| |
| |
| |
Haedstik 7. De greate fynst.
Haeije rint de lêste dagen, krekt as Jelle, earne mei om. 't Is klear to sjen, det hja 't ien ef oar yn 'e holle hawwe, hwêr't swier oer tocht wirde moat. It makket Wibe mar noartich, hwent se binne allebeide sa ticht as in pôt. Hwet is der nou ek oan, om mei sokke maten to arbeidzjen? Sels pielt er, de iene dei yn en de oare út, oan it probleem fen de strielen, sûnderdet er folle fierder komd is. Haeije helpt him fensels wol, mar 't is de lêste dagen dochs krekt, eft er der net alhiel mei syn oandacht by is.
Nou, en Jelle is der alhiel net mear mei syn forstân by. Dy docht oars mar neat as sitte to brieden oer det blêd, det se yn it Arabyske boek foun ha. It spyt Wibe tominsten safolle hierren as er op syn holle hat, det er mei Jelle oer det boek praet hat. It liket wrychtich wol eft de beide oaren de Greate Unbikende alhielendal forgetten binne.
Mar hjir is Wibe de planke frij hwet mis. Hwent nou't se wer mei syn trijen yn Jelle syn keammerke sitte, seit Haeije ynienen: ‘Jonges, ik ha in theory opsteld, mei help hwêrfen wy miskien yn steat wêze scille, om it loftskip fen X. sjenber to meitsjen.’
‘Ik bin bliid to hearren, detst noch tinkst oan
| |
| |
detjinge, hwêr't wy eins mei dwaende binne,’ kin Wibe net neilitte to sizzen, al hat er net sa'n great bitrouwen yn Haeye syn theory. As dy nou ek al mei theoriën bigjint, hwêr mei de ein den wol wêze.
‘Ik ha de lêste dagen oars nearne oer tocht,’ seit Haeije.
‘Lit ris hearre, hwet det for in theory is,’ moedicht Jelle him oan.
‘Sjuch,’ sa bigjint Haeije, ‘ik ha sà tocht. As X. dêr safier boppe de ierde omsweeft, moat er it wol tige, tige kâld hawwe, as syn skip tominsten net troch de sinne forwaerme wirdt. Is 't net sa?’
‘Ja,’ knikt Jelle biwûnderjend, ‘dêr hast gelyk oan.’
‘Mar,’ merkt Wibe op, ‘it scoe ek mooglik wêze kinne, det X. yn steat is, syn forbliuw elektrysk to forwaermjen.’
‘Det is sa,’ jowt Haeije foart ta, ‘mar tink ris oan, hwet det bitsjutte moat om in konstante temperatûr to ûnderhâlden yn in metalen sylinder, dy't sa'n great ôfkoeljend opperflak hat. Mar, fensels, by X. is alles mooglik.
Mar goed, nim nou ris oan, det X. dy kwesje op de maklikste menear oplost hat troch it hiele ding troch de sinne forwaermje to litten. Den wirdt it loftskip dos wol troffen troch de infra-reade-strielen. As wy dy nou ris transformearje koene, sadet se yn it sjenber part fen it spektrum to lizzen kamen, den wierne wy klear.’
‘En ho woest det dwaen?'’ freget Wibe binijd.
‘Det is 't him krekt, det wit ik net.’
| |
| |
‘Prachtich,’ narret Wibe him, ‘dêr ha wy tominsten hwet oan. Sa aveseart it gâns.’
‘Hast sels sims in better idé?’ freget Haeije kalm.
‘Né, det nou wol net...’
‘En dochs,’ falt Jelle hjir yn, ‘is det de wei dy't wy gean moatte, en hwet mear is, dy't wy gean scille en... kinne.’
‘Kinne, ho bidoelst det?’ freegje syn maten tige binijd.
‘Ja, jonges, 't is hjoed in greate dei. Fennacht ha 'k de kaei foun for dit boek,’ en hjirby wiist er op 't boek fen de Hadschji.
‘Det hat hiel hwet hollebrekken koste, mar... it is nou den dochs safier det ik it foun ha. It wier just dêrom sa biswierlik, om't it sa maklik like en men de formules sa glêd neirekkenje koe. Mar der wier in kaei for nedich om efter de wiere bitsjutting to kommen, en dy ha 'k, sa't ik al sei, fennacht foun. En do't ik dy yn 'e hannen hie, waerd it for my wier in iepen boek. En hwet for in boek.’
Jelle hâldt op en sjucht nei syn beide maten, dy't him mei iepen mûle oangapje. Mar as hja neat sizze en him inkeld fol forwachting oansjugge, fortelt er wer fierder.
‘Jonges, wy tinke nou wol, en hjirmei bidoel ik alle nou libjende minsken, det wy sa tige, tige knap binne; det wy de natûr sahwet al hjar geheimen ûntfytmanne hawwe en det wy better op 'e hichte binne mei alles hwet der twisken himel en ierde bart, as hokfor minskelaech ek, foar ús.
Mar och, jonges, hwet binne wy fier mis. Yn dit
| |
| |
oerâlde boek steane dingen, dêr't ik it bistean fen net iens yn myn dreamen for mooglik hâlde scoe. En nou komt noch it bêste...’
Mei ljochtsjende eagen sjucht Jelle syn maten bar om bar oan en forfettet den, tige de klam lizzend op elts wird: ‘Der stiet yn, det, hwet wy sykje...’
Nou kin er himsels net langer hâlde. Hy springt oerein, stekt beide hannen boppe de holle en ropt, as earen de Grykske wysgear: ‘Euréka, Euréka.’
Haeije en Wibe springe nou ek oerein en den dounsje se troch de keamer ûnder alderheisliksten gebear en gedoch.
It dûrret mar efkes, den fljucht de doar iepen en komt Jelle syn mem de keamer ynstrûzen en 't earste hwet se freget is eft se nou samar efkes net wiis wirden binne.
Mar, och ljeave stakkert, hja hie better weibliuwe kind, hwent nou moat se meidounsje, eft se wol ef net, ho't hja ek tsjinakselt. De jonges pakke hjar beet en litte hjar net earder wer los, foardet hja thé mei in koekje biloofd hat. Earst den wirdt se wer frijlitten en hja fordwynt noch wol sa hastich út 'e keamer as det hja der earst ynkomd is.
Wibe fynt det in teiken fen foarútgong, hwent it wiist der neffens him op, det hja for gewoane minsken al knap gefaerlik wirde en as Jelle syn mem op 't lêst mei it biloofde komt, kin Jelle net neilitte to sizzen:
‘Sjucht mem nou wol, det wy noch sa gek net wierne. Dit ha wy der alteast mar wer mei úthelle.’
| |
| |
‘Dêrom hoechde it noch sa raer net, in bytsje minder hie ek skoan takind,’ fjurret syn mem wer werom. ‘It skeelde de helt net, ef jimme hienen my sa tamtearre, det ik net iens oan thésetten ta komd wier.’
‘Det foel wol efkes ta, Mem. Mar wy hienen ynienen alle trije sa'n goed sin, det wy ús efkes útraze moasten.’
‘Det scil den wol sa wêze, mar hwêrom hienen jimm' eins sa'n goed sin en det sa ynienen?’ freget syn mem wol hwet nijsgjirrich.
‘Ja, Mem, det sizze wy noch net, mar Mem scil mei koarten wol fen nuvere dingen hearre.’
‘As 't den mar net slimmer wirdt as niiskrektsa, hwent oars bin 'k bang, det der neat hiel bliuwt,’ eanget syn mem, wylst se derút giet.
‘Moast ús mem ris witte, hwêr't wy mei dwaende binne, den krige hja gjin wink mear yn 'e eagen,’ seit Jelle, neidet syn mem de doar wer tichtdien hat.
Nei dizze wirden is 't efkes stil en alle trije tinke se der oer nei, hwet hjarren miskien noch to wachtsjen stiet. Jelle forbrekt it swijen.
‘Nou jonges,’ sa bigjint er, ‘nou binne wy den sa fier, det wy mei koarten X. syn fleanmesine sjen kinne. Himsels scille wy wol net yn 'e fesier krije kinne, mar det is ek net fen sa'n great bilang, hwent hy is boun oan syn loftskip. Wy moatte nou in apparaet meitsje, dêr't wy de infra-reade-strielen út it spektrum mei skiftsje kinne, om se den to transformearjen nei it sjenber part. Mar det is nou,
| |
| |
neidet ik de kaei foun ha op dit boek, net mear ûnmooglik.
Det is it earste, hwet wy to dwaen hawwe en den, en det is net sûnder gefaer, moatte wy bisykje atomen-energy frij to meitsjen, sa't det oanjown is op it aparte blêd pompier, det Wibe en ik yn it boek foun hawwe. Ik forswij jimme neat. Sa't it dêrop oanjown wirdt, moat it kinne, mar... kinne wy de energy de baes bliuwe, as dy frij komt? Mei dy frage stiet en falt net allinne it hiele experimint, mar ek ús bistean. Untkomt it ús, den farwol X., farwol heit en mem, farwol sé en waed, den is 't út, mei Jelle, Wibe en Haeije en gjin minske scil oantsjutte kinne, hwet der mei ús bard is, hwent der scil gjin sprútsel fen ús oerbliuwe.
Sà, nou witte jimme it. Ik ha dit sein, om jimm' to warskôgjen. Mar werom kinne jimme nou net mear. Meidwaen en meihelpe, det der net sa it ien ef oar bart as ik niiskrektsa sei, det is it iennichste. Wy ha de krêften yn 'e hân, dêr't it minster út 'e stratosfear mei fordylge wirde kin. Dogge wy it net, den forwoest er de ien ef oare tiid de hiele ierde, sa't er nou al docht by lytse stikjes.’
Haeije en Wibe binne bleek om 'e noas wirden ûnder Jelle syn útiensetting, mar oan hjar eagen sjucht er, det er op hjarren rekkenje kin.
‘Wy binne yn in raer aventûr bihelle,’ seit Haeije op 't lêst, ‘mar wy moatte nou folhâlde en sa hird oan 't wirk as wy mar kinne. As wy X. net forneatigje, docht hy it ús.’
‘Krekt,’ seit Wibe, dy't it net litte kin om Haeije dwers to sitten, ho mâl as 't der ek foarstiet, ‘hast
| |
| |
dêr nou sa lang oer dwaen moatten om det út to finen?’ En den seit er tsjin Jelle: ‘Hwêr woest det wirk dwaen; hjir ef op it waed?’
‘Op it waed,’ andert Jelle sûnder him ek mar in amerij to bitinken, ‘hjir scoe 'k it net weagje. Fierstento gefaerlik. En den, wy scoene der nea yn slagje om de boel sa ôf to skermjen as nedich wêze scoe. De hiele boel scoe hjir magnetysk wirde. Op it waed, oan 'e igge fen 'e sé, hat gjin minske der lêst fen en wy ha dêr folle mear ús gerak.’
‘Mar bist den net bang, det X. dy op 'e hannen sjen scil?’ wol Wibe witte.
‘Wy moatte in lyts hokje meitsje neist ús húske en det mei brûns ôfdekke. Yn det hokje moatte wy den it slimste wirk dwaen, det er perfoarst net sjen mei.’
‘Ja,’ stimt Haeije daliks mei, ‘sa scil 't wol moatte, hwent wy meije net mear risiko rinne as heechst nedich is.’
‘Dêrom! Dos, ôfpraet, jonges, moarn de dei bigjinne wy wer yn ús âlde laboratorium en den mar wer mei moed fierder,’ bislút Jelle.
‘My tinkt,’ merkt Wibe op, ‘det wy al aerdich op wei binne om X. op to lossen.’
‘Det liket my ek sa ta,’ stipet Haeije him. ‘Mei koarten ha wy X. útfoun, as 't sa trochgiet.’
‘'k Leau ek wol, det wy it safier bringe,’ stimt Jelle mei, ‘mar den hawwe wy it noch net woun, jonges. Hwent den moat blike, hwa fen ús de sterkste is. Nou is hy it, fierwei, en dêrom binne wy nou ek noch wol feilich. Mar hwet der barre scil as er yn 'e gaten kriget oer hokfor middels as wy
| |
| |
biskikke, wit ik net sa lyk. Jimme kinne der mar fêst op rekkenje, det er den neat net to noflik wêze scil. Mar hawar, det komt letter allegearre wol. Dêr scille wy ús nou noch mar net de holle oer brekke. Jongens, moarn nei it waed!’ Hy hellet in doaske út 'e bûse en docht it iepen. ‘Haeije, Wibe, in sigaret!’ |
|