hinnekommen seach te krijen. De hearen stelden de wiere foarstanners fan de frijheid foar om mei har nei Starum of nei Amsterdam te tsjen. En dy dat net dwaan koene of woene, wisten se gjin better rie te jaan, as har mar wer onder de foarige regearing del te jaan.
Nei dy oanspraak ontstie der net in bytsje roerichheid onder 't folk, dat salang mei moaie beloften op 'e tocht hâlden wie, en op 't lêst sa hommels teloarsteld waard. De hearen wienen der mar op betocht hoe bêst ta de stêd út te kommen, dat just net mâle maklik gyng; want de poarten wienen mei wachten beset. Sommigen dy dêrtroch wisten te kommen, waarden fan de kanonniers mei kûgels neisketten; lykwol nimmen waard rekke.
De grutste swierrichheid wie jit hoe se mei skik fan dat kriichsfolk en bysonder fan dy Hollânske kanonniers ôf komme soene, want dy woene net fuort of hja woene earst har fertsjinne lean habbe, en hja drigene it op in plonderjen lizze te sillen as se net betelle waarden. Mar dy swierrichheid waard, ta gelok jit onferwachte weinomd. Dêr kaam in sjeas foar de poarte dêr fjouwertûzen gûne jild yn siet; dy hearde ta oan ien fan de hearen dy der op ôf gien wienen, en soe har neistjoerd wurde. Mar dy sjeas waard oanhâlden en it jild wie priis; dat waard nei 't stedhûs brocht en dêr it folk mei betelle. Doe sakken se njonkelytsen allegearre ôf, de iene hjirhinne en de oare dêrhinne. De hearen makken allegearre dat se ta Fryslân út kamen. Ek de grytman De Beere; dy teach mei in rêst folk oer Boalsert en Warkum nei Starum, en dêrfandinne de Sudersee oer nei Amsterdam.
Doe Frjentsjer fan de patriotten ontromme wie, joech de Regearing kennis oan de Steaten te Ljouwert dat de stêd fan de wapene boargers ferlitten wie, en stelden in onderhanneling foar. Mar de Steaten achten gjin onderhanneling nedich; hja stjoerden op 'e 25e septimber fjouwer kompanjys fan 't earste bataljon Oranje Vriesland nei Frjentsjer. De majoar Guerin dy 't befel oer dat folk hie, krige oarders mei om de stêd te bestjoeren en de nedige middels ta herstel fan de rêst yn 't wurk te stellen. Sa kaam Frjentsjer gau wer wat yn stilte.