| |
| |
| |
Haedstik 13. De striid yn 'e Stratosfear.
Uren oanien hienen hja socht om it loftskip fen X. Haeije siet foar syn apperaet en socht dêr de hiele Stratosfear mei ôf, sûnder det er de Greate Unbikende yn 't fesier krije koe. Wibe rôp forskate kearen yn de mikrofoan oan Dr. X, sûnder andert to krijen.
Jelle stjûrde it stielen mûnster troch de Stratosfear, hinne en wer en op en del, mar der wier neat to bikennen.
Dit hoechde gjin nij to dwaen, hwent se bleauwen fierstento heech. Kilometers ûnder hjarren laei de man, dy't se sochten syn opium-roes út to sliepen.
Tige ier yn 'e moarn seagen se de sinne opkommen, dy't earst in bloedrich read, mar al moai gau in forblynjend wyt ljocht yn hjar loftskip forspraette. Se wierne den ek forplichte om de ruten oan de sinnekant ôf to dekken, sadet se allinne noch mar útsicht hiene oan de fen de sinne ôfkearde kant. Folle wier der lykwols net to sjen, howol it útsicht hiel oars wier as hja tocht ef ea earder sjoen hiene.
Ynpleats fen in blauwe himel, sa't men det mei sok moai sinneskyn waer forwachtsje mocht, seagen se in djip swarte himel, hwêr't, al wier it ek ljochtskyndei, yet forskate stjerren to sjen wierne.
| |
| |
Howol dit wol to forklearjen wier, founen hja it dochs in nuvere gewaerwirding en bigriepen der den yn 't earstoan ek net folle fen. Mar China-Pier, dy't net sa min wier, lei it hjarren út sa as 't neffens syn bitinken wêze moast.
‘Sjuch,’ sa forklearre hy, ‘op dy greate hichte, hwêr't wy nou binne, is gjin loft mear, dy't it blau út it sinneljocht hellet en rounstruit. Dêrtroch is de himel nou sa swart. En det wy nou noch stjerren sjugge, scil der wol oan lizze, det it stjerreljocht nou fensels ek net mear troch dyselde loftdieltsjes opnaem wirdt.’
‘Hwet is 't oars hjoed moai waer,’ seit Wibe, ‘det like der jisterjoun oars net folle op.’
Nou kin Haeije him net mear stil hâlde.
‘Det is ek snoad fen dy. Wy binne hjir dochs fier boppe wolkens en winen út; ho kin 't hjir den min waer wêze.’
‘Dêr hast gelyk oan,’ jowt Wibe ta, ‘dêr hie'k sa gau net om tocht.’
‘Tonei earst tinke en den prate,’ ûnderrjuchtet Haeije him.
‘Tink dou mar om dyn apparaet,’ falt Wibe út, dy't der in hekel oan hat fen Haeije to plak set to wirden.
China-Pier is ek fen bitinken, det Haeije noch mar ris bisykje moat om de Greate Unbikende to finen.
Haeije siket wer forgees alles ôf, der is gjin spoar fen 'e silveren snoek to bikennen.
‘Sjuch,’ wiist China-Pier nei bûten, ‘wy geane wrychtich troch wite wolkens. Ho kin dit nou?’
| |
| |
Alle fjouwer sjugge se nei bûten, mar kinne gjin forklearring fine for dit nuvere forskynsel.
‘Forhip,’ seit Wibe opiens, ‘det is iis!’
En wrychtich, nou't se goed sjugge, merke se, det it hiele wolkens fen iis binne, hwêr't se trochhinne farre.
Ho't se hjarren de kop dêr ek oer tobrekke, se kinne de oplossing fen dit riedling net fine. Jelle wier der de skild fen, ek al wist er it sels net. It kaem, trochdet hy safolle leger gien wier en nou op in hichte kaem, hwêr't noch wol loft wier, al wier 't mar in hiel lyts bytsje. Troch de flecht fen it troch de sinne forwaerme loftskip waerd der in loftstream omheech twongen, dy't dêr wer ôfkoelle, hwêrtroch it bifrear.
Se seagen der noch efkes nei, mar do gyng elts wer op syn plak.
Wibe skeakele for de safolleste kear syn radio-apparaeten wer yn en rôp op 'e nij om de man dêr't se op út wierne.
‘Aha,’ seit er, ‘der ha'k him einlings. Haeije, sjuch him nou ek to pakken to krijen.’
Wibe slagget der, sa as wy witte, tige goed yn om Dr. X. lilk to meitsjen.
Mei Haeije syn apparaet giet it net rjucht sa't er it hawwe wol. China-Pier komt by him to stean, mar kin him fensels net helpe, hwet him danich yn 'e wei is.
‘Ik haw 'm,’ ropt Haeije op 't lêst en bûgt him daliks oer de sprekbuis, dy't flak nêst him stiet en dy't nei Jelle tarint.
| |
| |
‘Jelle!’ bâlt er yn 'e sprekbuis, ‘dou giest krekt de forkearde kant út, hy is rjucht efter ús.’
China-Pier fljucht wer nei syn tafel. Nou scil it der op oankomme. Nou scil blike moatte, hwa fen beiden it sterkste is. De jonges kinne hjarren hast net kalm hâlde: Wibe fjûrret Dr. X noch hwet oan, wyls't Haeije gjin each fen it loftmûnster, dêr efter him, ôfhâldt.
Jelle manipulearret mei de stjûrynrjuchting. It skip draeit. Haeije kin it skoan fornimme. Ja, dêr hat er him al rjucht foarút.
‘Hou, Jelle,’ ropt er, ‘sa is 't goed, in bytsje mear nei ûnderen, wy binne to heech.’
It skip dûkt.
‘Ja,’ ropt Haeije, ‘sa binne wy krekt noch hwet heger as hy, scoe'k wol sizze.’
Efkes sjucht hy op nei China-Pier en Tong Fo om to sjen eft dy wol ré binne. China-Pier sjucht det en jowt him in wink det alles yn oarder is.
Haeije sjucht efkes yn syn apparaet. Omtrint jowt er in gjalp. Hy draeit en draeit, mar der is neat mear to sjen. Dr. X is fordwoun.
‘Hy is foart!’ skreaut Haeije, ‘ik sjuch him net mear!’
De oaren spatte oerein. ‘Hwet? Foart! Ho kin det?’
‘Ik wit net,’ seit Haeije alhiel forslein. ‘Niiskrektsa wier hy der noch en fleagen wy rjucht op him ôf en nou is er foart.’
‘Ik hear him ek net mear,’ bifêsticht Wibe. ‘Hy skynt derút pykt to wêzen.’
‘Hwêr is hy den bilânne? Wy moatte him wer- | |
| |
fine, sa gau as 't kin,’ seit China-Pier tige earnstich. ‘Wy kinne it hjir gjin dagen úthâlde en om earst wer werom to moatten nei de ierde, liket my ek net goed ta.’
Det liket de oaren ek neat to bêst ta. Mar dêrmei hawwe se X noch net wer weromfoun.
Se kruse hinne en wer en stelle alle prikken yn 't wirk om him wer foar 't apparaet to krijen. In pear ûre geane der mei hinne en de stimming yn 't loftskip wirdt der net better op, oan't Haeije ynienen ropt: ‘Dêr is er wer! Hy komt regelrjucht op ús ta.’
Den ynienen bâlt Haeije yn 'e sprekbuis: ‘Foarút, Jelle, foarút! oars fljucht er dwers troch ús hinne.’
Haeije trillet as in blêd oan 'e beam nou't hy der oan tinkt, hwet der elts amerij barre kin, as it hjarren net slagget om der op 'e tiid foarwei to kommen. Hy kin syn eagen net fen it mei kûgelsfeart greater wirdende gefearte ôfhâlde.
Jelle is jammerdiedich kjel wirden fen Haeije syn razen. Hy wier der sa fêst fen oertsjûge west, det X. hjarren net sjen koe, det it gjin amerij by him opkomd wier, det de Greate Unbikende op hjarren ôfkomme scoe.
Syn hannen wierne suver forlamme; syn forstân stie hast stil.
Lokkich dûrre dit mar in amerij, do skoerde hy in raket-hânsel oer en dêr sûzen se al wer hinne. Haeije seach it.
Rjucht efter hjarren del skeat de silinder fen Dr. X. as in wjerljochtstriel nei ûnderen ta. Det wier
| |
| |
for de twade kear op 't kantsje ôf. Haeije moast der net oan tinke hwet der bard wêze scoe as det ris rekke west hie.
Mar ho yn 'e goedichheit wier it dochs mooglik, det Dr. X. hjarren sjoen hie. Biskikte hy ek oer in apparaet lyk a hja hienen? Det wier hast net oan to nimmen, om't der for X., oan't nou ta, gjin inkelde reden for wier om sa'n apparaet to meitsjen, om't er alles hwet er sjen woe, mei syn televisy-apparaet wol sjen koe.
Wibe sit forslein nei bûten to sjen en sjucht sûnder der by to tinken nei de greate, wite iiswolkens dy't hjarren skerp ôfteikenje tsjin it swart fen 'e himel. Ynienen skoert er syn eagen safier iepen as er se mar krije kin en slacht him mei de hân foar de holle. ‘Ik haw it? Ik haw it?’ skreaut hy.
‘Hwet hastou?’ freget Haeije mear noartich den nijsgjirrich.
‘Ho't Dr. X. ús fine kind hat. Wy litte in spoar efter fen wite wolkens lyk as in skip in spoar fen kylwetter.’
Ja, nou seagen se it fensels allegearre wol. Det wier klear genôch.
Mar hwet der oan to dwaen?
China-Pier giet nei Jelle ta en leit him it gefal út en freget him eft hy der ek rie op wit.
Jelle biriedt him in skoftsje en seit den: ‘Iis, dos wetterdamp. Kin allinne bistean hwêr't loft is. Dos...’
‘Krekt,’ ûnderbrekt China-Pier him, ‘det is it. Wy moatte omheech.’
Haeije hat ûndertwisken de Greate Unbikende
| |
| |
net út it each forlern. Hy sjucht it stielen gefaerte hird lytser wirden.
‘Lokkich,’ tinkt er, ‘dy binne wy forearst wer kwyt.’
Amper hat er det tocht, ef hy merkbyt, det it loftskip, det sels yn syn apparaet mar in stipke mear wier, hingjen bluiwt en net mear lytser wirdt. Unbiweechlik skynt it dêr hingjen to bliuwen, oan't it linkendewei wer greater wirdt. Haeije bigrypt, det X. omkeard is en it nou wer op hjarren forsjoen hat.
‘Jelle, gau, hy komt der wer oan!’ ropt er hastich yn 'e sprekbuis.
Jelle siet noch mei China-Pier to praten. China-Pier hie ek heard, hwet Haeije roppen hie.
‘De deale,’ seit er, ‘dy lit der ek gjin gêrs oer waekse. Foarút, Jelle, omheech, nei 't spoarleaze gebiet.’
Jelle stjûrt it loftskip rjucht omheech. De foroaring is sa ûnforwacht, det de oaren allegearre sahwet ûndersteboppe rûgelje.
Ho bryk as Haeije der ek foarsit, hy hâldt nou de Greate Unbikende yn 'e gaten. Hy is fêst bisletten om 'm nou net wer ûntkomme to litten. Fier efter hjarren sjit it skip fen Dr. X. omheech, dwers troch de iiswolkens. Haeije moat de bistjûrder fen dy stielen kûgel biwûnderje, eft er wol ef net, hwent de silinder skeat frijwol dêr lâns, hwêr't se noch krekt efkes fen tofoaren west hienen. It wier wrychtich tige tûk birekkene. Mar by syn gefoel fen biwûndering kaem ek ien fen eangstme. Ien, dy't sa goed sa'n loftskip bistjûre kin, is tige ge- | |
| |
faerlik om as fijân to hawwen yn 'e Stratosfear ef mooglik noch dêrboppe.
Ho't dit ek wier, der wier nou neat mear oan to dwaen, hy siet der mei yn en moast meifarre. Utstappe koe net.
Wer konsintrearret er al syn oandacht op de biwegingen fen X. Suver nêst elkoar sjitte de beide loftminsters omheech, al mar heger. Op 't lêst lizze se allebeide suver stil, inkelde kilometers fen elkoar ôf, op deselde hichte.
It wirdt Haeije al ringen dúdlik, det X. net rjucht wit hwet er der oan hat.
Steesoan hâldt Haeije de oaren op 'e hichte mei de biwegingen fen hjarren fijân. Nou binne de freeslike eagen lyk op hjarren rjuchte en den liket it krekt eft de snoek hjarren strak oansjucht. It liket wol tige raer, mar Haeije lit him net mear forbjusterje. Dy eagen sjugge neat, det is klear genôch to sjen, hwent it skip kaem net op hjarren ta, mar draeide him wer ôf. Klear koe Haeije nou de raket-kanalen twisken de roeren sjen. Elts eagenblik forwachtet hy it fjûr derút spatten to sjen, ta'n teiken det X. in raket ôfsketten hat. Mar der bart neat. Wer draeit it skip. Nou pas falt it Haeije op, det se alhiel stil lizze en dochs net nei ûnderen falle. Scoenen se sa heech wêze, det de ierde...
Mar né, det koe dochs hast net. Ja, it moast wol sa wêze.
Haeije kriget in wé fielen yn 'e mage as hy dêroan tinkt, ho ûnmjitlik fier se den wol fen de Waed
| |
| |
ôfwêze moatte. Den bitinkt er det se hjir dochs net to'n ivige dage lizzen bliuwe kinne.
‘Hwêrom dochst neat?’ freget er yn syn sprekbuis.
‘Ik kin neat dwaen,’ komt it andert.
‘As ik in raket ôfsjit krije wy fierstentofolle feart om 't der gjin wriuwing mear is mei de loft. En him ramme, doar ik net, hwent it scoe biteare kinne, det wy den likefolle skea oprounen as X. Soks scoe 'k net jerne aventûrje wolle, hwent stel dy ris foar, det wy in lek krigen. Den spatte ús hiele loftskip útinoar, en wy der by.’
‘Né,’ seit Haeije, deabinaud, ‘doch it den asjebljeaft mar net. Ik ha 't der neat op stean om yn stikken en brokken nei ûnderen to fallen.’
Wibe, dy't dy lêste wirden heard hat, fynt nou in moaije gelegenheit om Haeije syn wize wirden fen sapas mei rinte werom to jaen.
‘Hwet bistou oars noch ûnnoazel,’ sa narret hy, ‘wy kinne ommers net iens nei ûnderen falle, al woenen wy noch sa graech. Wy scoenen hjir for ivich omhingjen bliuwe.’
‘Dou hast al aerdich leard,’ jowt Haeije ta biskie, ‘mar der moat dochs hwet dien wirde, wy kinne hjir dochs ek net lizzen bliuwe.’
‘Né, det is nou wol sa,’ is Wibe ek fen bitinken, ‘mar hwet kinne wy dwaen? Dou hast it nou sels heard. Ik haw it tominsten hjir wol hearre kind. It is ek in raer spil, earst kinne wy lang net hird genôch en nou kinne wy wer net sunich genôch. Sa is der ek altyd hwet.’
China-Pier kin der alhiel net oer det se nou
| |
| |
twongen binne om neat to dwaen. Hy rint op en del yn djippe prakkesaesjes wei, mar hy kin ek neat fine. Hwet hawwe hja dêroan as se al oer him hinne fleane. Se kinne net iens in kûgeltsje op him falle litte, hwent it kûgeltsje scoe net nei ûnderen falle. En den, al scoe it wol falle, den scoe it noch tûzend om trjettjin wêze, as se him rekken. Né, det wier ûnmooglik. En him ramme wier fensels fierstento noedlik. Wachtsje oan it X. oanstie wer hwet leger to gean? Mar ho lang koe det noch wol dûrje. As dy Dr. X. it yn syn holle krige om hjir hwet lizzen to bliuwen, den moasten hja it noch forlieze, hwent sy koenen it salang net mear úthâlde. Him tergje, det wier it ienichste en den mar ris sjen hwet de Greate Unbikende dwaen scoe.
China-Pier stapt nei Wibe ta en seit: ‘Slút de radio ris oan, den wol ik ris mei him prate.’
Wibe docht sa't China-Pier it freget. Sa gau as it spil oanset is nimt China-Pier de mikrofoan en ropt om Dr. X.
Hy hoecht net lang to roppen, hwent suver op itselde stuit krijt hy andert.
‘Hallo,’ ropt China-Pier, ‘it falt net ta wol, om mei eigen wapens bistriden to wirden. Jonges kinne it yen mar lêstich meitsje, net?’
Hy wachtet efkes om to hearren hwet Dr. X. dêrop anderje scil.
Aha, dêr is er al.
‘Bistean it ris,’ sa heart China-Pier him sizzen, ‘om werom to gean nei de dampkring. Dêr scille wy den ris sjen, hwa't de sterkste is. Dr. X. lit net mei him boartsje.’
| |
| |
‘Haha,’ andert China-Pier him, ‘pas mar goed op, strak sjugge jo ús wer yn 'e dampkring.’
Hjirnei hinget er de mikrofoan wer op en ropt de jonges by elkoar.
‘Jonges,’ sa bigjint er, sa gau se alle trije yn it greate fortrek binne, ‘der moat hwet barre. Hjir bliuwe kinne wy net, alteast net lang mear. Dr. X. leit op 'e loer, mar kin ús net sjen en dêrom bliuwt er, dêr't er is. Der moat in ein oan komme, oars moatte wy nei ûnderen en den kinne wy wol sizze, det wy it forlern hawwe. Nou daget Dr. X ús út om nei de dampkring werom to gean, dêr wol er ús bistride. Ik moat sizze, det is ek for ús it iennichste. Hwent strak moatte wy der dochs troch. Binne jimme it dêrmei iens? Jonges, it is noedlik, hjir binne wy forearst noch feilich, mar hwet scil der barre as straks ús sûrstof oprekket? Hwet sizze jimme?’
China-Pier hâldt op en sjucht syn maten oan.
‘Is der oars gjin wei?’ freget Haeije, dy't it neat útlokket om wer troch X. efterneijage to wirden.
‘Safier ik sjen kin, net,’ andert China-Pier, ‘ef jimme moatte hwet oars witte.’
Der wirdt al wakker oer bret, mar hwet oars wirdt der net foun.
Op 't lêst wirdt der den mar bisletten om it to weagjen. For alle feilichheit scoenen se sa heech mooglik bliuwe, om hjar spoar net al to dúdlik oan to jaen.
Jelle giet wer nei syn plak en ek de oaren geane wer oan hjarren apparaten sitten.
Kwalik sitte se ef dêr dûke se al wer werom nei
| |
| |
de dampkring, hwêr't de striid útfochten wirde scil.
Haeije hâldt X. goed yn 'e gaten, hwent it slagjen fen hjarren ûndernimmen scil nou for in great part fen him ôfhingje. Hy wit det en is him ek tige biwust fen it gefaer dêr't se nou wer yn komme to forkearen. Mar hy is oer syn eangstme hinne en is tige kalm nou. It dûrret net sa botte lang, den sjugge se wer de iiswolkens efter en nêst hjarren.
‘Heger, Jelle, sa krije wy tofolle fen it goede.’
Jelle giet hwet heger. De iiswolkens wirde tinder en driuwe nou as fine wielen efter hjarren oan.
Haeije kin noch krekt it loftskip fen de Unbikende sjen. In hiel lyts stipke yn syn apparaet. Al ringen komt der foroaring yn it stipke. It bliuwt lyts, mar 't is net mear sa ûnbiweeglik. It komt wer út it steed. Haeije forbyldt him nou det it stipke wer greater wirdt, hwet der op wize scoe, det it loftskip fen X. hirder giet as hjarres.
Nei in hiel skoft blykt him, det er goed sjoen hat. It stipke is nou al in stip wirden. Al sa njonkelytsen bigjint de stip foarm oan to nimmen. Dr. X. giet frij hwet hirder as sy. Hy skynt der op to rekkenjen, det se in rjuchte koers hâlde scille, hwent hy stout wer rjucht op hjarren ôf. It liket Haeije ta, det X. heger fljucht as sy en ek det blykt al gau wier to wêzen.
Det kin noedlik wirde, hwent nou kin hy wol in kûgel op hjarren delgoaije. Net det soks sa maklik for him wêze scil, hwent hy moat mar riede, hwêr't se krekt binne. It iennichste, dêr't er in bytsje hâld- | |
| |
fêst oan hat, is it spoar. Dochs koe it tafallich treffe en det kinne hja der net op weagje.
Hy is nou al gefaerlik tichteby komd. Jelle wol krekt omheech gean as Haeije ropt: ‘Utwike, Jelle, hy wol ús ramme. Hy hat noch in raket ôfsketten!’
Jelle skoert it roer om, sadet it skip in skerpe bocht makket. X. sjit oer hjarren hinne. Hy skynt der alles op set to hawwen om hjarren mei syn eigen loftskip oan grús to jeijen. Alle foarsichtigens hat er út it each forlern. Sa gau hat er net sjoen, det it spoar in skerpe bocht makket, ef hy remt syn flecht mei in tsjinraket ôf en is foart wer efter hjarren oan.
It wirdt in wyld jeijen hinne en wer. Dr. X. hat it foardiel fen syn folle greatere flecht, wylst Jelle-en-dy it foardiel hawwe fen for him ûnsichtber to wêzen.
Dit dûrret sa in pear ynspannende ûren sûnder det Jelle-en-dy ek mar in skyn fen kâns krije om Dr. X. binei to kommen. Lang kin dit net mear dûrje. De atmosfear yn de stielen silinder wirdt der net better op. Sy krije tige lêst fen pine yn 'e holle. Ek de eagen bigjinne hjarren sear to dwaen en it liket wol eft se in swier gewicht op it boarst lizzen hawwe. Se moatte op 'e tosken bite om it út to hâlden. Ho lang scille se dit noch folhâlde kinne? Haeije kin X. mar kwalik mear sjen, sa'n lêst hat er fen syn eagen. Hy sjucht him as yn in dize. Hy hat krekt in gefoel eft er mei stoel en al op en del yn it fortrek sweeft. Den is 't him wer eft syn holle in ballon wirden is, dy't mei alle gewelt omheech
| |
| |
wol en den wer is 't him as liet men der in blok lead op sakje, stadichoan.
Mei de oaren is 't net folle better, mar by hjarren komt it der net sa folle op oan, útsein Jelle fensels.
Haeije byt syn lippen stikken om baes fen himsels to bliuwen. Hy sjucht wer efkes skerper út.
Yntwisken hat Dr. X. gebrûk makke fen det amerij fen swakkens en is nou rjucht boppe it tergjen de spoar komd.
‘Dûke, Jelle, dûke!’ ropt Haeije mei ynspanning fen al syn krêften, mar gjin lûd komt der oer syn lippen. Syn tonge liket wol fordroege en fielt as in stik lear yn syn mûle, dêr't er gjin biweging yn krije kin.
Al hie er al roppe kind, den hie Jelle dochs neat dwaen kind. It stie der mei Jelle noch slimmer foar as mei Haeije. De greate spanning fen de lêste ûren en de minne atmosfear, wierne him to mânsk wirden.
China-Pier, dy't it net earlik sa slim hat as de jonges, sjucht oan Haeije, det er hwet sizze wol. Hy komt mei earmoed oerein en stroffelt op Haeije ta. Hy pakt him by it skouder en skoddet him hinne en wer. Haeije wiist nei boppen, hwêr't China-Pier út bigrypt det Dr. X. boppe hjarren is. Hy wol nei Jelle ta fleane, mar hat der net de krêft mear ta. Foaroer slacht er tsjin 'e flier. Hiel efkes bliuwt er lizzen, den skarrelt er wer oerein, him fêsthâldende oan de stoel, hwêr't Wibe, mear dea as libben yn hinget. Hy is nou flak mei syn eagen foar 't rút.
| |
| |
Tafallich sjucht er nei bûten. Hy gappet nei de siken.
Hwet is det?
Hy jowt sa'n mâl lûd, det Tong Fo, Wibe en Haeije, ho min as hja ek binne, alletrije opsjugge. Mei wiid-iepen eagen wiist China-Pier nei bûten.
Se forjitte hjarren swakkens en bâlte om it lûdst. Sa mâl giet it der omwei, det ek Jelle nei hjarren ta krûpt. Den lizze se mei syn fiven op in bultsje foar it lytse finster en sjugge mei greate eagen nei bûten.
Hwet mei der wol to sjen wêze oan 't uterste rântsje fen de dampkring, det it hjarren allegearre suver wer nij libben yngetten hat?
Hja dikerje, yn folslein net bigripen nei... it loftskip fen Dr. X.
Det is it greate wûnder. Mei hjarren eigen eagen sjugge se nou it stielen loftmûnster mei de freeslike eagen. It magnetyske pantser is forneatige, mar ho? Det der mei X hwet net yn oarder is, wier klear genôch. It skip sweefde hwet hinne en wer, den kalm en den mei skerpe, greate halen. It like wol eft de eigner it bistjûr oer syn eigen skepping kwyt wier.
Do, ynienen, joegen se alle fiif in gjalp en seagen elkoar forwêzen oan.
Hja wierne der op útgien, mar nou't it barde, sloech it hert hjarren yn 'e kiel.
De Greate Unbikende wier op syn lêste reis. It skip die noch in skerpe hael en sette do de kop nei ûnderen en skeat mei net to stuitsjen feart, nei de ierde. Mar it scoe de groun net birikke.
| |
| |
Troch it boaijem-finster seagen se earst noch in stip en do... in lange wite streek.
It loftmûnster fen Dr. X., det as in swart skaed hongen hie oer de minskewrâld, wier troch de wriuwing fen de loft yn lôgen opgien en mei it skip it learde mûnster, det it bouwd hie.
Do't se wer hwet bikomd wierne, moasten se ek sjen sa gau mooglik wer nei ûnderen to kommen, oars koe it hjarren wol ris krekt sa gean as X.
Jelle gyng tige hoeden wer nei syn plak en skeat hjarren skip wer nei de ierde, hwêt' se ek wer bihâlden oankamen al wierne hja ek mear dea as libben. |
|