| |
| |
| |
Haedstik 2. Aventûr op 'e Sudermar.
Mei syn trijen sieten se yn de kano fen Kanadeesk model, dy't se yn 't foarjier mei eltsoar makke hawwe. Jelle en Haeije slagge mei foarse halen de koarte peddels yn 't wetter, hwêrtroch de kano flink gong kriget. De koarte weachjes fen 'e mar klappe sa fûleindich tsjin de skerpe boech, det it wetter der oerhinne stout.
Wibe sit oan 't roer en digeret oer it sêft dynjende wetter. It is klear to sjen, det er mei syn tinzen net by 't farkjen is. Lokkich is det net sa botte slim, hwent de Sudermar is great en in fêst doel, hwêr't er op oanstjûre moat, hawwe se net. Se farre, om't se der sin oan hiene. De sinne stie sa strieljend oer it wetter, det hja it lokjen fen de mar net wjerstean koenen en foart it boat to wetter brocht hienen.
Haeije en Jelle dogge tige hjar bêst om sa goed mooglik tagelyk to roeikjen, krekt op 'e miette, om it boat sa hird as 't kin troch 't wetter buize to litten.
Mar Wibe is der net by; hy is tige ôfwêzich. Mar opiens sjucht er syn beide maten oan en freget alhiel ûnforwacht:
‘Hawwe jimme der ek noch ris oer neitocht?’
De beide oaren hâlde op mei peddeljen en sjugge
| |
| |
forwûndere nei hjar stjûrman en freegje den op hjar bar:
‘Hwêroan tocht?’
‘Nou fensels, oan X. út 'e stratosfear.’
‘Hwet oars, en net sa'n hiel lyts bytsje,’ andert Jelle. ‘Ik haw der sahwet de hiele nacht oer lein to prakkesearjen. Mar hwet ik sizze woe, hawwe jimme ek hwet yn 'e kranten fine kind.’
‘Né,’ seit Wibe, ‘neat.’
‘Ik haw al hwet lêzen, mar eft it der hwet mei to dwaen hat, wit ik net,’ bringt Haeije yn 't formidden.
‘Soa, ju, en hwet mei det den wol wêze?’ freget Wibe gekoanstekkerich.
‘Ik haw lêzen fen in pear Russen,’ fortelt Haeije sûnder op Wibe acht to slaen, ‘dy't mei in ballon nei de stratosfear wierne en forûngelokke binne. Hwêrtroch, det wit men net.’
‘Nou,’ seit Wibe, ‘is det nou sa'n wûnder, det dy minsken forûngelokke binne. In reiske nei de stratosfear bliuwt gefaerlik.’
‘Det is sa,’ jowt Haeije daliks ta, ‘mar dû moatst net forjitte, det prefester Piccardt der twa kear hinne west hat en beide kearen libben wer ûnder komd is. Dos koenen de Russen fen de ûnderfining fen de Switserske prefester brûkme meitsje.’
‘Dêr hast gelyk oan, Haeije,’ falt Jelle yn, ‘mar dochs bliuwt sa'n stratosfearreis tige noedlik, nei't my tinkt.’
‘Mar hwet woest dêr nou einlings mei sizze. Dû dochst krekt, as woest der hwet oars efter siikje.’
| |
| |
‘Ik wit net ho't it komt,’ forfettet Haeije, ‘mar ik kin 't mar net fen my ôfsette, det dy geheimsinnige ûnbikende der mear fen ôfwit.’
‘Dû bist net wiis,’ falt Wibe út, ‘dû bigjinst wrychtich al spûken to sjen op klearljochte dei.’
‘Ja, Haeije, ik leau nou ek, detstû to fier giest,’ falt Jelle Wibe by. ‘Det hat in ûngelok west en oars neat. Jonge, dêr kin sa'n soad barre. It kin bêst wêze, det hja to heech gien binne en det sadwaende it gas tofolle útset is, hwêrtroch de ballon knapte.’
‘Det kin fensels net,’ giet Haeije hjir hastich tsjin yn, ‘hwent den hienen hja ommers it fentyl wol iepenlûke kinnen, sadet it gas, det se tofolle hienen, foartkomme koe.’
‘Miskien hat it fentyl wol net yn oarder west ef sahwet hinne. Né, jonkje, dû fantasearst. It wol der by my tominsten net yn,’ seit Wibe, wiis glimkjende.
Jelle fynt ek, det it wol hwet fier socht is. It wirdt den ek as ûnmooglik fen 'e baen skoud.
‘Nou, den net!’ seit Haeije, mar 't is oan syn toan to hearren, det er it sels net forsmyt.
It moat der den wol fêst by him ynsitte, as er oan syn eigen theory fêsthâldt, ek as Jelle sein hat, det it net kin.
‘Né,’ set Jelle it petear wer foart, ‘ik haw der alhiel neat oer fine kind. En nou haw ik ús Heit, dy't, sa't jimme witte, krekt thús is, der nei frege, eft der ek nijs wier fen de stjerrewachten. It is jimme fensels wol bikend det ús Heit in soad noft oan stjerrekinde hat en sadwaende wit er noch wol
| |
| |
ris hwet. Mar Heit wist ek neat gjin bysûnders to fortellen. Jimme moatte rekkenje, ik tocht sa, as der immen heech boppe de ierde omsweeft, den moat er dochs de iene ef oare kear foar de teleskoop komme. Mar, oan't nou ta alteast, is der neat fen bikend.’
‘Wel,’ sei Wibe, ‘dy fint kin ús ek bêst foar 't soaltsje hawwe. It liket my ta, det wy in toarnder for in walfisk oansjugge.’
‘Mar det er ús sjoen hat, do't wy him peilden, kinst dochs net ûntstride,’ komt Haeije hjit. ‘En det er ús altyd hat, as wy seine. Né, Wibe, ik leau izerfêst, det der it iene ef oare ûnhuere wêzen yn 'e stratosfear omswalket, ho mâl dy det ek taliket.’
‘Detstû det leaust, nim ik daliks wol oan, dû bist nou ienkear sa'n fantast, mar det Jelle der ek al oan leaut, dy't oars nea hwet sûnder biwiis oannimt, giet my to heech.’
‘Ik leau yn myn birekkeningen,’ seit Jelle kalm, ‘en dy...’
‘Hark!’ falt Wibe him ynienen yn 'e reden, ‘hwet wier det!’
Wibe hat wol in tige skerp gehoar, mar de oare beide hawwe it dochs ek heard.
‘Ho kin det nou?’ freget Haeije forheard, se sjitte dochs net op 'e Sudersé?’
Fen hiel fier foart hienen se in skot heard. It wier hast krekt sa'n lûd as fen in myn dy't plofte, sa as se det yn oarlochstiid mear as ienkear heard hienen.
Alle trije sjugge se om hjar hinne, mar kinne de oarsaek fen it lûd net gewaer wirde. Dêr is it ge- | |
| |
woane byld fen in simmerneimiddei op 'e Sudermar. In strieljende sinne oan ynblauwe loft oer sêftweagjend wetter. Gjin wolkje is der oan 'e himel to sjen.
‘Hark!’ seit Wibe wer en stekt in finger omheech, ‘ik leau, det wy in pûst wyn krije. 't Is krekt as hear ik fen fierren it gûlen fen 'e stoarm.’
De oaren harkje nou ek skerp en ja, sy hearre nou ek it floitsjende gûlen fen de stoarm troch tillefoantriedden, hiel fier foart.
It eangstige lûd wirdt sterker en sterker. It liket wol, eft it rjucht op hjarren ôfkomt mei in ûnbidige flecht.
Se kuere nei de loft, mar sjugge neat, det hjar in forklearring jowt fen it ûngewoane lewaei, det nou al flak by hjarren is.
‘In...’ wol Haeije sizze, mar makket it net ôf.
In eintsje fen hjarren ôf bigjint it wetter to stegerjen en to brûzen as gyng der in wetterhoas oerhinne.
‘Beethâlde!’ bâlt Jelle tsjin it lewaei yn, det nou mei kûgelsfeart oer hjarren hinnegounzet.
Jelle bidoelde it goed, mar it helle net folle út. It boat waerd as troch in reuzehân ûnderste boppe smiten en alles hwet der yn wier trûzele yn it wylde wetter fen 'e mar.
De jonges fleagen hals oer 'e kop it wetter yn. It wier mar gelokkich, det se alle trije as wetterrotten swimme koenen. Mar dochs foel it net ta, do't se hjarsels wer mei de holle boppe wetter arbeide hienen.
Haeije, dy't flak neist Jelle boppe komd is, wol
| |
| |
him hwet taroppe. Kwalik hat er de mûle iependien en sein: ‘In...’ ef in greate weach slacht him lyk yn 't gesicht, en spielt de wirden wer de iepen mûle yn. Hy kokhalzet, swolget en snúft en prúst den as in brúnfisk.
Jelle, dy't op en del slingere waerd fen 'e weagen, koe syn laitsjen net ynhâlde, ho'n rare set as hja krekt ek makke hienen. Mar it laitsjen dûrre net lang, hwent it gyng him al net folle better as Haeije.
Wibe, dy't in hiel ein fierder to lânne, ef ljeaver to wetter, komd wier, dûkte net fier fen de kano wer op, dy't ûnderste boppe op en del skommele. Hastich swimt er derhinne en bisiket der boppe op to kommen, hwet him ek al ringen slagget. Nou sjucht er ris út nei syn maten en sjucht se swimmen. ‘Op en del mei wyn en weagen,’ tinkt er by himsels.
Hy set de hân oan 'e mûle en bigjint to razen om hjarren de wei nei it boat to wizen. Se krije him noch al gau yn 'e gaten en sette foart op 'e kano ta. It dûrret den ek net sa mâlle lang, den sitte se kreas mei syn trijen op de omkearde kano.
Dêr sitte se nou en sjugge ris om hjar hinne om to sjen ho't it der op 'e mar foarstiet.
Nou is 't alhiel nuver. Oeral, sa fier as se sjen kinne, is it wetter sa kalm as 't mar kin, inkeld deun om hjarren hinne is it wetter tige oerstjûr.
Mei iepen mûle sjugge se eltsoar oan.
‘Ik tocht earst, det it in simmertwirke wier,’ seit Haeije op 't lêst, bliid, det er nou einlings ris sizze kin, hwet er oant twakear ta forgees prebearre hat.
| |
| |
Wibe wirdt hwet kiezzich om det ‘simmertwirke’ en seit: ‘Soa, tochtstû det! It like oars mear op in cycloan. Wy hienen wrychtich wol forsûpe kinnen. Ik leau, det 'k wol tsien meter troch de loft fleach. Hwa hat dêr nou ea fen heard. It wier noch folle slimmer as in tongerslach út in kleare loft. En det neamt hy “in simmertwirke”!’
‘It gyng mâl, dêr hastû gelyk oan,’ falt Jelle him yn 'e reden, ‘mar hwet mei it den wol west hawwe? Ik bigryp der net folle fen. Wachtsje ris,’ ûnderbrekt hy himsels, ‘dêr driuwe ús peddels,’ en meiïens sjit er it wetter yn om se der út to heljen.
As er wer goed en wol op 'e kano sit, seit er: ‘Nou kinne wy it boat tominsten wer nei ûndjip wetter bringe. Den keare wy de kano om en skeppe him leech. De blinder, it gyng my hast slimmernôch. En wisten wy nou mar, hwet it west hie. Net, det wy dêr nou droech fen waerden, mar 'k woe it dochs wol witte. It hat fensels wyndruk west, mar hwêr is dy út ûntstien. 't Is frjemd, 't is nuver! Sjuch!’ en hy wiist op it wetter, det al wer gâns kalmer is, ‘inkeld det lytse plakje hat er rekke.’
‘Ja,’ suchtet Haeije dramatysk, ‘en krekt op det lytse plakje wiernen wy, wylst de wyndruk de hiele mar ta syn foldwaen hie.’
‘Dû,’ seit er nou tsjin Wibe, ‘seist nou wol, det ik spûken sjuch op klearljochte dei, mar men scoe hjir ek bygelovich wirde.’
‘Det bin 'k net, mar it like wol eft dy hoas, ef hwet it den mar west hat, it krekt op ús foarsjoen hie. Hy kaem lyk op ús ôf. Hwêr't er bilânne is, wit
| |
| |
ik net, hwent det koe ik sa gau net neigean, om't myn earen, eagen en mûle do krekt fol wetter wiernen.’
‘Ha dû der de gek mar mei,’ seit Haeije lilk, ‘mar ik fyn 't oars lang net yn 'e heak.’
‘O, ljeave stakkert,’ laket Wibe, ‘op syn moaist jowst de skild hjirfen ek noch oan X. Det scoe krekt hwet for dy wêze.’
‘Ik wit net, hwet ik hjirfen tinke moat,’ komt Jelle nou twiskenbeiden, ‘mar om it as in natûrforskynsel to forklearjen, is ek al like fantastysk as hwet Haeije dêr ornearret.’
‘Jonge ja,’ seit Wibe, ‘jow dû him ek noch mar hwet foet, den is er mei koarten alhielendal net mear to hâlden.’
‘Goed, den det mar!’ makket Haeije der in ein oan. ‘Mar lit ús nou earst sjen, det wy oan 'e kant komme, den kinne wy ús klean noch yn 'e sinne druije.’
‘'k Bin bliid to hearren, det dyn holle der net ûnder to lijen hawn hat,’ pleaget Wibe him, ‘det wier tominsten in teiken fen soun forstân. Jonges, lûke, ik scil wol stjûre.’
Fensels wier der net folle to stjûren, mar de oare beiden founen it alhiel net slim om de omkearde kano to peddeljen. Hwent it mocht nou tige moai waer wêze, mar dochs wirdt men huverich yn wiete klean op in omkeard boat. Hja peddelen, det it sahwet die, mar hja einden net folle, howol se sa njunkelytsen dochs wer aerdich op it waed ta skarrelen.
Unforhoeds dûkt Wibe it wetter yn. Sa ûnfor- | |
| |
wacht en fûl springt hy der ôf, det de oare beiden alle prikken yn 't wirk stelle moatte om ek net yn 't wetter to bilânjen.
Hja binne den ek neat oer Wibe syn mâlle kinsten to sprekken en roppe him alderhanne ôfgryslike dingen efternei, dy't lykwols net in soad úthelje, hwent Wibe heart der dochs neat fen. Hy is ûnder dûkt en swimt mei klean en al in ein ûnder wetter troch, rjucht foar hjarren út.
Dêr komt er wer mei de holle boppe wetter. Hy swaeit nei hjarren en ropt, det it oer it wetter davert: ‘Kom hjir, jonges, hjir kinne wy it wer bidjipje en kinne wy de kano wer omkeare.
Jelle en Haeije skreppe wakker om dêr to kommen en sa gau as hja der binne, litte se hjar ek yn 't wetter glydzje.
Mei syn trijen keare se nou it boat wer om. Nou noch it measte wetter der hwet útskeppe en den kinne hja wer farre sa't it heart. Hja pjutskje al wakker mei de hannen yn 't wetter om, mar 't eint gjin byt. Hja hawwe der den ek al ringen hjar nocht ôf en stappe al wer yn 'e kano, as dizze noch heal fol wetter stiet. Wiet binne se dochs, dos dêrfor hoege se it net to litten. Mar it boat leit gâns djipper sadet it peddeljen in hûd fol wirk is. Op 't lêst komme se dochs wer op it waed en slepe de kano op it droege. Nou hawwe se him gau leech, hwent se hoege it boat nou allinne mar om to kearen, hwet se den ek foartynienen dogge. Den litte se de kano omkeard yn 'e sinne lizze, sadet dy wer alhiel opdruije kin. En nou sa gau as 't kin de klean út en wiid útspraet yn 'e sinne lizze. It sân fen it
| |
| |
waed is gleon, sadet se fen ûnderen en fen boppen droegje.
Sels krûpe se noch in skoftsje yn sé om nou to swimmen sûnder klean oan. Det foldocht hjarren gâns better. Se hawwe den ek in wille fen komsa en binne it hiele akkefytsje al wer forgetten. Hwêr scoenen se hjar ek drok oer meitsje. Se binne jong, sterk en frij. En den sok prachtich waer, as hienen hja it sels útsocht. Wetter en sân, safier as hja sjen kinne, binne ta hjar foldwaen. Se roppe, laitsje en sjonge, det it wech-ende-wear to hearren is. Mar der wier net ien, dy't der nei harke, ef it moast wêze de séhounen op 'e ein fen 't kanael, hwent de fiskers kamen meastentiids dizze kant net út en for de jagers wier der nou dochs neat to heljen.
Do't se hjar nocht derôf hienen, draefden se nei de klean ta om to sjen, ho't it der dêr mei foarstie. Dy wiernen al in hiel ein hinne droech, alteast sa droech wol, det se wer oankoenen.
Do nei de kano.
Dy wier alhielendal wer droech en koe wer opbirgen wirde, hwent sa yn 'e sinne lizze litte to brieden, koe fensels net.
Deun tsjin it húske oan wier it plak for it boat. It like wol in lange, platte doaze. Moai wier oars, mar 't wier tige geskikt for it opbergjen fen sa'n soarte fen boat. Se leinen de kano der kreas yn, do it lid der op hwêr't it slot oan siet. Jelle draeide de kaei om en it boatsje koe wer bikomme fen it rare aventûr, det it meimakke hie.
De trije jongkeardels gyngen yn hjar hûs om de radio oan to setten. Jelle fimele der hwet oan om
| |
| |
en al ringen hie er, hwet er socht: ‘Dames en heeren,’ klonk it út 'e lûdsprekker, dy't hja nou yn 't skaed fen hjar villa delsetten, ‘Hier Hilversum, Holland. We vervolgen ons programma met...’
En do kaem der de namme fen it ien ef oare mezykstikje.
Loai joegen se hjar del by de lûdsprekker en smookten fen Jelle syn sigaretten.
Jelle sjucht de blauwe reekwolkjes nei, dy't tsjin it blau fen 'e himel mar kwalik to sjen binne. Efkes mar kin er se neigean en den binne se wei, krekt eft se nea bistien hawwe.
Jelle mimert.
Wibe en Haeije slûgje.
Ut 'e lûdsprekker klinkt in wals, dêr't de toanen fen forrane yn it rûzen fen de Sudermar.
't Is tige fredich om en by hjarren op dizze úthoeke fen 't waed en neat wiist der op, det dizze trije jonge minsken steane oan 't bigjin fen in striid, sa't der noch nea fen to foaren ien striden is.
Wibe tilt de holle omheech, sjucht earst nei Haeije, dy't yn 'e sliep fallen is en den nei Jelle, dy't op 'e rêch leit mei de hannen ûnder de holle en stoareaget yn 't blau fen 'e loft.
‘Hwêr tinkst' oan, Jelle?’ freget Wibe.
‘Och,’ andert Jelle, ‘ik prakkesear noch ris oer det frjemde aventûr fen fen 'e middei. Ik kin der mar gjin goede forklearring for fine.’
‘Dû tinkst dochs net, det it hwet boppenatûrliks west hat, wol? It scil wol sa'n soarte simmertwirre west hawwe, sa't det om dizze tiid fen 't jier wolris mear foarkomt.’
| |
| |
‘Jawol,’ seit Jelle wer, ‘mar ik foun, det dit dochs wol hwet oars like. De twirre ef hoas kaem oanfleanen, roerde de mar, smiet ús efkes yn 'e gauwichheit yn 't wetter, en foetsy wier 't wer. Fynstû det ek net hwet nuver?’
‘Hwet scil ik der fen sizze,’ andert Wibe. ‘Ik haw it ris sjoen yn 't lân do't ik mei oan 't ûngetiidzjen wier, det der sa mar ynienen in opper hea de loft yngyng. Do koenen wy ek neat fen in hoas ef sahwet hinne fornimme. It hea fleach wit ho heech de loft yn, waerd útelkoar litsen en draeide al mar yn 'e rounte. Min koe klear sjen, oan 't hea den fensels, det it in twirre wier.’
‘It treft tige, detstû det ris sjoen hast,’ seit Jelle, ‘sadwaende scilstû ek noch wol witte, eft der ek sa'n lewaei by wier.’
‘Dêr stiet my einliks neat fen foar, mar ik moat der by sizze, det ik der do ek net sa krekt om tocht haw.’
‘Den is 't klear genôch,’ fynt Jelle, ‘det it net sa west hat, hwent den hiestû it nou noch wol witten. Soks forjit men net wer, ek al tinkt men der net sa krekt om.’
‘Dû scilst wol gelyk hawwe, mar,’ oppenearret Wibe, ‘do mei dy ramp fen Borculo moat it in alderheisliksten lewaei west hawwe, neffens det ik der do fen heard en lêzen haw.’
‘Det wier do ek sa, mar det kinst hjir net mei forlykje,’ hâldt Jelle syn maet foar. Wol ik dy ris sizze, hwet myn earste yndruk derfen wier? Ik foun 't nou krekt, as waerd der in ûnbidich greate stien op ús takeild ef in kûgel...’
| |
| |
Ynienen hâldt er op.
Wibe sjucht him oan en wachtet, eft der net mear komt.
Mar hy kin lang wachtsje, hwent Jelle seit neat mear. Hy digeret oer 't wetter nei it plak, hwêr't se sapas dy frjemde ûnderfining opdien hawwe.
‘Nou!’ seit Wibe op 't lêst ûngedildich, ‘en hwet mear?’
‘Och neat, ik tocht sa, it kin wol in meteoarstien west hawwe.’
Wibe fynt dit sa kemyk, det er omrôllet fen 't laitsjen. As er op 't lêst wer hwet bidarre is, seit er: ‘Mar ho ha 'k it nou mei dy, den scoenen wy dochs wrychtich wol hwet sjoen hawwe, hwent it wier tichtgenôch by, nei't my tinkt.’
‘Ja, fensels, det is sa,’ jowt Jelle ta, ‘mar in simmertwirre hat it likemin west... Kom,’ seit er der daliks efteroan, ‘ik scil mar ris hwet oars opsiikje, hwent hjir is ek net folle oan.’
En det is sa, hwent it mezyk hat ophâlden en nou is der in man dwaende om de frouljue to learen, ho't hja itensiede moatte.
‘Bisiikje ris, efst net in amateur to pakken krije kinst op 'e ultra-koarte weach?’ freget Wibe.
‘'k Scil ris sjen,’ jowt Jelle ta biskie, en fordwynt yn syn laboratorium. Wibe merkbyt al ringen, det Jelle op 'e ultra-koarte weach oan 't siikjen is. Alle mooglike lûden komme der út 'e lûdsprekker. Fluitsjen, gûlen, morseteikens, minskestimmen en brokjes mezyk.
Mar Jelle wol, sa't it liket, hwet bysûnders hawwe. Hy siket tominsten mar troch. Nou skynt
| |
| |
er den dochs hwet foun to hawwen, det nei 't sin is. Hwet der nou út 'e lûdsprekker komt, mei Wibe ek wol lije. 't Skynt in gramofoanplaet to wêzen. Fêst in mannekoar det sjongt yn in tsjerke ef sahwet. De mesyk, dy't derby is, docht sahwet Eastersk oan, tinkt Wibe.
Jelle komt wer nei bûten en jowt him by Wibe del.
‘Ho fynst det?’ freget er.
‘Moai!’ seit Wibe.
Se swije allebeide en harkje nei 't sjongen, hwêr't se gjin wird fen forstean kinne. Mar det hoecht ek net, hwent ek sûnder det se it forstean, geniete se derfen.
De plaet is ôfdraeid.
‘Witstû, hwêr't dy plaet wol hwet op liket?’ freget Wibe.
‘Nou?’ klinkt Jelle syn werfrage.
‘Op 'e plaet: Yn in kleastertún,’ seit Wibe.
‘Ja, it hat der wol hwet fen wei, mar 't is dochs noch hwet oars.’
‘Hark, dêr bigjint it wer.’
't Is dizz' kear gjin koar det der sjongt, mar ien inkelde manljuestimme. Den wer tige heech en den wer tige leech. It docht nuvere frjemd oan, mar dochs komme de beide harkers ûnder de ynfloed derfen. As it mezyk wer ophâldt, sizze se den ek neat, mar bliuwe stil lizzen, elts dwaende mei syn eigen tinzen.
Dêr klinkt ynienen in stimme út 'e lûdsprekker en dy praet Ingelsk. Mar 't is klear to hearren, det de eigner fen dy stimme gjin Ingelskman is en ek
| |
| |
gjin Amerikaen; dêrfor hat er in to frjemd aksint. Dochs is it dúdlik to forstean, hwent de stimme praet tige helder en klear. Om't de jonges goed Ingelsk forsteane, kinne se den ek wird foar wird folgje fen hwet der sein wirdt.
Mei ien sprong is Jelle op foetten en Wibe sit ynienen rjucht. Inkeld Haeije bliuwt lizzen. Alles hwet der bart, giet bûten him om. Hy sliept en heart dos ek net, hwet de stimme seit, dy't earne, hiel fier foart, tsjin hjarren praet. Hwent hwet der út 'e lûdsprekker komt, is bidoeld for de trije jongkeardels op it waed.
‘Hallo!’ seit de kleare stimme, ‘hjir is X., de Greate Unbikende. Ik haw my fen 'e middei tige mei jimme formakke. Mar ik kin jimm' dochs myn greate biwûndering net ûnthâlde oer jimme swimmen en oer de menear, hwêrop jimme reagearje op de nuverste forskynsels. Fortel det ek mar oan de soune slieper.
En den noch hwet. It scoe for jimme, dy't sokke tûke rekkeners binne, in aerdige opjefte wêze, om mei det, hwet Jimme nou witte, to bisiikjen út to finen hokfor wearde X. hat en him den yn de algemiene formule op syn plak to setten.
Solong!’
Ut wier 't.
Alhiel oerstjûr wachtsje de beide jonges, eft der ek noch mear komme scoe. Mar der komt neat mear, de lûdsprekker bliuwt stil.
‘Hè!’ suchtet Wibe op 't lêst, ‘dit wirdt my mânskernôch, Jelle. Ik wird bang.’
Jelle seit neat. Hy giet hastich nei binnen en set
| |
| |
de radio ôf. As det bard is, komt er wer nei bûten en rint mar foar syn laboratorium op en del, op en del.
‘Jelle!’ ropt Wibe súntsjes, en as Jelle der neat fen skynt to hearren, noch ris: ‘Jelle!’
Jelle bliuwt foar Wibe stean, dy't noch altyd op 'e groun sit.
‘Hwet is der oan?’ freget er koart.
‘Scoenen wy mar net ljeaver mei dizze merakels ophâlde? Mei det pielen mei radio en al dy nuvere dingen, dystû foarelkoar prakkesearrest. Ik haw it der neat mear op stean, Jelle!’
‘Earst Haeije der ek ris nei freegje,’ seit Jelle en syn eagen stean stiif. Hy skoddet Haeije oan 'e earm hinne en wer, dy't kjel syn eagen iepenskoert en den bigjint to knypeagjen tsjin it felle ljocht.
‘Hwet moat det nou bitsjutte?’ freget er stymsk, ‘liz ik jimme yn 'e wei?’
‘Né!’ seit Jelle, ‘mar wy hawwe dy nedich. Biste wekker?’
‘Hwet tochtstû den, neidetst' my sahwet útelkoar skoerd hast. 'k Bin der noch biroerd fen.’
‘Det scil den noch wol slimmer wirde, forwachtsje ik, as ik dy fortel, fen hwastû de groetenisse ha moatst.’
‘Det scil wol raer wêze, fen hwa den?’
‘Fen X., de Unbikende!’
Haeije syn kin sakket nei ûnderen. Mar den springt er as de wjerljocht oerein en scil mei faesje út ein sette.
‘Ho!’ ropt Jelle, ‘kom hjir. Dû wolst der nou al útpike en witst noch net iens hwet der bard is.’
| |
| |
Haeije komt skruten wer werom en as er wer by it ploechje is, fortelt Jelle him krekt hwet der bard is en hwet se fen X. fornomd hawwe, en ek hwet Wibe foarslein hat.
‘Wy binne,’ sa bislút Jelle syn forhael, ‘mei syn trijen bigoun en scille ek mei syn trijen ophâlde ef... X. útfine. Hwet tochtstû?’
As Haeije den hwet sizze scil, stekt Jelle de hân op, om him to bitsjutten om noch efkes to wachtsjen.
‘Dit woe 'k noch sizze. As de mearderheit derfoar is, om mei ús ûndersikingen op to hâlden, scil ik my der by dellizze. Mar, mocht de mearderheit derfoar wêze om X. út to finen, den is de tredde altyd noch frij, om net mear mei to dwaen. Ik wol net, det der immen sizze kin, det er dêr ta twongen is. Bigrepen!?’
‘Skoan!’, fâlt Haeije daliks yn, en mei in skean each nei Wibe, ‘fensels bin ik der flak foar om...’
‘Sa gau mooglik to sjen om thús to kommen en nea wer nei dit spil hjir om to sjen,’ fâlt Wibe Haeije yn 'e reden.
‘Om,’ giet Haeije ûnforsteurber troch, ‘mei dy, Jelle, X. út to finen, hwet it ek kostje mei en hwêr't it ús ek bringe scil.’
‘Forhip,’ falt Wibe út; ‘dû bist ek in moaijen ien. Earst deabinaud en nou ynienen sa.’
‘Ja,’ seit Haeije en stekt de hân by syn polohimd yn as wier er Napoleon, ‘Jelle en ik scille dy mynhear X. wol ris efkes op syn fesje spuije. Jelle doart wol en ik bin net bang.’
| |
| |
‘Dêr forsinst dy dochs efkes,’ seit Wibe hjit, ‘sa maklik giet det net.’
‘O, né? Nou, det scilst den wolris sjen,’ seit Haeije great.
‘En dochs bistû mis, Haeije, det spylje jimme togearre net klear. Dêr moatte wy for mei syn trijen wêze.’
‘Sa mei 'k it hearre, jonges,’ seit Jelle, ‘as wy it mei syn trijen yn ús hirde fryske koppen sette om der mei klear to kommen, den rêdde wy 't ek wol. - Jonges,’ sa giet er den troch en stekt syn beide hannen út, ‘jow my de hân. Wy bliuwe by elkoar, hwet der ek barre mei; yn goed en tsjoed!’
Dêr steane se, trije sterke fryske knapen, dy't elkoar de hân derop jown hawwe om it wirk to folbringen, det se hjarsels oplein hawwe.
Maklik scil 't net wêze en folle slimmer as hja nou tinke kinne, mar hja hâlde fol, se kinne op elkoar oan en slagje scille se. |
|