| |
| |
| |
Fjirtsjinde haadstik
Ontdekking fan in grut skelmstik
No moatte wy in lyts stapke wer tebek. Lyk as yn 't foarige haadstik sein is, de 20ste fan hjerstmoanne, wie foar de patriotske helden in dei fan ferfeling. It folk rûn hjir en dêr of hinge by tropkes byinoar yn 'e buorren om.
Lútsenboer wie om syn âlderdom frijsteld om it gewear te dragen. Hy siet by syn wiif thús, lang net sonder noed, want it spriek fansels, men koe net witte wat jitris út al dat spul fuortkomme koe. Jildert rûn, krekt as sa folle oaren, te Stiens yn 'e buorren om, mei in âld rustich gewear onder de earm. Mar op 't lêst, om't it him talike dat der jit neat gjin gefaar op hannen wie, fûn er 't goed om ris thús te sjen, en de âldelju ris tiding te bringen hoe't alles sawat gyng en stie. Krekt sa't er de buorren útgyng, kaam der him in man op 'e side, dy klaaid wie as in hearsfeint, en ek al foarsjoen fan in gewear.
- ‘Freon!’ sei dy man tsjin Jildert, ‘wennet hjir te Stiens net in boer dy Lútsen Tetmans hjit?’
- ‘Jawol!’ sei Jildert. ‘Hiene jy der kunde oan?’
- ‘Ik ken de man net, mar ik woe him wol graach ris sprekke. Jy sille my, tink ik, wol sizze kinne, wêr er wennet.’
- ‘Jy habbe mar mei my te gean,’ sei Jildert, ‘dan komme jy der fansels; want ik wenje by him;
- ‘Ei kom! dat treft sa moai as 't kin! dan binne jy syn feint?’
- ‘Nee, syn feint just net.’
- ‘Syn soan dôch ek net?’
- ‘Nee, ek net. Ik bin syn omkesizzer.’
Dêr sei de frjemde man neat op. Hy begûn mei Jildert te praten
| |
| |
oer de tiidsomstannichheden, salang as se by 't hûs kamen, dêr se wêze moasten.
De âldelju waarden siker al wat kjel, doe dêr in man binnen setten kaam mei in blauwe rôk oan mei wite glêde knopen, en in steek op dy mei sulverlint ombuorde wie. Mar doe Jildert har sei, dat te Stiens alles jit stil en rêstich wie, en de frjemde man har tige freonlik oanspriek, doe bedarren se har ek wer.
- ‘Dei boer en boerinne!’ sei de man. ‘Hab ik hjir no Lútsen Tetmans en Hiske Jilderts foar my?’
- ‘Ja, sa hjitte wy,’ sei de boer.
- ‘Dan mei ik jimme omke en muoike neame!’
- ‘Jy ús omke en muoike neame? Hoe soe dat komme? Wy kenne jo net.’
- ‘Nee, mar ik sil jimme sizze wa't ik bin. It sil jo jit wol onthâlden wêze, dat jy foar achttsjin jier ris skreaun habbe oan de fâden fan Tsjerkwert, oer in jonge dy dêr onderhâlden waard, in soan fan Nolke Fekkes en Maaike Jilderts.’ -
Jildert Nolkes stie efter de frjemde man, en krige in kleur as in wytling.
- ‘No ja, dat is sa,’ sei de boer.
- ‘No, dyselde jonge, dy Jildert Nolkes bin ik.’
Dêrop krige Jildert in kleur as bloed. Hy gyng foar de frjemdling stean, en sei: ‘Dat lychst do! Ferdomde gau de doar út! of ik sil dy derút smite.’
- ‘Myn goede freon, bedarje wat!’ sei de frjemde man. ‘Lit my earst útprate.’
- ‘Do komst hjir om dizze âlde lju te ferrifeljen. Derút! sis ik.’
Dêrmei naam er de frjemde man by 't boarst om him efterstebek ta de doar út te triuwen. Mar dy kearel hie ek wol wat yn 'e bouten, hy liet him sa maklik net út 'e wei triuwe. Hy seach Jildert in poas stiif yn de eagen, en sei: - ‘As ik it wol ha, dan bist do Hans fiter-en-bân. Wy habbe elkoar wol earder sjoen.’
Doe liet Jildert him wer los, en sei, wylst er syn snaphoanne pakte: - ‘Aste der no net divels handich út gieste, dan slaan 'k dy mei de kôl fan 't gewear op dyn harsens.’
| |
| |
De frjemdling grypte ek al nei syn gewear, mar doe sprong de âldboer tuskenbeiden, en sei: ‘Jildert, do bynst wat yn!’
It spande dat er him sizze litte woe. Hy flokte en skold op dy frjemde man op in freeslike manear. Syn frommens en bedaardens, dy er oan dy tiid ta moai aardich folhâlden hie, wie him ynienen glêd fergetten. Mar de âldboer hâlde dôch salang hoek, dat Jildert wol krimp jaan moast, en doe fleach er poermâl nei 't bûthús.
- ‘Mar,’ sei de boer op syn gewoane stroeve toan, ‘ik wit net wat ik oan jo praat hab. Jy moatte my dat ris wat better klear meitsje.’
- ‘Dat is goed!’ sei de man, ‘mar soe er ek stil útknipe kinne? Hy moast ús net ontkomme.’
Dêrop hy ek nei 't búthús ta, en liet de âldelju fol ontsteltenisse sitte. Doe hy yn 't bûthús kaam, stie Jildert foar de iepene kiste, dêr er bezich wie om syn goud en sulver en jild yn te pakken: want hy wie fan plan om der op of te gean. Sa gau as er de hearsfeint seach, hâlde er 't gewear op him oan, fjurre ôf, en paf! - de kûgel snuorre de man oer 't skouder hinne. Doe helle er 't mês út, en sei: ‘Aste hjir komste fermoardzje 'k dy!’ - De âldboer op 't hearren fan dat skot, kaam ek yn 't bûthús setten. Doe hiene de twa mannen elkoar al wer beet. De boer pakte ek mei ta, want hy begriep dat it Jildert wie dy sketten hie. Hja krigen him tegearre safier dat er neat begjinne koe. Doe kamen der in stik of fjouwer mannen ta 't bûthús yn; dy hiene dat skot heard doe se de hegedyk lâns rûnen, en woene ris sjen wat dêr te rêden wie.
- ‘De hannen moatte him mar bûn wurde!’ sei de hearsfeint.
Dy fjouwer mannen, sonder jit te witten, wêr de ein fêst wie, lieten har dêrta brûke; hja hiene him gau safier dat er gjin hân te war slaan koe.
- ‘Wêr sille wy no mei him hinne?’ waard der sein.
De boer sei: ‘As jimme hjir bliuwe wolle om de wacht by him te hâlden dan sil ik jimme de kost jaan. En dan moatte wy tenei ris sjen wat wy mei him sille.’
Dat waard oannomd. Dy mannen woene dat al sa leaf dwaan as nei Stiens te sjitten. Hja fûnen 't goed om twa en twa elkoar ôf
| |
| |
te lossen en by him yn 't bûthús te bliuwen. De oaren gyngen mei de boer yn 'e hûs, en doe der oer en wer in hele bulte bepraat en befrege wie, en de earste ontsteltenisse wat bedarre, waard dy frjemde hearsfeint jitris fersocht om te ferheljen wa hy wie.
- ‘Dan sil ik mar ris fan de miet ôf begjinne,’ sei er. ‘Doe ik as jonge te Tsjerkwert ferkearde hie 'k it min nei myn sin. It wiif dêr ik by yn de kost besteld waard, behandele my stroef en wreed, en de fâden hiene ek net folle mei my op. Myn heit, ik moat it mar bekenne, wie gjin bêstenien; hy hie by syn libben hast alle minsken tsjin, troch syn eigen skuld. It like wol dat de fâden dat ek jit op my ferhellen, en 't jild dat se oan my te koste leien, begrutte har licht ek. Dat ik jit in omke en muoike yn de bouhoeke wenjen hie, dy boer wienen, hie 'k wolris heard, en ik tochte wol faak: as ik it fine koe, dan teach ik dêrhinne. Mar ik wist net ienris hoe it doarp hjitte dêr se wennen. Jimme kinne begripe dat ik bliid waard, doe der tiding kaam dat myn omke út de bouhoeke my by him ha woe te wenjen. Ik tochte: no sil ik fan myn hûnelibben ferlost wurde, hoopje 'k. Mar it wie krekt yn 't allerdrokste fan de tiid; de fâden koene en woene der net mei stean om mysels teplak te bringen. Ien fan har gyng mei my nei Boalsert en brocht my dêr yn 't Ljouwerter skip. Hy joech my in bytsje bûsjild dat ik my rêde koe, en in brief oan myn omke Lútsen Tetmans te Stiens.
‘Aste te Ljouwert biste,’ sei er, ‘kin dy skipper dy wol efkes sizze, watst útrinne moatste, en dan silste der wol komme; it is maklik te finen.’ - Ik wie earst allinne yn 't rom, mar in eintsje bûten Boalsert dêr wie in jonge mei in koer yn 'e earm op 'e lûkwei, dy frege de skipper as er foar heal fracht mei farre mocht, oan Easterlittens ta; en dat waard him tastien. Dat wie Hans fiter-en-bân, in kunde fan my. Hy kaam wol te Tsjerkwert mei syn keapmanskip, en hy hie wol mei ús op 'e buorren boarte. Hy frege my al gau wêr ik hinne soe. Ik sei it him, en ferhelle him al de omstannichheden derby. Op syn freegjen en wer freegjen makke 'k him yn myn onnoazelheid mei al myn famyljesaken bekend, sa goed as ik se wiste. Hy wie net mear mânsk as ik, mar al âlder en betûfter, dat ha 'k letter wol ynsjoen. Hy wie my fierste slim. - Hy sei op 't lêst:
| |
| |
‘Mar wolst do wol leauwe, dat der yn noch onder hele Stiens gjin LútsenTetmans wennet?! Ik kom folle te Stiens; ik ken alle lju dêr wol.’ - ‘Ja mar,’ sei 'k, ‘hy moat der koartby komd wêze, ik leau dat er oars te Menaam wenne.’ - ‘Te Menaam bin ik ek allike goed bekend as te Stiens,’ sei hy; 'dêr ha 'k ek nea gjin Lútsen Tetmans kend. Hast de namme wol goed onthâlden? - ‘Ja, dat leau 'k al. De fâden ha my in brief mei jûn, mar ik kin dat skreaun skrift jit net goed lêze.’ - ‘Lit my ris sjen!’ - Ik joech him de brief oer en hy sei: ‘Ja, dêr stiet Lútsen Tetmans op. Mar ik sis dy dit, do kinst wol nei Stiens ta swalkje, mar 't wurdt foarearst jûn njoggen- en tsienen earst dêr oankomste (hy hâlde my 't slimste foar) en dan kinst der grif op oan datst dêr gjin Lútsen Tetmans fynste. De fâden ha dat mar útfûn, moatst tinke, om fan dy ôf te kommen.’ - Dat lêste woe my omtrint wol oan, want ik wiste dat se my oer en tefolle hiene. Ik begûn te skriemen: ‘dan doar ik net wer te Tsjerkwert komme,’ sei ik. - ‘Nee, dêr moatst ek net wer hinne; lit dy dêr net langer te Tsjerkwert deaslaan. Do kinst wol jild fertsjinje. It is midden yn de ongetiid; de greidboeren ha folk brek. Ast de boeren mar oan rinste, dan kinst do gau in plak fine. Ik sil dy wol helpe. Aste dan goede lju trefste en dy goed hâldste dan kinste wol oan 'e gong komme!’ - Sa prate hy my dat allegearre oan, en ik grypte wer moed; want dat like my wol moai ta. Te Easterlittens by 't tolhûs lei it skip oan; doe gyngen wy derút en fjildwaarts yn. By alle boeren fregen wy oan as se ek in jonge brûke koene: Hans koe him mei de mûle wol rêde. Hy prate my oan dat ik net sizze moast wêr ik fandinne wie. Hy sei tsjin 'e lju dat ik in earme jonge fan Boalsert wie, dat ik fan myn styffaar weijage wie, en dat ik leaver arbeidzje woe as skoaie. No, wy fûnen al gau in plak; by in âldboer onder Wieuwert rekke 'k oan. Doe naam Hans syn ôfskie fan my. Hy sei: ‘no sil ik de Bouhoeke ris trochswalkje, en sjen ris as ik ek in Lútsen Tetmans fine kin. Sa gau as ik der spoar fan ha, sil ik dy tiding bringe.’ - De brief naam er mei. - en no kin ik begripe is hy dalik op Stiens tastutsen: hy hat wol fan jimme witten. Want it sil net oars útkomme, dy knaap dy dêr yn 't bûthús sit, en dy, nei 'k opmurken hab, hjir foar Jildert Nolkes giet, dat is dyselde Hans.’
| |
| |
- ‘No is 't dan freeslike raar!’ sei de boer, ‘dan ha wy 't hjir al mei in rare ondogense snaak te dwaan hân. Dy ha wy hjir achttsjin jier lang troch 'e tiid holpen.’
- ‘Wy moatte sjen, dat wy dat út him krije,’ sei in oar. ‘Mar men soe sizze, dat moast earder om ende werom komd ha.’
- ‘Sadwaande soene jy no dan yn de wierheid myns susterssoan wêze?’ sei de boerinne tsjin de frjemde hearsfeint. ‘Ik kin 't jit net leauwe, en ik sil 't ek net leauwe, of jy moatte 't my op 't allerklearste bewize.’
- ‘Lit my jit mar efkes ferhelje,’ sei er. ‘Ik bleau dêr by dy âldboer. Yn de ongetiid koene se my wol oanslach jaan, en doe de drokte wat oer wie, woene se my jit wol hâlde foar boadskiprinner: hja hiene 't mei my op krige. Ik naam dat oan, want ik hie 't der wol nei myn sin, en Hans fiter-en-bân kaam ik te hearren noch te sjen. Sa waard ik oplaat yn 't boerewurk; ik wie dêr mei gauwens as bern te hûs by dy âlde lju. Fjouwer jier hie 'k dêr wenne doe kaam de âldboer te stjerren en de widdo joech it buorkjen op. Doe rekke 'k as boerefeint nei Ysbrechtum. Doe 'k dêr in jier wenne hie, moast de boer fan de pleats ôf; hy hierde wer ien yn de Gaastmar, en dêr teach ik mei hinne. Dy pleats hearde oan de grytman De Beere fan Koudum ta. De grytman krige hjerstmis altyd tsiis fan ús en bûter yn krûken. Dat brocht ik dêr al folle hinne, en sadwaande kaam ik yn kennisse mei ien fan mynhear syn fammen, en dat is njonkelytsen myn wiif wurden. Doe wy trouden kaam ik by mynhear as stâlfeint. Sa bin ik no mei him nei Frjentsjer reizge en sa kom ik hjir ek te Stiens’
- ‘En binne jy der dan no koartby efter kommen, dat wy hjir wennen?’ sei de boer.
- ‘Ja dat sil ik jo sizze. Doe ik mei mynhear te Frjentsjer oankaam sloegen wy út yn de herberge de Falk. Dêr bestelde er de hynzers en my foarearst yn de kost. No siet ik op in dei by de kastlein en syn wiif te praten, en doe fregen se my as ik ek troud wie, en 't ien en oar mear. En doe kaam it troch praten en wer praten út, dat myn wiif in nift wie fan dy kastleinske. Doe fregen se my fierder nei myn ôfkomste en sa, en doe sei ik dat ik fan Tsjerkwert
| |
| |
fandinne wie. ‘Heden!’ sei de kastlein, ‘ik bin ek in Tsjerkwerter, fan wa binne jy dan in soan?’ - ‘Fan Nolke Fekkes en Maaike,’ sei ik.
- ‘No is 't raar!’ sei de man, ‘binne jy dan Jildert Nolkes?’ - ‘Dy bin 'k sels!’ - ‘Jonge, wat binne jy dan in ein ferslingere! Jy binne doe ommers nei Stiens ta rekke.’ - ‘Nei Stiens ta! Ja dat hiet sa, mar ik hab der myn libben net west.’ En doe ferhelle 'k him, hoe 't mei my gien wie. En doe kaam 't der op út dat dy man wie fâd te Tsjerkwert, doe ik dêrwei rekke wie. Bokke Sibes hiet er; mar och heden! ik koe de man net mear. Hy wie foar in jier twa fan de pleats rekke, sei er, en doe hie 't him net slagje wold om wer nei 't sin oan te reitsjen, en doe hie er dy herberge te Frjentsjer hierd. Myn wiifs nift is syn twadde wiif; dy wie by him komd te wenjen foar húsfrousfaam, doe er jit boer wie. Mar doe sei de man tsjin my: ‘jy kinne der wol grif op oan, dat der destiids in Lútsen Tetmans te Stiens wenne, en licht libbet er jit wol. Jy binne doe al wat min fan Tsjerkwert ôfskipe, dat moat ik sizze; it wie my ek al tsjin 't sin, mar ik wie mar heal baas: mar jy binne fan ús net mislaat. Wy habbe in brief fan dy man krige, om jo te Stiens te bringen, dan soe hy mei jo oanpiele, en dêr binne wy op te wurk gien’ - Ik sei: ‘no, dêr sil ik nei fernimme, sa gau as ik it mar skikke kin.’ En no trof it krekt sa dat wy hjirhinne moasten.’
De âldelju sieten him beide oan te gapjen, en wisten net wat se derfan sizze soene. De boerinne moast by harsels bekenne, dat dy jongkearel frijwat yn syn wêzen hie fan har suster.
- ‘Dit is in frjemd stik!’ seien de mannen dy derby sieten. ‘Mar dy knaap dêr yn 't bûthús moat ek bychte. Kom mar mei!’
Doe gyngen se wer nei 't bûthús ta, en doe wie 't: ‘No feint, no moatst ús ris útlizze wat snaak ast do biste, en oars sille wy dy ris onhimmel op 'e hûd spylje!’
No ús âlde Jildert Nolkes wie yn de lytse loege. Hy sei: ‘ik sit der no al ta, ik kin jimme net mear ontkomme, dêrom sil ik alles mar fertelle.’ - It begjin fan syn ferhaal kaam alheel oerien mei 't sizzen fan de hearsfeint; ferfolgens sei er: ‘Doe makke 'k my te Ljouwert myn koer mei guod kwyt, en kocht dêr wat himmele
| |
| |
klean. Doe reizge 'k nei Stiens en joech my út foar immen dy 'k net wie, en dat ha 'k ont no ta folhâlden. Ik kaam mei myn keapmansskip lang sa faak net te Stiens as ik dy jonge wysmakke; de lju koene my hjir net, dêrom doarst ik it weagje. En ik tochte, komt it al út, dan snij ik der op ôf; dan ha 'k dôch salang in goed libben hân. Mar ik sil jimme mear sizze. No ik yn de fûke sit, sille Klaaske Teapert en Griet pikelhjerring der ek mei om bliede. Jimme sille jit wol witte, dat der foar jierren op in Stienzermerke by baas skuonmakker in kiste ta 't efterhûs úthelle is, dy oan de faam tahearde.’
- ‘Jawis, witte wy dat jit!’
- ‘No, dat hab ik meidien. Klaaske Teapert en Sape, har man, foeren doe mei in âld skip op 'e merken te oaljekoekbakken en sawat. Ik foer destiids by har, en doe ha wy meiinoar dy pots bakt. Wy hellen de kiste stil yn 't skip en foeren nei de Dokkumer Ie. Dêr makken wy him iepen. En wat fûnen wy dêryn? In spuonnen doaze, mei in lyts bern deryn! - Dat foel net folle ta. Wy seine: ‘dat is ien dy de skuonmakker by de faam het, dat kin net misse!’ -Sape woe 't ynienen fersûpe, mar Klaaske sei: ‘It is sa'n fikse jonge, dat soe 'n griis wêze! It lytst is derôf; ik wol him grutbringe.’ - No Klaaske waard baas, en hoaide mei 't bern oan. - Mar in healjier dêrnei (doe wie ik al wer by har wei rûn) die Sape mei jit in kearel húsbraak by in boer yn de Wâlden; dat waard ontdutsen en hy rekke yn 't tichthús. Doe seach Klaaske swierrichheid om troch de winter te kommen. Hja sei: ‘Ik wol dy jonge net mear ha; de skuonmakker kin himsels de kost jaan. Griet pikelhjerring wie doe in grut fanke. Dy krige jongesklean oan, en rekke mei de lytse jonge op 'e sjou nei Stiens; en die baas Pabe de groetenisse fan de prûkmakker út it Nau. Dy set hie Klaaske der op útfûn. - No witte jimme ek wêr dy Wouter Onbekend in soan fan is.’
- ‘Ja ik wit genôch!’ sei de boer. ‘Ik woe wol dat jimme dy snaak nei in oar plak brochten; ik mei him foar myn eagen net sjen. Ik hab altyd al in tsjinnichheid yn him hân: mar 't wie gjin niget.’
No, nei Ljouwert koene se him net bêst bringe om de onrêst dy der yn 't lân wie; dêrom fûnen se 't bêst om him foarearst mar te
| |
| |
Stiens yn de toer te setten. De jûns namen dy fjouwer mannen him tusken har, de hearsfeint rûn derby en sa brochten se Hans te Stiens yn 'e toer. Dat joech der yn 'e buorren ek jit in hele opskuor, want der wie in hele bulte folk op 'en bien. Doe se hearden, wat er útfierd hie, wienen der guods, dy him ynienen dea stiennigje woene, mar dêr waard er foar bewarre.
Om't der yn de buorren jit gjin gefaar op hannen like te wêzen, gyng de rjuchte Jildert Nolkes wer nei Lútsenboers, om de âlde lju de nachts wat selskip te hâlden. Doe foel der fansels jit in hele bulte oer en wer te praten, en hja murken no wol dat dizze jongkearel folle better mei alle famyljeomstannichheden bekend wie, as dy foarige snaak. Hja fûnen der dêrom gjin beswier mear yn om de man foar har rjuchte omkesizzer oan te nimmen. Wat der de folgjende deis te Stiens foarfoel ha wy yn 't foarige haadstik sjoen, en doe rekke Jildert Nolkes ek wer mei op nei Frjentsjer.
|
|