Eilân fan de silligen
(1981)–Ypk fan der Fear– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 67]
| |
[pagina 68]
| |
Yn it jier 1669 stie apotheker Gabe Reinders ris yn syn winkel: ‘De wide Gapper’ to Frjentsjer op it Noard skuldbiwust it forwitend relaes fan in oerstjûre klant oan to hearren: hy hie har famke kamilleblêdden ynsté fan roazemaryn forkocht, woe er de minsken soms nochris forjaen mei syn forjitlikens? En hie er it goede gewicht wol jown? Woe er wol neiwage? Hy doarst de frou net wjerlizze, al tocht er, dat hja der hwat tusken tûme en finger by wei gnobbe hie. Mar yn wêzen liet alle geskreau en gedief him kâld, der wiene wichtiger dingen op 'e wrâld. It famke hie him út in boek weihelle en hy hie har holpen mei de fingers by de rigels. Hy winske, dat de feint der west hie om dizze fûlekaen fan in mem to helpen, mar hy wie nei it earmhûs to ierlitten. Efter yn de winkel, op de kreake, siet syn jongste bern mei greate eagen nei de lûdroftige klant to sjen en hy ealge, dat syn frou efter de doar stie to harkjen. Unhânsum taestte er nei de brúnglêzen pôt, heech op in rim en drippele hwat yn in lyts fleske. Hy muozze op 'e toanbank, de frou fage it focht mei de finger op, wreau it tusken de hannen en snúfde de rook op. Doe't hja fuort wie, doarst er om Wyts, syn frou, net mear nei it fromme boek to talen. Nytlich bitocht er, dat er om har ek al in feint hierd en hja dat ek al net goed foun hie, om't er sels wol mear dwaen koe. Mar as hy gjin tiid ta tinken en lêzen hie, koe er likegoed dea wêze. De dingen fan de ivichheit wiene bilangriker as dy fan de tiid. Hy hie wol graech yn de earste Kristentiid libje wollen en wist, dat party lju yn it lân en der bûten deselde bigearte hiene. Nei alle kanten út hie er in bulte briefwiksel oer dizze dingen hawn. Hy wie lid fan ien fan de âldste kolleezjes fan Frjentsjer, mar ek dêr hie er it net foun. Mar der moast nou in frommeske yn Amsterdam wenje, dy't sei, dat hja de Hillige geast hie en krekt wist, hwat God mei de sûndige wrâld foar hie. Syn kollega Jan fan Someren út Snits hie der him oer ynljochte. Hja stie it ideael fan de oergemeente foar, alles ien en mien, elk foar in oar en in oar foar elk yn Evangelyske geast. Gjin wûnder, dat de minsken it bûten de tsjerke sochten, net ien tsjerke doogde, ek nei de Reformaesje wie it net goed kaem. Soms tocht er spitich, dat it Evangeelje gjin fet op syn frou hie, om't hja altyd mar oer de saek yn siet. Spounen of weven de leeljes? Mar him woe hja fiterje, lykwols hja soe nea in tsjerketsjinst oerslaen. Gabe Reinders skeaneage nei de kreakedoar en naem de fizel om krûden to wriuwen. Hy forwinske de saek, dy't er mei de frou fan syn skoanâlden oernaem hie. Syn medyske stúdzjes oan de akadémy hie er der oan jown, dêr koe er him net mear by bipale. Hy hie better theolooch wurde kinnen. Dat frommeske yn Amsterdam hie sein, dat de lêste dagen neioan wiene. | |
[pagina 69]
| |
Bjusterbaerlike dingen waerden der oer har forteld, hwat soe er graech mei har yn de kunde komme wolle, mar hjoed of moarn soe der immen him opsykje, hie Fan Someren ûnthjitten. Hy lei de fizel del. Hy soe nei de kreake om yn de Bibel jitris oer de oergemeente to lêzen, doe't de winkelskille oergyng. In man, alhiel yn it swart en in skipperspet op, kaem yn. ‘De Geast hat my hjir hinne stjûrd’, sei er. ‘Wolkom is elk, dy't yn Syn namme komt’, antwurde de apotheker. ‘Amen’, sei de man. Hy makke him bikend as Jelle Eades, skipper fan Harns, dy't dit adres fan apotheker Fan Someren fan Snits krigen hie. ‘Net lang mear skipper trouwens. Ik bin fan doel om myn skip to forkeapjen foar de nije mienskip, it hat gjin doel ús mear drok to meitsjen oer de matearje, seit de jonkfrou Antoinette Bourignon’. De apotheker naem him mei nei de kreake. It bern boarte deun by har. ‘En hwat seit jou frou der fan?’ frege er daelk. Hy antwurde: ‘Ik haw myn frou leaf, mar jo witte ek wol, hwa't wy leaver ha moatte’. Reinders tilde it bern op en sette it in eintsje fierder del. Jelle Eades helle in foech boek út 'e reispûde, it wie in ôfskrift. ‘Of kenne jo “It Ljocht fan de Wrâld” al? It fortelt jo krekt, hoe't hja oer alles tinkt, it binne petearen tusken har en in preester, har earste bern. It earste diel haw ik hjir.’ Reinders skoude de Bibel oan kant. ‘It sil ek jo ljocht jaen’, sei de skipper. Hy groete de frou, dy't ynkaem. ‘Oer hwa ha jim it?’ frege hja nijsgjirrich. ‘Oer Antoinette Bourignon’, antwurde de skipper, hy neamde de namme mei forearing yn syn stim. ‘Is it allegearre wier, dat fan it bernjen en sa?’ frege hja. ‘Hja hat der likegoed pinen fan as in mem, dy't natuerlikerwize bern kriget’. ‘In spiker yn de foet, tink?!’ lêbbe de frou. Jelle Eades formoanne har: ‘Net oan in elk is it jown de wegen Gods to forstean’. De frou sei tsjin de apotheker: ‘De formoanner komt aenst om syn foet bidokterje to litten’. De apotheker antwurde net en Jelle Eades forfolge: ‘Mar de froulju keare hast altyd’. Frou Reinders frege: ‘Is dy frou troud?’ ‘Hja is boaske mei God’. ‘Dat binne de normen ek, mar hwat seit hja fan it houlik?’ | |
[pagina 70]
| |
‘Dat it in bongel oan de skonk is op de wei nei it Keninkryk. Mar dêr soe ik wolris apart mei har oer prate wolle, alhoewol de apostel Paulus seit net oars’. ‘En hoe libbet hja?’ ‘Allinnich. En fierder hat hja folgelingen’. ‘Hokken? Sokken as jo?’ ‘Frou’, sei Gabe Reinders, ‘de bern moatte op bêd’. It bern by har bigoun to gûlen en der wie noch in famke by kaem. ‘Ja’, sei de frou, ‘en wy moatte ite’ Hja noege de skipper net. Doe sei har man: ‘Ite jimme mar, ik kom wol, der is hiel hwat to forhakstûkjen yn de winkel! Ek komt de formoanner noch!’ Hja antwurde neat mear, tilde it lytse bern op, it moast heit earst in tútsje jaen. Reinders skrille op, hja koe syn swakke stéën wol!
Net lang duorre it, of de frou wie der wer; doe rinkele de winkelskille ek en de formoanner kaem yn op in kruk. De frou sei: ‘Jo komme fan pas, nou kinne jo it dy beide mannen mar oan sizze’ ‘Hwat moat der oansein wurde?’ frege hy. ‘Dat hja op in dwylwei binne mei har Antoinette Bourignon’. De apotheker sei: ‘It is ús yn de wei, dat it libben fan de Kristen net is, hwat it wêze moast’. ‘O’, sei de formoanner, ‘ik kin wol ûnwennich wurde nei de tiid, doe't ús Minne Simens op syn stokje it lan trochhipte om gemeenten to stichtsjen. Us pake hat him noch kennen. Hoe goed wie it doe net ûnder de bruorren. It is net goed bleaun, mar hjir leit in wrâld’. Jelle Eades sei: ‘Wy binne allegearre ûnwennich nei de tiid fan de oergemeente’. De apotheker knibbele njonken de formoanner del om syn skonk to wriuwen, dêrnei sette er bloedsûgers op it weake fan syn kût. ‘Sa’, sei er, ‘jow har efkes tiid, hwat hat dat folkje in libben!’ ‘De minske mei Kristus' bloed sûgje en libje’, antwurde de skipper. De frou foun dat gjin moaije forliking. En de formoanner frege, hwat er mei dat njûre byld sizze woe. ‘Jo en jou freonen forwachtsje it heil nou just net fan boppe, is my forteld’. | |
[pagina 71]
| |
Doe kaem de skipper foargoed los. De frou wie sa sitten gien, dat hja de sûgers net sjen koe. ‘Wy libje skielk as de earste Kristengemeente’, sei er. ‘Dat wurdt dus de twadde oergemeente?’ frege de formoanner. ‘Us mem sprekt sels mei God en oan ús jowt hja Syn boadskippen troch. Wy binne op wei nei it eilân fan de silligen. Wy forkeapje alles, hwat wy ha en jowe it oan de mem en de gemeente’. De formoanner sei: ‘Ik soe mar hoeden oan. Dizze Antoinette Bourignon wurdt oan alle kanten oanfallen en bistriden’. ‘Dat is hja mear as treast’, sei de skipper. De formoanner spriek tsjin Reinders: ‘Ik moat jo sizze, dat wy, Mennisten, it heil altyd út 'e skriften forwachte ha en net út 'e boeken fan minsken. Dy frou is der op út to forlieden’. ‘Jo binne der op út it ljocht fan de wrâld to fortsjusterjen, foar't jo it sjoen ha. Apotheker, jo ha it fjûr wol yn jo, lit it frijút barne’, sei Jelle Eades. De frou frege: ‘Hwer leit it eilân, dêr't jim it oer ha?’ De skipper antwurde: ‘As jo my freegje, is it it Amelân, mar hja wit it noch net krekt’. De formoanner rôp nitelich: ‘Helje dy sûgers fan myn skonk, ik kin se net mear forneare’. De apotheker skamme him, yn it fjûr fan it petear hie er se forgetten. ‘Ik dooch net foar myn fak’, sei er. De sûgers foelen der al ôf. Doe't de formoanner yn ‘It ljocht fan de wrâld’ blêdde, sei de skipper: ‘Lyts is de keppel; hwa't dizze frou net oannimt, forsmyt himsels’. De formoanner: ‘Hja slacht de skriften stikken’. De frou: ‘Hja fornielt de houliken, ik haw der al to folle oer heard’. De apotheker sei neat, hy forsoarge de wounen op de skonk. De formoanner reizge mar hwat hommels ôf, syn stôk tikke feninich op de estrikken winkelflier. De skipper woe ek fuort, mar de apotheker frege him noch hwat to bliuwen, en doe't er dat net woe, bea er oan him nei it skip to bringen. De frou frege: ‘Bliuwst net lang wei?’ Hja herhelle mei klam: ‘Bliuwst net lang wei?’ Mar hy joech gjin antwurd. Doe oerlei hja, dat immen, dy't twist siedde, net fan God wêze koe, mar doe't Jezus' libben op ierde har yn 't sin kaem, wist hja it ek wer net.
De apotheker wie nachtblyn en binammen yn it healtsjuster seach er min, mar de skipper hie de eagen fan in kat, sei er, hy stiek Reinders de hân ûnder de earm en sa, fortroulik petearjend, kamen hja by it skip. | |
[pagina 72]
| |
Jelle Eades sei: ‘It wie al oars yn Jezus'; tiid, doe't hja foar de neiste libben. En hwerom soe dat net wer kinne?’ Gabe Reinders wijde út oer de riken, dy't stuollen mei it djûrste gobelin biklaeid yn de tsjerke tôgen om mar maklik sitte to kinnen by it harkjen nei Gods wurd, keaplju bidreauwen hannel yn Gods hûs en ek frijages krigen der har gerak, wylst de tsjerkerie neat sei om har baentsjes. En de dûmny's! De goeden net to nei kaem! En dat siet allegearre noch oan de bûtenkant. Alhoewol oan de fruchten koe men de beam. It skip lei to dúnjen op it ronfelich wetter. Efkes stiene hja stil to genietsjen fan it moaije spektakel. De moanne lei as in reade bal op de kirne, in lytse puntige wolken glied der krekt foar lâns. As dit it teken fan fjûr en bloed ris wie, moast Reinders tinke. Stadichoan avensearre de greate kalebas, hja koene de biweging suver sjen. Nou liet er it wetter los en spraette noch rynsker sulver út, dat it skip like net mear fan dizze wrâld, foun Jelle Eades en dat moast des to mear in oantriún wêze foar de apotheker. ‘Hwat mei ús bine oan ús ierdsk bistean? Ik meitsje my los en ik soe it jo ek oanriede, foar't it to let is. De jonkfrou sil jo forwachtsje. Kom, sjoch en oertsjûgje jo sels’. ‘En myn frou?’ frege Reinders ûnwis. ‘As froulju mar witte, hwer't hja oan ta binne! De manlju moatte it goede foarbyld jaen’. Hy suchte. Koe er sels mar in foarbyld wêze, mar syn frou woe him nea net mei in oar diele, hie hja sein. De skreau fan in fûgel brocht foroaring yn har stille figuren. De skipper holp de apotheker oer de smelle planke. Yn it roefke koene hja better prate, ornearre er. De feint wie in slieper en boppedat lei er yn syn koai efter yn it skip. Hy gyng foar it smelle treppentsje del en stiek in oaljepitsje oan. ‘Sa kinne wy ek better sjen to praten’, glimke er. Reinders seach, dat er de dingen die mei de soarch fan in frou, de skipper koe better sûnder in frou as hy. Hy seach nei de greate skaden op it skod en boppe tsjin 'e souder oan. It pitsje stie to walmjen, Gabe Reinders hoaste. De skipper fortelde oer de jonkfrou har libbensrin en har dúdlike ropping. Hommels foel der in tongerslach. ‘It teken, it teken! foar jo!’ rôp de skipper. Mar Reinders frege him ôf, oft Wyts nou al lei. De skipper forfette: ‘De divel is baes oer de minsken. Hoefolle helpe net | |
[pagina 73]
| |
har baes Beëlzebul oan de macht to kommen. Wy, dy't fan him biwarre bliuwe, moatte alles op alles sette om to kearen. Hwat sizze de Iepenbieringen?’ Hy lies striid op it antlit fan de apotheker. ‘It sêfte libbentsje fiert nei it fordjer’, sei er. ‘Moat it wol sa gau?’ frege de apotheker. De skipper antwurde: ‘It is ien fan beiden’. Reinders knikte. Wyts stie syn idealen fan in Kristlik libben yn de wei. ‘Boppedat’, sei de skipper, ‘better har to forlitten, as mei har to forgean’. ‘Soe it ek oars kinne?’ suchte er, mar krige gjin antwurd. Hy naem him foar, as er by de Godsfrou wie syn húshâlding op tiid to warskôgjen, dan wie er pas har biskermer. As Wyts nou mei him flechte, soe hja grif in sâltpylder wurde. Mar dy tins karde er ôf, alles koe mar net forlike wurde. ‘Ik moat al ôfskie nimme’, sei de apotheker. ‘Lit de deaden har deaden bigrave’, rette de skipper him oan, mar seach earnstich, hy wist der alles fan. Doe't Reinders oerein gyng, sei de skipper: ‘Mochten jo der foar omlizzen gean, ik blaes twaris op 'e hoarn, mei in tuskenkoft, de wyn is gaedlik’. In briefke, minder koe it al net, foun Reinders. ‘Mar it is gefaerlik’, warskôge de skipper. As in dief slupte Gabe Reinders nei hûs, by de doar loek er de skuon út, hy sette se bûtendoar hwat forside, de nachtwacht moast se ek net sjen. De feint hie de doar krekt smard en de skille stie jouns ôf. Triljend helle er de pinne oer it papier. ‘...ik doch it foar jim. Gau kom ik werom om jim to heljen. Wyts, ik bin bang fan it oardiel, mar ik hâld wol fan dy. As it mar net to let is...’. Folle mear woe er skriuwe, mar hearde er hwat? Healwei de ûndertekening smiet er de pinne del. Hurd, hurd nei de winkeldoar. Dêr klonk de skippershoarn. Hy die it him net mear oan tiid de skuon to gripen. Stie it sa net yn de Skriften? ‘Kom, kom’, rôp de Heare, ‘hwat hast foar My oer?’ ‘Alles, Heare, alles!’ Foar him rôp God. Efter him rôp Wyts? Hy hold de hannen foar de earen en draefde as sljocht yn it moanneljocht. Hymjend stie er op it skip. ‘Oanpakke’, rôp de skipper tsjin de feint. | |
[pagina 74]
| |
Hy brocht Reinders in pear klompen: ‘Wy ha alles mien’, sei er. Mar se pasten him net. De skipper blies op 'e hoarn, de twadde kear.
Earst stie de apothekersfrou de flechtsjende man forslein efternei to sjen. Doe skreaude hja, dat er thús bliuwe soe. Finsters yn de strjitte dy't iepen gyngen en it slaen fan in doar brochten har ta bisinning. Hy moast it sels ek mar witte, hoe fier't er by har wei woe. Mar hwat die it sear him sa fleanen to sjen. Hja bisefte, hoefolle hja fan him hold. Hie hja wol goed foar him west, hie hja der wol genôch flyt op dien him to bigripen? Noch efkes hong hja oer de twaslachsdoar, de mage stiif tsjin de rânne treaun. Doe gyng hja yn 'e hûs. Meindert, de feint, wie ek yn de winkel kommen. Hoe fornederjend wie it allegearre. By in kearsflam lies hja syn briefke mei wylde letters, in heale namme der mar ûnder. Hja fielde bigreatsjen. En hja, dy't sa gau wrantelich wurden wie, as er net mei de tinzen by it wurk wie. Binammen as har âlden wer ris klagen, dat er de skoandere saek fortutearzgje liet. Forwiten hie hja dan as reindrippen oer him útgetten. Sa soe hja nea wer! ‘Ik hâld wol fan dy!’ Hie er dat mar ris earder sein! Hja hie sa faek forwachte, dat er har oanhelje soe en doe't hy it net die, hie hja it by him ek forsûme. ‘Dy frou, dy slange!’ size hja tusken de tosken. En skeat oerein, roun nei bûten en hurd nei de haven, de wyn boarte mei har rokken. Mar doe't hja der kaem, wie it skip al in ein fuort, it donkere, sangen seil stiek kant omheech tsjin de sulverblauwe loft. Dat seil wie har in hege, tichte muorre, dy't skieding makke tusken har en it lân der efter. Forbjustere stie hja der nei to sjen, oant hja Meindert sizzen hearde: ‘Korn mei frou, nei de bern. De baes komt wol werom’. Hja bisocht it noch yn de jamke fâlde to slaen: ‘De baes koe moai meifarre nei Amsterdam, hy moast der dochs hinne’. De feint sei: ‘Salang kin de frou op my rekkenje’. Hja antwurde: ‘Dat sei de baes ek al’. By de winkel seagen hja syn skuon tsjin de kant fan de stoepe oanstean, as gau it in skat, sa hoeden droech hja se yn de hûs. Doe't hja by de bernebedtsjes stie, waerd it famke wekker, hja moast holpen wurde en frege om heit, dy't oars altyd kaem. De frou tocht oan hwat har âlden sein hiene, doe't hja mei Gabe trouwe woe. Dat er út in frjemd laech kaem, - syn heit hie him sels to koart dien - en dêrom wiene har âlden der net foar. Hja tocht ek, dat hja doe al fan | |
[pagina 75]
| |
Gabe hold en it noch die. Moast hja net bliid wêze mei sa'n sykjende man, wylst party minsken har yn dizze tiid net bikroaden om in rein libben foar God! It kaem nou op bidden oan. Mar hwat moast hja bidde? Dat it dy frou mar min forgean mocht? Dat soe hja it leafst dwaen. ‘Earst sliepe’, tocht hja ynein, ‘hy is op it lêst net dea’. Mar de hiele nacht bleau hja klear wekker.
De steech wie smel en tsjuster, mar efter by de bleekjes kaem hwat mear ljocht en rûmte. Yn de flearbeam by de hege linepeal siet in fûgel to sliepen. Kjel saeide er fuort, doe't er de manlju hearde. Mei beevjend hert stie Gabe Reinders njonken Jelle Eades foar de jonkfrou har doar. As hja him oannaem, soe it op Gods bifel wêze en dat wie great. Hy doarst hast net to sjen, doe't de doar iepengyng, oant er har oangename stim hearde, wol hwat swier foar in frou. Mar hwat sei hja?! ‘Wolkom, leave bern. It muoit my, dat ik jim net earder ûntfange koe, mar Gods tiid is net altyd uzes. Kom en lit ús meiînoar Syn greate wûnderdieden bitinke. Ik haw tynge krigen, dat myn bern De Cort feilich op it eilân oankommen is. God hearde myn bea en bileanne myn bitrouwen. De wolf hat it laem loslitten, de liuw hat syn proai frijwillich ôfstien. Jowt dat gjin moed ta de greate takomst? Mei gauwens folgje wy him nei it eilân fan de silligen, of sa't hy it wol neamde, nei it hallich fan de hilligen’. Jelle Eades, dy't leaver tichter by hûs bliuwe woe, frege: ‘En soe it it Amelân net wurde kinne?’ Hja antwurde hwat koart: ‘En hwerom soe it?’ De keamer siet fol mei minsken en dat foel Reinders hwat ôf, hy hie sa graech allinnich of yn lyts formidden mei har praet oer syn noeden en idealen. Lykwols wie it ek woldiedich om tusken de bruorren to sitten en mei har bliid to wêzen oer it bihâld fan ien lid, de earste. En prate oer de takomst? Hwat in libben soe dat wurde der op dat eilân! Immen frege de jonkfrou, oft hja oer de nije ierde fortelle woe, dy't hja yn in fisioen sjoen hie. Graech foldie hja oan it forsyk. En liet har gean oer it weifallen fan de swierte fan de sûnde en de skuld en de stof, dy't de keninklike minske ta slaef hold. ‘...de himel keatst de sinnestrielen werom, om't er se net mear fordrage kin. Neat is skrikliker as de neare nacht. Nei ûnwaer, skipbrek, wynhoas, fallend stiente om de minsken to skoffearjen, komme der inkeld dingen, | |
[pagina 76]
| |
dy't him biwarje en yn de rûmte sette. O, haw dochs soarch, dat jim der yn diele, lit neat en nimmen jim fan God ôfhâlde. Noch in hoart en jim meije mei al Gods folk it oardiel ûntflechtsje. Nou, yn de sûnde, is de minske ûnderwurpen oan de eleminten. As er him net mei wetter wasket, bliuwt er smoarch, as der gjin lucht foar him is om to sykheljen, dan smoart er, as it fjûr him net waermet, stjert er fan de kjeld. De minske is yn dit libben in slaef, hounen bite him, wolven frette him, hout slacht him, izer snijt him, fjûr barnt him, wyn driuwt him, dêr't er net hinne wol, wetter swolget him, sinne binimt him de glâns, de stjerren stjûre him har kweade ynfloed. Al syn libbensdagen bringt de minske troch om in bytsje iten to biskarreljen en syn neakenens to bidekken. En hoe skuorre de tosken fan de tiid net oan him! Foar de sûndefal wie dat oars en op de nije ierde sil dat wer oars wêze, de minske sil hearskje as God en jeugdich bliuwe. De loft sil him bringe, hwer't er wêze wol, de ierde sil op syn winken iepengean, it fjûr sil him wer forljochtsje, de stjerren sille him wer ta lampen tsjinje, de sinne sil nachts net fortsjustere wurde, de dierewrâld, sels de slange sil wer libje ta fornoeging fan de minske. En hunich en wyn sille wer samar fan de bergen rinne’. De jonkfrou sette in liet yn en nei it sjongen blies hja alle kanten út oer de keppel en sei: ‘Untfang de Hillige Geast’. Ekfes letter wie de keamer leech, de jonkfrou moast noch brieven skriuwe, dy't Jelle Eades nei Noardstrân bringe soe. Dan koe er dat eilân sels marris mei it Amelân forlykje. Hja hold de apotheker noch efkes apart. Hy liet him út oer syn honger nei de gerjochtichheit en hja sei, dat er moed hâlde moast. Mar doe't er fortelde, dat er net to lang yn Amsterdam bliuwe koe om syn saek en syn húshâlding, skodholle hja oer de domme minsken, dy't God en de Mammon tsjinje woene. ‘Hwa't My net leafhat boppe alles, is My net wurdich!’ Twifelriedich seach Reinders har oan. Sûnder Wyts? Lykwols as it moast?! De Bibel sei der genôch oer. De jonkfrou sei: ‘De minsken ha har eigen wetten foar God sines oer steld’. Fan de Felde en Reinders wiene oan it wurk op de pakhússouder. Fan de Felde sei, dat de jonkfrou it libbene Evangeelje foar him wie. ‘Ik haw it sels ûnderfoun en de bifrijing fan de pater hat it lêste by my losmakke. Ik soe wol graech tichteby har wenje wolle, ek wol yn dit pakhûs, hwant hja strielet sillichheit oer ús út. Thús leit it by my trouwens | |
[pagina 77]
| |
net sa maklik, dat sille jo wol merkbiten ha. Ik bid God alle dagen, dat er myn frou de eagen iepenje wol’. ‘Kin de jonkfrou dat net better foar jo dwaen?’ ‘Wy kinne har net foar al ús karkes spanne, it is om myn frou, mar foar mysels kin in toarn yn it flesk gjin kwea’. ‘Jo binne har bern al wurden en mei my hinget it der noch yn’, klage Reinders. Fan de Felde hearde amper nei him, hy sei: ‘Hja kin wier yn de takomst sjen. Ik tink oan in famyljelid van Ewoud de Lindt, myn omkesizzer, dy't by har kaem om to spotten. De idele dwaes! Hja taestte him sa yn it gewisse, dat er lilk fuortroun. De spot wie oer, hwant hja sei ek, dat er net lang mear fan syn rykdom genietsje soe. En inkelde moannen neitiid forûngelokke er mei syn plesierjacht op de Haerlimmer mar. Dagen neitiid spielde syn lyk oan wâl, al heal forgien’. Gabe Reinders lei oer dat elk minske wer in oare stan-yn-de-wei hie. Hja sieten nou foar elkoar oer by in wiplige tafel mei in flakkerjende kearse yn it midden. Har tinzen gyngen deselde kant út. Hwa wit kaem it wol goed, hwerom altyd de swierste ein fan de balke tille? En soene hja net by steat wêze de toarn út har flesk te skuorren? Mar sa njonkenlytsen moasten hja wol oannimme, dat froulju greate stroffelstiennen wiene op de wei nei it Keninkryk. Safolle froulju om to kearen en mar ien ta bihâld!... Yn dy dagen waerd de jonkfrou slim siik, dêrom hiet hja har folk it printsjen earst mar nei to litten, de driging fan de fijân wie sa slim, dat hja gjin each ticht krije koe nachts. Reinders hie de lêste wiken yn har pakhús wenne en de jonkfrou frege Fan de Felde him nou yn 'e hûs to nimmen, hwant hja woe it allinnich útfjochtsje. Wol moast er geregeld komme om har to bidokterjen, hja woe gjin frjemd folk mear oer de flier ha. Hja treastte Reinders, dat er har bern wol wurde soe, hie God sein, as er earst biwiisd hie syn flesk krusigje to kinnen. Dêr fornaem hja oant nou ta to min fan, siet er net altyd mei syn tinzen yn it hege noarden? Hja moasten sljochte Jehanne mar freegje om deis op har ta to sjen. Hja wist wol net, hwat hja oan har hie, mar foar jild en goede wurden die hja wol in bytsje. ‘Mocht it lang mei my duorje, dan moat de printerij hjir wei helle wurde, hwant sa lang mei it wurk net stilstean. Sjoch mar fêst út nei in gaedlik plak. Set alles forside yn de âlde boazem, dy hat faker foar skûlplak tsjinne, miskien wol sûnt it hûs der stiet’. | |
[pagina 78]
| |
Amechtich lei hja nou efteroer yn it kjessen, har boarst pipe, switkobbels stiene har op 'e foarholle. Reinders woe har drinke litte, mar hja warde ôf, hja soene nou earst mar dwaen, hwat hja hiten hie.
Op in joun slûpten Gabe Reinders en Folkert fan de Felde as dieven troch de nacht fan Amsterdam. Reinders syn nachtblinens spile him wer parten, dat Fan de Felde hie him by de hân beet. ‘De bisten mije de strjitten nou ien kear net’, sei er, doe't Reinders útglied. ‘As dy man der net sa op oanstien hie mei syn boadskip oer pater De Cort, hiene wy better wachtsje kind op de dei’. ‘It sil my binije, hoe't hja der hinne leit, ik fortrou dy Jehanne foar gjin stûr’. ‘Inkelde dagen forlyn haw ik der noch west, doe hong der sa'n neare lucht yn de keamer, as stie ik by in kreambêd, mar faeks is it dat ek’. Fan de Felde stiek de kaei yn de pakhúsdoar. Op 'e taest gyng it nei de kelder en de kast. Hja doarsten de gewoane wei net iens lâns to gean. Einlings seagen hja in biwyske fan ljocht troch de naden skinen. Sa gau't hja by har yn de keamer wiene, stiek Reinders noch in kearske oan, dat er meinommen hie. Op 'e tafel stie in oaljepitsje to walmjen. Doe't er it ljocht nei it bêd hold, moast er earst oan de eagen fan in kat tinke, sa gleon seach de sike him oan. Hja fregen, hoe't it mei har wie. Hja sei neat, mar suchte. ‘Kinne wy hwat foar jo dwaen?’ frege Fan de Felde. Hja skodholle, mar Reinders sei, dat har bêd forskjinne wurde moast. Doe antwurde hja: ‘Hja lit my forsmoargje, hja moat har jild net ha’. Reinders helle Jehanne op, dy't prottele en har fordigene, dat dejonkfrou har fuortjage hie. Neitiid sieten hja by har mem om har eigenlik boadskip oer to bringen. Der wie in man fan Noardstrân kommen, dy't yn opdracht fan De Cort mei har prate woe. Wie hja wol by steat? En hwannear skikte it oars? Earst lei hja sa stil to harkjen, doe waerd hja ûnrêstich. ‘Né, né!’ rôp hja, ‘hy is gjin freon, hy hat it op myn libben forsjoen. In wolf yn lamsklean, Gods keninkryk opkeare of forneatigje, dat is syn eachmerk’. De manlju seagen inoar oan, hja hiene it al net rjocht stien. ‘En net sizze, hwer't ik wenje’, sei hja, mar foege der wurch oan ta: ‘Och, tofolle witte it al. Is er jim ek efterneigien?’ ‘Né, de frou en de faem soene him keare, as er aids writen die om fuort’. | |
[pagina 79]
| |
‘Dat binne de fortroudsten wol’, sei hja smeulsk, ‘jim moatte der fuort hinne en soargje, dat er myn spoar bjuster wurdt’. Stroffeljend gyngen hja wer troch de bare nacht en oerleine, hoe't hja dit bihindich oanpakke koene. Mar it foel ta. Doe't hja seine, dat de jonkfrou to siik wie om him to untfangen en faeks net lang mear libje soe, ljochte syn antlit op. Reinders foun dat in dúdlik biwiis, dat de man him forrûme fielde, nou't er noch net, of miskien alhielendal net moardzje hoegde. Hwa't him stjûrde, wie gjin frage mear. Hy moast ek nei Sélân en Brussel, fortelde er, faeks kaem er op 'e werormreis oan. Syn boadskip trochdwaen litte, woe er net. Hja folgen him om to sjen, hwer't er bidarre, nei't er by har de moarn ôfwachte hie. Hy naem de poarte nei it suden wol.
Op in simmerstille joun sieten Gabe Reinders, Jelle Eades en Folkert fan de Felde by de lêste thús to oerlizzen, hoe't it allegearre komme moast, doe't hja de klopper op de doar fallen hearden. En der kaem in man yn, dy't forfomfaeid fan de reis, deawurch op in stoel delfoel. Forheard wachten hja, oant er syn komst forklearje soe. Jelle Eades lústere, dat it boer Harmsen fan it eilân wol like. Doe sei de man, hja koene him amper forstean: ‘Hy is wei’. ‘Hwa?’ fregen hja, mar bigriepen it wol. De man sei: ‘Pater Christiaen de Cort is wei’. In hoart bleau it stil, doe praetten hja troch inoar hinne om it nijs to forwurkjen, mar allegearre hiene har tinzen by de mem. ‘Hoe moat it nou?’ hearden hja Fan de Felde freegjen. Fan de Felde wie in lyts persoan, mar sa't er dêr nou yn de greate stoel weisakke siet, like er wol in foech jonge. Reinders, dy't him op it each hie, foun, dat er it antlit fan in mûs hie, ek om't syn eagen sa ticht byelkoar stiene en de earen him steil en deun by de holle op sieten. Hy seach him út 'e stoel weigliden en op 'e knibbels der foar delfallen. De oaren folgen syn foarbyld, de boadskipper ek. Sels frou Fan de Felde gyng foar har stoel lizzen. Soe it noch goedkomme mei dy twa? Mar de jonkfrou hie sein fan net. Doe joech ek hy him oer oan it gebet foar de mem. Einlings joech Fan de Felde it teken om oerein to gean. ‘Wy moatte nei har ta. Miskien is it lef, mar ik wol leaver net allinnich’. De boadskipper sei: Ik wol dy frou graech sjen, dêr't ús pater it heil fan forwachte. Hy makke him bikend as boer Harmsen. Jelle knikte. ‘Ha jo ek tynge fan De Lindt?’ frege Jelle. | |
[pagina 80]
| |
‘Hy hat my stjûrd. Ik moast fan de Oratorianen nei him ta yn Friedrichstadt. De Lindt doarst sels net, hy frege my de weetsizzer to wêzen’. ‘Reinders sei: Dizze man moat earst in flaubyt ha’. It like wol, oft hja bliid wiene mei de útwoune tiid. Op strjitte woe it ek net avensearje foar har gefoel. En hast skuldich slûpten hja har hûs yn. Einlings stiene hja foar har bêd. It bisette Reinders lykas okkerdeis, mar nou net fan de neare lucht. Dêr lei it byld Gods machteleas, moast er tinke. Sa hie ek Gods Soan minskene swakheden kend. ‘De Hillige God mei jo hoedzje en sterkje, myn leave mem’, hearde er Fan de Felde sizzen. ‘Wie der nijs, dat jim mannemacht komme?’ frege hja helderder as oars wol. Doe't der fuort gjin antwurd kaem, sei hja: ‘Siz it mar, myn soan. De Heare is oan myn rjochter en oan myn lofter side’. ‘Der is hwat mei jou earsteling’, lústere Fan de Felde. Hja rôp: ‘Hwat hat er wer útheefd?’ Mei in glimk om de kweajonge, dy't hast net yn stokken to hâlden wie. Mar hja waerd ek lilk: ‘Hy hat it eilân net forlitten, wol? Ik bigryp it al. God woe my hyltyd al hwat sizze, mar ik wie sa slûch. Né, hy is net mear op it eilân. Siz my, hwer is er nou dan?’ Fan de Felde sei: ‘Hy hat it net út himsels forlitten’. Hja frege: ‘De hartoch hat dochs net... Sit er wer finzen? Moat ik fan foaren ôf oan bigjinne?’ Fan de Felde antwurde: ‘God hat him oproppen en grif in rûme yngong fine litten’. Hja sleat de eagen om it leed to forwurkjen. Doe sei hja: ‘Heare, hwerom birôvje jo my fan dizze minske? Hwerom moast myn reade Augustinus stjerre? En ha jo him wol as Mozes op 'e berch hawn om it ûnthjitten lân út 'e fierte wei to sjen? Mar ja ommers! Ik wit al hwerom, ik moat it allegearre sels dwaen. Is dat it net, dat Jo my sizze wolle, Heare? Ek op de lêste stûr mei ik net fortrouwe’. Hja spriek: ‘Oft ik my net oan Jou wil ûnderwerpe wol? Ei jawol, nim my myn klacht net kwea ôf’. Hja kaem oerein en rôp: ‘Hwat soe ik graech witte wolle, hoe't it nou mei him is’. Doe hearden hja de wyn om it hûs, de stilte fan de joun wie brutsen en in stjelpende reinbui klettere op it bisketten dak. Hja harke der nei. ‘Mei ik efkes allinne wêze?’ frege hja. | |
[pagina 81]
| |
Hja seach sa tryst en bang, dat de manlju der muoilik fan waerden. Hja gyng op 'e knibbels yn it bêd lizzen to bidden. ‘De Heare moat my sprekke’, sei hja. Hja gyngen by it heuveltsje yn it bêd wei, nei't Reinders de tekkens foarsichtich hwat oer har hinne lutsen hie. Boer Harmsen sei sunich: ‘Hja is in nuver frommes, mar hja mocht ús pater wol lije’.
Yn it nauwe portaeltsje stiene hja to wachtsjen. Soms hearden hja har praten, dan wie der in lange rite fan stilte. Einlings mochten hja wer ynkomme. ‘Ik wit it al, ik haw him sjoen’, rôp hja har yn 'e mjitte mei oerslaende stim. ‘Hy wie in blier minske, oft er fan in fracht soargen forlost wie. Hy droech it lange wytlinnen klaed fan preesters en oan alle kanten wie it forsierd mei ealstiennen, dy't fûnkelen mei de glâns fan stjerren. O, hwat bin ik bliid om him. Mar hie ik winliken twifele oan in bern, dat God sels my taskikt hat? Hwat in sillichheit, de siel fan myn earstberne bikroane mei ytlike freugden, opmakke mei de ivige blydskippen des Hearen. En hy wachtet op my. It is to great om it nei wearde to biseffen’. Har antlit, dat bilutsen west hie fan smert, liet nou it goud fan de wiere freugde troch. Mar fuort waerd hja ek wer saeklik. Fan de Felde moast har optille, de apotheker it bêd opmeitsje en har in kjessen yn de rêch triuwe. De boadskipper helle in kûm wetter op, mar dy rekke hja net oan. Hja sei: ‘Nou wit ik de oarsaek fan myn lijen. Ynsté fan in nij bern to bernjen, moast ik ien forlieze. De Heare hat de wolf net tastien my to forslinen, mar nou't myn leaf bern wei is, sille hja it jitris mei mannemacht bisykje. Hwat fan him wie, is nammers nou fan my. Ek my sille hja finzen set te wolle. Ik moat hjir nou wei, hat de Heare sein’. Fan de Felde knikte. Hja hiene al foar har krewearre by in keapman oan de Hearregrêft, mar dy syn froulju moasten der ear st noch goed foar sizze. ‘Froulju’, sei de jonkfrou mispriizgjend. Hja woe witte hwer't dat wie. En hoe wie it mei de gelegenheit foar skriuwen en printsjen? ‘Jo krije in hiel skriptoarium en printoarium ta jou biskikking’, seine hja. Hja bigoun wer oer De Cort. ‘Ik wit nou ek, hoe't it him tadroegen hat. Jo, boadskipper, hoege my neat mear to fortellen. De Satan hat syn slach slein, it wie moardnerswurk’. | |
[pagina 82]
| |
Boer Harmsen sei: ‘Mar hy is syn eigen dea stoarn! Better wit ik net. En myn dochter tsjinne by him’. Hja antwurde: ‘Ja, sa liep is de divel wol, dat ienfâldige sielen dat leauwe. Fortel my, wiene de paters Oratorianen net oates en toates mei him?’ ‘Hy noege har wol en faek socht er har sels op, it wie ús yn de wei’. ‘Sa wie er. Trochhinne goed. En hie er net immen, dy't him bystie yn syn sykte?’ Mar dat wist Harmsen net sa goed. ‘Dan wit ik it wol. De Oratorianen ha bitelle om him to forjaen. Krige er medisinen?’ ‘Hy krige puijers fan krûden út eigen krûdetún en apotheek foar safier't ik wit’. ‘Just jawol’, sei hja smeulsk, ‘syn eigen krûdetún, dêr't oaren oer gyngen! En alle puijers lykje op inoar. Hoe faek ha ik him warskôge tsjin medisinen, hwerom net op God bitrouwe?’ Harmsen sei, dat er dy paters ek net stie. ‘Forgif’, rôp de jonkfrou út, ‘forgif! Ik wit alles ôf fan forgif! It wurket stadich, mar o sa wis! De moardner kin net op moard bitrape wurde, mar syn straf ûntgiet er net. It Oratorium sil net bistean. God straft it kwea. Ik tink oan myn ôffallich bern Coriache, dy't op it stuit tamtearre wurdt mei ynkertiering en syn hûs mei meubels troch rûch soldatefolk forrinne wearje litte moat. Ik wol jim it oardiel oankundigje, myn bern, as jim my forlitte en jim net bikeare. Mar sjoch ek nei myn oare earsteling, dy forkeart yn uterste sillichheit’ Doe prevele hja foar harsels: ‘Ik kom, myn bern, ja, ik kom hastich. Efkes geduld en dyn mem sil by dy wêze. Dû hast it mysels bitsjut, datst troch moardnershannen fallen bist. Earst bigriep ik dy net iens’. En tsjin harren: ‘Gean hinne en meitsje plak foar my op in feilich oard en wachtsje der net mei’. Dêrmei draeide hja har nei de muorre ta. Har bern woene har wol graech ôfjaen. Hwat hja meimakken wie to great en gyng har forstân fier to boppe. Mar har leauwe yn de jonkfrou wie forsterke. Ek boer Harmsen woe mear witte fan har lear.
Yn syn húshâlding fan twa dochters en in faem hie it in hiele opskuor jown, doe't de keapman oan de Hearregrêft Antoinette Bourignon yn 'e hûs helje woe. Ien dochter foun it wol goed, mar de oare en de faem abbe- | |
[pagina 83]
| |
learren desto mear tsijn. Hja achten it leauwen-bûten-de-tsjerke-om as divelsk. Mar op in joun waerd de fracht bisoarge. Yn it pakhús wiene de freonen fan de jonkfrou by elkoar kaem. Sljochte Jehanne holp mei. Fan de groun ôf, dêr't hja har efkes op in matras dellein hiene, folge de jonkfrou al har dwaen en litten en dielde tagelyk de lekkens út. Binammen mei de hânskriften frege hja moderaesje, hwant sommigen wiene noch net oerskreaun of printe. It hie in hiel kerwei west om de sike troch kast en kelder to loadsen. Alhoewol, hja wie sa licht, oft hja fan fearren makke wie, sei Jehanne. De oaren namen har yn 'e eagen, bidoelde hja dêr hwat mei? De jonkfrou frege: ‘Wolst my faeks nei Oudewater ta ha op 'e skealjes?’ ‘Net nei Oudewater’, song de sljochte foar har út. Doe stjûrden hja har mar nei de keamer, om dêr de boel op to redden. Sa gau't de papieren regele en oardere wiene, lei de mem stil en tofreden to wachtsjen, nou kaem alles wol goed. Har bern founen lykwols, dat it slimste fan it kerwei noch kaem. Hoe moast hja forfierd wurde? Yn in draechstoel? Mar frjemd folk mocht net frege wurde en as hja har sels droegen en ien seach it mar, wist de hiele stêd, hwer't hja har hinne brochten. Doe hellen hja in dongberje by in boer wei, mar by neijer bitinken, wie har dat to ûnhuer foar in hillige frou, alhoewol't hja der sels wol foar fielde. Sljochte Jehanne, dy't hyltyd wer yn it pakhús stie, hja hie ek niget oan de geheime forbining, kaem mei in oar idé. By har op 'e souder stie de greate koer fan har forstoarne mem fan doe't hja hoarnwiif wie. Dêr paste de lytse jonkfrou wol yn en it lid koe ticht. Nimmen soe it ergerje, as hja dêr mei rounen. De jonkfrou woe dêr earst net oan, mar doe't Jehanne sei, dat hja ommers in kreamfrou wie, joech hja ta. Op dizze ierde waerd hja dochs mei ûneare bihannele. Hja spriek tagelyk de winsk út, dat har tiid fan forlossing mar gau oanbrekke mocht. ‘Noch net’, hie God har lykwols to hâlden jown. Hja liet mei har dwaen as in laem, nei't hja earst in pear kear topswier lein hie. It lêste, dat Reinders hearde, hwant hy soe efter bliuwe om de boel fierder to regeljen, wie in djippe sucht en doe it núnderjen fan in from liet út 'e koer wei. En Fan de Felde syn hastige stim, freegjend oft hja op strjitte bileaven net sjonge woe. Reinders seach de stoet efternei, dy't yn it tsjuster fordwoun. Hy harke nei de stadige, likense stappen fan de mannen, earst op modder en letter op stien. | |
[pagina 84]
| |
Doe't Jehanne ek by him net wei to slaen wie, die er de boel op slot en gyng fuort, nimmen wist, hwat sa'n frommes yn 'e holle hie en hoe't hja immen birabje koe. Oer inkelde dagen koe er it oare wol waernimme. Hy skoude in karke mei boeken, bidutsen mei in stik swart swilk, foar him út nei Fan de Felde syn hûs, dêr earne wie in plak foar de printerije rûm makke.
Inkelde dagen letter. Skimerjoun. Daelk soe Reinders mei de lêste omballingen fuort. Wylst er oan it neitinken wie oer de greate dingen, dy't er hjir meimakke hie, hearde er stimmen. Hy miende oan foarsichtige stappen en sa to fornimmen, dat de minsken fan dy stimmen hjir net thúshearden. Hy klom op 'e souder en stie foar it dakfinster, dat foar in part útsicht joech oer de bleekjes en stekjes fan de seis wenninkjes. Trije manlju stiene op it gielstiennen strjitsje to oerlizzen. By tûker sjen miende er yn de iene de sabeare boadskipper fan Noardstrân to herkennen, dêr't de jonkfrou sa bang fan wurden wie. De oaren koe er alhiel net thúsbringe. De boadskipper gyng nei Jehanne har hûs. De hannen ûnder har swart wollen skelk stie hja noch ûnnoazeler as ornaris to harkjen nei de man syn forhael. Hja knikte en knikte mar, rikte efter de doar en joech hwat oer. Hy bigriep, dat it de kaei fan de jonkfrou har doar wie. Spile hja foar forriedster? Hja fisken yn alle gefallen efter it net. En dat wist Jehanne ek wol. Mar soe hja ek fortelle oer de geheime trochgong? Unwillekeurich helle er hwat efterút, hja koene ris nei boppen digerje wolle. En sa tsjuster wie it noch net. Hy hearde de kaei yn it slot stekken en dêrnei ramaeiden hja al gau yn it hûs om. Earst woe er meitsje, dat er fuortkaem, mar it soe fan pas komme kinne, as er wist, hwat der krekt barde. Dêrom gyng er efter de doar fan de kelderskast stean to harkjen, dy't oan syn kant op 'e skoattel siet. As hja al op it spoar brocht waerden, hie er de tiid noch wol om him ôf to jaen. Hy hearde har op in stuit oangean yn it keammerke, dêr't De Cort earst en letter De Lindt wenne hiene. Dêr wie noch hwat âld húsrie stean bleaun, hwer hiene hja mei alles hinne moatten? De keapman hie in ryk ynrjochte keamer foar de jonkfrou. Sa fol as in aei, hie Fan de Felde sein, dy't de protserij fan de keapman net sette koe. Hy wie keapman by it EastYndysk hûs en Fan de Felde koe syn bazen! Kasten en laden waerden iepenreupt, ek hearde er it ratteljen fan amers. ‘Pas op, net op traepje!’ waerd der roppen. ‘Hwer net op?’ ‘Och hea, in pod!’ wie it antwurd. It bleau efkes stil. Reinders bigriep, dat hja it bist de doar útloadsten, hy | |
[pagina 85]
| |
hearde in lûde bats, dy't net misforstien wurde hoegde. Hy, as apotheker, wist wol hokke dingen der in pod taskreaun waerden. It die him sear, mar hja hiene Jezus foar oerste fan divels útmakke! Dêr wie hwat oars: ‘Ha, nou witte wy hok in from minske wy foar ha! Preesterklean! It biwiis!’ Dus hiene hja de hoekkast leechhelle en dy hie op slot sitten. Hwerom wiene dy klean de pater ek net neistjûrd? En oars, soe sok folk ea bigripe kinne, dat de jonkfrou har earsteling earder reinige as bismodzge? Hoe soene hja tinke oer de suvere omgong fan Gods folk yn de mienskip, hja, dy't it sels hiel oars wend wiene. Foar God foelen de seksen wei, by Him gau de ûnthâlding. Yn de himel waerd net boaske, de oergemeente soe it faeks ek sûnder houliksbannen dwaen moatte, binammen nou't de froulju sa ôffoelen. Dêr hearde er roppen: ‘It stjonkt hjir nei divelskloaten. Nimmen hoecht to freegjen, hwat hjir bard is. Sa'n frommes wol der oaren ynlúzje mei har oantigings. Barne moat hja’. Reinders koe it net langer oanhearre, mar toeve noch, omt er miende sljochte Jehanne to hearren. ‘Frou, siz ris, hja hat dy tink ek forlaet om mei har to dounsjen op de heksedei?!’ ‘Ja, né’, lake Jehanne. ‘Hast har wolris de skoarstien yn en út fleanen sjoen? Hast wolris kriten en gûlen heard by neare nacht?’ ‘Hja wie in fearrepak!’ Reinders tocht, dat er tonei syn taek koe: yn de striid tsjin de divel. Earst noch nei Wyts en dan wist er it wol. Fan dit bislút waerd er bliid, hy hie in doel. Mar hwannear mocht er bern fan syn mem wurde? Skielk oan de himelpoarte soene syn mem en pater De Cort him opwachtsje, him tusken har ynnimme en de himel ynfiere foar de Heare God Syn troan. De Heare sei: ‘Soan fan myn dochter Antoinette Bourignon, wês wolkom, oer in bytsje hast trou west, oer in heap sil ik dy sette’. Hwat diene froulju der dan noch ta? En de pine, dy't er altyd fielde om Wyts? God soe alle triennen fan syn antlit ôfwiskje, ja, se garje yn in flesse. Ealstiennen fan it leauwe wiene it. In nije bats fan de doar brocht him ta bisleur. Hja wiene ôfdrost mei de preesterklean. De stumpers! De dieven! Har slydskjende stappen fordwounen troch de steech. En wie sljochte Jehanne noch yn it hûs oan it omstrunen? Nou wol en | |
[pagina 86]
| |
doe't de jonkfrou siik wie net! Hy gyng efter de doar stean to balten mei in hol en aeklik lûd. En hearde har kritend ta it hûs út fleanen. De doar sloech ticht. Tofreden wachte er de gelegenheit ôf, dat er sels ek, ûngemurken, fordwine koe.
Antoinette Bourignon koe nou wer brieven skriuwe en wie like ivrich om dat to dwaen as altyd. Hja skreau oan de hartoch fan Sleeswyk to Gottorf oer de erfenis fan pater De Cort. ‘...nou't it eilân troch erfskip my tafallen is, soe ik jo minlike graech forsykje wolle de faders fan it Oratorium der wei to jeijen. Al is myn erfenis troch jo erkend, neffens brieven, dy't ik krige ha, hoe sil ik him oanfurdigje as dy geastlike dieven har libben fan hunen en rôvjen der op fuortsette? Fansels bisitte hja der net in striestalle, hwat hja ek biweare meije. Jo moatte wol witte, dat hja neat foar it yndykjen oer ha, mar op jo en my tidigje, dat wy bitelje en hja profitearje sille. Hwat my oanbilanget, ik bin ryk, alles fan myn âlden is nei de dea fan myn suster, op my oergien, jo kinne dat yn myn bertestêd neigean litte, en de faders steane sels by my yn it kryt. Ik herhelje: jei har der wei, it leafst mei gewelt fan wapens, hja hawwe ien en oar fortsjinne en bûten wapens om binne hja as ielen, dy't oeral trochglûpe en liken frette. Dêr komt noch by, dat God foar my is en soene jo dan tsjin my wêze doarre? By need hat God noch wol oare middels om jo to twingen, meitsje josels leaver ta Syn en myn freon. Sjoch ta, dat de wylde wetterfloeden it skoandere eilân net wer tohavenje hoege, ik wit, dat dit teffens de ûndergong fan hiel de wrâld bitsjutte soe. Noardstrân is in hoekje, dat God sparje wol om syn flechtsjend folk to herbergjen, sa lang't it oardiel jildt, salang't it oardiel toevet! Wês dochs forstannich. Jo wurdt hjirby oanbean dat oardiel to ûntkommen en freon to wurden fan de mienskip fan Gods gemeente...’.
‘Nou kom ik yn it hillichdom’, tocht Gabe Reinders, doe't er mei Jelle Eades oan de efteryngong fan it keapmanshûs stie to wachtsjen, oant der iependien wurde soe. De keapman kaem sels troch de steech om to sjen, hwa't der wiene, hwant der waerd noch altyd om de jonkfrou socht. Hja hie der krekt noch ynjowings oer hawn en sadwaende wiene hja safolste mear op har iepenst. Nei hiel hwat gongen en omgongen waerden hja yn in njonkenfortrek litten, hwant de jonkfrou moast earst op de hichte brocht wurde fan har | |
[pagina 87]
| |
kommen. Letter by har en oare bern yn de keamer, mochten hja yn it brede finsterbank sitte, dêr't hja in moai oersicht hiene oer de gearkomste. Hja foelen midden yn in taspraek fan de jonkfrou. Reinders naem har skerp op, hja like glânziger, mar har eagen stiene koartsich, har stim klonk fanatyk, dat er bang waerd. Soms rôlle hja de fûst, as stie hja foar fijannen. ‘...wy, de Godsfamylje, tsjogge op nei it eilân fan de silligen. Ik mei it nou wol sizze, it is Noardstrân en ik wit, dat myn bern De Cort dêr om pleite hat by God. It Godsfolkje wurdt út 'e wrâld weiskuord en oerplante op Gods hillige groun. Ik wit, hwat dat is, hwant ek my hat Hy út in bijekoer fan tsjoede geasten forlost om fan jim in hillich folk to meitsjen, bisocht as ik west ha mei sykte op sykte, dat ik myn bern net iens allegearre op tiid bernje koe. Dat wie de opset fan Satan’. Hja fage har it swit fan de holle en gyng sitten. Har antlit bleau yn biweging, it striele geast út as de sinne ljocht. Ynnimmend en goed wie har antlit, de sinne fan de gerjochtichheit, it inerlik ljocht, dat gjin mienskip ha koe mei de tsjusternis. O, om har bern to wêzen en rêst to finen. Hja spriek wer: ‘Jim moatte witte, dat ik myn bern De Cort by my forside hold. Hy riskearre alles foar my, syn posysje en goede namme en bleau my trou. Sa trou wiene de oaren him net! Dêrom soe ik graech ús broer De Lindt hearre wolle, hwerom't er myn earsteling forlitten hat tsjin myn bifel en rie yn’. Reinders hie Ewoud de Lindt noch net iens sjoen, hy siet hwat efterôf. Muoisum kaem er oerein, alle oandacht spand op him. Hy fortelde lústerjenderwize, hwat er allegearre op syn âldste broer tsjin hawn hie, lytse, ûnnoazele dingen. En de jonkfrou stelde der foar oer, dat hja dy wol fordroegen hie. Wie hy mear as syn mem? ‘It docht my deugd’, sei De Lindt, ‘hjir foar it antlit fan de gemeente en myn mem út to sprekken, hoe skuldich ik my fiel en hoe graech ik it wer goedmeitsje wol’. Doe't er útsprutsen hie, frege de jonkfrou: ‘Ewoud de Lindt, hastû my leaf?’ Hy antwurde biskamsum: ‘Ja, myn mem’. ‘Help my dan myn skiep to weidzjen’. Trijeris stelde hja de fraech en trijeris joech hja him de Petrusopdracht. De Lindt sei: ‘Haw tank, myn mem fan de acht sillichheden fan de berchrede. Jo libje net josels, jo libje foar God, hoe binne wy net bifoarrjochte jou bern to wêzen’. Oandien seach hja om har hinne en frege: Heare, ‘hwa bin ik dochs?’ | |
[pagina 88]
| |
De jonkfrou spriek fierder: ‘Doe't ik yn it earstoan hjir yn Amsterdam wie, bleau ik neffens myn winsk ûnbikend, mar in krupsje twong my op it siikbêd en der moast in dokter komme. De dokter, Abraham fan de Wercken, dy't myn bern De Cort koe, hat hjir alles oan it rôljen brocht. Hy seach yn my it wiere ljocht yn de tsjusternis en brocht by my, dy't er mar fine koe en dy't dêr forlet fan hiene. Yn it rychje fan seis huzen, dêr't ik ien fan hierd hie, waerden ek seis godtsjinsten biliden, it like it Athene út Paulus' dagen wol. Ik woe earst mei nimmen, hwa ek, disputearje. Hoe koe ik, mei't ik myn lear regelrjocht út 'e himel krige? Letter easke God it fan my en doe haw ik de minsken kennen leard! Hja mienden yn har waenwizens allegearre it by it rjochte ein to hawwen. Wylst hja soms jierren lang oer har lear stavere hiene, hie God my yn ien eagenblik de folle iepenbiering jown. Oer de Grifformearden wol ik it net ha, om't hja de predestinaesje oanhingje, as soe God de minsken sels de sûnde ynskune kinne. Der soe dan ommers gjin kwestje mear wêze fan in Evangelyske lear. Dus binne hja yn harsels al foroardiele. De Lutheranen mienden wol, dat hja Evangelysk wiene, mar der is yn har libben neat fan to merkbiten, dat ek yn de fierste fierte mar wiist op it Evangeelje fan Kristus. Yn party dingen binne hja minder as de Roomsk-Katholiken. De Werdopers of de Mennisten? Dat binne sabeare fromme lju, dy't aparte klean drage om der ut to rinnen. Ik soe har forlykje wolle mei de Jezuïten ûnder de Papen. Hja binne wol oefene yn de Skrift, mar ik kin net oannimme, dat hja werberne binne, hja jachtsje my to folle it goed fan de ierde nei, der binne net iens earmen ûnder har. Hja seine, ik soe net in gearkomst fine, dy't mear mei mines oerienkaem as harres en sa sjogge wy mar wer hoe greatsk de minsken winliken binne om elk sines foar it bêste to hâlden. Ek de Quakers founen, dat ik by har thúshearde, om't ik it ynwindich ljocht neistribje. It moat sein wurde, hja doarsten wol! Hja folgje God ommers net iens nei, mar nimme eigen ynbyldings foar ynjowings fan de Hillige Geast. Foar har pleitet dat hja de froulju like goed it wurd fiere litte yn de gemeente as de manlju en sadwaende ha hja brutsen mei de greatskens fan de manminske, alhoewol't froulju ornaris in bidroefd bytsje forstannichs to sizzen ha. Dêr wiene de Socinianen mei har nuvere fragen, oft ik yn in skepen God leaude, ik haw har net iens antwurde. De Joaden, dy't der net ôf to bringen binne, dat de Messias noch komme | |
[pagina 89]
| |
moat, haw ik ek distânsje fan nommen, om't ik wol seach, dat hja de wierheit mei sin tsjinstiene. Ek de Carthesianen haw ik ôfwiisd, hja wolle net in God oannimme, dy't hja net mei har dorn forstân bigripe kinne. En ik siz, dat alles, hwat bigrepen wurdt, neat mei God fanneden hat. Der kamen ûnderskate persoanen, dy't mienden, dat hja it ljocht fan de Hillige Geast hiene. Sommigen neamden har profeten, fan God stjûrd om it oardiel oan to sizzen. Ik bin bang, dat hja de falske profeten fan de lêste dagen binne, hwant ik kin yn har gjin tekens fan needrige geast fine, noch fan frijwillige earmoede, De sucht om foar profeten holden to wurden, skynt har ta de eagen út. Ik moat ek sizze, dat ik hjir langer as twa jier taholden en gjin inkeld sermoen biharke haw, mar ik fiel it net as in gemis. Ik siz jimme, dy minsken, dy't bisochten my yn har stream mei to slepen, hiene wiis dien nei my to harkjen, mar hja ha de eigen dingen keazen boppe dy fan God’. Reinders seach efkes om him hinne, allegearre hongen de mem oan de lippen. Allinne it iennichste frommes ûnder har, Anne de Vos, like wol lêst fan slûgens to hawwen. Syn buorman, dy't it ek ergere, lústere him yn it ear, dat hja tink al ier en bitiid yn de wapens west hie. Hy knypeage tsjin Reinders. Hy koe Anne dochs ek wol!? Doe hearde er de jonkfrou wer: ‘Der ha noch hiele oaren west. Serrarius, de Chiliast, bygelyks. Oer him haw ik it mar leaver net. Oant yn Ingelân hat er propaganda foar my makke. Hy neamde my Abigail, dy't opkaem foar it forkearde hûs en it sadwaende rêdde soe fan it fordjer. Mar letter praette er hiel oars’. Hja joech Anne de Vos nou opdracht it folk to forsoargjen. Anne skrille wekker en geat hastich sûpe yn greate kûmen, dy't de rigen lâns gyngen. Reinders preau, dat de sûpe hwat lang stien hie, hy fortocht de keapman fan gjirrigens. Mar doe't it focht koel troch syn kielsgat sakke, wie er tankber, it hie ek mei wetter ta kinnen. De jonkfrou naem neat en it forwûndere Reinders, dat hja gjin opmerking pleatste oer jildforgriemen. Hja sei allinne: ‘God, de Heit, is myn iten en myn drinken’.
‘En hwat sei Comenius ek wer?’ frege de jonkfrou oan har bern De Lindt. Hy sprong oerein (alle needrigens al wer forgetten, tocht Reinders) en sei: | |
[pagina 90]
| |
‘In broer en ik ha him bisocht, doe't er slim siik wie. Earst koene wy him mar min oan it forstân krije, hwa't wy wiene, mar sa gau't er de namme Bourignon hearde, briek er yn in stream fan wurden út: “Hillige faem, hwer is hja dochs?! Ik haw kennis en wittenskip en haw boeken skreaun, mar allegearre mei de ynset fan myn forstân, hja lykwols kriget har wysheit fan de Hillige Geast”’ Tsjin de gemeente rjochte De Lindt him ek: ‘Wy sjogge klear en dúdlik, dat ús mem mear is as de faem Marije. Hja is de twadde Eva, lykas Jezus de twadde Adam wie, hja is de godlike suster fan Jezus’. In oare stim klonk: ‘Hokfor hillichs ha wy hjir dan net!’ De jonkfrou joech De Lindt de hân en sei: ‘Op dizze Petrus sil ik myn gemeente bouwe’. De Lindt naem him foar better Petrus to wêzen as De Cort. De mem seach glimkjend om har hinne: ‘Ik bin sa bliid mei myn bern, as ik fornim, dat der safolle leauwe ûnder har is’. Doe forfette hja har opsomming: Rode en Fan Beuningen, de moanjende boargemaster, falske profeten, hja binne sljocht wurden. Mar Tanneke Denijs net! en hja is de gefaerlikste fan allegearre. Hja skriuwt om der in greate steat fan to fieren, hwant der binne in heap simpele lju, dy't har boeken keapje. Ik wit it út 'e earste hân. Har faem hat nammers ris by my west en in boekje oer har iepen dien. Hja koe har frou de stippen net iens nei it sin meitsje, sa'n fyn feltsje hat hja oer de tonge. Dêrom sea hja se sels. Ik freegje, stiet der yn de Evangeeljes eat oer stippen en oare tongestreakers? Har âlden binne oars wol forstannige lju, dy't moai krekt witte hok flesk hja mei har Tanneke yn de famyljekûpe ha! Hja woe net iens by my komme. Hja wist wol, dat ik dwers troch har hinne sjen soe!’ De Lindt naem al wer it wurd: ‘Ik haw har boekje “de Kristlike Leeljeblom” lêzen’. Hy lake smeulsk. Reinders seach nei Fan de Felde, dy hie it ek yn de kast stean, hy hie der ris fan opjown, dat de froulju yn diz tiid mear ljocht krigen as manlju. ‘Homburch en Kühlman en Böhme’, sei de jonkfrou, ‘allegearre lju, dêr't fan sprutsen wurdt. Hoe haw ik it mei Homburch hawn? Trijeris haw ik him tastien by my to wenjen. Wy ha riddenearre en riddenearre, hwant ik hie tocht einlings immen fan geastesbisibbens to moetsjen. It duorre net lang, of ik seach troch syn flaikjende wurden hinne. En ik woe him net wersjen, hoe't er der op oanstie. Ik hie frijhwat leaver hawn, dat er my mei de fûst yn it antlit slein hie’. | |
[pagina 91]
| |
‘Nou't ik my forantwurde haw, dat jim mar frij kieze kinne, sil ik jim Gods takomst iepenbierje. Allinne meije jim noch witte, dat it my yn dit hûs ek noch nei stien hat, hjir hie de Kweade syn hantlangers ek al. Binammen de faem wie in forkeardenien, dy't de keapman lokkich gau dien jown hat. Ik koe mysels noch net rêdde nei myn sykte en hja kaem, fluensk, by my om my fan 't bêd ôf to helpen, mar hold my sa stiif beet, dat ik, ienkear oer de flier, gjin kant út koe. De snichel treau my doe yn it fjûr mei de bidoeling der út to naeijen. As it kwea bard wie hie hja wol weromkommen en wie ik der fansels troch myn helpleazens ynfallen. Lokkich kaem op myn roppen, en ik hie hast gjin lûd om to roppen, de goede doch ter fan de keapman en hat my rêdden. Hja wie it middel yn Gods hân’. In gemompel fan forûntweardiging waerd heard, mar de jonkfrou forfette: ‘Wanhopich klage ik oan myn God en dêr klonk Syn treastrike stim - hwerom nimstû Noardstrân net yn bisit? - Hwerom wachtest langer? It is dyn goed rjocht ommers. - Ik forûntskuldige my, dat ik it dochs eins net nedich hie, mar Hy antwurde: - Dan sille oaren it naderje. Boppedat meist witte, dat der elk eagenblik in oarloch útbrekke kin. Dû meist net allinnich, mar dû moatst dit lân forlitte, it wurdt to gefaerlik. En nim de bern mei’. Doe barde it greatste wûnder. God liet my de pinne opnimme en diktearre my. Ik hoegde net to tinken, ik liet de pinne mar gean en glide. Doe't ik it skreaune letter oerlies, wie it in kontrakt, dat elk ûndertekenje moat, dy't mei my op Noardstrân wenje wol’. Hielendal ûnder de steapel wei helle hja in stik op segel en hold it omheech. ‘Sjoch Gods Skrift, net op stien, lykas by de Israëliten, elke tiid hat syn eigen wizânsje, mar dit ha Gods eigen fingers troch middel fan dizze myn flesklike fingers skreaun op perkamint. It libben op it eilân sil in sillich libben wêze. Dêr kinne wy it flesk ôfstjerre, lykas al sa lang ús hertsbigearte west hat en hwat langer, hwat mear God binei komme. Praet der noch tsjin nimmen oer, de aertsfijân leit op 'e loer. Sa gau't God my de tiid ek trochdien hat, wurdt it fansels oars. Dan sil ik jim tynge stjûre. Sa lang giet elk nei syn eigen hûs, ek dy't fan fierren kaem binne. Hwerom? Om al jim ierdske saken to regeljen en jim hûs to bistellen. Forkeapje alles, hwat jim ha om de opbringst mei to nimmen by de earste warskôging. Lit in lyts part efter foar dyjingen fan jim hûs, dy't de wrâld leafha en it tsjuster forkieze. Mar lit Annanias en Saffira jim | |
[pagina 92]
| |
ta warskôging wêze. Mear haw ik der net fan to sizzen. It sil hiel gau barre, meitsje oan. Wé him, dy't de boadskipper sliepende fine sil’. Efkes like it har oan to fleanen. Hja rôp: ‘Wolle jim my wier net forlitte? Fergje ik net to folle?!’ De Lindt rôp: ‘Jo fergje net to folle, jo fergje fiersten to min, jo meije ús libben easkje’. Allegearre wiene read fan opwining, ek Reinders fielde, hoe't er alhiel hyt waerd fan forwachtings. Hja antwurde: ‘Hwa wit! Wy binne der noch net. Mar haw goede moed, wês sterk, ik bin en bliuw by jimme. Bisykje ek oaren to bihâlden’. Ynein gyng hja sitten, inkeld har lippen biweegden noch, as koene hja net ta rêst komme. Doe stiek hja de hannen nei har bern út en sei: ‘Ik gean nei Haerlim, dêr sille jim my sjen!’ Efkes letter: ‘As ik my net forsin, kundiget him ek wer in nij bern oan en ik wit net, hoe't ik troch de fleagen hinne komme moat, mar God sil yn en om my wêze. It forfarren hie dochs net nedich west!’ It lêste sei hja kleijend, wylst hja de keapman oanseach, dy't de eagen delsloech en de holle djip bûgde. ‘Hastich moat ik fuort, dat de tsjinstfeinten fan de moardner Nieukerk my net yn fleagen fine en oerfalle kinne. Ik wit, dat der al in bifel ta finzenskip útskreaun is. Noch ien kear freegje ik: Hwa wol by my bliuwe?’ Hja rôpen om it hurdst: ‘Ik! ik, ikke!’ Hja antwurde: ‘God sil dy Nieukerk fine. Hoe hat er yn myn hûs oan it strunen west! Fortel mar, Gabe Reinders!’ It kaem Reinders oer it mad. Hy hie dochs inkeld mar ealge, dat Nieukerk der by west hie! It slimste woe er oerslaen, mar de jonkfrou moedige him oan om neat to skromen. Hy fielde in driuw yn him it har goed nei it sin to meitsjen en fortelde oer de pod en de preesterklean. Hja frege wer: ‘Wolle jim noch net by my weigean?’ Reinier Jans út Harns sei: ‘Jou Skriften binne de Hillige Skrift. Hwer oars soene wy de wierheit fine?!’ Hja antwurde: ‘Hoe kin dat, wylst ik noch nea yn de Hillige Skrift lêzen ha’. Mei de eagen omheech, frege hja: ‘Is it wier, Heare?’ Hja lei har beide hannen wiid iepen oer de papieren en boeken foar har. Doe lústere hja: ‘Hwa fan jim hie earen om mei my nei Gods stim to harkjen? God sei: Hja binne in nije Hillige Skrift’. Hja gyng oerein, draeide har foar de stoel om en knibbele der foar del. De | |
[pagina 93]
| |
bern folgen har foarbyld. Lûdop stoartte hja har hert út foar Gods troan. Har bern beaën har alles nei en gyngen doe mei har oer yn stil gebet. Sa gau't hja wer stie, rôp hja driigjend: ‘Ik wol gjin Judas om my hinne ha’ Skel wie har lûd: ‘Judas, gean ut!’ De bruorren en susters holden de asem yn. Sommigen prevelen: ‘Bin ik it, Heare?’ Hearden hja in doar gean? Nimmen doarst to sjen. Hie der nou in Judas west, of net? ‘O, de molestien!’ rôp de jonkfrou. It lêste, dat hja fan de mem seagen, wie in bleek en slop ta de doar út skeuveljend minske, swier hingjend op har apostels De Lindt en Fan de Felde.
It wie nacht. Gabe Reinders fear oer de Sudersé nei Harns. De stjerren fûnkelen yn in donkere loft. Hy tocht hiel hwat ôf op dizze reis. Dat er bliid wie, om't it lânskip fan it eilân fan de silligen op dat fan it Heitelân like. Jelle hie it sels sjoen. Hy fortelde, dat it faek weiwaerd yn de dize lykas Gods gemeente wol weiwaerd yn de dize fan de binaude ierde. Sûnder biskerming lei it yn de wetters fan Satan, dy't dochs heechstens hwat boartlike oanslaggen ûndernimme koe. It wie de opjefte fan Gods folk der hwatbiwenbers fan to meitsjen, wyld lân wie de Heare in grouwel. En oars soe Hy sizze: ‘Dû wyn, swij stil, sé, jow dy del!’ En mei koarten kaem God sels op ierde. Dat wie wol sa great, dêr wiene gjin wurden foar. Ynienen waerd syn each troffen troch in skynsel tusken de stjerren. Hy seach in froufiguer fjochtsjen mei in grou bist mei greate hoarnen. En hy hearde in stim, dy't sei: ‘De frou fjochtet mei de bolle, sjoch ta, hwa't de oerwinning bihellet’. Dêr sette er him doe ta. Mar der kaem immen fan it skipsfolk by him stean om to freegjen, oft er soms roppen hie. En wei wie it gesicht. ‘Hiene jo roppen?’ herhelle de feint. Fan toloarstelling joech er gjin antwurd en twifelriedich gyng de man by him wei. Sa wie it nou altyd mei him, altyd to let. As it brij reinde, leine syn skûtels omkeard. Hy biwûndere de stjerreloft en skôge de loft of om it skynsel. De frou hie it grif woun en hja hiet Antoinette Bourignon, dat miste him net. Forwêzen bleau er sitten oant de dage oan de loft kaem en hja de haven fan Harns ynfearen. Hy hie fan doel west in wein nei Frjentsjer to hieren, mar hwat tichter er by Wyts kaem, hwat skrutener er waerd. It trekskip lei ré en dat die der langer oer, dus naem er dêr passage op. De skille gyng, de hoarn klonk, inkelde toletkommers misten it skip en waerden útlake. Hoe koene de | |
[pagina 94]
| |
minsken sokke guodkeape wille om in oar ha. Mei de ivichheit foar de doar!! Reinders hie tiid om om him hinne to sjen, hy trof it, dat it gau maitiid wie, allegearre nij libben, nije ang oer de fjilden. Fan de natuer mocht de minske frij genietsje. Hjir en dêr weide al in keppel jongfé. De earste sinnestrielen boarren troch de dauwe hinne en makken nuvere fatsoenen fan beammen, fé en hikken. Ien kear like immen him sûnder ûnderein to biwegen. Reinders rydboske. Hy moast wer tinke oan de frou en de bolle. Mar by ljocht krigen jo sokke skynsels net to sjen. De frou hie it swurd hwat ûnhânsum hantearre. As it swakke fet ris forlern hie? Mar doe koe er syn tinzen net mear by Wyts weihâlde. Hwat seach er der tsjin oan har ûnder eagen to kommen. Mar suver noch mear om har âlden to moetsjen. Hja soene him faeks net iens mear sjen wolle. Op hânslach hie er ûnthjitte moatten noed to stean like goed fan Wyts as fan de saek. Hy wie mar de soan fan in forachtlike selsmoardner, dy't op de skandekant fan it tsjerkhôf bigroeven lei. Hy lies leaver yn fromme boeken, as dat er de kost fortsjinne! Wyts wie iennichst bern, de stedslju hiene sein, dat er mei de noas yn de buter foel. Earst wie it best gien, mar letter! Nimmen koe witte hoe hongerich er altyd omroun hie. Hwa bigriep syn wrakselingen mei God om in rein libben to lizzen? Syn wjeraks tsjin de winkel kaem dêr fan. Hwat hie it him om Wyts bigreate. Hja seach sa meepsk ta! Doe't Antoinette Bourignon yn 'e bineaming kaem, wie hja blykber oergunstich wurden, hja bigriep sa'n geastlik kontakt net. Hja forwiet him, dat er in oare frou krigen hie, deis en nachts ek. Lykwols mei sok in twang wie de formoanning ta it Evangelysk libben ta him kommen, dat er nearne oars mear oandacht foar hie. De driging fan it to-let, to-let efterfolge en bineare him. Syn reis mei Jelle Eades hie sa ûnforwacht net west en hoefolle wiene op deselde wize kommen? Eins hie Wyts sels him twongen om to kiezen. De jonkfrou hie in skalk each op syn forhâlding mei Wyts, dat moast tajown wurde. Hoe soe de jonkfrou foar bern oer stean? Hja hie it der komselden oer. In boer út Warkum, Rinke Teatses, kaem by him sitten, de skipper hie forteld, dat hy by dy frou yn Amsterdam weikaem en hy woe graech mear fan har witte. Wolkom wie er Reinders net, mar it praten forsette syn tinzen. De wurden fan lof en blydskip woene earst mar min oer syn lippen komme. Hy tocht oan Mozes by de toarnebosk. Mar hy wie gau oer it deade punt hinne en fortelde doe oan ien wei oer de greate dingen Gods, dy't stal krigen hiene yn Antoinette Bourignon, de | |
[pagina 95]
| |
twadde iepenbiering Gods ûnder de minsken. Ynienen wâlle it lok oer har yn him op, dat er der muoilik fan waerd en syn selskip him frege, oft er net goed waerd. ‘De dieden en geneden Gods taeste my yn de siel’, antwurde er. Snokte er? ‘Ja, God is great’, sei de boer. Twa sikers nei de wierheit hiene inoar foun. Reinders ûnthiet, dat er de boer syn namme neame soe by de jonkfrou, en hy moast har sels ek mar skriuwe. Doe't Frentsjer al mar tichterby kaem, tilde er foar syn nije freon in tippe fan it gerdyn op, dat er efkes sjen koe, hoe raer't er it hjir yn minskene eagen lizze litten hie. Syn freon treastte him mei it foarbyld fan de discipels, dy soene itselde gefoel grif ek kend ha. Mar hwa hie gelyk? Moast elk net it keninkryk Gods sykje? Alle oare dingen soene him tasmiten wurde. Hwa wit hoe goed it noch komme soe mei him en de frou en de bern. Reinders suchte. Hy wreau ûngeduerich yn de hannen. Dit wist er wol, as hja ris neat mear fan him witte woe, soe hy him djip ûngelokkich fiele. Né, hy wie noch lang net, hwer't er wêze moast, de jonkfrou hie gelyk. Yn Frentsjer seach Gabe Reinders fuort al bikende gesichten. Hy bisocht to dûken en wei to krûpen om ûngemurken oan wâl to kommen, mar syn maet woe lang en breed ôfskie fan him nimme en hy hie in lûde stim. Reinders tocht it him yn, hoe stedsgenoaten him nou sjen soene: in skredich rodzich man mei in smelle holle fol tearen. En lang net yn 't lykwicht, mar dat koe nimmen him samar ergerje. Al gau stie er yn it blikfjild fan mûskopjende minsken. Letter roun er foar syn gefoel spitsroeden en as er net oanmakke, soe it nijs fan syn weromkomst de apotheek birikt ha, foar't er der sels wie. Dêr wie de winkel mei ‘De wide Gapper’. Boarten syn bern jinsen by in stienbult? Kom, hja wiene goed opsketten mei it biflierjen fan de strjitte. Hy fielde blydskip om al it bikende om him hinne. De winkel wie leech, hy hearde it lûd fan de skille. Der wie neat foroare foar safier't er sjen koe. Efkes joech er him op in stoel op 'e kreake del om de dingen yn him op to nimmen. Efter hearde er lûd fan pannen. Hy sprong oerein. ‘Wyts’, rôp er troch de holle gong en waerd kjel fan syn eigen stim. Har leave stal forskynde hastich troch de keukensdoar. Har antlit ljochte op en nei licht skoarjen, draefde hja nei him ta en foel yn syn earms. ‘O’, sei hja, wylst hja har losmakke, ‘en ik hie lilk op dy wêze wollen’. | |
[pagina 96]
| |
Hy lei syn wang op har hier, har ljochte hier en striek in pear wylde túften út har eagen. ‘Lokkich datst it earizer net op hast’, sei er. En, as skamme er him: ‘Ik kin der ynkomme, datst lilk op my bist, mar koest my ek wol bigripe, haw ik tocht’. Hja knikte wurch: ‘Mar it wie net moai fan dy, hwat moasten de minsken der wol fan tinke?’ ‘Freegje leaver, hoe't ik oer de minsken tink’, antwurde er. Hy fielde him op it stuit folle lokkiger as by de jonkfrou en frege him ôf, oft God dus wol paste by de leafde tusken man en frou. ‘Du silst honger ha’, sei Wyts ynienen. Togearre draefden hja de lange gong troch en dounsen as oerdwealske bern, oant Wyts suver hwat bigoun to skriemen. En doe't hja har itensiederskunsten fortoane soe, bitocht er, dat er yn Amsterdam allinne lekker iten hie by frou Fan de Felde. In biwiis fan har tsjoenkunst? De mem forachte it iten, Gods folk hearde gjin ûnderskie to hawwen tusken sûr en swiet, sâlt en bitter. ‘Net to folle omslach der mei meitsje’, warskôge er swakjes. De roken priken en hy hie wier honger. Hwer wie Wyts nou ynienen? Mei al syn tinken hie er har net iens fuortgean heard. Mar dêr kaem hja al oan mei oan elke hân in bern. ‘Wy soene har al forjitte’, sei hja skuldich. ‘En hwer is Meindert?’ frege er. ‘Rop him mar’, sei Wyts tsjin de âldste, dy't hurd fordwoun, as woe hja wol graech by heit wei. Reinders wie efkes rekke. Mar daelk fielde er him wer as in breugeman. Loek der in skaed oer Wyts har antlit? Hwat soe der praet wêze! Mar hja hie der har goed trochslein! Mei Meindert hiene hja it oer Amsterdam, hja namen de jonkfrou lykwols net yn de mûle. Hwerom hie er gjin tynge stjûrd? Mar hja hiene wol freegje litten. Hy wie to goed foar dizze wrâld. ‘O, né’, sei er, ‘ik bin ek bang foar de minsken en noch mear foar God, miskien hie ik better yn in kleaster past’. ‘En dêrom bisikest it by sa'n frou’. Dit ûntfoel Wyts. Hja tocht nei en naem har foar op har iepenst to wêzen. Hja soe sjen litte, hwat hja wurdich wie by Gabe. Mar dat hie hja faker sein. Hy lei de earm om har hinne, hwat woe er nou wer mei dat gebeart sizze? Skuldgefoel? Foar har oer, of foar de jonkfrou oer? | |
[pagina 97]
| |
De namme Antoinette Bourignon wie yn Frjentsjer, dat altyd ryk west hie oan kolleezjes en konventikels, net ûnbikend bleaun en de nuvere útreis fan Gabe Reinders, de apotheker op it Noard, hie noch mear de oandacht op har fêstige. Nou't er werom wie, woene party minsken mear oer har witte en syn antwurden wiene posityf, troch har hie er wer útsicht op it libben en de takomst krigen. Hy foel de prekers oan, dy't de sykjende en blyn om har hinne taestende sielen ek noch yn de wei stiene en it ljocht fan de jonkfrou fortsjusteren. Sûnt ieuwen hie it Evangelysk libben om Kristus to folgjen him net sa iepenbiere. Wé, dy't de tekens gjin acht sloech. Mar mei de formoanner wie er sa gau net klear. Hy sei: ‘Dat hat Thomas à Kempis ús al foarholden, dat wy Kristus neifolgje moatte en ik siz it myn keppel elke snein of dei as wy gearkomme. Jo bringe gjin nijs, apotheker, jo litte jo de blynkleppen foarbine. Jou jonkfrou praet oaren nei, hja blaest út it greate gat fan in oar syn wysheden’. Faek gyng it hurd om hurd en dan frege Wyts, oft it disputearjen net wachtsje koe oant passender tiid, mar foar soks wie de tiid altyd passend, seine hja. Reinders fielde him swak om Wyts en it like faek, oft de formoanner it woun. En dan krige er sa'n langst om nei de jonkfrou en nei har bern werom, dat er bigreatsjen krige mei Wyts. As er mar nei har seach, wie er al foreale op har en koe er har net misse. Né, tocht er, hy soe nea frij wurde. Wie er yn Amsterdam, hy longere nei Wyts, wie er by Wyts, dan hie de jonkfrou wer macht oer him. De formoanner forwiet him ek, dat er nearne garânsje foar hie. Hy antwurde stroef: ‘Leauwe is gjin witten. Hwat hat Jezus sein?’ De formoanner: ‘Jezus is ús ûnthjitten as de Messias en dy frou net’. Reinders: ‘Hja is de twadde, de froulike iepenbiering Gods, jo mochten wolle, dat jo it bernskip jown waerd’. ‘Is it jo al jown?’ Dy opmerking snie goed djip. ‘Der stie my noch hwat yn 'e wei’. Fyntsjes sei de formoanner: ‘In frou tink’. Doe seach Reinders him oan, hwat wist er? Hie er ek briefwiksel mei har? Fan de formoanner seach er nei Wyts en foun it in riedsel, dat hja tusken him en syn ivich heil ynstean soe. Wyts sei: ‘Der is ús nearne in frou ta sillichheit ûnthjitten. En oars ha wy de mem Marije wol’. De formoanner moast fuort en doe't hja him togearre útlitten hiene, sei Reinders: ‘Mar hy wit net, dat de Antichrist al loslitten is. Sjoch mar om | |
[pagina 98]
| |
dy hinne: ôffal, torblining, oerflakkigens. Hwat ûnderskiedt de tsjerke noch fan de wrâld? Haw ik it skynsel fan de frou sels net yn de loft sjoen? Hja sil it winne. En de Iepenbieringen dan? It bern fan de bernjende frou is gjin proai fan Satan wurden. Hwer is hja hinne flechte?’ Wyts sei: ‘Dat kin oars útlein wurde. En fierder wistû ek wol, dat der nuvere dingen sjoen wurde, dy't by deiljocht hiel gewoan binne, in forgroeide beam is al in sater, dauwedampen binne wite juffers. Mar fansels, der binne ek dingen, dy't gjin forklearring ha’. Ynienen rôp Reinders: ‘Gean by my wei, Satan!’ H want hy fielde, dat der twifel yn him op kaem. Wyts antwurde: ‘Ast my dêr mei bidoelst. Ik gean net by dy wei, hwant ik gun dy net oan in oar. Dat meist dy frou wol fortelle. Dû bist in man en gjin spoek, ik bin in deagewoane frou en God hat ús man en frou by elkoar brocht. It is sûnde yn Gods eagen om ús to skieden. Dat mei Hy allinnich dwaen en ik hoopje dat Er it noch lang net docht’. ‘De jonkfrou stiet der bûten. Hwerom wolst neat fan ús geastlike mem witte, dan kaem it ek goed’. ‘Soms as ik dy hear...’, sei hja mimerjend. Doe waerd er bliid: ‘Dat soe prachtich wêze, dan geane wy mei de hiele húshâlding nei har ta’. Mar sa hie hja it net bidoeld. Lykwols liet hja him yn dy blydskip. Hy sei: ‘Witst hwat? Wy forkeapje alles, hwat wy ha en jowe it jild oan de mienskip en tsjogge mei har nei it eilân fan de silligen’. ‘Dat mienst net’, sei hja ynienen neigeanich. Wie er dêrom miskien thúskaem? Sa gemien wie dat frommes wol! Lokkich, dat hja yndertiid neat op syn namme biskriuwe litten hiene. Ek dizze dingen liet hja oer har hinne gean. Hja patte him, mar joech gjin biskie. Earst liet er har as in blok gewurde, mar doe naem er har herstochtlik yn de earms. ‘Giest mei?’ sei er. Hja knikte. Mar neitiid hie er spyt fan syn wrâldske sinnen. Sa gefaerlik wie nou in frou. Yn de hite hei hie er har sels ûnthjitten, nea wer by har wei to gean. Mei't Wyts op it lêst wol seach, dat der by him gjin salve oan to striken wie en hoe't er ûnder de twastriid lijde, naem hja har foar him to helpen. Ear't er der wer útnaeije soe. Dêrom frege hja him nei de krekte bidoeling fan it forkeapjen fan alles. | |
[pagina 99]
| |
Hy antwurde: ‘Neffens de foarbylden fan de earste Kristengemeente. It is ús opjefte. De Mem krijt it bihear en de Apostels helpe har der by’. ‘Mar dû bist noch gjin bern fan har’. ‘Dat komt op Gods tiid’. ‘En wie dat myn skuld?’ ‘Né, myn eigen’, sei er koart. De formoanner soe wol praet ha. Hy fortelde oer it eilân, priis lei it foar de weagen en nearne wiene hja feiliger as dêr. Der hinget oarloch yn 'e loft, wy moatte foartiid to plak wêze. Op it lêst die hja in útstel, faeks koene hja hwat jild losmeitsje, dêr't har âlden neat fan wisten. Hwat wie er dêr bliid mei! ‘Kin ik dus wol mei dy?’ frege hja. Kjel antwurde hy: ‘Mar fuort net. Ik sil dy roppe, as it safier is. Salangst neat hearst, moatst by de bern bliuwe. Unthjit my dat’. Mar dat woe hja net. In pear dagen letter helle Jelle Eades him op. It wie de oangename tiid, hie de jonkfrou sein. Eades wie mistreastich, it wie ta in breuk kaem mei syn frou, hja noch har famylje woe noch mei him to meitsjen ha. ‘Giet de apotheker mei?’ frege er. De apotheker sei earst ja noch né en Jelle stie der net op oan, as wie er ûnforskillich wurden. Wyts wiek net in stap by de manlju wei. Jelle bleau hwat dagen by har útfanhûs en op it lêst sei Wyts: ‘Ast net giest, Gabe, hast gjin libben en wy likemin’.
Op de tolfte april sommearre de hartoch alle skuldeaskers fan pater Christiaen de Cort of har fortsjintwurdigers yn Sleeswyk. Dêr koe elk syn easken nei foaren bringe. Hy hie jonkfrou Antoinette Bourignon har brief gjin acht slein, mar forwachte har der wol as erfgenamt fan de pater. Hja koe dêr fortelle, oft hja de neilittenskip mei de lêsten, net bitelle rinten en alle oare skulden oanfurdige, rûch birekkene in bidrach, dat oproun wie ta in 250.000 marken. Op de stelde datum forskynden mar inkelde bilanghawwers, wol ôffurdigen fan de Oratorianen. De jonkfrou liet neat fan har hearre. Der waerd ornearre, dat hja it to drok mei har kreambêdden hie en mei it skriuwen fan har goddeleaze boeken. Foun hja it oerboadich om jild út to jaen foar in reis om har ‘bisit’? Faeks seach hja der mar ôf fanwegen de skuld oan it Oratorium. Der waerd ôfpraet, dat de faders fan it Oratorium op it eilân tonei wol in | |
[pagina 100]
| |
spesifisearre rekken fan har bihear nei de jonkfrou stjûre soene, om't dat goed fatsoen wie. De jonkfrou krige in brief, dat de hartoch sa goed west hie, de tiid om oan to nimmen of net, mei in healjier to forlingjen. Hie hja dan gjin útslútsel dien, dan wiene al har rjochten forfallen. De jonkfrou glimke fyn. Tochten hja in ûle fan in frommes foar to hawwen? Al dy bangmakkerij mei skulden en lêsten wiene doekjes foar it blieden om fan har ôf to kommen. De Jezuïten sieten der efter. Yn dat healjier skreau hja neat werom, ek stjûrde hja gjin fortsjintwurdiger.
Frou fan de Felde forwiet har man: ‘Ynsté dat jo fleurich wurde fan jou nije liedster en leare, geane jou sinnen der aerdich op efterút. Foarhinne laken jo noch wol, nou kin der gjin glimke mear ôf, soms moat ik tinke, dat de dea wachter by ús doar wurden is. Jo riddenearje wol hiel from, mar lêze net iens mear yn de Bibel. It moaije boekje fan Tanneke Denijs, dat jo op it spoar brocht hat fan de wiere kristenhâlding hiene jo forbarnd, as ik it net keard hie en jo lêze wol oan en wei yn “It ljocht fan de wrâld”, mar it hat der mear fan, dat de klearebare nacht oer jo kommen is’. Fan de Felde antwurde: ‘Jo bigripe net, hwat der yn my omgiet. Ik kin net flinterknippe yn it libben. Jo bigeare it Evangelysk libben net lykas ikke, as jo alris mei ús meidogge, bart dat sabeare’. De frou sei, dat hy net yn har hert sjen koe en as hja earne tokoart skeat, dan om't hy neat mear om har joech. Der waerd al lang oer praet yn de stêd. ‘Sil ik jo hwat sizze? It komt fan dy frou. Sûnt jo har kenne, is der hwat brutsen; as hja jonger wie, soe ik der hwat efter sykje. Toe, gean wer gewoan mei my nei tsjerke ta. Jo hiene al lang yn it konsistoarium sitte kinnen. Leaver hie ik hawn, dat jo jo oansleaten by de mienskip fan boargemaster fan Beuningen of by Rode! Mar skodzje dit kljittewiif fan jo ôf’. Fan de Felde roun lilk fuort, hy wist net, hoe't er him fordigenje moast en socht heil by de boeken yn syn kantoar. Hy foun, dat er better net boaske wêze koe. Syn neef De Lindt hie it goed bisjoen, dy hie sels by de mem wenje mocht. Hy klage yn in brief oan syn mem oer syn swierrichheden, om't hja makke hie, dat er yn it earstoan net mear by har kaem fan wegen syn forkearde frou. Sa gau't hja it brief lêzen hie, klom de jonkfrou yn de pinne om Frou Fan de Felde de wierheit to sizzen. Hja wiisde har op in kwael yn har hûs, | |
[pagina 101]
| |
dêr't hja wol mei op 'e hichte wie. Hwant it wie har eigen skuld, dat har man sa swiersettich wie, hy wie ommers troch de faem bitsjoend. Elke frou soe yn sokke omstannichheden soargje sa'n swolm de hûs út to wurkjen, mar hja hold de snichel de hân boppe de holle en forwiet har man fan alles. Hja hong tink de nijljochtersidéën fan Mennisten en Quakers oan, dy't de tsjoenderije lytsachten. Hja mocht fan de jonkfrou oan- nimme, dat der mear dingen tusken himel en ierde wiene as hja mei har forbline eagen sjen koe. Hja koe sels wolris as tsjoenster foar de hearen komme moatte, hja en har leave faem, dy't grif wakker oan it pilledraeijen west hie. Fan de Felde krige ek in brief, mar by him tape hja út in hiel oar fetsje. ‘...myn leaf bern, ik haw in gesicht oer jo hawn. Ik seach jo oan de rânne fan in sterke floed, dêr't it wetter fan slim forûntreinige wie en op de boaijem wie in boarne dy't it wetter forjoech, dat jo alle dagen dronken. Sjoch, dêr moat it wol fan komme, dat jo alle dingen sa swier ynsjogge. En wylst dat sa mei jo is, soe jou frou bigeare, dat jo tsjin har laken! Hja is in ûnminske. Dat is nou har gefoel foar jo!! Wylst jou lea bitsjoend binne troch har faem, nimt hja dy faem yn biskerming, omdat it noch sa'n jong famke is. Krektas kinne jonge bern gjin wurktugen fan Satan wêze. Ik wit dat út ûnderfining mar al to goed... Ik sil jo hwat sizze. Lykas jou lea bitsjoend binne, is jou geast it ek. Witte jo net, dat it tastien is fan in frou to skieden fanwegen echtbreuk? Nou, hwat docht jou frou? Hja brekt de echt alle dagen wol. Hja neamt har breid fan Kristus troch de doop, dy't har bitsjinne is. En hja forbynt har oan de Kweade troch middel fan dy faem. Dy't hja dus heger achtet as de deugd fan har man. Is dat net slimmer brekken fan de echt, as hwannear't hja har lichem oan in oare man jown hie? Dêrom is it skieden nou safolste mear tastien, oars soene de lea ommers heger achte wurde moatte as geast en siel?!’ Fan de Felde gyng net oer ien nacht iis. Hy frege om neijer forklearring fan it brûkte byld. It antwurd skreau de jonkfrou op de twadde Krystdei: ‘It forûntreinige wetter is de sfear fan jou hûs, dy't troch in tsjoede geast stadichoan om jo hinne spoun is. De greate forgifspuijende boarne is de divel en as jo drinke fan it wetter út dy boarne, fordjerre jou lea en sadwaende fordjert ek jou geast’. Lang hong Fan de Felde der doe noch tsjin oan, hy koe mar net kieze. Hy rekke sa yn it ûnleech, dat de hiele famylje har der mei ynliet. De frou wegere perfoarst in ûnskuldich bern op to offerjen oan de kweafisioenen fan | |
[pagina 102]
| |
in sljochte frou, sei hja en hja frege: ‘Hast dy frou leaver, hwat keart dy dan noch?’ Sa makke hja it him licht har to forlitten. Mar de hiele stêd Amsterdam spriek skande oer him, hwant hege beammen ha in bulte wynfang en alles, hwat de frânske frou oanbilange stie langer yn it sintrum. De jonkfrou biskôge de skieding as in oerwinning. Fan freugde skreau hja in briefke oan Reinders yn Frjentsjer en ien oan Eades to Harns: ‘Us broer Fan de Felde is goed foarútgien yn de ûntsizzing fan syn frou. Ik hoopje, dat syn foarbyld jo wjukken jaen mei om lyksa en desto lichter to fleanen nei God’. Reinders naem it briefke sels oan fan de post, mar liet it Wyts net lêze. Hy rekke der alhiel troch fan de roai. Hy treastte himsels, dat alle gefallen net gelyk wiene en hjir wie gjin kwestje fan tsjoenderije. Frou Fan de Felde hie net omlyk wollen en Wyts wol. Doe seach er dy frou wer op 'e knibbels foar de stoel lizzen om mei har to bidden. Hwat wie it dochs allegearre ûnbigryplik!
Nei't har bern ek de lêste kostberheden en it lêste jild oan har ôfstien hiene, lies de jonkfrou har it kontrakt yn lytse gearkomste foar. ‘Wy ûnderskreaunen, allegearre mei elkoar en elk foar him apart, ûnthjitte God ús Heit en Skepper, dat wy Him leaf ha en tsjinje wolle al de tiid fan ús libben as wiere bern, sûnder ien bitingst en ta Syn gloary brûke alle macht fan ús geast en de krêften fan ús lea en mei alles, hwat de Heare ús jown en liend hat yn de wrâld. Dat mei Him to offerjen ús lea en siel yn hillige oerjefte om warber to wêzen ûnder Syn hillige wil, dy't ús bikend makke wurdt troch Syn tsjinstfaem Antoinette Bourignon, dy't wy nimme foar ús geastlike mem, ûnthjittende har hearrich to wêzen en alles, hwat hja ús opdrage sil út namme fan God, sa goed mûglik út to fieren salang't wy libje. Dat sûnder ea wer to arbeidzjen of hannel to driuwen om it goed fan dizze wrâld to winnen, dy't wy forleagenje en der ôfstân fan dogge om Jezus to folgjen en to dwaen, hwat Hy ús foardien hat om to dwaen. Dy't seit, dat Er net fan dizze wrâld is en dat Syn discipels ek net fan dizze wrâld binne, foar safier't Syn Heit se Him út 'e wrâld jown hat. En om ta dat tal to hearren, ûnthjitte wy allegearre mei elkoar en elk apart foar himsels Jezus' foarbyld to folgjen sa goed wy kinne en wy forbine ús folslein en absolút oan Syn tsjinst, lyk in soldaet ûnder de kaptein om him oant de dea to folgjen út eigen frije en franke wil en ûnwjerroplik, neikommende alle biloften, dy't wy by de doop ûnthjitten ha, dy fornijende | |
[pagina 103]
| |
foar safier't dat nedich is. Om op 'e nij yn de geast fan Jezus Kristus to bigjinnen en de geast fan it bidoarne flesk ôf to stjerren, forleagjende de divel, de wrâld en ús eigen bigearten om de wil fan ús Himelske Heit oan to hingjen en ivich mei Him libje to kinnen. Amen. Amen’ Efkes seach hja har bern oan en doe lies hja har eigen ûnthjit foar. ‘Nei oanlieding fan dizze ûnthjittings ûntfang ik, ûnderskreaune, Antoinette Bourignon, al de ûnderskreaune persoanen as myn geastlike bern en ûnthjit har de wil fan de ivige Heit to iepenbierjen, dat hja Him folgje kinne en har to helpen en to bimoedigjen om dat to dwaen nei myn beste formogens en dêr noed en soarch foar to stean. Hja ûnthjit dat lyk in wiere mem hâlden is foar har bern to stean. Ek ûnthjit hja dat to dwaen oan allegearre, dy't nou en skielk wierhaftich yn de neamde forhâlding ta har stean of stean sille. Dit is skreaun en tekene yn de stêd Haerlim yn Hollân op de sawnde april 1671 troch Antoinette Bourignon, Joan Tiellens, Folkert fan de Felde, Freark Francken, Ewoud de Lindt en Anne de Vos’. Hja sei: ‘Der kinne alle dagen mear nammen ûnder komme to stean. En it tal fan de apostels sil fol komme op tolve’. Hja wie mei har folgelingen gearkommen yn in keamer fan it hûs yn Haerlim, dêr't hja einlings in feilige skûle foun hie. Gabe Reinders en Jelle Eades en oaren wiene, njonken de ûndertekeners, oanwêzich by it foarlêzen. Guon gyngen nei foaren om to tekenjen, mar Reinders doarst net. Doe wonk de jonkfrou him, sadwaende kaem ek syn namme ûnder it epistel Gods en it wie him in greate blydskip. |
|