| |
| |
| |
Haedstik 5. Dr. X.
Sa heech boppe de ierde, det it bistean fen de dampkring net mear oan to jaen is, driuwt it stielen skip fen de Greate Unbikende.
It is gjin sylskip det dêr driuwt, ek gjin steamskip, ja, it liket net iens op in loftskip, sa't se hjir oant nou ta bikend binne.
It sjucht der frijwol sa út, as Haeije sjoen hat, do't er it forûngelokjen fen de Russyske stratosfear-ûndersikers seach.
It is in ûnbidich greate stielen silinder mei koarte draechflakken oan beide siden. It skip rint fen foaren en fen efteren skerp ta, wylst oan de efterkant noch in pear útstyksels binne, dy't tsjinje for it stjûren fen it stielen mûnster. Efter dy flakken forditsen binne in stikmannich kanalen fen deselde soarte as se ek oan de foarkant binne. Dy kanalen dogge tsjinst by it ôfsjitten fen de raketten, dêr't de Greate Unbikende syn loftskip in fantastyske feart mei jaen kin.
Haeije hat wol goed sjoen, do't er sei, det it ding, det er sjoen hie, krekt in greate snoek wier. Twa greate eagen steane foar oan 'e kop. Sa't Wibe al oppenearre hie, wierne det de teleskoopeagen fen it mûnster. Troch in bûtengewoan fornimstich linzestelsel is it mooglik om dêr, lyk as by
| |
| |
in fiske-each, 360 graden mei to sjen, hwet dos sizze wol, det min de hiele rounte fen 'e horizon tagelyk sjucht.
Mar det is net de iennichste mooglikheit, ek binne it tagelyk de elektryske eagen fen Dr. X, dêr't er mei sjen kin, hwet er wol.
Det is, sa't it der fen bûten útsjucht. Fen binnen is der gâns mear to sjen.
Earstens is der it greate salon, mei in pear maklike stoellen, in leech bêd, det tagelyk as divan tsjinst dwaen kin, swiere kleden oer 'e flier en in stikmannich boekekassen, dy't fen ûnderen oant boppen fol steane mei boeken.
Oan 't lewant hingje hjir en dêr mjitynstreminten, dêr't Dr. X. (sa neamt de eigner himsels) op sjen kin, ho't it stiet mei de loft yn 't salon, mei de temperatûr en sa al mear. Yn it salon en trouwens oeral, yn 't loftskip, is deselde druk as op 'e ierde, sadet min oan neat merkbyt, det men safier der boppe is.
Rjucht tsjinoer it bêd is in wyt skerm oanbrocht, wylst boppe it bêd in skeakelboerd is, dêr't neist in knoarre skeakelders, mjitters en sa fierder, ek in mikrofoan oan hinget. Dêr boppe is in boerd, dêr't in lûdsprekker oan fêstmakke is. Oan 't foettenein fen 't bêd stiet in lange tafel, dêr't in hiel soad mesyntsjes op monteard binne, ûnder oaren in pear elektryske gramofoanmotoaren.
For safier it salon. Rjucht dêrfoar is in keammerke, dêr't ek al wer nea sjoene ynstreminten en apparaten yn steane. Foar in tafel, dy't suver bisjidde is mei in great forskaet fen mjitters, stiet in
| |
| |
stoel. Fierder binne der gjin meubels to bikennen. Dit is nou, hwet op in skip de kaertekeamer en de brêge is. Ut dit hokje wei, kin it hiele skip fen ien man bistjûrd wirde. Hjir kin de stjûrman sjen, ho heech as er is, hwêr't er hinne giet, ho great de flecht is en ho sterk de wriuwing is tsjin de loft, en for oer de mjitte greate feart, hofolle de hûd fen it skip waermer wirdt troch de wriuwing.
Hjirfendinne kinne ek de raketten bitsjinne wirde, dy't tsjinje moatte om it skip syn feart to jaen. Troch mear ef minder sterke raketten to brûken, hat Dr. X. hjir teffens de flecht mei yn 'e hân, dy't er it skip jaen wol.
Oan 'e oare kant it salon is ek in keamer, efkes greater as de stjûrkeamer. Dy hat de Unbikende ynrjuchte as laboratoarium en radio-keamer.
Hjir sjucht it der noch frjemder, gelearder en geheimsinniger út as yn de oare beide keamers by elkoar. It is ûnbigryplik, det der safolle ynstreminten, radio-apparaten, mesinen en sahwethinne yn sa'n lyts hokje by inoar kinne, mar noch folle ûnbigrypliker is it, det der noch immen wiis út wirde kin. Mar Dr. X. kin it en hat der neat gjin moeite mei.
Yn dit laboratoarium stean ek de apparaten, dêr't er de atomen-energy mei frij makket, de tastellen for farske loft en dy for it opnimmen fen de forbrûkte loft en de ynrjuchting, dy't de druk yn 't loftskip op peil hâlde moat.
Hjir stiet ek it lytse mesyntsje, dêr't hy it skip mei om syn langte-as draeije litte kin, om net altyd mei deselde kant nei de sinne ta to lizzen.
| |
| |
Hwent as de sinne almaroan op ien kant stiet to brieden, scoe it der fierstento hjit wirde en ek de temperatuer yn it loftskip scoe pleatselik to folle forskele. Hjir blykte op 'e nij út it greate oerliz en de ûnbigryplike kinde fen X, hwent wol hie er de ljochtstrielen om it skip hinne bûgd, mar net de waermtestrielen. Dy hie er net ôfskerme en det koe fensels ek net, oars scoe er deafrieze yn syn stielen silinder, om't it op dy greate hichten sa kâld is as nearne op ierde. Mar om't er syn skip nei de waermtestrielen draeije kin, honear't er mar wol, kin er dêr de temperatuer mei regelje.
Nou scoe men tinke kinne, det troch it draeijen de hiele boel op kop to stean kaem. Mar dêr hat X. ek al wer hwet op foun, troch de keamers kardanysk op to hingjen, d.w.s. det dy sa yn 't skip oanbrocht binne, det, ho't de silinder ek draeit, de keamers altyd rjucht hingje.
Sa as it loftskip dêr hinget, heech, heech boppe de ierde, is der gjin biweging yn to sjen. Ek fen binnen is alles stil. Neat forweecht.
Yn it salon leit de Greate Unbikende X. en sliept. Kalm en rêstich leit er dêr.
Wibe hat it net sa min ret, it is in Mongoal.
Hwêr komt dy man, mei dy ûnbidige skedel, hwêr't gjin hierke op to bikennen is, wei? Ut hokfor hoeke fen it ûnmjitlik greate Asië komt dy man, dy't biskikke kin oer krêften, dêr't allinne it aldergeleardste part fen 'e minsken in lyts bigryp fen hat?
Hy, Dr. X., is berne yn it ûnbikende Thibet en greatbrocht yn in Lama-kleaster, hwêr't de wiis- | |
| |
heit fen ieuwen en ieuwen troch de learde mûntsen biwarre en útwreide waerd.
Hy learde dêr alles hwet men him leare koe. Ynwijd waerd er yn de geheimen fen it libben en de natûr, en syn fluch bigryp naem alles like maklik op as in spûns it wetter.
Hy waerd troch syn ûnbidige leardens lieder fen de mûntsen, oan't er op in dei ûntdiek, hwet alle leardens fen it Westen net fine kind hie.
Fen do ôf gyng er op 'e swalk en liet oeral, yn alle lânnen fen 'e wrâld, in part meitsje fen it loftskip, dêr't er nou yn to sliepen leit. Oer hege bergen en troch de greatste woestenijen wier it spil brocht nei it plak midden yn 't ûnbikendste part fen Asië, det er dêrfor útsocht hie. Hjir liet er alles, ûnder syn eigen tafoarsjuch, yn elkoar sette en do't it klear wier, gyng er deryn om syn earste greate died fen forneatigjen to folbringen. Kalm gyng er mei it stielen tastel omheech, en do't er ryklik hûndert meter heech wier, smiet er in lyts kûgeltsje nei ûnderen, midden twisken it wirkfolk, det syn skip makke hie en det mei nocht stie to sjen ho moai it skip, det hja makke hiene, omheech kleau.
Suver op 't selde stuit stiek er in raket ôf, dy't it skip mei kûgelsfeart omheech twong. Fen de fornielende explosy fen it ûneachlike kûgeltsje hearde ef seach er neat, om't er stikken hirder fleach as it lûd. Mar do't er efkes letter syn televisy-apparaet rjuchte op it plak, hwêr't er wei omheech gien wier, koe er it net wer werom. De forwoesting, troch syn kûgeltsje towei-brocht, hie it hiele oansjen foroare. Gjin minske scoe mear
| |
| |
fortelle kinne, hwêr't er wier en hwet der fen him en syn fleanmesine wirden wier. Fen al syn helpers wier net ien oerbleaun.
Nou leit er dêr en sliept sa rêstich as in bern yn de hoede fen syn Mem.
Dr. X is de iensumste minske dy't der libbet. Alhiel allinne swalket hy yn syn wûnder tastel om de ierde. Eins is er al net iens mear fen dizze ierde hwent hy leit nou bûten de gryp fen 'e swiertekrêft. Syn skip wirdt net mear fen de ierde oanlitsen; nei ûnderen falle kin er net mear. Dêrtroch is it ek mooglik, det der nou gjin inkelde mesine arbeidet.
X wirdt wekker. Hy giet oerein sitten en hellet in lyts koperen kistke nei him ta, hwêr't er in sigaret út nimt. Mei in langsume biweging pakt er in metalen stêfke by it swarte hânfet en drukt op in knopke dêr't er op sit. It stêfke wirdt gleon. Hy hâldt it foar syn sigaret en hellet mei great geniet de reek nei binnen. It stêfke, det oan in tried bifestige is, lit er wer bingelje en hy komt oerein. Noch heal yn 'e sliep wei rekt er him út en seit by himsels: ‘Wy scille mar wer ris hwet tichter by de ierde sjen.’
Hy rint nei de stjûrkeamer, giet op 'e stoel sitten en hellet in skeakelder oer. Suver op 't selde stuit sjit it loftskip foarút.
Hy hat in raket ôfsketten. De pof fen de eksplosy heart men net, om't der alhiel gjin loft is, dy't it lûd foartplantsje kin. Mar ek, al hie der wol loft west, den hearde men der yn it skip dochs neat fen, om't det folle hirder giet as 't lûd.
| |
| |
Hy sjit rjucht op de ierde ôf en it dûrret den ek net sa botte lang ef it skip komt wer yn de oanlûkingskrêft derfen.
Hy manipulearret hwet mei it roer en nou blykt, ho goed er it stielen loftmûnster yn 'e hân hat. Stadichoan foroaret it syn rjucht nei ûnderen geande baen om dy op 't lêst yn in horizontale to foroarjen. Sa gau it skip dizze pesysje ynnomd hat, hellet X in oare skeakelder oer en in mesine yn it stjûrhok bigjint to gounzjen. De draechflakken oan beide siden fen it skip, dy't as propeller útfierd binne, bigjinne to draeijen. Efkes sjucht er noch op in mjitter, dêr't er op sjen kin hofolle de flecht fen syn fleanmesine troch de finnen ôfremd wirdt. Tofreden knikt er mei de holle, hwent hy wit nou, det nei koarte tiid it tastel sahwet tsien kilometer boppe de ierde, stil yn 'e loft hingjen bliuwe scil.
Nou giet er wer werom nei syn salon, en 't earste hwet er dêr docht, is op in knopke drukke. Daliks komt der biweging yn de mesyntsjes op 'e greate tafel. Stielen earms pakke in gramofoanplaet fen in draeitafel fen in elektryske gramofoan en lizze de plaet op in oare draeitafel. Sa gau as de plaet leit, bigjint de moator fen 'e gramofoan to draeijen en in pick up, ef in elektryske ôfnimdoaze, wirdt automatysk op 'e plaet set. Foartdaliks komt der libben yn 'e lûdsprekker. In stimme seit yn it Ingelsk al it nijs det der de lêste ûren op lerde bikend wirden is.
Dit is eins net in útfining fen X., mar in handich gebrûk meitsjen fen al bisteande dingen. Hy
| |
| |
hat in radio-apparaet, det ötsteld is op de weach fen in greate Ingelske útstjûrder, dy't al it nijs fen 'e wrâld omropt, lyk as it Algemien Parsebureau yn ús lân. Ynpleats fen in lûdsprekker is der oan det apparaet in pick up oansletten, dy't yn forbining mei in elektryske snij-ynrjuchting, al itjinge, det der útstjûrd wirdt, foart op in gramofoanplaet fêstleit. Sa gau as nou de Greate Unbikende it oan tiid hat, kin er dy platen wer ôfdraeije litte en sa dwaende altyd op 'e hichte bliuwe mei hwet der ûnder op ierde bard is.
De stimme fortelt nijs út Amerika, Ingelân, Frankryk en Dútsklân en fen de oarloch twisken China en Japan.
De eagen fen de Greate Unbikende bigjinne ûnheimlik to glinsterjen. ‘Ha, ha,’ laket er súntsjes yn himsels en lit syn giele tosken sjen.
As de jonges him sa sjen kind hienen, scoenen se hjarren noch wol tsien kear bitocht hawwe, foardet se mei him bigoun wierne. Unheimlik sjucht er der út. Syn eagen glinsterje sa fel, det it klear to sjen is, det syn geast net mear soun is.
‘Ha, ha,’ laket er wer, as er heart hofolle deaden der fallen binne.
‘Wachtsje mar, oan't ik bigjin. Den scille jimme wol oars opsjen. Hwet wierne Dingis Khan, Julius Caesar, Alexander de Greate en Napoleon by my forlike. Ik bin de Hear fen 'e wrâld. Ik kin jimme oplizze hwet ik wol. En wé, wé, dy't net docht, hwet ik fen him easkje.
Jimme ierdwjirmen, yn myn hân leit jimme bistean. As ik wol, is yn koarte tiid alles fornea- | |
| |
tige, hwêr't jimme sa greatsk op binne en gjinien scil der oerbleaun wêze om de greate foroaring to sjen.’
Heech rjuchtet er him op, slacht mei de hân op syn boarst en ropt lûd: ‘Allinnich ik, ik scil oerbliuwe.’
Hy wirdt wer hwet kalmer en harket fierder, mar de nocht is der ôf en hy skeakelt de boel wer út.
‘Efkes by myn jonge frjeonen sjen,’ seit er by himsels. Syn hân giet oer ien fen de knoppen op it boerd, boppe de divan.
In sêft rûzen yn de lûdsprekker wiist der op, det er in radio-apparaet oanset hat.
Boppe it skerm bigjint it to flikkerjen yn alle mooglike kleuren. Hy hat syn automatyske ûntfanger oanset en dy ljochtsjes fortelle him, op hokfor weagen der op ierde útstjûrd wirdt.
‘Neat bisûnders’, seit X., ‘allegearre de gewoane amateurs, skippen en greate lânútstjûrders. Hwêr scoenen myn frjeonen tsjintwirdich sitte? Ik ha nou al yn gjin tiden hwet fen hjarren heard. Mar ris efkes sjen, eft se net yn hjar laboratoarium binne.’
Hy draeit oan in oare knop en op it skerm, rjucht foar him, komt nou in byld. Mar it is to dizich om krekt to sjen hwet it is. As er noch hwet hinne- en wer draeit, wirdt it byld al klearder. Op it skerm sjucht er nou de kalme weachjes fen in great wetter.
Hy draeit fierder...
Wetter, wetter en dêr... bigjint in lege stripe lân, dy't stadich út it wetter opkomt. Neat is der
| |
| |
op det lân to sjen, det allike forlitten is as it wetter. Skulpen lizze to glinsterjen yn de sinne, tûzenen en tûzenen. It is it waed. Fierder draeit er en ringen komt det, hwet er siket. It laboratoarium fen Jelle en syn maten.
Nou hâldt er op mei draeijen oan dy knop en bigjint oan in oaren ien. It byld wirdt efkes hwet ûndúdliker, mar den is 't wer skerp. Hy sjucht nou dwers troch it dak hinne yn it lytse húske op it waed.
Mar dy't er dêr siket yn it húske, binne der net.
‘Frjemd,’ tinkt X., ‘scoenen hja de striid nou al opjown hawwe, kwalik neidet se bigoun binne. Det liket my raer ta. It scoe my ek spite, hwent it wier in aerdich forsetsje, wylst ik boppedet ek wol ris witte wold hie, hofier as se it bringe kind hienen. Mar as se net wolle!’ raest er ynienen, ‘scil ik se twinge ef forneatigje!’
Mei greate stappen rint er syn salon op en dèl. ‘Ik bin de master,’ seit er foar him hinne. ‘Hwa kin my hwet dwaen? Gjin sterveling wol ik hjir boppe ha. Eltsenien, dy't it weaget heger to kommen as 10 K.M. is forlern. Krekt as dy Russen.’ Lûdop laket er, nou't er dêr wer oan tinkt. ‘Ha, ha, woenen de geheimen fen de Stratosfear útfiskje. Nou, se ha se foun!’
Haeije hat it dos wol goed field, det de Greate Unbikende der de hân yn hawn hie. En Haeije wier de iennichste, dy't yn syn ûnderbiwust wêzen it wiere aerd fen Dr. X. oanfield hie. Mar syn bitrouwen yn Jelle wier greater as it gefoel, det him warskôge for gefaer.
| |
| |
‘Ha, ha,’ laket X. en hy tinkt wer oan de jonges, ‘hwet leinen se dêr moai yn 't wetter to sparteljen, do't it sok fen myn skip hjarren ûndersteboppe goaide. Hja scille wol net bigrepen hawwe, hwet det west hat. En do hjar stomforbaesde gesichten, do't ik it hjarren fortelde...’
Ynienen hâldt er op en sjucht nei de flikkerjende ljochtsjes boppe it skerm. Ja, hy hat it goed sjoen. Mei koarte twiskenskoftsjes ljochtet der in grieneftich lampke op.
Hy giet op syn divan lizzen en draeit oan in knop en hellet in skeakelder oer. Foartynienen komme der morseteikens út 'e lûdsprekker. Hy ken de toan al en wit, sûnderdet er noch heart hwet der seind wirdt, hwa't der oan 'e gong binne.
‘Aha,’ seit er ‘dêr binne se wer, myn jonge frjeonen.’
Hy nimt de mikrofoan fen it boerd. Trochdet er det docht, wirdt syn útstjûrder oansletten. Nou sjucht er wer nei it skerm en wrychtich... dêr binne de trije maten wer mei de radio oan 't pielen.
Efkes wachtet er noch, oan't it seinen ophâidt en sprekt den yn 'e mikrofoan:
‘Hallo, hjir X. Ik tocht al, det jimme it mar opjown hienen, omdet ik yn sa'n skoft neat mear fen jimme heard hie. What's the matter!’
Daliks derop fluitsje der morseteikens wer út 'e lûdsprekker.
Dr. X. harket en sjucht wilens nei it skerm, hwêr't er krekt sjen kin, hwet de jonges dogge.
X. lûkt efkes in mâl gesicht, as er heart hwet Jelle seint.
| |
| |
‘Hwêrom scoenen wy ús drok meitsje? Wy ha de tiid en scille wol útfine, hwêr en hwet jo binne.’
Dit wirdt de Unbikende mâl genôch. Gjin minske scil útfine kinne hwêr't hy forkeart en hwa't er is. En nou fortelt sa'n aep fen in jonge dêr deakalm, det hy it wol útsykje scil.
‘Hallo,’ praet er wer yn de mikrofoan, ‘det scoe jimme wolris neat tafalle kinne. Ik bin oeral en nearne. Ik gean, hwêr't ik wol, al scoe 't ek nei de moanne wêze. Gjin minske kin my keare, hwent ik bin net to finen. Hjoed bin ik oan 'e Súdpoal en moarn oan 'e Noardpoal. Gjin minske hat macht oer my, mar ik ha de macht oer alle minsken. Det scille se merkbite, as de tiid dêrfor komd is. Nou wol ik jimme net mear sjen en hearre.’
Pang, slacht er de skeakelder oer en hinget mei in klap de mikrofoan wer to plak. Den drukt er noch in knopke yn en der is neat mear to sjen, wylst de lûdsprekker swijt. Allinne it gounzjen fen de mesine for de finnen wirdt heard.
X. jowt him efteroer del op syn divan en tinkt nei.
Hwet giet der om yn det brein, det mear kennis bifettet as der ea ien west hat? Hwa scil 't sizze?
Dr. X is de iensumste, geleardste en frijste man, dy't der ea libbe hat. Hy hoecht gjin minske nei de eagen to sjen; stiet fier boppe keizers en keningen, dy't altyd noch omtinken ha moatte for hjar eigen folts en for oare hearskers; hy is net boun oan de ierde, ja, hy is frijer as de stjerren, hwent dy is hjarren baen noch foarskreaun, dêr't se net fen ôfwike kinne.
| |
| |
Dr. X wit det allegearre en det is syn ûngelok. Sok witten is to swier for in minske, ek for de Greate Unbikende; syn forstân hat der ûnder lijd, syn geny is him oermânsk wirden.
Hy wit, det er de wrâld oerhearskje kin, mar allinne troch twang. Syn sterkens leit yn de ynoarme mooglikheden ta forneatigjen, dy't er hat. Hy kin de minsken de wet foarskriuwe, mar hy moat hjarren syn macht fiele litte. En det idé hat 'm by him fêstset. Hy scil de minsken syn macht fiele litte op grousume wize.
Ut 'e wittenskiplike mûnts, is nei de greate ûntdekking, in wittenskiplik mûnster woechsen.
Hysels is feilich yn it harnas fen syn wittenskip. Mar lyk as Siegfried fallen is troch ien lyts kwetsber plakje, det ûntstien wier trochdet der in blêd op foel, do't er baeide yn it ûnkwetsber meitsjende ôloed fen de fen him deamakke draek, sa hat ek Dr. X in kwetsber plakje, det him gefaerlik wirde scil, syn idelheit.
Hy hat kontakt mei Jelle en syn maten socht, om tsjin hjarren to pronkjen mei syn kinnen. En hja binne genôch ûntwikkele, om it ûnbidige harsenwirk det efter syn dieden sit, op wearde skatte to kinnen. |
|