| |
| |
| |
Haedstik 4. Jelle syn útfining.
Haeije en Wibe wisten lang net, hwet se der oan hienen. Nou al mear as in wike kaem Jelle hast net mear foar 't ljocht. Eltse kear, as se him ôfhellen, skipe er hjarren by de doar wer ôf. It iennichste, hwet se dwaen mocht hienen, wier, al mar wer nei 't laboratorium swalkje, om den dit to heljen en den det. En as se him den fregen, hwêr't er det allegearre for brûke moast, den die er mar tige geheimsinnich en sei net mear as er kwyt woe.
‘Ik bin hird oan 't wirk, jonges.’
En as hja den oanbeaën om to helpen, den wier it: ‘'t Is tige moai oanbean, mar dit moat ik allinne opknappe, dêr kin 'k net by steurd wirde. Jimme kinne my àl tige helpe troch goed de kranten nei to sjen, hwent det haw ik nou net oan tiid. Oan't sjens!’ en den klapte de doar foar hjarren noas wer ticht.
Howol't hja der neat oer to sprekken wierne, swalken se nou den dochs mar gemoedereard der wer hinne, om to hearren, ho't it der mei stie. Kwalik wierne se by de doar, ef dêr wier Jelle al.
‘Kom der yn, jonges, ik moat jimme hwet sjen litte.’
Haeije en Wibe wierne gâns nijsgjirrich, mar hja woene it net skine litte. Hy hie hjarren sa faek ôf- | |
| |
skipe, det se nou wol krekt dwaen moasten, as koe it hjarren net safolle skele, hwet for nijs as er hie.
Mar Jelle koe syn beide frjeonen wol en lake sa'n bytsje yn himsels, hwet Haeije de wirden ûntlokke:
‘Dû likest X. wol to gnizen.’
‘'k Ha der sa njonkelytsen ek wol hwet fen wei,’ seit Jelle greatsk, ‘det scille jimme foart wol sjen.’
Jelle bringt de maten op syn keammerke, hwêr't in hiele greate kas yn is, dy't hy for tsjustere keamer ynrjuchte hat, om syn foto's to ûntwikkeljen.
‘Kom der mar yn,’ noeget Jelle en stapt tagelyk sels al yn de greate kas.
De oare beiden him fensels efternei. Daliks docht Jelle de doar efter hjar ticht, hwêrtroch it nou ierdetsjuster yn 'e kas is. Mar Jelle drukt op in knopke en dêr floept in sterke elektryske lampe oan, mei in grien skermke derom hinne, om't it ljocht oars for de eagen to skel wêze scoe.
Wibe en Haeije sjugge ris om hjar hinne. 't Is hjir gâns foroare sûnt de lêste kear, det se deryn west hawwe. Do wier 't in tsjustere keamer en nou is 't in laboratorium. Der stiet in greate, swiere ynduksjeklosse, greate transformatoaren, glêzen buizen mei ynraende triedden en sa al mear. In stikmannich mjitters hingje oan 't lewant.
Flak foar him sjucht Haeije in greate mjitter, dy't er net earder sjoen hat en dy't der nei útsjucht, as hie Jelle him sels makke. As er nou nijsgjirrich nei de sifers op 'e wizerplaet sjucht, falt syn mûle yn 't kier, sa forheard sjucht er der fen op. Wibe merkbyt det en wol ek ris sjen.
| |
| |
‘Ljeave stakkert,’ ûntfalt him, ‘det bitsjut noch al hwet. Fen 50.000 oant 500.000 volt ta. Hast dy brûke moatten, Jelle?’
‘Ja,’ andert Jelle, ‘en dêrom koe ik jimme by myn wirk wol slite. Det wier my to gefaerlik, sjuch. Nim de boel hjir mar ris goed op, den scille jimme sjen, ho goed alles isolearre is. Ik siz jimme, det hat gjin berneboarterij west. Mar ik haw foun, hwet ik socht en det woe ik jimme nou daliks sjen litte.’
‘Mar hwet bitsjut det?’ frege Haeije binijd en wiist op 'e souder fen de ûnbidige kas. Det liket allegearre wol koper.’
‘It hat der in soad fen wei, mar 't is klinkklearre brûns.’
‘Hwêr is det nou goed for?’ freget Wibe op syn bar.
‘Det haw ik dêr oanbrocht, om't brûns gjin magnetysk fjild trochlit,’ leit Jelle út.
‘Ofskerme dos,’ seit Haeije.
‘Sastou seiste.’
‘En hwêrom as ik freegje mei,’ freget Wibe wer.
‘Om forskate dingen,’ bigjint Jelle wer út to lizzen. ‘Foarst en foarâl, om't ik it der neat op stean hie om fen boppen ôf op 'e hannen sjoen to wirden.’
‘O, dû mienst troch X,’ mient Haeije snoad.
‘Krekt’, giet Jelle fierder. ‘Det wier ien en oard woe ik net, det der immen efterkaem, hwêr't ik hjir mei dwaende wier. Jimme moatte net forjitte, det by spanningen fen oer de twa hûnderttûzen volt,
| |
| |
sa't ik se hjir hawn haw, in merakel sterk magnetysk fjild ûntstiet. Alles yn 'e omkrite hie magnetysk wirden; de klokken wierne stilstean bleaun en al sokke dingen mear, en det koe fensels net.’
‘Né, det bigryp ik,’ seit Wibe, ‘mar hwêr bliuwst nou mei it spil, detst ús sjen litte woest.’
‘Net sa hastich, net sa hastich, ik miende, det jimme der net sa folle bilang mear by hienen. Mar hawar, gean dêr mar ris sitten... Fensels, allebeide en wêz mar net bang, as 't in bytsje bigjint to rotteljen en sa.’
Wibe en Haeije geane op 'e oanwiisde plakken sitten en wachtsje fol ûngedild, mar dochs ek wol hwet ûnder de yndruk, op hwet Jelle hjar sjen litte scil.
Dy skarrelt hwet hinne en wer, set hjir in skroef oan en sjucht dêr noch ris in pear kontakten nei.
Unforhoeds floept it ljocht út. 't Is sa tsjuster as sieten se yn in fet mei inket.
‘Tink der om, it bigjint,’ klinkt Jelle syn lûd earne út it swart wei.
Se hearre in sûzjen as fen in benzine-lampe. Stadichoan wirdt it lûd sterker. In blau ljocht sjit troch ien fen de glêzen buizen. Efkes wier alles sa klear to sjen as op ljochtskyndei. Den is 't wer tsjuster, mar nou net for sa hiel lang. It ljocht sjit nou mei hiel koarte twiskenromten troch de buizen, oan't it op 't lêst in bliuwend, sterk blau ljocht wirdt.
Haeije hat de rjuchterhân yn 'e bûse en út 'e gewoante wei hâldt er syn knyft fêst. Hy tocht der net by, hy wier det sa wend. Mar hwet noch nea
| |
| |
bard is, bart nou. It mes bigjint to libjen en wrot him yn 'e hân om as woe it foart.
Haeije wirdt sa kjel, det er gysten de hân út 'e bûse skoert en dêrby âllet er, as waerd er formoarde.
‘Hwet is der oan?’ freget Jelle kalm.
‘Myn knyft libbet!’ ropt Haeije.
‘Meitsje dy mar net drok,’ seit Jelle, ‘en hâld dyn mes mar goed fêst, it scil dy neat dwaen. Hjir is op dit stuit sa'n sterk magnetysk fjild, det dyn knyft dêrtroch oanlitsen wirdt. Dêr is dochs neat gjin bysûnders by.’
‘Soa, fynst net,’ seit Haeije in bytsje noartich, om't er him sa gean litten hat, ‘ik fyn 't oars noch al hwet.’
‘Det falt wol in bytsje ta,’ seit Jelle gekjeijend, ‘mar tink der nou ris goed om.’
‘Sjugge jimme ek hwet twisken de buizen yn?’
‘Né, dêr is neat to sjen,’ roppe de beide taskôgers.
‘Det is sa, mar der is wol hwet. Pas nou op. Sjugge jimme hwet ik hjir haw oan 'e ein fen dizze lange glêzen stêf?’
‘Ja, in spegeltsje,’ andert Wibe.
‘Moai,’ seit Jelle, ‘nou bring ik det spegeltsje hwet langer hwet tichter by de buizen. Scille jimme it goed yn 't each hâlde?’
De beide maten sjugge fol spanning nei Jelle syn biwegingen. Hiel langsum bringt er it spegeltsje nei de buizen ta. It flikkert yn 't skrille ljocht as wier 't in stikje fen 'e sinne.
Mar, sjeder, Wibe en Haeije knipperje mei de
| |
| |
eagen, hwent det, hwet se nou sjugge is hast net to leauwen. It spegeltsje wirdt stadichoan doffer, ho tichter it by it fûleindige ljocht komt. It forliest syn glâns, wirdt den in gewoan roun plaetsje, den in stikje glês, dêr't se dwers troch hinne sjen kinne, den liket it wol eft it reek wirdt en den... is der alhiel neat mear to sjen.
Mei in foarse hael hellet Jelle de glêzen stêf wer nei him ta en sjuch, dêr is 't spegeltsje wer.
Haeije sykhellet djip en seit: ‘It liket wrychtich wol tsjoenderij.’
‘Ho kin det, Jelle?’ freget Wibe. ‘Earst sjugge wy it weiwirden foar ús eagen en dêr is 't wer.’
‘Det is nou myn útfining,’ seit Jelle en skeakelt de stream wer ôf en it gewoane ljocht wer yn. ‘Ik bin nou yn steat, alles hwet ik wol, ûnsjenber to meitsjen, trochdet ik de ljochtstrielen brek, sadet se der, om sa mar ris to sizzen, omhinne gean. Trochdet der gjin ljocht op fâlt, kin it ding, det ik yn 't elektrysk fjild bring, net sjoen wirde. Sjuch mar ris nei hwet der twisken de buizen hinget.’
De beide jongkeardels sjugge nei it oantsjutte plak en dêr hinget twisken de buizen in glinsterjende silinder.
‘Hwet moat det foarstelle?’ freegje se hast tagelyk.
‘It model fen X. syn fleanmesine. Nou, hwet sizze jimme dêrfen?’ freget Jelle greatsk.
‘'t Is wûnderbaerlik,’ sizze Haeije en Wibe út 'e groun fen hjarren herte.
‘Mar ho bistû einliks op it idé komd?’ freget
| |
| |
Haeije, dy't it allegearre sa gau net forarbeidzje kin.
‘Troch myn theory oer de Greate Unbikende,’ andert Jelle. ‘It koe net bistean, det syn loftskip net sjoen wirden wier, as it mei gewoane middels, dêrûnder rekkenje ik ek de fjerrekikers, to sjen wier. Der bliuwt dos neat oars oer, as det er net to sjen wier.’
‘Ja, mar,’ komt Haeije der tsjin op, ‘hy kin dochs net sa'n great fjûrwirk meitsje, lyk astû niiskrektsa dien hast.’
‘Wit ik wol, mar hy hat hiel oare middels ta syn foldwaen as ik. Hwêr't it my om to dwaen wier, haw ik foun, nammentlik út to finen eft it mooglik wier, det min de stof ûnsjenber meitsje kin.’
‘Nou, 't is in wûnder, sjedêr. Ik ha 't nou foar myn eigen eagen sjoen en nòch kin 'k it mar kwalik leauwe,’ seit Wibe op 't lêst.
‘Sjesa,’ seit Jelle tofreden, ‘nou kinne wy ús theory al wer hwet útwreidzje. Wy kinne nou mar fêst oannimme, det X. yn 'e stratosfear omsweeft yn in tastel, det mei optyske middels net to sjen is.’
‘Ik fyn oars,’ kin Haeije net neilitte to sizzen, ‘det soks ús net tichter by it wyt bringt. Nei't it my taliket, wirdt it dêr gâns biswierliker troch om X. út to finen.’
‘Dêr hastû for in part wol gelyk oan, mar dêr stiet tsjinoer, det wy nou al wer hwet mear fen him ôfwitte,’ leit Jelle der tsjinyn.
‘Hwet wy nou bisiikje moatte om út to finen is: ho kinne wy him to sjen krije?’
| |
| |
‘Scoe det überhaupt noch mooglik wêze?’ freget Wibe.
‘Nou,’ komt Haeije ynienen út 'e hoeke, ‘yn 't spektrum binne mear strielen as allinne dy, dy't wy sjen kinne.’
‘Hwet bistû ynienen wiis,’ pleaget Wibe, ‘ef hastû miskien fennacht mei 't natuerkundeboek ûnder dyn kjêssen sliept.’
‘Né, det nou net, mar ik brûk bytiden myn forstân, hwet ik op dy foar ha,’ narret Haeije werom.
‘'k Ha der oars faken oan twifele, efst' noch wol brein hieste. Det falt my al wer mei...’
‘Nou, jonges, sa kin 't yn 't earstoan al wer,’ makket Jelle in ein oan 't harrewarjen. ‘Mar dochs wiisde Haeije de wei, dy't wy gean moatte. Wy moatte sjen út to finen, hokfor strielen troch in magnetysk fild hinnegean, en ho't dy oan to wizen binne. Hwet tinkt jimme, scoene jimme det útfine kinne, togearre?’
‘Wy scoenen 't ris bisiikje kinne; hwet seist, Haeije?’ freget Wibe syn maet.
‘Weija, hwêrom net. Wy moatte dochs ek hwet to dwaen hawwe. Ik tink mar sa: “Zelfs het pogen is schoon,” mar hwêrom Wibe en ik. Hwêrom dochstû sels net mei, Jelle?’
‘Om't ik hwet oars bisiikje moat. Det scil wol net sa maklik wêze, sadet ik der al myn tiid en forstân wol for nedich ha. As jimme klear binne mei 't útsiikjen fen dy strielen, den kinne jimme my der moai hwet by helpe.’
‘Dû praetst der noch al maklik oer,’ seit Wibe: ‘as jimme klear binne. It kin bêst biteare, detstû
| |
| |
mei dyn wirk noch folle earder klear biste as wy.’
‘Det moat ik sterk bitwifelje. Der is in great ûnderskie twisken ús baentsjes. Jimme witte de wei, hwêr't jimme lâns gean moatte om det to finen, hwet wy nedich ha. Mar ik wit noch hielendal gjin wei en wit net hokfor metoade ik tapasje moat. Né, jimme scille my der wol mei helpe moatte, ef, der scoe in wûnder barre moatte.’
‘Den hast in goeije kâns,’ seit Haeije smout, ‘hwent de wûnders binne de wrâld noch net út.’
‘Mar nou hwet oars. Hwêr scille Wibe en ik mei ús ûndersikingen bigjinne. Hjirre, op it waed ef by ien fen ús beiden thús?’
‘Hjir hawwe Jimme alles hwet nedich is, alteast alles hwet wy hawwe, dos scoe 'k hjir mar bigjinne. Mines is dochs to'n earsten yn haedsaek rekkenwirk en det kin ik wol yn 'e keamer dwaen. Jimme hawwe den de hiele kas ta Jimme foldwaen. Mar ik scoe Jimm' àl oanriede om net al to hege spanningen to brûken. Det hat for Jimme ûndersikingen alhiel gjin doel. As Jimme earst mar dy strielen foun hawwe, dy't nedich binne, den kinne wy 't oare wol útrekkenje. Wy witte dochs net krekt de sterkte fen it fjild om syn fleanmesine, det scoene wy earst ek noch útrekkenje moatte. Mar det is 't slimste net. De strielen, dy moatte wy ha.’
Nei dizze oanwizings bringt Jelle syn beide maten op 'e hichte mei de ûnderskate ynstreminten en apparaten, dy't dêr stean. Den lit er Wibe en Haeije allinne en moatte se mar sjen, ho't se hjarren der mei rêdde.
| |
| |
Hysels giet yn syn keamer foar de tafel sitten en bigjint to siferjen. Det skynt net ta to fallen. Fen alles en noch hwet wirdt der byhelle. It iene boek nei 't oare forhuzet fen 'e kas nei de tafel en fen 'e tafel op in stoel en fen de stoellen op 'e flier.
As Jelle syn Mem der yn komt om de jonges in bakje thé to bringen, sjucht se hjar soan oer in stik pompier hinne bûgd, wylst der in knoarre boeken om him hinne struid lizze.
‘Mar, Jelle’, seit syn Mem, ‘kin det nou net hwet oars. Hwêr liket det nou op!’
‘Hwet sei Mem?’ freget Jelle en sjucht efkes op fen syn rekkenwirk. Hy hat der net folle fen heard fen hwet syn Mem krekt sein hat, mar, om't er hjar mei it thégûd sjucht, tinkt er, det sy it dêroer hie.
‘Set mar del, Mem’, seit er den ek, ‘den fyn ik it wol.’
‘Det kinstû maklik sizze, mar hwêr moat ik it delsette. Op 'e tafel is gjin plak mear en op 'e stoellen likemin. Moat ik it sims op 'e flier delsette?’
Jelle is der noch lang net mei de holle by.
‘O!’ seit er.
‘Hwet, o!’ freget syn Mem.
Nou sjucht Jelle pas goed op en bigjint to laitsjen, as er syn Mem dêr mei it thébledtsje stean sjucht, sûnder det se it earne delsette kin.
‘Sjuch, Mem!’ ropt er, ‘set it hjir mar del,’ en hy makket in great plak rom op 'e tafel, troch alles hwet der op leit, der mei de earm ôf to reagjen.
| |
| |
‘Mar, Jelle, Jelle!’ seit Mem sabeare lilk, ‘scilstû det den nea ôfleare. Hwa hat nou ea sa'n rommel sjoen. Men scoe der yn forslaen.’
‘Mar?’ freget se den ynienen, en sjucht alle kanten út, ‘hwêr binne Haeije en Wibe. Hastû dy nou al wer foartstjûrd ef binne se út hjarsels foartgien?’
‘Né, Mem! Pasje mar ris op.’
Jelle giet nei de kas en kloppet op 'e doar. In foarse klap, fjouwer lichte tikjes en den noch in licht tikje der efteroan. Det binne morseteikens en bitsjut: ‘thé’.
It dûrret den ek net lang ef de doar fljucht iepen en Wibe syn reade holle kipet om 'e hoeke fen 'e kasdoar.
‘Kom der út, Haeije!’ ropt er, ‘hjir is thé!’
Haeije komt efter Wibe oan út 'e kas weisetten. Hy glimket tige frjeonlik nei it thégûd.
‘Sa mei ik it leije,’ seit er, ‘det it spil sa kreas by yen brocht wirdt.’
Forheard hat Jelle syn Mem dy úttocht út 'e kas oansjoen, hjar mûle stiet der fen yn 't kier. Op 't lêst seit se:
‘Sa ha 'k it den dochs noch nea op 'e fioele spyljen heard. Slút syn gasten deabidaerd yn in greate kas op. It wirdt hwet langer hwet gekker.’
‘Och, Mem, sa moat men wol mei sok reau. Oars ha 'k mar mot om 'e teannen.
Mem skodhollet.
‘Ik gean mar wer foart. It wirdt my hjir langer to mânsk. Jimm' kinne jimm' sels wol rêdde, net?
| |
| |
Mar tink derom, det jimme it spil net brekke, 't is net fen izer.’
‘'t Komt yn oarder, Mem!’ ropt Jelle hjar efternei, wylst hja ta de doar útgiet.
Den keart er him nei de jonge mannen en freget ‘En jonges, scoe 't gean?’
‘Ik wit net’, andert Wibe, dy't it wird dwaen moat, hwent Haeije is mei de théskinkerij dwaende en mei net ôflaet wirde.
‘Mar wy scille noch wol it ien en oar nedich hawwe, bin 'k bang. Wy hawwe al in stikmannich fen dy fotografyplaten der mei bidoarn, sûnder det wy der folle wizer fen wirden binne.’
‘Hwet tinkst den, det jimme nedich hawwe?’ freget Jelle wer.
‘Leadplaten en in elektro-meter yn elts gefal’, falt Haeije ynienen út by syn thépot wei.
Hy hie mar better neat sizze kinnen, hwent, trochdet er Jelle by syn útrop oanseach, seach er net nei de thé, sadet er dy, ynpleats fen yn it kopke sa't de bidoeling wier, oer 'e tafel geat.
‘Pas dû mar ljeaver op dyn thépot, ynpleats fen dy mei dingen to bimoeijen, dy't dy dochs to heech gean’, pleaget Wibe daliks.
Haeije set mei faesje de thépot del, sadet Jelle syn hert fêsthâldt, en ropt tsjin Wibe:
‘Hwa giet det to heech? Tink derom, jonkje, aste myn maet net wierst, den...’
‘Nou, hwet den?’ freget Wibe.
‘Den krigest gjin thé!’ follet Haeije syn bidriging oan.
| |
| |
‘Det scoe mear as misdiedich wêze’, falt Jelle laitsjende yn.
‘Mar sûnder gekheit, leadplaten en in electroskoop, seistû. Ja, my tinkt ek, det Jimme dy wol nedich hawwe. Ik scoe sa sizze, wy fytse moarn mei syn trijen nei stêd. Dêr scille wy wol krije kinne, hwet wy nedich hawwe.’
‘It scil my ris binije, eft wy dêr in electroskoop krije kinne’, bitwifelt Wibe.
‘Dy meitsje wy den sels’, bislist Jelle, ‘as wy yn stêd de spillen derfor mar krije kinne.’
‘Mar ho fier bistû komd, Jelle?’ freget Haeije nou en set de spillen wer del omdet er se alle trije ynskonken hat.
‘Om earlik to wêzen, noch net iens sa fier as Jimme. Ik bin noch krektlike fier. Ik wit net eft ik it siikje moat lâns chemyske-, elektryske- er elektro-chemyske wei.’
‘Dêr neamst noch al hwet op’, seit Wibe. ‘Dû skynst noch al hwet fen plan to wêzen.’
‘Ja, it plan is der wol, mar eft ik der mei slagje scil, stiet noch to bisjen. Mar as 't alhielendal net wol, den scil ik my wol rêdde mei dingen, dy't al bikend binne.’
Haeije wol nou ek wol ris witte, hwêr't it einliks om giet: ‘Hwet wolst' den útfine?’ freget er.
‘Ik kin 't jimme ek wol sizze. Ik siikje ek sa'n soarte energy-boarne as de Unbikende.’
‘Nim nou ris oan, det der in wûnder barde, en detst sokssahwet fine scoest, hwet den. Hwet woest der den mei?’ freget Wibe.
‘Den woe 'k ek nei de stratosfear.’
| |
| |
Mei iepen mûle sjugge syn beide maten him oan. Nei de stratosfear! Krekt as wier 't mar hiel gewoan.
De thé wirdt forgetten.
‘Nei de stratosfear, hie 'k tocht’, suchtet Haeije op 't lêst. ‘Ho wolst dêr komme en hwet wolst dêr dwaen?’
‘Dû fregest gelokkich net sa'n soad tagelyk’ laket Jelle. Hy moat wol laitsje om de forbûke gesichten fen syn beide frjeonen.
‘Fensels wol ik X. yn syn eigen gebiet opsiikje. Mar ho? Det is in frage, dy't ôfhinget fen hwet ik fine kin en... fen hwet wy oan jild byinoar bringe kinne. Det scil ek wol in hiel great biswier wêze, bin 'k bang, hwent det scil wol in slompe jild kostje’.
‘Is 't al wer sa!’ falt Wibe noartich út. ‘Alles draeit om 't jild; nou by ús ek al. Den scil 't wol oergean moatte, bin 'k bang. Hwêr scoene wy in slompe jild weihelje moatte.’
‘Nou ja, mar foarlopich is 't noch safier net’, seit Jelle, ‘rekkenje mar, det wy de tiid noch hawwe, foardet ik sa'n krêftboarne ûntditsen ha. As 't earst safier is, kinne wy noch wolris sjen.’
‘Kom, jonges, nou earst thédrinke’, moannet Haeije syn frjeonen, ‘oars koellet it ôf ta de abslute temperatuer, 273 graden ûnder nul.
‘Det moat foaral net,’ fynt Wibe, ‘hwent den hiene wy hjir yn ús kopkes de leechste temperatuer, dy't men ea op ierde fêststeld hat.’
‘Det komt my ek wol hwet bot foar’, oardielt Jelle, ‘ik fyn it sa tominsten al kâld genôch.’
| |
| |
Dos jonges, moarn nei stêd en den full speed oan 't wirk.’
Haeije hâldt oermoedich syn kopke omheech en ropt: ‘Jonges, op ús oerwinning op de Unbikende!’ |
|