De silveren rinkelbel
(2003)–Waling Dykstra– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 120]
| |
Santsjinde haadstik
| |
[pagina 121]
| |
thús! 't Is no al trije wike oer syn tiid en dat is 't, en jit komt er net. Ik ha siker al soarch dat er dea is.’ - ‘Ei fij, nee! Dan soene wy wol tiding krije. Mar ik tink hy sil 't wol heard habbe, dat it der hjir sa raar omwei gyng, en no wachtet er licht jit wat.’ Tsjamke tocht dêrby: Licht hat er nei 't lêzen fan de brief, dy 'k him stjoerd hab, it beslút wol nomd om Stiens nea wer benei te kommen. Mar dat doarst se net tsjin Setske sizze, om 't minske net mistreastich te meitsjen. - ‘Dêr komt jimme heit al oan,’ sei Setske, wylst se ta 't finster út seach. - ‘Ja, sei Tsjamke, 'wy moatte 'm mar nearne net nei freegje.’ Dat hoefde ek net. Baas hie pas in foet binnen de keamersdoar set, of hy begûn al. - ‘Is 't net in divekerse mâle boel?! Elkenien hâldt mar stiif en strak steande dat dy Wouter mines is. 'k Ha nea gjin dommer healoere yn myn libben hân, as doe 'k der ta oergien bin om dy jonge grut te meitsjen. 'k Hoopje teminsten mar dat er net werom komt.’ - ‘Fij baas!’ sei Setske, ‘sok praat is te slim. As jy frijman binne, wat let jo dan it praten fan de lju?’ - ‘It praten fan de lju?! Ja, dêr ha 'k lang al dohûdich onder west. Mar dy smoarge snaak fan in Jildert - Hans Fiter-en-bân mien ik - dy stekt my no jit in stikel, dat begryp ik wol, omdat it him mislokt is om Tsjamke yn 't ongelok te helpen. Dy twa klitsen fan froulju, dy Klaaske Teapert en Griet Pikelhjerring, en hy - habbe hjoed ien foar ien foar 't ferhear west, en hja habbe alle trije bekend dat hja hjir doe dy kiste út it efterhûs stellen habbe, en ek dat se dêr in lyts bern yn fun habben, dat se letter nei my tabrocht habbe. - En doe fregen de hearen my, as ik dêr ek fan wiste. - Ik sei: “Ik wit net hoe't jimme derby komme!'Wat soe ik der fan witte wat dy faam yn 'e kiste hie?” - En hoe 'n mâle boel as 't is, jimme witte 't net! No is 't hjoed útlekt dat dy hearfeint fan Koudum, dy Jildert, dy Lútsenboer no as syn omkesizzer oan nomd hat, - dy is troud oan dat frouminske, oan dy Jetske, dy hjir by my foar faam | |
[pagina 122]
| |
wenne hat. Dat soe dan, nei 't sizzen fan dy snaken, de mem fan Wouter wêze. En no moat dy jit ek ris mei foar 't rjucht komme; dan moat ik der ek wer hinne, en dan sil de bûter jild jilde. Is 't net in akelike boel?! Soe men de wrâld net útrinne?! - Ik hab altyd elk sines jûn, en ik ha nea gjin minske oerlêst oandien, en dôch is der altyd in hopen spul mei my.’ - ‘Mar,’ sei Setske, ‘as dy Jetske no mei foar 't rjucht komt, dan sil de rjuchte wierheid wol oan 'e dei komme, soe men sizze.’ - ‘Dêr wit ik neat fan. Mar al bekent hja it fyftich kear, dat hja Wouter syn mem is: om te sizzen dat ik syn heit bin, dêr krije se my net ta; al slaan se my healdea! - Mar no het Jildert Nolkes fan Koudum my sein, doe wy de stêd meiinoar lâns gyngen, dat hy hie 't syn wiif ek al oerslein, want hy hie raar opharke doe Hans Fiter-en-bân dat dêr by Lútsenboers ferhelle. - Ik sei: ‘Ja man dat kinn' jy my bêst wysmeitsje! Mar wat sei jo wiif dêrfan?’ - ‘No,’ sei er, ‘dy het der op sward en beard, dat it net wier wie, en hja het my tefoaren skriemd as in bern.’ - Ik sei: ‘Ja man, ik soe der hast wol op stjerre wolle, dat Jetske fan dy saak allike min wit as ik. Ik hab sok ding foar har doar nea net socht. Mar dy snaken habbe dat mar optocht om ús in klâde nei te jaan. Wouter is in skoaiersbern, dat sil net oars útkomme.’ - ‘Och no,’ sei Setske, ‘al is dat dan sa, dêr is er net minder om. Hoe syn âlden west habbe, dat witte wy net; mar hy is goed, dat witte wy. - Ik kin my net begripe hoe't er salang weibliuwt.’ - ‘Ja mar Setske, do hoefst net te mienen dat ik him hjir wer by my ha wol. Dat mei foar in nacht twa ôf trije wêze; mar dan is 't út. Ik hab der spyt genôch fan dat ik salang mei him oanpield hab. Ik hab der oars neat fan as in lilk wurd en in hele bulte ongemaklikheden.’ - ‘Och heden! dat soe freeslik wêze!’ sei Setske Mar Tsjamke state har oan, en sei súntsjes: ‘Ei, hâld jo mar stil en lit heit mar prate!’ Dy rie folge de âldfaam, en doe grommele baas fuort allinne. Mar Setske krige sadwaande de iene noed by de oare, en Tsjamke wie der ek net fan misdeeld. | |
[pagina 123]
| |
Hja sieten de jûns by de itenstafel. Nimmen pakte felle hurd ta, want hja hiene allegearre de mage al wat fol, de iene fan dit en de oare fan dat. Dêr waard de foardoar iepen draaid, en der kaam ien yn. En - o sei, wat seagen se ferheard op! dat wie Wouter. De froulju waarden sa ontsteld dat se net mear ite koene, en baas koe ek jit wol fiele dat de feint him net onferskillich wie: lykwol hy hâlde him stroef en toar. - Wouter waard al gau by de tafel set, mar hy wie just net heel hertlik; want hy wie wurch fan de reis en ek al wat mismoedich oer de teloarstelling dy er te Frjentsjer onderfûn hie. Lykwol in bytsje iten hie er wol sin oan, en dat wie der genôch. Mar 't spande al dat de froulju him mei frede ite litte koene; hja oerladen him mei fragen oer syn reis. Doe it iten dien wie gyng baas ynienen op bêd, en doe begûn Wouter te ferheljen op dizze manear: - ‘Sa gau as ik dat briefke fan Tsjamke lêzen hie, dat my danich oerstjoer makke, fette ik it beslút op, om as myn tiid om wie, ynienen regelrjucht nei Koudum te reizgjen, yn de hope dat ik dêr in mem fine soe, dy op it sjen fan har soan har her te net foar him slute soe. De 17de septimber wie de dei wêrop ik wer yn Fryslân komme mocht. De middeis nei iten naam ik ôfskie fan de lju, dêr ik al wakker iens mei wurden wie. As ik net graach wer nei hûs wollen hie, hie 'k der bleaun; de baas woe my wol hâlde. Hy joech my iten by de bult mei, en ik hie aardich jild by him fertsjinne; sadwaande koe 'k my wol rêde. Ik wie dêr yn de Wâlden gjin byt bekend, mar de baas hie my sein hoe 'k omtrint reizgje moast; en dan altemets ris freegje: sa rêde 'k it. De earste deis reizge 'k oer Augustinusgea op Droegeham; dêrfandinne op Eastermar, sa op Nyegea en dêrwei nei Aldegea; dêr bleau ik de nachts. De oare moarns seis oere dêr wer wei; doe reizge 'k op nei Aldeboarn. Dêr pleistere 'k wat en doe stiek ik op nei Akkrum, dat dêr likernôch in oere fandinne leit. Doe wie myn plan om te reizgjen op Sleat; dan koe 'k de rydwei hâlde, en dat wie in oere of seis geans fan Akkrum ôf, seine se my. Ik tochte, dan koe 'k dêr de jûns wol wer bliuwe. Dan hie 'k de oare deis jit in oere of fiif wurk nei Koudum ta.’ - ‘Fij, wat in bloedich geswalk’! sei Setske. | |
[pagina 124]
| |
- ‘O, dat wie gjin byt: mar wat ik jimme sizze soe. Ik kaam in ein oan de oare kant Akkrum, dêr wie sa'n allernuverichste kliber folk op 'e dyk, dat ik wist net wat ik deroan hie. Hja hiene lodden en skeppen en alderhande ridskip by har. No, ik hie wol heard dat it der hjir yn Fryslân wakker raar trochskuorde, mei dy patriotterij; sadwaande hie 'k der gjin goed each op.’ - ‘Och ja, jonge!’ sei Setske. ‘Wat is 't hjir ek raar gien, dat witste net!’ - ‘Ja, dêr ha 'k ek al fan heard. Mar lit my earst efkes fertelle. Ik tochte: ik mei my wol wat sakje litte, om mar net by har te kommen. Mar der kamen my in keppeltsje fan efteren yn setten, dy liken der ek by te hearren en skynden wat efterút rekke te wêze. Dy begûnen tsjin my te roppen en te razen, en seine: ‘Feint, wêr moatst do hinne?’ - Ik sei: ‘Myn reis giet nei Sleat.’ - ‘Do mienst fêst fan nei de De Lemmer!’ - ‘Nee, ik moat nei Sleat’ - - ‘Nee, mar wy binne foar de frijheid yn 'e skrep. Wy sille de dyk troch grave en 't lân onder wetter sette om de fijân te kearen. Dêr moatst do ek mei efter, en ast net wotte, dan hâlde wy dy foar in oranjeklant, en dan giest ynienen op 'e kop yn 'e sleat.’ - No, wat soe 'k begjinne? Ik moast har mar folgje. Wy rûnen sa hurd dat wy dy grutte kliber gau ynhelle hiene. No dêr wie 't swetsen en skelden trochinoar sonder oarder. De iene song, de oare flokte, de trêde iet. Mar ik wie onderrjuchte dat ik moast rinne op Sint Nyk; dêr moast ik de dyk rjuchtút hâlde, want as ik lofts ôfdraaide dan gyng ik op nei de De Lemmer. Ik tochte, as wy safier binne, dan moat ik sjen har stil te ontglûpen. Ik liet my al sakje, en ik hie hope dat se mei gauwens gjin acht mear op my slaan soene. Mar dat lokte my net. Doe se fernamen wat ik yn 't sin hie, doe rôpen se: ‘Dy fint wol ûs ontwine; dat is fêst in prinseman.’ - ‘Kom, dan moat er ris wat op syn ramt ha!’ sei in oar. En dat soe tagien habbe, mar doe hearde 'k in bekende stemme, dy sei: ‘Nee, lit him yn syn wêzen! ik wit dat er in goede kearel is.’ - Ik seach om my hinne, en dat wie ús Japik. Ik sei: ‘Hea, bist do hjir ek?’ - ‘Ja, bist do hjir ek? - No kom, do moatst mei nei De Lemmer ta, wat no? Do hest ommers altyd in goede patriot west.’ - Dat sei er | |
[pagina 125]
| |
mar om 't folk tefreden te stellen, en ik seach my needsake om syn rie te folgjen. Wylst wy no sa fierder op teagen, ferhelle hy my it ien en oar fan Stiens. En hy ferhelle my ek wat, dêr ik raar by op harke. (Hjir waard Wouter syn kleur oars.) Hy ferhelle my dat it mei Jildert Nolkes en Tsjamke nei alle wierskynlikheid wol trouwen wurde soe!’ Dêrmei rekke Setske de tonge los. Wouter moast foar in poaske syn ferhaal stake, om oan te hearren wat grutte ontdekking der pleatshân hie mei dy falske Jildert Nolkes, en hoe de rjuchte Jildert Nolkes foar 't ljocht komd wie. Dat waard him allegearre mei folle omhalen meidield, en hy harke him de earen hast fan de holle. Doe koe er him dan ek dat petear ferklearje tusken Jildert en Klaaske Teapert, dat hy ienkear oan de Wite Weibelústere hie. - Doe Setske njonkelytsen útpraat wie, rekke Wouter wer oan 't wurd. - ‘Wy kamen dan mei de tiid in stikhinne oan De Lemmer ta, en dêr moast de dyk trochdold wurde. No, mei mannemacht wie dêr gau in gat yn. Mar it duorre net ienris mâle lang, ôf dêr kaam jimme fan alle kanten it boerefolk as hagel en sied opsetten, mei stokken en strûken, mei boere-ark en mei gewearen. En dat wie op ús munte. No der waard al roppen: ‘Mannen, stean! bewiis dat jimme oprjuchte patriotten binne!’ - Mar der wienen al gau guods dy bewiisden dat se nearne net mear noed fan stiene as fan har libben. Dy filen út. En meikoarten folge de hele boel; it ark dêr waard al net ienris om tocht. Wy moasten mar rinne om foar te bliuwen, sa sette dat folk ús nei, en as se ús besmite koene, dan krigen wy stiennen op 'e hûd. Japik en ik mei jit in stik of trije fluchten efter in boerehûs, dat dêr oan 'e dyk stie. Dy boer dat like wol in patriot te wêzen, dy sette gau de bûtdoar iepen en liet ús deryn. Hy brocht ús yn 'e skuorre en liet ús op 'e golle, en doe arbeiden wy de ljedder omheech. Dat wie ek mar just dien, doe kamen der al in kliber fan ús fijannen it bûthús ynsetten. - ‘Do divelske KeesGa naar voetnoot* hast hjir patriotten yn 'e hûs!’ - ‘Dat is net wier | |
[pagina 126]
| |
mannen!’ sei de boer. - ‘Hoe divel soe 't net wier wêze? Wy habbe ommers sjoen datst se ynlitten heste!’ - ‘Ta de efterdoar yn en de foardoar wer út.’ - ‘Koest har de doar net foar de kop ta smiten ha?’ - ‘Dat soe 'k wol dien ha, mar hja wienen der earder yn as ik it wiste.’ - ‘Ja, liich do mar wat! Wy moatte ris sykje.’ - Doe kamen se yn 'e skuorre en woene by de golle op, mar dat wie mis. - ‘Boer, wêr is dyn byntljedder?’ - ‘Dy het myn buorman juster te Hen helle, en jit net werombrocht.’ - ‘Ferdomde leagens!’ - Mar dy boer dat like wol sa'n stege drege Fries te wêzen; dy waard hjit noch kâld. As hja flokten en mâltjirren, hy bleau deselde. It like wol dat se wat ontsach hiene foar syn bedaard en onferskillich foarkommen: hja drosten op 't lêst wer ôf. Wy weagen 't njonkelytsen om wer del te kommen, en doe wie 't dan ek jûn. Doe sei de boer: ‘As jimme jimme der no ta bejaan kinne om te nacht yn 't hea te sliepen, dan soe 'k jimme wol oanriede om hjir mar te bliuwen: iten en drinken hab ik wol. No dêr hiene wy allegearre wol sin oan. Wy fûnen 't lykwols net riedsum om op 'e golle te sliepen; der mocht ris ien fan boppen rôlje. Doe bruide de boer in rêst hea yn de skuorrereed del, en doe wy goed iten en dronken hiene joegen wy ús dêryn del. De ljedder hiene wy by de golle op stean om dêr gau by op fluchtsje te kinnen, as 't ris barre mochte dat der onrie kaam. Wy hiene ek jit gjin oere lein, doe kaam der al onrie. Wy hearden in geskommel en gepomp yn 'e skuorre; wy seagen op, en wy seagen in wyt ding skimerjen. ‘Dit is gjin goed spul!’ lústere der ien. En ik moat bekenne dat ik ek al wat oars wie; want dy teltsjes fan wite juffers en filde fôlen, dy 'k wol fan muoike heard hie, kamen my yn 't sin. Wy riisden allegearre oerein, want dat skynsel kaam ús neier. Wy hiene in kearel fan Minnertsgea by ús, dy stie al op 'e ljedder, doe lei ik jit te berieden wat ik soe. En doe krige hy dêr op 'e ljedder in triuw tsjin 'e hûd oan, dat hy truzele wer del, en kaam krekt op myn skonken telâne. Hy gûlde krekt as er fermoarde waard, en ik hie 't ek net fan 't romste; want myn iene skonk die my heislike sear. Noch net te witten wat ding as dat wie! Mar ien fan ús makkers hie 't paad nei 't bûthús fûn; dêr lei de feint op bêd. Dy kaam derôf, mar dat moat ek al in hurd | |
[pagina 127]
| |
man op in weak tsiis west ha: hy rôp de boer, en doe kaam dy mei de lampe. Doe koene wy sjen dat dat spooksel in wyt hynzer wie. Dat hiene se de jûns út it lân helle en yn de skuorre fêstset, om't se de oare moarns tsjernje moasten. Dêr hiene wy net op let. En no wie dy knol los bruid, en wat it brykste wie: hy hie in healkynsens kuorke op 'e kop sitten. Dêrtroch makke er sokke nuvere krewellen, en dêr hie er ús Minnertsgeaster patriot ek mei tsjin 't liif oan pompt. De boer sei: ‘Dat kuorke dêr hie 'k wat raapskrûden en sok spul yn stean, dêr hat hy efter wollen en hat de kop der te fier yn treaun.’ Hy sette de guds wer fêst en sei: ‘No hoeve jimme der net om te tinken dat er wer los reitsje sil.’ - De boer en syn feint gyngen wer op bêd en wy joegen ús ek wer del. Mar ik koe net rêste sa sear die myn skonk my. Ik krige hast neat gjin sliep; de nacht wie foar my omtrint in wike lang. De oare moarns wie jimme dy skonk om 't ankel sa tsjok as in pôt, en ik koe mei alle earmoed in lyts bytsje rinne. Ik tochte, dit pakt al raar út! Dat ha 'k no fan dy patriotteboel! - Mar de boer en syn wiif hiene beide meilijen mei my. It wyfke makke gau brandewyn en jittik en sâlt klear, dêr moast ik mei oan 't waskjen. En de boer sei: ‘Do moatst hjir mar bliuwe salang ast wer goed rinne kinste: dat is gjin byt allegearre!’ - No, dat wie fiks fan dy man, is 't net wier? Oars hie 'k al frijwat oanklaud west. No, myn skonk bettere fiks oan; mei in wike koe 'k wer goed rinne. Ik woe al earder fuort, mar dat woene se lang net lije. En doe hat de boer my earjustermoarn jit mei 't jacht nei Sleat brocht. Ik wist net hoe 'k dy minsken genôch tankje soe. - fan Sleat ôf naam ik de stap wer oan. Doe bin ik reizge oer Wikel en Balk; dêrfandinne op Harich, en sa oer Kolderwâlde nei Galamadammen, en dêrfandinne nei Koudum. Dêr kaam ik de neimiddeis om twa oere oan. Ik tochte, hoe sil ik dat minske no oankomme, as har man thús is? Ik koe 't my suver net begripe dat ik dêr myn mem fine soe. Ik gyng yn de herberge, en frege de kastlein as hy dêr ek in Jetske Meiles koe. ‘Ja, dy wennet hjir nêst de doar,’ sei de man, ‘mar as jy har sprekke moatte, dan komme jy fergees; want hja is fan 'e moarn mei har man en bern op reis gien nei Frjentsjer útfanhûs; dêr wennet in kastlein yn 'e Falk, dat moat | |
[pagina 128]
| |
folk fan har wêze.’ - Dat spiet my dan danich. Ik sei: ‘Dan mei 'k siker ek jit wol nei Frjentsjer reizgje. Hoe kin 'k dêr geskikst komme? - ‘Dat sil hjoed net bêst gean,’ sei de man, ‘it is sa let al.’ - ‘No,’ sei 'k, ‘dat hoeft ek net.’ - Doe siet dêr jit in man yn 'e herberge, dat wie in snikskipper dy sutele mei rapen en woartels. Dy sei: ‘As jy der in bytsje foar oer habbe, feint, dan kin ik jo in stikhinne bringe. Ik hear te Easterlittens thús, en ik far strak fuort. Dan kinne jy mei my farre.’ - ‘Dat naam ik oan. Wy hiene in moaie wyn; wy bleauwen justerjûn te Snits lizzen. Doe ha 'k mei de man iten en dronken en by him yn de roef sliept. Fan 'e moarn binne wy nei Easterlittens farren en dêrfandinne bin ik nei Frjentsjer rûn.’ Wat Wouter no mear te ferheljen hie is de lêzer al bekend. Doe hy syn ferhaal út hie, waarden der oer en wer jit wat oanmerkingen makke en fragen dien. Sadwaande wie it de jûns al gâns let doe se te koai gyngen. De oare moarns sliepte Wouter in gat yn 'e dei. Doe hy op kaam siet baas al yn 'e winkel. En wat Setske al mei noed ferwachte hie, hoewol se 't Wouter net sein hie, - dat kaam no. Baas kaam út de winkel en sei (it foel him swier, dat wie te sjen:) - ‘Wouter no stiet it sa, do moatst om in oar hinnekommen sjen!’ Wouter waard al wat kjel, mar hy sei: ‘No, as dat moat, dan moat it. Mar ik woe dôch wolris witte, wêr ik my yn misgrypt ha.’ - Dat kin neat skele; mar dat stiet fêst.’ ‘Och, baas!’ sei Setske, ‘ik wit net hoe jy 't ha meie.’ - ‘Setske, do moatst my nearne fan prate! Dat is altyd dat gejeuzel dat Wouter myn soan is: hy moat derút, sonder tsjinpraten. Dan kinne Tsjamke en hy elkoar ek better ferjitte. Dat trouwen dêr kin dôch gjin byt fan komme.’ - ‘No, as hy fuort moat, dan moat ik stjerre!’ suchte Setske. ‘Wêr sit dan bedarje, Wouter-jonge?’ - ‘Och, ha dêr gjin noed mei, muoike!’ sei Wouter. ‘Ik gean wer nei Strobos.’ - ‘Och heden heden! dêr alheel hinne? Dan kom ik dy nea wer te sjen!’ | |
[pagina 129]
| |
- ‘No dan moatst mar mei,’ sei baas; ‘ik kin 't no bûten dy wol rêde.’ Setske begûn te skriemen. ‘Ik woe wol graach,’ kjirme se; ‘mar ik soargje ek by Tsjamke wei.’ Tsjamke sei: ‘Heit is ek wer sa mâl as 't kin. Hoe sil dat âldminske har no rêde? Hja kin ommers neat mear winne.’ - ‘Ei no ju! hja kin hjir ek wol bliuwe. It bytsje iten dat se kriget, dêr jou 'k neat om. Mar Wouter moat fuort. Wêrom, - dat witte jimme wol.’ - ‘Muoike, skriem net!’ sei Wouter. ‘Ik sil te Strobos in keammerke sjen te hieren; dêr geane wy tegearre yn te wenjen, en dan sil ik de kost foar jo winne. Te Stiens is dôch gjin heil mear foar my: ik soargje hjir neat wei.’ - ‘Och, wat bist in bêste jonge! Mar och, dan bin 'k safier fan Tsjamke of. Myn leave Tsjamke! dan komme wy elkoar nea wer te sjen!’ |
|