de 15de fan haimoanne yn 't jier 1787 skriemende it hûs en it doarp ferliet dêr er grutbrocht wie, mei in peultsje guod op 'e rêch. Hy naam de reis oan nei Grinzerlân dêr er hope foar in wike of acht wol wurk fine te sillen. En al wie 't ek dat him dat net slagge, dan hie er wol safolle oerfertsjinne jild by him, dat er him rêde koe salang dat it him frij stie om werom te kommen.
Doe er in grutte wike fuort west hie, skreau er in brief oan baas Pabe, wêrût hja te witten kamen, dat er te Strobos by in skuonmakkersbaas slachs rekke wie; dat er sûn en fleurich wie en dat er 't, nei de omstannichheden, ridlik goed nei syn sin hie: mar dôch, as syn tiid om wie, hope er sa gau as 't koe, wer by har te kommen. Dat joech gâns in bytsje treast oan de fersleine herten.
Doe wie 't dan Jildert Nolkes syn tiid ek wer, dat begriep er sels ek, om in raam op Tsjamke te dwaan. Dat alles sa moai nei de berekkening útkomd wie, dat joech him nije moed. In grut fjirtsjin dagen nei Wouter syn fuortgean die er tiid, en doe weage er 't wer om op in sneintejûn nei Tsjamke te gean. - Baas-en-har koene 't hast net begripe dat it deselde Jildert wie, sa wie er feroare. Al hoe'n grutte swetser en blazer as 't fan tefoaren wie: no wie er de bedaardheid sels. Hy hie him dêr no salang al yn oefene, dat er der aardich slach fan hie. - Tsjamke koe 't no ek net fan harsels ferkrije om him blau te jaan. Ien nacht by him op te sitten, dat wie no neat, tocht har. Wouter en hja hiene 't jit sa fêst net meiinoar reemakke, en salang as 't sa stiet sjugge de measte fammen der just gjin kwea yn, om, as 't soms net bêst oars kin, har foar in kear efkes mei in oar feint te bemoeien. Fan dat gelove wie Tsjamke ek. Mar doe Jildert de nachts fan har ôf gyng, fersocht se him, sa freonlik as se koe, om mar net wer te kommen, omdat se dôch net fan plan wie om mei him oan te hâlden. Hy naam dat lykwols net oan, en socht har mei folle krêft fan wurden te bewizen dat er buten har net libje koe. Hja begriep wol dat er mei in wike twa grif wer kaam, en hja seach wol yn dat se der wer frijwat spul mei krije soe om fan him ôf te kommen. Hja hie 't ek al foar 't ferstân, dat se tsjin syn sêftsedige ljuentsjende taal lang