bekommen. Hja hiene de stêd Frjentsjer yn steat fan ferdediging steld; in rêst kriichsark, krûd en kûgels, as ek in mannich kanonniers wienen har tastjoerd fan har freonen út Hollâns hja hiene by ferskate ontfangers it jild opeaske, en sels de help ynroppen fan de kening fan Frankryk.
Hja fûnen 't goed, om it doarp Stiens, om't it yn de neibyheid fan Ljouwert lei, mei folk te besetten, dêr se heard hiene dat der al kriichsfolk út Prusen te Ljouwert oankomd wie, om yn 't belang fan de Prins de rêst yn Fryslân te herstellen. De ynwenners en boeren fan Stiens en ek fan de omlizzende doarpen krigen oarders om har fan gewear en wapens te foarsjen, om de besetting dy fan Frjentsjer opstjoerd wie safolle mooglik te fersterkjen. Besuden Stiens lei destiids in bosk, dat oan in hear fan Wyckel tahearde; dêr waard in troep folk, dy se skerpsjitters neamden, yn hinderlaach lein. Der waarden patrûljes de Ljouwerter Breedyk útstjoerd. De dyk by de herberch Koudenburg waard trochgroeven en mei eiden belein. It stik kanon waard pleatse op de moledyk, dy oan de westkant fan 't doarp lâns rint, en stie mei syn fjoerbek dat út nei Ljouwert want dêrwei ferwachte men de fijân.
Op 'e 18de fan hjerstmoanne hiene de Frjentsjerter hearen al in kliber folk nei De Lemmer stjoerd, om dêr de dyk troch te graven, om't men ek fan de seekant gefaar ferwachte: mar dy gravers wienen fan de prinselju werom jage. Te Stiens soene se better oppasse. Ien fan de patriotske haden, de hear Arend Julianus de Beere, Grytman fan Himmelumer Oldefeart en Noardwâlde, kaam sels te Stiens om it spul mei te regeljen.
Bjuster gyng it er dêr omwei. De manlju moasten har deistige bezichheden stean litte om mei te striden foar de frijheid. De prinselju wienen dêr fansels ôfkearich fan, mar dy net woe, waard twongen. ‘Wy moatte nei Stiens te sjitten!’ dat wie doe de leuze, de hele omtrek yn 't rûn. Froulju en bern namen de flucht nei oare doarpen, dêr minder gefaar wie. Ek Setske en Tsjamke pakten har bêste spullen yn en teagen nei Bitgum, dêr de âldfaam jit wol goede kunde wenjen hie. Ek seit men dat der ferskate, dy oars net wisten wêrhinne te gean, in skûlplak sochten yn 'e tsjerke. Baas