| |
| |
| |
Haedstik 1. Seinen út 'e Stratosfear.
Neidet de Sudersé yn Sudermar foroare is, komt it waed net mear ûnder wetter: en is it nou in ûnbidige sânflakte wirden. Sa fier as min sjen kin, oars neat as ien greate plaet, sa't it liket, sa sljucht as in biljertlekken. Men sjucht der neat as de tûzenen skulpen, dy't wyt blikkerje yn 'e sinne op 'e rêggen.
Mar né, dochs net al hielendal neat. Ticht oan de wettersigge, op in hege rêch stiet in houten húske, mei in eintsje der ôf, oan 'e waedkant, in hege peal. Fen dy peal nei det húske rint in tried; in antenne.
Yn det húske, det mar út ien keamer bistiet, sjucht it der tige geheimsinnich en geleard út. Oeral oan 't lewant hingje frjemde apparaten en ek op de planken, dy't for tafels tsjinst dogge, steane nuvere mesyntsjes.
Dit is nou it laboratorium fen Jelle.
Trije jongkeardels sitte dêr op eigenmakke stoeltsjes, elkmis mei in koptillefoan oer 'e earen.
‘Hearst al hwet, Jelle?’
It is Haeije, dy't det freget. Hy is achttjin jier, net oerdiedige great, mei in goedlik gesicht, kleare blauwe eagen en steil, ljocht hier.
Jelle, in great, bonkich jongkeardel, mei in great
| |
| |
bosk ljocht krolhier, sjucht efkes op, mar seit neat. Hy kipet efkes nei in boerd mei mjitynstreminten flak foar him.
De wizers fen al dy ynstreminten wize elts hwet oars oan mar allegearre byinoar fortelle se him, det syn apparaetsjes yn oarder binne en det it dêr net oan leit, det er neat heart.
Hy sjucht efkes nei Reade Wibe, dy't fen itselde slach is as Haeije, mar mei in bosk hier dêr't er syn bynamme oan to tankjen hat, dy't mei in lytse moator oan 't pielen is.
‘Ho fier bist, Wibe, kin 't hast hwet wirde?’
Wibe faget him it swit fen 'e foarholle en seit:
‘Wêz dochs net altyd sa pûr hastich, ha mar efkes gedild, 't is daliks klear.’
Wibe arbeidet fierder en 't is wer stil yn 't frjemde keammerke.
‘Klear!’ ropt Wibe op 't ûnforwachtst.
‘'t Scil tiid wirde,’ gnoarret Jelle.
Hy hellet in skeakelder nei him ta en foartdaliks heart men it gounzjen fen in elektryske moator.
Det is tige frjemd, elektrisiteit sa mar oan 'e kant fen it waed, flak by sé.
It is frjemd, mar net for Jelle en syn maten. Jelle brûkt de druk fen it wetter fen 'e Sudermar for syn moator, dy't hy mei de help fen syn beide maten yn elkoar set hat. Maklik hat det net west, mar hja hawwe trochset, en nou rint de moator.
Jelle sjucht nei in mjitter op it boerd wylst syn hân in knop forskout. Hwet mear hy de knop foartskout, hwet heger de wizer fen de mjitter omheech kliuwt.
| |
| |
De oare beiden hawwe hjar tillefoan ôfdien en binne der by kommen to stean. Inkeld Jelle hat nou noch de tillefoan op 'e holle.
Alle trije sjugge se nei in mjitynstremint.
‘Sa scoe 'k mar ris ophâlde,’ seit Haeije, ‘aste sa trochgiest, forbarnst strak de hiele boel noch.’
‘Ja,’ falt Wibe him by ‘de spanning is nou heech genôch, sa kin it wol.’
‘'t Moat noch folle heger kinne,’ seit Jelle en sjucht nei in blêd pompier foar him, dêr't in hiel soad formules op steane.
‘Mar, it is wier, it kin sa wol. Ik scil ris bisiikje, eft ik Amearika ek to pakken krije kin. Hastû de antenne goed neisjoen, Haeije?’
‘Ja, dy is yn oarder, dû hiest it sels net better dwaen kinnen. 'k Haw him krekt sa makke astû my sein hast, alhiel neffens dyn birekken.’
‘Nou, dêr giet it hinne,’ ropt Jelle.
Hy drukt op in pear knopkes en trije lampen bigjinne to gloeijen. Nou taest er nei de seinkaei, dy't flak by syn rjuchterhân oan de eigenmakke tafel fêstskroefd is.
De oare beiden sette gau hjarren tillefoan wer op.
Jelle seint. Syn hân giet linich op en del en stjûrt de morseteikens de antenne yn, dy't der for soargje moat, det er se de ether ynslingert.
As Jelle op 't lêst ophâldt, harkje se alle trije skerp yn hjar tillefoan eft se ek hwet hearre as andert op Jelle syn tillegrafearjen.
Efkes is 't wer stil.
‘Ja,’ ropt Wibe ynienen, ‘ik hear hwet.’
| |
| |
Nou hearre de oare beiden it ek.
Hastich skriuwt Jelle op, hwet der troch de ether op him takomt. Hy heart it as stippen en streken, mar hy forstiet it skoan. As er wer ophâldt mei skriuwen, seint er noch efkes en skeakelt den de boel ôf.
‘Yn oarder, jonges,’ seit hy tofreden. ‘Wy hawwe Amearika hawn. Myn systeem wier goed. Ek de moator hat it bêst dien. Mar ik haw greatere plannen as in bytsje getillegrafear ef getillefonear mei Amearika.’
Ynienen hâldt er op en bisjucht mei oandacht, hwet er dêr krekt opskreaun hat.
‘Frjemd,’ seit er en skodhollet.
‘Hwet is frjemd!’ freget Haeije.
‘Det ik wer andert krige ha fen de Greate Unbikende, fen X. Salang as wy nou oan 't bisiikjen binne, is hy stéfêst by dyjingen, dy't ús oprop hearre en andert jowe.’
‘Ja,’ seit Wibe, ‘det is tige nuver; dy skynt op alle weachlangten to harkjen. Dû hast dochs nou wer in oare weach brûkt?’
‘Wis al,’ andert Jelle, ‘ik seinde nou op 'e achttsjin sintimeter.’
‘Nuver,’ komt Haeije nou ek, ‘ho kin dy fint nou krekt wer op achttsjin sintimeter sitte. Ik bigryp der neat fen!’
‘Ik tink,’ andert Jelle him, ‘det dy man, ef hwet it den ek mar wêze mei, folle fierder is as wy en det hy harkje kin nei alle weachlangten, dy't mar for radio yn gebrûk binne.’
| |
| |
‘Ja, mar,’ giet Wibe der tsjin yn, ‘hy kin dochs mar op ien weachlangte tagelyk harkje.’
‘Miskien,’ seit Jelle, ‘hat hy in apparaet, det automatysk oanjowt as der seind wirdt op weagen dy't ornaris net yn gebrûk binne. Mar, ho den ek, X. is sa nijsgjirrich as in hin mei in glêzen gat. Hy freget my tominsten it himd sahwet fen 't gat. Hokfor ynstallaesje ik brûk, hofolle stream yn 'e antenne, hwêr't ik krekt sit, hwet for lânsman ik bin en hwet it doel fen myn seinen is. Ik wit net ho't it komt, mar it leit my mar sa by, det dêr net alles is sa't it heart. Der sit hwet mear efter as sljuchtwei hinne en wer.’
‘Witstû krekt hwêr't hy sit?’ freget Haeije.
‘Né, hy jowt ek nea gjin goed biskie.’
‘Kinst him net peile?’ freget Wibe.
‘Dêr seist sahwet!’ ropt Jelle bliid, ‘as er syn formogen opjaen wol, scoe ik it wol útrekkenje kinne, tink ik. Foart mar ris bisiíkje.’
Wibe set de moator wer oan, wylst Haeije en Jelle in kaske foar 't ljocht helje dêr't in lytse, draeibere raemantenne op stiet.
Haeije is al gau drok dwaende mei forskate triedtsjes fêst to meitsjen oan batterijen, dy't er hjir en dêr by elkoar siket.
Jelle sjucht ûndertwisken nei eft alles noch yn oarder is mei 't apparaet sels. Syn ûndersiik liket goed út to fallen, hy glimket tominsten foldien en ropt: ‘Alles klear?’
‘Ja,’ anderje syn maten.
‘Haeije, den dû oan de rjuchtingsiker. Tink derom, detst him goed peilst, wylst ik mei him
| |
| |
dwaende bin. Mar wêz foarsichtich, foaral net peile as ik oan 't seinen bin, hwent den forbarnt de hiele boel. Bigrepen?’
‘Yn oarder!’ jowt Haeije ta biskie, dy't ûndertwisken de tillefoan al wer opset hat, lyk as Jelle ek al, dy't nou foar de kaei sitten giet.
Foardet er bigjint, seit er noch tsjin Wibe: ‘Sa gau as ik ophâld mei seinen, foart de moator útskeakelje. Scilstû dêr goed om tinke?’
‘Wis al!’ anderet Wibe, dy't al mei de hân oan de skeakelder stiet.
‘Klear!’ ropt Jelle, ‘'t giet oan!’
De moator bromt en gounzet. Fûnken dounsje twisken de kontakten fen de seinkaei.
Fierder is alles stil yn 't keammerke.
Haeije en Wibe sjugge fol forwachting nei Jelle, dy't mar oan 't seinen bliuwt. Oan ien tried wei tikket de kaei... duut-da-duut-duut... duut-duut-duut... da-da-duut... da-duut-da...
Einlings en to'n lêsten is er klear.
Floep, hellet Wibe de skeakelder oer. De moator rint noch efkes troch en swijt den.
Haeije draeit mei de raemantenne en siket om de teikens fen de Greate Unbikende.
Jelle harket.
Nei in skoftsje stekt Jelle de finger omheech en seit: ‘Dêr is er wer.’
Gau sjucht er noch efkes nei Haeije: ‘Tink der om, nou moatst him net misse.’
Jelle skriuwt wer hastich op hwet er heart. Den grypt er nei de kaei.
| |
| |
Wibe jowt Haeije in teiken en set den de moator wer oan.
Jelle seint wer efkes en harket wer.
Sa giet det in skoftsje; seine, skriuwe, skriuwe en seine. Op 't lêst hâldt er op en docht syn tillefoan wer ôf.
Wibe skeakelt de moator wer ôf en it gounzjen hâldt op.
‘Hast him fine kinnen?’ freget Jelle tige binijd oan Haeije.
‘Nou, forgoed,’ andert dizze, ‘ik haw him wol fiifkear peild, en de peilingen kamen allegearre op itselde del. Sjuch, hjir hie ik him, suver noard. Men scoe hast sizze, det er op de Noardpoal siet.’
‘Prachtich!’ ropt Jelle optein, ‘en my hat er opjown ho great syn formogen wier dêr't er mei arbeidet en ek it systeem fen syn ynstallaesje. Nou wol 'k den dochs ris sjen eft wy net útrekkenje kinne, hwêr't X earne úthinget.’
Hy nimt pompier en potlead en bigjint to rekkenjen. It skynt net ta to fallen, hwent faken moat de rekkenliniael der oan to pas komme. Hy sjucht greate tabellen nei fen formules, dy't hy sels makke hat.
Wibe en Haeije sitte der by en sizze neat, hwent se witte wol, det er net steurd wirde mei. Helpe kinne se dochs net folle, hwent mei dy wiskinstige birekkeningen komme hja dochs lang net oan Jelle ta. En hja witte, det it net maklik is, hwet er dêr nou ûnder hannen hat. Der moat mei alles rekkening hâlden wirde.
Om mar ris hwet to neamen. Mei de wjerkeat- | |
| |
sing fen de koarte radio-weagen tsjin de Haevyside-laech, in soarte elektro-magnetyske spegel, neffens Jelle syn birekkening sahwet hûndert Kilometer boppe de ierde. Om't de radio-weagen, lyk as 't ljocht, rjuchtút geane, scoene se fensels al ringen fen de ierde ôfwêze, om't dizze roun is. Mar dy spegel stjûrt se wer werom. Det is ien. Den mei de absorpsy ef it opsûgend formogen fen det part fen 'e wrâld dêr't de weagen oerhinne reisgje. Fierder noch mei de tiid, hwent it is in great forskeel eft se by tsjuster ef by deiljocht troch de ether stouwe. En sa binne der in soad fen dy dingen. Mar Jelle is net forgees al sa lang mei syn ûndersikingen oan 'e gong. Fen in hiel soad forskynsels hat er tabellen makke, dy't him nou tige to pas komme.
Mar dochs dûrret it dizze kear wol hwet ryklik lang, foardet hy klear is. Al mar wer op 'e nij bigjint hy to rekkenjen. It wol, sa't it skynt, mar net goed útkomme. In djippe tear stiet rjuchtop twisken syn eagen, hwet for de oare beiden in dúdlik biwiis is, det der swier waer op komst is.
Den moat it noch gâns slimmer wêze as det sy tocht hiene, hwent Jelle is foartdaliks net fen streek.
Ynienen smyt Jelle lilk syn potlead op 'e tafel, springt oerein en hammert mei de fûst op syn birekkeningen om, sadet it pompier withwêrsanne stout. De oare beide krûpe for alle feilichheit mar in eintsje efterút, hwent Jelle is knap sterk yn 'e hannen en as hy him ris forsinde en ien fen hjarren for de tafel oanseach, den koe det wolris neat net noflik wêze.
| |
| |
‘Divel noch oan ta’, balt hy, ‘it is om út yens fel to springen. Tsien kear haw ik it oerrekkene en noch komt it net út!’
En den ynienen tsjin syn beide maten: ‘Stean dêr dochs net sa as in pear sâltsekken by. Kom hjir ljeaver en sjuch de boel ris mei my nei.’
‘Det kin wol’, seit Haeije foarsichtich, ‘astû tominsten earst de hannen yn 'e bûse stekst. Sa is 't my to noedlik.’
Efkes sjucht Jelle him lilk oan, mar bigjint den to laitsjen. ‘Dû hast gelyk, it is nearne goed for om my lilk to meitsjen. Dêr wirdt it noch mar minder fen.’
Hja siikje de pompieren wer byeltsoar en bûge hjar mei syn trijen oer Jelle syn siferwirk.
Yn 't earstoan snappe Haeije en Wibe der net folle fen en kinne hja der kop noch stirt oan fine, mar as Jelle it bigjint út to lizzen wirdt it hjarren swietsjeswei klear. Hja helje de tabellen der by en forlykje it iene mei it oare.
Bytiden wirde der snoade setten dien, mar 't eintsjebislút is dochs, det der gjin flater yn 't rekkenwirk to finen is.
Haeije komt oerein, set de hannen yn 't krús om himsels wer rjucht to bûgen en seit: ‘Der mankearret neat oan, Jelle, sa astû it útrekkene hast, sa is 't goed.’
‘Mar myn ljeave stakkert,’ seit Jelle ûngedildich en hâldt him beide hannen útspraet foar 't gesicht, ‘bigrypst den net, det it net goed wêze kin!’
| |
| |
‘En hwêrom den net?’ freget Wibe, ‘der mankearret neat oan; sa is 't, en net oars.’
‘O jimme greate oksen, it kin net! siz ik jimme, it kin net!’ ropt Jelle.
‘Ik scoe net witte, hwêrom net’, seit Haeije, altyd like kalm, ‘ik scil dy ris hwet oars sizze, it kin net oars wêze’.
‘Jimme binne stapelgek!’, bislút Jelle sûnder folle achting for it soune forstân fen syn maten.
‘O tankje wol’, fâlt Wibe út, ‘mar hwêrom den!’
‘Omdet dyjinge, dy't wy peild hawwe, den net op ierde wêze kin, mar sahwet sechstich ef sauntich kilometer derboppe. Dêrom!’
In hiel skoft bliuwt it nou stil. Wibe en Haeije binne forslein troch de ûnforwachte útkomst fen hjar rekkenjen. Hja wierne sa fol bitrouwen yn Jelle syn rekkenderij, mar nou kaem der twifel oan de krektens fen de bisifering, dy't hja sels noch mei neisjoen hiene. Op 't lêst sprekt Haeije syn twifel út en seit wifelsinnich: ‘Den scoe det seinen dos út 'e stratosfear komme moatte’.
‘Krekt’, komt Jelle foartynienen, ‘en Jimme scille nou wol bigripe, det soks net kin.’
‘It liket tominsten al hwet frjemd,’ bringt Wibe foarsichtich nei foaren, ‘mar hwet kin der nou tsjinwirdich net. Der hawwe dochs al earder gûds west. Prefester Piccardt bygelyks.’
‘Tja, dêr hast gelyk oan,’ seit Jelle, ‘mar den hiene wy der dochs wolris fen lêzen, det der wer de iene ef oare hinne scoe. Der komt den ek noch by, det de ljue, dy't dêr mei in ballon hinnegean, meas- | |
| |
tentiids wol hwet oars to dwaen hawwe yn it koarte skoftsje det hja dêr binne, as hwet boarterij mei radio. Né, ik fyn 't in nuver spil. Unbigryplik!’
‘Ja, mar,’ komt Haeije ynienen yn 't sin, ‘dûsels hast niiskrektsa sein, det der hwet net alhiel yn 'e heak wier mei dy mynhear X.’
‘Goed, goed,’ jowt Jelle ta, ‘mar det wier mar sa'n gefoel fen my. Der wier alhiel gjin biwiis foar.’
‘Det mei nou al sa wêze,’ giet Haeije der tsjin yn, ‘mar my tinkt, det de Greate Unbikende oars al biwiis genôch jown hat, det er hwet mear kin as sljuchtwei hinne en wer. En hwêrom scoe er den net yn 'e stratosfear húsmanje kinne?’
‘Om't er dêr den forkeare moast yn in tastel, sa as der oan't nou ta noch net ien útfoun is,’ andert Jelle derop.
‘Nou, witstû hwet,’ seit Wibe smout, ‘dû kinst nea better dwaen as him der sels nei freegje, den witst it ynienen.’
‘Ja,’ giet Jelle der earnstich op yn, ‘as er tominsten andert jowt op myn frage. Mar hawar, wy scille it bisiikje. Wibe, set de moator wer oan.’
En wer ropt Jelle troch de ether om de Greate Unbikende.
Hysels leaut net, det er andert krije scil. It wol der by him net bêst yn, det it mooglik is, det der ien forkear mei him ûnderhâldt út 'e stratosfear.
Jelle harket skerp út nei de seinen fen X.
De beide oaren sjugge him fol forwachting oan.
Sjedêr, hy skriuwt wer. Skynt dos alwer forbining to hawwen.
| |
| |
Den opiens sjugge de beide maten Jelle syn gesicht foroarjen. Hy sjucht sa forheard, det it wol hwet bysûnders wêze moat, det er dêr heart.
En yndied, Jelle draeit him om en wiist hjarren forwêzen op itjinge hy dêr delskreaun hat.
Haeije en Wibe bûge hjarren oer it pompier en lêze hwet dêr op skreaun stiet. Den sjugge se Jelle mei greate eagen oan en 't is skoan to sjen, det se hjar neat to bêst op hjarren gemak fiele.
Sa sitte en stean se dêr in skoftsje by inoar en gapje elkoar oan, mar sizze neat.
Den opiens boarst Haeije út: ‘Det is in grap fen dy, Jelle, dêr hast ús aerdich to fiter.’
Mar Jelle springt oerein en seit: ‘Né, jonges, it is gjin grap.’ En hy lêst lûdop hwet er dêr sa pas yn morseteikens fornomd hat. ‘Your bearings are true. X.’, hwet safolle bitsjut as: ‘Jimme peilingen binne goed. X.’
‘Det bigjint op tsjoenderij to lykjen,’ seit Wibe, wylst er skruten om him hinne sjucht, as forwachte hy de Greate Unbikende by hjarren yn 'e keamer to sjen. ‘Ho kin X. witte, det wy him peild hawwe?’
‘Om't X. folle fierder is as wy en as hwa den ek. Nou leau 'k, det er dêr yn 'e stratosfear is. Nou liket my neat mear to raer ta fen dy Greate Unbikende,’ en mei tige klam op 'e lêste wirden, bislút Jelle: ‘Hy hat ús sjoen!’
‘Den gean ik hjir wei!’ ropt Haeije en springt oerein om mei-iens ta de doar út to fleanen.
Mar Jelle syn sterke hannen slute al om syn earms en plakke him op in stoel del.
‘Hwet scille wy nou bilibje,’ seit er hird, ‘dû
| |
| |
wolst der útnaeije? En hwêrfor en hwêrhinne?’
‘Kin my neat skele!’, bâlt Haeije, ‘mar hjir fortrou ik my net mear.’
‘Nou,’ seit Wibe hwet kalmer, ‘ik fyn 't ek wol hwet eang, det der earne yn 'e wrâld immen is, dy't ús hjir bikipet en krekt sjucht hwet wy dogge.’
‘Brûk jimme forstân,’ seit Jelle foars, ‘sa slim is 't net. X. kin ús, yn 't ginstichste gefal, allinne mar sjen as wy oan 't seinen binne. De Unbikende skynt in televisy-apparaet to hawwen, det er op ús seinweach ôfstimme kin.’
‘Det is ek al slim genôch,’ fynt Haeije.
‘Hwa wit, hwet dy keardel noch mear kin. Skielk stjûrt er noch deadzjende strielen op ús ôf, en den is 't dien mei Baeije. Né, ik moat der neat fen hawwe.’
‘Ik sjuch net yn, hwêrom't er det dwaen scoe, as hy 't koe, en hwet for bilang er der by hawwe scoe,’ mient Jelle. Witt' jimme hwet, jonges, wy scille mar nearne oer prate en al de kranten, dy't wy mar bisette kinne, neilêze, eft der ek hwet oer X. yn stiet.’
Nei noch in bytsje hinne en wer gepraet scil det den mar wêze. Se geane nei bûten, slute hjar húske ôf, hwêr't se krekt sokke nuvere dingen heard hawwe en swalkje oer it waed nei hûs ta. |
|