komd wêze? Dêr soe 'k sa graach ris wat klearrichheid fan ha wolle!’
- ‘No ik wit wol rie,’ sei Wytske; ‘dan moatte wy sjen as se hjir net efkes komme kin.’
Dêrop rôp se de faam en sei: ‘Do moatst gau ris efkes nei Joukjen yn de skoallesteech rinne, en sis as hja hjir efkes komme kin. Ik hab in foech boadskip oan har, moatst sizze. Der is neat gjin swierrichheid by, moatst sizze: hja moat hjir mar efkes komme.’
De boerinne skriemde derfan, sa wie se oerstjoer, mar al njonkelytsen bekaam se dôch wer wat. In lyts healoere sil der ferrûn wêze, ear't Joukjen út de skoallesteech dêr kaam. It wie in bleek meager minske fan in lyts fyftich jier, op 't each te sjen, en wakker sober en earmoedich yn 'e klean.
- ‘O heden, Wytske!’ sei se, ‘ik rin der samar yn. As ik witten hie dat jy guods by jo hiene, dan hie 'k foar de doar bleaun.’
- ‘Nee, dat is gjin byt,’ sei Wytske, ‘kom jy hjir mar!’
Wiles sette se in stoel, en 't wyfke gyng sitten.
- ‘Jy hiene in boadskip oan my, prate de faam,’ sei se.
- ‘Ja,’ sei Wytske, ‘Jy witte jit wol dat ik ris in sulveren rinkelbel fan jo krige hab.’
- ‘No ja!’ sei se, en doe waard se al tige read om 'e holle.
- ‘Dêr stiket neat yn,’ sei Wytske; ‘dat moatte jy net tinke. Mar dizze boerinne soe wol graach witte wolle, as jy it sizze kinne, waans as dat west hat, ear't it jowes wie.’
- ‘Dat kin ik net sizze, want ik hab him fûn.’
- ‘Och heden! wêr ha jy 'm dan fûn?’ frege Hiske.
- ‘Nee, ik hab him net fûn, mar...’ Hja seagen wol dat it minske alheel yn 'e war wie.
- ‘No minske,’ sei Hiske, ‘it is ús der net om te dwaan om jo yn 't ongemak te helpen. Hoe jy oan dy rinkelbel komd binne, dat kin minder skele: mar ik stel der folle belang yn om te witten wêr er wei komd is. As jy my dat naukeurich sizze kinne, dan wol ik jo wol wat jaan. En it sil safolle as 't mooglik is stilhâlden wurde.’
- ‘Wa binne jy? as ik freegje mei,’ sei it wyfke.