| |
| |
| |
Haedstik 8. De Man út China.
As de wyn it mâlle fel oanhat en oer it wetter beart, den kin it der op 'e Sudermar noch raer om tagean. Det foun tominsten de man yn syn greate oaljejas, dy't mei de bleate holle oan it stjûrrêd stie fen in great moatorjacht, det pûstend troch de weagen syn paed socht.
De man seach skerp út, hwent hy wist det er net fier fen it waed wier. Mar hwêr't er krekt wier, det wist er net. It wier ek al sa folle jierren lyn, det er hjir for 't lêst west hie, wylst der yn dy tiid gâns hwet foroare wier. Hy doarst ek net to fier sé yngean, hwent hy woe it kanael net misse det, nei 't him forteld wier, dwers troch it waed groeven wier. Mar ho't er ek útseach, hy seach neat as de wite skomkoppen fen de weagen, dy't wakker oerstjûr wierne troch de felle wynpûsten.
It wier neare nacht en de loft wier sa ticht as in pôt; der wier gjin stjer to sjen. It waeide det saun divels koenen gjin strie hâlde en de wyn raesde en gûlde en sloech it boat de weagen tomjitte, as moast it moatorjacht bidobbe wirde. Mar it wier in sterk boat en de man oan 't roer koe hiel hwet forneare en 't moast al tige raer gean, woe er krimp jaen. Hy tocht den ek net oan gefaer en stie
| |
| |
dêr sa rêstich, as siet er feilich yn in maklike stoel oan 'e hird yn in geef hûs.
It buiswetter fleach him om 'e earen en nou en den spielden greate tommelweagen oer it skip. Mar de man sloech der net ienris acht op. Hy fortroude op syn boat en op syn masterskip deroer. It wetter spielde fen syn klean en nou en den fage er syn eagen út om goed sjen to kinnen. Mar ho't er ek útseach, it kanael seach er net. Hy bigriep net, det se der nou noch noait wierne. Hy hie dochs al in aerdich skoftsje fearn, neidet se skut wiernen yn 'e greate slûzen op it Sân.
Ynienen bûgt er de holle hwet foaroer en harket skerp. Hwet wier det? Roun de moator net goed mear?
Né, hy moast him forsind hawwe en det scoe neat gjin wûnder wêze by it razen fen wyn en wetter. De moator rint krekt sa't it heart. Syn ear, det oan it rytme dêrfen wend is, heart neat gjin ûngewoans mear.
Mar dêr, né, nou forsint er him dochs net. Der is 't ien ef oar net yn oarder mei de moator.
Efkes drukt er op in knopke, det midden op it stjûrrêd sit.
Nei in lyts skoftsje dûkt der in man op út 'e djipten fen de moatorboat. Greate weagen slaen nou krekt wer oer it skip en de man moat him goed fêsthâlde om der net ôfspield to wirden, as er op de man efter 't stjûrrêd taskarrelt.
It is in hiel krewei om by him to kommen, hwent it boat slingert omraek en almar oan komt der wetter oer hinne setten.
| |
| |
It is in frjemd mantsje, det der hinne skarrelt. Sokken ha der noch net folle op 'e Sudermar omswalke. Lyts fen stik, makket er, mei syn bihindige hannen en foeten en yn syn krap om 'e lea slutende klean, alhiel de yndruk fen in jonge fen sa'n jier ef fyftjin-sechtjin. Mar de troanje wiist wol oars út. Oan it giele antlit mei de skeansteande eagen en it steile, blau-swarte hier is it wol to sjen, det er al moai wis wol fjirtich jier is. Hy mei den al tige bihindich wêze, mar alles wiist der op, det de Chinees, hwent det is it, syn man wol stiet, as it derop oan komt. Sa linich as in iel glydt er nei it stjûrhok, nei de man efter 't roer. Dy sjucht net nei him as er deryn komt, mar seit hwet yn frjemde klanken, dy't djip út 'e kiel skine to kommen.
Hy hat oarder jown om nei de moator to sjen, dy't swietsjes-wei raerdere setten bigjint út to heljen.
Sûnder in wird to sizzen wirdt de Chinees wer wei en dûkt earne nei ûnderen yn it boat.
De man yn 'e oaljejas harket nei it ûnrigelmjittige slaen fen 'e moator.
‘Hwet mei det dochs wêze?’ tinkt er. ‘Dêr haw ik nou mei dit boat hast alle séën ôfswalke en neat gjin lêst. En nou bin ik omtrint dêr't ik wêze wol, hjir op de âld Sudersé, en nou kriget det ding sokke frjemde oanslaggen. Nuver!’
Krekt as it boat op in greate weach kleaun is, slacht de moator ôf. Foartynienen pakke de weagen it boatsje en smite it oer 'e kant. De man kin it stjûrrêd hast net bitwinge, sa wrikt it hinne en wer.
| |
| |
Mar foartdaliks pakt de moator wer en rint as wier der neat foarfallen. Det dûrret dizz' kear net sa botte lang, hwent al ringen bigjinne de mâlle gritsen wer.
Dêr komt de Chinees wer nei boppen en glydt nei syn baes ta. Hy fortelt him det der, sa to sjen, neat oan de moator skeelt.
Neat oan de moator skele? Nou bigrypt er der alhiel neat mear fen.
‘Hawar,’ tinkt er, ‘as de moator it den noch mar efkes úthâldt, den rêdde wy 't wol, hwent wy moatte nou sa njonkelytsen ek by it kanael wêze. Hy sjucht op syn polshaloazje om to sjen ho lang as se nou al ûnderweis binne, neidet se fen 't Sân ôfgien binne.
Hwet is det? Stiet syn haloazje nou ek noch. En hy hat it niiskrektsa noch opwoun. Det is ek al wer frjemd! Nou, den mar efkes op 'e chronometer sjen, dêr in eintsje foar him.
Hy bûgt him in ein foaroer om to sjen ho let it dêrop is.
‘Wel fordijd noch oan ta,’ seit er den, ‘det ding stiet ek al stil. Hwet scille wy nou bilibje? It liket wol, eft alles hjir bitsjoend is.’
Krekt hat er det sein ef de moator slacht wer ôf en it boat makket op 'e nij in nuvere gisel.
‘Det is my hjir in rare boel,’ seit er tsjin de Chinees. ‘Der skeelt neat oan de moator en dochs slacht er samar ôf. Ik moat mar ris sjen, ho't wy der eins foar lizze; wy ha sa njuet yn 'e rounte toppe.
Hy sjucht nei it greate kompas, flak foar him.
| |
| |
‘Hm,’ seit er en syn eagen wirde great fen forbazing, ‘nou is 't kompas leau 'k ek noch gek wirden.’
De moator is yntwisken wer bigoun to draeijen, sadet er it boat wer yn 'e macht hat.
‘Efkes sjen,’ tinkt de man, ‘it boat mar in hiele slacht draeije litte. 't Is wol hwet gefaerlik, mar ik wol witte ho't det sit.’
As it boat sûnder ûngemak alle streken fen 't kompas trochroun hat, klaut de man ris yn 't hier.
‘Ho kin det,’ seit er by himsels. ‘Ho't ik ek draei, altyd bliuw ik deselde koers foarlizzen, as ik tominsten myn kompas leauwe mei. 't Is hjir in aldernuverste biweging. Moator slacht samar oan en ôf sûnderdet der hwet oan dien wirdt en sûnderdet der hwet oan skeelt; klokken bliuwe stilstean sûnderdet se ôfroun binne en in kompas, det him fen it noarden neat mear oantsjucht. Hm.’
Mar in bulte tiid om oer al dy útwrydske dingen nei to tinken hat er net, hwent it boat easket al syn oandacht op. De moator is wer ris ophâlden en hy hat al syn krêft nedich om it roer baes to bliuwen.
De Chinees krijt bifel, om wer nei de moator ta to gean en to sjen eft er dy net yn oarder krije kin, mei der den al ef net hwet oan skele.
De Chinees fordwynt wer, mar komt ringen wer nei boppen en fljucht mei kûgelsfeart nei de man oan 't roer. Syn Easterske lykmoedigens hat him forlitten. Syn eagen steane wyld yn 'e holle en hy makket drokke gebearten, wyls pratend yn syn swiere kielklanken.
De man jowt him it roer oer en giet den sels nei
| |
| |
ûnderen ta. Hjir wachtet him in nuver gesicht. In greate moerkaei hinget oan 'e ‘bougie’ fen 'e moator as wier er der oan fêstlymd. Ho't it boat ek slingere, de kaei bleau hingjen en foel der net ôf. It ark op it ridskipsrak siet allegearre op in bultsje by inoar en, sa't it like, ek al oanelkoar plakt.
De man pakt de moerkaei en docht der in hael oan om him der wei to krijen. Det slagget him ek mar as er den bisykje wol om de bougies los to draeijen, sjit de kaei him omtrint út 'e hannen, sa sterk waerd dy troch it metael fen de moator oanlitsen.
‘Aha!’ seit de man tsjin himsels, ‘is det de forklearring for al dy mâlle gritsen, dy't it boat hat. Wy sitte hjir yn in sterk magnetsyk fjild. Hm. Hm.’
Hy bitinkt him efkes.
‘Mar, de deale, hwêr mei det weikomme. It is hjir...’
Fierder komt er net mei syn riddenaesje mei himsels, hwent it boat kriget sa'n opstopper, det er ûndersteboppe kûgelt. Hy skarrelt oerein en fljucht nei it dek om to sjen hwet der nou wer geande is.
Det hat er gau genôch yn 'e lampe, om't it boat net mear slingert, mar sa fêst sit as in hûs. De weagen slane der mei gewelt tsjin oan, sadet it wetter der yn greate gjalpen oerhinne stout.
De Chinees stiet noch oan 't roer, howol det nou fensels alhiel gjin doel mear hat. As syn baes him oansjucht hellet er de skouders op, as woe er sizze: ‘Neat mear oan to dwaen, wy sitte al fêst.’
De baes bigrypt skoan, det de Chinees der gjin
| |
| |
skild oan hat, hwent it scoe himsels krekt likegoed oerkomd wêze.
Mar hwet nou?
It wier in tige sterk jacht, det wol tsjin in stjitsje koe, mar oan 'e skok, dêr't se mei fêst roun wierne, hie er wol fornomd, det de groun, dêr't se nou op fêst sieten, sa hird wier as glês.
Hy seach ris om him hinne oer it wyld wâljende wetter. Oars neat to sjen as de goarwite skomkoppen fen 'e weagen, dy't mei fûle flecht op syn skip tasetten kamen. Greate tommelweagen oerstjalpen it skip en setten alles ûnder wetter. De man seach wol, det it oan board net langer feilich wier. Wol wier it in tige geef skip, mar tsjin dit gewelt fen wyn en wetter moast it sterkste boat op 'en dûr krimp jaen.
It giet him wol tige oan om syn boat forlitte to moatten, it boat, det him feilich oer sahwet alle séën brocht hat en hjir nou noch forûngelokje moat op it waed. Hwent dêr is er moai wis fen, det hja op it waed roun binne. As er inkeld mar wist hwêrearne sahwet. Wer sjucht er oer it wetter en wer sjucht er oars neat as skolperjende weagen. Né, dochs... hwet wier det? Seach er dêr net, oan syn lofterhân in lyts ljochtsje, det sa nou en den boppe de weagen út kaem? Hy kuerde oer it wetter. Ja, det koe net misse. Mar hwet wier det? Miskien it ljocht fen in boat ef sa? Né, det koe net, hwent it bleau aloan op itselde sté. Wachtsje ris, efkes mei de radio bisykje eft er ek forbining krije kin. Hastich giet er nei de radio-hut en skeakelt syn apparaten oan, nimt de microfoan fen 'e heak en praet
| |
| |
der yn. Den harket er. It bliuwt ûnhjirmlik stil yn 'e tillefoan.
‘Dêr koe ek wol hwet net mei yn oarder wêze,’ tinkt er en sjucht tagelyk nei de lampen. Den skoert er wyld de tillefoan fen 'e holle en swaeit dy yn in hoeke. De lampen binne út.
‘Trochbarnd,’ tinkt er lilk, ‘troch det geheimsinnige magnetyske fjild, det hjir hearsket.’
Wyld stout er nei boppen en ropt ûnderwilens al tsjin de Chinees, det er helpe moat om de sloep yn oarder to bringen.
Beide skreppe se nou mei de sloep om, dy't se den ek al ridlik gau klear hawwe. It to wetter litten moat mei tige omtinken barre, mar dochs leit it boatsje in amerij letter al op 'e weagen to dounsjen. Sels springe se der nou yn en sette ôf, de kant út nei it knypeagjende ljochtsje ta. It wol dy kant wol út, hwent hja ha flak foar de wyn. Hja moatte der inkeld tige om tinke, det it boat net dwers komt to lizzen ef det hja net troch in tommelweach ynhelle wirde, dy't den oer hjarren hinne brekke scoe. Yn beide gefallen koe 't wol ris ôfroun wêze mei de beide mannen.
Sa jeije se in skoftsje foar de wyn del, oant de sloep ek ynienen groun rekket en foartynienen fêst sit. Se kinne net fierder en stappe dêrom mar út en baeije troch it wetter op it ljochtsje ta, det rjucht foar hjarren út skimert. Under it rinnen wei hellet de man út it moatorjacht in kompas út 'e bûse en sjucht der op. De nidle fen it ynstremint wiist rjucht nei it húske ta.
‘Soa, soa,’ seit de man, ‘scoe dêr de boarne fen
| |
| |
it magnetysk fjild wêze. Wy scille it yn elts gefal nou wol gau witte.’
Al sa njonkelytsen ha se nou droech lân ûnder de foetten en binne al flak by it húske oanlânne, dêr't hjarren it ljochtsje út tomjitte skynt.
Hja rinne der togearre earst ris omhinne, mar kinne neat ûngewoans fine. In houten húske mei in hokje der neist. Deagewoan. It iennichste, hwet net sa gewoan is, is, det der alhielendal gjin finsters yn binne, útsein det iene lytse rútsje, dêr't it ljocht trochskynt. En det is noch sa heech fen 'e groun, det in minske der sa, sûnder 't ien ef 't oar om der by to kinnen, net troch sjen kin.
De man bliuwt krekt ûnder it finsterke stean en bitsjut de Chinees, det er him optille moat. It bihindige keardeltsje pakt syn gâns greater baes beet en tilt him omheech, sadet er troch it rútsje sjen kin.
Hwet er nou sjucht, hie er alhiel net forwachte. Hy sjucht trije jongkeardels dy't mei elektryske ynstreminten oan 't pielen binne. Hark, dêr prate se. Mar hy kin sa net goed forstean hwet se sizze en dêrom triuwt er syn ear stiif tsjn it tinne glês-skyfke.
‘Ik leau,’ heart er de iene sizzen, ‘det wy nou op 'e goede wei binne.’
‘Ja,’ andert in oar, ‘wy ha nou de macht yn hannen om X. to oerwinnen, as wy nou it jild mar hienen om it matrejael to keapjen om in loftskip to bouwen.’
‘Det biroerde jild,’ seit de tredde, ‘as wy det net krije kinne, scille wy it noch oansjen moatte, det de Greate Unbikende de ierde stikje by bytsje
| |
| |
forwoesticht. 't Is om út yens fel to springen!’
‘Ja,’ seit nou wer de twadde sprekker, ‘wy binne de iennichsten, dy't it tsjin dy greate forneatiger opnimme kinne, en nou binne wy likegoed noch oan hannen en foetten boun.’
‘Kûgelsk scoenen jy wirde,’ seit nou de earste sprekker wer, ‘nou hawwe wy syn fleanmesine sjoen, wy kinne him nou yn 'e gaten hâlde, mar wy kinne net by him komme, salang as er dêr sa heech boppe de ierde bliuwt.’
‘Woestû den...’
Hjir kin de Chinees syn baes net langer mear hâlde en lit him sakje, sadet de baes net mear hearre kin, hwet dy jongkeardel mei det reade hier krekt sizze woe. Alles hat er ek net forstien, hwent it is al safolle jierren lyn, det er for 't lêst de Fryske klanken heard hat, mar safolle hat er der wol fen bigrepen, det er hjir midden yn in great aventûr tolânne komd is. Det is krekt hwet for him en sûnder omtinken stapt er den ek nei de doar en kloppet mei foarse slaggen.
It dûrret al efkes foardet der iependien wirdt, mar de ûnbikende man hie it ek net oars forwachte en waerd dêrom ek net ûngedildich, mar wachtet bidaerd ôf, det der iependien wirde scoe. Op 't lêst gyng de doar iepen en in great, bonkich jongkeardel mei ljocht hier, stapt nei bûten. Det wier Jelle. Hy freget, hwet det bitsjutte moat.
De man andert him, det er mei syn boat op it waed fêstrekke is en det er nou net wit hwêr't se earne binne. Mar, om't se hjir in ljocht seagen,
| |
| |
wierne se der op taset, mei it risseltaet, det se hjir nou dweiltrochwiet foar de doar stienen.
‘Kom der den earst mar efkes yn,’ noeget Jelle de beide mannen, ef, sa't hy tocht, de man en de jonge.
Det litte de frjemden hjar gjin twa kear sizze en stappe yn 'e hûs.
De jonges seagen forheard op, do't de beide mannen yn 't folle ljocht kamen. De blanke, in bienbitich man mei in skerp, fen wyn, wetter en sinnebrân forhirde troanje, dêr't de ljochte blauwe eagen tige eigenaerdich yn oandienen en de Aziaet, in bihindich, linich mantsje, mei it giele oantlit, dêr't de donkere, skeansteande eagen yn glinsterje. De jonges en de frjemden minsterje elkoar in amerij en den giet de blanke sitten op 'e stoel, dy't Wibe him oanbiedt. De Chinees wegeret de stoel, dy't Haeije him jaen wol, mar giet flak efter syn master stean, as moast er dizze hoedzje for it iene ef oare gefaer.
Jelle is der suver mei oan, nou't er sjucht ho troch en troch wiet de beide frjemden binne.
‘It spyt my tige,’ sa bigjint er tsjin de man op 'e stoel,’ det ik jimme gjin droege klean oanbiede kin. It iennichste, det wy hjir hawwe, binne ús wollen swimklean.’
‘As jimme ús dy efkes ôfstean wolle, den scoe ik det tige op priis stelle,’ seit de man mei hwet in frjemde tongslach. ‘Mar mei ik mysels efkes foarstelle: China-Pier en dizze man is Tong Fo, myn feint, dy't fen alle merken thús is.’
Neidet de jonges do ek hjar nammen neamd
| |
| |
hiene, skrepten hja wakker om de swimklean for de beide frjemden to krijen. It dûrre den ek mar in amerij ef China-Pier siet yn Jelle syn swimpak en syn feint yn it pakje fen Haeije.
China-Pier joech him noflik del yn in stoel, frege om hwet to smoken, om't syn eigen dweiltrochwiet wirden wier, en fortelde do fen it ûngemak mei syn boat en fen alles hwet der mei gearhong. Mar hy sei der net by, det er wol wist, ho't det kaem.
Nei't er útforteld wier, frege Jelle eft it in great forlies for him wier, det jacht.
De man lake.
‘Oh,’ sei er, ‘it is gjin forlies, inkeld in ûngemak. As moarn de stoarm útraesd is, helje wy it boat der wer ôf.’
Jelle seach syn beide maten ris oan, mar sei neat mear, wylst China-Pier om him hinne seach en krekt die as foun er it alhiel sa't it hearde, det er yn in soarte fen laboratoarium forsyld rekke wier.
Op 't lêst gyng er oerein, wiisde op 'e jonges en sei earnstich: ‘Jimme witte like goed as ik, det it Jimme skild is, det myn skip dêr nou op it waed sit. Efkes foardet it ûnk barde, sloech de moator ôf, bleauwen de klokken stean, wiisden myn ynstreminten forkeard oan en forbaernden myn radiolampen en der wier fensels net sa folle ynsjuch for nedich om to bigripen det soks kaem, trochdet it boat yn in ôfgryslik sterk magnetysk fjild rekke wier. En de boarne fen det fjild is hjir, yn dizze ûneachlike klinte. Ho't Jimme it klearspile hawwe, om sok in fjild to meitsjen is my net alhiel klear,
| |
| |
mar kin my ek net folle skele. Sa gau as it dei is, scil ik myn biklach yntsjinje en forgoeding easkje for de skea, dy't ik hjirtroch oproun ha.’
De trije maten bilitsen alhiel ûnder it forhael fen China-Pier en sieten him forbûke oan to gapjen. Dit wiisde raer en as de man dwaen scoe hwêr't er mei driigde, den wist fensels mei koarten eltsenien, hwêr't hja mei dwaende wierne en den koe soks ek for Dr. X. net forhoalen bliuwe. Hwet der den barre scoe, dêr woene hja ljeaver net oan tinke. Det moast yn elts gefal foarkommen wirde, hwent det scoe ûnk bitsjutte for it hiele minskdom.
Op 't lêst naem Jelle it wird.
‘Det kinne Jo net dwaen, Jo witte net, hwet der fen ôfhinget, en net allinne for ús. Wy wolle Jo oeral mei helpe, mar siz foaral neat tsjin de minsken oer Jou aventûr op 'e Mar. Gjinien wit, hwet wy hjir dogge en ek mei gjinien it witte.’
En as China-Pier him yn 'e reden falle wol, giet er hastich troch: ‘Oh, it is net allinne for ús, det ik Jo det freegje, it is yn it bilang fen alle minsken.’
‘Soa, soa,’ seit China-Pier nei in skoftsje, ‘yn 't bilang fen alle minsken; dos ek yn myn bilang.’
‘Ja, krektlike goed,’ foel Wibe hastich yn.
‘Nou, det scil den wol sa wêze, mar ik kin det net ynsjen.’
‘Jo moatte ús leauwe,’ pleite Jelle, ‘wy meije en kinne Jo der neat mear oer sizze.’
‘Ha, ha,’ lake China-Pier, ‘mar det hawwe Jimme al dien.’
Do't de trije jonges him alhiel forheard oanseagen, forfette hy: ‘Foardet ik der ynkaem, ha'k
| |
| |
heard hwêr't Jimme it oer hiene. Oer X. en de Greate Unbikende.’
Skerp seach er de jonges oan, dy't net wisten ho't se hjarren hâlde moasten.
‘Do kaem my daliks in plan yn 't sin, det ik Jimme nou foarslaen wol,’ giet er troch, neidet er earst in skoftsje wachte hat op hwet de jonges nei syn wirden sizze scoene. Mar dy seine neat en dêrom leit er hjarren nou syn plan bleat, hwêr't er net folle wirden for nedich hat. ‘Jimme nimme my oan as maet yn Jimme bidriuw. Wolle Jimme det net, den fortel ik moarn, hwet hjir sa al omhear giet. Jimm' ha dos mar to kiezen ef to dielen.’
China-Pier swei en seach de trije jonges om bar oan.
Jelle forbrekt it swijen. ‘Ja,’ sei er, ‘as 't sa stiet, scille wy Jo wol as maet oannimme moatte, hwent it is gâns better, det ien it wit, as allegearre. Mar Jo witte net hwet Jo fen ús freegje en hwet Jo ús, en Josels miskien, dêrmei oandwaen kinne.’
‘Oandwaen kinne,’ lake de frjemdling, ‘kom, kom, sa slim scil 't dochs wol net wêze. Mar dêr komt noch by, Jimme witte ommers net iens hwet for in bêste maet Jimme oan my hawwe kinne.’
‘Det kin nou allegearre wol wêze,’ miende Jelle, ‘mar, howol't Jo josels as maet opkrongen ha, fiel ik my dochs forplichte om Jo to fortellen hwêr't it om giet en hwet for risiko Jo rinne, troch ús helpe to wollen.’
En den forhellet Jelle de nou stil harkjende man it forhael fen Dr. X., de Greate Unbikende.
Nei't er útforteld is, freget China-Pier: ‘En
| |
| |
binne Jimme nou net bang, det dy mynhear X. nou sjen scil, det Jimme bisiik hawwe en det er dêrút opmeitsje scil, det Jimme help hawwe?’
‘De diveker, ja,’ skrikte Haeije, ‘dy kâns is der ek noch. Scoene wy hjarren net better hjirneist hinne bringe kinne, Jelle? Den kin er hjarren tominsten net sjen.’
‘Ja, det is grif it bêste, nou't mynhear China-Pier...’
‘Pardon!’ foel dizze him yn 'e reden, ‘inkeld China-Pier, sûnder mynhear.’
‘Safollesto better,’ miende Jelle en forfettet den: ‘nou't China-Pier ús dochs helpe scil, kinne hja dêr better hinne gean. Hja komme de boel nou dochs to sjen. Wy kinne den likegoed wol prate, hwent wy kinne de skúf wol iepen stean litte.’
Hjirmei drukt Jelle op in knop en in skúf yn 'e mûrre giet omhegens. Utnoegjend wiist er op 'e iepening dêrefter en freget: ‘Scoene Jimme dêr miskien yngean wolle?’
Sûnder omtinken foldocht hjarren nije maet oan it forsiik, folge fen syn feint. Sa gau as se der goed en wol yn binne, bigjint China-Pier: ‘Ik hearde Jimme praten oer jild, det jimme brûke moasten. Nou't ik dochs ek yn 't komplot bin, wol ik fensels ek helpe en dêrom, siz mar hofolle as Jimme brûke moatte.’
‘Det is mear as in bytsje,’ seit Jelle, en it scil wol gâns mear wêze as de priis fen in moatorjacht.’
‘Och,’ laket de man út China, ‘jild telt net
| |
| |
mei. Jimme moatte jimm' al raer tjirgje, as jimme my dêrtroch hinne helpe.’
De jonges witte net hwet hja hearre. 't Is hast to moai om wier to wêzen. Den scoene se dochs noch hjar plannen trochsette kinne en sadwaende X. forhinderje om alles to forneatigjen, hwet er yn 't sin hat.’
‘Ja,’ weaget Haeije op 't lêst to sizzen, ‘mar 't scil wol in hiele slompe jild kostje.’
‘Mear as tsien miljoen?’ freget China-Pier.
‘Den scoe't net bêst wêze,’ seit Wibe, ‘tsien miljoen!’
‘Nou, ha den mar gjin noed. Dit bilooft ien fen de moaiste aventûren fen myn libben to wirden en ik ha oars al hiel hwet bilibbe. Dêr scil ik jimme skielk wolris hwet fen fortelle. Lit it jimme nou genôch wêze om to witten, det ik as jongfeint hjir út dizze oarden weireizge bin en sahwet de hiele wrâld sjoen ha. Mar ik woe wer ris werom nei 't rêstige âlde Heitelân, it lân fen de freedsume evenredigens, en sjuchdêr, dêr kom ik midden yn it greatste aventûr det in minske mar bilibje kin. Jonges, op my kinne Jimme rekkenje. For 't aventûr ha'k alles oer. En lykwols, as it is sa't Jimme sizze, en dêr twifelje ik net oan, den scoe 'k mei koarten dochs neat mear oan myn jild hawwe.’
De jonges springe omtrint oan 'e souder ta fen blidens, nou't der oplêst by hjarren yngiet, det hja wier, wier hjarren plannen útfiere kinne. Mar gjin sterveling mei der eat fen witte fensels.
Hja prate ôf, om sa gau as wyn en wetter it talitte, nei it moatorjacht to gean, om der ôf to heljen,
| |
| |
hwet hja nedich hawwe en om den de sloep ûnderste-boppe driuwe to litten, sadet, as ien en oar foun wirdt, men der út opmeitsje scil, det de eigner fordronken is.
Fierder wirdt der ôfpraet, det China-Pier mei de Chinees yn it lytse húske mei it brûnzen dak bliuwe scille en det Jelle-en-dy soargje for iten en drinken. Meiinoar kinne se den de plannen opmeitsje en de teikeningen meitsje en sa gau as alles fêststiet hwet se ha moatte, scil det bisteld wirde. En sa bart it ek. As de trije jongeljue yn 'e iere moarntiid nei hûs swalkje is alles útfierd, sa't it ôfpraet is en lizze China-Pier en syn feint rêstich to sliepen yn 't húske ûnder de brûnzen platen. |
|