Acht
Barend en ik hâlden kontakt. Mear as ien kear krige ik in útnoeging om oer te kommen, mar ik koe der net ta komme, om't ik Netta der net mear fine soe, mar ek om him. Dêrom noege ik net werom. Sa net, ik hie heit syn antlit wol sjen wollen, as ik samar in frjemde jonge útfanhús krige. En ik woe net forsearje, noch nei de iene kant, noch nei de oare kant.
Mar doe stie er op in goede dei ûnferwacht foar my. Hy hie gelok dat ik krekt thús wie yn myn kosthús.
Wat tûlkjend sei er: ‘As Mozes net by de berch komme wol, dan moat de berch mar by Mozes komme.’
Ik fertelde, dat ik by him Netta net wer fine soe, dêrom. It oare liet ik my fansels net oer los. Daalk net alteast.
Ik frege him, wêrom't hy dat net sa fielde.
‘No ja,’ sei er, ‘ik wenje dêr en ik mien in opdracht fan Netta te hawwen.’
‘En wolst my dêr ta brûke?’
‘Sa moatst it net sjen.’
‘De winsk fan in deade mei it libben net stjoere.’
‘Dat is it net allinnich.’
Wy wiene beide net redenryk op myn keammerke mei it fiergesicht oer griene fjilden mei blauwe boskseamen op 'e eftergrûn.
De kostfrou, nijsgjirrich fansels, brocht ús út harsels tee mei wat der by, in pear weiten hinnen. Hja bleau net lang, dêr sille ús antlitten net nei stien hawwe.
Nei't it terein ferkend wie, kaam it ta de saak sels, mar alle kearen as Barend in argumint foar oppere hie, iggewearre ik mei ien tsjin. Op it lêst kaam ik mei de reden, dat Hollanner en Fries net by elkoar pasten.
Dêr hie er wille om: ‘Dû en Netta ek net?’
Dêrnei wiene wy in skoft stil, dat ik der tipelsinnich ûnder waard. Op in stuit kaam er oerein.
Hy sei: ‘Ik wol der ek net mear oer prate en oerlizze, dat is ûnfruchtber.’
Hy gyng nei de doar, draaide de kaai yn it slot om en kaam by my stean.
Ik trille. Ik wie nijsgjirrch.
In hoart seach er op my del. Ik rûkte him. Ik huvere.
Doe loek er my oerein en naam my yn syn earms.
‘Breidzje’ gyng der troch my hinne, ik núndere de wize krekt net.
Om't ik gjin maklike stoel ryk wie tink, helle er my nei myn bêd, dat leech ynboud, lyk mei de flier lei. Hy helle my der dwers op nei him ta,