stoomfyts sitten!’ Dêr waard ik op in middei mei fan it skoalleplein helle. Doe't ik hals oer de kop by it plak fan it ûngelok kaam, seach ik suske tusken in pear famkes stean op har lofter skonk te wriuwen en mei in bûsdoek bloed op te dippen troch in gat yn 'e hoas. In frjemde man wie der ek en de stoomfyts lei yn 'e berm. Lysbeth fan notaris hie de earm om har hinne en dat wie in eare, alle bern stiken altyd om Lysbeth har geunst. De man bea oan har nei hús te riden en dat waard sûnder betinken oannommen. Wy soene it wol tsjin master sizze.
Doe't hja achterop siet, weau hja noch wat earmelytsen nei ús efterom, mar it leed wie eins al fergetten. It hie har eigen skuld west, fertelden de famkes, want hja wie ûnferwachts efter in wein wei de dyk op stood. Hja hat der in pear dagen moai mei west. Har skrammen en blauwe plakken hie 'k der wol foar oer hân om ek sa prinsmoai efter op in stoomfyts te tugen, allinne it ûngelok sels net.
Der binne op skoalle altyd fan dy útkarde bern, dêr't de oaren graach grut mei wêze wolle, allegearre swarmje om har hinne as miggen om de sjerp. Sa'n ien wie Lysbeth foar de famkes fan de heechste klasse, by ús wie it Lydia, de dûmnysdochter.
Ut en troch wie master mei ús oan it ferklassen, dan krigen wy oare plakken en sadwaande kaam ik ris njonken Lydia te sitten. Earst doarst ik gjin wurd tsjin har te sizzen, soe hja wol by my wêze wolle? Us heit wie mar boer! Mar hja begûn 't hûndert út tsjin my te praten en frege daalk mar, oft hja mei it rekkenjen wol fan my ôfsjen mocht, dan moast ik myn laai in bytsje skean lizze.
Ik knikte hurd fan ‘ja’. Ek dat wie ommers in eare. Dêrnei stelde hja út, wy koene no ek wol kammeraatskes wurde en dêr koe 'k de jûns net fan yn 'e sliep komme. Lykwols, hie ik mysels wol gau wer fûn by har en doe waard it in noflike tiid.
Ien kear haw ik mei har nei de pastory ta west. Der hong doe wat moais foar ús yn 'e loft. Heit en mem mei broerke soene us op helje om nei it stedsje ta en dêr op pertret te kommen. Nei skoaltiid gyng ik salang mei Lydia nei hûs ta en suske mei in oar kammeraatske. Ik fielde my by Lydia har mem as yn in stiif harnas en ik sil wol aldernuverst ferlegen Hollânsk praat hawwe tsjin har, dy't ‘mama’ neamd waard. Ik tocht it my yn, dat ik ek in ‘mama’ hawwe soe en net gewoan in ‘mem’.
Doe't heit, it wie op in woansdeitemiddei, de glêzen wein foar de opryd- | |
| |
leane fan 'e pastory ynhâlde liet, dêr't wy foar yn 'e bleek oan it boartsjen wiene, sei Lydia: ‘Ik woe, dat ús heit in glêzen wein hie!’ Doe fielde ik my net mear oer alle boegen de mindere en ik ûnthiet har, hja mocht ris mei ús te riden, mar dêr is neat fan kommen, om't har heit in berop nei it suden oannaam. Wy sprieken ôf by elkoar te útfanhúzjen, dêr't ik like slim tsjinoan as nei út seach, mar ek dêr is neat fan op 'e hispel kaam. By Lydia wei rieden wy nei de fotograaf yn it stedsje, dêr't ús tsjerke ek stie.
Ik fûn it moai, dat mem no de wei ek sjoen hie dêr't wy alle dagen lâns moasten nei skoalle ta, mar it gefaar fan de grutte wetterplasse oan de sânwei, sil har wille wol aardich belune hawwe. Ik wit wol, dat as de stoarm it wetter oer de wei spielde, mem foar ús oan it bidden wie. Tûzen noeden om ús wiene mar ien by har. Wy kamen it stedsje no fan in oare kant yn as op snein, dat der wie hiel wat nijs te bewûnderjen. Heit stiek tsjin elkenien dy't wy foarbykamen de swipe even omheech ta groet. Hy set te him pas wer yn 'e koker foar de stoepe fan it fotoätelier, dêr't it hynder en wein oan 'e kant riden waarden. Under in arsenaal fan kompleminten hiene wy moarns de sneinske klean oan krigen en de bern hiene bearend om ús hinne stien! Yn de wein skikte mem it kanten kraachje om myn hals noch in pear kear rjocht. De gouden doekspjelde, makke fan de knoppen fan beppe earizerearspjelden (suske en ik hiene elk ien) waard der no opstutsen. Myn grutte hoed, dy't mei op pertret moast, hie mem by har yn 'e huodsjedoaze njonken har op 'e bank. Hja hie broerke op 'e skoat. Ik fûn him sa leaf mei syn grouwe hantsjes, dat ik it net litte koe him altemets even te aaien.
Wy moasten yn in keamer wachtsje, dêr't in grutte boartersauto stie. De fotograaf moedige my oan, ik soe der mar yn sitten gean en der mei ride. Wat in wielde om sok boartersguod te hawwen!
Foar it grutte barren moast ik op in wyt mei goud bankje sitte, de fotograaf lei mysels de hoed op 'e rjochter knibbel en sa kaam myn pertretsje ta stân. It formaat soe wat grutter wurde as de saneamde ‘swartsjes’, dy't wy garren fan sûkeladetabletten en ruilen foar oare dingen. In hiele steapel fan sokke swarte printsjes wie gans in besit! Dizze soene mear langwerpich wurde, fertelde de fotograaf en hy liet ús ien sjen. Mei grutte spanning seagen wy út nei de resultaten, dy't ús oer de post taskikt wurde soene. As wy jûns thúskamen wie de earste fraach: ‘Binne se der al?’
Einlings liet mem se ús sjen. Wy fûnen ús eigen tige moai, mar broerke sines it moaist, hy stie der wol sa alderleafst op mei syn grouwe wankjes mei kûltsjes der yn. Al ús famylje en goekunde waarden pertretten fereare.
| |
| |
Spitich, dat heit en mem har doe net ferivigje litten hawwe, no haw ik fan har út 'e tiid, dat wy lyts wiene, gjin ôfbylding. Sunigens? Wol wer fan letter, doe't wy sels mei tastellen begûnen te pielen.
Dat it libben altyd in ‘mar’ hat, leart in bern gau. De moaiste rûpen seach ik yn in tichte hage krûpen. Fol bewûndering stie ik der by te sjen, mar doe't de jonge, dy't se mysels oanwiisd hie ien op in prikje naam en him my yn 'e nekke glide litte woe, kaam der ôfgriis foar yn it plak. Earkrûpers foelen út 'e sierlike dahlia's wei. It idee dat hja my yn 'e earen krûpe soene! Ik hie alris in mich yn it ear te gûnzjen hân, dat hie slim west, want as er fierder kaam wie, hie er my dôf makke, sei Popkje. Bijen moast ik ek foar oppasse, hie 'k leard, doe't ik op ien sitten gien wie yn it gers, och, wat die syn stek my sear! Allinne leavenhearsbistjes of ingeltsjes waarden koeze. By in slakkehûs song ik ‘Slak, slak, kom uit je huisje!’ (in slak ferstie gjin Frysk). Dan kaam er op myn deuntsje, de beide teisters steil omheech. Hy gyng wer yn syn wenning - hoe paste er yn sa'n lyts rûntsje - as ik song ‘Slak, slak, kruip in je huisje!’, mar dan hâlde ik tagelyk myn klompe boppe syn útsteksels. Popkje sei, dat er raande, as ik sâlt op him lei, mar dat haw ik net besocht. Wat wie ik bliid, dat ik in minske wie en gjin slak of mich of oar lyts grouweldier.
Kij krigen stumperige wiete kealtsjes, bolle- of kokealtsjes. Hoe't heit har útinoar hâlde, wie my in riedsel, dêr't ik grif wol nei fernommen haw. De boltsjes naam in keallekeapman mei, mei bûne poatsjes waarden se sûnder omtinken op oaren yn in hûnekarre smiten. By ûtsûndering waard der in bollekeal oanhâlden om der skielk in bolle oan te hawwen. Heit liet ek wolris in kealtsje slachtsje, dan leine der hearlike gehakbaltsjes yn 'e fetpanne. It wie in min jier as de skealjes nei de boltsjes oersloegen.
De kokealtsjes, dy't wy altyd hâlden, mocht ik boarne, earst yn in ôfsketten hoeke fan de skuorre, dy't heit foar har makke hie; op in buorkerij is eins gjin fatsoenlik plak foar kealtsjes. Ik hong by it boarnen oer it stek hinne en fielde de planken yn 'e oksels. Sa gau wiene de bisten wat grutter, of se kamen yn 'e finne by de pleats, dan bleau ik by de hikke stean en sloech mei in stôk yn de amer mei foer, dat mei waai oanmongen waard. Op in heal lûd kamen se der al oan drafkjen, soms mei sa'n faasje, dat ik foar har geweld fansiden flechte. Wie ik let, dan stiene se al te wachtsjen, hja sieten ek wol mei har wiete, flibesnuten tsjin my oan, dat fûn ik noflik.
By keallerij mocht ik net sjen, mar doe't ik ris troch it bûthús moast, seach ik wat nu vers ûnder de sturt fan in ko en rôp heit. Hy fergeat my
| |
| |
fan de alteraasje, it keal waard noch net ferwachte. Dat wiisde de datum út, dy't by de namme op 'e balke skreaun stie. Ta myn ferheardens seach ik in keallekop en twa stokjes fan poatsjes út it efterst fan de ko kommen. Heit loek wat er koe en dêr wie it hiele keal. Ik hearde de ko balten en frege: ‘Docht it him sear, heit?’
‘Wat dochstû hjir noch!’ sei er, mar stjoerde my net mear fuort.
It kealtsje soe hast yn 'e groppe fallen hawwe, heit heinde it noch krekt. Doe kamen de fûlens, slimen en bloed en bin ik nei Popkje yn 'e koken ta gien.
‘Het leven is geen lolletje, famke!’ sei Popkje, doe't ik fertelde, wat ik sjoen en heard hie.
Mûzen wiene aardige bistkes, sei mem, dêr hoegde ik net bang foar te wêzen, mar doe't wy ris in nêst mei sokke leaflytse dierkes yn in hoeke fan de keamer hiene, foel mem der mei de hiele lea op del om se dea te meitsjen. Bernesyktes! Fan kinkhoast wit ik neat mear, mei't ik noch gjin twa jier wie, doe't ik dy krige. Mem hat ferteld, dat hja wol mei my bûtendoar flein wie om lucht en siken. Fan mûzels wit ik mear. Doe't hja seine, dat ik de mûzels hie, tocht ik oan it nêst mei mûskes yn 'e keamer en koe it ferbân net fine. Ik lei mei seare eagen yn in tsjuster bedstee, om't de doarkes ticht moasten. Ik hie in bedoarne smaak yn 'e mûle, yn it bedstee rûkte it ek mâl, sei suske, mar dat rûkte ik sels net. Ite woe net, wol drinke, mar neitiid krige ik lekker spul om op te weidzjen.
As ik klage, sei mem: ‘Mar dû bist ek siik!’
Sa wie siik wêzen dus. Neigeraden ûntdiek ik dat elke sykte syn eigen rook hie. Dy fan gryp koe 'k it bêste, om't heit him alle jierren hie, hoe min it him ek útkaam.
Lytsje krupsjes wiene net slim, se waarden mei drop en sûkerwetter bestriden. By al ús syktes wie mem drok yn 'e wapens. Ik koe ommers op har tidigje, sa't ik op deiljocht en sykheljen tidigje koe. Heit wie wiffer faktor, hy hie sa gjin begrutsjen mei sike bern, lit stean fan mei sûne. Wie it hiel slim, dan kaam de dokter. Ik wit fan mar ien kear, doe krige ik út syn apteek in drankje yn in fleske yn kleurd floeipapier en oer de koark siet in sierlike hoed teard.
Meilijen hie heit net gau. Doe't wy op in iiskâlde wintermoarn mei bitende wyn oare bern ophellen nei skoalle ta, mochten hja fan har âlden net hinne. Har mem sei, wy moasten mar gau weromgean, it wie gjin waar om der troch. Sûnder euvelmoed diene wy dat ek, mar heit jage ús nettsjinsteande memme en Popkje pleitsjen, de bare winterstoarm wer yn, hy soe sels wol útmeitsje, wat syn bern koene en net koene. Yn syn bernejier- | |
| |
ren hie er sels wol oare reizen makke en net nei in skoalle, dêr't hja ûnderdak sieten, mar nei it wurk bûtendoar, weakebôltsjebern soene wy net wurde. Op skoalle, yn 'e gong, stiene de bern fan it doarp om hús hinne te bearen (de helt wie der mar), dat wy der troch kaam wiene. Ek master priizge ús en stelde ús ta foarbyld fan de weibliuwers (!) en dat makke in heap goed. Wat soe er der by tocht hawwe? Jûns krigen wy fan heit in reep sûkelade ta beleanning, faaks hat it him dochs bekrûpt.
As ik my in iepen knibbel of in bûde op 'e holle stjitten hie, gyng ik der mei nei mem of nei Popkje. Om 'e knibbel kaam in lape, in bûde waard mei jittik dippe.
As kij seare oeren hiene, striek heit der mei de foarste finger nuver rûkende salve op. Fan sa'n ko koe de molke samar net dronken wurden lyk heit oars wol die: farske molke drinke út it lid fan 'e molkbus. By sa'n ko kamen der doekjes yn 'e tsjems, ek wol absorbearjend papier, wite rûntsjes, dy't krekt ûnder yn 'e tsjems pasten ûnder in stielen ring mei omtearde úteinen, dy't ynbûgd waarden en dan spand om de rûntsjes op it plak te hâlden.
Lynkoeken foar de kij slynde ik stikjes fan, as ik yn 'e skuorre by in doaze fol lâns kaam. Kealledrinken wie fiis, mar dat fan bargen in minskegriis en net allinne, om't se it mei har drekpoaten besmoargen, earder om't de ‘ferlerne soan’ der syn honger mei stille hie. Leaver gau in skepke sûker út 'e pot sline of in klûntsje út 'e giel glêzen klûntsjepot mei wyt hansel, ien noch fan beppe, pakke.
As heit nei de merk ta west hie om te keapjen of te ferkeapjen, naam er wolris in pak fan trije lagen smelle sûkeladerepen mei. Wy krigen út en troch ien mei nei skoalle ta. Us selskip wie dan oergeunstich en as wy spul krigen, narren se ús, dat wy in kammenet fol repen hiene en noch te fûl wiene om ien foar oaren mei te nimmen.
Mem briek net faak wat, mar ien kear sneuvele der ien fan har moaiste kopkes, ek noch fan har mem. Hja wie fan 'e roai mar ik wie bliid mei de diggels, it barde nammentlik yn it skoft fan diggelgarjen, dêr't wy de rûchskernen yn it doarp om ôfstrúnden.
It wiene allegearre fan dy lytse freugden (en fertrietlikheden). Yn de buorren wenne in befreone bakker, dêr't heit ús wol mei hinne naam. Dan striek de bakker wat koekjedaai op syn houten wurkbank en wy stieken der mei foarmkes koekjes út mei rûne en takkelrânen. Ek makken wy fan slingers daai ús initialen. Alles mocht fan de bakker mei yn 'e oven. Wat in wille as it der wer útkaam en wy ús eigen baksels opite koene. Trouwens it daai fûn ik lekkerder as de koekjes. By ien fan de kij, dy't nei my
| |
| |
neamd wiene mei de tekens I, II en III, suske neamde se Romeinske sifers, koe ik al in striel molke út it jaar knipe en dêr wie ik wakker grutsk op, mar Popkje warskôge: ‘Tink der mar om, ast it ien kear kenst, moatst fan jim heit altyd!’
Mem antwurde har: ‘Lit it de boer mar net hearre, Popkje!’
In pear jonge geitsjes boarten op it hiem by in kistje, ien briek in poatsje, Popkje bûn der in latsje by lâns, dat hiet spalkjen.
Hiele lytse knyntsjes waarden saneamde reuzen, fan har kamen wer wolbaltsjes fan jongen. Giele dûnspykjes tripken yn 'e piketsjelp op it hiem om, de tsjelp moast algeduerigen ferset wurde, as de kat der oankaam, rôp de klok har folkje by him yn it lytse nachthok. In pear guozzen wraggelen yn de greiden njonken it hiem, op har hie 'k it net stean, heit hie har as waakbisten. Op in moarn miste der ien. Wie er fuortflein mei in keppel wylde maten? ‘Of stellen,’ sei heit, ‘se binne lekker yn 'e panne.’ It heucht my net, dat wy ea goes iten hawwe, wol hin en ein, en ek kalkoen, doe't heit ris guon by syn fûgelfee hie.
Alle hjerstmis wie ik oan it siedheinen, de hiele fine kerltsjes fan de stjonkroazen rûgele ik út 'e gatsjes dy't boppe yn 'e rûne sieddoaze sieten. Sied fan goudsjeblommen droege ik earst op kranten. Ek it sied fan fjildblommen garre ik wol, mar de hynsteblomplúskes pûste ik fuort yn 'e wyn. Hja hawwe my net ferteld, dat dat ek sied wie. Winters wie der minder fertier, mar om Krysttiid hinne makke ik in krystbeam. Oan in stôk bûn ik mei eigen spûn skieppewol tinnere stokjes, om allegearre wuolle ik grien krêpe papier hinne en hong hjir en dêr in suertsje yn kleurd knjisterpapier oan de skean der oan bûne stokjes, it wiffe gehiel kaam yn in blompôt mei modder, dy't ik tusken de lange wite kleden yn it finsterbank sette. Sa koe myn wurkstik ek sjoen wurde, troch minsken, dy't in boadskip by ús hiene. Ik helle broerke der by, hy hie mear belang by de suertsjes as by it ferhaal, dat ik der by weijoech. Lykwols wit ik ek fan ferhalen, dy't ik jûn op jûn op bêd njonken him wol oan him kwyt koe sûnder suertjes en dêr't er nea genôch fan krige, dat it hieltyd wer optinken my swier genôch foel.
Mem liet my stil nifelje mei myn ljochtgriene beam, wylst krystbeammen oars hosk by ús wiene, om't se de oandacht fan it wiere krystbarren ôfhellen. Faaks mei dêrom hiene se my yn 'e tsjoen. Fan ôfbyldings út boekjes koe ik se, mar ik hie ek in skyn sjoen fan in reus yn 'e tsjerke fan it doarp. Neffens sizzen rikte er oan de hege balken ta, wat hie ik him graach yn syn hiele hear en fear sjen wollen, mar hy stie yn de ferkearde tsjerke. Sadwaande moast ik my geneare mei longerjen op 'e wei of oan 'e side fan it
| |
| |
gebou. It kearsljocht skynde romantysk ta de hege Romaanske finsters út. Us eigen tsjerke wie spitigernôch sa goddeleas net om sokke wrâldske lykfoarmigens ta te litten; it hat jierren duorre, foar't se ek by ús yn tsjerke foar fleur soargen om it feest fan it krystbarren te ûnderstreekjen.
It wie wol frjemd fûn ik, dat der safolle tsjerken wiene en ien wie mar goed foar ús. Ik hie yn 'e mande likegoed in skalk each op 'e ferkearde tsjerke as heitendy. Underling wie der ek ferskil, want heit hie de tsjerke, dêr't wy fan rjochten byhearden fanwegen grinsyndieling, farwol sein, om't de dûmny dêr him net oanstie; hy hong no dy fan it stedsje oan. Dy dûmny hie mei in hiele grouwe âlderling by ús west om der oer te praten, mar heit hie gjin krimp jûn. Yn de krappe oarlochstiid hie de goede man ris jirpels smokkele foar syn grutte húshâlding en dat paste net, fûn heit. Doe't wy de deis fan har besite thúskamen út skoalle wei, moasten wy earst in hân jaan en dêrnei waarden wy nei de keuken ferballe. Bûtendoar hiene wy heit al heard, sa wûn er him op, hy wie in emosioneel minske. Letter foel de oare gemeente him ek al wer ôf. Lykas syn heit ferwachte er de tsjerke sûnder wryt of slyt, dêr't de Mennisten har yn de Reformaasjetiid op fêstbiten hawwe, mar yn syn foargeslacht wiene gjin Mennisten, foar safier't ik neigean koe. Wol yn mem harres, ek noch wol in âldste, in foargonger. Mem har beppe hie Roomsk west, dàt fûnen wy wol sa frjemd!
It stedsje fan de tsjerke kaam de oargeljuffer ek wei. Dat wie wat, doe't heit in oargel kocht foar in heal hûndert gûne, dêr't mem de wize holle oer skodde. De mynhear, dy't it him ferkocht, spile in stikje foar - wat harke dat moai! - en die ús it adres fan de juffer oan 'e hân. Heit en suske soene it leare, mem woe der net oan begjinne, my fûnen hja te lyts.
Mei heit skeat it op as in lús op in tartonne. Hy smiet it der op, dat syn fingers te stiif en te grou wurden wiene fan it arbeidzjen, se pasten amper tusken de toetsen. Mar de oast siet him ek dêr, dat er net muzikaal wie. As ik by it âlder wurden foar heit yn tsjerke siet, - sa hie er it each op ús - skamme ik my foar him om syn sjongen. Suske ferlike it mei in hoanne dy't it kraaien leare moast. Hy koe ek net rjocht wize hâlde. Yn it stedsje gyng er letter op in manljuskoar, doe kaam der alle wiken in aardige âlde hear mei in tsiisholle by ús om de stikken mei him yn te studearjen. Heit wie in trochsetter, mar op dit mêd moast er belies jaan, wat my om him begrutte, want hy woe sa graach. Sjongen is wol gjin spyljen, mar op 'en doer hat suske der allinne wat fan terjochte brocht, hja wie muzikaal en koe ek moai sjonge. Wat hawwe wy faak mei har by datselde oargel stien te galmjen, f'râl op sneintejûnen. Wy songen lieten út 'e bondel fan Jo- | |
| |
hannes de Heer, mar ek wrâldsker ferskes. Heit kocht it ‘Nije Fryske Lieteboek’; doe wie de Fryske kant fan it libben ûnder syn en ús oandacht kommen. Suske kocht ek guon lieten, dy't apart útjûn waarden yn twa of trije grutte blêden. Ien sa'nen taaste my slim yn 't moed, it wie dat fan de Ingelske seeman, dy't fereale wie op in Hollânsk famke. Hy song, heal yn it Ingelsk, heal yn it Hollânsk en it gyng my troch ieren en sinen, as suske úthelle: ‘I am sick of liefde, I bemin you so!’ It wie heit mar heal nei 't sin, dat wy songen it mar leaver as hy net yn 'e keamer wie, hy koe it ris yn 'e holle krije om de blêden mei noaten en tekst yn 'e kachel te smiten. En hy hie oars wol wille hân om de man, dy't fan psalmferskes oergean moast op ‘Hup Marianneke’ en ‘Helder op, Michieltsje!’
Waar of gjin waar, de oargeljuffer kaam ienris yn 'e wike om in pear sinten oan us te fertsjinjen. Har gewoane berop wie huodsjemakster, har winkeltsje waard salang fan in freondinne waarnommen. Sa fertsjinne hja as skieden frou de kost foar harsels en har jonkje. It liket in wûnder, dat heit in skieden frou ûntfange woe, want skiede wie in grutte sûnde, mar wy waarden it letter pas gewaar en moast it perfoarst har skuld wêze? Wy hiene altyd miend, dat hja widdo wie.
Op in kear bleau hja by it lesjaan stean, om't hja in stienswolm op har efterwurk hie. It hie in poepetoer west om by ús te kommen, hja hie hielendal skean mei it gat oer it seal fan de fyts hongen, doe't hja hjir hinne ried! Ik hear har noch sizzen: ‘Mei in krupsje op sa'n raar plak giet men ek net maklik nei de dokter.’ Dêryn moast ik har gelyk jaan en dat diene heit en mem ek!
As wy sneins mei de glêzen wein troch de haadstrjitte fan it stedsje rieden, wiisde heit ús it hûs wol oan, dêr't hja wenne. Earst koe 'k it net weromfine, sa sliet it yn 'e rige fan oaninoar boude huzen besletten, letter koe 'k it oan de huodsjes, dy't yn de etalaazje op glêzen standers pronken. Mem sei der wat fan, dat hja sneins de gerdinen net ticht hie, mar ik haw letter begrepen, dat de keamer efter de winkel oars gjin ljocht hie, as wat foare weikaam. Moasten hja de gaspit de hiele snein barne litte? Dat wie te djoer. Gas joech better ljocht as petroalje, mar de juffer hâlde mear fan petroalje, sei hja, gas sûze oanienwei en men rûkte it ek altyd. Hja fûn dochs, dat wy lokkich wiene mei op it plattelân te wenjen. Dêrom tink, krigen wy har jonkje in pear wike útfan hûs, hy wie mear by heit en de feint as by ús. De stêd like ús lykwols folle libbener en opwinender, suske mear as my. Wol seach ik my dêr sneins de eagen út 'e holle nei de grutte poppen foar de ûnbidige winkelglêzen. Wa soe sokke keapje foar syn bern? De stêd wie ek deftich, dêr kamen wy fan it doarp net oan ta: al dy
| |
| |
foarname dames en hearen yn har moaie kledaazje! Hja stapten ek sa keken oer de platsjes mei de bibels en psalmboeken yn 'e hân, in taske oer de earm (de dames), wylst wy yn de wein troch elkoar rattele waarden op 'e berneholtsjes yn it midden fan de strjitte. It folk dêr droech sneins en deis skuon, sei Popkje, wy allinne sneins en dêrom krigen wy der winters kâlde fuotten yn fan ûngewoante.
It oanlûken fan de skuon moast sneins tiid foar útlutsen wurde, want wy droegen hege knoopkeskuon en elk knoopke moast mei in lyts heakje troch in gatsje helle wurde. Ik helle faak in ferkeard knoopke troch in ferkeard gatsje, dan kaam it net út en moast ik fan foaren ôf oan.
Us glêzen wein ried heit yn de trochreed fan in herberge, it lêste ein nei tsjerke gyngen wy te foet. Heit kaam efteroan, om't er mei it hynder rêde moast. Dat lette net, hy siet dochs net by ús, mar oan 'e manljuskant en noch leaver op 'e kreake. Winters brocht de kostersfrou mem altyd fuortendaalk in waarme stove út 'e konsistoarjekeamer wei, it koaltsje fjoer kaam út 'e grutte kachel midden yn 'e tsjerke. Konsistoarjekeamer, wat in moaie namme! De hiele tsjerke rûkte nei de koaltsjes fjoer. De froulju yn 'e kapbanken efter it middenskip krigen stoven mei koperen hânsels. De foarste fan dy banken wie de dûmnysbank. Meastentiids sieten wy foarliker oan de frouljuskant mei koarter banken, mar oars hie de dûmnysfrou myn oandacht as immen út in oare wrâld. Hja droech in kwier huodsje mei lytse glêde swarte skitterrûntsjes, in fear stiek omheech as by it begraffenishynder en der hong in lila voile mei stipkes foar har antlit. Sa gau't hja siet tearde hja dy oer de hoed hinne. De dûmny wie suver ek mear as in minske en ik begriep net, dat heit mei húsbesyk in grutte mûle tsjin him opsette doarst. De earste kear, dat ik mei nei tsjerke gyng, dêr't ik fan wit alteast, siet ik by heit op 'e kreake. Ik siet noflik om my hinne te sjen, doe't ik ynienen immen earne wei lûd praten hearde. Wy hiene ús sit op 'e foarste bank en ik wie noch sa lyts, dat ik efter it sket wei waard, mar no gyng ik oerein, - heit loek by tebek -, om oer de râne hinne te kypjen, wêr't dat lûd weikaam. Ik seach noch krekt hiel yn 'e fierté in lyts swart mantsje, dat meneuvels makke by wat er sei. Blykber yntregearret soks in bern, want doe't ik ús âldste jonge foar de earste kear by my yn 'e tsjerkebank hie, wiisde er nei de man op 'e stoel en frege lûdop: ‘Wat docht dy dêr?’
Yn de kapbanken (twa kanten) sieten manlju en froulju, de manlju wiene wite boardsjeminsken, sei heit, dy't net wisten, wat der yn 'e wrâld te keap wie, boeren en arbeiders hiene dêr mear doel oer. Heit hat der net yn ferwurke, dat hja faak út 'e middenstân kamen, dêr't it minder rûm soppe
| |
| |
as it like: de houten skinke. Dy manlju brûkten wite bûsdoeken, mem ek, mar heit dy't deis in reade yn 'e bûse hie, krige sneins ek ien mei swarte stippen of rânen, hy lei altyd op 'e tafel foar him klear. Hy treau him opteard yn 'e broeksbuse fan syn swart pak mei kachelspipen. Ik soe ek wol in heit en in mem yn 'e kapbanken hawwe wolle en dan sieten wy noch net iens yn de earmebanken hielendal foaroan, twa of trije banken sûnder rêchleuning. Wa't dêr har sit hiene, wennen gauris yn it grutte earmhûs, dêr't wy op wei nei tsjerke ta foarbyrieden en dêr't âlde minsken, bern en heale of hiele idioaten har thús hiene. Sokken koene fansels gjin plak betelje, mar moasten wol ien hawwe yn it Godshûs. Ik leau net, dat der ea immen njonken har sitten gien is om tsjin dizze diskriminaasje te protestearjen. De plakken waarden jierliks ferhierd, de kapbanken brochten 't measte op, de banken oan manljus- en frouljuskant minder, de stuollen wer wat minder en de earmesitten wiene om 'e nocht. It ferhieren gyng by opbod. Heit hammere der altyd op, ek by besites, dat de apostel Jakobus ús oars leard hie: tink om 'e ring om 'e finger, sei er dan. Foar God wiene alle minsken, jild of gjin jild, like grutte sûnders. As de dûmny en in âlderling winters op in jûn of middei by ús kamen op húsbesyk, lei dizze mistastân foaroan op tafel en wûn heit him der sa oer op, dat it tankgebed foar de broeder en de suster en har bern der ûnder lijde en wat noartsk út dûmny syn mûle kaam.
‘Hoe moat it jild der dan komme?’ waard him frege.
‘Frijwillich,’ sei heit.
Meastentiids siet ik by mem yn tsjerke - ik mocht net wemelje - en brocht ik in stik fan de tiid oanein mei it tellen fan de gatten yn de stoven by ús yn 'e bank, der wiene mei fiif en mei sân. Ik makke der plus, min- of kearsommen fan. Soms waard ik oangenaam steurd troch in frou, dy't de skuonsoallen te hyt waarden en my dêrom har stove taskode, ornaris barde dat, om it lawaai, ûnder de tuskensang even fierder as healwei de preek. Ik siet dan stil as in mûske te genietsjen, de waarmte loek my noflik yn de kâlde skonken op. Sieten wy op 'e stuollen, dan sette ik sûnder erch de fuotten wolris op 'e speaken fan de stoel foar my. In hân taaste dan ûngeduldich nei efteren om se der wei te triuwen en ik tocht: ‘Dat minske kin fan myn skonken ôfbliuwe.’
It waard in moaie fakânsjewike, doe't suske en ik útfanhuzen by de kostersfamylje, dy't efter de tsjerke wenne. Hja hiene gjin bern, in suster fan de frou wenne by har yn en hja wie mishipt. Har namme wie Wypkje en dêrom tocht ik, dat alle mishipte minsken sa hieten: Wypke, Wypkje. Soe it wyfke fan it molkbuske ek sa hite?
| |
| |
Yn it midden fan 'e wike himmelen de froulju de tsjerke en wy mochten sabeare helpe. Wat in nocht om sa frij troch it gebou te doarmjen, wy hiene sels de frijheid om yn de konsistoarjekeamer om te strunen, dêr't wy alle stuollen besochten. Sa frij yn in tsjerke, dêr't ik my altyd sa stiif as in planke fielde, om't ik miende, dat safolle eagen by it yngean op my rjochte wiene.
Wy stiene op 'e preekstoel te orearjen, want dy nytge ús it measte en wat lei dêr in prachtige, grutte, mar frjemd beprinte bibel! Om de stoel hinne hongen griene franjes, dêr't ik sneins al sa'n niget oan hie as guon net sljocht nei ûnderen hongen. No koe ik se betaaste en ien foar ien troch de fingers glide litte. Wy joegen ús op de lange banken fan it Sanhedrin del en net te ferjitten op 'e fluwielene kjessens mei borduerde letters, yn de kapbanken.
‘Sjoch, dêr is de kappe!’ wiisde suske boppe my, ‘it binne mar gewoane planken.’
Doe begriep ik de namme, alle oare banken hiene gjin oerkapping, dy fan de âlderlingen en diakens allinne de lêste.
Fansels klommen wy ek de treppen op nei de kreake en gyngen mei de swarte glêde stokken mei ponkjes mei A en K der op lettere, by de banken lâns. Ik koe sneins nea ûnthâlde hok ponkje earst kaam, mar it lette ek net, want wy krigen foar allebeide en ek foar dat by de útgong in sint mei, hiel inkeld twa foar elk. Spitich, dat wy gjin swarte wanten hiene om de ponkjes lichter glide te litten.
Wy bauden de meneuvels ek nei, dy't de diakens makken as it ponkje werom wie; in stive bûging of in knikje ta tank foar de jeften. Al lang hiene wy gedoente mei de kostersfamylje, oer en wer waarden der besites brocht. Heit en de koster koene it wûnderskoan mei inoar fine, foaral wat de geastlike wierheden oanbelange.
De koster kaam ris mei in ferhaal, dat ik goed ûnthâlden haw. Hy hie in ûnleauwige man sa te reden stien: ‘Skielk sille wy it witte, no leit it noch ferburgen, ien kear komt it út. Docht it dan bliken, dat jo gelyk hawwe, dan is der foar my noch neat ferlern, mar oarsom koene jo jo dan wolris raar bekoarje moatte!’
It kaam my doe as in hiele fynst foar, heit knikte der earnstich by, begien as er wie mei it lot fan de ûnleauwige.
Op in middei op wei fan skoalle nei hûs, ried de oar geljuffer ús heech op har fyts foarby. Hja wie in langliddich minske.
‘Ik haw it by my!’ rôp hja sûnder yn te hâlden.
Hja hie ûnthjitten om stramyn foar letterlapen mei te nimmen, om't dat
| |
| |
by ús yn it doarp net te krijen wie. In pear kear hie hja it fergetten en no wie it der!
Opslach lieten wy de maten yn 'e steek en begûnen te draven. Spitich, dat wy sa ommeald hiene.
Efter ús kaam in man op 'e fyts oan.
‘Wy wolle foar him dêr by de hikke wêze,’ rôp suske. Wy rûnen wat wy koene.
De man wûn it justjes. Hy seach wat glimkjend efterom: ‘De fyts wint it famkes,’ se er, ‘mar wat kinne jimme hurd drave!’
Hoe hie er witten, dat wy om it hurdst mei him diene?
‘Dû seachst hieltyd efterom,’ ferwiet suske my.
Mei sokke draafeintsjes wiene wy moai gau thús, dêr't it nedige kommentaar op kaam, want de juffer hie sein, dat wy der noch lang net wêze koene.
It iten moast earst behimmele. Heit spile wylst syn oefeningen foar. Doe't suske der ek mei klear wie, krigen wy ús stikken kongresgaas. Ek in letternuddel en in pear stringen brune en rôze side. Boppedat in lyts boekje, dat as in harmoanika útlutsen wurde koe en dêr't wy rânen en letters fan ôfsjen koene. Oan dat hantwurkjen hie 'k wol nocht en dat koe 'k ek wol. It jern waard yn likense einen knipt en de juffer die foar, hoe't de krúskes makke wurde moasten, hja moasten allegearre deselde kant út wize en dat wie yn it earstoan net maklik. Ik krige der it swit fan yn 'e hannen, dat it gaas waard der slop fan en ik hie oars gjin lêst fan swithannen lykas oare famkes wol, Klaske Pripnoaske bygelyks. It breidzjen foar mem jûns út skoalle wei, suske tsien omgongen en ik fiif, sa fier wie 'k al opsketten mei breidzjen, mocht der net ûnder lije, dat de lape kaam oer wiken pas klear: earst rânen, de Gryske fûn ik de moaiste, dêrnei de letters, haad- en lytse fan it alfabet en lêst de sifers fan ien oant nul: nuver, nei de njoggen kaam de nul. Dêr bleau in iepen plak oer, dêr moast myn namme mei bertedatum en plak fan wenjen, deêr ûnder noch in skip mei seilen op kronkellinen.
Doe't wy op skoalle oan it letterjen ta wiene, it waard hieltyd ferskood, hie 'k it noflik gefoel fan: hja, de juffer, hoecht my neat te fertellen. De letterlape fan skoalle waard minder moai as dy fan thús, om't wy der allinne reade wol foar krigen.
Sa't wy dêr fuort al sieten te krewearjen en de oargeljuffer ús ynspanning mei nocht oanseach, kaam heit der yn mei foar allegearre in grouwe par fan 'e beam oan 'e hússide, dêr't de tûken fan mei in oerfloed oan dracht, hast oan de grûn ta hongen. Juster hie 'k der noch stil ien ôfgnisse, yn 'e
| |
| |
wittenskip dat heit se dochs net telle koe. Foar it gefal er it al ûntdekke koe, smarde ik wat modder op it plak, dêr't ik him ôfskuord hie. Dizze fan heit smakke better as de stellene, dy't ik oerhastich trochskrokke hie, al wie it foarsideplakje dêr ta noch sa goed útsocht.
Op in mylde simmer en hjerst folge in stringe winter dy't al tasloech, doe't er noch mar krekt útein set wie. It iis wie ek samar sterk, mar wy mochten der net op, foar't heit it besocht hie. Mem kaam net op it iis, dat ik wit. Heit kontrolearre hoasfuotling op 'e redens, dy't er op it bjinstap ûnderbûn. Mei in linige streek glied er it iis op. Grutsk seach ik syn bewegings nei, wat koe ús heit ride! Mei in pear nije redens yn 'e hân wachte ik spand ôf, wat er sizze soe. Lokkich, dat it heech wetter west hie, no koene wy op 'e opfeart leare. Fierder op wie de bredere ringfeart foar betûfte riders. Mem fertroude it noch mar heal, doe't heit ‘ja’ knikte. Stiene der net alle jierren tyngen oer ûngelokken yn 'e krante, ek as it ta frear?
Mar heit bêde har del: ‘Der leit in bonke iis yn. Dit kin wolris in baas winter wurde. Ik tink oan ien, doe't ik jongfeint wie, dy sette ek sa betiid útein, der koe yn maaie noch riden wurde, mar de measte minsken hiene der har nocht wol ôf.’
Ik moast it riden noch leare, in pear winters hie it iis net folle wurdich west, mar no soe it heve. Heit liet suske de trie fan myn redens ôf ride. Doe bûn er se mysels ûnder en sette my efter in keukenstoel.
Ik mocht net op 'e ringfeart komme en dêr de goede riders foar de fuotten skarrelje. Suske hearde dêrby en druide it my yn. Der wie noch in learderke, hja hiet mien ik, Styntsje. Nei in pear dagen rieden wy al krúslings de sleat op en del en stiene ús stuollen fersille oan 'e kant.
Der barde ek in lyts ûngelokje. In binnenfisker hie by in daam yn 'e ringfeart in wek yn it iis kappe, blokken iis hie er der ta warskôging omhinne steapele. Mar lange Jochum, dy't sjen litte woe hokke lange streken er meitsje koe, skaaide der wol mei ien skonk yn. Skonk en reed rekken yn it net fertiisd, it net stikken en Jochum moast foar syn bravoer betelje. Mar wy ek, wy moasten fan heit en mem ta ús moaie stiennene jongeskoppen, want Jochum syn mem wie widdo, wat destiids itselde wie as earmoede lije. Nei dat ûngemakje kamen der rare ferhalen los, bygelyks oer bern, dy't ûnder it iis sketten wiene en doe mei har bleke deadsantlitten ûnder tsjin it iis oan leine te stoarjen. Ik wie al gjin held, mar doe't ik dat hearde, skrille ik by elk licht knappen of kreakjen fan it iis, dêr't ik op stie, al seine hja noch sa oertsjûge, dat it tekens fan gevens en deugd wiene. Ek miende ik alris in stal ûnder tsjin it iis skimerjen te sjen en dan wuolle it al sa nuver yn my om. Yn it wek fan de fisker kamen fol fisken boppe te gap- | |
| |
jen nei de siken, sokke bazen, dy't ik simmers wol graach oan myn angel sjen woe. Se kamen mei de perkaminten bekken wiidop boppe, snoeken, bearzen, wytfisken, sels wol ielen.
Wat heit sein hie, kaam út, de winter duorre te lang, de nocht rekke fan it reedriden ôf, der waard op skoalle net mear frij jûn, wylst wy, wat dat oangyng, dochs al by de tûme heind waarden. Wy hiene ús twa frije middeis en dat moast genôch wêze. (Sneins mochten wy net op it iis komme!) Foar my hie in ekstra frije middei al hiel gau gjin bekoaring mear, sa graach mocht ik nei skoalle ta gean. Sels de fjirtjin dagen simmerfakânsje duorren my wol te lang.
Doe't it einlings teiwaar waard, kamen der knoarren deade fisken, ek grouwe ielen, mei de bleke liven boppe driuwen, de hiele sleat en de hiele ringfeart stonken der fan. Se waarden út it wetter drêge, op bulten harke en bedobbe of ferbarnd.
Dy lange winter hat ús wol de gouden gelegenheid bean om dwersoer de mar nei hûs ta, dêr't wy sa faak oer fantasearre hiene.
‘Sille wy?’ frege ien.
Nei wat hinne en wer gepraat namen de jonges de foarstap, de famkes folgen skrutel, oant it aventoer har ek poene. It hâlde maklik, wat tocht sa'n bange mem? Lykwols ferwachte ik foar en nei noch straf op 'e sûnde, hokfoar moaie reis oer de wide iisflakte it ek waard. Oan de kant seach ik wite ryksdaalders, gûnen, kwartsjes en dûbeltsjes yn it iis, dêr't ik fan miende, dat se echt wiene, mar Jan, de âldste fan de keppel, dy't my altyd yn beskerming naam, fertelde, dat it luchtbûlen wiene, op gas hat er net sind of dêr wist er neat fan. Altemets glied ik út op it spegelglêde iis. As ik foel hie 'k in dûbeltsje fûn. Doe't hja dat de earste kear tsjin my seine, seach ik ferheard: wêr wie it dan? Doe op 'e mar wie 'k al wizer, ik telde se en kaam op in aardich tal, sa stevich stie ik normaal ek al net op 'e skonken. Doe't wy op bobbelich iis as balstiennen kamen, naam Jan my by de hân beet en kniep der yn en skuorde der oan om my oerein te hâlden, as de klompen ûnder my weiglieden. Hie 'k doe net mei de klompen nei de smid ta west om der proppen ûnder te slaan? Ornaris rûn ik oer de glêde wegen lyk as de hynders op skerp en dat ik net meidwaan koe oan it baantsjegliden wie foar my gjin grutte straf.
Foar myn idee waard it iis midden op 'e mar pikswart, op in pear rûge snie-eftige reedridersstreken nei, mar hja seine wat donkerder, wat mear deugd en sa beriddenearren hja alles yn ús foardiel. En seach ik wol, dat der hast gjin barsten yn sieten? Doe't ik frege, oft hjir ek bomiis wie, ik hie heard, dat dat gefaarlik wie, laken hja my út, dat lei allinne yn smelle
| |
| |
sleatsjes, as de boom, de boaiem, flak ûnder it iis lei en dan moast der ek noch meald wêze, dat it wetter der ûnder wei helle en it iis ynsakke wie. Wy skôgen it gea no fan in hiel oare kant, de pleatsen fan efteren, en hiene der wille om, sa nuver dat like. Wy kamen ek by de jasker lâns. De jonges pleagen ús: as er begûn te draaien, helle er it wetter ûnder ús wei, soene wy der troch sakje. Ik haw him doe wol mei in skean each yn 'e gaten hâlden. Nei de mar kamen wy op 'e ringfeart, dy't eins gjin ringfeart mear wie, om't der dammen yn oanbrocht wiene. De feart betsjutte rêst foar my, hy rûn troch oant efter ús hiem en wie ommers fertroud. Noch in pear tellen stiene wy efterstfoarst om de beferzen mar oer te eagjen. Wy fielden ús in bytsje ferdwaald. Oan 'e kant stiene toarre rûge reiden mei har plommen te bûgen op de skrouske winterwyn en makken in sêft, knjisterjend lûd.
Us mem sil bliid west hawwe, dat wy sûn en goed foar har stiene, doe't wy optein oer ús avontoer fertelden om ús skjin te praten. Straf krigen wy net, mar wy moasten al ûnthjitte, dat it net wer barre soe. Wy hiene meiinoar ôfpraat der earlik foar út te kommen, mei't wy wol foar 't ferstân hiene, dat it net stil bliuwe soe, as der ek mar in pear eagen ús fan de ferkearde kant kommen seagen.
De moarns fan de dei, dat it teiwaar wurden wie, waard ik wekker fan lûde drippen. Ik tocht oan rein, mar it wie de goate. Mem hie wer rêst, sei hja. In sleat mei iis wie gefaarliker as ien mei wetter? Ja, want dêr koene wy altyd wer út komme en dêr moast ik mem gelyk jaan, as ik oan de bleekgesichten tsjin it iis oan tocht. En dat wy wer út in sleat mei wetter komme koene, hie 'k sels meimakke, doe't suske en ik by in kampke lân lâns rûnen en minsken folgen dy't de daam oer draafden. Wy wrotten nijsgjirrich troch de kliber omstanners hinne en seagen in dweiltrochwiet famke lizzen, de holle op side: hja wie krekt út 'e sleat helle. Der kaam har noch in gjalp wetter ta de mûle út, dêr't ik fan griisde.
‘It hie net lang mear duorje moatten,’ hearde ik sizzen.
Doe kaam der in frou gûlend oanfleanen, de mem. Alleman makke rûmte foar har, ik ek, hja naam it wiete protsje samar yn har earms nettsjinsteande warskôgings, dat de dokter earst komme soe. Sa soe mem grif ek mei my dien hawwe, as ik noch sa lyts wie as dat famke.
Ut eigen ûnderfining wist ik ek, dat it net noflik wie om yn it wetter te lizzen en ik hie der allinne mei de skonken yn sitten, om't ik my noch mei beide earms oan de loopplanke beethâlde koe.
It kaam sa. Suske moast by Tryn Pûde in pûn sjerp helje en tsjin har sin moast hja my meinimme. Tryn hie mei in grutte houtene sleef sjerp yn ús
| |
| |
glêde donkerbrune pot fan ierdewurk sakje litten, nei't hja him mei stiennen op 'e grutte koperen skealjes lykwoegen hie. Om thús te kommen koene wy fan 'e wei ôf twa kanten lâns, oer ús reed troch trije hikken en by twa stikken greide lâns, mar ek it earste ein oer buormans hiem gean, en dêr oer in planke nei ús reed ta. Underweis hiene wy hieltyd spul hân, suske woe my net altyd op sleeptou hawwe, sei hja, ik soe in oare wei as hja nimme. Fansels sette ik it yn 'e kant en folge har op 'e foet, hja troch de hikke, ik ek, hja oer buorman syn hiem, ik ek. Oant hja reslút de planke naam en der oer draafde. Ik ek wer, mar ik draafde hurder as ik koe en stapte der by del. Wat hat hja doe in war dien om my op 'e wâl te krijen, de sjerppôt foel yn it wetter, dat it waard potstro sûnder, mar mem hie noch wat fan dy bittere sjerp, hast swart fan kleur, oars fier fan in pree, mar no better as neat. En mem mar op suske fûterje en hja wer op my, beide deabliid, dat it goed beteard wie.
Wy moasten ris in ko foar heit meinimme nei it doarp, dêr't de skoalle stie, heit hie him oan in boer dêr ferkocht. Suske hie de ko oan it hoarntou en ik hie in stokje yn 'e hân om him oan te moedigjen. Doe't ús maten ús oankommen seagen, stiene hja krûm fan wille en fregen, oft de ko op skoalle kaam en yn de earste klasse grif? Hja songen: ‘Sy hat de ko oan 't tou, sy hat byt,’ in fariant op it lietsje, dat doe wakker húsriem wie: ‘Sy hat de bok oan 't tou...’
De ko wie in mak bistje, sa wiis wie heit wol, it stomme dier liet mei him dwaan. Ik fielde my tige mei it stokje, mar suske waard nytlich, ik soe fan it bist ôfbliuwe te tyskjen, hy treau har hast om mei syn grouwe kop. Ta beleanning naam heit, dy't ús op 'e fyts ynhelle hie, ús mei nei de herberge, dêr't de oerdracht wêze soe, de ko bûn er foar oan it stek fêst en foar ús kocht er in Korff reep fan in dûbeltsje, dêr't wy lang wurk mei hiene, earst de platte kantsjes der ôf haffelje en doe it grouwe midden, en ús tramtearders de eagen mei útstieken: en mar slikje en neat sizze, allinne mei de eagen wurkje. It sulverpapier lieten wy yn de sinne blikkerje, wer in stikje foar de ‘Hollânske snichel’. Dat woe net sizze, dat ik gjin begrutsjen hie mei de fiere stumpers, dy't noch nea fan de Heare Jezus heard hiene en dus wol ferlern gean moasten. Wat in foarrjocht hjir te wenjen, wis fan it heil. As ik útferkeazen wie!!
De printsjes fan de juffer kamen moai fan pas as by it boartsjen it stekken oan bar wie, in spultsje, dêr't ik my goed by warre. Yn in fol skrift, wy hiene mar in pear, om't wy op laaien wurken, stoppen wy printsjes tusken de blêden. De measte knipten wy út 'e krante, mar in mannich kleurde moasten klanten lûke en dy lieten wy sjen. De gadingmakkers stieken mei
| |
| |
in eintsje griffel tusken de blêden fan ús skrift. Siet dêr in printsje, dan wie it foar de stekker, stieken hja blyn, dan moasten hja op dat plak ien offerje. Wy binne ris mei in roeiboatsje stikem út farren gien. Der sipere wetter troch de naden, mar net ien fan ús sloech dat acht. Oant der fan 'e wâl ôf roppen waard: ‘Jim wolle graach fersûpe, tink?’
Guont fan ús stieken de tonge nei de ropper út. De drysten woene trochsette, mar de bangen, ik ek, wûnen en wy gyngen der staf en af út en stoppen it skouke tusken struwellen fer side.
De polysje kaam yn skoalle, wy moasten mei nei de hellingbaas, eigener fan de skou. Ien fan ús hie alle nammen neamd, dêr't er letter hiel wat oer hearre moast. Mei triljende herten en bibberjende skonken folgen wy de Bromsnor fan it doarp, dy't mienens bromde. Op 'e helling rûkte it lekker nei tar, dat haw ik der it meast fan ûnthâlden en dat de frou ús in suertsje joech foar de skrik. Hja hie begrutsjen om ús benaude gesichten, mar it wie Bromsnor lang net nei it sin.
Wy tochten der sa ôf te wêzen, mar krigen ek noch in brief fan master mei, dy't wy net besykje hoegden te fertsjustermoanjen, want hy moast mei heite hantekening der ûnder weromkomme. Suske krige it mannewaar opsein, hja hie wizer wêze moatten en ek better noed foar my stean, de siel, dy't altyd de wiiste wêze moast.
De juffer die ek noch in sint yn 't ponkje, hja sette my ûnder it hantwurkjen in skoft yn 'e hoeke, mei beide hannen op it gat en ik hoegde net te besykjen se der wei te heljen, it like wol, oft hja allinne nei my siet te sjen. Dy hannen op dat plak ûndergyng ik as in fernedering, mar sa wie har wize fan straffen, noch in reden om har net lije te meien.
Unskuldiger as it boatsjefarren wie it lúsjeferssykjen en it sigarettemerk fandeljen en ruiljen en dan mar telle, wa't de measte en de frjemdste hie. Master soarge foar ferdivendaasje op skoalle, hy makke mei ús bern as freding in fjouwerkante dekameter op it plein dat wy in foarstelling krije soene fan de grutte der fan.
Wy moasten in dûbeltsje meinimme foar ljochtbylden, dy't fertoand wurde soene. Stille bylden, mar der soe ek in libbene bykomme. Wat in spanning, doe't it lokaal tsjuster makke waard en de toverlantearne efter op in bank ree stie. Tusken de swarte boerden hong in wyt lekken, dêr soene de wûnderprinten op komme.
Ik moast noch even in stikje kryt foar master ophelje, want hy soe der tekst en útlis by jaan. Ik sjoch noch it pypke iepen yn myn hân lizzen, sa bang wie ik om it te brekken. Mar hoe koe giel kryt wyt skriuwe? It libbene byld wie in stjer fan yninoar giseljende kleuren, dêr't wy spontaan
| |
| |
fan yn 'e hannen begûnen te klappen, mar dat mocht net, wat mienden wy wol?
Op in oare kear moasten wy ús âlden freegje om twa sinten foar in man, dy't ús frjemde bisten sjen litte soe. Mem fûn, dat wy mar djoere bern wiene. Even wie ik bang, dat mem ‘nee’ sizze soe en dat soe 'k nea foar de oare bern witte wolle, mar safier liet hja it net komme.
De man hie de bisten yn in merkeweintsje op it plein riden. Master sette ús yn in rûnte, yn it midden der fan kaam in ezel te stean, dy't telle en fan it horloazje fan de baas de tiid lêze koe. Wy wisten wol, dat in ezel net dom wie, hy soe him net twaris oan de selde stien stjitte stie der yn in lêsboekje, mar wêrom skold de juffer ús dan út foar ezels. Uilskuikens sei hja ek wol, mar dat rekke ús net, om't wy dochs net wisten, wat dat wiene. Soe hja it sels witten hawwe?
De eigener fan de bisten kaam de sirkel rûn mei oer elk skouder in grouwe slange, serpenten neamde er se. De koppen hongen ûnder by syn fuotten, in kronkeltriedsje kaam dêr ta de bekken út: de tonge. As er tichteby ús wie mei syn fracht, gyngen wy in stap efterstebek, mar somlike bern doarsten de slangen wol oan te reitsjen mei har finger seinen, dat wiene helden by my.
De man hie ek in bakje mei wite mûzen en fansels in aap mei in read rokje oan. Net in famke hie it op dy aap stean mei syn linige, ûnferwachte boarterijen mei mûtsen en hier. Hy soarge foar wille mei apenuten te dopjen en op te iten as in minske.
Last not least siet der in skril kritende papegaai oan in kouwe fêst. Hy koe prate, mar net ien fers tie, wat er sei.
Oan 'e ein fan de fertoaning kaam de man mei de pet rûn. Ik merkbiet, dat guon bern der neat yn diene, dat it hie foar my ek sa slim net west. Mar ik wist ek, dat de sinten wol by Feikje yn it laadsje bedarre wiene: al sjen en net betelje wie net earlik. Mar myn sint foar it negerknikkerke dan?
Der wie in hiel part fan de middei om rekke mei it frjemd folkje. Fluitsjenderwize gyng der in tram foarby, de masinist mei de holle swart fan roet swaaide. Ik fantasearre der oer, wat er tinke soe, dat wy no pas yngyngen. In skoftke haw ik ‘master's pop’ west. De master wie in ynfaller en noch mar krekt klear. Hja pleagen him slim, mar om't it my begrutte die ik der net oan mei. As ik myn nocht fan it kabaal hie, stiek ik twa fingers op, wat betsjutte, dat ik nei it húske moast, plee learde ik letter yn it stedsje sizzen, dat wie fatsoenliker wurd as húske. It waard altyd tastien en der waard ek neat fan sein as ik wat lang weibleau. Doe't ik my ris ûntfalle
| |
| |
liet, dat ik pincholle hie, sei master, it wie gjin wûnder, hy hie it ek. Ik mocht in skoft bûtendoar gean, dêr bekaam it wol. Ik trof it, want der waard krekt skean foar de skoalle oer in grutte tûke fan in beam ôfseage. Ien man siet mei in seage yn 'e beam, in oarenien stie op 'e wei oan in tou te lûken wat er koe en hy rôp hieltyd: ‘It is in âldfader, Eise!’ ‘It is in âldfader, Eise!’
Der bleauwen al in pear boerweinen stean te wachtsjen oant it kerwei berêden wêze soe. De lûker krige help fan de wachtsjende manlju. Einlings lei de tûke mei leaf en al oer de wei en oer de tramrails hinne. It like healwiis op in bosk, dat ik begûn lûdop te laitsjen, trouwens elkenien hie der niget oan. Hja hâlden in noflik petear oer en wer foar't hja ek meiinoar oan it oprêden slaggen. It wie in stik kastanjebeam mei bloeisel, dat ik wie der gau by om te ploaitsen. Doe kamen der twa famkes fan de iepenbiere skoalle oan, dy't earder útkamen as wy. Ien fan har wenne yn it moaiste hûs fan de streek, hja wie in frelle. Hja frege my, wêrom't ik net yn skoalle siet, hja seach wol, dat uzes noch oan wie.
‘Ik mocht fan ús master bûtendoar, om't ik pineholle hie,’ fertelde ik.
‘Wat hawwe jim in goede master,’ priizge hja.
Mar it oare famke sei skealk: ‘Us mem fynt pineholle skytmerakels.’
Ik fernuvere my, dat hja sokke rare wurden tsjin in frelle brûke doarst.
De frelle, hja hiet Quirina, holp my! ‘Us mamma fynt ek dat pineholle oergiet yn 'e frisse lucht.’
Wer ien, dy't mamma sei, mar fan in frelle wie net oars te ferwachtsjen, al prate hja gewoan Frysk.
Doe't it einlings mei de beam bêrede wie, kamen de weinen wer yn beweging en ien fan de mannen frege, oft wy mei ride woene. Ik woe wol graach noch even by de aardige frelle bliuwe, dat ik hoegde net apart oanpoend te wurden, de skoalle lei my wol nei it sin.
Der lei farsk gers op 'e wein, de rook stime my yn 'e noasters. De reis duorre net lang. De frelle frege, hoe't it mei myn pineholle stie, mar dy wie al lang fergetten.
‘Oer,’ sei 'k, ‘en no mei 'k wol hurd werom nei skoalle ta.’
Doe't ik dêr wie, foel der al in kloft bern ta de doar út en mei't der gjin master wie, dy't nei my omseach, gyng ik daalk mei ús keppel nei hûs ta. Yn geuren en kleuren fertelde ik oer myn avontoeren, ik hie sels noch in pear kastanjeblommen yn 'e hân.
Ien fan myn tahearders liet it wurd ‘masters pop’ falle en dat hie 'k yn 'e klasse ek alris heard.
It stiek my, dat der sa oer my tocht waard en ik naam my foar dy skande
| |
| |
wei te nimmen. Dat barde de oare deis al. De middeis paste de master blykber in nije metoade ta.
Hy sei: ‘Jim wolle graach baas wêze, dêrom meie jim de hiele middei dwaan, wat jim wolle.’ En mei dy wurden gyng er boppe op 'e foarste bank sitten en wachte ôf.
Dêr waard rju gebrûk fan makke. Net ien, leau 'k dy't him beskamsum fielde, wat master syn opset wol west hawwe sil.
Wy mochten dwaan, wat wy woene, mar master skreau wol algeduerigen nammen op it boerd en sette dêr altemets streekjes efter en makke fan de streekjes krúskes. Diskear hearde ik ek by de dogeneaten, dy't neibliuwe moasten en wol trije kertier. Doe ferwieten de maten my wer, dat ik my healwiis oansteld hie. Der wie har oerbrocht, hoe brutaal ik wol net west hie en sy koene mar wachtsje. Masters pop neamde net ien my wer en tenei die ik it kalmer oan mei master. It hie ek net maklik west, earst al hie master my sa ferwitend oansjoen, as woe er it mar heal fan my leauwe. Twad hie 'k it laai oan beide kanten folskriuwe moat ten mei strafrigels fan ‘Ik mag niet...’ en rigel foar rigel en net lange rigen wurdsjes ûnder inoar, lit stean fan mei oanhellingstekens wurkje, lykas in pear brutale jonges besocht hiene, mar nei skoaltiid wie de master mear baas as der ûnder. Der kamen nije bern op skoalle út Dútsklân wei, dêr't har heit melker west hie. De âldste wie in akrobaat, hy koe hiel lang op 'e kop tsjin 'e skoallemuorre oan stean. Der wie net ien, dy't it him neidie. Sadwaande wie hy de grutte held yn myn eagen, as ik noch al troude, no't Folkert wei wie, dan mei him, mar spitigernôch naam er gjin notysje fan my. Hy ferlear wat fan syn aureoal, doe't er nei master syn gebed, altyd lang, lûdop sei: Heere, zegen deze spijze...’ De hiele klasse laitsje, hy krige in kleur as fjoer. It begrutte my en ik lústere him yn 't ear, - hy siet foar my, - ‘It let neat, hear!’ en krige ta antwurd: ‘Hâld dy der bûten, healwiis fanke!’ Mei in Dútske tongfal. Dy en syn wurden geniezen my fan myn aspiraasje.
Master bea lang, hy wie ek in from minske en fertelde graach oer de himel, de hel kaam dan fansels ek op it aljemint. Der krige er my goed bang mei. Ik wist, dat de minsken dêr foar ivich barne moasten, mar as der mei drigeminte wurdt, krijt soks inoarme proporsjes. Wy moasten it ús goed yntinke, oan ivich kaam nea in ein. Ik hie my alris barnd, doe't mem de flamme yn 'e pankoekspanne krige en ik har gau helpe soe. In tel hie it fjoer my rekke, mar wat hie it sear dien! Dêr wurdt tsjintwurdich oars mei dizze dingen omgien oer it generaal, mar oft it wier is, dat God de bûtenste tsjusternis en it knarsen fan 'e tosken allinne ta warskôging hearre
| |
| |
litten hat en dy sels net wol, ik hoopje it. Us master sei, as it goed mei ús wie, helle de Heare ús in kear by Him thús en dan koe der gjin inkeld kwea mear oer ús komme. Leauwige minsken woene graach nei Him ta. Ik paste syn wurden op heit en mem ta, dy't by dy leauwigen hearden. Al twiveljen hja dêr sels wol oan, ik net. Dat hja graach by ús wei woene, koe 'k net oannimme, mar as God har rôp! Ik tocht it my sa reëel yn, dat God har helje soe, wylst wy yn skoalle sieten, dat ik op reis nei hûs ta oars net die as driuwe tsjin de tried fan de ommealders yn. Einlings op 'e reed nei ús pleats ta, seach ik mem oer it strjitsje nei de fjoerhutte toffeljen, in swiere panne yn beide hannen. Ik wie dy Jûne net by mem wei te slaan. Suske pinfiske, wêrom't ik sa hastich west hie en ik wie sa goed net, dat ik it foar my hâlde koe.
‘Tutte’ wie har antwurd, ‘hja wiene ommers net iens siik!’
Dat ik dêr sels net oan tocht hie! Jierren neitiid as deadstinzen benearen - hat elkenien dy net op 'e tiid - tocht ik noch wol: earst siik wurde!
Alle dagen twaris fiif kertier rinnende ûnderweis makket dat men it waar yntensyf belibbet, moai of raar, of mei mem en heit te sizzen: moai of net al te moai.
Ik mocht graach oer hurde wyn, dy't ik troch de klean hinne fielde. De jonges rôpen dan wol: ‘Ik fiel him, oft ik neaken bin’ of ‘ik fiel him op myn bleate fel!’ Dat fûn ik nu ver praat, mar ik ferstie har skoan. Mei de wyn yn 'e rêch waaiden wy hast fuort. Dan kamen wy sjongende, yn faasje, it skoalleplein op strûzen en rûnen it om en om, it like wol, oft wy net ta stilstân komme koene. Alle bern kamen efter ús oan en it gyng op in rinnen en sjongen, oant de haadmaster hantsjeklappend op 'e stoepe ferskynde. Om't er der mei it lûd fan syn klappen net tusken komme koe, swaaide er ús mei de earm de gong yn. Pas as wy te bank wiene kaam de rêst werom. Doe't ik ris slim lang ûngeduerich bleau, liet master my, om te bekommen tink, skriften by de boppemaster weihelje. Foar myn gefoel stie ik dêr by de grutte bern te kyk en te kak en bekaam ik alhiel mei al dy eagen op my rjochte. Fan ferlegenheid stiek ik de foarste finger fan myn rjochter hân by de hals fan de jurk yn en stie der oan te lûken. De bern rôpen fan alles en noch wat tsjin my, doe't master yn in djippe kast weidûkte om de skriften. Ik ferstie der gjin wurd fan, der kaam in flues foar myn eagen, ik seach har yn in waas. Mei twa skriften sette ik ôf en hearde ús master preveljen, wat er dêr no oan hie foar bledsjes. It fielde oft it myn skuld wie.
Mem hearde fan suske, hoe't ik dêr stien hie.
| |
| |
Hja prottele: ‘Ik wol wol leauwe, dat de halzen fan dyn jurk altyd sa wynsk binne.’ As soe ik alle oeren fan de skoalledei om boadskip stjoerd wurde, mar in grutte held wie ik net, ek net op oare plakken by oare bern of oare minsken.
De nijtsjes fan it doarp waarden ûnderweis nei skoalle ta drok bepraat, sa ek it nijs oer de faam fan boer Fan Stralen, dy't sljocht wurden wie. Hja kaam út Dútslân en wie ûnwennich. Fansels bleauwen wy foar de homeie fan de pleats stean, as soene wy fan de wei ôf in glimp fan de mealende faam heine kinne. Wy wisten wol, dat hja op bêd fêstbûn lei, want se fleach elk, dy't by har kaam oan en sterk dat hja wie, der moasten fjouwer manlju oan te pas komme om har baas te wurden. Ek fjouwer sterke mannen wekken nachts by har. Wekje by nacht wie it teken fan op stjerren nei dea.
Wat wie sljocht wurden? Raar yn 'e holle, net mear tinke kinne, waard der sein. Marij wie ek raar yn 'e holle, mar hja fleach ús net oan. De faam wie by de muorren op flein! Ik seach mysels al mei de earms omheech tsjin de keamersmuorren oanbûtsen, yn wanhoop fan de iene kant nei de oare dravend. Mar as men ek safier fan hûs en by mem wei wie. Mem neamde it licht yn 'e holle en ik frege my ôf, hoe't it der mei myn holle foar stie, it wie faak in famyljekwaal neffens mem, dy't der foarbylden fan joech út in laach, dêr't selsmoard gjin útsûndering wie. En heit fertelde oer in boer, dy't it net foarelkoar hâlde koe, by buien stie it skom him op 'e mûle en hy spuide syn bêste freonen blauwe en giele rachels lyk yn it gesicht. Sokke ferhalen seach ik foar my, kleure en wol. Heit sei ek, dat de faam, as hja losrekke, wol immen fermoardzje koe, dat ik soe perfoarst net allinne by de Fan Stralens lâns doarre.
‘Kinne wy ek wol sljocht wurde, mem?’
Mem seach efter myn frage.
‘Hast wer wat heard? In minske krijt allinnich, wat God him om bêstwil ta hawwe wol.’
Hja stjoerde my ta ôflieding om boadskip. Noch har antwurd, noch it boadskip losten fragen op, want as God my dat ta hawwe woe! It skoep ek gjin útwei foar bange fantasijen. Hoe slim foar de faam, mar de rêst kaam wer om, doe't hja nei in gesticht brocht wie. Sa'n rêst duorre ornaris net lang, dan wie der wol wer wat oars dat de motor fan de eangst yn beweging sette. In pear opslûpen jonges hiene har dronken heit op in jûn ta de doar út set en neitiid wie de man nearne te finen. Ik wit net, oft de man wer opdûkt is, mar alhoewol't wy ús heit net heal oandoarsten, lit stean fan him ta de doar út te wrotten, like it my ôfgryslik ta om om heit sykje
| |
| |
te moatten. In njoere dream ûnderstreke dat: heit wie fuort, elkenien socht om him, ik ek mei de siel ûnder de earm. Nuver rekke ik efter de skoalle yn de húskes oan it sykjen, ik loerde fan it iene gleske yn it oare en se hiene net iens gleskes. Yn ien húske seach ik heit syn holle mei ferlutsen antlit. Wie er dea? Hie er himsels ferhongen? Mei in skok waard ik wekker en hearde ik him tsjin mem praten.
It each sjocht fan him en dat begjint al by bern. Ik hie as ideaal, dat ik ek ris lykas de frelle mei ús mem yn 'e earm, mem op hege hakken, by ús skoalle lâns tripkje soe en de bern oergeunstich nei ús sjen. Op hege útsûnderingen nei kaam mem inkeld fan 't hiem nei tsjerke ta of op famyljebesite. Lokkich wie it riden yn in glêzen wein ek net neat, hie 'k oan Lydia fernaam.
Wy namen wol oare tsjerkegongers mei, Annichje ûnder oaren, dy't Oertsjongersk prate, wat ús nuver yn 'e earen klonk, mar hja kaam fan 'e ‘ginne kaante’. Hja koe min efter by it treppentsje mei de smelle izeren treppen opkomme, om't hja sa grou wie, de wein fearre fan har writen dwaan en skodde noch mear as hja amechtich njonken ús del foel. Annichje droech de Fryske kape. Der waard grute, dat hja benei keal wie, in swart huodsje mei hege, krûme fear droech hja oer smelsulver, smel, om't hja in arbeiderswiddo wie. Ik koe it net litte har te besjen, hja nytge my mei har hiele wêzen, mar ik mocht net lang nei har stoarje, dan sei hja der wat fan en mem joech my de rie troch de glêzen te sjen, dêr wie genôch te belibjen. Mar op sneintemoarnen wie it leech en stil yn it gea, pas yn de stêd libbe it wer op troch de tsjerkegongers.
De glêzen, dêr't ik trochsjen moast, wiene goed skjin, mem en Popkje himmelen de wein elke moandei foar de oare snein fan binnen en fan bûten. Alle kearen, as wy werom wiene fan tsjerke, klage mem: ‘Sjoch noris, hy blonk as in spegel en alles is der wer ûnderspat.’ Op friesdagen en yn droege simmerriten hie mem in skoan sin, sa brillend oft de wein net bleaun wie! Net om it wurk, dat gyng der likegoed om troch, mar om it lykjen en it bylkjen en har eare fan skjinne boerinne, de timmermansdochter.
Bouke Boukes ried ek wol mei, mar Annichje hie it net op him stean. As hja it treppentsje opklaude, bleau hja healwei even stean te sjen wa't der yn 'e wein sieten. Bouke wie frijfeint en Annichje wie skrutel foar elkenien, dy't gading oan har meitsje koe as widdo.
Mem fûn, dat hja har dêr net drok om meitsje hoegde, sa âld hja al wie, mar mem hie ûngelyk, hja hat sels noch in jonge man oan 'e heak slein. Jelke hiet er. Jelke en beppe waard it pear neamd. Jelke hie in sjees en tenei
| |
| |
strûsde Annichje ús sneins wol foarby, dan weau hja mei in grou hantsje om 'e kape fan de sjees hinne. Ik frege mem, hoe't hja sa heech yn de sjees klimme koe. Heit antwurde foar har, dat Jelke beppe der yn tilde. Ik leaude it wol, want Jelke wie in keardel as in bear.
‘Ibele!’ warskôge mem, mar ik hie al in foech glimke om har mûle sweevjen sjoen.
Oerdei naam Bouke Boukes my altemets mei út riden op syn hûnekarre mei negoasje. Hy woe wolris wat weromdwaan, sei er en mem soe wol net by him op 'e sydplanke fan de karre wolle.
Foar de karre rûnen twa hûnen as keallen te hymjen, altyd de tongen fier út 'e bek. Dêr't ik njonken Bouke siet, moast ik him beet hâlde hiet er, want hy fer naam wol, dat ik my net sa maklik oan it riden oerjoech. Wol ketske ik tsjin de baashûnen as in boer tsjin syn hynder, mear as bravoer stelde it net foar. Bywilen sprong Bouke fan 'e karre, hong al dravenderwize der in eintsje efteroan, wylst er rôp fan ‘Ho! Ho!’ Hy naam in panne út 'e karre, helle der wetter yn út 'e sleat njonken de wei en liet it de hûnen opslobberje. Meastentiids bleau ik op 'e karre sitten om it karwei fan it der wer opspringen. Ik hie grutte niget oan de lange, reade, slabjende hûnetongen.
Ik frege Bouke, wêrom't er net mei de hûnekarre nei tsjerke ta gyng ynstee fan mei ús te riden, want dan moast er earst in hiel ein te gean nei ús ta, mar dat woe de Heare God net lije, in hûnekarre, nee, dat koe net nei Gods hûs.
‘Piterke rydt der ek al mei nei tsjerke ta,’ antwurde ik.
Piterke wie in manhaftich frommes, dy't mei in krûm pypke oan op har hûnekarre siet. Hja hannele as frommes, yn lammen, keallen, hinnen en skiep en hie in brune, hast swarte hûd en in djippe basstimme. Yn wêzen wie ik bang foar har as hja by ús kaam om hannel. Mem bea har altyd kofje oan en dan siet hja by ús oan tafel te dampen, wylst ik mines fan har stal ôfseach. As myn eagen harres moeten besocht hja in lyts glimke, hja sei der neat fan lykas Annichje. Hja ried by ús wei mei de iene hân oan it gaas, dêr't hinnen ûnder sieten te raar sjen, ik seach har nei salang't ik koe. De hûnen, trije yn 'e beage, ien foar en twa efter, moedige hja oan mei in frjemd, hast dierlik lûd fan ‘oeaaa, oeaaa!’ En dan sprong hja der al dravenderwize ynienen op, dêr hie ik grutte bewûndering foar.
‘Hja lit har de bûter net fan it brea ite,’ sei heit fan har, ‘en tûk as hja is yn de negoasje!’
Bouke sei: ‘Piterke is Piterke en dat wit ús leaven Hear ek wol!’
‘Us leaven Hear’ mocht Bouke net sizze, fertelde ik him.
| |
| |
‘Is de Heare dan net leaf, tochtst?’
Dat wie in hiel nij ljocht op 'e Heare, dêr't ik lang oer neitinke moast.
‘Nim it fan my mar oan!’ sei Bouke en prûmke om 't libben.
Soe heit wol mei de bolderwein nei tsjerke ta wolle? Hoe wist Bouke, dat de Heare hûnekarren net goedernôch fûn? De Heare hâlde it oars mei de earmen hie heit faak ferkondige, altyd op grûn fan de apostel Jakobus.
‘Der moat ek ris in grapke by,’ ferdigene Bouke him, ‘dêr mei de Heare ek wol oer.’
Al wer in Heare, sa't ik Him net koe.
Wie it in grapke? Joegen grapkes foech foar de Heare? Ik sei it net. Ik fielde my op Bouke syn karre as in prinsesse yn in djoere koets mei in steal djoere hynders der foar.
Bouke hie altyd in apel foar my yn 'e karre. Foar't er him my joech wreau er him glêd oan 'e mouwe fan syn blaukile, dy't er oer de seilbokse oan hie. Ik hie wol reden om grutsk te wêzen, it wie in foarrjocht om op 'e hûnekarre te sitten, fan ús hiele keppel woe Bouke my allinne meinimme. Hy neamde my in mûtel famke, wat my flijde, mûtel wie wat aardichs begriep ik. Bouke kaam fan de Klaai en dêr brûkten hja djoere wurden, sei Popkje der fan. De minsken dêr wiene oars as oars. Moast ik syn grapke oer de Heare dêr ek thúsbringe?
Inkeldris fûnen wie in sint. Soms fersnobbe ik him yn alle rêst mar yn in sunige rite kaam er yn de sparpot, dêr't wy op reinige dagen mei boarten. Mei in mês fisken wy der munten út, stalden se út, telden en ferliken. Mem woe wolris mei ús wikselje om lytsjild, mar dat diene wy leaver net, it getal wie belangriker, wat mear munten der yn sieten, wat mear it rattele. Oan gûnen en ryksdaalders kamen wy net gau ta.
As heit praat hearde oer it finen fan in sint, fertelde er altyd oer himsels as lyts jonkje: rôleboljend yn it gers hie er hommels wat blinken sjoen en stomferheard hie er west, doe't dêr in kwartsje lei. Earst soe er it fersnobje, mar doe hie er oan syn mem tocht, hy soe har bliid meitsje en kocht in brea. Och, wat hiene hja dêr de jûns lekker fan iten. Dat ferhaal makke my f'râl beskamsum, as ik werris foar in sint út it blikje kocht. Ik naam my foar, om in sint hoegde it net, mar stel, dat ik in kwartsje fûn, dan soe ik ek om ús mem tinke, mar hoe't ik my yn it gers omrôle, in kwartsje fûn ik net tusken de raaien.
As wy skuon foar reparaasje nei de skuonmakker brochten en in skoft fol niget yn syn hokje om ús hinne sjoen hiene, nei de least, de trijepoat en benammen de klobbe pik op 'e tafel, joech er ús dêr in stikje fan. Faak ek wiene de tartûnen oan 'e kant fan 'e wei ús taflecht, al smakke dat pik sa
| |
| |
lekker lang net, it hie ek in frjemd bysmaakje. Jonges, dy't in mês yn 'e bûse hiene, fiken der stikjes ôf en dielden se om, wy besochten ek wol der mei de neilen splinters ôf te plúzjen. Mem hie ús ferbean op sok spul te kôgjen, mar yn 'e mande lit in bern it net. Yn myn ûnthâld stiene der altyd fan dy tûnen, mar dat kin hast net wier wêze, om't hja tsjinnen om it grouwe skerpe granytkeizel fêst te plakken op de macadam wegen en dat sil net oanienwei nedich west hawwe.
Der binne safolle oantinkens. It keapjen fan skuon, dy't earst altyd knypten, it waarden ek wolris âlde modellen mei útrinnende kleuren en opsteande puntsnuten: ‘koopjes’. By it âlder wurden skamme ik my der foar.
Klompen mochten wy net op slydskje om it sliten. As de kappe der ôfknapte, kramme heit him en oars gyngen wy nei de smid. Hy sloech der oan elke kant in lyts spikerke yn, helle der kramtried oerhinne, troch in sneed oer de kappe fan spikerke nei spikerke, klear wie it.
Op 'e hurde sânwei leine wy mei it ear op 'e grûn te harkjen, oft der ek immen oankaam, dy't noch net te sjen wie, klompen ferretten de komst mear as skuon. Hiel oars wie it lûd op 'e rydwegen, dêr koene wy allinne weinen op oankommen hearre. En altyd ried de swiere molkwein mei syn brede, tsjillen mei izeren hoepen oer de keizel fan daam nei daam om lege bussen ôf te leverjen en folle mei te nimmen. Mar meastentiids wie de stilte op in doarp te priuwen en te snijen. De kommunikaasje mei oare doarpen wie tin, in pear kear yn 'e wike ried de frachtrider nei in stêd. It wie in grutte ferbettering, doe't de bussen begûnen te riden mei passagiers ien of twa kear yn 'e wike, letter ien kear deis. It fertier wie beheind, mar wat der barde diene allegearre oan mei of hja libben der yn mei, fierder moast men de wille thús fine. It libben wie trochstrings net opwinend, mar wol eigen en fertroud. Dêr hearden by it balten fan in ûnwennige ko, it blaffen fan hûnen yn 'e fierte, it wrinzgjen fan hynders, it gerattel fan molkbussen, dy't op in stap boppe de sleat himmele en te droegjen lein waarden op in rak fan skeane, smelle latten. Wie de stilte wolris benearjend, dan kloften de minsken by elkoar en behannelen ienfâldich nijs, dêroer nei te tinken en it fierder te bringen naam de leechte wei. It wie nijs oer libbenen en deaden, dat har dwaande hâlde en minder frijbliuwend as tsjintwurdich, it gyng oer nijbou en ferbou, oer earm en ryk, it korrigearre karakters, wie myld, mar ek hurd. It behannele fee en gewaachs, hoe't de nijboer oankaam, in pearke dat trouwe moast brocht letterlik en figuerlik libben yn 'e brouwerij. Mar hongerroppende arbeiders pasten net yn it patroan fan de hússittende boargers, hja soargen wol foar dining yn de ronfelleaze see fan
| |
| |
it bestean, it brocht ûnrêst, it rôp ferset op, mear eangst as wil ta ferbettering. Sa rûm hiene hja it sels ek net. Doe't ik jierren letter midden tusken de protestearjenden wenne, hie 'k earder niget oan har earmoede, ek begrutsjen om har aparte libbenswize as dat ik yn ferset kaam tsjin de maatskippij, dêr't soks yn mooglik wie. Foar de optochten nei it gemeentehûs hie 'k begryp en dêr waard ik op oanfallen, mar karde se wol ôf. Oer wanhoopssituaasjes hie 'k blykber doe gjin doel, it rûkte nei revolúsje!! Altyd te fersmiten.
Eangst. In kliber fan sokke opljeppenen koe samar losslaan by in lyts ferwaaid fûnkje en de boargers har ‘rykdom’ naderje. Jeften koene hja wol krije, in dûbeltsje wie al hiel wat en it hie it foardiel fan in goede died. Net dat ik opbrocht wie by tefredenheid mei de besteande maatskippij. Heit waard in warber lid fan ‘Patrimonium’ en ‘Christelijke Besturen Bond’. Mei oaren bespriek er thús hoe't it wie en hoe't it wêze soe, de bibel kaam der as paadwizer by. Oer de posysje fan froulju brieken hja har de holle net, it feminisme wie yn ús fermiddens net in realiteit en de froulju fûnen it wol goed, tochten net iens oan feroaring. Wat earmoede oangyng, der wie mar in lytse elitegroep fan minsken, dy't it breed hingje litte koene, dat de ferskelen wiene net iens sa grut. Wol sieten de rike hearen yn Den Haach op it jild fan de boeren (sei heit). Likegoed as de arbeiders waarden de boeren strûpt. De arbeidersklasse wenne yn ûnnoazele wenninkjes, de winkelman, de bakker, de slachter fertsjinnen mei in hûdfol wurk in skriel stikje brea tusken de greiden en nôtfjilden ûnder de loft fan ús Hear, dêr't de himel as heilstaat boppe tocht waard. It wie mar goed, seine heit en syn freonen fan ‘Patrimonium’, dat net ien it waar yn 'e hân hie en dat wie suver it iennige rjochtfeardige op 'e wrâld. God? Nee, de minsken wiene de skuldigen. Oan de posysje fan de frou wat te feroarjen kaam ek by har net op. En dochs wie doe it boek fan Johanna Breevoort, ‘De vrouw, vrijgemaakt door de Zoon des menschen’ al útkommen. Ik freegje my ôf, oft it wol lêzen waard. It wie wol yn de tsjerkebibleteek, mei tink, om't hja ek romans skreaun hie en hja dit ek sa'n ien ferûndersteld hiene.
Njonken ‘raar waar’ en ‘Heare God’ wiene der mear taboes. Heit brûkte it stopwurd ‘o jee’ wol, dêr't wy neat fan sizze doarsten, al wisten wy dat it in ferbastering wie. Net iens lang ferlyn haw ik útlizzen heard, dat it fan in fatsoenlik Latynsk wurd kaam en dus is heit dêrmei frijpleite fan skuld. It wurd ‘sillich’ wie ek in begryp, dat mei omtinken brûkt wurde moast en allinnich foar hillige dingen. Foar mysels brûkte ik it wol foar de natoer mei syn útrinnende knoppen, de earste maaitydspronk fan flearhagen, ha- | |
| |
getoarnen yn wyt en read, griene ligusters, struwellen as nageltsjes en ribessen, sa moai wie it allegearre mei it jongfee yn 'e greiden en de hiemen fol mei krookjes, snieklokjes, titelroazen. Oars, it hiele jier troch brocht elke dei nije wille, nije en âlde eangst, mar de wille wûn it altyd wer. De measte wille hie 'k fan lêzen. Wy hiene net folle boeken, mar stadichoan waard it fûns grutter. Ik krige in pear dielen ‘Winterbloemen’ fan de oargeljuffer, dy't der niget oan hie, dat ik altyd siet te lêzen. Ik lies se en lies se wer, de ferhalen makken my tryst of bliid, by leed woene de triennen komme, by lok fantasearre ik dat it mysels oerkaam, beide woe 'k net witte. It wie hast in iepenbiering, doe't suske boppe in boek in bytsje siet te snokken, it wie ‘Alleen op de wereld’ fan Hector Malot.
Us master lies ienris yn 'e wike foar. Ek ris út in boek mei swarte printsjes, dat op 'e earme Fryske heide spile. Ik frege master, oft ik it liene mocht en it thús nochris oerlêze. Hy sei it my ta, mar fergeat it alle kearen, dat ik wit noch net hok boek it wie, dat my doe sa yntrigearre.
Mei skimertiid siet ik ornaris mei de earmtakken op it finsterbank, de eagen deun by it boek om it lêste ljocht fan 'e dei mei te nimmen as de lampe noch net op mocht. Dan warskôge men, ik soe myn eagen net ferknoeie, dat koe sa't it skynt net by it wanige ljocht fan de petroaljelampe. Ik mocht net earder lêze as wannear't ik earst fiif, by it âlder wurden tsien omgongen breide hie en fan dy taks waard net maklik ôfwykt. De kombinaasje lêze en breidzje brocht folle letter pas útkomst. Mem stjoerde my wol mei it breidzjen yn de frisse lucht, dan kaam de kleaune jern yn 'e skelksbûse. Skelken hiene wy altyd foar, ek nei skoalle ta, sneins by hûs in witenien mei kant oer de skouders. Tagelyk mei it breidzjen moast ik faak op bruorke passe, dat er net tichte by de sleat kaam. Wanhopich rûn ik de opfeart op en del, doe't ik in pear tellen by him weigien wie en by it weromkommen it hiele jonkje net mear seach. Oant myn eagen foelen op in pear hollen foar it keukensfinster, dy't mei har eagen myn bewegings mei wille neigyngen. Doe begriep ik it ta myn rest. It wie in goede les, dat ik op myn post bliuwe moast. Sa'n gefoel ferjit men net wer. Mem fertroude my doe net mear, bruorke kaam oan it tou en stiek syn earmkes altyd sa earmhertich nei my út. Dan hie 'k wol sa'n spyt. Lykwols hiene wy der wille om, as er fan de beam, dêr't er oan fêst siet nei ús ta rûn, it tou ynienen ‘ho’ sei en hy plat op it gat foel.
De oargellessen fan heit wiene al gau ophâlden. Yn my hiene hja, wat dat oangyng, gjin fidùsje moat ik begripe en gelyk hiene hja. Ik hâlde eins inkeld fan de muzyk, dy't de wyn makke. As ik skine liet, dat it bearen fan de stoarm om hûs en yn de skoarstien my opwûn, brocht mem my de see
| |
| |
yn 't sin mei de minsken, dy't der op fearen. Mar wêrom mocht ik it net moai fine, as wy it waar dochs net yn 'e hân hiene, boppedat hiene wy gjin seefarrend folk yn 'e famylje. Mei hurde wyn is de bernewein mei bruorke der yn, troch syn bewegings, ris losrekke en ried er de skeante del nei de sleat ta. Mem as in razende der efter oan, hja koe it hânsel noch krekt op 'e tiid gripe. Dat spriek better oan as frjemde minsken op 'e fiere see.
Meiïnoar ite mei Popkje, de feint en de arbeider wie foar my heechtiid, om't it net faak barde fan wegen de skoalle. Heit iet de brij út in rûne leppel, jirpels en griente mei in foarke, dêr't de tinen fan oant op 'e helt ôfsliten wiene, mem brûkte gewoan ark lykas allegearre.
Wy wiene goede iters en dat hat memme eare útmakke, want der moast al sâlt yn fergetten of it moast oanbarnd wêze, soe der wat fan sein wurde. Koal ieten wy brún fan it lange stoven. Heit hie gauris lêst fan soadbarnen en dat sil dêr net better fan wurden wêze. Doe't er as jierrich man yn in hûs foar âlde minsken wenne, mocht er de griente dêr net, hy wie gjin knyn, nee, dan memme iten! Al de ûnskes en healpûnen suveringssâlt, dy't perfoarst út 'e apteek komme moasten, oars wie it bocht, wize op in bedoarne mage. Al oer de tachtich seach ik him wol op 'e fyts yn de drokke haadstrjitte op wei om syn medisyn. Dan hâlde ik myn hert beet en wie bliid, dat er my net seach en hommels tsjin de tried fan it ferkear yn op my ta komme soe. Hawar, werom nei de bernetiid. Elke nije dei wie in nije ûntdekkingstocht. Moarns seach ik út it bedstee wei, hoe't mem foaroer stie har hier te kjimmen, dat har as in wale foar de eagen hong. Hja hie lang slûk, ljocht hier. Wylst hja oereinkaam, slingere hja it efteroer, bûn der in bantsje om, makke in knoedel, sawat boppe op 'e holle en stiek dy mei hierspjelden fêst, dy't hja yn 'e mûle hâlde. Har reafallich antlit ferloek fan de ynspanning, om de earms sa lang omheech te hâlden. As jongfaam hie hja mar splinterich west, no wie hja in grou minske.
Ek seach ik sa heit en mem op 'e knibbels foar in stoel lizzen te bidden, moarns wie it it earste, jûns it lêste. Begjinne en einigje mei de Heare neamden hja it. Har bidden duorre foar myn gefoel ryklik lang, wat soene hja allegearre oan de Heare te fertellen hawwe? Soene hja it ek oer my hawwe, tocht ik, as ik har lippen bewegen seach, dy fan mem alteast, heit droech in keizer Wilhelm snoar, by him koe 'k it net goed sjen. Dat soe 'k wol moai fine. Ik doarst it net freegje. As ik de holle wat draaide, seach ik har ûnder de fuotten en dêr koe 'k de eagen min weikrije. As hja jûns klear wiene mei har beaën gyng heit of mem nei de lampe ta, hâlde de hân boppe it lampeglês en blies him yn ien of twa kear út. Dan wie alles ree
| |
| |
foar de nacht en wie de keamer tsjuster op in pear skreefkes tusken de blinen nei.
Op in middei gyng ik mei buorjonkjes nei de barbier fan it doarp en koe der net oer út, doe't de man mei in masyntsje har hier yn streken omfalle liet. De barbier, of leaver Jan Skear, woe my ek op 'e stoel hawwe. Doe soe 'k gûle en sei, dat mem it net lije woe, mar hy bêde my wer del. Yn myn earste jierren hie 'k ek mei in keale holle rûn ta de hiergroei. Mem sil it mysels wol knipt hawwe, want in Jan Skear oer my gear stiet my net foar.
Thús woe 'k fuort mar mei de maten oan it hierknippen boartsje en helle dêrta memme skjirre út it tafelslaad. Oan de jonkjes foel net folle mear te knippen, dat ik waard it slachtoffer. Der waarden my gâns lokken ôfknipt, mar doe kaam mem tafallich by ús lâns. It wie al te let. Wat stie hja te bearen! De jonkjes ritsten as hazzen it hiem ôf, ik waard it hûs ynslepe en foar de spegel set. Mem brûkte de wurden ‘God geklaagd’, wylst hja oars net gau samar in Hollânsk wurd falle litte soe en alhiel net sa'n ien. As it mei God te krijen hie, stie it der net bêst mei my foar. Ik stelde myn hoop op mem, hja soe wol soargje, dat it goed kaam en dan soe God it ek net mear sa slim fine.
‘Koe 'k dy mar mei in pear hierspjelden yn fatsoen krije,’ sei mem, ‘kinst ek net bêst mei in fêste mûtse op rinne.’
Dat woe 'k net graach, want dat diene bern mei steden op 'e holle of as hja keal wurden wiene troch tyfus. Wat soene hja dan net fan my tinke! Op it lêst makke mem in grapke: ‘Wolst in hoed mei in lange spjelde op hawwe?’
‘De moaie mei de sulveren knop fan mem? frege ik. Mar fan my koe hja noch gjin grap ferdrage.
“Skamje dy wat,” fûtere hja nei.
Ik krige gjin fêste mûtse op, ik moast sels de gefolgen mar drage. Nei tsjerke ta hie 'k in hoed op, dat dêr soene hja myn ûnevenredich boskje hier lokkich net sjen.
Fan suske en Popkje moast ik hiel wat hearre, it wie krekt yn 'e tiid fan it skiepskearen, dat sadwaande.
De bibelske ferhalen oer it skiepskearen brochten my tenei dy middei yn 't sin. Dat net, mar oare ferhalen fan master tocht ik my yn ûnderweis by de mar, de trochtocht troch de Reade See bygelyks seach ik dêr barren, mar oare ek earne by ús op it hiem, dat wy libben op hillige grûn. Jozef syn broers weiden har skiep op ús greiden nei it Unlân ta en dêr troaiden hja Jozef ek hinne; de keaplju kamen mei har karavaan oer buorman syn hiem
| |
| |
en de put wie efter in stienbult op in daam, dêr't it wetter fan de sleat opblonk. Dêr siet Eliëzer op in tuolle te wachtsjen op Rebecca. De woastine fan de Israeliten wie fansels de sânwei, Elim wie Klaske Pripnoaske har apelhôf, dêr stiene wol mear as sântich beammen yn, de fonteinen wiene bakken mei wetter foar de kij dy't mei de Nortonpomp folgetten waarden.
By in boskje efter by ús jister die ik de klompen út, om't ik my yntocht, dat God dêr wie. Ien kear miende ik, dat it yn 'e brân stie troch it read fan de ûnder geande sinne, hear de ik no ek immen myn namme roppen? Mozes? Mar it bleau stil op wat wyngerûs nei. Popkje treaste my, dat it gjin toarnbeiboskje wie, mar gewoan in elzenespeltsje. Hja hie gelyk, mar der stiene wol in pear strûken mei begjin fan brommels en doe kaam de twivel werom.
It leauwen en de godstsjinst fan heit en mem litte in minske net wer los. Wa't it foar himsels ûntkent, hat himsels foar de gek. Sûndebesef bliuwt ek, mar ek dat God om en by him is en bliuwe sil, sels al ferset er him der tsjin, of kin er it mar heal leauwe. Want neat kin ús skiede fan de leafde fan God yn Kristus Jezus. Wy sels ek net. Doe't suske belidenis die, kaam der in âlderling har te lokwinskjen, dêr socht doedestiids nimmen wat efter, tsjintwurdich mei dat amper mear.
Dy âlderling sei tsjin har: ‘No begjint it pas. Dû hast de kar dien, it folhâlden is slimmer, dêr't God dy by helpe wol.’
En ik dy't tocht, as ik mar ien kear belidenis dien haw! Hy hie it oer oanfjochtingen fan de satan, as dy safolle macht hie, soe ik dan ea safier komme? As ik útferkeazen wie! Ja, as...’
Mem fertelde, dat hja it der faak swier mei hân hie, mar in âld minske hie har treaste: ‘Dû spanst de hynders earslings foar de wein. Der stiet: Gij hebt Mij niet uitverkoren, maar Ik heb u uitverkoren.’
Wy hiene it as bern net op âlderlingen stean. Foel ús namme fan de preekstoel, dat wy op dy en dy jûne húsbesyk ferwachtsje koene, dan stompten wy inoar oan en hiene foarút al senuweftige wille, want wy kniepen him ek. De spanning wûn oan, mei't de jûne neierby kaam. Wy moasten der by bliuwe fan mem en heit en hoegden gjin ferlechjes te besykjen.
Hja kamen altyd mei twa man. Sa gau't hja te stoel en te bank sieten, bestudearren wy har yn hâlden en dragen, hoe't hja de koeke by de kofje opieten, hoe't hja slurpen of smakken, nei elke slok hearden wy by ien in djippe sucht. As mem har ús wille ergere, krige hja it op 'e senuwen en moast hja laitsje, hja doarst net kibje en hie it neat te rûm.
| |
| |
Ik moast tinke oan har as grut fanke mei har narjende muoike. Mar ik bin wer op myn ferhaal foarútrûn. De earste wrâldkriich kaam oer ús. It hie al lang drige sûnder dat ik der folle besef fan hie. It wier wurden fan geroften waard ús op in kostlike mylde simmerjûn yn maaie oerbrocht, doe't wy meiïnoar gearhokken by de fruchtbeammen fan it apelhôf. Heit wie oan it skoffeljen, mem wie oan it buorkjen yn de grientetún en ik song it lietsje fan langst, want it hie al lang bêdtiid west. Kleis fan buorman kaam ek mei dit nijs. Ik waard kjel fan heite en memme bange antlitten en sa ferslein hja begûnen te praten, oft der in doem oer ús hong. Lykwols gyng it libben de oare deis syn gewoane gong. Heit foel bûten de mobilisaasje, de ramp bleau bûten ús grinzen, hy kaam ús eins pas oan 'e hûd, doe't wy fan 'e pleats ôf moasten en der hast gjin oare te besetten wie. Heit hie graach wer ynhiere wollen, mar de eigenaresse, in widdo, woe der mei har opslûpen jonges sels op, foaral no mei de oarloch. Krap fan iten hawwe wy it net hân yn dy tiid, ek al woe heit neat fan slûkjen of swarthannel witte, ek gjin bistje slachtsje om der jild út te meitsjen, woekerwinst meitsje mocht net fan de Heare. Gjin oarlochswinst, mar oarlochsferlies krige er net in bytsje.
Mem stie faak te polskjen mei har tsjerntsje, in lange stôk helle hja troch in gat yn it lid op en del, ûnderoan de stôk siet in rûn hout mei gatten en dat polske dan yn de soere molke, soer wurden yn in aad. Nei lang tsjernjen, út en troch sjen hoe fier't it wie. Ik mocht de pols wolris fan har oernimme, dan koe 'k my net begripe, dat mem it sa lang úthâlden hie, my wiene de earms samar lam en dan fûnen hja my ek noch sterk yn 'e earms, om't ik my sa goed oan in balke yn it bûthús oplûke koe. As it einlings ‘safier’ wie stie ik der graach by. Mem fûn it lêste skoftsje it dreechste, mar ynienen dreau der buter op en koe dy der mei in hynstehierren souwe ôfskept wurde, dy't mem skodde dat de bûter in grutte bal waard. Dy liet hja útsige en dan kaam se yn in houten foarm, dêrútwei op in board, mei in boekhouten pronkerke waard der in blomke of in klaverfjouwer boppe yn drukt. It resultaat wie krekt in lytse tulbân, sa'nien dy't de bakker bakte foar aparte gelegenheden, brulloften en berten, mar hy sette der in roaze roaske op.
Mem har bûter smakke nei sûpe, har sûpe nei bûter, sokke krijt men tsjintwurdich net mear. Om't it sa'n moai gehiel wie, fûnen wy it skande as it mês der yn soe om de broggen, dy't mem altyd foar ús klearmakke op breaboardsjes, mei te smarren. Wy hiene faak wille om ús nije feint, dy't yn it opgroeien wie en in hiele toer fan stikken iten foar him krige te stean. Popkje neamde it ûntfatsoenlik safolle 't hy der trochskode.
| |
| |
Famylje út Hollân krige wol in pear pronkjes buter mei, om't hja it folle krapper hiene as wy yn de stêd.
Ik hear in ‘tante’ út Hollân noch sizzen: ‘Op een boerderij bestaat geen krapte, daar is altijd wel wat te halen!’
Sa'n kwalifikaasje waard har net goed ôfnommen.
Yn dy tiid wie heit faak fuort te pleats besjen. Dan stjoerde er in briefke yn mei it bedrach fan 'e hier, dat er tocht hie. Hy foel der altyd krekt bûten by it iepenjen fan de briefkes, mei't de prizen sa heech waarden. Einlings akkoarte heit mei in Joademan, dy't in buorkerij te ferhieren hie yn it Oertsjongerske. Wy fûnen der neat oan om dêr hinne, dêr't de minsken krekt sa praten as Annichje!
Mar, inkelde wiken foar de oargong, kaam de jobstiding, dat de pleats tasein wie oan in hegere bieder en heit hie neat swart op wyt. Wat no? In oar stee wie wol útsletten, alles wie al foarsein.
Al wie ik bliid, dat wy net nei de ‘ginne kaante’ ta soene, begrutte it my om mem, dy't gjin wille mear hie.
‘De Heare past wol op ús,’ besocht ik, âld wyfke, mem te treasten en dêr fleure hja yndied fan op.
Der kaam gjin oare pleats, wol in boargerhûs om yn te wenjen. Wy ferfearen nei it stedsje fan ús tsjerke. Net sa fier by ús wei stie in houten stâl wat efterôf en dy koe er krije foar syn lêste pear kij. Alle oare bisten, weinen, ek de glêzen wein, en it boere-ark hie heit fan 'e hân dwaan moatten, wylst it suver neat wurdich wie yn dy tiid, mei't der gjin wissichheid wie, hoe't it noch komme soe. In pear moanne letter mar fleagen de prizen wer omheech, foar ús te let. De lêste kij tsjinnen heit by it opsetten fan in molktaperij, de stedsjers woene graach fan him keapje yn dy tiid fan krapte.
De earste tiid yn it stedsje waard foar my in tiid fan yn 'e skûlp krûpe, hoe bliid ik ek west hie, dat wy net nei Annichje har kontrei gyngen. Ik fielde my wer as in kat yn in frjemd pakhús, benammen op skoalle. Mei langst tocht ik werom oan de skoalle, dêr't ik my thús field hie. It ôfskie hie twa kanten hân, it winken fan it nije en dan de stêd dy't sneins altyd al nytge hie, en it ferlies fan it âlde bewende. Ik hie it earder meimakke en der doe troch fan slach west. Ik koe der no wol better oer om't ik âlder wie, mar gyng der noch wol ûndertroch. Suske gyng doe krekt fan skoalle ôf, dat ik moast lykme allinne tsjin de feroaring oan.
De lêste lange reis mei de maten! Ik hie op skoalle traktearje mocht en dielde de oerbleaune suertsjes op 'e sânwei om. Ik joech hannen. Ien fan de jonges, dêr't ik wol mei narre waard, joech my in tutsje ta grutte hilariteit
| |
| |
fan allegearre en ta myn gêne; der waarden ôfspraken makke (en net neikommen), wy krigen hiel wat goede winsken mei en sa mei in heap tûle waard ik oer de weemoed hinne holpen en taret op it nije, dêr't ik as in berch tsjin op seach. De einen rinnen wiene foarby, dêr hie 'k de oaren al in pyk mei set, mar ek dat wie gjin kleare winst, it hie ek nocht en wille west.
It wie ynearsten wer ien en al minderwaardichheidsfielen. Wêr kaam dat dochs wei? Earst myn aard fansels, mar it ferskil doarp en stêd wie ek grut, wat útkaam yn klaaiing, taal, hâlden en dragen en wat der útrûn lei der ek út. Boppedat moast it earst by ús sa sunich, dat it op earmoede begûn te lykjen en earmoede gou ek foar skande. Wa't bygelyks fan de diakony ûnderhâlden waard, hie nearne sizzenskip by, ek net as er bûten skuld yn 'e ûnderwâl rekke wie. Sa'n ien soe net yn it hek fan 'e tsjerke komme, likemin as froulju. Froulju yn 'e tsjerkerie, gjin minske dy't soks yn 'e holle helje soe! Yn de bibel waard it ferbean, mar oars ek net. De bern op skoalle, stedsbern, dielde ik allegearre yn by de ‘deftigen’. Hja praten Hollânsk, krûm, dat wol, wa't Frysk prate kaam fan bûten, wie minder.
Ik wie it roerend mei mem iens, doe't hja ris tsjin heit sei: ‘Wêrom koene wy net nei it âlde gea werom?’ Mem fielde har hjir ek net thús.
Heite antwurd wie: ‘Dêr wie ek gjin plak.’
Hy sil miend hawwe, dat er der net mei hingjende poatsjes weromkomme woe en net wer as feint de minsken yn 'e eagen sjen. Hy koe no ek eigen baas bliuwe. Hy ûnthiet: ‘Ik soargje wol foar in nije breawinning!’
Dat hat er wiermakke, de krisis fan de tritiger jierren snie ús sa net yn it libben as party oare middenstannders.
Heit hat wolris tsjin my sein, dat er it mem net oandwaan kind hie om werom, mar it hie better by har aard past.
Al dy omstannichheden noasken my net, ek net dat ik my by de bern op skoalle oer en tefolle fielde; it frege om kompensaasje en dêrom sil ik doe wol wer foarnimmens kweekt hawwe, dat ik skielk oars soe, wat sjen litte soe, hoe ek. No moasten wy it noch fan heit en mem hawwe, mear fan heit, al hat mem in skoft foar oare minsken wosken. Yn wêzen wie ús betrouwen op heit grutter as op God, dêr't ik sa from oer praat hie tsjin mem.
Ien fan de earste jûnen yn it nije hûs, dêr't gjin kowelûd út bûthús of greide ta ús oer kaam, allinne wat spul fan buorlju, sei heit lykwols: ‘De Heare lit ús net sitte, as wy ús bêst dogge.’ Ora et labora dus. Mem knikte muoilik.
| |
| |
Hja hie de earste wask foar frjemden yn in sloop yn it efterhûs lizzen, ik mocht it de oare deis nei de klant ta bringe. Ik wit noch, dat hja my ynnoegen en dat ik yn de keamer op in, yn myn eagen, foarname stoel sitte mocht. Ik bin der fierste lang bleaun en siet mysels yn 'e wei, mar it wie krekt oft ik net fuortkomme koe. Myn Hollânsk sil ek net sa suver west hawwe.
Wurkje hie heit it oer hân. Wylst er it sei, seach ik nei syn wrottershannen, boppe de tûme fan syn rjochter hân stie in blau anker, dat er der yn syn skipperstiid tatoeëarje litten hie. Hy herhelle faker, dat er foar in goede breawinning yn stie. Ik twivele der net in eachwink oan. Wat de nije skoalle oangyng, ik sjoch my de earste dei noch tsjin it stek foar it plein oanhingjen, ûnwennich stoarjend nei it boartsjen fan al dy frjemde bern. Sa ferlitten ik my doe fielde!
En dêr wie ynienen in stim fan in famke by my, dy't frege, oft ik dy en dy wie. Doe't ik knikte, fertelde hja, dat wy fiere famylje fan elkoar wiene. Och, wat in opluchting! Famylje noch wol!
Hja naam my mei it plein op, de iensumens foel fan my ôf as de smoarge klean by it ferskjinjen. Hja brocht my ek by de master, dy't my in plak yn in bank oanwiisde en doe siet ik der wer midden tusken, op it each alteast. Fierder bûtere it net bot mei it fiere famyljelid, hja liet my al gau yn 'e steek om mei har klassegenoaten te boartsjen; ien heger as my sieten hja. Yn skoalle gyng it wol goed, sa stil op in bank, mar bûten stie ik noch in heap allinne, al wie ik ek net ivrich om mei te dwaan. Ik die wol mei oan it toudûnsjen, mar om't ik net ‘op slach’ ynspringe koe en my skamme om it foar allegearre har eagen te learen, wylst ik wist, dat it in poepetoer foar my wurde soe, waard ik mar leaver ‘fêste draaier’, dan stie ik yn alle gefallen middenmank de bern. Myn suske kaam ris foarby, stie in skoftke te sjen, stapte op my ta en lústere my yn 't ear: ‘Dû bist fêste draaier, skammest dy net?’ Ik koe net ûntkenne, mar skamme my net, it wie in útkomst.
Foar myn idee wiene alle famkes moaier yn 'e klean as ik: hja droegen griene breiden jaskes (twa suskes), of in wyt bloeske mei in koart blau rokje, wylst my de rôk in ein oar de knibbels hong. Yn diz tiid kamen de direktoires mear yn 'e moade, hja lieten se elkoar sjen lykas wy de kantsjes oan ús wytkatoenene te foarskyn hellen om te pronkjen. Direktoires mei elastyk wiene maklik ferlike mei de flapbroeken. Ik haw mem om 'e earen sangere om ek ien, it waard in roazenien, flanellich fan binnen en hy siet wol sa rûm as in pofbroek. Ik haw him oan net ien sjen litten.
Ik tink oan hite simmerdagen as alle bern toarst hiene. Dan sette masters
| |
| |
juffer in amer mei wetter yn de steech del, in lange sleef dêr yn, dêr mochten wy ús oan laavje. As de amer benei leech wie en der siet noch wat wiete flibegrom ûnder yn, dan wie it oan my ta. Dan sloech ik meastal leaver oer, folle koelte kaam der net mear ôf.
Doe't wy ris foar in hûs stiene te toudûnsjen, smiet de frou, dy't it net op ‘finen’ stean hie, in pôt mei ‘wetter’ oer ús leech. Allegearre makken, dat hja fuortkamen, ik as lêste krige noch in fikse snjitter nei. De famkes om my hinne te rûken en te snuven, doe stie ik even yn it midspunt fan de oandacht.
|
|