Bislut.
Fen Dr. X. waerd nea wer hwet heard. Gjin minske bigriep hwêr't hy bidarre wier. Inkelden woene syn fordwinen yn forbân bringe mei de meteoar dy't sjoen wirden wier op 'e dei dy't folge oan 'e nacht, do't der earne yn Fryslân in great gat slein wier yn 'e waed, hwêr't sokke frjemde forhalen oer gien wierne.
De measten founen det klearebare fantasije, howol der nea net in goeije forklearring for jown waerd.
Sa bleau Dr. X. in namme, oars neat.
Yn it doarp oan de Sudermar hie men raer opsjoen, do't der op in goeije dei fiif ynpleats fen trije minsken weromkamen.
Nou bliek it, det China-Pier der noch gâns kinde hie. In hiel soad fen 'e âlderein koe him noch wol, al seach er der nou ek al hwet frjemd út. As jongmaetsje wier er de wrâld yntein, as de man, dy't nearne for doogde. Yn al dy jierren hie men sa goed as neat mear fen him heard. En dêr wier hy wer.
Der waerd fensels al wakker oer dy fiif praten mar it krekte kamen se dochs net oan 'e weet. Det wisten ek allinne de fiif maten mar. Ho't hja it loftskip wer demonteard hiene en op it skip fen China-Pier nei Amsterdam ta brocht, hwêr't it nou