| |
| |
| |
Haedstik 12. Dr. X. is forbjustere.
Dr. X. sweefde wer fier, fier boppe de ierde. Hy hie krekt wer in fyt útheefd. Driuwende boppe forskate minen, wier der it divelske plan by him opkaem, om de dêryn wrottende minsken to fordjerren. Hy woe wer minsken rinnen sjen mei wanhoop yn 'e eagen en antlitten forwrongen yn lêste libbensstriid.
Syn forstân rekke ho langer ho mear yn 'e war. Syn macht ta fordjer wier him nei de holle slein. It wier syn idé-fixe wirden. Sa dizze kear nou ek wer, do't er dêr sylde oer 'e mynstreek, hwêr't de minsken wrotten om it swarte goud nei boppen to bringen.
Lyk as in forsteurd eameldersnêst woe er it sjen en dêrom rjuchte hy in soarte striel-útstjûrder op ien fen de minen. Earst barde der neat, mar do't er de energy fordûbele, skeat der ynienen in lôge omheech. Hy hie syn doel wer birikt; it myngas wier yn 'e brân stitsen.
Freeslike toanielen hiene hjar ôfspylle, hwêr't hy mei in divelske laits op syn giele troanje nei lein hie to sjen. Mar op 't lêst forfeelde it him en hie er syn skip wer omheech brocht. Nou sweefde er wer op greate hichte boppe de ierde en wol boppe it plakje, det Eryslân hjit.
| |
| |
Ynienen krijt er yn 't sin om wer ris by syn ‘jonge frjeonen’ to sjen. Earst skeakelt er syn radio-útstjûrder yn en bisiket den fieling mei de jonges to krijen, hwet him lykwols net slagget.
Dr. X. wirdt lilk. Hy is baes, as hy ropt, den moatte se andert jaen. Dêrom wol er nou ris sjen, hwêr't se nou wer mei piele. Hy wol, det se inkeld en allinne mei him dwaende binne en det se al hjar tiid deroan bisteegje om út to finen hwa't hy is. In pear kear hat er hjarren al warskôge, det se avensearje moatte en det er oars in ein oan hjar ûndersikingen meitsje scil.
De Greate Unbikende skeakelt syn televisy-apparaet yn en siket om it húske op 'e Waed. Yn 't bigjin is er der noch al in eintsje nêst. Op it skerm sjucht er fredige doarpkes, hwêr't hjir en dêr in ljochtsje barnt, iensume boerepleatsen hwêr't alles tsjuster is, dy't dêr tige forlitten lizze ûnder it moanneljocht.
X. draeit fierder oan de ôfstimknop fen syn apparaet.
Nou sjucht er in sliepend lyts stedtsje, det rêstich leit yn de earm fen in âld bolwirk, hwêrfen de swiere beammen hjar stil spegelje yn it wetter fen 'e grêft oan syn foet.
Fierder draeit X.
It oansjen fen it lân foroaret. Nou is it net mear sa flak, mar wirdt bultiger. Hjir en dêr is hwet bosk to sjen det stadichoan tichter wirdt, oant it op 't lêst ynienen ôfbrekt om oer to gean yn silverich skitterjend wetter.
De Sudermar.
| |
| |
Noch is X. net hwêr't er wêze wol. De skientme fen it lân, det dêr foar syn eagen foarbydraeid is, hat him kâld litten. Hy siket de Waed mei it húske fen de jonges.
Mar wer draeije, de kust hâlde, den komt hy der fensels.
In great part fen de Súdwesthoeke fen Fryslân fljucht foar syn eagen foarby. Dêr springt in stêdtsje in ein foarút yn 'e mar. Hynljippen.
De sédyk bûgt him werom it lân yn. Al wer in plakje. Warkum. Aha, dêr hat er den einlings de Waed.
Fierder draeije, nou moat it gau komme hwet er siket. Earst is de Waed bigroeid, mar al sa njonkelytsen wirdt it kealer. Nou is der al gjin plantsje mear to sjen. Oan de lânskant stean yn einleaze rige de forware peallen op wacht foar de Waed. Hja hoedzje it lân tsjin it wetter, det der oan de oare kant fen de Waed silverich dinet ûnder de oantrún fen de wyn.
Tsjin it wetter kinne dy trouwe wachters it lân hoedzje, mar net tsjin Dr. X.
X. bitinkt det en hy glimket.
Mar syn glimkjen dûrret net lang.
Hwet is det?
Hwet stiet dêr to glinsterjen oan 'e igge fen de mar?
Dr. X. flokt âlderheislikst, nou't it him klear wirdt hwet det is.
In loads for it bouwen fen loftskippen.
De deale, hwet hawwe dy jonges yn 't sin; hwet moat det bitsjutte?
| |
| |
‘Ha, ha,’ laket de Greate Unbikende skril, ‘in fleanmesine wolle de hearen bouwe. Ha, ha, det scil ik gau in skoatteltsje foar stekke. Mei fiif minuten is det spil der wei.’
Hy fljucht nei syn stjûrstoel en hellet in hânsel oer, hwêr't er in raket mei ôfsjit. It skip sûzet foarút en bûgt him ûnder de twang fen syn roeren nei de ierde.
As in forslinend minster gounzet it rjucht op 'e loads ôf.
Dr. X. sit foar de linzen fen syn teleskoop. Yn 't earstoan sjucht er neat, dêr is de dystânsje noch to great for. Det wit X. en hy wit ek, det it mar hiel koart dûrje scil oant er de loads sjucht.
It dûrret den ek mar in amerij ef hy sjucht in ljocht stipke tsjin in tsjustere eftergroun.
De loads.
Mei fûleindige flecht fljucht it fordjerbringende minster derop ta. Dr. X. skoddet fen ynderlike wille as er bitinkt, det er dêr, for eltsenien ûnsichtber, troch de loft jaget om dea en fordjer to bringen oan syn trije ‘jonge frjeonen’, dy't him fensels alhiel net forwachtsje en it ek nea to witten komme scille.
For 't earst fen syn libben is de Greate Unbikende der in hiel ein nêst, ek al wit er dit nou noch net.
Mei sa'n feart sjit er op de loads ta, det it wol liket eft dy him tomjitte fljucht. Dr. X. birekkent hiel suver de dystânsje, den smyt er it roer wer omheech en drukt op itselde stuit op in knopke. In lyts kûgeltsje, fen gjinien sjoen, fâlt ûnder it stie- | |
| |
len loftminster wei. Troch de flecht fen de metalen sylinder fljucht it noch in hiel ein mei en falt den mei in greate bôge nei ûnderen ta.
Wol hat de Greate Unbikende it suver birekkene. In ûnbidige lôge flamme in amerij nei de himel, mar dôve krektlike hird wer út asdet er ûntstien wier.
Mei in raket, ôfsketten troch ien fen de kanalen oan de foarkant fen syn skip, remt er de fûleindige flecht en set de moatoaren for de finnen oan. Noch efkes en it skip leit, net sa heech boppe de ierde, stil yn 'e loft.
De Mongoal giet wer foar syn linzen sitten en sjucht nei it plak det er sa faek mei syn televisyapparaet opsocht hat. It oansjen is nou gâns foroare. Ynpleats fen it lytse houten húske, det dêr sa iensum en fredich oan de kant fen de mar stien hie, wier der nou in wyld wieljende wetterpoel, troch de eksplosy fen it lytse kûgeltsje ûntstien.
Dr. X. laket lûd. Wer hat er forneatige, wer hat er woun. Det moat er fortelle! Mar oan hwa?
Dyjingen, tsjinoer hwa't er oars altyd pronke mei syn kinnen, binne nou sels dêr it slachtoffer fen wirden.
De Greate Unbikende wirdt stil. It wirdt him al ringen klear, det er hwet stoms dien hat, troch de iennichste minsken to forneatigjen dy't mear fen him ôfwisten as al de oaren mei elkoar.
It bigreatet him neat om de jonges, dêr tinkt er net ienris oan. Né, mei eigen hannen hat er syn boartersgûd koart en klien slein en det is him yn 'e wei.
| |
| |
Pûr wirdt er op himsels en lûd ropt er: ‘Mar den scille de oaren it dochs witte!’
Hy springt op it skeakelboerd ta en lûkt wyld in pear hânsels nei ûnderen, hwêr't er in sterke radio-útstjûrder mei yn bidriuw brocht hat, dy't ôfsteld is op de weach fen ien fen de greatste omropstasjons.
‘Hallo, hallo!’ ropt er yn de mikrofoan, ‘harkje nei my, jimme neazige ierdwjirmen. Harkje nei my, nei Dr. X. Ik bin baes oer jimme libben, oer jimme hawwen en hâlden, oer al detjinge, hwêr't jimme greatsk op binne en hwêr't jimme fen tinke, det it jimmes is. Niiskrektsa ha'k forgoed fen dizze wrâld ôffage de minsken dy't hwet tofolle fen my wisten. Lêz moarn yn jimm' kranten en jimme scille it witte. Nimmen kin my sjen, nimmen kin my fine, nimmen my efterhelje en nimmen kin my hwet hjitte. Trilje en forblik, as jimme de stimme fen X. hearre!’
Geijende fen satanyske wille smyt er de mikrofoan wer op 'e heak en slacht de hânsels wer nei boppen.
Alhiel oerstjûr jowt er him del op 'e divan, lûkt in smel taffeltsje nei him ta, nimt der in piip mei in hiele lange stâlle en in tige bihindich koperen kopke ôf en hellet den út in doaske in bytsje gûd hwêr't er in soarte pil fen draeit en docht dy yn 'e pipekop. Nou nimt er it stêfke mei it swarte hânsel, drukt op it knopke det der yn is en hâldt it gleon wirdende stêfke boppe de kop fen de piip. Dr. X. sûgt oan 'e piip. In mjitske rook driuwt der nou troch syn salon. Nei in pear fikse halen leit er
| |
| |
de piip wer del en jowt him efteroer op 'e divan. Syn tinzen driuwe wei yn it dreamlân fen in opiumsliep.
In hiel, hiel skoft giet syn geast troch de dellingen fen Opiumlân, oan't op 't lêst it forgif útwirke is.
Dr. X. slacht de eagen wer op. Langsum wykt de fordôving wer fen him ôf. Hy komt oerein en set meiiens syn automatyske ûntfanger oan.
De ljochtsjes boppe it skerm flikkerje, howol hy der net folle acht op slacht. Mei in bipaelde bidoehie er den de ûntfanger ek net oanset; it hie mear út gewoante west.
Hy rikt nei in sigaret, mar syn hân komt net oan it kistke ta. Mei de hân noch yn 'e loft bliuwt er stean en sjucht mei greate eagen nei de ljochtsjes boppe it skerm.
Hwet wier det?
Ho koe det?
Wier er noch ûnder ynfloed fen de opium, det er dingen seach, dy't net bistean koenen?
Né, nou koe er net mis wêze. Dêr wier it al wer, det sa goed bikende flikkerljochtsje.
As in wyld bist springt er op de skeakelder fen de lûdsprekker ta, draeit dy om en harket, op 't uterste spand, nei hwet der komme moat.
Hark, dêr komt in stimme út 'e lûdsprekker.
‘Hallo, hallo, hallo! Hwêr is X., de Greate Unbikende? Hwêrom jowt er gjin andert? Is Dr. X. bang wirden?
Wy siikje nei X. út 'e formule; wy wolle de rekken ôfslute!’
| |
| |
Mei glêzige eagen stoarret Dr. X. nei de lûdsprekker. For it earst fen syn libben kin syn brein eat net bifetsje. Dit giet boppe syn bigryp. Hy hat se forneatige en dochs roppe se him. Né, daegje him út.
Hy taest nei de holle. Sliept er noch? Wel né, hy is wekker, klear wekker. Den ynienen, laket er lûd op.
‘Ha, ha, dêr scoe ik my wrychtich bang meitsje litte troch dy apen fen jonges. Wachtsje mar, nou scil ik forgoed mei jimme ôfrekkenje. Dit rint oer de hege skoen.’
Hy grypt nei de mikrofoan.
‘Hallo!’ ropt er lûd, hjir is Dr. X., de Greate Unfynbere. Hwet scoene jimme, jonkjes, tsjin de machtige man út Thibet?! Pas op! Sa gau as ik jimme gewaer wirde kin, is 't mei jimme dien! Gjin macht op 'e wrâld scil jimme den hoedzje kinne!’
Alhiel efter de siken hâldt er op en harket hwet de jonges dêr wol op sizze scille. It andert bliuwt net lang út. Wer komt der in stimme út 'e lûdsprekker.
‘Hallo! Machtige man út Thibet. Hjir de jonges fen de Waed. Siikje ús, wy scille jo siikje. Tink net, det jo ús bang meitsje kinne. Wy scille it mei jo útfjuchtsje.’
Nou wirdt Dr. X. alhiel pûr. Rimpen skeakelt er syn televisy-apparaet yn en siket dêr de Waed mei ôf. Mar hwet er siket, fynt er net, mar wol in heapen minsken, dy't mei eangstme en ûntsach yn 'e eagen nei it wetter sjugge, det wâllet op it plak
| |
| |
hwêr't earder it laboaratoarium stie fen Jelle en syn maten.
Fierder siket X. mei syn elektrysk each, mar de trije maten sjucht er net. It wirdt him al ringen klear, det se der net binne en det er earne oars siikje moat, as er se fine wol.
Wer klinkt der in stimme út 'e lûdsprekker, sa tergjend, det it bloed him nei de wangen fljucht.
‘Wachtsje mar,’ blaft hy der út, ‘noch efkes prate, myn frjeonen, en ik ha jimme!’
Rimpen nimt er in bihindich apparaetsje en draeit oan in knop, wylst er nou en den andert jowt op de útdaegjende wirden, dy't noch altyd út 'e lûdsprekker komme.
Hy is nou oan 't peilen en wol de jonges oan 'e praet hâlde, om út to fiskjen hwêr't se binne. Nei in lyts skoftsje hat er útfoun fen hokker kant de radio-stimme komt. Gau nou wer it televisy-apparaet ynskeakelje en op it plak rjuchtsje, hwêr't it lûd fendinne komt.
‘Nou ha 'k se den!’ tinkt X. lûdop, ‘dy eigenwize broekjes, dy't my driigje doarre.’
Hy draeit en draeit, mar ho't er ek siket, hy sjucht neat. En 't alderfrjemdste is, det er gjin groun sjucht. Hy sjucht nochris nei syn peil-apparaet, draeit der nochris oan, siket, mar né, det is yn oarder.
‘Dy deale, den moat ik se dochs sjen,’ tinkt Dr. X., al net sa wis mear as earst.
Hy siket alles ôf mei 't apparaet, dêr't hy mei troch hout en stien, mar net troch it magnetysk pantser fen 'e jonges hjar loftskip hinne sjen kin.
| |
| |
Ynienen komt der in freeslik tinken by Dr. X. op. Ja, sa moat it wêze, det kin net oars, der bliuwt gjin oare mooglikheit oer. It stiet him nou dúdlik foar 'e eagen. De jonges binne net mear op 'e groun, mar sweevje lyk as hysels earne boppe de ierde.
As Dr. X. dit bitinkt, rint it him kâld oer 'e rêch. Den scoenen hja dos yn syn gebiet trochkrongen wêze, hwêr't hy oan't nou ta allinne hearske hie. En hwet yette slimmer wier, hja sochten om him, en, to oardieljen nei't hwet hja fen him wisten, scoenen se net mijend wêze, as se him troffen.
Nou ja, as se him troffen, mar det koe ommers net. Hy wier net to sjen en dos oars net to treffen ef hy moast it sels wolle. En as hy it woe, nou, nammesto slimmer for hjarren. Hwet scoenen dy jonges him dwaen kinne. Hy bleau de master, al wierne se him nou ek efkes ûntkomd. Det scoe hy wol gau wer foroarje. Hy foroaret fen tinzen en glimket. Hy scil se earst stikum hwet siikje litte, wylst hy bûten de greep fen de swiertekrêft hjarren leit to biloeren as de kat de mûs.
Ja, det is in goed plan. Hy scil mei hjarren boartsje as de kat mei de mûs. Hy scil se jeije fen de iene kant fen de wrâld nei de oare, fen poal ta poal, om de ierde hinne, omheech en omleech. Hy forgappet der him al op. Det kin moai wirde. Det wirdt in spil, syn krêften wirdich. Prachtich!
Hy giet nei syn stjûrhok, neidet er de radio-apparaten ôfset hat, hellet it rakette-hânsel oer en sjit himsels wer nei boppen ta. Der is noch in raket nedich om him safier to bringen, det it loftskip net
| |
| |
mear troch de ierde oanlitsen wirdt. As op 't lêst de flecht der út is, bliuwt it minster stil lizzen. It is krekt eft der gjin libben mear yn is. De ûnbidige greate eagen, dy't oan it loftskip sa'n forskoerrend oansjen jowe, stoarje yn 'e kosmos. Efter dy eagen sit de Greate Unbikende mei syn smelle giele hân oan de knop fen it televisy-apparaet. Hy draeit en draeit en siket yn 'e romte om de fleanmesine to finen fen Jelle-en-dy, om den syn spil fen kat en mûs mei hjarren to bigjinnen.
Hy siket forgees, mar noch wol it der by him net yn, det de rollen ek wolris omdraeid wirde kinne. |
|