Eilân fan de silligen
(1981)–Ypk fan der Fear– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 105]
| |
[pagina 106]
| |
Yt it foarjier fan it jier 1671 rieden twa hierweinen mei folk en guod fan Haerlim nei Inkhuzen. It wie in moaije tocht troch de nije polders en de jonkfrou sei, dat hja har takomst oan dit lân spegelje koene. Wie it net in ryk gesicht? Al dit lân wie nou it wetter ûntnadere. Goudminen hie pater De Cort it neamd. Ut en troch song de jonkfrou ien fan har eigenmakke lieten, de wize makke hja der al sjongende by en iderkear wer oars. De bern foelen hyltyd mei yn. Mei hwat bigreatsjen seagen hja nei it bodzjend lânfolk, dat op de ierdske rispinge tidige en gjin keninkryk Gods forwachte. Moasten hja it har net taroppe?! Mar dat woe de jonkfrou net lije, God soe har wol roppe, as Hy it nedich achte en op Syn tiid. Hja wist, hok folk it winliken wie, it mearendiel fan it minskdom stie ommers yn bloedsbân mei de Satan, hja soene graech mei wolle faeks, mar dan om to fornielen. En sûnt seagen hja ear der mei argewaesje nei de warber bodzjende lju, dy't soms nijsgjirrich in hân opstieken ta in freonlike groet. De fûgels fleagen leech oer it meande lân, lytse swarte baitsjes. Der waeide in myld wyntsje, alles aseme frede út. En dochs koene hja net folslein genietsje, dêr fielden hja har to ûnwennich ta. Lieten hja it fan âlds fortroude, hoe forkeard ek, net los foar gloednije dingen? Hja moasten har oerjaen, sei de jonkfrou, langernôch hiene hja oer dizze stap neitinke kind. Elk siet sa mei forskaet oan tinzen en der wiene skoften, dat nimmen hwat sei. De jonkfrou set te dan wer in nij liet yn, hja hie al sa faek in ierdske skieding meimakke en altyd hie it winst west. Mar fansels hja hie ek stimmen en fisioenen. Hja hie it al efkes oer it frânske lânskip, dan hie hja noch hiel hwat oars oan natuer efterlitte moatten. Hjir wie alles like plat en gewoan. Oeral thús en nearne moast har devys wêze. Gabe Reinders fielde him rêstich, nou't it der einlings fan kommen wie, mar ûnrêstich om Wyts, dy't hjir noch neat fan ôf wist. De distânsje tusken har en him soe al mar greater wurde. Hy naem him foar har to skriuwen, sa gau't hja to stoel en to bank wiene. Skielk soene der mear folgelingen komme en koe hja yn selskip nei it eilân reizgje, de jonkfrou hie har nou dochs net meinimme wollen. Hy hie der net iens om frege, sa wie er der fan oertsjûge. As er al oer Wyts ynsiet, dan mocht er himsels wol foarhâlde, dat er de ierdske bilangen ôfstjerre moast, ek al wennen hja yn it biminde stal fan syn frou. | |
[pagina 107]
| |
De mannen fan it Eastyndysk hûs wisten in gaedlike herberge yn Inkhuzen, dêr't hja sliepe en foar eigen kost soargje koene. De jonkfrou hie ornearre, dat elk nou noch foar himsels bitelje moast. Reinders hie net folle jild yn 'e bûse, hy hie ek net folle ynbrocht yn de mienskip, hwant Wyts hie safolle net losmeitsje kind as hja tocht, by oaren harres hie it in skeamel bidrach west. De jonkfrou hie sein, dat jild bysaek wie en hy hie ûnthjitten, dat der letter wol mear kaem. Hja sei ek, dat hja jinsen in kasboek opmeitsje soe fan it ynbrochte en fan de ynkomsten en útjeften fan de mienskip, ek fan de opbringst fan har boeken. Wurch fan it stive sitten, fortrapen hja har nou. Wol hiene hja ûnderweis om barren njonken de wein roun, om't de jonkfrou bang wie foar efterfolgers, mar it bleau in hiele sit. Anne de Vos, as frommeske, krige opdracht foar it iten to soargjen, mar hja skoarre tsjin. Anne hie as húshâldster by har broer gjin bêst libben hawn, hja stelde har hiel hwat foar fan har nije libben en prottele om de opdracht. De jonkfrou hearde it amper, hja moast nedich wer skriuwe en iten sei har dochs neat mear. Reinders, dy't tocht oan it bytsje jild, dat yn de jonkfrou har kiste fan him lei, makke him fortsjinstlik en naem Anne it wurk út hannen, safolle't er koe. Doe't it skûtelwaskjen neamd waerd, aksele Anne wer tsjin as in lyts bern. De jonkfrou kibbe: ‘As jo it net nei it sin ha, kinne jo moarn noch werom’. Dat wie rekke, mar keapman Tiellens, bang fan spul, stie al gau efter it tobke. Anne woe har hantaesten bitelle ha, hwant hja libben noch net yn mienskip fan goed, grynde hja, mar dat sloech nimmen acht. De manlju wiene bliid, dat der in frommeske meigyng om har by to stean, dy't noch lang de âlde net wie. De jonkfrou hold har allegearre foar: ‘Yn de ûnderdienige, de lytse wurken leit it heil bisletten. Jezus wosk syn discipels de fuotten. Wol ik it jimme ek dwaen?’ Doe't Reinders al to gewillich waerd om Anne to helpen, woe de jonkfrou dat net lije, hy hoegde net to tinken, dat er mei syn wurkkrêft bitelje moast. En dêrmei hie hja it biwiis jown dwers troch him hinne to sjen. Allinnich hie er graech wollen, dat hja it net sa iepenlik neamd hie. Mar hja wiene nou ien húshâlding en bern mei elkoar, echte of ûnechte, mei goed en tsjoed. Hja moasten inkelde dagen op in skip wachtsje. Oan in stille folgeling skreau de jonkfrou in adres: ‘Jo kinne jou brieven rjochtsje oan keapman Gilesse. It plak fan myn forbliuw kin ik jo net mei- | |
[pagina 108]
| |
diele, der binne tofolle, dy't my út klearebare haet nei it libben steane. En mei sa'n taek foar my stiet God myn dea wol net ta, mar dêrom is it likegoed ús plicht om foarsichtich to wêzen’. Op it skip, dat it selskip nei de fêsting Tönningen brocht, wiene de poppen al wer oan it dounsjen mei Anne de Vos, hja sei, dat hja siik wie en wegere elke hantaest, dat de jonkfrou neamde har in houten peal. Hja liet de manlju it iten klearmeitsje en de boarden ôfspiele. De jonkfrou hie it to bannich om hyltyd efter it frommes oan, sei hja. Mar komselden siet hja by har bern op it dek fan it moaije útsicht to genietsjen of mei har to praten oer de takomst. Hja tochten it har yn op dit eilân fan it skip op de wide wetters fan de sé, hoe't it skielk op it eilân sels wêze soe. Soms wie it sok moai waer en sa stil, dat hja mienden Gods amme al om har hinne to fielen, frij fan oardiel en gefaer as hja dan wêze soene. Yn Tönningen founen hja ûnderdak yn in lytse herberge, sa lyts, dat der mar ien keamer foar fiif minsken wie en der wiene nachten dat hja der noch oare reizigers by bêdzje moasten. Trije wike bleauwen hja yn it aerdige stedtsje. Lykwols woene hja graech nei har doel, mar de jonkfrou wachte hyltyd op in teken fan Hegerhân. Dat teken kaem yn in wûndere foarm, doe't der in pater Oratoriaen de herberge bisocht yn it selskip fan in woasten klant. Hja woe nou hurd fuort, om't dizze minsken foar neat stiene. Yn koarte tiid wiene hja reisfurdich, sels Anne de Vos hie har part oan de wurksumheden levere. Hja hierden in wein en teagen nei it noarden. Net lang hiene hja reizge, of de pater en syn selskip kamen efter har oan en makken great kabael. De klant hie it sjitark yn 'e hân en ek de pater like in driigjende hâlding oan to nimmen. Hy woe har net op it eilân ha, ornearre de jonkfrou. De manlju rounen efter de wein, de bleate degen yn 'e fûst. Op it lêst sakke de man mei it roer ôf, mar de pater bleau skeldend en moartsjend efter har, oant hja de stêd Sleeswyk ynrieden en in gaedlike herberge founen, dy't flak foar it kastiel Gottorf oer stie, it forbliuw fan de hartoch.
As hiene hja de rook der fan krigen, wiene der gâns minsken warber, dy't har mei de pater folgen nei it weardshûs ‘It ûnthjitten lân’. Sadwaende tink, ûntfong de weard har net mear as fatsoenlik, mar doe't hja de hiele boppefordjipping hierden foar lange tiid, stie it kadaster gau oars en stjûrde er it opkringend folk by de doar wei. Mei alle finsters seach de jonkfrou har part fan de herberge út op it kastiel | |
[pagina 109]
| |
en hja gyng dei oan dei foar ien sitten, dat it bêste sicht der op joech. Hja skreau net, hja iet amper, mar hold har eagen stiifstoarjend nei de holle, deade finsters fan it slot. Hja soene ris sjen, hwa fan har beide de baes wie, sei hja. Hie hja net argewaesje hawn fan de hege toan, dy't de hartoch tsjin har oansloech, doe't er har sommearre om oer it erfskip to praten mei al dy oaren, dy't de brutaliteit hiene har eigendomsrjochten jilde to litten en dy't fansels tochten dat hja sljochternôch wie to biteljen foar hwat har eigen wie?! En op har brief hie er net iens antwurde! Dêr siet hja en wachte. By it stedsfolk gyng der in binearing út fan dy roerleaze, stoarjende figuer foar it hege kante finster. Ek har eigen folk fielde him net noflik. Ien, in blastich man, forlike har mei in rôffûgel, tûk op proai, mar dy waerd fan de oaren kapittele. De Sleeswikers sprieken drok oer it minske, dat oeral tsjoenders en fan de divel bisetenen oan to wizen wist. Wie hja fan doel, de divel út har hartoch to bannen? Mar de hartoch gyng syn ûnforsteurbere gong. Op it lêst bigoun hja dochs wer to skriuwen en krige er brief op brief. Mar biantwurde net ien, neat oars as hja sels, tochten har bern. Nea achte er har in blik weardich as er op it hynder de homeije útdraefde en har dochs wol sjen moast. Hja siet der noch, as er weromkaem, de rizige man mei tichte, tinne mûle. De jonkfrou waerd lilk. Wie hja frou fan God of net? En hja skreau him in misledigjend brief, dat er wol asem jaen moast! ‘...is it my bikend, dat immen, dy't rjocht siket yn jou ryk, earst de rjochters de hannen stopje moat. Tink net, dat ik dat ea dwaen sil. God wol it net en hwat God net wol, doch ik net ien kear. Gjin krûme wegen binne mines, o hartoch! Jo hâlde myn fijannen de hân boppe de holle, jo litte har op myn rjochtlik plak wenje en hja wolle my der net ha, sizze hja. Hoe doarre hja út sa'n great gat to blazen, as hja net witte, dat jo efter har steane!? Ik siz jo, earst dat forkearde folk der wei en dan falt der miskien to praten. Fyftichtûzen goune en mear soe ik samar losmeitsje kinne, dêr giet it net om, mar rjocht bliuwt rjocht. Hja der wei en ik der yn en dan sil ik it eilân great meitsje. En wolle jo dat net, it sil likegoed barre sûnder jo. De wei stiet noch iepen! Net lang mear’. Doe hat hja net ien kear mear foar it finster sitten, mar forfear nei in hûs yn de Lollfusz. Hja kocht ek in hûs yn Husum yn de Kreamerstrjitte en dat waerd tonei neamd: it hûs fan de Hollanners. | |
[pagina 110]
| |
It wie in great eagenblik, doe't de jonkfrou en har folk by Husum op 'e sédyk stiene en it eilân fan de silligen yn de fierte lizzen seagen. Jelle Eades bisocht oan to tsjutten, hwer't de dingen leine, mar de ôfstân wie to great. Nei in skoft stjûrde hja har bern fuort, hja woe hjir allinne mei God wêze. Hja stie, lyts, krigel minske yn it sinneljocht to kueren, wylst hja har antlit biskerme, hja wie altyd sa gau forbarnd. In sljochte, swarte doek om de lytse holle woun en ien mei baltsjes om de smelle boppelea joegen hwat wanstaltichs oan har figuer. Hja naem de kontouren fan it griene eilân yn har op en tocht it oare der by oan de hân fan pater De Cort syn forhalen en Jelle Eades syn oantsjuttings: draeijende mouneroeden, pleatskes op hichten, smoute wegen tusken beamte, grize mokken op greiden en in guozzehoedster mei wite guozzen op grien lân oan de sé. In great, wyt hûs apart: it hearehûs, dat De Cort bouwe litten hie. De paters hiene al wer sein, dat hja har net talitte soene, net iens op it eilân en hja wist net, hwat de hartoch dwaen soe. Of wol? De lege huzen woe er wol biwenne ha, mar dat bitsjutte hier bitelje foar eigendommen. Doe swarde hja in ied, hja soe net in foet op it eilân sette, foar't de paters, mei skande oerladen, ôfdrost wiene. Op it fêstelân soe hja der foar iggewearje. En tagelyk goed it each hâlde op Nieukerk, dy't om har him nei wenjen set hie yn it weardshûs ‘De Trompetter’, njonken har hûs yn Sleeswyk, ré om syn slach to slaen foar de hiele santepetyk fan it Oratorium. Hja hie in opset yn de holle oer it wenjen fan har bern. Mei in boekhâlding wie hja al bigoun. Keapman Tiellens holp har der by. De oare apostels moasten it lân fordiele en advizen jaen neffens har konsignes. Hja buorken hjir oars as yn Frankryk. Hynders, kij, keallen, skiep, en ark wiene fan de mienskip en dêr soe foar bitelle wurde moatte mei jild of mei in diel fan de opbringst fan it lân. Har folk hoegde inkeld mar ite om to libjen en moast leare to soberearjen. In ryk gefoel wie it oars to witten, dat hja skraechwurk allinne-bisitster wie fan it eilân cum annexis. Hja koe yn De Cort syn leafde komme. Mar de tûkelteammen! Nou draeide hja har om nei it fêstelân. Jinsen stapte in earrebarre stadich en steatlik op hege skonken oer leech lân. Efkes stie er roerleas by in bigroeide sleat. In man kaem hoeden efter in pôlle reiden weiglûpen en griep de greate fûgel by de wjukken. Hja koe bistepleagjen net útstean, bisten hiene har libben altyd forrike. Mei strakke eagen stie hja to sjen, hoe't de man in tou út 'e bûse helle en it dier de wjukken gearboun. It bist skuorde en loek en woe fleane, mar koe gjin kant út en de man hise mar efter him | |
[pagina 111]
| |
oan, oant er him op in hiem hie. Alle keninklikens hie de moaije fûgel forlern. Efkes loek de jonkfrou in forliking mei har sels, sa wjuklam wie hja nou ek. Yn it weardhûs to Husum hearde hja, dat in earrebarre as in húsdier op in hiem de fruchtberens fan minsken en bisten yn 'e hân wurke. Doe forbea hja har bern op straffe fan banning ea oan sok byleauwe mei to dwaen. De jonkfrou wenne om barren yn Sleeswyk en yn Husum; yn Friedrichstadt hie hja in opheinhûs foar nijkommenden, mar dêr wenne hja net. Har folgelingen setten har meast nei wenjen op it eilân, mar de apostels bleauwen by de mem. Jelle Eades wie foar fiere kontakten, binammen oer sé en Reinders ûnderhold de forbiningen tusken de mem en de bruorren en susters tichteby. Under de nijkommenden wiene hiel hwat Friezen, dêr't de jonkfrou wakker wiis mei wie. Binammen oer Hidde Tjaerds fan it Hearrenfean, dy't fan ljochtmjitter boer wurden wie, wie hja to sprekken. Hja hie noch gjin Friezen sjoen, dy't sa'n earnst makken mei it ôfstjerren fan de wrâld. Sikke Piters, postamtner to Harns, frege foar de twadde kear om talitting, hy hie to Amsterdam al holpen by it printsjen, mar spul krigen mei Ewoud de Lindt. Op it eilân krige er it trouwens wer mei him oan de stôk oer it yndykjen fan it eilân, hwant dêr setten de bruorren fuort fûleindich mei útein, om't dat in opjefte wie fan har âldste broer De Cort, dy't út 'e himel wei taseach, mar dêr't De Lindt gjin ljocht yn seach. Fierder kinne neamd wurde Ruerd Jans, tinnejitter fan Harns, Jan van Someren, apotheker to Snits, freon fan Reinders, Jelle Rintsjes, kuper to Boalsert, foarhinne preker by de Mennisten, Gerryt Reins, turfskipper, Jakobus Marci Alberts, chirurgyn en barbier, master Abel, allegearre fan it Hearrenfean en Rinke Teatses fan Warkum en party lju mei of sûnder frou en bern rounom út Fryslân en Hollân en oare lannen wei. Oer it algemien wiisde de jonkfrou de Quakers ôf, om't hja it dochs net litte koene har eigen dwyllearre foar to stean yn de mienskip. Foar Reinier Jans, nestelmakker to Harns makke hja in útsûndering, om't hy sei, dat er har skriften hold foar de Bibel. Hja neamde him: ‘Myn bern, nei de wil fan God’. Yn 1672 briek de oarloch út, dy't de jonkfrou al foarsein hie. Yn dat jier kamen der trije manlju út Hamburch om oer har en har lear ynljochte to wurden. Trije dagen bleauwen hja har gasten en sprieken dei en nacht oer de takomst fan de silligen. Anne de Vos, dy't it wurk fan húsfrou tapart krigen hie, forgeat wol har to bitsjinjen, mar hja hiene dêr yn har iver gjin erch yn. De lêste nachts lykwols rekke de jonkfrou út stel. | |
[pagina 112]
| |
Hja lei mar to krimpen fan de pine. Anne wie ek gjin goede forpleechster, dat it forsoargjen kaem op Reinders del. De trije mannen namen mei in swier hert ôfskie. De oanfal duorre krektsalang oant ien fan de trije, keapman Claus Floris, tynge stjûrde, dat er yn syn siel fielde ien fan har bern to wêzen. Hy soe al syn goed, en hy wie ryk, forkeapje en mei syn frou oerkomme, syn keappenskip woe er der oanjaen en de wrâld farwol sizze om in feint fan Kristus en de jonkfrou to wêzen. Doe waerd de jonkfrou wer better. By syn oankomst frege hja, oft it nou wol alhiel yn oarder wie mei him. Doe skamme Floris him, hwant syn frou wie tsjin har sin mei gien en hy achte dat syn eigen skuld mei. De jonkfrou sei: ‘Yn it Heechliet stiet: Ien is myn dou’. Floris antwurde: ‘En dat binne jo nou foar my’. Foar al dy folgelingen oer stie, dat de dûmnys en oerheden tsjin har warskôgen en dat der skriften útkamen, dy't har signalearren as faem fan de Antikrist en de divel. Ek earme lju naem de jonkfrou wol oan, bygelyks Johan Hase en syn mem, dy't tige skrutel fregen om opnimming yn de fromme mienskip. Mar de jonge man hie in goede oplieding hawn en tocht, dat er him wol nuttich meitsje koe. Frou Hase hie alle dagen yn de jonkfrou har skriften lêzen, hja en har soan wiene al fan it Hillich Nachtmiel útsletten. De frou wie sa from, dat hja har fak fan kantkloskjen net mear waernimme woe, om't it op de idelheit fan de minsken spile.
Altyd ienris yn de moanne stieken de bern fan it eilân oer om mienskip to hawwen mei de mem en bimoedige to wurden ta it libben yn de gemeente. Op dizze gearkomsten waerden de swierrichheden nei foaren brocht, ek waerd der wol kapittele en band. Op in kear rôp de jonkfrou har it greate nijs al yn 'e mjitte: ‘Myn bern, ik moat it fuort fortelle, de Heare hat ús greate dingen dien. Us fijân Petrus Nieukerk, de moardner fan myn earsteling, dy't it ek op myn libben forsjoen hie, hat syn fortsjinne lean krigen en is tige hommels forstoarn. God hat dêrmei in bigjin makke om Noardstrân frij to meitsjen. God sil de oare paters ek fine, as de hartoch har net oan kin of doar. De Farao sil mei syn klibers yn de Reade sé forgean. Dan komt ús ûre en dêrnei it oardiel oer de wrâld, wylst wy al feilich wenje’. De eagen fan har bern blonken har tomjitte. ‘Hwat mear fijannen der stjerre, hwat better. Oefenje jim yn de godsfrucht, dat jim it wurdich binne. Fan jim hinget it ôf, hoe gau it barre sil. | |
[pagina 113]
| |
Ik haw op jim tsjin, dat jim to rûch omgeane mei de eigendommen fan de mienskip. Jim litte wol iten yn de boarden sitte, haw ik heard, dat dan fuortspield wurdt, as koene jim it sels waechse litte’. Ynienen seach hja Strang nei Anne de Vos: ‘It wurdt jou tiid nou ek, Anne, langernôch haw ik geduld mei jo hawn, sei de Heare. Moarn fart der in skip nei Amsterdam. Jo hawwe gjin diel mear oan de gemeente’. Anne bisocht earst ûnforskillich to dwaen. Net sasear om it útstjitten, mar wol om it skrikbyld fan in libben by har broer, seach hja letter fortuite. En op it lêst skaeide hja iensum ta de doar út. Immen sei, dat Anne it hearre koe: ‘De genede is bûten it eilân net great’. De jonkfrou sei, dat hja it allinnich wol ôf koe en hja hie ek noch apostels. Reinders oerlei, oft Anne har ynbrocht guod ek weromkrije soe, mar de jonkfrou sei dêr neat oer, doe't hja der efkes letter ta oergyngen de opmakke listen fan eigendommen op to lêzen en ek Anne har part oan bar kaem. Johan Hase hie de listen opmakke. Earst lies er foar, hwat de jonkfrou sels wurdich wie via it eilân cum annexis. Guodlik glimkjend siet hja to sjen. Sa mocht Reinders har graech lije, it ierdske forachtsjend. Hy loek efkes ronfels yn de holle, doe't de ynhâld fan har kisten net oan de oarder kaem. De jonkfrou lei ek út, hoe't sa'n greatboek yndield wie mei activa en passiva, it ynbrochte stie oan de rjochter kant, hwat útjown waerd oan de lofter. By dizze gelegenheit skonk de jonkfrou har bern eigenhandich wetter yn kûmen om to drinken, nimmen mocht har helpe. ‘Wês alles foar elkoar’, sei hja, ‘meitsje in wier eilân fan hilligen en silligen. Nou kinne jim libje, lykas jim altyd bigeard hawwe to libjen. De himelske dingen haw ik foar jim regele, de ierdske sil ik ek mei rêdde. Ik sil jim regels takomme litte oangeande de hynders, de skiep, it lân, de fruchten, de moune, it ark en it wenjen yn jim huzen. De Evangelyske geast mei jim bisielje, it sil ús better slagje as de earste Kristengemeente. Om to bigjinnen hawwe wy al gjin Annanias en Saffira hawn. Fortrou fierder op jim mem, hja hat alle dagen mienskip mei de Allerheechste en Almachtige. Makliker kin it net foar jim, blynlings mar folgje. Gean nei hûs en tsjinje God yn Kristus en jim mem’. Doe gyng der immen oerein om to freegjen, hoe't er mei de siichgatten oan moast yn syn âld hûs. De jonkfrou frege, oft er gjin bytsje kjeld om Kristus' wil forneare koe, hie er gjin hea of fodden om to stopjen? ‘Myn frou hoastet sa’, sei er ta forûntskuldiging. Mar allegearre bikibben him, hoe koe er sa it ierdske en it himelske trochinoar grieme. | |
[pagina 114]
| |
Mar der siet net rjocht avensaesje yn de ûntjowing fan it eilân fan de silligen. Dêr kaem by, dat de ied, dy't de jonkfrou sward hie om net op it eilân to kommen foar't de paters der ôfset wiene, har fan har folk skaette. Sadwaende ûntstie der ûnrêst ûnder har folk en de paters stokelen it fjûr wol op. Immen as Hidde Tjaerds kaem fan it iene yn it oare en die dingen, tsjin de jonkfrou har bifellen yn. Mei't syn frou al yn gjin fiif jier bern hawn hie en der alle dagen in earrebarre by de sleat op syn lân stie to fiskjen, fong er it bist en boun it de wjukken gear. Hwa wit, sei er, soe it ek noch helpe om de jonkfrou bern to bisoargjen. Al gau kaem der in brief fan syn mem: ‘It docht my bliken, dat jo noch net ryp binne foar myn mienskip. Hwa't noch net fan bisten ôfbliuwe kin om har to pleagjen kin myn bern net wêze. Ik mien ek to witten, dat jo it byleauwe foet jowe. As jo sa trochgeane, sil ik mei jo ôfweve’. Mar de bern, dy't yn noed sieten oer de takomst fan de silligen, treastte hja. Nimmen wist noch krekt, hoe't it komme mocht. Hwa wit moast it eilân earst noch wol wer troch in floed suvere wurde om it to hilligjen ta it wenplak fan Gods folk. Nimmen wist ek, hoe't it leauwe noch bisocht wurde moast ta de lêste skifting. Mar elk wie warskôge, hja soene letter gjin forlechjes ha kinne. De stream fan folgelingen hold oan, mar de jonkfrou wie bliid, dat it net mear inkeld Friezen wiene, dy't kamen. Hja biskuldige har nou fan eigenwizens en ûnleauwe, by hwa fan har minsken hiene de paters it meast hâld? Hwa woene net harkje nei de ynstruksjes, dy't Gabe Reinders út har namme oerbrocht? Seine hja net deagemoedereard, dat hja gjin forstân fan fé en buorkjen hie? It stiek har, dat Hidde Tjaerds syn frou swief wurden wie en ek Marci en har, dy't njonken Tjaerds wenne, forwachten in lytsen. Grapkes der oer koe hja perfoarst net fordrage. Like it der net op, dat de fijân triomfearje soe? Ek de hartoch moast har al ha. Al twaris hiene syn tsjinstfeinten by har oan de doar west om har to ûnderhâlden oer har misledigjend brief sûnder har thús to treffen. Har bern forsochten har sa gau mûglik fatsoenlik biskie to dwaen, hokfoar ûngelokken soene der oars net barre kinne. Lyts wêze wie gjin skande. Mar lytsleauwigens wol, wie har forwar. Lykwols joech hja ditoangeande ta, hja hie har biskuldigingen oan it adres fan de hartoch net letterlik miend, mar inkeld en allinnich har eigen nauwens fan gewisse útdrukke wollen, sa skreau hja him. | |
[pagina 115]
| |
Op in dei stie Gabe Reinders by de haven fan Husum to sjen. Troch in bosk fan steile, tinne mêsten koe er de wide sé sjen. Hy tocht oan Wyts. Jelle Eades hie op ien fan syn reizen by har west en sein dat hja fan doel wie oer to kommen. Hja soe dan wol oer sé komme moatte. Reinder wie bliid, dat de jonkfrou gjin bychtstoel ynstelde en syn tinzen net koe, mar as er oan har trochkringende eagen tocht, wist er, dat hja dy net nedich hie. En hwerom gyngen safolle oaren him foar nei it bernskip? Hy gyng hwat oars stean om nei it eilân to sjen, dêr't er krekt weikommen wie. Hy hie in geit ophelle, hwant de jonkfrou moast geitemolke drinke. Efter him stie it bist to mekkerjen, hy hie it oan in peal fêstboun om efkes de tiid der ôf to nimmen en soe der wer hinne, doe't syn each foel op in iensum minske, dat forsille om har hinne stie to sjen. Hommels moast er wer sa oan Wyts tinke, dat de lea him sear diene. Doe't hja har omdraeide, stoep er op har ta. Forbjustere seagen hja elkoar oan. Wie dit net tafallich? ‘Dus dêr wiest al’, sei er. ‘Hwerom hast my net roppen?’ frege hja. Hy bûgde him nei har oer: ‘Ik bin bliid, datst der bist. Hoe is it mei de bern?’ ‘Hja binne by ús memendy en goed soun’. Doe fortelde hja it iene nei it oare oer de bern en oer de kunden en oer Frentsjer. Mar doe't er har by de hân beet naem, waerd hja stil. ‘Ik bring dy earst by har’, sei er. Hja skoarre tsjin, hie er sels net in hûs? ‘Ik wenje by har yn. Ik bin boadskipper fan de mienskip’. ‘En noch net in bern’, sei Jelle. Hy suchte. Hja hat allegearre manlju by har, haw ik heard'. ‘Frou Hase docht de húshâlding, nou't Anne de Vos fuortstjûrd is’, fordigene er har swak. Hy liet har los, mar doe naem hja syn hân stiif beet. Hy seach har oan, ynbliid, dat hja der wie, deun by him. ‘It is net maklik foar God to kiezen, as men fan in frou hâldt’, sei er. ‘Der hoecht net keazen to wurden’, antwurde hja. ‘Dat tinkstû mar’, sei er tryst. As moast er syn breid nei de jonkfrou bringe ta in oardiel, sa fielde er it oan en skamme him. Noch mar krekt stiene hja yn de gong, of dêr wie hja al. Hja biseach Wyts fan ûnderen nei boppen. Dizze beide froulju makken syn libben út, moast er tinke. En wie de jonkfrou de lêste tiid net foroare? | |
[pagina 116]
| |
‘Soa’, sei hja, ‘is dat nou jou blok oan de skonk?’ Hja glimke der wol by, mar likegoed hearde it ûnfreonlik. Hy antwurde: ‘Ja, dit is Wyts. Hja is út harsels kaem’. Hy fielde him in forrieder. ‘Wyts’, herhelle de jonkfrou, ‘it klinkt op syn frysk, koart en...’ Hwerom makke hja de sin net ôf? Mar hy wist wol, hoe't hja langer oer de Friezen tocht. ‘Hwer kin hja wenje?’ frege er. Hwerom hie er net sein: ‘By my?’ ‘Op it eilân’, wie it antwurd, ‘hja is in útfanhuzer’. Doe fordwoun hja wer yn har keamer. Reinders moast tinke, dat nou it bernskip noch fierder by him weigien wie. As moast er him forûntskuldigje, sei er: ‘It is fansels wier, dat wy op ierde gjin twa hearen tsjinje kinne’. By frou Hase sieten hja efkes rêstich. Tielens hie ôfwosken, hy brocht boarden en kopkes yn. Doe't er hwat knoffelje liet, kaem de jonkfrou der op ôf, mar der wie neat brutsen. Hja sei tsjin Reinders: ‘Ik miende, dat jo in geit bringe soene, mar it is in frou wurden’. Reinders liet neat blike, mar sa gau't hja fuort wie, gyng er nei de haven. Hy hie de hiele geit forgetten. Hwat gyng er dochs rûch om mei Gods eigendommen. Hoe ek, oer alles hinne lei de blydskip om Wyts, dy't net sûnder him koe, dy't lykme allinnich in fiere, gefaerlike reis makke hie. Om him. Ek wist er, dat tonei syn striid tusken de twa froulju him noch mear toskuorre soe.
It eilannerhûs, dat Wyts biwenne, wie lyts. Der wie in stikje groun by om to bibouwen en fierder moast hja helpe by it weidzjen fan de kij yn it mienskiplik lân, allegearre ûngewoan wurk. Reinders syn boadskippen brochten him net faek mear nei it eilân, soms tocht er, dat de jonkfrou it der om die. Earder stjûrde hja him nei Friedrichstadt om alles oer de Quakers en de Jezuïten dêr gewaer to wurden, dy't har ôfbreuk dwaen woene. Protestearre er soms hoeden, dat Wyts sa allinnich wie, hja sei, dat it keninkryk Gods foar gie. De kearen, dat er by Wyts wie, naem er foar har wei, hwat er koe, mar dat wie net nedich, foun hja, it bûtenwurk lei har wol en seach er har wouterke dêr wol? It slikke har de hân. Hja koe ek al skiepmelke en fan 't winter woe hja ûnder de kij. Elkenien paste him ommers oan! Dokter | |
[pagina 117]
| |
Marci mei syn fleurige húshâlding wenne tichteby en by Hidde Tjaerds wie hja ek altyd wolkom. Allinne de kliemske Sikke Piters, dy't jouns sa graech by har siet, om't er syn frou sa miste, hie hja it net op stean. Meiïnoar makken hja de fryske buorren út. Hoefolle manlju hiene har froulju forlitten om de frou, moast Wyts har neijaen. Soms lake hja der om: op har jierren! Mar hja woun der har ek oer op. Der waerd sein, dat de Friezen oaninoar hongen as klitten. Hja mochten graech arbeidzje, mar ek graech disputearje, de wiisgearen mei har lang hier en skerpe hollen. Lykas yn Frjentsjer foun Wyts it ek nou moai om nei har to harkjen. Hja die wol mei oan it petear, mar hiel skruten. Hja wie der ek ta oergien om wurk fan de jonkfrou to lêzen, mar koe net yn har leauwe en sei dat soms planút. It foel har op, dat eins nimmen dêr bot op yngyng. Op Claus Floris nei, dy't har op har ivich heil wiisde, en fan him koe hja it ha, hwant hy libbe neffens syn wurden. Reinders wist wol, dat it net wier wie, as Wyts sei: ‘Ik kin alles wol oan’. Dêrom glûpte er, as hja sliepte ta de doar út en biwurke har lân by moanne- of stjerreljocht. Op in kear fortelde de jonkfrou him, hwat der grute waerd oer syn frou. Mar it wie in pak fan syn hert, doe't er it hearde: Wyts har bou wie moarns fierder as jouns tofoaren en hja hiene de Swarte dêr as in skriklike gedaente dwaende sjoen. Hy fortelde, dat hysels dy Kweade wie, mar hja formoanne him sa'n skuld net op him to nimmen, en as it wier wie, moast er him skamje, hokke ôfmêdde krêften er dan net ynsette doarst foar it keninkryk Gods. Alhoewol't Reinders neat forteld hie, praette Wyts der op in joun sels oer. ‘Takomme jier bin ik de dingen better treast, mar ik wol net lije, datst nachts yn it spier bist. Kinst wol siik wurde, hwant tofolle iten krije jim ek net en boppedat kinne wy de praetsjes better mije’. ‘Takomme jier’, sei Reinders, ‘helje ik de bern op’. ‘Takomme jier’, lústere Wyts, ‘komt der in bern by’. Kjel seach Reinders har oan en frege him ôf, hwat de jonkfrou dêr fan sizze soe. Wyts waerd hwat lilk, doe't hja syn gesicht seach: ‘Fortel it har mar gau’, sei hja, ‘al wer in lid foar har mienskip. Siz der mar by, dat Hidde Tjaerds syn earrebarre net fan ús hiem ôf to slaen wie’.
Ier yn it jier kaem der in âld man biklûme yn Husum oan. It wie Gauke Hylkes, dy't al achtentritich jier Mennistepreker yn Fryslân west hie. De jonkfrou stookte yn de fûlste kjeld bytiden gjin fjûr, om't hja in foarbyld | |
[pagina 118]
| |
fan soberheit foar har bern wêze woe, mar foar de preker, dy't ta har lear bikeard wie, liet hja in fjurke oanlizze. Mei't frou Hase út stel wie, frege hja Reinders mei de blaesbalge it fjûr oan to fiterjen. Wylst er oan it pielen wie, hy mocht net folle oansettersprikjes brûke, harke er nei it petear tusken de preker en de jonkfrou Bourignon. ‘Rounom wurde jou skriften langer lêzen’, sei de preker, ‘jo binne foar de minsken in oase yn de woastine fan de wrâld. Hoe graech soe ik opskriuwe wolle, hwat ik fielde, doe't ik oan it lêzen wie en de eagen my iepen gyngen’. De jonkfrou woe earst net lije, dat er skreau. As har wurden gjin útwurking hiene, hoe sines dan? Hwa't ornearre wie om to kommen, soe komme op de ropstim fan de mem of God. ‘Sa bidoel ik it net’, sei er, ‘mar de minsken, dy't ik altyd bipreke haw, kenne en fortrouwe my’. Hja tocht nei en antwurde: ‘Jou wurden soene miskien as biwizen tsjinje kinne. Nou hite hja my leagen. Fan alle kanten wurd ik oanfallen, tomûk en yn it iepenbier. It soe gjin kwea kinne, as net allinne jo, mar al myn bern har bifinings opskreauwen en persoanlike testimonia makken’. Hja frege Reinders, hwat him der fan tocht en hy rette it oan ta forsprieding fan har lear en ta har eigen rjochtfeardiging. ‘Wolle jo dan in brief útskriuwe foar al myn bern? Lit elk fortelle, hwerom't er foar my keazen hat en hwerom't er by my bliuwe wol. By hwa't net skriuwe kin meije jo it út har eigen mûlen optekenje en hja kinne har krúske sette’. Dyselde deis noch lies Reinders, bliid as er west hie mei har opdracht, har de ynhâld fan it brief foar en hja priizge him om de goede en krekte formulearring. Doe doarst er ek ynienen mei it forsyk loskomme, oft er sels nei it eilân mocht. It hie in lange, strange winter west en de measte tiid hie Wyts sûnder him sitten. Der wiene al guon oer iis nei it eilân roun, hwerom soe hy it net weagje? ‘Lit ik jo gean en jo forungelokken, hwat dan?’ frege hja, ‘boppedat stiivje jo har yn har praktiken’. ‘Dat leau ik net’, sei er stroef. ‘Ik haw der in ynjowing oer hawn, mar jo leauwe it net’, sei hja smeulsk. Gabe Reinders waerd wyt om 'e holle, tsjin ynjowings wie net to striden. Stil forwidere er him, noch stiller die er syn wurk. Alles yn him kaem yn opstân, it fielde, oft it fortrouwen yn de jonkfrou him ûntfoel, lykas er fan | |
[pagina 119]
| |
oaren wist, dat hja bigoun wiene to twifeljen. Hy doarst net fierder tinke en treastte himsels, dat er it neitiid forstean soe. Letter rôp hja him by har en sei: ‘Ik ha wol forstien, hwat jo tochten niis, apotheker. Jo soene ek oerlizze kind ha, dat jou leauwe bisocht wurde moast ta it bernskip’. ‘Hie ik it nou mar oars opnommen’, tocht er biskamsum. ‘Jo meije de preker nei it eilân bringe en hy kin by jo wenje, dan is jou frou net altyd mear allinne’. It skeat troch Reinders hinne, oft har tsjoenderije net gefaerlik foar dizze man wie en hy biseach de nije broer, dy't it foarrjocht ha soe om alle dagen by Wyts to wêzen. It wie in eptich mantsje, hwat wetich en hwat wettich, like him ta. Mar hwat joech him it rjocht syn bruorren nei de bûtenkant to bioardieljen? ‘Wolkom, broer’, sei er en frege him ôf, hwêr't it bêd foar de man stean moast en hwer moast in bêd weikomme? It waerd in noedlike tocht. Midden tusken wâl en eilân wie it iis losslein en in ein moasten hja fan skos op skos springe, wylst der ek mist opsetten kaem. Lokkich hiene hja har op it eilân oankommen sjoen en mei de help fan de eilânners bitearde it noch goed. Mei lûde stim tanke de preker God foar har bihâld. Jouns sieten hja mei guon bruorren en susters by Wyts yn de keamer. It wie slim kâld en de preker stelde út har waerm to sjongen. Doe kaem Sikke Piters der yn mei in kuorfol hout, hja mochten it allegearre opstoken, as er mar by har sitte mocht. Hy wist wol, dat er skoudere waerd. De reek stige doe ta de skoarstien út en dêr kamen mear bruorren en susters op ta. Ek hja namen hwat branje mei en sa waerd it noch in feestjoun. Geastlik stibelearren hja elkoar ek, mar dat fjûr flamme sa heech net, tocht Reinders. De preker sette wer in liet yn. Immen sei: ‘Wy Friezen binne hjir in bytsje yn it heitelân, mar miskien wol de nije broer oer it heitelân fortelle?’ In oare stim sei: ‘De jonkfrou mei ús net al to graech mear lije’. Reinders antwurde: ‘Faeks is dêr reden ta?’ Doe foel der in stilte. Bûtendoar gyngen in pear katten oan. Sikke Piters moast der om laitsje. Reinders tocht oan tsjoenderije. Wyts oerlei, hja woe dy nije man net by har yn de keamer to sliepen ha. Yn it efterhûs mar, dêr siigde it, mar dat moast in Godsbern fordrage kinne. En frou Marci hie al in bêd ûnthjitten. Dou bigoun Gauke Hylkes oer it heitelân, sa stil as mûzen harken hja. | |
[pagina 120]
| |
Ut it boek fan de tsjûgenissen fan Antoinette Bourignon har bern. Durk Bout, sideweversfeint út Amsterdam skreau, dat de skriften fan Antoinette Bourignon fan God kamen en diktearre waerden troch de Hillige Geast. Ruerd Jans fan Hilaerd koe syn tinzen net sa goed ûnder wurden bringe, mei't er de kunst fan it skriuwen amper machtich wie. Stumperich sette er op papier: Nei't ik safolle goeds oer de jonkfrou heard hie, woe ik minlike graech nei har ta. Doe't de jonkfrou dat lies, joech hja him in pear skieppegrouwe sokken, hwant dêr wie er breanedich oan ta. Rinke Teatses fan Warkum fortelde, dat er troch mear as ien minske oantreaun wie om nei har ta, de faem fan God. Earst hie er skreaun, hja hie antwurde en him oanret to kommen om syn libben to bihâlden. It wie net neat om as Abraham lân en folk to forlitten en, útlake troch doarpsgenoaten, de frjemdte yn to sjen. De kriich mei Frankryk briek krekt út en dat hie him ek poene. Nou leaude er folslein yn har ropping. Jelle Rintsjes skreau de jonkfrou mear wysheit as Salomo ta en de Hillige Geast bisiet hja sûnder mjitte. Jierren lang hie er formoanner yn Fryslân west, mar nea hie er foun, hwat er nou alle dagen smeitsje mocht. Hy koe gewoan syn eigen birop fan kûper hâlde en ek dêrmei syn bêste krêften ynsette foar it keninkryk. Hy wie in hillige wurden en koe der sels net by. Gerryt Reins wie bikeard troch Hidde Tjaerds. Lykas syn freon hie er alle bisit forkocht en de opbringst oan de jonkfrou jown, it hillich fet, dy't har folk laette oan stille sewetters en griene kwelders. Hidde Tjaerds forklearre, dat er oant nou ta gjin spyt hawn hie fan syn kar. Lykas de jonkfrou it sels die, woe ek hy himsels en syn gesin alles wol ûntsizze, mar it wie him slim yn de wei, dat hja noch nea in foet op it eilân set hie om de tsjinst fan God folslein to meitsjen. Sa soene hja nochris by de paters en har kapelle bidarje. Mar oars wie hja it kleare ljocht, dat yn syn tsjokke tsjusternis skynde mei macht. Doe't Reinders dit tsjûgenis lies, sette er in hiel lyts fraechteken oan de kant. Marci skreau, dat er earst fan de nijljochterije neat ha moast en hy hie der spul oer makke mei Hidde Tjaerds, dy't him discipel meitsje woe. Lykas de apostel Paulus wie er op in stuit bikeard en ridlik gau ôfreizge nei it eilân. De jonkfrou hie him earst yn it doarpke Toan by Husum as dokter ha wollen, mar hja hiene it dêr net stean op it folk fan de jonkfrou en fortrouden sadwaende de dokter net. Dat doe wie er boer op it eilân wurden. Hy pachte fiif dematen lân fan de jonkfrou tsjin de heale rispinge. It buorkjen | |
[pagina 121]
| |
foldie him skoan. Hy hie in krûdetún op syn hiem oanlein en dêr waerd nou al gebrûk fan makke. Sikke Piters skreau ek in testimonium. Sa gau't it by de jonkfrou wie, frege er it werom om der hwat oan to foroarjen, mar Ewoud de Lindt, dy't der oer gyng, woe him dat net tastean, omt er sa wif wie. Al wer dy De Lindt, klage er tsjin de bruorren. Mar ek de jonkfrou wegere, hja sei: ‘Hwat skreaun stiet, stiet skreaun’.
Doe't Nicolaes Henning fan Flensburch in forsyk fan de jonkfrou krige, oft er har ûnderdak jaen koe, loek er ronfels yn de foarholle. Hy mocht de frou Gods net wegerje, as hja op har sindingsreizen wie. Mar hoe koe er it klearkrije, dat syn frou en skoanmem net ergeren, dat hja it wie? Oan de poarte, dêr't er har fan de fuorman Christiaen oernaem, fortelde er oer syn swierrichheden, mar de jonkfrou foun it net slim, hja wie fijânskip, binammen fan froulju, wol wend. Hja sloech har baltsjedoek om de skouders en naem de foarstap, dan folge frou Hase, dy't de jonkfrou biselskippe op har reis en dan hy. Sa barde it, dat hja ûnder frjemde namme by him útfanhuzen, susters yn it leauwe út Sleeswyk. Bot wolkom wiene hja net, hwant Frou Henning en har mem moasten net folle ha fan Nicolaes syn nijljochterij. Henning sels fielde him net noflik, doe't er seach, hoe neigeanich de jonkfrou syn froulju alle stappen efternei seach. Hja fornaem nei de dûmnys en tsjerkerieden fan de stêd en soe hja dy minsken net to wurd kinne, dy't nou al moannen lang tsjin har oan it warskôgjen en preekjen wiene? Wie der mei koarten ek in gearkomste fan it great ministearje? Dêr woe hja hinne om har to fordigenjen en har fijannen it leksum to lêzen. As hja it dêroer hie waerden har eagen spleten, sa hie it fjûr Gods har yn de macht. Mar tsjin him wie hja aerdich en soarchsum en har eagen stiene freonlik, as hja mei him praette. Frou Henning frege har man tomûk, hoe âld hja winliken wie. En op in oare kear: ‘Hoe kenstû dy frou eins? Hwa is hja? Hja lit har bitsjinje, as wie hja de keninginne’. It ûntfoel Henning: ‘Hja is mear as in keninginne’. Doe woe er neat mear sizze, mar it wie ek net nedich. ‘Hie 'k it net tocht?!’ rôp syn frou. ‘Stil’, sei er, ‘jim mem mei it net witte’. Yn it hûs fan Henning hiene der har al hiel hwat toanielen ôfspile, om't er efter dy âld forliedster har rokken oanroun. Wiene har dûmny's net goe- | |
[pagina 122]
| |
dernôch? Hwat die er altyd mei de noas yn har boeken? Fansels, Jelle Eades hie de earste kontakten lein. Hy wie in bêste man, mar sa bluisterich oer syn sabeare mem. Wist er net, dat dy frou houliken briek? De oergemeente koe er sels yn syn eigen hûs wol meitsje. De frou seach har man oan. Hy hie in kleur fan spanning. Hja sei: ‘Dû bist dorn, mar dû bist ek leaf. En fiersto goed, ik fortrou it net’. Hy frege: ‘Giet der gjin hegens en hilligens fan har út?’ Hja antwurde: ‘Der giet wol hwat fan har út, mar oft it allegearre hilligens is?’ Henning seach toloarsteld en warskôge nochris, dat hja neat tsjin har mem sizze soe. Dat hold hja inkelde dagen fol, mar doe't har mem har ris ferge op dy persoan, dy't grif net samar immen wie, en hja krekt argewaesje hie fan it feit, dat hja Nicolaes alhiel opeaske en hy dêr folslein yn meigie, liet hja it har ûntfalle. Dûm frege de mem: ‘En litstû dy sieleforliedster gewurde? Hat hja net genôch kwea to wei brocht, ek by jim? Hy hat it der al oer, dat er nei it eilân wol en hwat moatte wy dan? Earmoede lije en útlake wurde troch Jan en alleman’. ‘Nicolaes hat har noege, ik net’. ‘Op stel en sprong dat frommes de doar út en oars...’ Hja griep in breamês fan de tafel en drige de jonkfrou der oan to riuwen. De dochter skreaude it út, hja koe har mem. Henning kaem op it trelit ta, mar syn skoanmem strûsde him foarby. ‘Der út’, rôp hja, ‘of ik sil dy mei dit mês tofykje’. De jonkfrou waerd net kjel sa to sjen. Hja antwurde: ‘O, fuortynienen wol’. En tsjin Henning: ‘Wy sille gean. Der is gjin hope foar dyjingen, dy't Gods bern net herbergje wolle’. ‘Hjir bliuwe’, rôp Henning lûd. Doe krige er in hoastbui. It wie, oft er him de sillichheit ûntgean litte moast. Oerstjûr raesde er, dat hy baes yn dit hûs wie. ‘Wie dat mar wier’, sei de jonkfrou. ‘Forflokt, forflokt’, rôp Mary Hase, dy't nou ek doarst. Mei de holle yn de nekke fordwounen de jonkfrou en har bern út it keapmanshûs. Henning bistelde op syn rekken in plak foar har yn in herberge oan it merkeplein. Hy forûntskuldige him oan alle kanten. | |
[pagina 123]
| |
De jonkfrou sei: ‘Wie ús fuorman Christiaen hjir noch, wy soene op slach mei him weromride en it stof fan de stêd fan ús fuotten skodzje. Net folle hoop haw ik foar dizze godleaze stêd, mar hwa wit kinne wy noch in kerltsje nôt tusken it weardeleaze tsjêf ûntdekke’. Henning frege, oft er nou noch wol op it eilân fan de silligen komme mocht. Hja antwurde: ‘It plak fan it bern is by de mem. Wachtsje net to lang, de genede kin ek foar jimmer by jo weinommen wurde’ Sadwaende makke Nicolaes Henning safolsto mear avensaesje mei syn ôfreis nei Noardstrân. Gabe Reinders blêdde yn ûnderskate notysjes om, dy't de jonkfrou oer har bern makke hie, hwant hy hie opdracht de dingen to oarderjen. Hy lies en lies en moast tajaen, dat fan it bigjin ôf oan, der altyd spul mei de Friezen west hie. ‘...dat de Friezen hurd binne, docht my gjin nij, sa is har aerd en hja ha it libben net meihawn, mar hja binne net kaem om jild of gemak, mar om de folkommenheit fan har sielen to biwurkjen...’. Dêr bigoun it mei, mar hoe gau wie it foroare! ‘...de kriich mei Frankryk en mei Bommen Bearend, lykas hja de biskop fan Munster neame, koe de Friezen wolris mear jage ha as de bigearte nei it Evangelysk libben. Ik haw tsjin har sein: “Hwa hat jimme hiten it takomstich oardiel to ûntflechtsjen? Jimme njirrebrod!”’ ‘...ik kin dat gepiel net langer oansjen. It fortret my, dat hja myn oandacht altyd mar wer fergje foar har nytlichheden, as hie ik net folle betters to dwaen. As der wer guon fan Noardstrân komme, duldzje ik har net yn myn hûs. Nea binne hja tofreden. As de kij it net dien ha, dan it lân of it ark wol en oars is der fan alles en noch hwat mei it iten. Dit hiene hja oars tocht en dat hiene hja net forwachte. En somlike bern ha in streekje by my foar! It komt noch safier, dat hja har eigen himden net waskje wolle. Hja lykje wol biseten en ik hie tocht, dat hja fan sokke hillige bigearten dreaun waerden...’. ‘...ik haw nou bisletten alle Friezen oan harsels oer to litten, dy't tinke, dat ik har brek bin. De iennichste goede is Jelle Eades...’. En hwerom neamde hja him net, tocht Reinders, hie hy net alles dien om de lânslju del to bêdzjen? Hy hie der by west, as hja gearkomsten holden op jountiden en har galle útspuiden. De paters hiene sein, it eilân wie net fan De Cort en De Cort wie yn it katholike leauwe stoarn en de jonkfrou stribbe in utopy nei. En dochs, hy moast ek tajaen, dat hja ornaris net om neat klagen. Wie it net wier, dat it paradys op ierde op him wachtsje liet? | |
[pagina 124]
| |
Mar it wie geduldsoefening, as hja dat mar bigripe woene. Net om 'e nocht wie de jonkfrou wer op reis gien om nije bern to meitsjen. Hwerom koene hja net fortrouwe, lykas hy die en minder reden as har hie er! Hy lies mear: ‘...dy Fryske murmurearders. Hja binne in frjemd pak, dat wy lang net koene. Guon wolle mei mynhear oansprutsen wurde neat minder as De Lindt, Fan de Felde en Tiellens, de keaplju ûnder ús. Hja binne gewoan folk, boer, nestelmakker, ljochtmjitter of skipper, dat nimmen boppe him fordrage kin. En sille sokken har ûnder de Allerheechste en Syn tsjinstfaem wol deljaen kinne? Hja swypkje inoar op dêrjinsen oer it wetter, ik wit it wol. Hja nimme fan my gjin sedichheit oan, noch fatsoen, mar soene wol wolle, dat ik my har lompens oanmeat. Hja binne fan de Hillige Geast ôfwykt en oer sokken sprekt de Skrift in dúdlike tael’.
Reinders moast de boelbank oprêdde, dêr't er twa moanne lang it opsicht oer hawn hie. De jonkfrou hie nammers bikend meitsje litten, dat hja in heap nijsgjirrige dingen forkeapje woe en Reinders hie har rjochterhân west om hege prizen to meitsjen. Hy hie dat mei dien om't syn ynbringst yn de gemeente sa lyts west hie. Ek Wyts wie sûnder folle jild fuortrekke by in pear skriemende âlde minsken wei, wylst Meindert it oer in eigen saek en trouwen hawn hie. Hwat wiene der in minsken op ta kaem, mar meast om de jonkfrou to sjen en om yn har hûs om to gapjen. Soms wiene hja tige hommels ôfset, as krong it ynienen ta har troch yn hwa har wenning hja eins wiene. En dy dûmnys, dy't sa lang stien hiene to noaskjen by de moaije, kostbre globe Atlantum Majorum, dêr't hy sels sa'n niget oan hie! Har brutale eagen wiene ek oer de jonkfrou gien! Al mei al wie it in goede hannel wurden, hwant nimmen doarst him mei neat ôf to jaen. It rjochte keapmansbloed wie einlings by him boppe kommen. Hy lake as er tocht oan syn dwaen en litten yn de apotheek. Lykwols hie er tinke moatten, dat dit forkeapjen om winst net biskreaun stie yn har kontrakt, wol oarsom. Mar wie it de jonkfrou net om jild foar de takomst to rêdden? Hy hie trouwens ek merkbiten, hoe bigearich hja teld en teld hie. Sa ivrich wie hja foar de Heare. It jild lei nou yn de read mei blauwe kiste. Guon bern hiene mar opsternaet west, doe't har ynbrochte erfskippen yn pûr frjemde hannen oergien wiene. Hiene hja it soms ynbrocht om it to hâlden? Keapman Tiellens kaem de keamer yn: ‘Ik bin raer fan de kjeld’, sei er. ‘Jo kinne better op bêd gean’, antwurde Reinders. Tiellens: ‘Dan krij ik kramp yn de skonken’. | |
[pagina 125]
| |
Der hong in koperen bêdpanne oan de muorre. Reinders waerme him yn it fjûr en stiek him yn de âlde man syn bêd. Tiellens klage: ‘De jonkfrou is boppe kjeld forheven, mar hja hat ek rjochte mienskip mei God. Soms tink ik, dat hja ús tokoarten net bigripe kin’. It bigreate Reinders om him; de boekhâlder fan de mienskip hie it ek net maklik, elk lyts bidrach moast er wiidweidich opskriuwe en wiidweidich forantwurdzje, wylst op elk sifer tongen en oanmerkings makke waerd. Ut goederbêst, dêr net fan, mar him skeaten ek de earme minsken yn it sin. Yn it bigjin fan har wenjen hjir wiene de bidlers yn kloften oan de doar kaem, mar nea hie der ien jefte ôf kind. Hja sloegen it hûs tonei oer en dêr waerd skande oer sprutsen, hwant it hie fan âlds in deugd west om de earmen to bitinken. ‘Eigen skuld, dat hja earm binne’, ornearre de mem. Mar koene allegearre wol oer ien kaem skeard wurde? Hoe hurd koe it libben soms wêze foar guon minsken. Hy lies in brief fan de jonkfrou út Flensburch. Hja skreau oer har ûnderfinings. ‘...nei't wy inkelde dagen yn de herberge toeve hiene, founen wy ûnderdak by Marguerite Sealmakkerske yn de Ingelenburchstrjitte. Wy hopen ûnbikend to bliuwen en hiene foar alle wissichheit ús nammen foroarje litten yn Mary Piters en Anne Jansen. Mar earjuster ha der lykwols twa manspersoanen yn de herberge nei ús frege. Wy tinke, dat it Jan Alberts Marci en Reinier Jans west ha, it tsjinstfamke sei alteast, dat hja de klaeijing fan de Mennisten droegen. Wol it foar my neigean. Jo ha har altomets net op it spoar brocht? Ik hâld Marci nou ek foar in forrieder, dy't mei syn Quakerfreon hjir hinne kaem is om de oerheit op myn oanwêzichheit to wizen. Sokken witte mar al to goed, hwer't hja foar Judas spylje moatte. Nou moat ik wol flechtsje om myn libben, hat God sein’. Reinier Jans en Marci forrieders? Reinders koe it him net yntinke. Hja hiene trouwens wol altyd krityk. En hwat moasten hja dêr oars dwaen? Hie de Geast it de jonkfrou iepenbiere? Dat skreau hja net. Hja soe wol gaueftich thúskomme, mar wie earst noch nei Sleeswyk reizge. Hy koe de twifel net keare út syn oerlizzings. Nea moast Wyts dat fan him witte. As er hjir de forlossing en de frede net foun, hwer dan? ‘Heare, Heare’, bea er út 'e groun fan syn hert. Ien ding bleau, dat God der wie, der altyd west hie en der altyd bliuwe soe. Mar as Hy him net oannimme woe? As God Him oan Antoinette Bourignon iepenbiere, soe hy har nimme moatte, sa't hja har oan har bern foardie. En gjin argewaesje ha, lykas yn de dagen fan it Nije Testamint, de Farizeeërs it fan Jezus hiene. | |
[pagina 126]
| |
De Flensburger dûmny's waerden troch Henning syn froulju gewaer, hwa't der yn de stêd omspaende. De weardinne waerd frege: ‘Hokke froulju ha hjir west?’ Hja antwurde: ‘It wiene forname lju, de iene kaem út Antwerpen, de oare út Hollân. Hja hieten Mary Piters en Anna Jansen’. ‘Hwer binne hja keard?’ ‘By it sealmakkerske yn de Ingelenburchstrjitte’. (Hja hie ûnthjitten gjin adres troch to jaen.) By it sealmakkerske kamen de ôffurdigen fan it Konsistoarium en fregen nei Anna Jansen. Mary Piters stie har lykwols to wurd. Sa gau't hja har seagen, rôpen hja: ‘En hwer is Antoinette Bourignon?’ ‘Dy ken ik net’, wie it antwurd. ‘Kenne jo de profetesse út Amsterdam net?’ ‘Hjir wie allinne in Anna Jansen út Amsterdam, mar dy is fan 'e moarn ôfreizge’. De hearen seagen inoar oan, dat wie moai spile. De oare deis wiene hja der wer. ‘Hwat witte jo fan de dwylleararesse?’ fregen hja, ‘en wyn der nou mar net mear omhinne’. ‘Hja is hillich en kin net dwylje’, sei hja, hwat oerrompele. ‘Faeks hat hja in pear fan har boeken efter litten? Dy moatte wy ha, dat der gjin ienfâldige sielen mear troch op 'e doele reitsje kinne’. Mary Piters skodholle. Mar doe't hja yn har keamer sochten, founen hja ûnder it bêd twa dielen fan ‘It ljocht fan de wrâld’, trije dielen fan ‘It grêf fan de falske theology’, seis eksimplaren fan de ‘Tsjûgenissen’ yn it Hollânsk en noch fiif Dútske manuskripten. Hja diene se yn Frou Hase har koffer en forsegelen dy. Harsels namen hja mei nei de skoalle en fregen har dêr folle net genôch oer har komôf, hwerom't hja in ketterske folge en sa. Mar de fragen, dêr't it op oankaem, wiene: ‘Hwerom ha jo leagene oer jou mem, oer har boeken?’ Hja antwurde: ‘Myn mem hat sels sein, dat ik dat dwaen moast en hja wit hwat it bêste is. En hwat der yn har boeken stiet, leau ik allegearre’. Mei't de fûgel, dy't hja fange woene, har ûntkaem wie, makken hja net folle omslach mear mei frou Hase. Foar sinneûndergong moast hja de stêd forlitten ha. De boeken holden hja, fan de tsjûgenissen krigen de dûmny's elk ien eksimplaer en der waerd ien nei Kopenhagen nei de kening stjûrd. Iensum stie frou Hase bûten de poarte, nei't Henning har forlitten hie. Hja hie him om help frege en hy hie har de herberge bûten de poarte oan- | |
[pagina 127]
| |
wiisd, dêr't hja de nacht trochbringe koe en de oare moarns koe hja net hurdernôch by de sûndige stêd wei komme. Hwat gauwer wie hja by har mem! Mar hja siet boardefol bitinkingen. Hwerom hie har mem har allinne litten? Hie hja dit net witte kinnen? Hwat mear Frou Hase fortelde, hwat koeler de jonkfrou seach, oant hja hast net mear prate doarst, har dingen kamen har sa bilangryk net mear foar. Mar de jonkfrou treastte har ek, dat it mei Gods bern troch lijen nei hearlikheit gyng.
Gabe Reinders bistudearre de jonkfrou, dêr't hja siet to skriuwen. Hjoed die hja it út argewaesje, om't hja har forlies net sette koe. De reis nei Flensburch wie mislearre, de Quakers yn Friedrichstadt gyngen der op foarút en dat koste har bern. Mei it eilân kaem hja net in stap fierder, hoe't hja ek iggewearre. En dy pinne fleach mar oer it papier. Oant hja acht foliokantsjes fol telde, allegearre rjochte oan de magistraten fan Flensburch. Hja makke har út foar strjitrôvers en frouljusskeinders. Reinders mocht it lêze en hy biwûndere de moed fan de lytse frou. Dat hja foar God stie, makke fansels har macht út, mar hie it ek forstanniger west it bihindiger oan to lizzen? Jezus hie alles altyd folle mear mei omtinken sein. Miskien moast dêrom Syn wurk wol troch in frou fuortset wurde. ‘Dêr kinne hja it mei dwaen’, sei er foarsichtich. ‘Johan Hase moat it der hinne bringe, dan kin er syn mem mar wreke’. ‘It soe ek stjûrd wurde kinne’, oppere Reinders. ‘Dan lizze hja it epistel wol njonken har del’. Hja skreau der noch in taheakke ûnder: ‘En wol myn bisittings fuortynienen weromstjûre nei it hûs fan de Hollanners yn de Kreamerstrjitte to Husum’. As koe hja net genôch krije fan it pinnen, kaem der ek noch in klacht by foar de kening fan Denemarken, hear fan Flensburch, oer syn tsjoede stêd. Jitris trije kantsjes.
‘Hwer sit mem dochs oer yn, hwat hja by in frou doarre, litte hja wol by in man’, sei Johan Hase tsjin syn mem en stiek it boarst foarút. ‘Praet dat folk nei de mûle, myn jonge. It brief sil wol dúdlik wêze, dû kinst der troch yn de mesken reitsje’. ‘De geast lit net ta, dat de jonkfrou der omhinne wynt’. | |
[pagina 128]
| |
Frou Hase wie greatsk op har jonge. Hja stoppe him hwat jild ta, om't er fan de jonkfrou grif to min mei krije soe. It wie in moaije, froastige dei mei sinneskyn. Hy fielde nei it wapen oan syn gurdle, hwat koe der mei him barre? Hy seach it ûnfruchtbre lân oer. Aksters wiene oan it nesteljen as wie it al foarjier en it hie krekt Nijjier west. Nou roun er op in hichte, in âlde warf en koe de sé sjen. Hy tocht oan Hamburch, it lei ek by de sé. Hwat in gelok, dat hja nei de jonkfrou tein wiene. Mei hert en siel hong er har oan. Hy kaem by it Riedshûs en joech it brief oer. ‘Hwa hat jo dat brief jown’, waerd him frege, nei't hja him lêzen hiene. Hy bisocht de mannen rjocht yn de eagen to sjen. ‘Jelle Eades, dy doarst hjir sels net hinne’. ‘Jo doarsten dus wol’. ‘Ik haw hjir nea earder west, hwat koe der op my tsjin wêze?’ ‘Wisten jo, hwat der yn it brief stie?’ Hy sei, dat er him net lêzen hie en dat wie wier, mar de jonkfrou hie it him wol forteld. Ynienen waerd er bang, as hja him nou ris pinigen ynsté fan de jonkfrou? Mar dat moast him in freugde wêze. Hja brochten him nei de herberge op it merkeplein en dy mocht er net forlitte. Ien kear dêr tocht er him hwat langer, hwat banger. Hy siet op earewurd, mar lokkich hie er it net lûdop jown, inkeld knikt. Hy trape mar hinne en wer. Op it lêst slûpte er de jachtweide út, foun syn reispûde en spile fan ruten. ‘Jo hiene oars jou earewurd jown’, sei de poartewachter. As in skiep liet er him yn it poartehûs bringe. Doe krige er op de souder fan in hûs, efkes foarby it Riedshûs, in keammerke en de doar kaem op slot. Mar de jouns yn it tsjuster kroep er troch it dakfinster. As in aep hong er mei ien earm oan de goatte en liet him falle. Sa gau't er de fuotten pynlik oan de groun hie, sei immen: ‘Wy ha wol better plak foar jo’. Hy forkocht de flechtling in reis. En wiene hja fan Bourignon allegearre sokke lefferts? Nou kaem er yn de kelder fan it Riedshûs, de fuotten oan it blok. It stedsbistjûr makke gjin haest mei him. Hy krige wiet en droech op 'e tiid en tsjin de rotten by him lieten hja in fokshountsje los. Syn finzenskip duorre oant maeije ta, doe't it stedsfounis oer Antoinette Bourignon fallen wie. Fanwegen de trije wiken, dy't hja yn it geheim yn de stêd wenne hie, soene har boeken, dêr't hja om leagenje litten hie de oare moarns om njoggen | |
[pagina 129]
| |
ûre op de sudermerke forbarnd wurde. Dat moast barre yn it bywêzen fan de bringer fan har skandalich brief en op syn kosten. Hy soe krektsalang finzen bliuwe, oant der, hoe dan ek, bitelle wie. Dêrnei soe er foar ivich út stêd en lân forballe wurde. Hase sloech de skrik om it hert, hy hie binei gjin heale, reade sint mear. Hwat soe de jonkfrou dwaen? En soene hja har wol tynge stjûre? Dy moarns seach er troch in spieet yn it finster it ljocht fan de dei kriemen. It wie fansels merkdei, it plein roun fol. De frou, dêr't sa oer praet waerd, soe yn har eare kronken wurde. Eins foun Hase it biskamsum, dat net hy, mar de boeken yn it fjûr kamen. En doe roun er earmelytsen efter it karke mei boeken oan, de jonkfrou har brief lei der ljocht boppe op. Hja joegen him in plak deun by de brân, dat de fûnken him skroeiden. Hy seach nei it krimpen fan it papier. Hoefolle tiid oan skriuwen en printsjen gyng dêr net forlern?! Der wie in âlde frou, dy't yn de flammen skopte. Hja wie alhiel oerstjûr en rôp: ‘Sels moast hja barne, sels moast hja jiske wurde. Hja kriget alle manlju yn 'e macht. Hja hat ús hiele húshâlding yn 'e fornieling brocht’. Heech waeiden de flammen op. Swarte flarden klibben oan Hase syn klean. Earmelytsen folge er de tsjinners fan it platform nei it Riedshûs, dêr't hja him de rekken oanbeaën. Foar't er antwurd jaen koe, joegen hja him oer oan de boal, yn hwa syn hûs er wenje soe. ‘Wês op jou iepenst’, sei de tsjinner, ‘hy is in baes útkniper’. De boal gniisde. Yn in brief klage frou Hase oer it lot fan har soan, soe de jonkfrou wol alle izers yn it fjûr stekke wolle om him frij to krijen? Hja krige gau tynge werom. ‘...myn leave suster (net bern, tocht frou Hase), de Hillige Paulus birommet him der op, dat er wit hwat útstien hat foar de saek fan God en jo kinne net iens forneare, dat jou soan opsletten sit, mei iten en drinken op 'e tiid, dat ik bitelje moat. Waermte en dekking hat er ek op de apostel foar. Jo wolle, dat ik de rjochters hastich it jild stjûre sil? Dêroan sjoch ik, dat jo der noch lang net oan ta binne my to folgjen. Ik kin myn bern wier net ûnthjitte, dat hja net finzen nommen, gisele of deade wurde sille. Binne jou godstsjinstige redenaesjes dan allegearre praetsjes? Hwa't argewaesje fan my hat, mei him wol ôfjaen...’. Lykwols moast Jelle Eades foar syn mem nei Flensburch. Hja sei tsjin him: ‘Tonei haw ik neat mear oan Hase, helje him mar op en bring him nei Josine, de frou fan de Menniste sidewever yn Utrecht. Hja | |
[pagina 130]
| |
en har man binne krekt ta it leauwe kommen, en hja wie noch wol Roomsk. Jo moatte op 'e weromreis guod meinimme foar klean en sa, lykas jo faker dien ha. Faeks is der ek geskikt hout to krijen ta herstel fan de huzen op it eilân. Jo witte sels wol, hwat ik sahwat brûke kin’. Jelle Eades knikte. Hja forfolge: ‘Dy Josine is fan goede wil en wol graech hwat foar my dwaen. Ik sil har in ryksdaelder yn de wike foar him bitelje. Johan Hase wurdt in djûre knaep foar ús. Hawar, hy kin jinsen foar my fornimme nei de stân fan prosessen en eigendommen. En it is better, dat er syn natuerlike mem net mear sjocht, dy hat forkearde ynfloed op him. Soe der wol ien frou foar it keninkryk doge? Jo kinne ek tsjin him sizze, dat er nei Fan Dam, advokaet yn it East-Yndyske hûs, gean moat, dy kin him riede. Hy is de mignon fan frou Fan de Felde. Dat koe him wolris fan pas komme’. Foar Johan Hase wie dus de ein fan it lijen oanbrutsen. De boal roun mei him nei de poarte. Dêr loek er it swurd út 'e skie, liet Hase de foarste fingers fan de rjochter hân op it skerp lizze en swarre, dat er nea en to ninter wer yn de stêd en de kening syn lân komme soe. Jelle Eades frege him: ‘Hokfor gefoel jowt it, dat der earne in plakje op 'e wrâld is, dêr't in minske net komme mei? Hast gjin oanstriid it efkes to bisykjen?’ Hase seach efterom. De boal stie midden yn de poarte har nei to sjen. ‘O, né’, sei er, mar fielde, dat er wer gjin helt útmakke en foege ta: ‘Alteast fuortynienen net’. Doe bigoun er to sjongen. ‘De wrâld bliuwt rûm’, forûntskuldige er him. Jelle Eades glimke, mar sei ek: ‘Hy sil forgean, jonge man, ik soe mar op it eilân yn de rûmte tidigje’. ‘It duorret sa lang’, klage Hase.
As hearrings yn de tûne sieten hja yn Wyts har keamer, it wie smoar hyt. Hja holden in gearkomste mei guon út Friedrichstadt. Wyts gyng der efkes út, hja hie har nocht fan it theologisear en geklei, en harke leaver nei it rûzjen fan de sé. Troch it finster hinne hearde hja Reinier Jans de minsken oantrunen har oan to sluten by de nije hillige mienskip. Hidde Tjaerds sei: ‘As wy net mear yn ús mem leauwe, hwer bidarje wy dan? En hwer ha jo en Marci efteroan west?’ Marci sei: ‘Wy ha har efterneireizge, om't wy witte woene, hwer't hja op | |
[pagina 131]
| |
út wie, wy fortrouwe eins neat mear. Hwat wie hja fan doel mei it guod fan de mienskip, nou?!’ Gauke Hylkes frege: ‘Net om har to forrieden?’ Mar dat forsmieten hja fier. Reinier Jans sei: ‘Ik haw it mear as ien kear mei har bisocht, mar it is nou út, ik kin net mear leauwe’. It waerd stil, as wiene de oaren kjel wurden, nou't it sa iepen en bleat troch in broer by de namme neamd waerd. Claus Floris wie der ek, alhoewol gjin Fries, wenne er by har yn de buorren oan deselde reed en hja mochten him allegearre like graech lije. ‘Gjin oerhastige bisluten nimme! Sa soene jim de sûnde tsjin de Hillige Geast bigean kinne! Minsken, lit de faem fan God dochs net yn 'e steek’. Reinier rôp: ‘Mar hja lit ús yn de steek!’ Hja fregen Claus Floris, oft hy dan alhiel gjin krityk hie. Hy antwurde: ‘Haw ik myn offer net brocht? Ik haw myn frou, dêr't ik wiis mei wie in bytsje jild jown en har weromstjûrd, doe't hja my kearde yn myn leauwe. Hwa't man of frou leaver hat as My, seit de Heare, is My net wurdich. Hwat ik nou net bigryp, sil ik letter forstean. De folsleinens is op kommende wegen’. Claus Floris seach swart fan it soberearjen en miskien wol fan fortriet, mar hy die letterlik, hwat de jonkfrou sei. Doe waerd der sein: ‘Net lang mear sil it duorje, dan sil Claus de griene seadden fan ûnderen bisjen. Sa't hy libbet, kin gjin stjerlik minske it folhâlde. Hy soe noch net iens mei de discipelen oan de nôtkerlen komme’. Claus sei: ‘Jimme Friezen hawwe hite hollen, rint it efkes tsjin, dan lizze jim al tsjin de flakte. En jim ha sokke lange teannen!’ Op dat stuit kaem Jelle Eades yn om hannel foar de mienskip, mar hja wegeren, hy woe altyd sloaije foar de jonkfrou. ‘Wy en ús bern moatte earst sêd ha’, seine hja. Lykwols gyngen guon fuort om ré to setten, hwat hja ôfstean moasten. Jelle Eades praette efkes mei Wyts bûtendoar. ‘Hoe is it mei Gabe?’ frege hja. ‘Hy frege, hoe't it mei jo gyng’, wie it antwurd. ‘Siz mar fan goed’, sei hja en tôge har swiere lea yn 'e hûs. Reinier Jans wachte op de weromkomst fan de boeren en sei tsjin Wyts: ‘Hja hat op it heden wer alle oandacht foar in majoar fan de hartoch, dy't har skriften lêst. Dan jilde oaren net mear. Hja hat him en syn frou in skilderijke stjûrd, wylst hja foar har bern neat misse kin, mar alles fan har easket’. | |
[pagina 132]
| |
‘Ik haw in ôfskrift fan in brief’. Hy fortelde net, hoe't er der oan kaem! ‘Harkje mar: “...ik hear, dat jo en jou frou graech nei Noardstrân wolle. Wolnou, dan sil ús hûs yn Husum jo wol in pear nachten herbergje. Nim it frijmoedich as wie it jim eigen. Twifelje dochs net. Ik bin fan God. Myn freonen, ik segenje God, dat er ek jim de bigearte yn it hert lein hat om de wrâld mei al syn idelheden to forlitten. Ik omearmje jim yn de geast as myn leave bern yn Jezus Kristus. Fansels fine jim op it eilân de akkommodaesje net, dy't de wrâld biede kin, mar tink oan Kristus, hwat Hy forliet en foun. Ien fan de bruorren, Claus Floris, fan âlds in fornaem man út Hamburch, húsmannet mei syn fé yn in skuorre, jim kinne by him wenje. Dêr binne jim wis fan jim bihâld. Der is molke, tsiis, bûter, der binne aeijen, der binne hinnen, bargen, lammen, dy't jim slachtsje kinne, hwant al it goed is mienskiplik...”’ ‘En hwer komt it op del?’ frege Reinier Jans. ‘Hat hja noch wolris fisioenen?’ frege Wyts. ‘Ik hear der har op't heden net oer’, sei Reinier. ‘Hat hja noch wolris wéën?’ frege Wyts. ‘Wol foar in majoar en syn wiif tink’, sei Reinier smeulsk. Earne hie Wyts fortriet, dat har Gabe noch altyd op it bern wurden wachte. Seagen alle minsken op ien of oare wize net út nei de dingen, dy't har wier lokkich meitsje soene? En as hja nou ris hiel gewoan yn 'e Bibel liezen en it dêr fan forwachten? Fuort nei har komst yn Sleeswyk wie it printsjen Antoinette Bourignon al forbean, mar hja hie der har amper oan steurd. Yn it earstoan liet de oerheit har hwat piele, mar op it pleit fan dûmnys en doe't der gjin ein kaem oan de stream fan skriften en boeken, dy't goede keapwaer wiene foar mannich bakjeman, griepen hja yn. Op in simmerdei kaem de fiskus mei gâns helpers yn it hûs fan de Hollanners en stie de strjitte fol mei nijsgjirrich folk. Keapman Tiellens kearde foar de keldersdoar, mar hja treauwen him maklik oan 'e kant. Sa hurd er koe op syn koarte skonkjes fleach er nei Reinders en dy kaem krekt op tiid om to sjen, hoe't de biisfeinten stikken fan de printerij ta de doar úttôgen. Hy bitocht, hoe goed it fan de jonkfrou sjoen wie om ek yn Sleeswyk en yn Hollân to printsjen. Immen skaeide him foarby mei in earm fol tsjûgenissen, yn de foardoar smiet er de fracht mei in bôge yn de karre foar de doar. In part bidarre oan de oare kant op 'e wei, dêr't it folk der yn omklaude as hinnen yn it foer. Guon setten der al mei fuort. | |
[pagina 133]
| |
Oaren stiene spotsk lûdop der út to lêzen en de haedman liet alles gewurde. Doe waerd der roppen: ‘Dêr komt hja oan’. Har lyts, swart stal kaem mei stadige stappen efter út de gong wei. Hwat tichter by de doar, hwat greater hja waerd. Har kommen wie mei macht, tocht Reinders. Hy kromp suver yn elkoar, hoe soe hja Gods straffen oer dit kweafolk net ynroppe. De profetesse stie op de stoepe. De mannichte waerd stil. Hja wiisde mei in koarte finger en rôp: ‘Wit, dat ik fan God bin. Hwa't my oantaest, taest de Hillige Gods oan’. Immen sei: ‘Nimmen tinkt der oan jo oan to taesten’. En der waerd gnyske. Doe bleau hja stil stean en seach en seach út 'e hichte op allegearre del. Op it lêst frege de haedman har de hûs yn to gean. Hja die it hearrich, mar rôp earst mei heaze stim: ‘Jim bloed mei komme oer jim bern en bernsbern’. Dêrnei gyng hja yn har keamer sitten to skriuwen, as moast hja yn ien dei alle skea ynhelje. Reinders wie har folge en stie foar it finster. Ofladen fol skoude de karre foarby. Papieren waeiden der ôf, boeken ploften op 'e groun. Bern en greaten griepen der nei. Reinders rôp de jonkfrou, woe hja net sjen, hoe't it sied hjir siedde waerd? Hja skodholle en sei: ‘Ik wit it wol, it giet as de wyn, nimmen ken syn wei. Dêrom kin ik my hjir net iens sa drok om meitsje’. Yn it ljocht fan de neimiddei seach er hoe bleek hja wie. Hja sei wurch: ‘Keningen en oerheden keare har tsjin my. En it folk folget har wegen. En wie ik it mar, mar it is God, Dy't hja misledigje’. Reinders stie noch to sjen, doe't er ynienen him kjel omdraeide, hwant Tiellens joech in lûde gjalp. Doe seach ek hy de jonkfrou kroanend oer de tafel hingjen. ‘Hwer is it noch goed foar, Heare?!’ klage hja. Reinders fleach nei har ta: ‘Soe ik it wêze, mem?’ ‘Net ûnmooglik’, antwurde hja en glimke him bimoedigjend ta. Forhearlike holp Reinders har op bêd en stie aloan ré mei kompressen. En it song yn him, hoe slim er it ek foun om syn mem. As er bern wie, soe er alles better bigripe en de fragen oankinne. Hy seach hwat flarden papier foar de finsters lâns waeijen. Alle middels brûkte God. Oant yn fiere geslachten soene har skriften lêzen wurde, alle | |
[pagina 134]
| |
jierren mei it húshimmeljen soene de dingen yn alle gefallen foar it ljocht helle wurde en de Geast wurke, hwer't er woe. Né, oer de takomst fan de gemeente makke er him net drok, mar ek net as de oergemeente langer weibleau as forwachte waerd. Mar hy waerd ek wer mismoedich; syn tinzen sieten ommers boardefol twifelriedigens. Hy bûgde him oer syn mem en lei har in kjessen ûnder de holle.
Doe't Gabe Reinders de keamer ynkaem, siet de jonkfrou mei de hân oan de holle by har skriuwwurk as moast hja neitinke. Mar hja skreau oars altyd foar de fûst wei op de ynjowing fan de Geast. Hwat moast er dwaen? Der kaem gjin biweging yn har. Hy kaem krekt by Wyts wei en dan fielde er him altyd hwat skuldich. Boppedat hiene hja him op it eilân ferge op syn oardiel en hy hie alles net wjerlizze kind. Dat joech noch mear it gefoel, oft er forrie pleegde. Hy hie it him hiel oars yntocht mei it bernskip. Hy hie Wyts nei Claus Floris brocht, dy't hwat út stel wie, en o sa tofreden yn syn sigerige skuorre lei to bibbertoskjen. Syn ynwenners, de majoar en syn frou, hie er noch neat fan heard. Miskien om't der in opstân tsjin Denemarken drige en de majoar net fuortgean doarst? Of der hielendal fan ôfseach? Seach er goed? Skriemde syn mem? Dat bigreate him. Hy herhelle it wurd: mem! Hja hie ek altyd sa forlitten en iensum yn it libben stien. Fan de widze ôf hie de divel har al bineare. En altyd like moedich. In ûnwrigber leauwe yn har ropping, wylst de bern har hieltyd wer ôffoelen. Hoeden sette er him by de tafel del. Doe hearde er har lûdop bidden: ‘Ik skriem net om mysels, Heare, mar om myn doarmjende skiep. Soe de Satan it fan my winne? Soms tink ik, dat ik de bern, dy't ik mei sokke swiere smerten helle haw, wer útspuije moat. Ik kin net altyd mei pleitsjen trochgean, wylst Jo al lang forsmite woene. Myn bern, dy't sokke moaije tsjûgenissen skriuwe koene! Lokkich dat se swart op wyt steane, hwat soene hja der net oan foroarje wolle!’ Hommels frege hja Reinders: ‘Hoe wie it op it eilân?’ Hy antwurde: ‘Claus Floris is in toanbyld fan in bern’. Hja seach bliid en knikte. Hwat like hja jong sa! Der waerd op it eilân | |
[pagina 135]
| |
grute, dat har lêste portret it konterfeitsel fan in heks wie. Né, dat like der net op. ‘Mar de oaren?’ woe hja witte. Hja forwachte gjin antwurd en hy hold him stil. ‘En jo, Fries, hwat sizze jo?’ frege hja. ‘Ik leau’, sei er ienfâldich. Hy miende it op dat stuit. ‘Ik sil jou leauwe bisykje’, antwurde hja. Hy waerd kjel. Altyd, as der hwat dien wurde moast, gyng it tsjin Wyts en hja wie der noch lang net oerhinne, dat hja in dead berntsje hawn hie. De jonkfrou folge syn tinzen blykber, hwant hja frege: ‘Wie it bern fan jo?’ Wer forwachte hja gjin antwurd: ‘It kin in bitsjoening west ha. Ik wie om en by jo en dochs hat de Satan kâns sjoen’. Dit koe Reinders net ha. Alle goede gefoelens fan niis sakken wei. Wyts moast geef as kryt wêze, oars bigriep hy neat mear. De jonkfrou hie wolris tajown, dat hja de dingen net altyd like klear en dúdlik seach en dêr hold er him mar oan. ‘God sil jo frijmeitsje’, sei hja. Der glied in skaed foar it finster lâns. Ien fan de dûmny's fan Husum! Efkes letter kaem er wer foarby, hy loerde yn de keamer op en slûpte wei oer de stoepe. De jonkfrou wachte efkes en sei: ‘Niis ha jo my yn triennen sjoen. Dat hie ek in oare oarsaek. God wol my nou wer nei Sleeswyk ta ha, wylst ik my hjir sa graech deljaen woe, tichte by myn eilân. Dat skaed fan niis wie in bifêstiging. Hja wolle my finzen sette en deadzje. Ik bin net mear fortroud hjirre. Ik bin ek net fortroud ûnderweis, seit de Heare. Dat komt, om't ik de wierheit foarstean en hja moatte it fan leagens ha. Hjoed noch moat ik flechtsje en jo moatte myn biskermer wêze. Lykas Jezus wol tusken syn fijannen trochglûpte, sa moatte wy ek stil weiwurde en gjin spoar neilitte. Jo tsjogge Jelle Eades syn skippersklean oan, dy't hjir yn de kast hingje en ik forklaei my as in boerinne, dy't nei de merk ta west hat’. Reinders frege: ‘Mei Wyts it witte?’ Hja sei: ‘Né, hurde Fries. Of moatte Gods plannen oan diggels falle?’ Swijend die Reinders, hwat him hjitten wie. Hearrich moast er wêze, hwat hie it hiele bernskip, dêr't er sa wiis mei wie, oars to sizzen? Dêr't striid wie, wie libben. Hy wie noch oan it klaeijen, doe't hja al ré by him stie. Hja lake, dat er de knoopkes net fêst krije koe en holp him dêr ta. | |
[pagina 136]
| |
‘Nea hie ik tocht, dat myn apotheker foar itselde skipper wêze koe’, sei hja, ‘en hoe bin ik? Fij, dat ik noch gekheit meitsje kin’. Hja wie in lytse, krigele boerinne mei in greate koer oan de earm. ‘Hiene jo net better skippersfrou wêze kind?’ frege er. ‘De klaeijing ûntrint inoar net folle’, sei hja hwat stroef.
It wie moai kâld. De skierroeken sieten yn de fearren dûkt op it iis. Ien siet op in hikke en kraste sa skerp, dat Reinders skrouske, mar de jonkfrou mocht it graech hearre, hwant sa ûnmachtich kraste de divel nou ek. Hja helle in dolk út it split fan har rôk. ‘Dy helpt net tsjin de divel’, sei hja. Hja seach hyltyd efterom en yn elk minske miende hja in forfolger to sjen. Ien dwercheftige figuer hie hja it alhiel net op stean. ‘Tink om dejingen, dy't tekene binne’, sei hja. Yn in herberge rêstten hja út. Yn de rûchhouten tafel wiene initialen fike. In selskip fan trije manlju skikte by har oan. Reinders krige de wink, dat er net op har praet yngean moast. Hja foege him inkelde wurden ta yn it Frânsk, dy't er sahwat bigriep. Doe frege immen, oft hja in Frânske wie. Neigeanich seagen hja nei har yn har boerinneklaed. Hwerom lokke hja soks ek út, tocht Reinders. Hy gong foar in finster stean om yn it waer to sjen, leaver soe er trochreizgje wolle, mar it waerd al tsjuster en de jonkfrou soe wol wurch wêze. Hja kaem efkes by him om him yn it ear to lústerjen, dat hja socht waerd, dêrom fergen hja har op 'e tael. Doe wie hja wer by him wei. Hy hearde de weard freegjen: ‘Is dat jou man?’ En har antwurd: ‘Ja’. Letter lei hja him út, dat hja gjin leagen sprutsen hie, it wurd ‘man’ hoegde net troud man to bitsjutten. Mar nou't it ien kear sa knipt wie, moast it ek sa naeid wurde. Biskamsum stoep Reinders efter har oan nei de keamer, dy't de weard har oanwiisde. ‘Doch de doar op slot’, sei hja, mar der siet net in slot op. Hy stelde út, dat hja op it bêd lizzen gean soe, hy koe wol op in stoel sliePe. Hja foun soks net forantwurde, dan soene de minsken mei rjochten neigeanich wurde. ‘Hoe moat it dan?’ frege Reinders. Hja antwurde: ‘Hiel gewoan, wy geane togearre op bêd. As hja sjogge, | |
[pagina 137]
| |
dat wy by elkoar sliepe, tinke hja net mear oan in jonkfrou Bourignon. Jo sjogge de naden yn it skod ek wol? En oars dogge hja de doar wol iepen om to sjen. Jo hoege de klean net allegearre út to lûken, dat doch ik ek net. Nimmen sil it nuver fine, as reizgers mei de klean oan op bêd lizze’. ‘En as de gemeente it heart?’ ‘Ik bin de gemeente. Myn bern tinke gjin kwea fan my en de oaren tinke gjin goed fan my, hja lesterje út soarte. Mar der kinne minder dingen fan jo ferge wurde as om njonken jou mem to sliepen yn de tsjinst fan God. Binne manlju en froulju net lyk foar God? Der sil net troud wurde yn it keninkryk!’ Reinders hold de eagen de oare kant út, doe't hja in pear rokken útloek en har it earste deljoech. Hy skamme him om syn ûnreine tinzen, syn mem wie suver as goud. Doe't er foarsichtich oan har griene side, dy't iepen holden wie, lizzen gyng, stompte hja him oan. ‘Hearre jo wol eat by de wand lâns striken?’ Hy lei mei de earen frij to harkjen, mar neffens him wie der neat. Sa't er lei fielde er har waermte yn syn lea oplûken. De jonkfrou klage: ‘Ik haw op it forsideplak foar dieven en moardners skûlje moatten en nou liz ik mei in man op bêd, wylst ik nea mienskip mei ien man bigeard ha. De Heare bisiket my wol’. Hy hie har stim altyd graech biharke, mar nou woe er wol, dat hja mar stil wie. Hja forlike mear dingen út har libben, soms koe er it forhael, soms wie it nij foar him. Hja jeuzele mar oan en wei en hy woe sliepe om nea mear to witten. As Wyts dit hearde? Hommels kearde er him om mei de rêch nei har ta, mar hja draeide har deselde kant oer en praette troch. It swit briek him út, de klean stieken him as spjelden. Hy skeukte en doarst net. Ek moast er der in pear kear ôf en dan praette hja ek noch troch. Hja moat skriuwe of prate, oerlei er suchtsjend. ‘Myn stienmem hat nou alle bisittings yn Ryssel, hja en myn healsusters ha al myn goed bytsje by bytsje nadere, hja hiene it stedsbistjûr oan har kant. En de oarloch spile har moai yn 'e kaert’. Hy moast tinke, dat hja it wolris oars forteld hie, mar de dingen foroaren ommers ek sa faek yn dizze rûzige tiden. Reinders bearde dat er sliepte. Hja eamele noch hwat troch, mar op it lêst hearde er har snoarkjen en dat die him hwat. Hy suchte forrûme. Lokkich fielde er wer it âlde, sêfte, en forearjend gefoel foar har. De faem en frou fan God en likegoed ûnderwurpen oan de natuer as allegearre. Wyts har sliepen wie oars, eins moaijer. Hja lei ek minder swier op it bêd en dochs wie de jonkfrou noch altyd mar in fearrepak. | |
[pagina 138]
| |
De moarns waerd er wekker, mei't er in earm op him fielde. Foarsichtich treau er dy oan 'e kant. En lei mei langst it kriemen fan de dage ôf to wachtsjen. It wie in lange wei nei de folkommenheit moast er tinke. Ynsté dat it eilân fan de silligen neijerby kaem, like it wol yn de fiere kime fan de takomst wei to sinken. Doe hearde er syn mem sizzen: ‘Wy sille noch folle mear skiftsje moatte, wolle wy, ek as gemeente, hillich mei en foar God forkeare kinne. God hat sein, dat wy banne moatte’. ‘En tink der om, dat hja my ek yn Sleeswyk net herkenne meije. Sa fier is it al kaem!’
‘Der moat band wurde’, sei de jonkfrou, ‘oars komme wy gjin stap fierder’. Om de roune tafel fan har hûs to Sleeswyk sieten fjouwer apostels mei Gabe Reinders, Jelle Eades, en Nicolaes Henning. De lêste hie einlings, en krekt op tiid, sei de jonkfrou, frou en skoanmem forlitten om de jonkfrou oan to hingjen. ‘Lange jierren haw ik to goed west, sei de Heare. Oan folgelingen gjin brek, mar hokke! Der binne al hiel hwat foar ús doel opstrûpt, hja sille oan de Satan gjin myld hear ha. Mar dy't hingjen bliuwe om gewin of út ûnbiskamsumens binne gefaerliker’. Hja boarte mei in kraeijefear, dy't hja altyd brûkte foar it forsieren fan har skriuwwurk mei har wapen fan de leelje nei de frânske namme fan har bertestêd. Hja glimke tsjin har bern: ‘Wy ha mar skrael buorke. Altyd wie der wol hwat. Sykten ûnder it fé en yn it gewaechs en luije minsken. Bûten it eilân liket it efkes better. Party wachtsje op in teken fan my om to kommen, sille hja skielk ek sa bitûmelje? Ik tink oan de forneamde Jan Swammerdam. Nei ús lange briefwiksel wit er nou wol, dat by my geleardheit en wittenskip net meitelle. Gau is er ryp foar ús mienskip, mar hwat fynt er hjir dan? Manlju, to slap om har froulju oan to pakken. Hy is sels net boaske lokkich. Yntusken groeit de haet fan de wrâld. Op de kânslerij wurdt oanstien op ús forballing en net inkeld troch de dûmnys. Hie ik myn pleiter dêr net, ik hie al op 'e brânsteapel stien en it nou better hawn. Dy pleiter hie al by Claus Floris wenje sillen, mar by de hartoch docht er op 't heden mear nut, haw ik tsjin him sein. | |
[pagina 139]
| |
Myn folk lit him bilêze troch de rabberijen fan de Oratorianen, as soe myn bern De Cort my bidragen ha. Ik freegje, hoe hie ik him dan as in Hillige yn de himel sjen kind yn kostlike klean? It is wier, syn grêf ha hja yn de kapelle, mar it wie syn eigen kapelle, soe er dêr net sliepe meije oant de jongste dei? Lang haw ik yn my omgean litten mei myn bern nei Palestina to tsjen, mar dat is ûnleauwe, seit de Heare. Op it eilân sil it wêze. Dêr moatte wy op syn fûlst foar arbeidzje. Elk, dy't in pinne tille kin, moat skriuwe, oaren moatte printsje. Ik sil sels noch hurder oan de gong as ea to foaren. Ik sil ek in koart bigryp fan myn lear opstelle, dat forspraet wurde kin tsjin de lester. Mar alderearst moatte wy it eilân suverje. Op it stuit is der immen, dy't ik dêr net duldzje kin. Henning, fortel it mar’. Henning kochele efkes: ‘Yn de koarte tiid, dat ik hjir bin, wylst ik ek noch faek siik wie, haw ik wol al de tsjoenderijen waernommen, dêr't ús mem op doelt. Sels by de fromme Claus Floris leine de skiep in kear dea oer de telle’. Reinders forsiet. Dy bisten stoaren fan to min foer! Doe hearde er de namme fan Gerryt Willems, de mouner, syn frou. Hy moast neat skine litte. ‘Mûlk binne der mear tsjoensters?’ frege de jonkfrou noch. Henning skodholle, hy soe it net witte. Reinders suchte. Doe spriek hja har apostel Fan de Felde ta: ‘Jo ha de lieding, jo witte, hwat der barre moat. En sparje de rottige apel net, dat net alle leden oanstutsen wurde’. Der wie geskreau fan jongfolk bûtendoar, hja bounzen op de finsters om. De jonkfrou sei glimkjend: ‘It teken, dat de wrâld ús útsmyt en dat God ús oannimt’.
Confessio Nordstrandia, skreaun foar de hartoch fan Sleeswyk as fordigening tsjin safolle lesterlike oanklachten troch Antoinette Bourignon. Kêst ien. Antoinette Bourignon leaut alles, hwat in wiere Kristen leauwe moat. Kêst twa. Hja is yn de Roomsk Katholike Tsjerke doopt en fierder leaut hja oan: Kêst trije. it Apostolikum. Kêst fjouwer. Hja leaut oan de wiere God en de wiere minske Jezus Kristus, de Forlosser fan de wrâld. Kêst fiif. Hja leaut oan de hiele Hillige Skrift. | |
[pagina 140]
| |
Dit epistel waerd oerset yn it platdútsk en it heechdútsk en skielk soe it noch yn oare talen syn wei fine. In delegaesje sette nei Noardstrân om dêr it oardiel oan to sizzen oan Gerryt Willems syn frou. Jelle Eades sei, dat de moune mar in goed sin hie. Hja seagen him nammers yn de fierte al draeijen. De oaren neamden de straffe wyn, mar diene der fierder it swijen ta. Oant Reinders opmurk, dat hja mar in nuver boadskip hiene. De Lindt antwurde: ‘Soe ik net haetsje, dy't Jo haetsje?’ Tiellens sei: ‘It is net sa ienfâldich om by de silligen to hearren’. Henning krige in hoastbui, hy koe de kjeld mar min forneare. Waer noch wyn mocht oars ynfloed ha op it wolwêzen fan de bern. Jelle Eades bigoun to sjongen fan God, Dy't Syn haters hein en fier forstruije soe. Hy wie de earste, dy't oan wâl sprong. Fiifrisom gyng it oer in sânreed tusken beamwâllen troch op de mouneroeden ôf. Hja seagen de mouner in swiere fracht ta de moune úttôgjen. De hurde wyn boarte yn syn bosk giel hier. Hy kaem op it folk ta en stiek har de hân ta, mar Fan de Felde wegere mei him to fûstkjen. ‘Der is in ban yn it leger’, sei er. ‘Is it gjin frede?’ frege de mouner. ‘Net salang't de tsjoensters foar master opslaen’, antwurde Fan de Felde. ‘Amen’, seine guon oaren. Gerryt Willems fage hieltyd de hannen oan de kile ôf. As wie er al op 'e hichte, gyng er har foar nei syn hûs. De frou stie by de wasktobbe, de bern boarten in eintsje fierder, mar kamen op it frjemdfolk ta. Reinders stelde foar himsels fêst, dat hja de wask yn alle gefallen net mei tsjoenen skjin krije koe. De frou woe de bisite hwat oanbiede, al wie der net folle. Dit lêste sei hja mar sneu. ‘Wy sille wizer wêze’, sei De Lindt skerp. En seach har spotsk oan. ‘Great gelyk’, antwurde de frou, ‘it is de muoite fan it ynnimmen net wurdich’. Hja seach nei it swaeijen en swieren fan de wask yn de wyn. ‘En as dy bytsjes ek noch bitsjoend binne...’, fordúdlike De Lindt oerboadich. Hja lake húnsk en seach har man oan om stipe, mar hy sloech de eagen fordel. Doe foel de frou tsjin him út. Reinders foun har kreas sa mei dy felle eagen. Wyts koe ek sa sjen, as hja lilk wie. Soe it wier wêze fan dy frou? As de jonkfrou net alhiel wis wie, soe hja har dochs ek sparre ha like goed as Wyts. | |
[pagina 141]
| |
Hja rôp: ‘Sa gau't wy hjir wiene, woe ik al werom, mar dat soe en dat mocht net. Hie my gean litten! Dû kinst it dochs net fine, hjir net, jinsen net en nearne net. Dit is net goed en dat doocht net, sa is dyn godstsjinst. En praet my net oer dat wûnder fan in minske’. Hja helle de noas op. De Lindt rôp: ‘Dat wûnder fan in minske gebiedt jo har eilân to forlitten’. ‘Har eilân? It soe hwat! As hja my hjir wei ha wol, moat hja my hjir wei drage litte. Hjir min ik by myn man en as dat neat seit, dêr steane myn bern’. ‘Wolle jo net yn goedens, wy sille it mei twang bisykje’. Hja seach wer nei har man: ‘Dû seist neat. Fansels net, dû bist in sokses, dy't him troch in kweawiif bitsjoene lit. Dy fisioenen en stimmen fan Bourignon binne leagens. Hwat hja leart, ha oaren foar har leard. Freegje de godlearde paters mar. Der is mar ien tsjoenster op de hiele wrâld en dat is hja!’ Reinders moast tinke oan boeken, dy't er foarhinne wol lêzen hie, fan Böhme en oaren, der siet hwat yn dy frou en de paters har sizzen, allinne, allinne..., mar doe seach er biweging fierderop yn de leane. Wyts? Fan de Felde sei suskjend: ‘It boat leit ré, kom mar mei’. ‘En de bern?’ frege hja, dimmen nou. De Lindt sei strang: ‘Dêr rêdde wy mei’. De frou rôp: ‘Ik gean nei de paters!’ Hja draefde hurd fuort, mar Jelle Eades kearde har. Ek bigounen de bern to skriemen, dat hja kaem werom. Reinders sei: ‘De bern hearre by de mem’. Gerryt Willems knikte. Dat wie alles hwat er die, doe't de mienskip him syn frou ôfnaem. En syn antwurd oan de skriemende frou, oft er wiif en bern sa maklik ôfstean koe: ‘Ik leau yn har. Hja wit it wol. En God wit it wol’. ‘Oaren binne nei Friedrichstadt gien’, antwurde hja, ‘Dêr foarmje hja ek in hillige mienskip; lit ús dêr hinne gean’. Jelle Eades sei: ‘Alles moatte wy foar ús mem en de mienskip oer ha’. De frou lake: ‘God is wizer’. Doe seach Reinders Wyts al tichtby. Frou Willems rôp har yn 'e mjitte: ‘Hja moatte my banne’. ‘En de bern?’ frege Wyts. ‘As ik myn bern net mei ha mei, smyt ik my sels foar har skealke eagen yn de sé’, rôp de frou. ‘En nei it wetter komt dan it fjûr’, sei De Lindt. De froulju stiene deun njonken elkoar. Wyts naem de bern ien foar ien | |
[pagina 142]
| |
beet en tute se. Reinders moast tinke, hoe't hja har eigen misse moast. By in frou wie dat noch oars as by in man. Doe stoep de frou mei har bern fuort nei de haven ta. De donkere figuren fan har rjochters folgen. Reinders bleau stean om mei Wyts to praten, mar hja wie it hûs fan de mouner yngien. Moedeleas stoep er de stoet efternei. Leaude er eins noch wol? Soe hy it greate leauwe fan Gerryt Willems opbringe kinne? Dêr kaem Wyts dochs noch efter de frou oan, in pakje yn de hân. Fansels, nimmen hie der oan tocht, dat in frou rêdding ha moast. Of wiene hja fan bitinken, dat dat net nedich wie foar in tsjoenster? Einlings seach Wyts efkes nei him. Hja knikte. ‘Dû hearst oan dy kant’, sei hja. En doe't er sa ûngelokkich seach, sei hja: ‘It komt wol goed, ju’. Reinders folge stadich syn selskip. Wyts rôp noch: ‘Ik sil soargje, dat hja har it oare efternei stjûre’. De jonkfrou en Reinders sieten oan de tafel to skriuwen, doe't Jan Swammerdam der yn kaem en de groetnis fan it eilân oerbrocht. Reinders hold op mei it wurk, hy woe sa graech mear witte, mar de jonkfrou skreau stûf troch. Oant Swammerdam har foarsichtich frege, oft hja wol wist, hwat der op har hûs skrast stie. Doe kaem de jonkfrou hastich oerein en drafke foar de manlju út der hinne. Foar de ûnbihouwen brune letters op de grize muorre bleau hja stean en lies: ‘Hodie mihi cras tibi’. ‘Hjoed ik, moarn dû. Tink der om datst stjerre moatst’, fortaelde Swammerdam. Mei de mûle stiif tichttreaun, fordwoun de jonkfrou wer yn 'e hûs, hja joech keapman Tiellens opdracht it der fuort ôf to bjinnen. Reinders frege him ôf, oft hja it Swammerdam soms kwea ôfnaem, dat hy Latyn koe en hja amper. Hja sei: ‘Nou wolle jim dochs wol leauwe, dat hja my nei it libben steane? Doe't de hege God sels it sei, woene jim it sa slim net ha!’ Swammerdam gyng der net op yn, mar fortelde: ‘It liket my ta, dat de hartoch flechtsje wol, hja makken allegearre risselwaesjes en ik haw ek mei de majoar praet! De kening fan Denemarken moat der oan komme om de hartoch foar syn opstân to straffen!’ De jonkfrou, biret, gebea: ‘Swammerdam, gean nei it majoarske en freegje, oft ik net mei kin as selskipsdame. It Godsryk stiet of falt mei my. De kening fan Denemarken? Hy komt oars nearne om as om my en myn bern. Hok in brief skreau er my net!’ Hja sloech oan it pakken, út en yn, yn en út, as wist hja sels net, hwat hja | |
[pagina 143]
| |
mei ha woe. Doe frege hja Reinders, oft dy har net in wein mei guod efternei bringe koe en Reinders ûnthiet graech, bliid, dat er net op slach mei hoegde. Tûzen en ien boadskip joech hja him nou. En alles mar hurd, hurd! Reinders hearde de stim yn him, dy't er de lêste tiid gauris heard hie: ‘Hja is in forsin, in forsin!’ Hy gyng der net mear tsjin yn. Hy woe allinne noch nei Wyts en de bern. Hoe't hja him by syn weromkomst yn Frjentsjer as forliezer útlaitsje soene, dêr woe er net iens oan tinke. De oergemeente? Hy koe net ûnder wurden bringe, hoe slim't er it foun, mar yn Jezus' dagen wie dy ek al mislearre. Hy fielde him lykwols frij. As hie er de longen fan in reus krigen, sa djip, mar stadich helle er yn. Doe fornaem er, dat de lytse frou nei him stie to sjen en hy fielde him de ûndogenske jonge, dy't op in fyt bitrape waerd. Oant ynienen dat gefoel fan toloarstelling wer de oerhân krige, in djippe woune, dy't nea wer hielje soe. Immen frege, hoe't it mei it iten moast, mar dêr woe de jonkfrou net iens oer prate. Swammerdam kaem werom, it majoarske foun it net forantwurde de jonkfrou mei to nimmen. ‘En de majoar sels?’ ‘Dy wie al fuort’. ‘Al wer in forkearde frou’, klage hja, ‘mar ik mei myn libben net weagje. Yn de finzenis soe ik, swartseldoaske, mei in wike al wei wêze. Ik siz jim, meitsje it ritúch ré. Wy ride efter de stoet oan. Hwa kin ús dat bilette? Rop Jelle Eades en keapman Tiellens en noch hwat sterken ûnder myn bern’. Der waerden in pear kisten yn de wein laden. Dy mei it jild wie der ek by, seach Reinders, mar it die him neat mear. ‘Kom’, rôp de jonkfrou, ‘en tink om de roeren!’ Mar sa hastich barde it dochs net. ‘Hoe komt it nou mei it eilân fan de silligen’, frege Reinders. ‘God lit net farre de wurken fan Syn hillige hannen’, antwurde hja. ‘En lit de frou fan God it wurk fan har hannen wol farre?’ Har biwegings wiene koart en rimpen. ‘As ús mem de skuld fan De Cort ris bitelle hie?’ waerd der frege. Nimmen wist hwa't it sein hie. Mar dy fraech libbe yn allegearre. ‘Safolle bern haw ik to gau oannommen as myn bern’, antwurde hja, ‘hwa't it net mei my iens is, wolnou de wrâld is rûm. De discipels koene | |
[pagina 144]
| |
net ien ûre mei har Hear weitsje, mei my kinne hja net in healûre wekker bliuwe. Ien fan Syn minsken hat Jezus forret, hoefolle soene net by my as Judas tsjinje wolle om folle minder jild. Neat fan hwat ik doch, doch ik bûten de Heare God om’. Reinders seach ynienen it eilân foar him. Hja wennen faek op hichten, dêr't de wyn oan alle kanten frij tagong hie. Claus Floris hie it kâld, mar klage net. Doe moast er tinke, dat de jonkfrou eins in harem fan manlju hie. Hy wie der ien fan, hy hie sels by har op bêd lein. Of soe hy de Judas wêze moatte? ‘Ek by jim binne Judassen’, rôp de jonkfrou. Wer tocht er, dat hja yn him lêze koe. Hy miende stimmen to hearren: ‘Bin ik it, myn mem? Bin ik it, myn mem?’ Hja socht tusken har brieven nei in adres yn Hamburch, dêr't hja nou hinne woe. ‘De la Coste’, sei hja op it lêst, ‘hy is it. Hy hat faek skreaun. Ik mocht him oant nou ta net antwurdzje. Faeks is it nou Gods tiid foar him’. Ungeduldich stie hja de loft ôf to dikerjen. Der kaem in brede wolkenbank as in rjochte wei út de kime. In binearjende, driigjende gloede hong der oer de ierde. Reinders fielde him net rêstich. Soe God in baen yn de loft makke ha om har de wei to wizen? Súd-noard roun de bank. As hy op de forkearde wei wie, soe God him fine. De jonkfrou sei: ‘De apostels moatte dit hûs en dat yn Husum biwenje, hja moatte myn folk op it eilân mei rie en die bystean, mar ik bineam Claus Floris ta gouverneur oer Noardstrân. Swammerdam kin de siken bimasterje, mar jow har gjin medisinen, skriuw leaver in sober dieet foar’. ‘Hodie mihi, cras tibi! Memento mori’, sei hja, ‘kom om my hinne om mei my to bidden’. Fan hastigens stroffele hja oer har wurden. ‘Heare God, it oardiel stiet foar de doar en wy moatte flechtsje. It ûnthjitten lân ha jo my sjen litten, mar ik mocht der net yn. Hoefolle jierren moatte wy yn de woastine omdoarmje? Mar wy bûge de holle foar Jo en net foar de minsken, dy't inkeld it lichem deadzje kinne. Lit Satan gjin jûchhei útslaen. Sljochtsje de wei nei it lân, dêr't it oardiel net komme kin’. Reinders die de eagen efkes iepen. Hy hie in nuver gefoel oer him, as wie er genêzen fan in lange sykte en bang him oan de sounens oer to jaen. Mar hie er net safolle jierren forgriemd? En doe, ynienen seach er lyk yn de eagen fan de jonkfrou. Hy hie it witte kinnen, hja bea wol faker mei de ea- | |
[pagina 145]
| |
gen iepen. Hy soe sines delslaen, mar bitocht him, in tel stûke har gebet. Hy glimke nei har en hja glimke werom. En hy wie sa bliid. Nei it ‘amen’ gyng hja foar har minsken stean en loek in lange swarte mantel oan. Hja naem it guod yn beide hannen en skuorde der oan. ‘Sa't ik dizze mantel wol forniele woe, sa mei fornield wurde dejinge, dy't myn wurden yn de wyn slacht. Kinne hja de mem net krije, hja sille har mei de bern geneare. As swarte ûngeloksfûgels sitte hja to krassen oer in swakke frou, mar hja witte net, dat hja sa sterk is as ierde en himel meiïnoar. Moat hja de marteldea stjerre? Sil God har as Henoch en Mozes weinimme? Altyd sil it wêze úteinlike forhearliking. Mar, o, myn earme bern!’ ‘Ik bigryp der neat mear fan’, sei Jan Swammerdam, doe't it selskip fuort wie, ‘ik hie tocht by dizze frou it wiere libben to finen yn de tsjinst fan God. Ik wie sa bliid, doe't ik mei keapman Tiellens hjirhinne reizge, mei't wy inoar yn ytlike brieven skreaun hiene en hja my einlings berne hie. Theology studeare barde om eare en foardiel, sei hja en ik koe har gjin ûngelyk jaen; it dokterskip wie net folle better, de dokters makken mear minsken fan kant as de boalen. Ek dat oardiel kin ik wurdearje. Myn anatomy holp ek net ta it ivich libben en blommen en flinters sykje wie bernewurk, my stie ek yn de wei myn nijsgjirrigens nei ynsekten en oar lyts djierte. Dat allegearre haw ik doe oan kant dien en nou giet hja by my wei. In freon hie my noege om mei nei Italië ta om dêr ûndersikings to dwaen, ek dat hat hja my ôfret. Ik mei net fuort, mar hja wol. Lykas wenst is ûnder gelearden hie ik ek krityk op har, mar dat wie wol sa mis. Ik moast doe sels foar de twadde kears oan har poarte klopje. En dochs! Hja hat eat, dat ik by nimmen oars foun haw, de bisieling strielet út har wêzen en hwerom soe hja net strang wêze foar har bern? It is wier, dat myn wittenskip my yn 'e wei stiet’. Reinders antwurde: ‘Jo kinne har wol neireizgje mei de wein, der is wol in fuorman. Ik wol hjir leaver bliuwe. My stiet in frou yn de wei. En dat is wol sa slim’. Swammerdam forfette: ‘Mei Folkert fan de Felde haw ik nei Kopenhagen nei de Deenske kening west, om in frijbrief foar har. Dat witte jo tink net, mar hja hie al lang yn de holle om hjir wei. Is dat wol leauwe? De kening woe der neat fan witte, wy binne dêr fan in rare merke thús kaem, sa'n frommes moast de wrâld út, liet er ús witte. Dat, ik moat har gelyk jaen, as hja nou flechtet’. Reinders sei: ‘Miskien kin ik wol immen oars foar de reis fine, as jo net wolle’. Swammerdam antwurde: ‘Mar ik wol wol’. | |
[pagina 146]
| |
‘Oare minsken, oar lân mei fé en blommen’, sei Reinders. Swammerdam loek oan de skouders: ‘Jo twifelje ek’, sei er. ‘As de jonkfrou fuort is, doarre wy’, antwurde Reinders hwat tryst. Swammerdam: ‘De Bibel is it wiere wurd fan God, al wurdt it ûngelyk útlein’. ‘Dan binne wy noch gjin skiep sûnder hoeder’, sei Reinders, ‘mar forfalle wer yn de hannen fan de dûmnys. Siz yn alle gefallen mar tsjin har, dat ik nei Wyts ta woe. En fierder, oeral is God. Dat moat ik tsjintwurdich wol gauris tinke en der is nimmen, dy't my dat ûntstride doar’.
It wie bigoun to miggelreinen. Reinders woe hurder as er koe. Net inkeld om't der op 't heden noch mear rûch folk omroun as oars. Op it eilân wie feilichheit, mar dêr bikroade er him op it stuit net om. Hy klom efkes op 'e sédyk, it eilân lei dêr, in brede stripe lân tsjin de loft oan. Doe seach er Hidde Tjaerds mei Marci en Sikke Piters. ‘Hwat sille jim?’ frege er. Mar Marci rôp: ‘Is de kûgel troch de tsjerke?’ ‘Hja is op reis nei Hamburch’, fortelde Reinders. ‘En moasten jo it ús sizze? Wy witte it al’. ‘Eins moast ik efter har oan mei in weinfol guod’. ‘Har guod is uzes meiinoar!’ Hy gyng dêr net op yn: ‘Swammerdam nimt it waer’. Marci sei, dat de skellen him ek wol fan de eagen falle soene. Of litte se altomets al los? Ryklik let! Sa raer't der net mei syn houlik omsprongen wie. ‘In Quaker wurd ik net’, antwurde Reinders, ‘it is it minskelot om oan it sykjen to bliuwen, mar hwer is it útgongspunt?’ Hidde Tjaerds sei: ‘It útgongspunt is wol dúdlik, mar hwer leit it doel’. Sikke Piters rôp: ‘Gabe Reinders is gjin man, hoe faek rint Wyts net nei it lytse grêf’. Tjaerds: ‘Wy hiene har hast meinommen, mar hja is ek noch wiis mei jo’. Doe roun Reinders hastich nei de haven ta. As er har ris net mear fine kind hie! Hja seagen him spotsk, mar ek jaloersk efternei. Hy rôp noch efterom: ‘Claus Floris wurdt gouverneur’. ‘Dan net lang!’ Hja wiisden him Jelle Eades oan, dy't mei it skip nei it eilân soe. Reinders skrok, wie er net mei nei Hamburch gien? Op it lêste stuit tink om in boadskip stjûrd? Hast deilis kamen hja op Noardstrân oan. | |
[pagina 147]
| |
‘Alles soe op losse skroeven komme to stean’, sei Jelle, ‘alles soe om 'e nocht west ha. Myn frou, jou frou, Fan de Felde syn frou, Gerryt Willems sines’. ‘Alle froulju’, knikte Reinders. Jelle Eades tocht ek oan it rablemint, dat er krige hie, doe't er mei syn skip by Sweden forûngelokke wie op in reis om hout foar nije huzen. Huzen hoegden der nou net mear to kommen. Skraechwurk hie er it libben der ôfrêdden. Hie hja bliid west? Né, de skea hie har mear dwers sitten. Lykwols woe er syn leauwe fêst hâlde. Sêfte medisynmasters makken stjonkende wounen. Reinders forwiet him sa hwat fyntsjes, dat hy it wie, dy't him by de jonkfrou Bourignon brocht hie. ‘Hawar, jo bringe my nou wer nei Wyts werom’, foege er der mei in grap oan ta. ‘En jo binne wer like fier, mar dat is myn skuld net’. ‘Like fier, op Frjentsjer nei’. Nei hwat stilte sei Eades: ‘Hoe dan ek, wy sitte wer foar in ein woastinereis. Hoe lang moasten de Israëliten geduld dwaen? Binne hja weromgien? Somliken wol, mar hokker reis ha hja doe net makke! Oer it leauwe binne wy it wol iens en de oergemeente forwachtsje wy ek allegearre. It is oer de mem, dat de twifel rizet. Mar my tinkt, dat hja net om 'e nocht sa lang yn twifel stien hat oer jo. Ek noch to gau. Jo ha nea jou frou foar har oer hawn, lykas wy, Gabe Reinders’. Reinders moast him gelyk jaen. Jelle sei: ‘Nuver, ien kear sille wy it witte. As it dan foar mannichien mar net to let is’. Ek hy seach Reinders oergunstich efternei, doe't er mei rêdde stappen it eilân opgyng.
‘Ik gean nei hûs ta’. Dy wurden songen yn Gabe Reinders syn holle. Nei hûs ta. En doe't er by Wyts yn de keamer stie, sei er: ‘Thús’. Wyts frege: ‘Foar hoe lang?’ ‘Foar altyd’, sei er. Hja koe him net leauwe en frege der net iens op yn. Doe sei er: ‘Wy geane nei de bern’. ‘Har ophelje?’ frege hja. ‘Né, by har bliuwe, wy kinne noch wol in nij libben bigjinne, net?’ | |
[pagina 148]
| |
Hoe bliid Wyts har fielde, hja fortroude it noch net. ‘Net om my dwaen’, sei hja. ‘Ik doch it om mysels’. Doe waerd hja stil as in deade. ‘Ek om dy fansels’, sei er. ‘Wol dat sizze, datst by har wei wolst?’ Hy knikte en oerlei, dat er him goed fêst sette moast nou. En tagelyk kaem it gefoel wer oer him, dat er syn mem forrette. ‘Is it gjin hastich bislút?’ fornaem Wyts. ‘Hastich? Dû koest der wol net bliid mei wêze’. ‘Wit hja it wol?’ ‘Noch net’. In skaed fan toloarstelling loek oer Wyts har antlit. Gabe lei de holle tsjin har oan. ‘Ik bin sa wurch’, sei er. En frege: ‘Wyts, hoe wol God dochs tsjinne wurde?’ Wyts antwurde: ‘Kristus is de Middeler. Ast allinne mar leaust yn Syn offer, dan is it al goed. Ik haw der hiel hwat oer neitocht’. Hja lei in koele hân op syn foarholle: ‘Lit ús leauwe, sa't alle Kristenminsken út alle ieuwen leaud ha. Mei alle lek en brek’. ‘En de wurken?’ ‘Dy komme fansels. Alles komt dan fansels. Kristus docht it foar ús’. ‘Hwerom wurdt der dan sa'n spul oer makke?’ ‘Ik tink, om't de minske it leaver sels docht, om't er himsels net kwytreitsje wol’. ‘En Antoinette Bourignon?’ ‘Hja wurdt net yn 'e Bibel neamd’. ‘Hwerom hast my dit net earder sein, it harket sa ienfâldich’. ‘Ja, hwerom net?’ Beide wisten wol, dat Wyts eins oars neat dien hie as him dêr op wize. ‘Ik haw dy in bulte fortriet oandien’, sei Gabe Reinders. ‘Dû koest net oars’. Hy sei: ‘It Evangeelje moat as sâlt wurkje. Wy geane nei ús bern. It fornaemste haw ik forgetten, de lijn fan de geslachten’. ‘Ik bin sa bliid’, sei Wyts. Hja fielde har sa lokkich, dat hja sels mei bigreatsjen tocht oan Antoinette Bourignon, dy't sa'n trouwe tsjinner kwytrekke. Doe seagen hja in man foar de glêzen lâns gean. ‘Hwa is dat?’ frege Reinders forheard. ‘Sjochst it net? Dat is Claus Floris’. | |
[pagina 149]
| |
‘As roun der in lyk oer de wei. Ik moat noch nei him ta, fortelle, dat er ús gouverneur wurden is’. ‘Trouwer tsjinstfeint hat hja net hawn, noch trouwer as dû wie er. Hy is sa siik as in houn en wol gjin dokter sjen. God moat him genêze. En it ierdske is allegearre neat. Soms moat ik tinke, dat er ek wol graech stjerre wol. Miskien om syn frou?’ Reinders fortelde: ‘Nicolaes Henning is ek al wei’. Wyts knikte, hja wist it al. ‘Hy is lofpriizgjend útgien en taelde net nei syn frou’. ‘Mar dy frou fielt it tink wol. Der is hjir forteld, dat de jonkfrou him forlije litten hat’. ‘Net mei sin. Miskien lykas Claus Floris, út it leauwe wei?’ Wyts snúfde, mar hold har yn. Reinders fortelde oer syn weitsjen oan Hennings bêd en dat er him gjin genêsmiddels takrije koe. De jonkfrou hie it op it lêst mei middels bisykje wollen op syn oanstean. Mar Henning hie reslút wegere. En wie bigoun to sjongen mei syn swakke krêften: ‘Hy hat forjown. Alles is weinommen; myn sûnden binne wyt as snie’. ‘En snie is sa kâld’, sei Wyts. ‘Der binne folle wegen om ta God to kommen’, sei Reinders. En Wyts antwurde: ‘Hy is barmhertich en genedich’. Reinders: ‘En rjochtfeardich’. Wyts: ‘Miskien binne der wol safolle wegen, as der minsken binne’. Reinders: ‘Né, twa wegen binne der en ien der fan liedt mar ta God’. Hja praette dêr oerhinne en sei: ‘Roomsk, Grifformeard, Dopersk, Quaker, Labadist, Bourignon of Rode, God fynt allegearre wol sa bigreatlik, dat Er har oannimt. En Kristus is de wei en de wierheit en it libben’. Gabe Reinders sei: ‘Dû oerdriuwst, mar lit ús nei Claus Floris gean’. Reinders fortelde him fan it gouverneurskip en dat har mem nei Hamburch ta wie. En Claus Floris sei oandien, dat er de hege eare net wurdich wie. De Heare mocht him wol wysheit jaen. De oaren tochten, dat er earder krêft nedich ha soe. As er sykhelle, seage syn boarst en doe't er hoaste, kaem der bloed yn syn bûsdoek. Wyts sei: ‘Jo moatte op bêd, lit ús mar in skoft op jou fé passe. En jo moatte alderearst ite’. Efkes wie it, oft er de earen nei Wyts har wurden hingje liet. Doe sei er: ‘God sil my genêze. En hwat is iten! Hy hat my nij wurk foar de mienskip jown. Der binne noch gâns doarmjende skiep op it eilân, al hat de wolf syn slach al faek slein. Sa spitich is it, dat ús mem noch wer | |
[pagina 150]
| |
fierder fan it eilân ôf moat. Forskouwing foar de safolste kear. Mar God wit, hwat it bêste is’. It wie kâld op de telle, dêr't hja sieten. Wyts frege har ôf, oft de manlju der gjin erch yn hiene, hoe feal en griis hja ek taseagen. Hja wiene beide fan dy âlde lijers fan Bourignon. Mar hja stiene fier boppe mannich greatsprekker en ûntofredene fan Friedrichstadt. En hja riddenearren mar. Efkes waerd hja bang, soe Floris Gabe noch keare kinne? Dêrom stie hja der op oan om nei hûs ta, Claus Floris moast rêste. Hoe bigreatlik er ek wie, hja kamen bliid by him wei, tocht Reinders en hy twivele, oft er nou wol in goed bislút naem hie. ‘Wy kinne net daelk fuortgean’, sei er tsjin ‘Wyts, wy moatte wachtsje oant Claus wer hwat by de wâl op klaut’. Wyts suchte en tocht: ‘As dy frou wylst dan mar net weromkomt’. |
|