En och, dêr hie de lytse boi sa'n sin oan!
- ‘Dy ha wy oan skuld krige,’ sei Wytske, ‘fen in earm wyfke dat hjir yn de stêd wennet. Men soe sizze, hoe komt sa'n minske oan sa'n ding! Earst hie 'k him fan har te pân. Hja is moai goed mei ús bekend, en hja skamme har om der mei nei de lommert te gean, sei se. Mar no hat se okkerdeis tsjin my sein, ik koe der mar mei dwaan wat ik woe; hja koe my 't jild dôch net jaan.’
- ‘No,’ sei Jetske, ‘hy is wol wat âldmoadrich, mar 't is dôch in tige moai ding.’
- ‘Ja, en wit jy wol hoe 'k it no begrepen ha? Dy moat lytse Nolke mar hâlde. Dan ha jy altyd in gedachtenisse oan my.’
- ‘Fij nee!’ sei Jetske, ‘dat giet al te bot.’
- ‘Hark ris!’ sei Wytske, ‘wy prate nearne net mear oer, hear! Ik wol 't sa ha. Ik doch der dôch neat mei, en hy sil my, tink ik ek nea net te pas komme.’
Wakker fertroulik praten de beide niften meiinoar. Der waard dy deis fan alles ôfhannele. Jetske koe 't ek net neilitte om oan Wytske mei te delen mei wat akelik nijs Jildert fan Stiens ôf kommen wie: want dat lei har jit heech.
Wylst dy twa froulju de neimiddeis sa byinoar sieten, komt dêr in feint de herberge ynstappen, en dy easket in healmingelen bier.
- Wylst er dêrmei siet, sei er sa:
- ‘Binne hjir net in pear lju útfanhûs fan Koudum?’
- ‘Ja,’ sei de kastleinske. ‘De frou sit hjir, mar de man is hjoed op reis mei myn man. Hiene jy dêr boadskip oan?’
- ‘Oan de man sa sonders net,’ sei de feint wer. ‘Is dit dan Jetske Meiles? as ik freegje mei.’
- ‘Ja dy bin ik,’ sei Jetske flau. Hja tocht, wat mei dy feint mei my wolle?
- ‘Dan habbe jy wis yn jo jonge jieren foar faam tsjinne by in skuonmakker te Stiens.’
- ‘Ja, dat hab ik al,’ sei Jetske, en hja waard al read om 'e holle, want hja ferwachte gjin goeds fan dat freegjen.
De feint - dat wie oars nimmen as ús Wouter Onbekend - wie ek oandien, dat koene se wol oan him sjen.