| |
| |
| |
Haedstik 11. Op 't kantsje ôf.
De ljue yn it gea binne hwet skrutel wirden fen Jelle-en-dy, en sjugge hjarren mei in skean each nei. De jonges fine det net sa slim, hwent nou hawwe se ek gjin lêst fen de nijsgjirrigens fen de ljue. Se hawwe ek gjin tiid for alle mooglike praetsjes, hwent it loftskip is hast ré en mei koarten kin de greate reis bigjinne. Jelle hat alles, mar den ek alles, nochris en nochris wer op 'e nij trochrekkene. Né, der wier gjin flater yn, it moast útkomme, China-Pier hie 't opsicht hawn by 't wirk en dy wier der izerfêst fen oertsjûge, det alles yn oarder wier.
Dr. X hie de lêste tiid wer tige warber west en hie hjarren al mear as ienris warskôge, det de tiid hast om wier. It skynde him to forfelen, hy woe der mei koarten in ein oan meitsje.
It wier dos heech tiid, det se ré kamen mei hjarren wirk.
China-Pier hie for alle wissichheit in hiele biskriuwing makke fen hjarren wirk en fen it doel, wylst hy der teffens byskreaun hie, hwet se fen Dr. X. wisten.
Dit skruiwen hie er oan in stikmannich greate banken yn forskate lânnen stjûrd, hwêr't it opbirgen wirde moast yn in safe. Hy hie der de op- | |
| |
dracht by dien, det de brieven oan de boargermaster fen dy ûnderskate stêdden brocht wirde moasten, as de stikken tominsten binnen it healjier net wer troch him opfrege wierne.
‘Sjuch,’ hie China-Pier útlein, ‘as ús nou hwet oerkomt, den witte se sahwet mei in healjier, hwet der mei ús bard is en kinne de minsken prikken yn 't wirk stelle om mei alles hwet se den to witten komme, ús wirk ôf to meitsjen.’
De jongens wierne der al efkes stil fen wirden, hwent China-Pier hie mei dy wirden hjarren op 'e nij oantsjut, ho gefaerlik hjarren ûndernimming wier.
‘Wy scille mar hoopje,’ hie Jelle op 't lêst sein, ‘det soks net nedich wirde mei en det wy sels mei him ôfrekkenje.’
Mear wirden wierne der do net om smoarch makke.
Nou't se dêr wer yn 'e loads kamen, sloech it hert hjarren tige heech. Dêr laei it stielen loftminster op syn skammels. It hat frijwol deselde foarm as Dr. X. sines, om't det de gaedlikste útfiering blykt hie to wêzen.
China-Pier en Tong Fo binne deryn oan 't wirk, dermei dwaende om de ûnderskate ynstreminten to plak to setten.
Der rint in brêge fen de groun ôf oer it hiele bouwirk hinne, dêr't Jelle en dy nou by opgeane om by it mangat to kommen, det oan de boppekant fen 'e stielen sylinder oanbrocht is. Hjir litte se hjarren trochhinne sakje om China-Pier en syn feint by it lêste wirk to helpen.
| |
| |
Fen binnen sjucht it der gâns ienfâldiger út, as by Dr. X, hwet fensels ek gjin wûnder is, om't hja net fen plan binne om lang dêr boppe to bliuwen. Inkeld sa lang as nedich is om Dr. X. to finen en mei him ôf to rekkenjen... ef det hy mei hjarren ôfrekkent.
Jelle bisiket hjir in mesyntsje, dêr in moator, dêr in mjitter. Hy sjucht de sûrstofflessen nei, yn ien wird, hy kontrolearret de boel.
Hjir en dêr moat noch it ien en oar neiregele wirde, mar yn 't generael is alles tige yn oarder. Det mei fensels ek wol, hwent it bliuwt in noedlike ûndernimming en it stiet tige to bisjen eft hja it wol weage hiene as de needsaek hjarren der net ta twongen hie.
Fen binnen is hjarren skip gâns oars as Dr. X. sines. Hat de Greate Unbikende it hiele wirk kardanysk oanbrocht, by hjarren binne it inkeld in stikmannich ynstreminten dy't sa oanbrocht binne. Hja hawwe ek gjin mesinen for it op peil hâlden fen de loftdruk en for de farske loft ensfh., det moat hjir foun wirde mei sûrstôf-apparaten en mei in chemyske stoffe, dy't de forbrûkte loft opnimt. Ek oan 'e radio hawwe hja net sa folle dwaen kind as X. Mar hwet hja oan radio oan board hawwe, is goed. Hja hawwe ek gjin teleskoopeagen, mar gewoane ruten fen tige sterk glês. Der binne saun fen sokke finsters oanbrocht. Trije by de stjûrstoel. Ien rjucht derboppe en ien oan eltse kant. De fjouwer oaren binne yn it fortrek efter it stjûrhok. Ien fen boppen, ien fen ûnderen en oan beide kanten ien. It skip hat mar twa ôfdielingen.
| |
| |
It stjûrhok, dêr't alle mesinen for de oandriuwing en for it bistjûren yn oanbrocht binne en in greatere romte der efter hwêr't it radio-spil en fierdere ynstreminten, de sûrstofapparaten en sa in plak foun hawwe.
Howol't hja yn 't generael lang net safolle spillen oan board hawwe as de Greate Unbikende, ek gjin televisy-apparaet lyk as X. hat, hja hawwe dêr in tasteltsje for, det der wol tsjin op kin en det Dr. X. net hat. Det is it apparaet, hwêr't hja it ûnsichtbre loftskip fen Dr. X. mei sjen kinne.
Dêr komt China-Pier op Jelle ta.
‘Myn ôfdieling is yn oarder,’ seit er, ‘det om my kinne wy wol omheech.’
‘Moai,’ seit Jelle, ‘myn ôfdieling is ek yn oarder. Mar ik scoe earst dochs noch wolris in drukproef nimme wolle om to sjen eft de stielen wanden de druk, dêr't se oan bleat steld wirde, wol forneare kinne.’
‘Nou, det is net nedich,’ leit China-Pier der tsjinyn, ‘hwent ik haw alle matrejalen, foardet ik it koft, ûnder myn eigen tafoarsjuch, ûnder druk sette litten. Ho goed en ho foarsichtich det ek fen dy is, Jelle, nedich is 't wier net. Ik scoe sizze, litte wy mar avenseare, foar det X. ús op 't lêste eagenblik noch oer 't mat komt.’
‘To den mar,’ jowt Jelle ta, ‘hwet hawwe wy noch nedich oan iten, drinken en sa?’
China-Pier, dy't faker op ekspedysje west hat, neamt in knoarre dingen op, dy't Jelle allegearre opskriuwt.
‘Sjuch,’ seit er, as alles opskreaun is, ‘nou helje
| |
| |
de jonges en ik det spil en den moat it mar wêze.’
Hy ropt Haeije en Wibe en mei syn trijen meitsje hja de lêste reis oer det part fen it waed nei it doarp ta.
In pear ûre letter geane se, gnap ôfladen, wer nei hjarren laboaratoarium en de ûnsichtbre loads mei hjarren loftskip.
It is al let op 'e joun en as se ûnder de ljochten fen it doarp weikomme, sjugge se earst gjin hân foar 'e eagen, sa tsjuster is it. Det dûrret lokkich net sa lang, hwent de moanne kipet efter swiere wolken wei en nou kinne se wer hwet sjen. It is wol net sa slim, al is 't hwet to tsjuster, hwent se kinne it paed mei de eagen ticht ek wol fine. Hja sjugge ris nei de loft en merke, det se noch wol in skoftsje moanneljocht hâlde scille, hwent al jeije de wolkens mekoarren ek efternei, dêr, hwêr't de moanne is, is't aerdich helder en hjir en dêr flikkert in stjerre. Sa swalkje se for de safolleste kear oerde waed, mar 't is nou dochs hwet oars, hwent nou scil it greate aventûr bigjinne. Scille hja it der goed ôfbringe?
Scil it stielen minster forneare kinne, hwet der fen him frege wirdt. En as it skip it hâldt, scille sy it winne kinne fen de Greate Unbikende? Scille hja as oerwinners hjir wer op 'e waed delsaeije ef scille se nea dizze ûnbidige, keale sânflakte, mei syn skilpen en de jeijende loften dêrboppe, weromsjen? Hwa scil dêr earne, tûzenen meters boppe de ierde, de striid forlieze? Hwa scil as in meteoarstien nei de ierde slingere wirde ef yn stikken en
| |
| |
brokken út mekoar skoerd yn 'e kosmos to'n ivige dage dêr hingjen bliuwe?
Sokke fragen tochten de jonges oer, do't se dêr swijend op hjarren húske tastapten. China-Pier en de ûnforsteurbere Tong Fo stienen al op hjarren to wachtsjen. Der waerd gjin tiid forlern mei praten; alles waerd foart yn it loftskip opbirgen.
Ré for de start.
Allinnich moast it stielen gefaerte noch bûten de loads brocht wirde.
Mei syn fiven brochten se nou swiere izeren tsjillen ûnder de silinder.
Dy tsjillen wierne troch in bôgefoarmige as forboun, dy't mei in elektro-moator omheech brocht wirde koe.
Foar en efter waerden der fen dy tsjillen ûnderset. Do sette Jelle de moator oan en de assen kamen omheech en tilden it loftminster op, sadet it krekt frij fen de skammels kaem to lizzen, dy't der hastich ûnderwei helle waerden. En nou wier it safier, det it nei bûten brocht wirde koe.
Mar dêrfor moast earst de loads iepen en dy koe net iepen foardet it magnetysk fjild derôf wier. Fen binnen yn de loads wier der troch de brûnzen ôfskerming wol net folle fen to fornimmen, mar as dy der weihelle waerd, den safolleste better.
Jelle gyng dos nei it laboaratoarium en skeakele de elektryske stream ôf, dy't sa lang tsjinne hie om de loads foar minske-eagen to forbergjen.
Do't Jelle wer bûten kaem seach er de loads stean, dêr't se al dy tiid yn arbeide hiene sûnder him to sjen. It waerd him suver hwet frjemd om
| |
| |
't herte. Mar for frjemde fielings wier nou gjin tiid. Der scoenen noch wol frjemder komme en den moasten se ek de kop koel hâlde kinne. Hy gyng nei binnen en rôp de oaren om mei to helpen om de greate skoudoarren iepen to meitsjen. Mei syn fiven setten se de skouders der tsjinoan en stinnend en rotteljend gyngen de doarren langsum iepen. Do't det bard wier gyngen se allegearre efterelkoar de brêge op en troch it mangat nei binnen, det ôfsletten waerd mei in skúf, dy't mei swiere bouten fêstset waerd Om't de druk fen binnen nei bûten kaem to stean, wier de skúf oan de binnenkant fen de stielen hûd makke.
Jelle gyng nei it stjûrhok en joech him del yn 'e stjûrstoer hwêr't er fen de oaren mei omwoelle riemen fêstset waerd. Do't er sa goed fêstsiet, det er der net ôffleane koe as it lofskip ûnforwacht in greate flecht krige, gyngen de oare fjouwer nei it greate fortrek en dienen elkmis in pak oan, det derop birekkene wier om alle stjitten to brekken, dy't se opdwaen koenen.
Haeije gyng yn 'e stoel sitten foar it apparaet dêr't it skip fen X mei to sjen wier en waerd ek fêstset. China-Pier en Tong Fo namen in sit foar in tafel dêr't forskate hânsels op wierne, hast lyk as yn in spoarwachtershúske, mar den folle lytser. Al dizze hânsels wierne elektryske skeakelders. As dy oerhelle waerden, foel der in lyts kûgeltsje út ien fen de rige gatten, dy't ûnder it hiele skip lâns rounen.
Wibe hie it tafoarsjuch oer de radio en in stikmannich ynstreminten.
| |
| |
‘Alles ré!’ rôp Jelle út it stjûrhok.
‘Ja,’ rôpen fjouwer stimmen tagelyk.
Jelle draeide oan in knop en foartdaliks bigoun der in moator ef sahwet to gounzjen. Det wier de ynrjuchting, dy't it skip ûnsjenber makke. De moator roun amper ef Haeije joech in gjalp.
‘Hwet is der oan?’ fregen de oaren, tige kjel.
‘Dêr komt X. oan!’ ropt Haeije.
‘To Jelle, ju! To nou, hy komt rjucht op ús ôf!’
Hja waerden allegearre sa wyt as sûpe, sels Tong Fo waerd bleek. As hja hjir nou net hommels weikamen, wierne hja forlern. Dr. X. scoe nearne foar stean, mar hjarren sa fen de ierde ôffeije. Alles kaem nou op Jelle oan.
Jelle wier ek jammerdiedige kjel wirden. Hy gappe nei de siken.
‘Sterk wêze,’ seit er tsjin himsels en hy byt de tosken op inoar, det it knarset. Mei in foarse hael hellet er it hânsel fen de raketten oer.
Suver op 't selde stuit sjit it loftskip foart as waerd it fen in reuzehân yn 'e romte slingere.
Jelle hie it hichteroer op omheech set, sadet de stielen silinder, nei in eintsje oer 'e waed skeard to hawwen, him rjucht nei de stjerren keart.
Haeije hat mear dea as libben foar syn apparaet sitten. Hiel heech seach er, alhiel ûnforwacht, de silveren snoek fen de Unbikende forskinen. It wier him as griisde de dea him oan do't dy snoek syn ôfgryslike eagen rjucht op hjarren rjuchte. Oan it mei ûnbidige gang greater wirden fen dy freeslike kop, seach er, det it minster rjucht op hjarren ôfkaem. Haeije achte alles al forlern. Hy wier suver
| |
| |
lam slein, koe gjin hân ef foet mear forwege, do't er ynienen mei sa'n flecht foartskoerd waerd, det hearren en sjen him forgyng. It sûze him yn 'e earen en do't er wer hwet ta himsels kaem, mirk er, det it bloed him út 'e noas roun. Hy seach ris om him hinne nei de oaren, ho't dy der ôfkomd wierne. China-Pier en Tong Fo sieten noch oan hjar tafels, howol't hjarren antlit wol útwiisde, det hja tige to lijen hawn hiene. Lykwols skynden hja der it bêste ôfkomd to wêzen, hwent der wier gjin spoar fen bloed by hjarren to sjen. China-Pier seach krekt op en sjucht Haeije oan.
‘Tsjonge,’ seit er den, ‘det gyng mâl, net? Det hoopje ik tominsten net wer mei to meitsjen.’
Hy is ûnderwilens oerein komd en giet nei Haeije ta en faget him it bloed fen 't antlit, wylst er trochpraet.
‘Knikkert op 'e kant, hwette! Net iensris tiid om it spil nei bûten ta to riden. Samar mei fûle flecht de loads út sûnder kantroeden en sûnder ûngelokken.’
‘Ho komt it,’ seit Haeije hwet moeilik, ‘det ik út 'e noas blied. Bin ik earne tsjinoan flein?’
‘Né,’ andert China-Pier rêstich, ‘det komt fen de foroaring fen loftdruk. It gyng ek wol hwet rimpen.’
‘Mar Jo en Tong Fo bliede net, al sjugge jimme der al hwet frjemd út,’ konstatearret Haeije.
‘Wy hawwe wolris mear yn tinne loft forkeard,’ leit China-Pier him út. ‘Moatst mar hwet flugger sykhelje, den krijst likefolle sûrstof as oars. Det is wol net sa maklik, om't der gjin oandrang ta is,
| |
| |
mar dochs mei alle krêft bisykje. Sjésa, dou bist nou wer it feintsje.’
‘Hwêr is Wibe?’ freget Haeije, dy't Wibe nearne gewaer wirde kin.
‘Stakker,’ seit China-Pier hwet forheard, ‘dy is der, leau 'k, sa goed net ôfkomd. Sjuch, dêr leit er,’ en hy wiist nei in hoeke, dêr't Wibe leit yn de tsjokke klean mei de falhelm op. It liket neat to bêst, hwent it bloed rint him út mûle, noas en earen.
‘Tong Fo!’ ropt China-Pier en hy wiist nei Wibe, wylst er der noch it ien en oar by seit yn djippe kielklanken.
De Chinees springt oerein en giet nei Wibe ta. China-Pier bringt him in kistke mei medesinen, sjucht den skerp ta op syn lytse feint, dy't oer Wibe toset giet mei fêste, flugge hannen. Hy wasket him ôf, wringt den Wibe syn tosken fen elkoar en jit der in pear drippen út in donker fleske yn. Den set er him, neidet er Wibe de falhelm ôfset hat, in greate metalen kape, hwêr't fen foaren in tsjok glêzen finsterke yn is, oer 'e holle, dy't om 'e hals hinne suver ôfsletten wirdt. Den skroeft er in sûrstof-apparaet oan 'e kape en lit foarsichtich sûrstof ynstreame. Al gau slacht Wibe de eagen op, dy't er al dy tiid noch ticht hawn hie. Mei moeite giet er oerein sitten en taest nei syn holle. Haeije hat himsels losmakke en is der ek by stean komd, en sjucht mei eangstme yn 'e eagen nei de lytse Chinees en nei Wibe.
China-Pier tikket him op it skouder.
‘Det is ek al wer yn oarder,’ seit er bimoedig- | |
| |
jend. ‘Hy scil earst noch wol in bytsje slop wêze, mar det giet fensels wer oer. Kom mei, maet, den scille wy ris by de bistjûrder sjen, dy't der ús sa moai trochhinne skoerd hat.’
Togearre geane se nou nei it stjûrhok. As hja der ynkomme, faget Jelle him krekt it lêste bytsje bloed fen 't gesicht. Ek him wier it ta de noas útkaem. Hy fielde him noch wol hwet slop, mar oars wier er wol aerdich by 't spil.
‘Ho liket it dêr?’ freget hy en wiist nei it fortrek, hwêr't de oaren weikomme. ‘Is alles dêr noch hiel?’
‘Ja, hear,’ andert China-Pier en kloppet him op 't skouder. ‘Det wier moai dien, Jelle. Det hie 'k dy net neidien, samar mei fûle flecht út 'e loads wei. De deale, det gyng der efkes omwei.’
‘Ik koe net oars,’ wart Jelle dy lofreden ôf. ‘Hie 'k it net dien, den hie 't nou net mear nedich west. It scil my alris binije eft X. ús ek sjoen hat en hwet der fen de loads oerbleaun is.’
‘Det scille wy letter wolris gewaer wirde,’ mient China-Pier, ‘ik scoe sizze, wy moatte earst mar sjen om Dr. X. wer yn 't fesier to krijen. Wy hawwe it noch net woun, al wier it bigjin lang net min. Foart Haeije, dou wer nei dyn plak,’ en mei iens triuwt er Haeije wer werom nei it greate fortrek. Sels giet er ek mei en jowt him wer del foar syn skeakeltafel.
Tong Fo sit al wer to plak en ek Wibe hat syn post wer opsocht, howol't it klear to sjen is, det er noch net alhiel wer bikomd is. Hy sjucht troch ien fen de finsters nei bûten. Der is net sa folle to
| |
| |
sjen. Unbidich ljochtsjende stjerren tsjin in ynswarte eftergroun. It liket nou krekt op in lape swart flewiel dêr't gatsjes yn knipt binne en dêr't men in fûleindich ljocht efter set hat.
Haeije siket mei syn apparaet alles ôf, mar sûnder de Greate Unbikende fine to kinnen.
It is nou stil yn it stielen loftskip, det der op út is om de minske to bifrijen fen de greatste pleage, dy't der ea yn de persoan fen in minske west hat.
It ûnsichtbere loftskip sûzet troch de romte, ûnder it stjerreljocht en dêrbinnen gounzet de mesine dy't it ûnsjenber makket. De stjûrman sit oan 'e stjûrynrjuchting, tige op syn iepenst, wylst de oaren mei al hjar oandacht dwaende binne mei hjarren apparaten; allegearre der op út om de Greate Unbikende to finen.
Haeije skerpet him tige op, mar forearst sjucht er noch neat fen Dr. X. en Wibe ropt om 'e nocht. Hja miene dêr út opmeitsje to meijen, det er fen hjarren start neat mirken hie.
Alhiel ûngemirken wier hjar foartgean oars net west en det kaem sa:
Forskate minsken hiene Jelle-en-dy mei hjar spil dy jouns de Waed opgean sjoen en fensels waerd der oer praet, hwet dy jonges dêr nou sa let noch dwaen moasten en hwet hja dêr allegearre wol meitôgen. Op 't lêst wier men bisletten om de jonges ûngemirken efternei to gean, ef ljeaver, om't de jongens sa ûnder de bidriuwen wei allang to plak wierne, om ris to sjen hwet dy jongens dêr sa al útheefden yn det húske dêr op 'e Waed.
Under oanfiering fen Tsjeard Priuwer, Sytze
| |
| |
Bûtsiker en Meindert Fûgelsjitter setten se ôf. Amper wierne se bûten it doarp en op 'e Waed, do't der immen rôp: ‘Sjuch dêr ris! Sjuch dêr ris!’
Allegearre seagen se de kant op, dy't de man oanwiisde. Se krongen allegearre byinoar en gappen as bitsjoend nei det plakje fen 'e Waed, dêr't it iensume húske stie. Mar nou stie it der net sa iensum mear. Deun derefter seagen de forbûke ljue in great hûs stean, det glimmere yn it moanneljocht.
‘Ha 'k it net sein,’ flústere Tsjeard Priuwer, ‘nou sjugge jimme it sels.’
Mar gjinien sloech acht op him. Hwet hja dêr seagen, naem hjarren fierstentofolle yn bislach. Hjarren forstân koe det wûnder net omfiemje. Niiskrektsa stie der noch neat en nou ynienen in hûs, kant en klear. De bygelovichsten woenen der wol graech útpike, mar doarsten hjarren allinne net ôf to jaen.
En do, sûnder foarôfgeande warskôging, barde it freeslike.
In ûnwitend hirde plof waerd der heard en foartynienen deroer hinne noch ien. De loads fleach oan splinters en ek it húske waerd útelkoar slein. In greate lôge skeat in amerij nei de himel, mar dôve krekt like hird wer út as det er ûntstien wier.
In gûlen en razen as fen in fûleindige stoarm bearde oer de forbûke en stomsleine minsken hinne. Do wier it krekt as waerden hjarren allegearre de foetten ûnder 't gat wei skoerd en rôllen se troch en oer elkoar hinne op it sân fen de Waed.
Sa gau en ûnforwacht det allegearre barde, sa gau wier it ek wer oer.
| |
| |
De fiskers, jagers en bûtsikers skarrelen wer oerein, taestten do earst foarsichtich oer hjarren lea om út to finen eft dy allegearre noch wol hiel wier en setten do de sokken der yn, op nei it feilige doarp ta.
Mar hjir wier it ek net sa stil en fredich as oars. De ynwenners rounen yn alle mooglike frjemde klaeijings lûd bearende oer de strjitte. De iene frege de oare hwet der krekt bard wier, mar nimmen wist in goed biskeid to jaen, oant de mannen it doarp ynstouwen kamen en alles hwet hja sjoen en bilibbe hiene yn geuren en kleuren forhellen.
Yn it doarp wier hast gjin rút hiel bleaun. De ûnbidige loftdruk, dy't de strúnders ûndersteboppe keild hie, hie sahwet alle glêzen yndrukt.
Do't de measte drokte sahwet oer wier en de minsken wer hwet ta hjarsels komd wierne, waerd der hjir en dêr alris nei de jonges frege. Mar fensels, gjin minske hie se sjoen. Al ringen waerd it stil. Hwa moast det boadskip oan de âlden oerbringe? Folle ljeafhawwers wierne der net for. Mar op 't lêst kamen der dochs in pear en do gyng it yn optocht nei de wenten fen de jonges.
Hwêr't de minsken do wer oer bisouden wier de kalmte, dêr't de ûngelokstynge fen de âlders mei opnomd waerd.
Det wier nou wol net sa'n great wûnder, om't de âlders fen de jonges alle trije in brief foun hiene fen hjar soannen, det se hjarren net ûngerêst meitsje moasten, hwet der ek barre scoe en hwet for wûnderlike forhalen men hjarren ek dwaen scoe.
De oare deis iere-bytiid wierne der al forskate
| |
| |
nijsgjirrigen op 'e Waed op wei nei it plak, der't it húske stien hie.
Det it der raer omwei gien wier, bliek al ringen. Net allinne, det it húske foart wier, mar ek in part fen de Waed, dêr't it stien hie. Weagen fen de Sudermar wâllen oer it plak, dêr't safolle plannen útbret en útfierd wierne.
Let op 'e neimiddei kaem der tynge, det der twa pear swiere tsjillen forboun troch bôgefoarmige assen, sahwet in ûre geans fen it doarp op 'e Waed foun wierne. |
|