| |
| |
| |
Haedstik 3. Theory fen Jelle oer X.
It stie fjouwer om 'e fiif en skjinne seis for Jelle en dy. Ho't se der krekt oankomd wierne, wisten se net sa lyk, hwent se koenen it oars lang net hâlde tsjin it partûr fen Tsjerk en dy. Mar nou bigoun it der dochs aerdich op to lykjen, det se it winne scoenen. Tsjerk waerd der tominsten al ûngerêst oer. Earst hienen hy en syn maten hjar safier komme litten, en nou scoe 't hjarren wrychtich noch ûntkomme. En det wier de bidoeling net. Se woenen it net forlieze. Dos noch efkes fiks de hûd der op.
Tsjerk moast opslaen en det koe er omraek. Hy roun nei de stuit en dêr sûze de bal al nei de krite.
Krekt oer de foarline; dêr siet loop yn.
Haeije, dy't foaryn stie, koe der den ek neat mei wirde en Jelle, dy't efter-ynse wier, krige gjin kâns om to slaen, hwent de bal rôlle, sa gau as er de groun roerde.
Det wier seis-twa.
‘Mear nei foaren, ju,’ seit Jelle tsjin Haeije, ‘krekt op 't streekje. As er dy oer is, den foaral net rikke, den kin ik der wol by. Wy moatte it nou net mear forspylje.’
Dêr komt al wer in bal oanfleanen, nou heechop efteryn. Jelle kin him noch krekt rikke en tikket de
| |
| |
bal in ljeaf eintsje út; omtrint oan 'e middelline ta.
Seis-twa en in keats.
Jelle en dy geane nou nei de stuit. Wibe moat opslaen. Howol hy lang gjin Tsjerk is, kin er it fen hjar trijen dochs fierwei bêst.
Hy nimt in oanloop en slacht in knappe bal op. Mar Tsjerk, dy't tige fûl is, om't er it net forlieze wol, reaget de bal oer alles hinne. Der is gjin kearen oan.
Seis-fjouwer.
Wer slacht Wibe op. Hy wol oer Tsjerk hinne, mar hy kin net earlik fier genôch, sadet Tsjerk de bal wer yn 'e hannen krijt, mar dochs net sa goed as de earste kear.
Krekt foar de boppe kin Haeije de bal keare.
Seis-fjouwer en in keats en wer moatte se forgean. 't Liket neat to bêst. In keats by de boppe en Tsjerk oan 'e bal.
Tsjerk syn bal gounzet wer oer 't fjild. 't Is sa'n echte smoarge bal, krekt yn 't lofter hoekje. Der is wer neat oan to dwaen.
Seis gelyk.
As Tsjerk en dy dit earst krije, den hawwe Jelle en dy al moai wis forlern.
Tsjerk scil 't nochris fûl bisiikje, hwent dizze slach giet der om.
Hy rint nei de stuit, wer tobek en wer nei de stuit.
De blinder, hwet in kûgel, der sit faesje yn. In echte pripper, dy't net to slaen is.
‘Foar!’, skreaut Haeije, dy't op 't streekje stiet. Fen pûre blidens makket er in sprong omhegens
| |
| |
en bûkelt den in pear kear oer 'e kop. Hwet hat er in wille. ‘Woun! Woun!’, âllet er, ‘wy hawwe 't woun fen Tsjerk en dy!’
Tsjerk slacht himsels fen pûre lilkens op 'e knibbels oer sa'n greate stommiteit om dy bal foar to slaen.
‘Nou ja,’ seit er, ‘jimme hawwe 't woun, mar det komt jimm' ek net wer oer. Ik haw earst hwet mei jimme boarte en nou is 't my ûntkomd. Wy hawwe jimme ûnderskat; to folle op ús eigen sterkens fortroud. Jimme scille tajaen moatte, det jimme sa sterk net binne as wy.’
‘Ja, dêr hastû gelyk oan, Tsjerk, as jimme keatse, sa't jimme kinne, den krije wy gjin earst,’ jowt Jelle grif ta, ‘Mar sa sjuchst al wer, detst dyn tsjinpartij nea to licht skatte moatst. Mar skielk dogge wy 't noch wol ris oer, wy moatte nou wer foart. Kom, jonges!’
‘In oare kear krije jimme gjin spil!’ ropt reade Wibe noch pleagjend.
‘En as ik in bytsje by 't spil bin, gjin seis om neat,’ docht Haeije tige great.
‘Wy scille wolris sjen!’ ropt Tsjerk hjarren laitsjende efternei.
‘Goeije!’ roppe se noch en swaeije al om 'e hikke.
‘Hwêr wolst hinne, Jelle?’ freget Wibe.
‘'k Woe noch efkes op it waed sjen,’ andert Jelle.
‘Wolst noch ris mei de Greate Unbikende prate?’ freget Haeije binijd.
| |
| |
‘Krekt, ik woe him efkes fortelle, det wy fen plan binne de som op to lossen.’
‘Soa,’ seit Wibe neat to blier, ‘mar hast wol bitocht, det in warskôge minske dûbeld telt.’
‘Jawol,’ andert Jelle, ‘mar fen X. forwachtsje ik krekt, det it mei him oarsom is.’
‘Ho det sa?’ freget Haeije, dy't der net folle fen bigrypt.
‘Nou sjuch,’ leit Jelle út, ‘wy meije nou wol aerdich mei technyk op 'e hichte wêze, ja, ik mei wol sizze, det wy gâns hwet mear fen in bulte dingen ôfwitte as de measten, mar by X. forlike, binne wy dochs noch mar bern. Det wit X. en dêr fortrout er op, lyk as Tsjerk sapas mei 't keatsen. Hy tinkt, det er sa sterk is, det wy dochs neat útfine kinne, as hy net wol. En dêr leit ús iennichste kâns, safier as ik it nou bisjen kin. Sa gau as er ús for fol oansjucht, hawwe wy neat mear yn to bringen. Mar salang as er op syn oermacht fortrout, kin er ús wolris oanwizings jaen, hwêr't wy hwet oan hawwe.’
‘Det hast knap bitocht,’ mient Wibe. ‘Sa goed as ik it bisjen kin, hast gelyk. 't Scil my ris binije eft wy útfiskje kinne, hwa't det is, dy Unbikende.’
‘Ja, en hwet er dêr boppe docht,’ seit Haeije der oer hinne.
Sa pratende wei kuijerje se it waed oer nei hjarren laboratorium.
As hja dêr oanlânne binne, geane se der yn en slút Jelle foart de doar ôf.
‘Nou bigjint it, jonges,’ sa bigjint Jelle. ‘Ik haw der de lêste dagen al mar mei omroun om to
| |
| |
prebearjen om hwet ljocht yn dizze saek to bringen. Ik haw alles neigien, hwet der bard is, neidet wy for 't earst fen X. heard hawwe. Det haw ik allegearre opskreaun en dêr in theory út opmakke. Dy scil ik jimme nou earst ris foarlêze.
Kom hjir hwet tichter by to sitten.’
Se skikke nou alle trije ticht om 'e tafel, hwêr't Jelle in stikmannich pompieren op dellein hat. Hy pakt in bôge pompier en bigjint to lêzen:
‘1. | X. jowt andert op alle radio-oproppen dy't wy de wrâld ynstjûre, hwet for systeem, weachlangte ef energy der ek brûkt wirdt. |
2. | Nei opjefte fen systeem en formogen blykt út peilingen, det X. twisken de fyftich en sauntich Kilometer boppe de ierde, dos yn 'e stratosfear, syn forbliuw hat. Wirdt fen X. bifêstige. |
3. | In troch ûnbikende oarsaek ûntstiene twirre ef hoas smyt ús mei boat en al ûndersteboppe yn 'e Sudermar. |
4. | Harkjend op de ultra-koarte weach (12 meter band) nei Easterske ef Mongoalske muzyk, blykt it, det dy útstjûrd wirdt troch X., trochdet de Greate Unbikende, neidet de plaet ôfdraeid is, ús witte lit, det er ús yn 't wetter lizzen sjoen hat. Boppedet biwiist er ek noch, det er ús sjucht op 't selde stuit, det er mei ús praet, trochdet er Haeije lizzen sjucht to sliepen. |
5. | Noeget ús út om út to finen, hwa't er is.’ |
Jelle hâldt op en sjucht syn beide maten oan.
‘Sa is 't dochs, net. 'k Ha dochs neat forgetten?’
‘Né,’ anderje de beide oaren, ‘sa is 't krekt.’
| |
| |
‘Moai,’ seit Jelle, ‘en nou myn theory.’
Hy nimt in oare bôge pompier fen 'e tafel en bigjint wer foar to lêzen, hwet der op stiet.
‘Theory oer de ûnbikende X. - X. hat in automatyske koarte-weach-ûntfanger ta syn foldwaen, dêr't er alle weachlangten, dy't for radio-forkear brûkt wirde ef brûkt wirde kinne, mei krije kin. Fierder hat er in radio-útstjûrder, dy't yn o sa'n koarte tiid op alle mooglike weagen ôfsteld wirde kin. Systeem (for de 18 c.M. weach alteast) frijwol itselde as mines, op inkelde lytse dingen nei. X. hat in televisy-apparaet, det sterk ôfwike moat fen alles hwet der op 't stuit fen bikend is. Hy kin dêr alles mei sjen hwet er wol, om't er net boun is oan útstjûrde radio-weagen (draech-golven) lyk as de televisy-apparaten, sa't wy dy kenne. Systeem noch neat fen bikend.’
Hjir hâldt Jelle efkes op en sjucht syn beide maten oan.
‘Jimme sjugge,’ sa bigjint er, ‘det ik fen myn earste opfetting oer syn televisy-apparaet ôfstapt bin. Dy koe fensels gjin stân hâlde, neidet er biwiisd hat, det er ús sjen koe, sûnder det wy oan 't seinen wiernen. Nou komt de theory oer it forskynsel op 'e mar. It stiet by my nou wol fêst, det X. dêr ek de hân yn hawn hat.’
En Jelle lêst fierder.
‘X. hat in ynrjuchting, dêr't hy in elektryske stoarm mei meitsje kin. Dy stoarm moat it oansjen hawwe fen in bondel strielen, hwêr't syn útwirking op sa'n lyts plakje troch to forklearjen is. De elektryske strielen wirde by inoar brocht op hast de- | |
| |
selde manear as de ljochtstrielen troch in lins.’
Jelle leit it pompier oan 'e kant en seit: ‘Det is myn theory. Hwet tinkt jimme dêrfen?’
‘Ik wit net ho't it is,’ seit Haeije, ‘mar det lêste wol my net rjucht oan. Ik sels wit der net in oare ef bettere forklearring for to jaen, mar ik ha sa 't gefoel, det it hiel hwet oars west hat.’
‘'t Kin bêst wêze, Haeije,’ andert Jelle him, ‘det letter blike scil, detstû gelyk hast, ynsafier myn theory dêroer net goed is. Mar salang as der neat betters for yn 't plak komt, scille wy der oan fêsthâlde, om't wy dochs hwet hawwe moatte, om fen út to gean. Tidens 't ûndersiik kinne wy den wol de nedige forbetteringen oanbringe.’
‘Goed, dêr bin ik it mei iens,’ seit Wibe nou, ‘mar hwet for forklearring hastû den for det skot, det wy hearden, flak foardet dy elektryske stoarm ús sa hals oer 'e kop yn 't wetter smiet.’
‘Det haw ik wrychtich alhielendal forgetten, mar det scoe wol yn myn theory pasje kinne.’
‘Ho den?’ freget Wibe.
‘Sjuch, dy plof scoe gearhingje kinne mei it ûntstean fen 'e stoarm. Ik forwachtsje, det er dy stoarm ûntstean litte kin, troch it frijmeitsjen fen energy út atomen, bygelyks radio-aktive stoffen. Det scoe dy plof forklearje kinne.’
‘Kin det den?’ freget Haeije, ‘atomen-energy frijmeitsje?’
‘Foarsafier as nou bikend is, noch net,’ andert Jelle, ‘mar der wirdt wol wakker nei socht en dos moatte wy der mei rekkenje, det X. safier al is. En det...’
| |
| |
Ynienen hâldt er op en sjucht syn maten oan op in manear, as wier him krekt hwet klear wirden.
‘En det,’ forfettet er nou, ‘scoe ús ek in theory oan 'e hân dwaen oer syn omswalkjen yn 'e stratosfear.’
‘Det kin bêst sa wêze,’ merkt Haeije op, ‘mar 't is my sa klear as kofjetsjok.’
‘Tige dúdlik is 't my ek net,’ jowt Wibe ta.
‘Ik stel my foar,’ giet Jelle nei dizze ûnderbrekking troch, ‘det X. dêr net forkeart yn in ballon ef sahwet-hinne. Dy scoe net to stjûren wêze. En sa goed as wy X. nou kenne, leau ik net, det hy it dêrop oankomme litte scoe. Bliuwt dos oer in ding, det troch de loft gean kin en det hy alhiel yn 'e hân hat en bringe kin, hwêr't er it hawwe wol. Dêr is in bipaelde energy ef krêft for nedich. Hwêr hellet hy dy wei. Benzine-motoaren, lyk as by in gewoane fleanmesine? Det kin ik hast net oannimme. Om't de loft dêr sahwet tsien kear sa tin is as hjirre, scoe de moator sahwet tsien kear sa hird draeije moatte. Fensels scoe er den ek tsien kear sa hird fleane, mar ik tink net, det it him dêr yn 't foarste plak om to rêdden is. Dêr komt noch by, det wy him in kear as fiif op itselde plak peild hawwe. As er sa hird fleach as nedich wier om net nei ûnderen to knoffeljen, hie det fensels net kinnen. Dit's dos útsletten, foaral, om't er den sa'n macht benzine meinimme moast det der for oare dingen gjin plak mear oerbliuwe scoe, as er tominsten in skoftsje dêrboppe bliuwe woe. En wy witte bêst, det er dêr al in moai skoftsje is. Né, det is ûnmooglik.
| |
| |
It moat dos it iene ef oare loftskip wêze, det op in hiel oare wize yn 'e loft hâlden wirdt as troch benzine-motoaren. Yn benzine is for det doel neffens it gewicht fierstentomin krêft bisletten. It moat dos wol sahwet wêze as ik niiskrektsa sei. As wy det tominsten oannimme, forklearret det in hiele bulte. Bigripe jimme nou?’
‘Bigripe en bigripe is twa,’ seit Haeije, ‘mar in bytsje dúdliker is 't my al wirden. Ik snap nou tominsten, detstû derop út wolst, det hy ynpleats fen benzine hwet oars brûkt, det helte sterker en folle lichter yn gewicht is.’
‘Krekt,’ seit Jelle, ‘mar 't is net helte sterker, mar wol tûzen kear sterker. Fen de krêft, dy't der yn de atomen bisletten leit, hast alhiel gjin bigryp. Ik wit der tafallich hwet mear fen, om't ik der spesjael stúdzje fen makke haw.’
‘Is det den sa raer?’ freget Wibe nijsgjirrich.
‘Sa raer?’ herhellet Jelle Wibe syn frage, ‘dêr kinst dy gjin foarstelling fen meitsje. As X. det útfoun hat en hy makket it bikend, den bitsjut det in enoarme omkear for it minskdom. Kinst neigean. Alle stienkoaleminen wiernen mei ien klap gjin sint mear wirdich, likemin as de petroaljeboarnen. Den waerd it op ierde de greatste gekkeboel dy't hjir ea west hat, en det wol noch al hwet sizze, net? Alle arbeiders yn 't koal- en oaljebidriuw sûnder wirk, mei as neisleep in great part fen dy fen de auto- en mesine-febriken en hwet der mei gearhinget. Né, as er it útfoun hat, is 't to hoopjen, det hy it foar himsels hâldt en der hwet mei boartet yn
| |
| |
'e stratosfear. Dêr hat tominsten nimmen der lêst fen.’
‘Det stiet noch to bisjen,’ fâlt Haeije ynienen út.
‘Ho det sa?’, freget Jelle binijd.
‘Bistû den dy Russen alwer forgetten?’
‘Hm!’, seit Jelle, ‘salang as ik oars gjin biwiis ha as dyn gefoel, ho suver as det den ek wêze mei, leau ik net, det X. dêr de hân yn hawn hat.’
‘Nou, tink ris om myn sizzen’, seit Haeije sa oertsjûge, det syn maten him binijd oansjugge.
‘Dû skynst der noch al wis fen to wêzen?’, seit Wibe pleagjend.
‘Ik woe 't earst net sizze,’ seit Haeije nou, ‘mar miskien is 't dochs better, as ik it mar fortel. Do't ik det fen dy Russen yn 'e krante lies, wier 't krekt as seach ik foar myn eagen, ho't det tagien wier.’
Efkes swijt hy en stoareaget rjucht foar him út. Hy tilt de hân omheech en flústert sa súntsjes, det de beide oaren hjar nei him tabûge moatte.
‘Ik seach de ballon sweven, hiel, hiel heech, mar dochs ek wer tichteby. It wier for my klear to sjen, det de ballon tige spand wier.
Under oan dy ûnbidich greate ballon hong, as in drip wetter sa lyts, de stielen kûgel, dêr't de minsken yn wierne, dy't dêr dwaende wierne mei hjar ynstreminten.
Do, ûnforhoeds, hiel heech dêr boppe, sjuch ik in ding oandriuwen kommen. Né, oandriuwen is it wirdt net. It fleach as de wjerljocht sa hird oer de ballon hinne, mar sa heech der boppe, det myn forstân de ôfstân net fetsje koe. Mei, det it frjemde
| |
| |
ding der oer hinne skeat, sjuch ik ynienen de ballon út elkoar spatten, samar, samar, sûnder det der it ien ef oar barde, hwêr't út to sjen wier, det der eat net yn oarder wier. Hiel efkes hong de kûgel noch oan de touwen fen 'e fornielde ballon en foel do. It like my ta, det de kûgel hwet langer hwet mear gong krige. Ik seach omheech nei it frjemde ding, mar ik seach neat mear.’
Haeije swijt wer.
‘En do?’, freget Wibe, dy't de siken ynhâldt, sa grypt it forhael him oan.
‘En do?’, freget Haeije, ‘en do; ja, do seach ik wer de krante. Do wier it foarby.’
‘Mar ho seach det frjemde ding der den út?’, freget Jelle mei oandrang.
‘Krekt in greate glinsterjende snoek. Ik kin it nearne better by forlykje,’ andert Haeije.
Alle trije binne se nou stil. Elts tinkt op syn wize der oer nel, hwet er krekt heard hat.
Op 't lêst forbrekt Wibe it swijen troch Haeije to freegjen: ‘Dû bist dochs net mei de helm op berne, wol?’
‘Né, net det ik wit,’ andert Haeije, ‘mar ik seach it allegearre sa klear foar my, as wier ik der by.’
Jelle hat noch net folle sein, mar nou nimt er wer it wird:
‘Wy hoege noch net bygelovich to wêzen om det, hwet Haeije ús krekt forteld hat, hwet mear bitsjutting to jaen as oan in sljuchtweihinne praetsje. It hat wol ris mear bliken dien, det somlike minsken, dy't it saneamde twade gesicht hie- | |
| |
nen, hwet mear seagen as gewoane minsken. Sûnder nou izerfêst to leauwen, det it krekt sa bard is, as Haeije ús forteld hat, bin ik der dochs foar, om it net alhiel wei to siferjen. Miskien kinne wy it brûke om der ús theory mei to forbetterjen.’
‘Krekt in silveren snoek, seistû?’ freget er Haeije nochris.
‘Ja, better kin ik it net úttsjutte,’ andert dizze.
Jelle tinkt nei. Djippe tearen komme der yn syn foarholle. Den ynienen nimt er in stik pompier en in potlead en bigjint to teikenjen.
‘Sjuch,’ seit er den tsjin Haeije, ‘sa seach it der dos sahwet út!’
‘Krekt. Ik koe klear de finnen en de stirt sjen en ek de eagen en de bek.’
Wer prakkeseart Jelle in skoftsje.
‘It scoe kinne,’ seit er op 't lêst, ‘de finnen scoenen den de draechflakken wêze, de stirt it roer, mar hwet de bek en de eagen wêze moatte, is my net rjucht dúdlik.’
‘Scoe 't sa ek wêze kinne,’ seit Wibe nou, dy't mei oandacht Jelle syn potleadkwatteltsje bisjucht, ‘det de eagen in soarte fen teleskopen wiernen?’
‘Dêr seist sahwet,’ komt Jelle daliks en jowt Wibe in klap op 't skouder, sadet er der omtrint hinnesiicht. ‘Sa moat it wêze. Det scille de elektryske eagen wêze, dêr't er alles mei sjen kin, hwet er wol.’
‘Mar de bek den?’ freget Haeije, ‘dy wier der ek, det haw ik fierstento goed sjoen.’
‘Det sooe in kanael wêze kinne for raketten,’
| |
| |
andert Jelle, ‘hwent det scil wol de manear wêze, hwêrop er himsels forpleatst, mei raketten.’
‘Jonges!’ ropt Wibe, ‘wy komme al aerdich tichterby. Wy hawwe alhiel hwet oer dy X. útfoun.’
‘Kalm oan,’ timpert Jelle him in bytsje, ‘alles hwet wy nou opsteld hawwe is noch mar, om in frjemd wird to brûken, hipothese. It kin wol hiel oars wêze as wy nou foar elkoar brocht hawwe. Ho, bygelyks, forklearrestû, det syn fleanmesine noch fen gjin minske sjoen is?’
‘Det wit ik net sa lyk,’ seit Wibe wer, ‘mar dû moatst net forjitte, det it mar in alderskandalfchst lyts stipke oan 'e himel is, dêr't men o sa maklik bytroch sjen kin.’
‘Né, det kin de forklearring der net for wêze,’ bitwifelt Jelle. ‘As de sinne derop skynt, en det docht er, moat dy silveren snoek suver mei 't bleate each to sjen wêze, lit stean mei in teleskoop. Né, dêr sit hwet oars efter. Ik kin my inkeld net foarstelle, hwet det wêze mei.’
‘Nou ja,’ seit Haeije nou, ‘wy kinne ek net alles ynienen útfine. Mar hawwe Jimme wolris oertocht hwêr't X einliks thúsheart. Nei't Jimme my forteld hawwe, praet er Ingelsk, mar mei in frjemd aksint.’
‘Ik koe oan syn praet net hearre, hwêr't er wei kaem. Dû, Wibe?’ freget Jelle.
‘Né, ik ek net, mar as wy it muzyk, det oan syn praten foarôfgieng, meitelle, den scoe ik der út bislute, det it gjin Jeropeaen ef Amerikaen wier, mar in Mongoal ef sahwet.’
| |
| |
‘'t Is dochs mei X allegearre like frjemd. Koenen wy him mar ris sjen,’ mient Haeije.
‘Miskien,’ sa giet er troch, ‘bignúft er ús nou wol wer, sûnder det wy it witte. Hwet tinkstû, Jelle, scoe er ús ek hearre kinne?’
‘Det tink ik net,’ andert Jelle glimkjende, ‘mar hwet scoe det den noch?’
‘Nou, den koe er ommers alles hearre, hwet wy fen him sizze!’
‘Det is sa, hearre wol, mar mei 't forstean scoe 't wol in oar praetsje wêze. It scoe my tominsten tige nij dwaen, as X, ho geleard as er ek wêze mei, Frysk forstean koe. Né, Haeije, det kinne wy der wol op weagje. Mar witte Jimm' hwet, jonges, wy scille him wer ris oproppe. Wibe, setstû de moator efkes oan?’
Wibe giet nei de moator, wylst Jelle en Haeije allebeide in koptillefoan opsette.
De moator gounzet al wer en Jelle draeit oan in stikmannich knoppen en hellet in skeakelder oer. Syn hân leit al wer op 'e knop fen 'e seinkaei.
Earst harket er efkes en bigjint den to seinen.
Dizze kear dûrret it noch al in skoftsje, foardet se X to pakken krije. Mar einlings, dêr is er wer.
De Unbikende skynt fen tillegrafearjen syn aerdichheit ôf to hawwen, hy tillefoneart tominsten wer.
Jelle freget tillegrafysk, hwet for in lânsman as er is, hwêr't de Unbikende hjarren op andert, det se det sels mar útsykje moatte.
Nou fortelt Jelle him, det se syn útnoeging, om út to finen hwa't hy is, oannommen hawwe, en
| |
| |
det se mei syn trijen hjar bêst dwaen scille om det út to sykjen.
‘'k Hie it net oars forwachte,’ hearre se de stimme fen de Greate Unbikende yn 'e tillefoan. Ik scil jimme in jier de tiid jaen, ûnder bitingst, det jimme fen alles hwet my oanbilanget neat oerbrievje oan in oar. Dogge jimme det al, den is 't mei 't sykjen gau ôfroun.’
Jelle lit him dochs sa mar net bang meitsje.
‘'t Is in hiele kinst,’ seint er, ‘om greate wirden to brûken.’
‘Oan hwet der mei jimme kano bard is, hawwe jimme sjen kinnen, det ik wol yn steat bin om detjinge to dwaen, hwet ik siz,’ klinkt it yn 'e tillefoan.
‘O.K.,’ seint Jelle, ‘mar dochs scille wy útfine, hwa't Jo binne.’
Neidet Jelle dit seind hat, hearre se X. yn 'e tillefoan laitsjen op in wize, dêr't hja dúdlik genôch oan hearre kinne, det er hjarren net sa botte swier nimt.
‘Hy gniist ús út,’ fâlt Haeije lilk út. ‘Hy hat net folle for ús op 'e rekken. In jier tiid. Wachtsje mar, Heite, sa lang scil 't net dûrje, foardet wy dy yn 'e lampe hawwe. Gniist ús deagewoan út!’
‘Salang as er ús útlaket, is der neat om bang for to wêzen,’ seit Jelle earnstich, ‘mar sa gau ar er dêrmei ophâldt, wirdt it minder for ús. Mar ien ding witte wy nou alteast alwer. De stoarm, dy't ús boat omkypt hat, wier it wirk fen X. Sa moat it gean, den winne wy. Hy scil noch wolris mear in bal foarslaen. Mar alles byinoar nomd,
| |
| |
wirdt it in gefaerlik aventûr. Wy hawwe him nou de hânskoech tagoaid. Hawwe jimme der spyt fen?’
‘Né,’ seit Haeije, dy't noch pûr is, ‘hy hat ús útgniisd!’
‘Wy moatte winne!’ seit Wibe.
‘Den is 't goed, jonges; en tink der om, gjin inkeld dinkje oerslaen, al liket it ek noch sa lyts en al skynt it ek, det it der neat mei to meitsjen hat. Neat forswije!
Jonges, wy gean nei hûs, moarn is der wer in dei!’ |
|