- ‘It liket oars frjemd,’ sei de boer, ‘dat de kweade de minsken oanspoart ta 't goede; want it wurdt ús leard dat er der altyd op út is om ús ta 't kwea te ferlieden. - Liichst ús ek ris tige tefoaren? Hast dat guod net oars ferbruid?’
- ‘Omke!’ sei er, en lei de holle op 'e side en de hân op 't hert; ‘as jy my net leauwe wolle, dan kin ik it net helpe. Mar ik hoopje jo mei myn folgjend libben te bewizen, dat ik wierheid sprutsen hab.’
- ‘No wy sille ris sjen, hoest it makkeste,’ sei de boer.
Hy hie dat hele spul neat op 'e rekken, mar trochdat er ek al onder de hearskippije fan 't bygelove siet, doarst er dêr ek net al tefolle tsjin ynbringe. En Hiskemuoi wist him in hele bulte foarfallen mei te delen, fan grutte losbollen dy op 'e selde manear fan ús maat oerfallen wienen.
It gerucht fan Jildert syn frjemde reis, rekke al gau onder de minsken. Hy hie 't - mei oerlis! - allegearre ferhelle wylst de faam derby siet, want hy begriep wol, lyk as ek wier wie, dat dy sa'n bysonder stik net foar harsels hâlde koe, mar gau op 'en baan bringe soe.
Net út freze foar de kweade, mar út freze foar Klaaske Teapert, en mei-ien om einling ris ta syn wyt te kommen, begûn Jildert fan dy tiid ôf oan him tige bestindich en deun te hâlden. Sneintejûns wie der in plak leech yn de herberge, want Jildert kaam der net mear, en der waard fan him ferhelle dat er alhelendal feroare wie, dat er it wakker mei himsels te dwaan hie en oars hast net die as lêzen.
Lútsenboer begûn ek al mei de tiid te leauwen, dat it tinken wie mei Jilderts bekearing, en Hiske rûn der danige heech mei, want de feint koe mei gauwens út de skrift prate dat it in lust wie: te sizzen, foar sokke lju dy net folle kennisse hiene, en net mâle fier seagen. Doe de boer op in tiid ris in flesse mei jenever yn 't hea fûn, stie dy de boel wer sa goed net. Mar dôch, Jildert hâlde 't aardich fol, en de measte lju begûnen 't der foar te hâlden, dat de feint yn wierheid bekeard wie.
Doe Tsjamke al dy dingen fan him hearde, die 't har siker wier