Eilân fan de silligen
(1981)–Ypk fan der Fear– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 161]
| |
[pagina 162]
| |
Op in simmerdei fan it jier 1677 sette Antoinette Bourignon har to wenjen op it kastiel Lütsburch to Noarden. Hja hie net efteromsjoen nei de goddeleaze stêd mei syn bylkrige koepels en tuorren, dy't, nei't hja sei, de Allerheechste bigekken. Lykas fan it âlde Jeruzalim soe fan dizze stêd net ien stien op de oare litten wurde, om't hjir de hillige mem forstjitten wie. It earste, dat de jonkfrou die op it kastiel wie al har huzen en keamers en de har tametten rûmte bisjen. Hja koe der net genôch fan krije, mar liet har teffens tsjin de barones ûntfalle, hokke dielen der yn de takomst by de groei fan de gemeente noch bykomme koene. De barones bleau net langer by har as it fatsoen frege, hja hie foarút al in tsjinsin yn de jonkfrou hawn. Doe die hja de omgong mei keapman Johan Tiellens en fielde har noch wol sa frij. Hieltyd moast hja oan it âlderlik hûs tinke, al woe hja dy wûnderlike tagedienens net tajaen. Hwat spitich dat har bern De Cort dit net meimeitsje mocht, alhoewol hy soe dochs oan it eilân fêstholden ha. Tiellens neamde Nicolaes Henning en de apostel Francken en Claus Floris en oare leave deaden, dat hja waerden suver hwat tryst yn alle blydskip en tankberens. Mar wylst wiisden hja inoar alles oan, fan de planten en de fûgels en de blommen yn it tún oant de kasten yn de keuken ta en wiene mei alles bliid as wie it goud. By in klimroas bleau de jonkfrou stean, har eagen folgen de mannichten douwen foar har op it middenplein. ‘Frede’, sei hja, ‘hja sprekke fan frede’. ‘Einlings’, suchte Tiellens. Neitiid waerd de jonkfrou opfallend stil. Tiellens forûnderstelde, dat hja oan har earsteling tocht en hwa wit, spriek de Geast tsjin har. Hysels moast oan syn freon Francken tinke. Dy miste er sa. Altyd hiene hja meiinoar op 'en paed west. Hy wie op hege jierren pas de jonkfrou har bern wurden. Hja hie it in wûnder neamd, dat it noch bard wie en harsels mei Sara forlike. In protte krityk hie Francken altyd hawn, dat hy en Tiellens wol beaën: ‘Heare, help ús om ûnder twivel to leauwen yn Antoinette Bourignon, jou dochter en leafste’. Hoe faek hie er oer har sikeneurigens klage, soe it ek gjirrigens wêze kinne? As hja bistrafte om lytse ûngelokjes en lilk waerd by it geringste, dat forgetten waerd, om in brutsen neil, in eintsje jern, in heal swevelstokje, in diggel! Sa soe hja hjir wol nea wer wurde, mar hoe moast it by de mielen. De bern hiene rûge manearen, hja leine by de tafel to slobberjen, hja wisten de mem net iens fatsoenlik oan to sprekken. In inkelde kear naem hja it goed op: ‘Hwat let it, hoe't hja my neame, as hja my mar miene’. Tiellens wist, dat de jonkfrou noch net goed oer Francken tinke koe, om't er, as apostel noch wol, in skoft nei de Quakers oerroun wie. Mei hingjen- | |
[pagina 163]
| |
de poatsjes wie er weromkaem. En nei syn dea hie hja sein, dat hja him faeks wol bliuwe litte kind hie, mar hy hie nou birou oer syn sûnden en hja woe it him net oandwaen, dat er wer weromfalle soe. De jonkfrou fornaem oan de keapman, dat er syn freon by him hie. Hja sei: ‘Dat jo, en ik ek, sa by de forstoarnen bipaeld wurde, jowt my noch mear moed en wissichheit, wy binne op de goede wei’. ‘O, wy sille hjir in Easterske biddeloarder útmeitsje ta eare fan God’.
In biddeloarder ta eare Gods! Dat bisiele de mem en har bern, mar it omwenjend folk foun, dat der al genôch biddelers wiene. De dûmny's moasten fan sok Papisme neat by neat ha en seagen skerp ta. It rekke boppedat bikend, dat de jonkfrou De la Porte tige goed mei de wikselkoertsen op 'e hichte wie. Hja liende ek jild út foar hege rinten en djûre ûnderpannen. Der waerd sels grute, dat hja bilangstelling hie foar de bank fan liening fan de Joaden. De baron woe de opbringst oan de silligen jaen. De jonkfrou skreau by dy gelegenheit oan Reinders, oft er net oerkomme koe om de bank to bihearen, hy hie de boelbank ek sa goed bihertige, krekt as wie der neat bard. Hja skreau, dat hja him oars wol gebiede soe om to kommen, mar it ein wie to fier. Tiellens moast dêr eins om laitsje, fan Frjentsjer nei Noardstrân wie frijhwat fierder. Hja soe it wol oars bidoele. As Reinders weromkaem, soe hy bliid wêze. Mei de baronesse waerd de forhâlding stadichoan minder, hja die út 'e hichte of gyng de jonkfrou foarby sûnder de tiid fan de dei to sizzen. Hja lake har man út, dat er him troch dy frou bilêze litten hie. Wist er wol, dat hja der op út wie om it sizzenskip oer alles, hwat mei it kastiel to meitsjen hie, to krijen? Yn it earstoan wie it pais en fré tusken de baron en de jonkfrou. Hja kamen sels oerien, dat hy Noardstrân fan har keapje soe. As hy safolle jild net losmeitsje koe, soe hja harres der wol ûnder hâlde. Hja akkordearren foar 60.000 goune. Foar dy som soe hja him ôfstean groun, huzen, meubels, fé, mounen, tsjerken, en it rjocht op tsienden fan yndike en noch net yndike lannen, rjochten en foegen en alles, hwat har as universeel erfgenamt neilitten wie troch de pater. Dy manipulaesjes stie de oerheit net ta. Sels al soe hja pater De Cort syn skuld oan it Oratorium noch bitelje wolle, dan wie it nou to let. De hartoch warskôge de grevinne, dy't rjochtstreeks boppe Fan Knyphausen stie, de baron koe him better net mei sa'n persoan ynlitte, dy't boppedat om har heechst skeadlike lear net dulde wurde mocht. | |
[pagina 164]
| |
It testamint fan de pater hie trouwens forrifelderije west, hy hie gjin inkeld eigendom mear hawn op it eilân. Hy woe it net sizze, mar Tiellens hie as boekhâlder gâns papieren trochsjen moatten, ek wol by de fiskus, de hypotheek, dy't De Cort fan syn mem krigen hie op in stik lân, hie er net ynskriuwe litten. De baron waerd noch mear oan it tinken brocht, hy hie mei op foardiel út west, hja soene him hier bitelje, mar de mem en har bern hiene koste ynsté fan profyt to jaen. En hja hold har kisten stiif op slot, of frege rinte op rinte. Doe't er him ris in oanmerking ûntfalle litten hie, waerd hja lilk, hy libbe ek yn mienskip fan goed. Dat it eilân him ûntkaem wie, wie har skuld net, dan hie er eigener west fan de silligen har wenplak en hie de hearlikheit op him ôfstriele. De jonkfrou sels siet net lang yn oer it mislearjen fan de foardielige keap. Hja smiet har nou mei al har formogens op it skriuwen fan ‘De fornijing fan de Evangelyske geast’, in boek, dat hja yn fjouwer dielen útjaen woe en dat de hiele wrâld foar har foroverje soe. Hwerom soe hja har dan noch drok meitsje om in inkeld rudich eilân?
Hwer't de jonkfrou har ek drok om makke, mei de gemeente fan de silligen gyng it net goed. Lykas op it eilân ûntstie ek hjir ûntofredenheit en klachten reinde it net inkeld fan de hurde Friezen. Har bern koene it ynskikke, dat hja yn houten krêbben sliepten, wylst de jonkfrou sels in fearren bêd hie, hja wie in minske op jierren en faek siik. Mar fan it sober libjen kaem ek neat tolanne. Hja stjûrde har bern nei de merk om to keapjen en to forkeapjen, bern en froulju gyngen der alle wiken hinne mei aeijen en fûgelte en der waerd forwachte, dat hja de heechste priis meitsje soene. En hie de mienskip de hannel net foroardiele? Altyd moasten hja der rinnende hinne, wylst de mienskip wol weinen yn eigendom hie. Ek moasten hja de reis meitsje mei de hûnger yn de hals. Kamen hja thús en woene hja wol útpûste en ite, dan wie der altyd wol hwat oars to dwaen en de tsjinst fan God like wol op it trêdde en fjirde plan to kommen. Op útsûnderlike gelegenheden mar learde de jonkfrou har oer har wêzentlike doel, de komst fan Gods keninkryk op ierde. Hoe moedich hja bigoun wiene, de freugden en it enthousiasme slonken by dagen. Op in moarn kamen der trije froulju mei trije bern by de jonkfrou om to freegjen, oft it allegearre net hwat oars koe en oft dit de wei wol wie. De jonkfrou waerd lilk, hja bigriepen it alderienfâldichste net iens, dat alle | |
[pagina 165]
| |
wieldrigens drek en fordjer wie. As hja earst mar leare woene hearrich to wêzen en op har mem to fortrouwen. Ien frou sei, dat hja ek lea hiene en dy koene net fan de wyn libje. De jonkfrou forwiet dy frou, dat hja skrokrich wie, hja hie har bern alris aeijen fan de mienskip leechslobberje litten. Hie hja ek netris in hin forkocht en it jild foar harsels holden? Boppedat hie hja by har hûs de rook fan brette hin yn de noasters krigen, doe't hja as soarchsume mem let in omgong om de mienskip makke. En der misten hyltyd woartels en rapen út it tún. Hja kamen dus wol oan har trekken. En dat woe fan har lui libben? ‘Freegje jim baes, de Kweade, mar om gunsten’. En dêrmei koene hja opkraskje. Tryst roun it selskip oer de wei troch it iepen lânskip nei de merk. De bern hongen swier oan har memmerokken, hja wiene net boartlik mear. De iene frou sei: ‘En dit is de lêste reis’. Hja moeten Bertrand de la Coste, dy't syn slinger ek al mar minder hie, mar bang wie foar de jonkfrou har bûtenierdske macht, dêr't er sokke sterke staeltsjes fan sjoen hie. Tomûk makke er wol stimming, sa woe er stadich oan bisykje, hoefolle it lije koe. Hy frege: ‘Soe de tiid der hast net ryp foar wêze? Soms liket it, oft de ingel fan it ljocht har ûntjowt as in divel. Sa kin it net mear. De baron en ik ha der ek al oer praet. Skielk...’. Hja woene net nei him harkje, hwant hy tong nei de gunsten fan de baron en de barones, seine hja. Op de merk kommen, bea de frou har bopperôk to keap oan en hja lei út, dat hja by de mienskip fan Bourignon wei soe, dy't har gjin jild foar de weromreis jaen woe. Ja, hja neamde de jonkfrou har wiere namme, sa opsternaet wie hja. Der waerd trouwens al lang grute, dat de liedster fan it frjemdenspitael op Lütsburch de bikende tsjoensterfrou wie. Nimmen woe de rôk keapje, hwa wit, waerd er joun weromhelle en moasten hja nei de sinten fluitsje. Op 'e weromreis sei de frou: ‘Koe ik myn Age mar oan it forstân krije, hoe slim it winliken is, mar hja hâldt de mânlju wol ta freon’. En hja bigoun to gûlen. De oaren krigen it ek to kwea en rôpen: ‘Hja hat ús manlju bitsjoend. Stjerre wy net by it libben al ôf? Hoe ûnsjoch binne wy wurden mei swarte hongerkringen ûnder de eagen! En hwer is de libbensnocht fan de bern? Us manlju binne ek gjin manlju mear, wy koene foar itselde widdou wêze’. De earste frou antwurde: ‘En soe God it herntsje fan bihâld mei libbene li- | |
[pagina 166]
| |
ken bifolkje wolle? Hja kinne ús better sette by de bonken efter de tsjerkhôfsmuorre, nimmen soe it ergerje’. Hja kamen troch in lân mei hjouwer en lieten de bern de kerlen ite. Doe't hja de boer seagen, forbeaën hja it. Hja fregen him, oft syn frou net in rôk foar in bytsje keapje woe. ‘Dat binne myn dingen net’, sei er en wiisde nei syn hûs. Hja fortelden de freonlike boerinne earlik, hoe't de dingen yninoar sieten. De boerinne joech de bern en de froulju to iten, as wiene hja bidlers en letter waerd de boer alles út 'e doeken dien. Sa rekken hja fuort mei jild, mar ek mei de formoanning net wer op it gepiip fan de earste, bêste fûgelfluiter út 'e tsjerke wei to rinnen. De boer siet nammers yn it hek. Doe't de jonkfrou hearde fan har hannel, sei hja: ‘Lit har gean, it binne mar Hollânske smearpoetsen’. En om har praetsjes to smoaren, liet hja har mei de eigen wein nei Norden bringe. As prinsessen, sei hja. Dêrwei koene hja wol oare reisgelegenheit fine. ‘Elk kin nou mar tinke, dat jim leagensprekkers binne’, rôp hja har efternei. Tsjin har manlju, dy't bliuwe woene, sei hja: ‘Tonei moatte jim jim eigen bêdden opmeitsje, al it wurk, dat jim froulju diene, komt oer jim eigen hinne. Tink om de wurden fan Kristus: “Ik bin kommen om to tsjinjen en net om tsjinne to wurden. Wês tankber, dat God jim fan de keaten des divels bifrijd hat”.’
Bertrand de la Coste makke de rekken op. Mei hok jeugdich fjûr wie er mei syn mem nei Lütsburch tein. Mar hoe great wie njonkenlytsen de toloarstelling wurden. Net allinnich dat hy har geast net mear as de Hillige Geast erkenne koe, mar ek as minske wie hja him bitter ôffallen. Boppedat forwiet de baron him, dat hy de oarsaek wie fan de ellindige tastân, dy't der ûntstien wie. Hy hie de jonkfrou nou sjoen yn al har biwegings yn it nij Jeruzalim, lykas hja it graech neamde. Hy merkbiet har foarbyld, har hitings en de bihanling fan har bern en binammen fan de froulju. Der wiene net folle bern mear, dy't it libben hjir namen foar hwat hja it harren foarhold. En har itenstafel! It koe gjin iten neamd wurde, hwat de gemeente alle dagen weroan foarset krige. Hy oerlei mei syn freon, de baron, en joech ta, dat er blyn west hie. En beide moasten op it lêst wol tajaen, dat it fan dizze frou net forwachte wurde koe. Hja wie gefaerlik foar de maetskippij! De baronesse groeide, doe't hja har forsin tajoegen. Mar soms woe de baron it noch net iens sa ha. | |
[pagina 167]
| |
‘De oarsaek dêrfan kenne wy!’ sei de baronesse tsjin De la Coste en lake. De manlju sprieken ôf, dat hja feitemateriael tsjin de jonkfrou sammelje soene en De la Coste soe syn ûnderfinings en syn miening swart op wyt sette. As hja dêrnei ré wiene, koene hja har biswieren yntsjinje by de ynstânsjes en ris sjen, hoe lang't hja har dan noch hanthavenje koe! De baron tocht ek oan it jild, dat er tsjin ûnderpannen fan lân en oare eigendommen fan har liend hie en hoe't hja tocht him dêrmei yn de skjirre to hawwen. Hy soe wol sjen, hwa't oan it langste ein loek. Mar dêr praette er net oer mei syn freon. Hja soene wylst neat blike litte, alhoewol't De la Coste sei, dat hja him, om syn klachten, net mear oan de tafel sjen woe en him al útsletten hie. Mar soe hja de grime fan God ek oer har ôfbidde kinne? Yn wêzen wiene hja banger foar har as foar Satan yn eigen persoan.
De folgjende biskuldigingen oan it adres fan Antoinette Bourignon stjûrde De la Coste oan de dûmnys en tsjerkerieden fan de kontrei: ‘Ik bin troch dizze skriklike frou forlaet. Trije jier lang haw ik yn har selskip forkeard, mar troch Gods genede bin ik ta souner tinzen kommen. Myn erfarings liz ik del yn de folgjende punten. 1. Hja hat de Hillige Geast net, lykas hja seit en wy altyd miend ha. Party rike lju út Brabân en oare kriten hat hja meikrigen troch de moaije skyn as wie hja de breid fan de Hillige Geast. Fan dy rikelju, dy't har al har bisit skonken, hat hja Evangelisten makke, dêr't pater De Cort de earste fan wie. 2. Ut Holstein fordreaun, waerd hja troch in freon by my brocht. Yn myn eigen seal hat hja my sjen litten, dat hja twaris sa great wurde koe as oaren, wylst hja mar lyts fan stik is. Wy seagen har mei skel ljocht biklaeid, de sinne allyk, helle strielen skynden út har antlit en har klean wiene fan poarper. Dan wie hja de frou út Apokalyps 12, mar hja hie gjin stjerren om de holle, ek hie hja de moanne net ûnder har fuotten. 3. Ik haw har ek sjoen as in famke fan tsien jier. En doe't ik har frege, hwerom't hja lyts en great wurde koe, antwurde hja, dat Kristus, doe't er foar de skerte fan syn mem stie to bidden, hoe lyts noch, great west en de Hillige Geast ek al hawn hie. Hja koe ek in faem fan fiifentweintich jier wurde, as hja woe. Dat stie allegearre yn forbân mei har godlike natuer. Hja koe sels twa dingen tagelyk wêze en dat haw ik ek mei eigen eagen sjoen. | |
[pagina 168]
| |
4. Knibbel oan knibbel siet hja mei ús om ús de Hillige Geast to jaen. Lokkich haw ik har asem yn myn prûk opfongen en dat hat tink de oarsaek west, dat hja my net oant de bittere ein bilêze koe. Oaren leauwe alteast noch altyd oan har, hoe min't hja ek bihannele wurde. Ik sjoch noch har mûle op en del gean. Soms dream ik der fan, ik, dy't ien kear dizze dingen foar godlik oansjoen haw. 5. It frjemdste wie wol it klaed fan de gerjochtichheit, dat hja foar my naeije litten hat en ik woe it net drage. De Poalske ealman, dy't it wol oankrige, waerd sljocht. 6. Hja is sa greatsk, dat hja har as Kristus oanbidde lit. Ik moat bikenne, dat ik dêr oan mei dien ha. Hwant as hja har yn sok in godlike forskining sjen liet, hie ik gjin greater forearing, huvering, ja ûntsetting fiele kind as hie Jezus sels wer yn it flêsk op ierde kaem. Sa greatsk is hja, dat hja net skrommet har de breid fan Kristus en fan de Hillige Geast neame to litten. Hja is ûnfeilber en neat kin har misse. Hja is de mem fan alle Kristenminsken, fan hwa't wy de boeteoplizzings mar forwachtsje kinne. 7. Mar hja is in leagenster. As hja ris op in ûnwierheit bitrape waerd, rêdde hja har der út mei: “Foar de minsken kin ik wol leagenje, mar net foar God”. As ik sa sprek, doch ik dat hypothetysk en net thetysk, by wize fan tantsjen en net mei in stelling. 8. Hja is ek gjirrich. Hja hat sels better libben as har bern, op it iten nei, hwant it skynt wier to wêzen, dat hja gjin smaek mear hat, as der sân yn it fiedsel sit of net, hja yt it. Ek har folk mei allinnich ite om to libjen. Der kin inkeld skea ôf by har. 9. Hja hat net oeral forstân fan, lykas hja wol seit. As wiskunstige haw ik har faek by it bouwen fan huzen en skuorren sein, dat it net goed kaem, sa't hja it foarskreau en as myn wurden útkamen, dan hie de divel it dien, of hiene der tsjoensters oan it wurk west. De skuorren sakken yn en de muorren foelen om en de saden joegen gjin wetter. Summa summarum: hja is in kwea kréatûr, dat wy net duldzje meije. Hja is in tsjoenster, dy't mei divelderijen pielt en oaren der fan biskuldiget. De oerheit mei wol witte, dat hja earme, ienfâldige minsken tsjin har biskermje moat’.
Hoe foarsichtich er it oanpakte, De la Coste syn biwearings bleauwen net bidutsen foar Antoinette Bourignon. Hja fan har kant naem distânsje fan him. Hja sei, dat hy sljocht wie as ien man op ierde. Hy hie biweard, dat | |
[pagina 169]
| |
er de twadde Mozes wie. Twa keale plakken op syn foarholle wiisden oan, hwer't twa hoarnen sitten hiene. En om't syn mem dat net oannimme woe, hie er stume en nou fortelde er sokke leagens oer har. Hy hie ek sein, dat er it bern fan it Apokalyptysk wiif wie, dus de soan fan de frou, dêr't er kwea fan spriek. En hy wie ornearre om de folken mei in izeren stêf to regearjen. Hy wie de greate Hermes, dy't ek al troch Nostradamus foarsein wie. Boppedat bisiet er de wysheit fan Salomo! Hwa't him leauwe woe, wie sels sljocht. Tsjin sa'n man woe hja har alteast net iens fordigenje. Hja wist de oarsaek fan syn rabjen wol, it wie oars neat as de lekkere bek. Hoe faek hie er net by har tafel sitten to sûrsjen, as it iten him net mûlke. Like faek hie hja him to hâlden jown: ‘Sinniget ús tafel jo net, sa sykje in oarenien’. Hwat soe er, hy wie sa earm as in lûs. Om har rykdom en it goed fan har bern, hie er har sa ivich oanhongen. Sa wiene de falske profeten, om eare en gewin woene hja God wol tsjinje. Mar o, wé, as Gods faem dwers troch har hinne seach. Hja bigriep al lang, dat har dagen hjir teld wiene. Mar hja koe har ropping, dy't God wier meitsje soe. De ôffal fan sabeare bern wie ommers it teken, dat it keninkryk neioan wie.
Tsjin har apostels, fral tsjin keapman Tiellens, dy't altyd by har wie, klage hja har need. Hie er it ek net fornommen, dat der hwat útbret waerd om har hinne? Hja mienden to merkbiten, dat de baron ek net mear wie lykas juster en earjuster. Al wer moast it in frou wêze, dy't har man yn de wei stie by de tsjinst fan God. Yn it earstoan hie er har altyd fordigene tsjin syn frou en hie hja har fijanskip net blike litten, mar nou waerd hja hwat langer, hwat dryster, hja hie alris by har yn 'e keamer west mei freondinnen om har de gek oan to stekken oer it bernjen fan har folgelingen. De jonkfrou hie antwurde, dat har eigen man nou oan bar wie en doe hie hja swijd yn alle talen, mar har eagen sprieken. En hie it de baron soms ek om jildlik foardiel bigoun west? Nou't it him ôffoel, koe er syn forlies net sette. Noch nea hie er foar har krewearre by de útjower yn Amsterdam. De jonkfrou naem har foar har testamint to foroarjen, dat hy der mei gjin finger efter komme koe. En liet der gjin gers oer groeije. Hja tocht it har mei wille yn, hoe't er skielk, as hja einlings bifrijd wêze soe en de greatste hearlikheden biërvje mocht, op syn greate noas sjen soe. Hie De la Coste ea sok raer guod oer har spuije doarst, as er der net wis fan wie, dat de ba- | |
[pagina 170]
| |
ron efter him stie? O, hja koe har minsken. Mar him hie hja noch yn 'e macht. Ta har feilichheit en om sjen to litten, dat hja net heechmoedich wie, liet hja har tonei gewoan juffer de la Porte neame. As soe dat noch helpe kinne. Soms bikroep it har en wie hja bang, mar dan birôp hja har op God en har ropping. Dan forsette hja har tsjin de mismoedigens en de mankelikens, nou't har wei en doel ek hjir dea roun wiene. Mocht hja deade wurde, it wie Gods bidoeling net mei har. Hja socht wegen om to flechtsjen. It wie mar goed, dat Hase, alhoewol tsjin har wil, yn Hollân bleaun wie en ek har apostels reizgen graechris dy kant út. Mar Amsterdam like har net feilich ta. It lân fan de Friezen koe wolris it gaedlikst wêze, hja hiene sokke hastige folgelingen west en hoe fortrietlik ek, hja soene har mem nea ôffalle en oerleverje oan de fijannen. Tiellens seach wol oan syn mem, dat hja gjin wiere rêst mear hie. Noch faker as oars wie hja siik. Koe dat net fan de ûnwissens mei komme? Hwant fleagen foar nije bern wiene der net mear by. Hwat der ek barre mocht, hy naem him foar har nea to forrieden of to forlitten. Jelle Eades tocht der ek sa oer. En der wiene mear âlde trouwen. Mar as er se opneame woe, wist er, dat it tal al mar lytser wurden wie. Op in moarn bitiid brochten Johan Tiellens, Jelle Eades en in broer, ien fan de lêste nije bern, har mem fuort nei in freon, hiel yn it geheim, dat nimmen it ergere. Doe't de barones hearde, dat de jonkfrou har wenning forlitten hie, noege hja de forlitten bern oan har tafel om to iten en hja parte oerfloedich om. Hja kamen graech, mar doe't it miel foar har stie, doarsten hja net taïte, sok in oerfloed wie sûnde foar God. De geroften, dat de oerheit har socht, holden mar oan, dat de jonkfrou doarst net langer wachtsje en joech bifel har it lân út to bringen, as it koe, noch mear tomûk. Deselde manlju laedden yn de nacht in boerewein fol húsrie, sparren yn it midden in leech plak út en leine dêr in bêd del. Hja wuollen har dierbre mem yn tekkens en droegen har op it bêd, hwant hja wie sa siik, dat hja gean noch stean koe. Dêrnei skikten hja noch oar húsrie om en oer har hinne, dat der neat fan har to sjen wie. De manlju op de wein wiene mismoedich, hja bigriepen der neat mear fan. Tiellens sei: ‘Immen as Claus Floris soe noch net twifele ha’. Jelle Eades: ‘Mar goed, dat er dit net bilibbe hat’. De keapman: ‘Einlings koene Gabe Reinders en de frou har gong mar gean. En op Gods tiid, fan pas’. | |
[pagina 171]
| |
Jelle: ‘En lieten in lyts grêf efter. Har offer. Mar twa libbene bern wachten op har. Jo en ik ha nea gjin bern hawn’. Tiellens woe dêr net oer prate en bigoun oer hwat oars: ‘Us mem seach der mar min út’. Jelle Eades: ‘Woe hja marris ite. Hja wol inkeld drinke, drinke’. Nea klage hja, dat it riden har sear die. Hja moasten wol hieltyd oanmeitsje, hwant de fijân wie har op it spoar. Hja reizgen oer Emden en Lear en dêrwei op 'e stêd Grins oan en doe nei Ljouwert, hwant Frjentsjer wie it úteinlik doel. |
|