De bitingsten, dy't nedich wierne.
Do't master yn skoalle de jonges for 't earst hwet oer algebra fortelde, seach Jelle ris nei Haeije en dy seach fensels Jelle ris oan.
It wier net sa slim to rieden, ho't Jelle oer al det moais tocht, hwet master dêr fortelde. It wier krekt eft er sizze woe: ‘Al wer hwet nijs, mar net folle goeds.’
Hy tocht det nou wol, mar hy sei it net.
En, om't Jelle det tocht, tocht Haeije it ek, hwent Jelle wier for Haeije de man, dy't nea gjin ûngelyk hawwe koe; det bistie net.
De oare man fen 'e trijekaert, reade Wibe, hie der alhielendal gjin erch yn, hwêr't master it oer hie, hwent âldergewoante siet er wer heal ûnder 'e bank hwet to binifeljen, det al syn oandacht easke, sadet der for master syn útlizzerij fen a en b neat fen syn oandacht oerbleau.
Do't Jelle nei skoaltiid thúskaem, fortelde er syn Heit daliks, hwêr't master it oer hawn hie.
‘Tink nou ris oan,’ sei Jelle, ‘a + a = 2a en a × a = a2 en det is mei b krekt allyk en mei alle oare letters ek. Men scoe sizze, net? Ja, wy hawwe hiel hwet leard fen 'e moarn. a + b = a + b en a × b = ab. Nou, hwet seit Heit dêrfen? It is by my noch healwizer, as jiertallen!’
Mar Jelle syn Heit, dy't stjûrman wier op 'e greate feart, tocht der al efkes oars oer.