| |
| |
| |
Haedstik 9. Nachtwirk.
It is hast al wer hjerst; de simmer lûkt al aerdich nei de ein. Swiere wolkens komme út sé oandriuwen en sûzjend kletterje swiere reindrippen yn it wetter en oer it waed. Linkendewei wirdt de wyn fûleindiger en sims giselt hy it wetter, det it skom wech-ende-wear fljucht.
Sa'n echt hjerstige joun is it nou wer. De jonges sitte mei syn trijen yn it laboaratoarium en prate oer detjinge, hwet hjarren sa heech leit.
Se hawwe yn 'e simmermoannen net stil sitten. Plannen binne der makke en wer ôfkard, opnij makke en forbettere. China-Pier hie it biwiis levere, det er in maet wier, hwêr't men hwet oan hie. Net allinne, det er for alle kosten stie, mar ek hie it bliken dien, det hy in handich konstrukteur wier. Sûnder syn help wierne se fêst net sa gau en sa goed rékaem mei de plannen en teikeningen for it loftskip, det se bouwe scoenen.
Nou wier China-Pier der mei syn feint op út om alles to keapjen hwet der brûkt wirde moast. Hy hie forstân fen it matrejael, hie er sein, en ek koe er goed mei de fabrikanten omgean, sadet det wirk by him yn fortroude hannen wier.
Hy wier nou al ryklik in moanne op reis en de jonges hienen tael noch teiken fen him heard. Hja
| |
| |
waerden al in bytsje ûngerêst oer him, al wisten se wol, det hy it losrinnen wol fortroud wier.
Det hie oars in opskoer west, do't de minsken it forlitten stielen moatorjacht en de omkearde sloep foun hienen. Alles hie men ôfsocht om de drinkeldeaden to finen, mar sûnder det it hwet oplevere fensels. De kranten hienen der fol fen stien en de minsken bitochten de nuverste dingen om to forklearjen, hwêr't de fordronkenen wol net bilânne wêze koenen. Mar do't men der fierder alhiel neat mear fen hearde, swijden de kranten der oer en waerd it hiele foarfal wer forgetten. Allinne yn 't doarp tocht men der inkeld noch wol ris oan, as de stoarm oer de waed bearde. Den sei de iene ef de oare: ‘Dit is nou krekt sa'n nacht as do't det jacht op 'e waed bleaun is.’
De jonges hienen al de praetsjes stikum oanheard en wierne stil hjarren wegen gien. Do't men sei, det de liken wol troch de spuislûzen nei bûten dreaun wêze koenen, knikten hja ris en seinen det soks miskien net ûnmooglik wier. ‘Yn elts gefal,’ hienen se sein, ‘it skynt wol det se noch altyd ûnder wetter binne.’
Mar nou waerd der net mear oer praet, namsto mear net, omdet der wer hwet oars kaem wier, det de oandacht fen de minsken fêsthâldde. Der gyng in grizen troch de wrâld. Oeral op ierde kamen mear ef minder greate ûngelokken foar, dêr't de oarsaek net fen nei to sykjen wier, oan't der op it lêst grute waerd fen in X., dy't det allegearre op syn kape hawwe scoe. It woe de minsken earst mar min oan, hwent de ûngelokken barden sims
| |
| |
op twa ef trije sa fier fen elkoar lizzende plakken, det it alhiel ûnmooglik like, det in minske der de hân yn hawwe scoe. De kranten skreauwen der earst net sa folle oer, mar sa njunkelytsen wisten se al mear to fortellen. De meast fantastyske forhalen waerden der dien, mar net ien wist it rjuchte derfen.
Sims waerden de minsken, dy't nei de radio sieten to harkjen tige kjel makke, trochdet der in stimme, dwers troch it programma-nûmer hinne, fortelde, det der krekt op det stuit en dêr en dêr, in ûnk bard wier. En den hearden se ôfgryslik laitsjen, hwêr't hja kâld fen waerden.
En altyd kaem it krekt út, sa't de stimme sein hie.
Mar fen hwa wier dy stimme? Sims neamde de eigner himsels X. ef Dr. X., mar det wier den ek alles hwet men wist.
De bidrigingen fen X. hongen altyd yn 'e loft en forsteurden de wille en de blidens fen de minsken. En neat wier der oan to dwaen. De geleardste koppen sieten der nacht en dei oer to pikerjen, sûnder ek mar in grevel fierder to kommen. De himel waerd ôfsocht mei de teleskopen fen de greatste stjerrewachten, mar alles om 'e nocht. Fleanmesinen krústen by hûnderten oer de ierde, om to bisykjen it skûlplak fen X., fen boppen ôf, fine to kinnen.
It joech neat. X. gyng mar troch en fierde bidriging nei bidriging út.
Hy hie it drok nei't it like, hwent mar hiel inkeld praette hy noch wolris mei de jonges en den romme
| |
| |
hy op syn dieden fen fordjêr. De jonges waerden der den kâld fen en wisten net hwet hja sizze moasten.
Sa hie 't nou de jouns ek wer west, mar lokkich wier er nou wer foart.
‘O,’ seit Jelle, ‘as wy him binei komme kinne, den moatte wy him sûnder genede forneatigje.’
‘Ja,’ seit Wibe der oer hinne, ‘as wy de kâns dêrta krije.’
‘Ho bidoelst det?’ freget Haeije en den foart der oer hinne: ‘Sa gau as China-Pier wer werom komt, den meitsje wy ús loftskip en scille den forgoed mei him ôfrekkenje.’
‘Det is't 'm nou krekt,’ seit Wibe wer, ‘as er mar net foar dy tiid mei ús ôfrekkent.’
Sa swier sjucht Jelle det net yn.
‘Ja, de kâns is der fensels, mar wy ha in reed op him foar. Hy wit net hofier't wy binne en hwêr't wy ta yn steat binne.’
‘Sjuch!’ ropt Haeije en wiist op in apparaetsje, det boppe op it radiotastel stiet. ‘Dêr is ien op ús weachlingte, litte wy ris hearre.’
It is in tige nijsgjirrich apparaetsje, det dêr op it radio-tastel stiet. Det is in útfining fen Wibe. It jowt oan, as der op hjarren weachlingte seind wirdt. Net mei in lampke, lyk as by X., mar mei in mjitter, sadet hja ek noch oan it biweegjen fen de nidle sjen kinne eft it tillefony ef tillegrafy is.
Se sjugge, det der nou tillefonearre wirdt. Jelle springt der foart op ta en set in tillefoan op 'e holle om dêrnei it apparaet oan to sluten. Sa gau as er
| |
| |
det dien hat, heart er in stimme: ‘Hallo, hallo, hallo, hjir China-Pier, hjir China-Pier!’
‘Jonges! pak in tillefoan; it is China-Pier!’ ropt Jelle mei in bliid gesicht.
‘Hallo, hallo!’ seit er den yn 'e mikrofoan, ‘hjir Jelle mei syn maten. Hwet is der for nijs? Hwêr binne jo? Ho is 't dermei? Binne jo...’
‘Hou, hou!’, laket de stimme yn 'e tillefoan, ‘net sa'n soad tagelyk, maet. Ik liz hjir mei myn skip flak foar jimme oer, oan 'e kant fen it waed en ha alles oan board, hwet wy nedich hawwe. It moat fennacht allegearre noch oan 'e wâl brocht wirde. Meitsje jimm' dos mar klear. Hjir oan board is ek hout for in flot, hwêr't de boel op laden wirde moat. 't Scil wol in hiel krewei wirde, mar it moat. Tong Fo is al nei jimme ûnderweis mei in platboaijem moatorboatsje. Hy hat der in knoarre ynstreminten yn. Help him om dy to bergjen en kom den ek mei nei board. Ik gean oan 't wirk, jonges, oan't sjens!’
De jonges smite de tillefoan op 'e tafel en stouwe nei bûten ta, hwêr't de stoarm hjarren foartdaliks in flinke trewinkel jowt en omtrint ûndersteboppe smyt. Mar dêr slane se mar kwalik acht op. Se fierkje oer it wylde wetter eft se it boatsje fen Tong Fo net gewaer wirde kinne.
‘Sjuch! Sjuch!’ balt Wibe tsjin 'e stoarm yn, ‘dêr is in ljochtsje!’
Syn hân wiist earne yn 'e ierdetsjustere nacht.
En ja, wrychtich, dêr dounset in ljochtsje oer it woeljende wetter, det mei greate flecht rjucht op hjarren ôfkomt.
| |
| |
Efkes letter hearre se it gnoarjende lûd fen in swiere moator boppe it geraes fen wyn en wetter út. Suver op itselde stuit sûzet der in greate raceboat út it tsjuster it strân op. De flecht bringt it boat omtrint oan it húske ta.
Tong Fo sit efteryn en skeakelt de moator út. Hy is alhiel klaeid yn in tige glêd oanlizzend rubberpak, hwêr't it wetter ôfstreamt. Hy springt oan lân, makket in lichte bûging for de trije jongkeardels en seit mei syn djip kiellûd: ‘Hullo!’
De jonges fleane him omtrint om 'e hals, mar hy skout hjarren kalm fen him ôf en wiist op it boat. Den springt hy der wer yn en rikt de jonges forskate pakken oer, dy't allegearre yn oaljedoek sitte, sadet de ynhâld net wiet wirde kin.
Hastich bringe de jonges it spil yn 'e hûs, hwêr't se noch al in kearmannich for hinne en wer moatte, hwent der komt gâns hwet út it boat. Mar einlings is it den dochs leech. Nou jowt Tong Fo hjarren elkmis noch in pak en bitsjut hjarren, det se it iepen meitsje moatte. De jonges binne fensels tige binijd, hwet der wol yn sitte mei en witte net ho gau as se it iepen krije moatte.
Nou, China-Pier biwiist der al wer mei, det er oeral oan wit to tinken, hwent út it oaljedoek komt for elk fen hjarren in rubberpak, krekt allyk as Tong Fo ek oanhat.
Gau geane se efkes yn 'e hûs om hjarren to forstrûpen en al ringen steane se wer bûtendoar yn hjar rubberpak, det gjin drip wetter trochlit. Fen top ta teil binne hja nou yn rubber klaeid. It pak slút hjarren as in bos om 'e lea en it hat ek noch
| |
| |
it greate foardiel, det se der hjarren sa maklik yn biwege kinne, as hienen se inkeld hjarren swimklean mar oan.
Nou gau Tong Fo helpe, om it boat wer flot to krijen. Det scil wol in dreech stikje wirk wirde, mar it falt hwet ta. It is in saneamde gliidboat mei in alhiel platte boaijem. Fong Fo giet efkes yn it boat om de moator oan to setten en op efterút. Den springt er der wer út om de trije maten to helpen it boat yn djipper wetter to krijen.
Earst fljucht it net sa hird, mar as Jelle de maet oanjowt en se mei syn fjouweren tagelyk tsjin it boat triuwe, hwêr't se mei wachtsje, oant der krekt in greate weach oanrôljen komt, giet it al ringen de goeije kant út. Se steane fensels yn 't wetter, mar fornimme der net folle fen, om't de klean, dy't se nou oanhawwe, gjin drip wetter trochlitte.
De moator gounzet, de jonges en Tong Fo skouwe en den ynienen kriget de fin fen de moator wer genôch wetter om krêft to setten.
Hja wierne der net iens op fortocht, do't it boat ynienen in hael die en hjarren alle fjouwer it wetter ynskoerde. De trije maten lizze yn 'e weagen to sparteljen, mar Tong Fo hinget oan it boat, det mei gang út ein set. It linige Chineeske wit him der handich yn to slingerjen en giet den foartdaliks nei de moator. Hy pielt der efkes mei om en stjûrt den it raceboat mei in greate bocht nei de wâl ta, hwêr't de jonges alwer klear stean, neidet se oerein skarrele binne.
Kalm stjûrt Tong Fo it boat by hjarren lâns, dêr't se nou alle trije yn wippe. Sa gau as se deryn
| |
| |
binne, set de Chineeske stjûrman it boat mei de kop op 'e weagen. En den giet it, dwers tsjin wyn en weagen yn mei boarsten gewelt dwers it waed oer. De stoarm gûlt al tige, mar kin it mei kûgelsflecht tsjin 'e weagen ynbrûzende boat net keare. Jonges, hwet giet det der omwei. It wetter fljucht himelshichten. De jonges steane der midden yn. Foar hjarren út wâljende weagen, efter hjarren wieljende weagen, bisiden hjarren wyld bearende weagen en yn it boat sels driuwt alles fen it buiswetter. It is in wylde tocht oer de balstjurrige Sudermar.
De jonges kure oer de wite skomkoppen fen 'e weagen om to sjen eft se it skip fen China-Pier ek gewaer wirde kinne. Mar it sjucht sa min, det se it net earder yn 'e gaten krigen, as do't se der al flak by wierne. It is in lang skip, det plat op it wetter leit en yn greate skomwolkens foar syn ankers leit to riden. Gjin minske is er op it dek to sjen.
Tong Fo stjûrt syn boat om it iensume skip hinne en kin sadwaende in bytsje yn 'e lijte krûpe.
Amperoan roert it boat de hûd fen it skip ef in stimme klinkt boppe it geraes fen 'e wyn út.
‘Moai waer, old boys, for ús wirk. Koe net better. Nou scille se ús tominsten net op 'e hannen sjen.’
It is China-Pier. Hy bûgt him nou oer de reling en helpt de jonges oan board. Hy is krekt allyk klaeid as de fjouwer oaren.
‘Hallo, jonges,’ seit er hertlik, ‘ho giet it dermei? Alles noch goed?’
| |
| |
De jonges fortelle him nou hwet der allegearre, sûnt syn foartgien, bard is, mar folle bisûnders hat det net west, tominsten net, det Pier sels net witte koe.
‘Nou,’ seit er, as it forhael út is, ‘safollesto better. Ik ha in goeije reis hawn en alles krije kind, hwet wy mar brek wierne. Ik leau net, det der hwet forgetten is. Mar jonges, wy moatte nou gau oan 't wirk om to bisykjen de boel oan lân to krijen. Sjuch, it flot is al sahwet klear. Det liket jimme nou wol in hiel krewei ta, mar det foel hwet ta, hwent alles wier kant en klear makke en 'k hoechde it allinne mar yn elkoar to skroeven en det ha 'k dien.
Wy kinne nou earst it flot wol sahwet fol lade en it den bûten board draeije. Der binne hjir in pear knapen fen kranen oan board, hwêr't Tong Fo en ik wol aerdich handich mei binne, sadet det ek wol yn oarder komme scil. Dos, jonges, oanpakke!’
Us maten litte hjar det gjin twa kear sizze. Se arbeidzje det de lidden der hjarren fen knieze. Mar dêr wirdt net om tocht, der moat avesearre wirde en se binne net bang fen in hântaest wirk. Se switte as oandragers yn hjar rubber klaeijing.
Det is nou wol to bigripen, hwent it is swier wirk op it glêdde, wiete dek to sjouwen mei izeren platen, pakken bouten, moeren, ringen, moatorûnderdielen ensfh. En den is it fensels oppassen, hwent it dek leit gjin amerij stil, mar giet op en del en hinne en wer, wylst it wetter hjarren om 'e
| |
| |
earen stout, eltse kear det de weagen tsjin it skip bounzje.
China-Pier set de boel fêst op it flot, sa gau de jonges it oanbrocht hawwe. Sadwaende aveseart it knap, mar se sjugge al ringen, det se de hiele fracht net yn ien kear hâlde kinne; se scille noch in reis dwaen moatte.
As it flot alhiel fol laden is, sette se der mei syn fjouweren in great seil oerhinne, det oan alle kanten fêst komt to sitten.
Sjesa, nou kin de boel oer board.
Der binne swiere ringen oan 'e balken fen it flot fêstmakke, dêr't nou heakken ynslein wirde. Oan dy heakken sitte stielen keabels, dy't nei de beide kranen rinne. As alles tige sekuer bifêstige is, geane Pier en syn feint elts nei in kraen.
‘Ut 'e wei,’ boldert de man út China tsjin it lawaei fen it kletsende wetter yn.
De jonges springe oan 'e kant. De kranen bigjinne to kriten en to stinnen. Súntsjes, súntsjes, giet it flot mei syn swiere lêst omhegens. Nou sweeft it alhiel frij yn 'e loft.
De jonges hâlde hjar hert fêst. Ho scil dit ôfrinne. Scoene de stielen triedden it hâlde kinne? As der nou ris hwet briek, den hie alles om 'e nocht west, om noch mar net to praten fen de ûngelokken dy't der fen komme koene.
Mar it spil brekt net. Pier hâldt net fen heal wirk.
Stadichoan draeit it flot bûten board. De stoarm bisiket syn krêft der op. It hiele gefaerte skommelt. Men kin it fornimme oan it skip, det alhiel nei de
| |
| |
kant fen it flot oerbûgt en eltse skommel-biweging folget.
De jonges hâlde de siken yn.
It flot hinget nou alhiel bûten board yn 'e stielen keabels. It sakket al; it roert it wetter. Noch efkes steane de keabels strak, mar den giet de spanning derút en hingje se slop. It flot driuwt.
Pier ropt tsjin de jonges det se de heakken losgoaije en it flot fen it skip ôfhâlde moatte. Hja springe op it wibeljende flot en meitsje handich de heakken los út 'e ringen en meiiens sûzje de keabels alwer binnenboard.
China-Pier springt nou ek op it flot en makket de tros ré, wylst de lytse Chinees yn it moatorboat giet. Hy fart deun by it flot lâns en wit de tros op to pikken, dy't him troch syn baes tagoaid wirdt, wylst de jonges kâns sjugge om oan board fen it moatorboat to klauterjen, folge fen China-Pier, dy't noch krekt mei in fikse sprong it boat wit to pakken. Hy hinget oan 'e rânne oan 'e bûtenkant fen it raceboat en de jonges, dy't him it wetter yntrûzeljen seagen, wirde forheftige kjel. Mar dêr swaeit Pier him al mei in krêftige swaei oer 'e rânne. Hy laket as er de forhearde gesichten fen syn maten sjucht.
Tong Fo hat der, sa't it liket, op wachte oant syn baes wer goed en wol oan board is, hwent foartdaliks set er de gong der yn op 'e waed ta.
Tong Fo stjûrt wer. It is him ek wol tabitroud. Hy hâldt rjucht op it ljocht fen hjarren laboaratoarium oan, det fier fen hjarren ôf boppe de weagen skimert.
| |
| |
It boat fljucht nou wol net sa hird as op 'e hinnereis, do't it net sa'n swiere sleep efter him hie, mar dochs giet it der noch aerdich om wei. Se binne den ek al ridlik gau by de waed. Tong Fo jowt noch hwet ekstra gas, sadet se mei in knappe foarsje op 'e waed tastouwe.
Syn baes sit klear by de sleeptros. Tong Fo jowt him in teiken en as de tros efkes slophinget, trochdet it flot krekt op in weach omheechgiet, goait China-Pier los.
Krekt op 'e tiid. It wier mar goed, det dy twa tige oan inoar wend wierne, hwent nou kin de Chinees it boat noch krekt mei in skerpe bocht foar it flot weihelje. De jonges hiene der alhiel net op rekkene en waerden suver út it boat slingere, do't it sa hommels fen rjuchting foroare.
It wier wol tige nedich, det de stjûrman sa'n skerpe bocht naem, oars hie it flot it boat oan spoennen fearn. Troch de flecht, dy't it swier ôfladen flot hie, roun it in hiel ein de waed op. Tong Fo stjûrde it boat nou ek op 'e wâl, deun njunken it flot.
Nou moast der wer hird arbeide wirde. Alles moast der ôf en den sa gau as it koe it oare helje, det noch op it skip bleaun wier.
It lossen gyng gâns flugger as it laden, om't der nou neat fêstset wirde moast. Alles, hwet der op it flot wier, waerd dellein oan 'e lije kant fen it húske op 'e waed, en do hommels werom nei it skip. It boat waerd foar it flot spand en skoerde it wer fen 'e waed ôf. Mei it lege flot efter hjarren to dounsjen gyng it wer op it skip ta.
| |
| |
Earst waerd it wer oan board hyst en do op 'e nij folladen. Dizze kear koe it der sahwet allegearre op en it lytse bytsje det der noch oer wier, koe yn it boat meinaem wirde.
Wer pipen en krieten de kranen, wer sakke it flot kalm op 'e wylde weagen en wer setten se ôf nei de waed, hwêr't se ek dizze kear wer bihâlden oankamen.
Mei syn fiven arbeiden se do sa hird as 't koe om it flot wer leech to krijen. Sa gau as det bard wier, waerd de Chinees mei it flot nei board stjûrd, om it wer op it skip to bringen.
De jonges seagen China-Pier wifeljend oan. Scoe det lytse keardeltsje him der allinne mei rêdde kinne?
China-Pier lake.
‘Tong Fo hat wolris swierdere kreweikes opknapt. Lit dy mar gewirde. Wy hawwe noch gâns hwet to dwaen, foardet alles yn oarder is en men mei ús net oer it mat komme. Wy moatte de izeren loads noch opsette, foardet it dei wirdt. Howol alles sa mar yn elkoar set wirde kin, scil it dochs net tafalle mei dizze stoarm.’
Né, det hienen de jonges ek wol yn 'e gaten. In loads to bouwen mei sa'n stik wyn wier wrychtich gjin berneboarterij.
Mar Pier joech it goede foarbyld en dos setten sy de lea der ek ûnder. Do't Tong Fo mei it boat weromkaem, wierne se al aerdich opsketten en nou't de linige Chinees der ek noch bykaem, gyng it det it slydjage. Dochs moasten se avensearje, hwent de dei wier al op komst en gjin minske
| |
| |
mocht sjen, hwet der op 'e waed útfierd waerd.
It bigoun al knap to skimerjen, do't de boel einlings stie. Nou noch al de spillen der yn en 't wier wer bard for hjoed. Ek det krigen se foarelkoar.
It wier sa njonkelytsen al aerdich ljocht wirden; se wiernen mar krekt op 'e tiid.
China-Pier joech de jonges de hân en sprong yn it race-boat, folge fen syn feint, dy't dalik it boat wer mei de kop op 'e weagen sette, neidet er de moator oanset hie. Efkes swaeiden se noch goendei mei de earm en do wierne se ek al wer fordwoun yn skom en wetter. In wolk fen griis skom tsjutte oan hwêr't se hinne stouden.
It wier nou sa ljocht al, det se, al wier it ek noch ûndúdlik, it skip op 'e weagen riden sjen koenen.
Lang tiid om dêrnei to sjen hienen se net, hwent der moast noch in tige bilangryk wirkje opknapt wirde. De pas boude loads moast... noch ûnsichtber makke wirde.
Wibe en Haeije groeven triedden yn 't sân fen 'e waed, fen it laboaratoarium nei de loads en makken dy deroan fêst.
Jelle wier tige drok dwaende yn it lytse hok, det se neist it eigenlike laboaratoarium makke hienen.
As Wibe en Haeije op 't lêst klear binne, komme se der ek yn en freegje Jelle hofier't dy is.
‘Klear,’ seit Jelle, ‘Gean ris gau nei bûten en pasje op, hwet der bart.’
De beide jonges stouwe wer nei bûten.
Jelle skeakelt hoeden de stream yn. Dit is in gefaerlik eksperiment, hwêr't it slagjen fen hjarren ûndernimmen fen ôfhingje kin. Scille de transformatoa- | |
| |
ren it hâlde? Is alles goed birekkene? Ien flater yn 'e birekkening en it rint forkeard ôf. Hy allinne wit det. Syn wangen gloeije fen ynspanning. It izer fen de transformatoaren bigjint to triljen. Hy heart in sêft sjongende toan.
Scoe it gean?
Wibe en Haeije stean bûtendoar en sjugge fol oandacht nei de loads. Yn 't earst sjugge se neat, mar den is 't krekt as komt der in sédamp opsetten om de loads hinne. It gebou wirdt stadichoan waziger en op 't lêst lûkt de mist wer omheech en... de loads is foart. Hja wisten det dit komme moast, mar steane dochs mei de mûle iepen nei it wûnder to sjen. It wirdt hjarren bang om it herte. Se stouwe nei Jelle ta en roppe:
‘Jelle, de loads is foart!’
Jelle siet oer in mjitter bûgd. In skoftsje bliuwt hy sa sitten; syn eagen wolle de wizers net loslitte. De spanning wier him hast to mânsk wirden.
Op 't lêst giet er rjuchtop sitten en sjucht syn beide maten glimkjend oan.
‘Gelokkich,’ seit er mei in heas lûd.
Haeije fljucht op him ta en slacht de earm om syn skouder.
‘Jelle, Jelle! Hwet is der oan!’ ropt hy.
Jelle syn antlit is suver ynfallen. Djippe tearen lizze der om syn mûle. Greate switkobbels pearelje him op 'e foarholle. Hy sjucht Haeije oan en laket wirch. ‘Neat, Haeije,’ seit er op 't lêst. ‘'t Is al wer oer.’ Hy faget syn foarholle ôf en giet nei bûten om mei syn eigen eagen it greate wûnder to sjen.
Der is neat to sjen, alhielendal neat. Jelle such- | |
| |
tet noch ris en giet den yn 'e hûs en jowt him del op it bêd, hwêr't China-Pier op sliept hie, do't dy him noch yn hjarren laboaratorium beskûl hâldde. It dûrret mar in amerij, den sliept er as in roas. Haeije en Wibe lizze in tekken oer him hinne. Nou pas tsjugge se hjarren rubberpakken út, berchje dy op, tsjugge hjarren gewoane klean wer oan en jowe hjarren ek del. As hja lizze, fiele hja pas ho wirch se eins binne. Ek mei hjarren dûrret it net lang ef se binne ûnder seil.
Underwyls hat China-Pier de ankers ynhelle en fart nou in knap ein út 'e wâl op Amsterdam ta.
Sa gau as er oan board wier, hat er in fjerrekiker helle en seach der mei nei de waed. It dûrret efkes, den sjucht ek hy de mist en efkes letter it oplûken dêrfen, en den sjucht ek China-Pier de loads net mear. Hy knikt foldien mei de holle, giet nei Tong Fo, kloppet him frjeonlik en kammeraetskiplik op it skouder en seit yn it Ingelsk:
‘O-K so far, old boy!’ |
|