| |
| |
| |
Haedstik 10. Wûndere Forhalen.
Der gongen wûnderbaerlike forhalen yn it lytse plakje oan 'e waed. Tsjeard Priuwer wier der for 't earst mei op de lappen komd. Do't er de earste kear yn de ljeagenbolle syn nuver forhael die, lake eltsenien him út. En det wier nou ek net sa'n great wûnder. Tsjeard Priuwer seach de wrâld wolris mear for in doedelsek oan, binammen as hy ris hwet tige ryklik fen it tinne gûd preaun hie en det barde noch alris. Ho hie det do west, do't er oer de goaterânne kneppele, dy't er op in hiel oar plak forwachte hie. Do't de minsken him oerein holpen hienen, hie er sein: ‘Ei ja, it doarp leit der bytiden ek sa raer hinne.’ Né, Tsjeard Priuwer koe men altyd net leauwe. Ho't er it oars yn 'e harsens krige, bigriep gjin minske. In hûs op 'e waed, det sa mar weiwirdt, 't wier om yen dea to laeitsjen. Né, Tsjeard, nou kaem it wol hwet to bot oan.
Sa hie it forhael west: ‘Ik wier de moarns iere bytiid op 'e Syl, om ris yn 't waer to sjen. Nou, it waer wier min. Fiskje koe neat fen komme en bûtsiikjen is net de moeite mear wirdich, neidet de ôfslútdyk der kaem is. Ik tink sa by mysels: Kom ik krûp noch mar efkes ûnder de fodden, do't ik ynienen in hûs stean seach, op 'e waed flak by de keet fen dy healgeare jonges mei hjarren radio. It wier
| |
| |
noch wol hwet skimerich, mar ik koe my der net yn forsinne. Ik tink: de deale, hwêr komt det sa gau wei en hwa scoe dêr nou wenje wolle, sa'n ein út 'e wrâld. Mar do kaem der ynienen in damp opsetten en waerd it hiele hûs wazich; ik koe 't mar kwalik mear sjen. Ik forwûndere my der al oer, hwêr't dy damp samar ynienen weikaem mei sok stoarmwaer, do't dy mist ek wer foartgyng. Mar it alderfrjemdste wier, det dy mist tagelyk it hiele hûs meinaem hie. Ik seach neat mear en 't wier sa njonkenlytsen oars ek al hwet ljochter wirden.’
De harkers laken fensels, foaral om dy mist, en hja tochten, det de drank der wol net alhiel ûnskildich oan wêze scoe. Tsjeard Priuwer hie der gâns hwet oer hearre moatten.
Ien sei bygelyks: ‘Scoe it hûs al forhierd wêze?’
‘Ei, né, ju,’ sei wer in oar, ‘it is der to damp.’
‘Ja, ja, laitsje jimme mar,’ sei Tsjeard do lilk, ‘mar hwet ik sjoen haw, det haw ik sjoen.’
Nou dêr koe men fensels neat op sizze. Mar do kaem in oarenien mei noch in folle frjemder forhael. Det wier Sytse Bûtsiker.
Fen him koe men net tinke, det hy dronken west hie, hwent de man brûkte nea in drip sterke drank. Mar syn fantasije wier tige bikend. Sytse den kaem op in goeije moarn yn 'e ljeagenbolle stouwen, alhiel oeral.
‘Hwet skeelt dy?’ fregen de inkelde fiskers dy't dêr wiernen.
‘Och hea,’ sei Sytze, mei in kleijende stimme, ‘hwet my dêr niiskrektsa oerkomd is, forjit ik myn hiele libben net.’
| |
| |
‘Det wol noch al hwet sizze,’ sei ien fen de fiskers.
‘Och myn ljeave man, it is ek hast net to leauwen,’ sei Sytse wer op syn gûlderige manear. ‘Ik swalkje dêr by it strân lâns en scil in eintsje efter det houten húske fen dy jonges, de waed op. Ik sjuch neat gjin bisûnders, dos panderje ik op 'e dyk ta. En do ynienen, fleach ik mei de kop earne tsjin oan, det 'k alle stjerren, dy't men mar bitinke kin, foar myn eagen dounsjen seach. It wier as hie ik mei in hammer in fûleindige slach foar de kop krige. Och man, ik gûlde it út.’
‘Nou, mar hwa hie det dien?’ fregen de fiskers binijd.
‘Gjin minske. Der wier wech-ende-wear neat en nimmen to sjen.’
‘Det liket frjemd,’ mienden de fiskersljue.
‘Jimme bigripe, det ik my hast dea skrikte. Sa gau as ik by myn sûpenstút kaem, bin ik der útnagele fensels.’
De minsken founen it tige frjemd, mar tochten, det hy net in klap mei in hammer mar mei in moalpûde hawn hie. Sytse bûtsiker waerd den ek danich útlake. Sytse prottele wakker en winske de lakers stik foar stik ta, det se ek sa'n klap foar de kop krije scoenen.
It wier tige bêst bidoeld, mar de oaren fielden der neat for, seinen se.
De forhalen fen de beide manljue wierne hast al wer forgetten, do't der wer ien mei in bjusterbaerlike skiednis oansetten kaem. Dizze kear wier it Meindert Fûgelsjitter, dy't hwet frjemds bilibbe
| |
| |
hie. En nou wier it noch nuverder as de oare beide kearen byelkoar.
It roun al knap tsjin 'e joun, 't waerd al skimerich yn de ljeagenbolle do't Meindert der ynsetten kaem. Hy wier sa oerstjûr as de minsken him noch nea sjoen hiene, hwent Meindert wier de evenredigens yn persoan.
‘Meindert, hwet skeelt dy? It liket wol eftst in spoek sjoen haste!’ waerd der roppen.
‘'t Is noch folle slimmer,’ sei Meindert, ‘'k ha wol gjin spoek sjoen, mar dit siz ik jimme, it spoeket al op 'e waed.’
Dy't der wierne, krongen allegearre om Meindert Fûgelsjitter hinne, om gjin wird to missen, fen it forhael, det der nou grif komme moast. Der moast wol hiel hwet bard wêze, as Meindert oer spoeken praette, hwent hy hie altyd de earste west, om der de gek mei to hawwen. Meindert leaude der alhiel net oan, sei er altyd, en nou scoe hy it sels bilibbe hawwe! Det koe moai wirde.
‘Jimme moatte rekkenje,’ sa bigoun Meindert, ‘ik kaem fen de kant fen 'e Koai. Ik hie der west, om't ik sa tocht, det der wolris in pear einen oersetten komme koene. Nou, det hie ek sa west, en dêr roun ik den mei in stikmannich einen oer it iene skouder en de riem fen myn gewear oer it oare. Jimme witte, ho't ik altyd rin mei myn gewearriem oer 't skouder en de hân oan 'e hoanne, for 't gefal der ûnforwacht hwet foar de loop komme scoe. Nou den, dêr roun ik den, flak oan sé, mei de hân oan 'e hoanne en de loop nei ûnderen ta. Ik kaem sa njonkenlytsen al moai ticht by det
| |
| |
radio-húske fen Jelle-en-dy, do't it my krekt wier, as woe myn gewear omheech. Yn 't earst sloech ik der gjin acht op, mar op 't lêst koe ik it mar kwealik mear hâlde. Ik tocht by mysels, hwet scille wy nou bilibje, bin ik nou gek ef it gewear. Mar ik wier 't net.
Ik roun troch, mar it waerd tinken mei myn âld spuit. Do krige ik it in bytsje binaud, det doar ik gerêst to sizzen. It wier krekt as skoerde der hieltyd mar ien oan 'e loop om my it gewear út 'e hânnen to lûken. Mar der wier fensels gjin sterveling to sjen. It swit briek my út. Ik forhâldde my en roun wer fierder do't ynienen, sûnder det ik earne oankaem, it skot derút fleach. Ik miende to hearren, det de hagel tsjin in izeren plaet oanfleach, mar det doar ik net fêst to sizzen, it kin ek wol it laitsjen fen it ien ef oare ûnhure wêzen west hawwe. Ik waerd sa kjel, det ik it gewear losliet, det my do mei foarsje út 'e hannen fleach en sa mar de loft troch sylde, oan't it, sa't it like, earne tsjinoan stuitte. Mar it frjemde wier, det it net op 'e groun foel, mar kalm yn 'e loft hingjen bleau, det wol sizze, de kolf, hwent de loop en 't oare spil wierne fordwoun.
Ik doarst der fensels for gjin jild efteroan, en ik hie dochs ek neat oan in kolf sûnder gewear.’
‘En do, en do?’ fregen de minsken om him hinne, do't Meindert Fûgelsjitter ophâldde.
‘Hwet do? Nou, hwet scoene jimme dien hawwe. Ik tocht fen krekt itselde as ik. Ik smiet de einen oer 'e waed en roun sa hird as ik mar rinne koe nei de dyk ta.’
| |
| |
Det foel syn gehoar raer ôf, dy hiene noch gâns hwet mear forwachte.
‘En hwêr is dyn gewear nou?’ frege ien fen de snoadsten.
‘Det scil dêr noch wol earne yn 'e loft hingje, for 't neist,’ andert Meindert noartich.
‘Sjuch! Sjuch!’ ropt ien fen de mannen, ‘dêr komme Jelle-en-dy oan mei in gewear en in keppel einen. Hwêr scoene dy det wei hawwe?’
Meindert sjucht ek ris efkes. Amper hat er de jonges sjoen ef hy slacht de hannen gear en ropt: ‘Mar nou is de wrâld dochs fêst ek op 'e ein. Dy knapen hawwe myn einen en myn gewear.’
Hy ropt al fen fierren: ‘Ho divel, komme jimme oan myn spillen!’
‘Foun!’ seit Jelle, sa gau as se by de mannen binne.
‘Wy hoege net to jeijen,’ komt Haeije smout út 'e hoeke, ‘wy fine de einen deasketten en wol mei in gewear der by.’
‘Ja,’ docht Wibe ek noch in duitsje yn 't ponkje, ‘en den sjugge wy fen fierren de goederjowske man, dy't it spil sa kreas for ús dellein hat, rinnen as in hazze. For 't neist, om't er oars bang is, det wy him de boel werom jaen scoene.’
Meindert rint ris om de jonges hinne, mar bliuwt for alle feilichheit op in lytse distânsje.
‘Nou, pak mar oan,’ seit Jelle en stekt Meindert it gewear ta, ‘it is net bitsjoend!’
Mar Meindert makket alhiel gjin risselwaesjes om it gewear oan to krijen. Hy hat in skalk each op it spil en sjucht fen it gewear op Jelle en fen
| |
| |
Jelle op it gewear. Oan gjin ien fen beiden kin er hwet bisûnders ûntdekke.
‘Wirdt it noch hwet?’ laket Jelle, ‘myn earm is gjin úthingboerd.’
In bytsje skrutel noch nimt er it gewear wer yn 'e hannen. Nou't der alhiel neat bart, wirdt er dryster en bisjucht it nou fen alle kanten.
‘Neat oan to sjen!’ forklearret hy op 't lêst oan de omstanders, dy't der tige nijsgjirrich by steane.
Det koe ek wol útkomme, det der oan 't gewear neat to sjen wier.
Neidet de jonges it skot heard hiene, wierne se op oanrieden fen China-Pier, hwêr't se yn 'e loads mei oan 't wirk wierne, nei bûten gien en hiene Meindert foartrinnen sjoen as siet him de tsjoede efternei. Do founen se de einen en seagen it gewear frij yn 'e loft sweevjen, sa't it like. Mar hja wisten fensels wol better. It hong oan it magnetyske metael fen de loads en it stielwirk fen it gewear wier ek ûnsichtber wirden, sadet it krekt wier as hong der allinne mar de kolf en de riem. Mei syn trijen hiene se it gewear der wer ôfskoerd en it do yn it laboaratorium wer demagnetisearre.
‘Nim it spil mei nei 't doarp!’ hie China-Pier sein, ‘en jow it dy man wer werom, oars krije wy hjir strak al de manljue op bisite, om it wûnder to sjen. Jimme dogge nou mar krekt eft it allegearre forbielding fen de man west hat. Sokke ûngemakjes scoene ús op 't lêste momint alles noch bidjerre kinne. Wy binne nou hast ré en kinne gjin mot om 'e teannen brûke.’
Do wierne de trije maten derop úttein en nou hie
| |
| |
Meindert syn âld spuit, sa't er syn gewear neamde, wer yn 'e hannen.
‘Det is nou allegearre tige goed en aerdich fen jimme, mar ho binne jimme der nou einlings oankomd, det scoe ik wolris witte wolle,’ seit Meindert foars, bang det er útlake wirde scil. ‘Do't ik it gewear for 't lêst seach, sylde it troch de loft en in hoartsje letter, wier it inkeld noch mar in kolf. En nou bringe jimme it hiele spil wer werom. Det giet boppe myn forstân.’
‘Hwet jo dêr allegearre fortelle, klinkt wol in bytsje eigenaerdich,’ seit Jelle op 't lêst, ‘mar wy hawwe mei syn trijen gjin silend gewear sjoen. Do't wy, neidet wy in skot hearden, nei bûten gongen, seagen wy oars neat as in keppel einen en in ein dêrôf in gewear.’
‘En net to forjitten,’ ûnderbrekt Wibe him, ‘in man dy't wakker hastich wier.’
‘Hawwe jimme den alhiel gjin bisûnders sjoen?’ freget Meindert, tige yn 't ûnwisse, sûnder op Wibe syn útfal acht to slaen.
‘As jo it hwet gewoans fine, det jy der útnaeije, as hiene jo in skot piper yn 't gat krige, né, den hawwe wy gjin bisûnders sjoen,’ falt Haeije, dy't him noch hwet narje wol, nou út.
De oaren, dy't eins alhiel net witte, hwet der krekt bard is, laitsje om Haeije syn set. Meindert, dy't op 'e flecht giet, ja, det is wrychtich om to laitsjen, hwent hy fiert oars noch al in steil wird.
‘Mar ik gean dochs net for neat op 'e flecht,’ ropt Meindert tsjin it laitsjen yn.
| |
| |
‘Miskien wierne jo hwet yn 'e war, do't jo by forsin jou gewear ôfskeaten,’ mient Jelle.
Ek det falt yn goeije ierde, sadet de ljeagenbolle stiet to triljen fen it geijen fen de minsken.
‘O, stakker,’ bâlt der ien ûnder it laitsjen troch, ‘hy tocht fensels, det der ien op him skeat. Syn gewisse is net suver!’
‘Det is ek gjin wûnder,’ oppenearret in oar, ‘as jy sa faek ûnder it koairjucht komme.’
‘Forhip allegearre,’ seit Meindert lilk, pakt syn gewear en de einen en makket det er foartkomt.
De jonges geane nou ek wer fierder en fine, det se it der mar gnap ôfswitten hawwe.
De minsken yn de ljeagenbolle laitsje noch efkes nei en bigjinne den op 'e nij alles wer ris op to heljen, hwet se oant nou ta oan frjemde forhalen al heard hawwe. It eintsjebislút is, det sy net mear laitsje, mar sa linkendewei de iene nei de oare, nei hûs ta geane, derfen oertsjûge, det der dochs wol hwet geande wêze moat op 'e waed by it radiohúske fen Jelle, Haeije en Wibe. |
|