Doe waard de faam nei buorren stjoerd om te sizzen dat baas Pabe en Setske, en Wouter en Tsjamke de jûns by Lútsenboers komme moasten te pizeljen. Hja kamen ek. Mar ik sil 't mar net ondernimme om it toaneel te beskriuwen, doe Wouter dêr syn heit en mem fûn, en baas syn wiif en Tsjamke har mem. It wie in blide jûn foar allegearre. Doe Doutsen dêr har leave brave dochter oantrof, begûn se wer te fielen dat se har nocht jit net fan 't libben hie. Baas wie wer út syn âlde stap: hy seach ferwezen om him hinne en koe neat sizze. Doe Doutsen him fersocht om har alles te ferjaan, wat hja tsjin him misdreaun hie, doe sei er: ‘Och ja, dat wol ik wol dwaan. Ast do dy goed hâlde wotte, sil ik my ek wol goed hâlde.’
Doe waard der besletten, meast op 'e foarstellen fan Hiske, dat se 't allegearre wat stilhâlde soene, salang as Hans en dy froulju har fonnis hiene, en soargje dat Doutsen net foar 't rjucht hoefde.
Hans en de froulju krigen har fonnis. Hans krige in giseling en in brânmerk, mei de strop om 'e hals oan 'e galge fêst, en moast tsien jier sitte. Klaaske moast in oere te pronk stean en fiif jier sitte; en Griet in healoere te pronk stean en in jier sitte. - De sneons doe dy knapen te Ljouwert rjuchte waarden, doe rûn Stiens ek omtrint leech.
It waard al gau ruchtber, dat baas Hoattelstoat syn wiif wer hie, en ek dat Wouter Onbekend datselde bern wie dat ris op in Stienzer merke weiwurden wie, en dus de echte soan fan Lútsen en Hiske. Ek dat er yn Jetske har kiste west hie, waarden de lju wiis, mar hoe him dat fierder allegearre tadragen hie, dêr kaam it algemien net rjucht efter.
Doutsen kaam wer by baas, en naam syn húshâlding waar; mar hja bleau altyd minskeskou; as se fernaam dat der frjemde lju yn 'e hûs kamen, dan gyng se út 'e wei. En baas-en-hja koene wol meiinoar oerwei, want hja wie sa ynskiklik en tajouwend tsjin him as 't mar koe. As se syn sin riede koe, dan wie er frij om it te sizzen.
En âlde Setske, wêr moast dy doe hinne? Hja koe fansels net mear baas wêze yn 'e húshâlding, en om onder de frou te stean,