Eilân fan de silligen
(1981)–Ypk fan der Fear– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 151]
| |
[pagina 152]
| |
Antoinette Bourignon naem earst har yntrek yn in herberge, hwerfan't hja wist, dat de weard bikend wie mei har skriften. Hy achte it in greate eare har to ûntfangen, mar warskôge, dat hja yn de stêd net feilich wie. Doe't hja de namme Bertrand de la Coste falle liet, seach er fuort ljocht en brocht har en keapman Tiellens nei it hûs fan de kolonel. ‘Net in greate wenning’, sei de jonkfrou tsjin Tiellens, doe't de weard ynhold en it hûs oanwiisde. De weard fortelde. ‘Efter yn it tún stiet in foech útbousel, dêr jowt er noch skermlessen’. Hy roun nei de doar. De jonkfrou seach in man yn militaire klaeijing, dy't de weard mei de hân efter it ear oanhearde en dêrnei mei útstutsen hannen op har takaem. ‘Jonkfrou, jonkfrou, hok in foarrjocht. Dit is de dei der dagen!’ Hy holp har út 'e wein en laette har yn syn hûs. Hja fortelde oer har flecht en hy biklage har. Hy fortelde, dat er troch De Cort mei har skriften yn de kunde kommen wie. ‘Hy hat my in eksimplaer fan “It ljocht fan de wrâld” op myn forsyk taskikt en dat ljocht hat myn tsjuster klear forljochte’. Samar wiene hja wei yn petearen oer it keninkryk, de silligen en har takomst. Hja kamen oerien, dat hja goed forburgen bliuwe moast. Woe hja him de eare net dwaen en dêr bliuwe? Hy hie in keamer, dy't op in binnenpleats útseach, dêr soe nimmen har merkbite, ek syn learlingen net. Hja naem it fuort oan, om't syn rie en oardiel forstannich wiene. Hy gyng hwat bihindich yn op de brieven, dy't er har foar en nei stjûrd en nea biantwurde krige hie. Hja hie him tantsje wollen, mar mei glâns hie er de proef trochstien, hja wie greatsk op him. De stûfe offisier krige de triennen yn de eagen. Deselde jouns noch skreau hja oan de apostels yn Sleeswyk en Husum: ‘...ik útfanhúzje by in soan en broer, in generael fan de artillery’. Hja hie har forsind mei generael, mar forbettere it net. ‘...hy wennet allinne en is sa bliid my herbergje to meijen. Al fjouwer jier en langer hat er myn skriften lêzen en hy hie my faek skreaun, mar mei't er in Frânskman wie, stie ik him net, út soarte koe ik har net fortrouwe. Hwat mear is, hy hat my in boek sjen litten mei de profesijen fan Nostradamus. Ik wist it sels net, mar dy hat yn de foarige ieu myn komst op ierde al foarsein en dat ik de tsjerke herfoarmje soe...’. | |
[pagina 153]
| |
De la Coste stie foar it finster fan de jonkfrou har keamer, hja siet sels by de tafel to skriuwen. Doe barde der hwat nuvers, dat er letter faek forteld hat. By him wie de jonkfrou, in âlde frou, mar bûtendoar seach er har ek, jong en feardich, in faem. Foralterearre seach er nei de skriuwende frou en doe wer bûtendoar, mar dêrmei wie de faem wei. Hy woe de jonkfrou oer it gesicht fortelle, mar der wie eat, dat him kearde. Ek moast er tinke oan okkerdeis, doe't hja de Hillige Geast yn him blaesd hie. In soarte fan wearze wie yn him kommen, mei't hja sa ticht mei har mûle by him wie. Hy hie tocht (of woe er himsels forûntskuldigje?) dat hja him hwat yn it ear lústerje soe, om't er dôf wie en hie de holle hastich ôfdraeid, dat har asem yn syn prûk bidarre wie. As er dat doe net dien hie, hie er dan dit gesicht wol krige? Wer seach er nei har. Hja wie in gelearde frou, dy't syn wiskunstige studzjes sels wol neikomme koe. Hy wie fan doel om mei syn stellings to biwiizjen, dat alle divels út 'e hel har net oermasterje koene. Sa koe er it wer hwat goed meitsje. Hja siet him nou lyk oan to sjen en hy wist net, hwer't er mei de eagen hinne moast. Op it lêst sei hja: ‘Ik sil jo it klaed fan de gerjochtichheit jaen. Dêr ha jo forlet fan. Dan kin mei jo net barre, hwat mei oaren fan myn bern wol bard is, dy't ôffallich wurden binne’. Hy knikte. Hja sei: ‘Master Ludwig, de snider stiet yn de gong to wachtsjen. Wol him mar ynroppe’. Forheard stoep er nei de gong en dêr stie it sniderke mei syn ark yn de hân. ‘Jo kinne de kolonel mjitte’, sei hja. Snider Ludwig lei in lape op de tafel del en doe gyng er omstannich to wurk. De kolonel stie bikend om syn nuvere útfallen, mar wie nou in laem. Under it mjitten wiene alle trije stil en de snider fordwoun swijend, de lape wer ûnder de earm. Dêrnei spriek de jonkfrou: ‘Dit klaed sil in bisûnder klaed wurde, in taestber klaed fan gerjochtichheit. Nea earder haw ik ien fan myn bern sa'n klaed jown, sels net oan myn earste en leafste bern De Cort’.
De oare deis hie hja it der wer oer en doe antwurde De la Coste planút, dat er it klaed net drage koe, om't er de wapenrôk fan syn ierdske foarst oan hie. | |
[pagina 154]
| |
‘Mar it klaed fan de Foarst der Foarsten moatte jo dochs mear bigeare’. Om syn wurden hwat to mylderjen, gyng er nei har ta, naem har hân en drukte der in pea op. Bihaechsiik seach hja nei him op, hy wie dochs in echten Frânskman. Hy helle it boek fan Nostradamus út 'e kast en rekkene har wer foar, dat hja de foarseine geast en faem wie, dy't it Kristendom yn syn oarspronklike foarm herstelle soe. ‘Al hûndert jier is er wei en hy seach jo yn 'e geast en sei: Der sil in faem komme nei fjouwer stjerregraden, dy sil de tsjerke Gods wer oprjochtsje en optille út al har dwalings wei. En de fjirde stjerregraed is de stêd Lille, dat wize de graedbôge en al myn ynstruminten út’. ‘Soe ik sa'n great mathematicus net leauwe?’ sei hja bliid. ‘Heare’, bea hja, ‘hwat is jou bidoeling mei in âld en ynein minske?’ Doe kaem baron Fan Knyphausen, ien fan har nije bikearlingen út Hamburch, der yn en rôp: ‘Hoe sa mismoedich? Hat de Heare net greate dingen troch jo dien?’ Hja antwurde: ‘Alle profeten ha har swakke riten. Tink mar oan Elia ûnder de jeneverbeam’. De baron, in bluistrige soldateman, lake en sloech har op it skouder: ‘Under de jeneverbeam!!!’ Hja waerd lilk: ‘God sil de spotters slaen!’ Doe biloek de baron en bigoun oer syn swiere sûnden en oft God him wol forjaen woe. Hja antwurde: ‘Ik bin bang, dat jo forjeffenis ha wolle om wer oare sûnden to bidriuwen’. Mar hy bigoun to skriemen: ‘Hoe kinne alle oankleijende stimmen ta swijen brocht wurde?’ Hja antwurde: ‘Lês myn skriften’. Hy sei: ‘Dat doch ik by dei en by nacht. Ek al bin ik net in lêzer’. Hja seach nei him en tocht oan har oare bern. As hja ris in echt bern hawn hie, ien lykas hy? Hja waerd kjel fan har tinzen en rôp lûd: ‘Gean efter my, Satanas!’ Bang seach de ealman har oan, mar hja lake nei him en sei: ‘Dat soene jo ek sizze en roppe, elke kear as de forsiking oer jo komt. Fjouwer wurden kinne jo dan rêdde’. De baron sei: ‘Ik bin bang foar de dea en foar God’. ‘Ha jo alles foar jou bihâld oer?’ frege de jonkfrou. ‘De helte fan myn ryk, as jo my frijwarje kinne foar it oardiel, as ik ek ta de útkarden hearre mei’. | |
[pagina 155]
| |
Hja gyng by it iepen hurdfjûr stean, de rêch nei har ta en de holle omheech. ‘Nou freget hja it oan God’, sei Bertrand de la Coste tsjin syn freon. Bang seach de baron nei har figuer. Sa't de flammen op har skynden, like hja op de skym, dy't nachts wol by syn bêd stie. De skym fan in freon, dy't er forret hie. Hja draeide har wer om. ‘Ik fiel my hjoed sa jeugdich’, sei hja, ‘mei myn nije bern’. De kolonel knikte, mar it swit stie him yn de hannen, ûnwilkeurich seach er bûtendoar yn it tún, mar der wie neat to ûntdekken. Tsjin de baron sei hja: ‘Gean hinne en sûndigje net wer en soargje foar myn skriften, dat ik alle bern om my hinnegarje mei’.
Op in joun kaem de jonkfrou mei it manljushimd oandragen, nou moast er it marris passe, in oar minske soe it fan him meitsje. Mar hy woun him der wer út mei to sizzen, dat er de keizer syn wapenrôk droech en koe er dan in oar syn ûnderklean oantsjen? Hja kaem glimkjend om de tafel hinne nei him ta en hy waerd bang, hwant hy stie har bûtengewoane macht net. Hy stoep efterút en socht om oare forlechjes, dat er earst mei syn mearderen oerlizze woe en koe it net wachtsje oant nije wike? Hja antwurde: ‘Jo binne jou eigen meardere en jo binne allinne oan God en jou mem hearrigens forskuldige’. Hja kaem tichter by him en hy socht om fuort to kommen, mar moast altyd by har lâns. En soe it net in bitsjoend klaed wêze, dat hja der sa op oanstie? Hy seach har eagen en har foarútstekkend kin. ‘Eagen, eagen, eagen’, tocht er. En doe stie hja foar him, it himd omheech, as soe hja it him sa oer de holle hinne strûpe. It koe ek forgiftige wêze, moast er tinke en stiek de hân op ta forwar. Hommels gyng de doar iepen, in ealman kaem de keamer yn. De kolonel seach skruten nei de doar, it wie de Poalske ealman, dêr't er wol mei yn de striid west hie. Wurch en kâld seach er ta. Hy makke in djippe bûging foar de jonkfrou: ‘Hja ha my in heap oer jo forteld, earwurdige jonkfrou en dêrom haw ik in lange reis makke om jo to sjen, jou freon hjirre kin myn wurden wier meitsje’. De jonkfrou stie dêr hwat nuver mei it manljushimd yn de hannen. Ynienen makke hja in biweging nei de ealman ta en sei: ‘Wolkom, eale hear. Sliep yn dit klaed en jo sille waerm wurde en bliuwe yn jou libben. | |
[pagina 156]
| |
Kolonel, wolle jo dizze freon in bêd ôfstean?’ Hja loek al bedstédoarkes iepen. De kolonel knikte, dat it goed wie. En hwerom die er dat mei tsjinnichheit, moast er tinke. De Poal klaeide him út, loek it himd oan en joech him del en sliepte. Syn wiete en smoarge brot fan klean helle De la Coste byinoar. De jonkfrou sei tsjin him: ‘Sa is it klaed fan de gerjochtichheit fan jo naem en oan immen oars jown, soargje der dochs foar, dat it keninkryk Gods ek net fan jo nommen wurdt’. De la Coste fielde him skuldich en al wer bang. Hoe hie er de moed hawn him tsjin har wil to forsetten? Mar hy hie altyd greatsk op syn soldaetwêzen west. Ek hie er him net útklaeije wollen, as hja der by stie. O, dy eangst, doe't er har yn twa gedaenten tagelyk seach. En hja koe harsels great en lyts meitsje, hy hie it sels merkbiten. Hy wie oars sa wiis mei har en leaude sûnder bitingst yn har ropping. En hja hie de krêften Gods ta biskikking! Hy soe krekt syn ûntskuldigingen oanbiede, doe't er kjel waerd fan gekryt út it bedsté wei, it like wol, oft de krychsman in set krigen hie. De la Coste skeat der hinne, mar de jonkfrou bleau op in distânsje stean. De kolonel koe him gjin baes. Hy wraksele fan 't bêd ôf en fleach yn greate eangst op de jonkfrou ta. De kolonel woe foar har stean gean om har to biskermjen, mar hja bikibbe him, hja koe foar harsels soargje. De ealman koe net fan har ôfbliuwe en hja suske him: ‘Stil mar, der is neat, it komt wol goed. Gau wer sliepe’. Doe bigoun er to skriemen en aeide har, hwat hja stil gewurde liet. En mei't de kolonel ek dat bilette woe, waerd hja lilk en rôp: ‘Hwa't net tsjin my is, is foar my, liz de bern dochs neat yn de wei’. Einlings bikaem de man en joech him wer del. De jonkfrou stjûrde De la Coste de keamer út en wekke de hiele nacht by him.
It konsistoarje fan Hamburch kaem gear om it gefal Antoinette Bourignon to bisprekken, nei't hja wissichheit krigen hiene, dat hja yn har stêd wenne. Hja wisten hoe gefaerlik hja wie, hoefolle lju wiene har slachtoffer al net wurden? Frou Hase wie earmelytsen weromkommen en hie har biklach dien, de soan hold hja noch altyd yn har boeijens. Claus Floris syn frou wie like earmelytsen weromkommen en hie har biklach dien, mar hwat koene hja oars as har gelyk jaen en Claus in forkeard man neame? En dat woe nimmen oan, hwant hy wie just in ynteger minske, hoe't er yn it godstjinstige ek dwylje mocht. Der waerd forteld, dat de man it net lang mear meitsje soe, wist syn frou it al? | |
[pagina 157]
| |
De foarsitter neamde feiten, der barden nuvere dingen yn it hûs fan de fantast Bertrand de la Coste. Earne hie hja noch printerijen en rounom waerd noch sutele mei har boeken. Oeral hie hja konneksjes, mei in dûmny út 'e Paltz, mei minsken yn Genève en Italië. Allinnich yn Ingelân wie har opset mislearre, mar dat soe noch wol komme. Immen die in boekje iepen oer hwat hja learde. Der wie har frege, oft de divel ek minsken generearje koe. Har antwurd wie: ‘Jawol, mar net bûten help fan minsken om: as hja har sperma misbrûke lykas Onan die, dan gearret de Satan it en bringt it by de tsjoensters en dy litte der tsjoede minsken fan bernje. Dêrorn kin der nea strangernôch tsjin tsjoensters agearre wurde’. In oarenien sei: ‘Ik moat tinke oan it forhael fan de Hillige Brigitta fan Sweden. Hja hat fier foar Bourignon al sein, dat de Antikrist berne wurde soe út in forflokte man en in forflokte frou. Bourignon komt mei itselde forhael en seit, dat de Hillige Geast it har iepenbiere hat’. De foarsitter naem op it lêst it wurd en kaem ta de konklúzje, dat hja har finzen sette litte moasten: ‘Dizze swolm moat út 'e mienskip snien wurde’. En de oerheit wie it mei de tsjerkerie iens. Mar hoe hoeden hja it oanpakten, de jonkfrou wist der op 'e tiid fan. Hja foun in skûlplak inkelde strjitten fan De la Coste ôf op in souder, dêr't hja mei in ljedder op komme moast.
Mei meinommen boeken en skriuwark kaem hja to stoel en to bank ûnder in dakfinster, dêr't hja in stik fan de greate stêd, it greate Babylon, oersjen koe. Mar fan sjen kaem neat, hja hie it to drok mei it skriuwen fan theologyske oertsjûgings, it opstellen en biantwurdzjen fan brieven rounom wei. Om it brief fan de baron waerd hja lilk, omt er har skreau, dat er der noch net oan ta kommen wie om nei de Lege Lannen. Hja poene him oan der haest efter to setten. Ta geskink en oanmoediging stjûrde hja him in kopij fan har nijste boek ‘De solide vertu’. ‘...jo ha noch nea moaijer en better skrift sjoen. Dit boek is mear wurdich as ytlike hûnderttûzenen gounen, it is heger to achtsjen as alle ierdske dingen, h want it hâldt in himelske spize yn om hûnger en toarst nei de gerjochtichheit to sêdzjen. Op dit manuskript sil in oar folgje mei de titel: de fornijing fan de Evangelyske geast. As ik mei alle brieven ré bin, bigjin ik dêr mei. Dat sil ek nea syn gelikens krije. Ik ha der in pear haedstikken | |
[pagina 158]
| |
fan ôf, dêr't God Him machtich yn iepenbiere hat. God diktearret it my dan ek út eigen mûle. De foarrede wurdt wol sa lang as it hiele boek en like deugdelik. It sil net ien wurdlid bifetsje sûnder heilsume frucht...’. Al skriuwende, kamen har inkelde útlittings fan de baron yn it sin. Op syn kastiel soe er graech in mienskip fan fromme lju herbergje wolle, lykas mear kastielbiwenners diene of dien hiene. Wie der nou net in gelegenheit om dy wurden wier to meitsjen? Dan soe hja al har folk wer by elkoar garje kinne. En God soe wol iepenbierje, oft hja letter noch nei it eilân fan de silligen forhúzje moasten, of dat it kastiel it herntsje fan bihâld wêze mocht. Dêr klommen keapman Tiellens en Bertrand de la Coste de reade ljedder op. Hja rôp har yn 'e mjitte: ‘Ik wit it al, ik wit it al!’ Hja fregen: ‘Hwat wit ús mem al?’ ‘Hwer't ik hinne moat. Net werom nei Sleeswyk, net nei de Lege Lannen, mar nei de baron’. Efkes moast De la Coste tinke. Trof de tynge fan har komst de baron as er yn in moedige rite wie, dan soe er net wiis mei har bislút wêze, alhoewol't syn kastiel him wol liende ta ynwenning fan in greate mienskip. En hy hie it sels sein, dat wie wier. ‘Lütsburch’, sei hja, ‘hwat in moaije namme! Al earder is my iepenbiere, dat ik ris op in kastiel forkeare soe ta eare Gods, mar ik hie tocht, dat it it hearehûs op Noardstrân wêze soe. Ik sjoch it lizzen, machtich yn it flakke lân. Foar de tûke harker is dêr ek it rûzjen fan de sé to hearren, de koele amme Gods. Hwat sille wy dêr hillich wurde! Dit wurdt it wiere eilân fan de gerjochtichheit, ik sjoch de gibben as fredefûgels delstriken op de gibbeflecht en ik fuorje se en de baron sjocht ta en myn bern sjonge fan nju’. Hja fregen har nei Noardstrân. Hja soene Gods wil mar ôfwachtsje. Yn earsten moasten hja wike foar de grouweldieden fan Satan. De apostels moasten hjir ek hinne komme, sa gau't it jok ôfskodde wurde koe. Hase moast by har wenje, Swammerdam fansels, ja allegearre. Hja soene om har mem wêze as pykjes by de klok. Tiellens frege hoe't it mei Reinders kaem, mar dy wie werom nei syn útbraeksel yn Frjentsjer, foar him moast er neat mear jaen. ‘Wy ha ommers tynge krigen fan Claus Floris' forstjerren, de trouwe man is mei it sinkende skip forgien’. Tiellens sei: ‘Oant it lêste ta ha Reinders en de frou Claus Floris bystien. Hy is nou wei en it eilân is sûnder skipper en stjûr’. ‘Net Reinders, mar God is oant it lêste by him bleaun. En it skip mei sinke, ien kear sil it wer boppe driuwe’, formoanne hja de keapman. | |
[pagina 159]
| |
Mar hja waerd ek muoilik, om't de bêsten har ûntfoelen en sels libbe hja mar troch. De la Coste sei: ‘En hwat moasten wy sûnder ús mem?’ Mar hja sloech syn wurden gjin acht, nei de skiednis fan it klaed wie der forwidering kommen tusken him en de jonkfrou. Yn Lütsburch soe alles goed komme, hie God har sein. De Labadisten wennen ek op in kastiel en der kamen goede tyngen fan oer, mar it soe net by harres helje kinne. Allinnich it wiere Godsfolk soe yn ivichheit bistean. Om alles to bipraten, kaem de baron oer. Har útstel wie yn goede ierde fallen. Hja sei: ‘It komt moai út, dat jo dêr noch net sa lang wenje, nou kinne jo útfanhuzers ha sûnder dat der opskuor fan komt. Hwant gjin tsjerkerie of oerheit mei hjir de rook fan krije’. De baron knikte en tocht oan syn frou, dy't net wiis wie mei de nije gong fan saken, mar hja soe har skikke moatte. Hoe koe hy de frou Gods wegerje? Alhoewol hy moast tajaen, dat er op de skurve souder sa net ûnder har bislach kaem as yn it hûs fan De la Coste. Mar hy hie it op it heden ek gjin lêst fan mankelikens. Op it ûnforwachtst soe de eangst him wol wer oerfalle en dan hie er har deun by him, dy't de kweageasten biswarre koe. En soe der gjin materiéle winst foar him ynsitte? Hwa't op syn kastiel kaem, wie der net samar wer wei. Kjel socht er har eagen, der waerd sein, dat hja dwers troch in minske hinne sjen en al syn tinzen trochgrounje koe. Gau die er in foarslach, hoe't it faeks oanpakt wurde koe, mar de jonkfrou hie it allegearre sels al úttocht. ‘Net iksels, mar de Heare hat it foar my úttocht’, fordúdlike hja, ‘it moat yn de foarm fan in gasthûs. Safolle stinzen hâlde der in gasthûs op nei’. ‘In gasthûs foar siken’, sei de baron. ‘Né, in gasthûs foar frjemdfolk. Hja forwachtsje ommers frjemdfolk by jo oer de flier’. De baron joech ta, dat hja in goed ynsicht hie en tocht, dat er sa in goede died foar God dwaen koe. ‘It wurdt in prachtich plan’, rôp hja, ‘alle printers lit ik oerkomme, by jo yn de kelders kinne hja arbeidzje. Hase kin jou siktaris wurde. De printers neame wy Soldaten en Hase wurdt har offisier. Sa snijt it mês oan twa kanten. As it moat dogge hja ek soldateklean oan. Keapman Tiellens wurdt wer boekhâlder. En jo sille der sels net minder fan wurde’. De baron sei dimmen, dat er leaver earmoede mei har diele woe. Hie hja syn tinzen wol folge? Freonlik knikte hja him ta en forfette: ‘Iksels wurd regentesse, hja moatte | |
[pagina 160]
| |
myn wiere namme nea wer neame. Ik hyt gewoan jonkfrou de la Porte. En wol my nou oer it kastiel fortelle. De Heare hat it my trouwens al sjen litten yn de geast’. De baron antwurde: ‘Jo krije in hûs apart mei in greate tún der omhinne. Wy sille der hwat huzen by sette litte. By de kapel is noch wol rûmte. Ek yn it Slot sels kinne wy plak rûmje’. Hja liet him amper útprate, mar rôp: ‘De Heare is great en goed, Him komt ta de eare en de hearlikheit, hoe hat er ús biskamme makke. Net dat ik twivele ha, myn leauwe yn de mienskip en myn ropping hat my biholden’. Letter skreau hja oer it plan oan Hase, dat er net tinke moast syn natuerlike mem wer to moetsjen. Hy moast gau oerkomme mar earst noch goed de wisselkoertsen op Hamburch neigean en har advisearje, hwant Gods jild mocht net rinteleas lizzen bliuwe, of forkeard bistege wurde. |
|