Eilân fan de silligen
(1981)–Ypk fan der Fear– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 173]
| |
[pagina 174]
| |
Gabe Reinders, wer yn syn gewoane dwaen yn Frjentsjer, moast noch faek oan de oergemeente fan Antoinette Bourignon tinke. Hy wie oertsjûge, dat er der goed oan dien hie mei der by wei to gean, doe't it op 'e non roun mei it eilân fan de silligen, mar hy hie der lykwols noch altyd gjin frede mei. Hy leaude earne net mear, dat syn mem de froulike forskining fan God op ierde wie, mar fielde him in forrieder as er oan har tocht en wist hwat Jelle Eades him trochdien hie, dat it ek yn Hamburch en Norden net goed gien wie. Doe't er it brief fan dejonkfrou krige om in bank fan liening fan de Joaden oer to nimmen, wie er earst lilk. Har gjirrigens en klauwen nei jild hie altyd alles foar de gemeente bidoarn. Hy seach dat nou dúdliker as doe't er by har wie. Likegoed wie it him yn de wei, dat er net antwurde. En hy wie bliid, dat er in skoft neitiid ôfbirjocht krige. ‘...ik wol net mear, dat jo de lommerd fan de Joaden oernimme. De baron syn doel om de winst oan ús gasthûs to jaen, giet net troch, hwant syn frou wol foar dat jild guod keapje en it oan de earmen jaen. Dêr fiel ik neat foar. De earmen libje as it fé, dat wachtet op foer en sykje de dingen, dy't foar eagen binne, en dy't lekker smeitsje. Allinnich minsken, dy't yn neifolging fan Kristus arbeidzje foar de Kristlike folkommenheit binne stipe wurdich en sokke minsken binne by my to finen...’. Ek yn dit brief repte hja mei gjin wurd oer syn skieding en Wyts foun, dat hja wol in wurd oan har forsoarging fan Claus Floris wije kind hie. Doe bikende Reinders, dat er wol nei har ta wold hie, net om de bank fan liening, mar om syn meilibjen blike to litten. ‘Mar dat koe net, om't Meindert de apotheek “De Fizel” kocht hat’, sei Wyts. Reinders knikte, mar hie dat him wol thúsholden? Wyts knikte ek. Wie hja wier wis fan him? Hy siet noch altyd yn tûzen noeden oer syn libben foar God. Hja hold him dan foar, dat Kristus de Middeler wie en yn de himel it lân fan silligen ré makke. Foar it hjoed hoegde elke Kristen him inkeld mar falle to litten op it offer fan Kristus. En as er sei, hoe forkeard it dan fan him west hie om efter de jonkfrou oan, antwurde hja him: ‘Dat hast út in earlik en goed stribjen wei dien. Soe God dy dat net as deugd oanrekkenje?’ ‘Deugden, goede wurken!’ sei er spitich. ‘Dy binne net to forsmiten’, antwurde Wyts, ‘alles is sûndich op dizze wrâld, sels de tsjerke’. ‘De tsjerke is earder slimmer wurden yn de tiid, dat ik der net kaem, en hwat sjogge hja my dêr nou mei rare, skealke eagen oan!’ Hoe koene hja | |
[pagina 175]
| |
sokke greate wurden oer de jonkfrou sprekke, as hja sels net takamen oan it goede, rjochtfeardige libben? Soms wist Wyts net, hwat hja tsjin him sizze moast. Hja hie sa ivrich west om him foar harsels to hâlden, mar hwat hie hja oan in man, dy't mar heal by har wie. Hja makke har noch altyd lilk op dy frou mei har tizerijen. Mar in inkelde kears as hja him út de Bibel foarlies, hearde hja him forrûme sykheljen en dan gyng er ek ynienen hurd oan it wurk, sels fluite of núndere er der dan wol by. En dat joech har noch moed.
Reinders stie yn de apotheek koartsdrippen to jitten yn in fleske, dêr't in famke op stie to wachtsjen. Hy muozze der by, om't er syn oandacht bûtendoar hie, dêr't in boerewein mei húsrie foar de winkel stean bleau. Minsken, dy't yn juny noch oan it forfarren wiene? ‘Hjir mar gau, famke’, sei er, hwant hy hie de fuorman herkend. Jelle Eades woe er ha. En dat lytse, dûknekkige mantsje moast keapman Tiellens wol wêze. Hy waerd bliid by it sjen fan de bikende antlitten, as kaem er nei in lang skoft útfanhúzjen wer thús. De oare man koe er net, in nij bern? Mar har komst bineare him ek op ien of oare wize. Mei in brede hân joviael foarút kaem Jelle op him ta. Reinders rôp troch de kreakedoar: ‘Wyts, nou moatst hjirris sjen!’ En dêr kaem de keapman ek al oan. De frjemdling bleau by de wein. ‘Hoe is it mei har?’ frege Reinders foarsichtich. De beide manlju joegen dêr fuort gjin antwurd op. Jelle knipere mei de eagen. Mar op it lêst sei er: ‘Hja is slim siik en hja spanne tsjin har gear en steane har nei it libben’. ‘Hwat wolle jim nou?’ frege Reinders, ‘hwat moat dat húsrie?’ Tiellens antwurde: ‘Dêr leit hja ûnder, wy ha har yn alle geheim mei hjirhinne nommen. Hja woe nei jimme ta’. Doe kaem de trêdde man der by en sei: ‘Hja stikt hast ûnder al dat guod’. ‘Dat bigreatet my’, sei Wyts. As hiene de manlju op dy wurden wachte, kaem der libben yn har. Tagelyk woene hja oan it útlizzen en fortellen, hoe siik hja west hie en hokke oanslaggen de fijân hawn hie. ‘Hja woene har sels op 'e brânsteapel sjen’. ‘En de baron?’ Doe seagen hja sa twivelriedich, dat Reinders gjin fierdere útliz nedich hie. Wyts frege: ‘Hoe is hja der sels ûnder?’ | |
[pagina 176]
| |
‘Dat koe net better. Hja hâldt út, dat dit it lêste net is. God hat har sein, dat hja noch lang net ré is mei har taek, hja moat dy earst dien meitsje’. Net ien brocht ûnder wurden, hwat by allegearre it heechst lei: ‘Wie hja it, of forwachten hja in oarenien?’ Reinders sei: ‘Helje har gau op, hwat mei hja net tinke’. Tiellens sei: ‘Nimmen moat it merkbite’. Mar Reinders antwurde, dat der wol mear siik en reizgjend folk kaem om holpen to wurden yn in apotheek. As hja it hwat bihindich oanleine, soe nimmen der hwat oars as oars út opmeitsje. Doe griep Wyts him by de mouwe beet. Hja sei neat, mar ynienen seach hja it as in berch: hja koe dy frou dochs net yn 'e hûs nimme! Har antlit biloek der fan. Dy frou, dy't libbens forinnewearre hie yn de namme fan God! Hoe nei hie it har sels stien! Mar Gabe sei: ‘Dû hast my sa faek foarholden, dat it Evangelysk libben oeral en rounom wie, dêr't Kristenplichten waernommen waerden’. Net inkeld út in soar te fan trou koe er har de doar net wegerje.
Wyts stie hwat fansiden, doe't it lytse minske tusken twa manlju yn harsels de winkel ynsleepte. Hja lake har minlik, mar o sa wurch, ta. Hja sei: ‘De wrâld ropt it oardiel oer himsels oan. Hoe graech wie ik ûntboun en mei Kristus en hja tinke my kwea to dwaen mei my to deadzjen, mar earst moat ik foleinigje, hwat myn hân bigoun’. Hja seagen it fjûr fan de Geast yn har koartsige eagen kommen, mar har stim briek. Hja prevele: ‘En mocht ik al stjerre, it is tsjin de wil fan God. Dat jim it mar witte meije’. Hja krige it útfanhuzersbêd yn it alkoof. De manlju founen earne oars ûnderdak. De measte tiid lei hja op bêd, mar út en troch wie hja net to hâlden, dan moast hja wer skriuwe, oan har bern, oan har fijannen, oan de ûnbikearde minsken. Hja, in skym fan foarhinne. Meastal gyngen har brieven nei Amsterdam, mar net nei Hase, dy wie har ek al ûntrou wurden, hie hja heard. Hja skreau: ‘...ik tink wol by jim to kommen, mar om't ik ek by jim mannich fijân ha, bliuw ik earst hjir by in leaf bern, dy't lykwols ûnder de forkearde ynfloed fan syn frou stiet. Wolle jim ris omsjen nei in stil en ôfgelegen hûs? Dêr't ik wer eigen baes bin, hwant dat liket my de greatste frede op ierde ta. Allegearre, dy't my | |
[pagina 177]
| |
leafdefol opnommen ha, woene my letter wol graech oan de justysje slite. De baron? Under triennen hat er syn geloften ôflein, nou jaget er Gods bern út har huzen, as hounen wurde hja ta de poarte útgisele. Om ierdsk gewin, hwant alles, hwat er fine kin, nimt er foar sines. In bern hat by my west om it my to fortellen. Dy frou, dy njirre, docht it. Hja hat sels soldaten op my ôfstjûrd, doe't ik deasiik lei, soldaten, sabeare fan de kening fan Denemarken. Hja stiene mei de gewearen yn oanslach, mar God hat har net tastien my yn in ding to krinken. Myn testamint is makke, it wurdt in grouwe streek troch har en syn rekken. Lykas tsjin Adam kin God tsjin him sizze: omdatst nei de stim fan dy frou harke hast...de flok sil him treffe yn al syn skriklikens. Dan jowe falske triennen neat mear...’. Oan in oar bern skreau hja: ‘Jim ha in to rije hân en miene it better to witten as jim mem, hwat al sûnde op himsels is. Ik haw in brief skreaun oan in bern yn Hamburch en dat brief is net oankaem. Ik wit wol, hwer't him dat oan leit. Hja twongen my de boade foarút to biteljen, mei in ryksdaelder noch wol. Ik wie wol sa op dat drinkjild tsjin, mar troch myn swakte joech ik ta. Ik leau, dat dêr al ús ûngelokken troch komme, dat myn bern net nei har mem harkje. De natûr fan myn bern koe wol nei de fordurvenheit werom wolle, ynsté fan foarút nei de suverheit fan God en Syn ljocht. Hja doarsten sels sizze, dat ik tsjin de Kristlike leafde hannele, as ik dy hiele ryksdaelder net joech. En nou sit der in broer troch yn gefaer’. Alle kearen, as hja lang of koart skreaun hie, pleagen de koartsen har wer en har bern sieten by dagen mear oer har yn. As immen klage, hwat der nou fan it keninkryk Gods torjochte komme moast, antwurde de altyd moedige Jelle Eades: ‘Leauwe is witte tsjin alle twifel yn’.
Der hong in wûndere, wanige sfear fan ljocht en tsjinljocht oer de stêd, dy't de keamer fan Antoinette Bourignon tryst makke. Har bern, om de tafel hinne skikt, seagen inoar ûnwis oan. En hieltyd gyngen har eagen nei it bedsté fan har hillige mem, pleage troch hege koartsen. Hja treastten elkoar, dat it ommers har tiid net wêze koe. By elk gekroan en elke swiere sike, skrillen hja oerein. Hja draeide har om, it antlit nei har ta en lei mei wurge, heal iepen eagen nei har to sjen, sa helpleas, dat hja it hast net forneare koene. Wyts miende eangst yn dy tryste eagen to sjen. Ut en troch skuorde hja se wiid op. | |
[pagina 178]
| |
Tiellens heinde har lústerjende wurden, dat hja sa kâld wie. Doe moast Wyts oan it kjeldlijen fan har bern op Noardstrân tinke. ‘Sei hja noch mear?’ frege Jelle Eades, doe't Tiellens by har kaem to sitten. ‘Itselde wer, dat it har tiid net is. En as hja stjert is it tsjin Gods wil’. Jelle antwurde: ‘Der is hjir nimmen, dy't har dea bigeart en wy passe wol op dat in frjemd net by har komt’. Mar dwaelden syn eagen efkes oer Wyts, of wie it forbylding? Wyts rydboske. Der waerd yn Norden nou al grute, dat de divel de jonkfrou ûnderweis nei Frjentsjer - hwant har reis wie wol bikend wurden - de nekke omdraeid hie en hja as in lyk by har brocht wie. Yn in apotheek wiene party middeltsjes, dat soe Jelle ek wol tocht ha. Reinders brocht nei foaren, dat it better fleagen om nije bern wêze koene, en hja tochten, dat er de gek der mei hie. Ien sei: ‘Hja hat de marteldea net wollen’. Tiellens fordigene har: ‘Dy hat Kristus ek net út himsels bigeard’. En Jelle Eades wer: ‘Der is wol oerienkomst, de discipels bigriepen neat fan it lijen en stjerren fan har Hear’. Reinders skrok, dat wie profaen, mar hy soe it foarhinne gewoan foun ha. Wyts sei: ‘It Evangeelje wit mar fan ien forlossing. Der kinne gjin twa Messiassen wêze. In man en in frou? De Skrift praet dêr neare oer’. Soe hja it forstien ha? Hja sei moai dúdlik: ‘In nije Skrift en nije Skriften’. Tiellens fage har mei in doek oer de holle. ‘Hyt’, sei hja nou. Doe draeide Tiellens him om en lústere: ‘Ik wit der neat fan’. Bûtendoar wie it slim tsjuster wurden, as soe it reine. Jelle Eades helle Tiellens en de oare broer oer om earst fuort, hja soene fannacht wol wekje moatte. Reinders bleau allinne by de sike, hwant Wyts soe yn de winkel helpe. Hy fielde him skuldich en wist net, hwat er dwaen soe. ‘It Ljocht fan de wrâld’ lei foar it gripen, hy blêdde der yn en lei it wer del. Hwat hie it dochs in moaije tiid west, doe't er mei hert en siel foar har wie. Nou fielde er in leechte. Ynienen skeat er hurd nei it bedsté ta. Hja taestte mei har lytse hannen oer de tekkens, as sochten se hâld. Hy naem se yn ien fûst - it wiene hast gjin hannen mear -, mar hja loek los. As in pear forwylge blêdden, deawurge fûgels, leine se nou stil op it tek. Hja suchte, suchte nochris en sykhelle net mear. Wie de frou Gods dochs stoarn? Hja hie har faker forsind! En oars roun | |
[pagina 179]
| |
hja nou by har bern De Cort yn in lang wyt klaed, forsierd mei ealstiennen. Wie hja kristal wurden yn de kosmos? Hwat der fan har oerbleaun wie hjirre, wie mar lyts en ûneachlik. Hy rôp Wyts. Sa't er stiif nei dat fortoarke antlit stie to sjen bigreate it har om him en lei hja de earm om him hinne. ‘It eilân fan de silligen wie in sjippebelle’, sei er muoilik. ‘It eilân fan de silligen is rounom dêr't silligen binne’, sei Wyts. As hie hja it heard, kamen de siken werom. ‘Hja krijt noch gelyk’, tocht er kjel. Hy sykhelle sels ek djip, hiel djip. It hymjen wie der wer en hy seach it klopjen yn har hals. Dêr skuorde hja de eagen wiid op, as hie hja hwat sjoen, dat hja net bigripe koe. Gods stim, dy't hja net mear trochjaen koe? Satan, dy't focht om har siel? Doe't hja wer stil wie, wachten Wyts en hy hiel lang. Op it lêst sei Wyts: ‘Hja is nou wier wei’. Reinders sei: ‘Antoinette Bourignon is by God’. Wyts gyng dêr net op yn, mar antwurde: ‘Hwat sille de oaren sizze?’ Hy wist wol, hwer't hja op doelde, mar it koe him neat skele. De lea fan de deade loeken strak en har antlit kaem ta rêst, de mangelfoarmige eagen sieten ticht, foar altyd. Reinders sei: ‘Hwat der ek grute wurde mei, hja moatte it witte, alle bern moatte it witte, de hiele wrâld moat it witte, ek har fijannen’. Wyts antwurde skealk: ‘Har fijannen witte it al’. Gabe Reinders loek oan de skouders. Ynienen bûgde er him foaroer oer it deadsbêd en gûlde om syn ideael fan de oergemeente. Alles en alles hwat Wyts der tsjin yn lei, knikte er ja en amen op. Dochs skriemde er mar troch. |
|